Fries

Bak* - Vries, Sietse denivo 2

Bak*

skriuwer :Vries, Sietse de
Jier:2012
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:110
Sjenre:misdiedroman
Stekwurden:moard, polityk, sjoernalistyk
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Bak waard yn opdracht fan Tresoar útjûn troch de Friese Pers Boekerij, ta gelegenheid fan de Moanne fan it Fryske Boek 2012. Yn 2015 is it boek ferfilme.

 

Oer de skriuwer

Sietse de Vries waard yn 1955 berne yn De Tijnje. Hy wurke oant 2015 as sjoernalist by de Ljouwerter Krante. Tsjintwurdich is er selsstannich sjoernalist. De Vries stiet bekend om syn plysjeromans. Yn 1998 debutearre er mei De boargemaster, letter folgen noch in oantal. Syn boeken binne skreaun yn in flotte, lêsbere styl en hy komt yn syn wurk faak op hjoeddeiske tema's en maatskiplike kwestjes.

Ynhâld

Sjerp Bak is al tweintich jier stedsferslachjouwer fan in regionale krante dêr't er foaral de lokale polityk foar folget. As er op in dei rûzje krijt mei in VVD-gemeenteriedslid en him deaslacht, wit er út hannen fan 'e plysje te bliuwen. Mar hy komt wol hieltyd fierder yn it nau.

Lêsoanwizings

Bak fan Sietse de Vries is tagonklik skreaun, der steane in protte dialogen yn en de struktuer is ienfâldich. Silst sjen dat it ferhaal dy hiel gau meinimt. It wurdt hieltyd spannender. De Vries syn styl is bytiden iroanysk.

Om oer te prakkisearjen

Kinst dy yntinke wêrom't ien nei in moard-per-ûngelok út hanne fan de plysje bliuwe wol? Wat seit dat oer dy persoan?

Wurdearring

'In ferrassend boek, fyn ik. Want Bak giet nerges oer, wat ik as komplimint bedoel. In man mei in hiel werkenber minderweardichheidskompleks, in man ek dy't fan it libben genietet, sûnder skrupules de saak oan inoar liicht en hem oeral út rêdt, dat binne de perfekte yngrediënten fan in spannend ferhaal sûnder mjitte.'
Jaap Krol yn it Friesch Dagblad

'Al mei al fûn ik it in leuk ferhaal om te lêzen, dat kaam trochdat it sa flot ferteld waard en it ûnderwerp my wol boeie koe.'
Sjoerd Arendsz, 5v

'De ein fan it boek is knap betocht en lit nochris de macht fan it wurd sjen.'
Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant

'Ek hat it boek in iepen ein. Wêrom soe men in boek in iepen ein jaan, wylst je witte dat in hiele protte minsken dat freeslik fine?'
Tialda Brouwer, 5v

Mear witte?

Oer de skriuwer: biografyske skets op sirkwy.nl
Besprek Bak yn Friesch Dagblad
Besprek yn Leeuwarder Courant
Fiif learlingen fan it Drachtster Lyseum oer Bak

Suggestjes


Bak* - Vries, Sietse denivo 2

Bak*

skriuwer :Vries, Sietse de
Jier:2012
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:110
Sjenre:misdiedroman
Stekwurden:moard, polityk, sjoernalistyk
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Bak waard yn opdracht fan Tresoar útjûn troch de Friese Pers Boekerij, ta gelegenheid fan de Moanne fan it Fryske Boek 2012. Yn 2015 is it boek ferfilme.

 

Opdrachten

BoekVries, Sietse de, Bak*
NûmerN1/1
nivo1
Stúdzjelêst 2
Wurkfoarmyndividueel (twatal kin ek)
Fokusferhaalline
Learst

om nei te tinken oer de ferhaalline

Opdracht

Yn it telefyzjeprogramma Opsporing verzocht wurdt elke wike oandacht bestege oan net-oploste misdieden. Troch op de telefyzje ynformaasje te jaan oer dizze misdieden wol de plysje de dieders flugger opspoare. It programma hat ek in eigen YouTube-kanaal.

1. Besjoch ien of mear filmkes fan Opsporing verzocht. Besykje in antwurd te krijen op de folgjende fraach: hoefolle en hokker ynformaasje wurdt oer de misdieden jûn?

2. Notearje punt foar punt wat foar ynformaasje oftst joust oer de moard op Remco Beets en Geke Jensma.

3. Skriuw in autocue út. Gin dêrby út fan de trochsnee lingte fan de filmkes fan Opsporing verzocht.


Extra (net ferplichte)
Nim in filmke op dêr'tst dyn autocue op foarlêst. Ast wolst meist it filmke sjin litte yn de les.

Boarnen

YouTubekanaal Opsporing verzocht

Makke trochBart Temme



BoekVries, Sietse de, Bak*
NûmerN1/2
nivo1
Stúdzjelêst 2
Wurkfoarmyndividueel (kin ek yn twatal)
Fokusferfilming
Learst

om nei te tinken oer de ferskillen tusken boek en film

Opdracht

Bak is ferfilme troch Auke de Witte mei Joop Wittermans en Joke Tjalsma yn de haadrol. De film wurdt yn maaie 2015 yn fjouwer dielen útsjoerd troch Omrop Fryslân telefyzje en is de rest fan it jier op toernee troch de provinsje.

1. Besjoch de film. Meitsje in oersjoch fan de ferskillen tusken it boek en de film. Besteegje omtinken oan: de personaazjes, de gebeurtenissen en oare opfallende ferskillen.

2. Fûnst dat yn de film sprake is fan itselde ferhaal? Of ferskilt de film op safolle belangrike punten dat der in oar ferhaal ferteld wurdt? Lis út wêrom.

3. Wat fûnst better, it boek of de film? Lis út.

Boarnen

Film, toerneeskema
Website St. Willewurk

Makke trochBart Temme




Bak* - Vries, Sietse denivo 2

Bak*

skriuwer :Vries, Sietse de
Jier:2012
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:110
Sjenre:misdiedroman
Stekwurden:moard, polityk, sjoernalistyk
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Bak waard yn opdracht fan Tresoar útjûn troch de Friese Pers Boekerij, ta gelegenheid fan de Moanne fan it Fryske Boek 2012. Yn 2015 is it boek ferfilme.

 

Opdrachten

BoekVries, Sietse de, Bak*
Nûmer`N2/1
nivo2
Stúdzjelêst 1
Wurkfoarmyndividueel
Fokusrealiteitsgehalte
Learst

om te reflektearjen op it realistyske karakter fan it ferhaal

Opdracht

1. Notearje fiif gebeurtenissen dy't in belangrike rol spylje yn it ferhaal.

2. Oarderje dy fan 'hiel realistysk' nei 'tige ûnwierskynlik'.

3. Wat is neffens dy de meast ûnwierskynlike gebeurtenis út Bak?

4. Lis dúdlik út wêrom'tst dat fynst. Tinkst dat dit yn it echt net barre kin? Of soe it wol barre kinne, mar is de kâns dat it foarfalt tige lyts? Wêrom?

5. Hat it beäntwurdzjen fan dizze fragen dyn oardiel oer it boek feroare? Lis út.

Makke trochBart Temme



BoekVries, Sietse de, Bak*
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 1
Wurkfoarmyndividueel
Fokusspanning
Learst

om nei te tinken oer hoe't spanning opboud wurde kin

Opdracht

1. Skriuw trije mominten út Bak op dy'tst hiel spannend fynst.

2. Lês de teory (sjoch hjirûnder).

3. Slaggest deryn om by elke manier fan spanning te skeppen in foarbyld te finen út Bak? Jou it foarbyld, of lis út wêrom't it dy net slagget.

4. Hokker manier om spannig te kreëarjen fynst it meast effektyf yn Bak? Lis út.

(Literêre) teory

Spanning yn in ferhaal

In wichtige reden dat je as lêzer trochlêze wolle is dat je witte wolle hoe't it ferhaal fierdergiet en hoe't it ôfrint. Dat betsjut net foar elke lêzer itselde.

Der binne ferskate techniken om spanning yn in ferhaal te bringen:
a. op in tige spannend stuit ophâlde en mei in oare ferhaalline trochgean;
b. de ûntknoping útstelle troch fertragingstaktiken te brûken;
c. de lêzer mear ynformaasje jaan as in personaazje;
d. de lêzer op de ferkearde foet sette troch wat te suggerearjen dat letter yn it ferhaal net wier blykt te wêzen;
e. fragen oproppe dy't earst folle letter yn it ferhaal beäntwurde wurde.

Boarnen

'Spanning', yn: Joke van Balen e.o., Basisboek literatuur. Grins, Uitgeverij kleine Uil, 2009, side 99-100.

Makke trochBart Temme




Bak* - Vries, Sietse denivo 2

Bak*

skriuwer :Vries, Sietse de
Jier:2012
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:110
Sjenre:misdiedroman
Stekwurden:moard, polityk, sjoernalistyk
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Bak waard yn opdracht fan Tresoar útjûn troch de Friese Pers Boekerij, ta gelegenheid fan de Moanne fan it Fryske Boek 2012. Yn 2015 is it boek ferfilme.

 

Opdrachten

BoekVries, Sietse de, Bak*
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 1
Wurkfoarmyndividueel (twatal kin ek)
Fokussjenre
Learst

om nei te tinken oer it sjenre

Opdracht

De measte boeken ha skaaimerken fan mear as ien sjenre. Kinst se dêrom net altyd maklik ûnderbringe by ien sjenre.

1. Sykje om ynformaasje oer ûndersteande sjenres.

2. Formulearje by elk sjenre sa folle moglik arguminten wêrom't Bak wol/net ta dat sjenre rekkene wurde kin. Besykje by elk sjenre sawol arguminten foar as tsjin te betinken.

3. Ast Bak ûnderbringe moatst by mar ien sjenre, hokker sjenre soe dat dan wêze? Lis út.

Sjenres om yn dit gefal út te kiezen
a. biografyske roman
b. plysjeroman
c. Faction (sjoernalistike roman)
d. psychologyske roman
e. kaairoman
f. tendinsroman
g. thriller

Boarnen

'Genres', yn: Joke van Balen e.o., Basisboek literatuur. Grins, Uitgeverij kleine Uil, 2009, side 30 en fierder

Makke trochBart Temme



BoekVries, Sietse de, Bak*
NûmerN3/2
nivo3
Stúdzjelêst 1
Wurkfoarmyndividueel
Fokusiepen plakken
Learst

om iepen plakken te werkennen en te reflektearjen op de wurking dêrfan

Opdracht

In skriuwer docht syn bêst om spanning te skeppen in syn verhaal. In manier om dat te dwaan is te boartsjen mei iepen plakken.

1. Bestudearje de literêre teory (sjoch hjirûnder).

2. Skriuw de belangrykste iepen plakken dy'tst yn Bak tsjinkaam bist op.

3. Notearje dêrnei yn hokker haadstik it iepen plak ynfuld wurdt. As der gjin antwurd komt op in iepen plak skriuwst dat ek op.

4. Hokker spanningsbôge ropt de measte spanning op? Lis út.

5. Is dyn idee oer wat 'spanning' is yn in boek feroare troch it meitsjen fan dizze opdracht? Lis út.

(Literêre) teory

Iepen plakken en spanningsbôge

Wannear't je in literêre tekst lêze, freegje je je al gau ôf wêr't de tekst eins oer giet. Lêzendewei krije je ynformaasje oer de foarfallen en de personaazjes dêr't je ferbannen tusken begjinne te lizzen. By in literêre tekst krije je dy ynformaasje - oer personaazjes, de romte, de tiid ensafh - meastal net yn ien kear, de ynformaasje is gauris net yn ien kear dúdlik. In literêre tekst wurdt dan ek skaaimerke troch saneamde iepen plakken. In iepen plak is in tekstpart binnen in ferhaal of in roman dat foar de lêzer ûndúdlik is en dat fragen opropt. Iepen plakken meitsje de lêzer dan ek aktyf. De lêzer begjint himsels fragen te stellen oer de tekst en giet op syk nei passaazjes yn de tekst dêr't er de ûndúdlikheden mei oplosse kin. Hy sil besykje om dy iepen plakken yn te fullen. De ôfstân tusken in iepen plak en de ynfulling dêrfan neame wy in spanningsbôge.

Boarnen

'Open plekken', yn: Joke van Balen e.o., Basisboek literatuur. Grins, Uitgeverij kleine Uil, 2009.

Makke trochBart Temme




Bak* - Vries, Sietse denivo 2

Bak*

skriuwer :Vries, Sietse de
Jier:2012
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:110
Sjenre:misdiedroman
Stekwurden:moard, polityk, sjoernalistyk
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Bak waard yn opdracht fan Tresoar útjûn troch de Friese Pers Boekerij, ta gelegenheid fan de Moanne fan it Fryske Boek 2012. Yn 2015 is it boek ferfilme.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Bak* - Vries, Sietse denivo 2

Bak*

skriuwer :Vries, Sietse de
Jier:2012
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:110
Sjenre:misdiedroman
Stekwurden:moard, polityk, sjoernalistyk
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Bak waard yn opdracht fan Tresoar útjûn troch de Friese Pers Boekerij, ta gelegenheid fan de Moanne fan it Fryske Boek 2012. Yn 2015 is it boek ferfilme.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Bak* - Vries, Sietse denivo 2

Bak*

skriuwer :Vries, Sietse de
Jier:2012
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:110
Sjenre:misdiedroman
Stekwurden:moard, polityk, sjoernalistyk
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Bak waard yn opdracht fan Tresoar útjûn troch de Friese Pers Boekerij, ta gelegenheid fan de Moanne fan it Fryske Boek 2012. Yn 2015 is it boek ferfilme.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Bak* - Vries, Sietse denivo 2

Bak*

skriuwer :Vries, Sietse de
Jier:2012
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:110
Sjenre:misdiedroman
Stekwurden:moard, polityk, sjoernalistyk
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Bak waard yn opdracht fan Tresoar útjûn troch de Friese Pers Boekerij, ta gelegenheid fan de Moanne fan it Fryske Boek 2012. Yn 2015 is it boek ferfilme.

 

Yntroduksje 

Sietse de Vries waard yn 1955 berne yn De Tijnje. Hy wurke oant 2015 by de Ljouwerter Krante. Tsjintwurdich is er selsstannich sjoernalist. De Vries stiet bekend om syn plysjeromans. Yn 1998 debutearre er mei De boargemaster, letter folgen noch de thrillers De dea fan Nico Dekema (1999), Kûgels foar Kant (2002) en Potstro Fongers (2009). Hy skreau ek in berneboek dêr't wat oplost wurde moat, Homme en it geheim fan pake (2003). Syn boeken binne skreaun yn in flotte, lêsbere styl en hy komt yn syn wurk faak op hjoeddeiske tema's en maatskiplike kwestjes.

Ynhâld

Sjerp Bak is al tweintich jier stedsferslachjouwer fan in regionale krante dêr't er foaral de lokale polityk foar folget. As er op in dei rûzje krijt mei in VVD-gemeenteriedslid en him deaslacht, wit er út hannen fan 'e plysje te bliuwen. Mar hy komt wol hieltyd fierder yn it nau.

Swierte

De plysjeroman Bak fan Sietse de Vries is net dik en de struktuer is ienfâldich nei te kommen. Dêrneist is it boek tagonklik skreaun: De Vries syn sinnen binne net koart, mar syn wurdgebrûk is keazen yn gongbere taal. Yn de roman steane boppedat in protte dialogen. Foar N1- en N2-lêzers is dat allegear oantreklik. Foar N3-lêzers binne de styl en struktuer minder útdaagjend. N1- en N2-lêzers sille ek de plot fan Bak wurdearje; it ferhaal fan De Vries wurdt hieltyd spannender. Jonge lêzers kinne har wierskynlik net sa goed identifisearje mei it haadpersonaazje: in man fan fyftich, in stedsferslachjouwer mei politike ynteresse. Foaral N1-lêzers sille dêrtroch lêstiger yn 'e hûd krûpe kinne fan Sjerp Bak; allinne dat makket Bak ta in N2-boek. It boek hat in pear iepen plakken. Dat is oantreklik foar N3-lêzers, de iroanyske humor fan De Vries sil har ek útdaagje, lykas de maatskiplike en politike tema's dy't yn it boek op it aljemint komme.

Didaktyske en letterkundige analyse

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De jongere N1- en N2-lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan it haadpersonaazje fan fyftich dat stedsferslachjouwer is en politike ynteresses hat. Dêr moat de dosint rekken mei hâlde. Foar N3-lêzers sit dêr krekt de útdaging.

Ynteresses

N1- en N2-lêzers hâlde fan spannende, meinimmende ferhalen. De Vries jout har sa'n ferhaal. It ferhaal is in echte thriller; dat is oantreklik foar N1- en N2-lêzers.

Algemiene kennis

Kennis oer de wrâld is net wier nedich. Der komme wol politike (gemeenteried) en maatskiplike saken (ynternasjonale misdiedorganisaasje) oan bod, mar dy binne goed te begripen út de kontekst.

Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks)

Spesifike literêre kennis is net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Der steane net folle lestige wurden yn de roman. Bak is yn gongber Frysk skreaun.

Sinskonstruksjes

De lingte fan de sinnen yn Bak fariearret sterk. De Vries brûkt bygelyks lange bysinnen, mar syn sinnen binne soms ek 'staccato'. Foar N2- en N3-lêzers binne de sinskonstruksjes goed te begripen.

Styl

De styl fan De Vries is frij tagonklik, yn Bak steane hast gjin metafoaren. Foar N1- en N2-lêzers is dat tige oantreklik. De tema's binne troch De Vries eksplisyt beskreaun. De goede N2-lêzer en de N3-lêzer wolle miskien mear útdaging. De Vries skriuwt bytiden wol iroanysk. Dat kin lêstich wêze foar N1- en N2-lêzers, mar foar N3-lezers is it útdaagjend.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn Bak is wol sprake fan aksje, ek al is it gjin typyske whodunnit. Yn it begjin is fuortdaliks dúdlik wa't de moard pleegd hat, mar dêrtroch is it boek net minder spannend om fierder te lêzen. De grutste fraach fan it boek is nammentlik: is Sjerp Bak snoad genôch om út hannen fan 'e plysje te bliuwen? Hoe rint it ôf? Dat makketBakoantreklik foar N1- en N2-lêzers. Uteinliken is dit ferhaal dus taskreaun op de plot. De dialogen soargje ek foar tempo yn it ferhaal.

Gronology

De struktuer fan de roman is ienfâldich. Yn Bak sitte net folle werom- of foarútferwizings. De gronology slút dêrtroch oan by de N1- en N2-lêzers. De fraach oft Sjerp Bak út hannen bliuwt fan 'e plysje wurdt net beantwurde. Dizze iepen ein sille N3-lêzers mear wurdearje as N1- en N2-lêzers.

Ferhaalline(n)

De ferhaalline fan De Vries is goed te folgjen foar N1- en N2-lêzers: in man dy't úteinlik twa minsken deaslacht en út hannen bliuwe wol fan 'e plysje. Der binne net in protte sydlinen binnen it ferhaal (de yllegale drankhannel fan Remco Beets bygelyks, mar dat heart ek wer by de haadline fan it ferhaal).Bakis dêrtroch net kompleks foar N1- en N2-lêzers. Der sitte wol in pear iepen plakken yn it ferhaal dy't foar N3-lêzer in útdaging binne. Bygelyks, hoe bedarret de auto mei it lyk fan Remco Beets in Beetstersweach?

Perspektyf

Der binne gjin perspektyfwiksels yn it ferhaal. Bak wurdt ferteld út in personaal perspektyf wei. We lêze allinich de gedachten fan Sjerp Bak en folgje syn hannelings. De lêzers wurde dêrtroch wol twongen om har te identifisearjen mei in karakter fan fyftich jier en him te folgjen yn syn prakkesaasjes en hannelings. Foar N1-lêzers sil dat net maklik wêze.

Betsjutting

It tema fan de roman is dúdlik. De Vries beskriuwt it frij eksplisyt. De N2-lêzer hoecht der net op sitte te stinnen. Oare betsjuttings, bygelyks fan de motiven, wurde ek frij eksplisyt útlein. In foarbyld dêrfan binne de twa leidmotiven yn it ferhaal: de giele moffen en it krat fan Dirk van der Broek. Der steane yn Bak wol ferwizings nei de polityk, dy ferwizings ha gjin djipere betsjuttingslagen. Se hearre mear by desettingfan it ferhaal.

Fertroud mei literêre personaazjes

Karakters

De lêzer folget de hannelings fan ien personaazje. Dat is maklik te oersjen. Sjerp Bak stiet kwa karakter allinnich net tichtby de jongerein. Foar N1- en N2-lêzer sil dat lêsticher wêze dan foar N3-lêzers dy't har miskien better ferpleatse kinne yn de haadpersoan.

Hoemannichte

De hoemannichte personaazjes yn Bak is net grut. Sjerp Bak is de sintrale persoan, en fierder spylje CDA-wethâlder Geke Jensma (mei wa't Bak in relaasje krijt) en it gemeenteriedslid Remco Beets in rol, de lêzer krijt oer de lêste te lêzen troch it ûndersiik fan Bak. De oare minsken om Sjerp Bak hinne binne byfigueren. N2-lêzers kinne de hoemannichte personaazjes maklik oersjen.

Untjouwing fan karakters

De ferhâldingen tusken personaazjes yn Bak binne net kompleks, psychologyske ferdjipping ûntbrekt. Se binne foar N2-lêzers maklik nei te kommen.

Relevante  boarnen foar dosinten

Doeke Sijens, 'De macht fan it wurd', Leeuwarder Courant, 7 septimber 2012.
Jaap Krol, 'Grize mûs en VVD-broekje', Friesch Dagblad, 13 oktober 2012.
Geart Tigchelaar, 'Moaie bak', op webside fan Ensafh, 28 septimber 2012.
Alle boarnen te finen by boekprofyl op sirkwy.nl

Skreaun troch

Bart Temme