Fries

De wylde boerinne en oare ferhalen*  - Holtrop, T.E.nivo 3

De wylde boerinne en oare ferhalen*

skriuwer :Holtrop, T.E.
Jier:1915 [4de publikaasje 2010]
Utjouwer:Selskip for Fryske Tael- en Skriftenkennisse, jierboekje 'Swanneblommen'
Plak fan útjefte:Grou
Oantal siden:200
Sjenre:
Stekwurden:boerelibben, narje, rjochtfeardigens, wraak
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De wylde boerinne is online beskikber yn de dbnl. It ferhaal is ek ferskynd as stripboek.

 

Oer de skriuwer

Teatse Holtrop is berne yn Drylts en hat dêr it grutste part fan syn libben wurke as ûnderwizer. Hy hie al jong belangstelling foar literatuer, mar begûn sels pas op syn fjirtichste te publisearjen. Hy krige net in soad wurdearring foar syn wurk. De wylde boerinne lykwols waard goed ûntfongen, ek bûten Fryslân. Holtrop wie in breaskriuwer: Frysk skriuwen wie foar him in manier om troch de tiid te komme, foaral doe't er om syn drankgebrûk ophâlde moast mei lesjaan. Holtrop hat ek in oersetting makke fan Shakespeare en in histoaryske roman yn it Nederlânsk skreaun.

Ynhâld

De Wylde Boerinne wurdt wol rekkene ta ien fan de bêste ferhalen dy't yn it Frysk skreaun binne. It giet oer in konflikt tusken twa koppige karakters. Lammers, in lyts en ûnsjoch mantsje, wurdt ôfwiisd troch syn buorfrou Broersma en kin dat net ha. As wraak ûntseit er har it rjocht om oer syn hiem te gean. It paad oer syn hiem is foar har en har bern de iennichste ferbining mei de bûtenwrâld. De manier dêr't Holtrop de beide karakters op beskriuwt is sa fassinearjend, datst dit ferhaal net gau ferjitte silst.

Lêsoanwizings

Dit ferhaal is sa'n hûndert jier lyn skreaun. De wurden dy't brûkt wurde silst net allegearre kenne. Lit dy dêr net troch ôfskrikke. It ferhaal begjint mei in situaasjeskets om sfear op te roppen, mar nei in pear siden begjint de aksje. It ferhaal is it earste ferhaal fan de bondel en beslacht 30 siden.

Om oer te prakkisearjen

Hoe fier kin in minske gean om syn gelyk te heljen? Wat dochst ast ôfwiisd wurdst? Hoefier kin wraak gean? Hat in minske it rjocht om wraak te nimmen?

Wurdearring

'De typearring fan de boerinnne en fan har tsjinspylder, buorman Lammers, tsjûgje fan it fermogen fan de skriuwer om him yn te libjen yn dizze ûnfersetlike figueren. It miljeu dêr't se yn libje krijt in heldere tekening.'
Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad

'Opzet en afloop van het verhaal, dat maar ruim dertig bladzijden telt, zijn zo fascinerend, dat men het nooit meer vergeet. Het behoort tot het beste proza dat ooit in het Fries is geschreven.'
Pieter Terpstra yn it Nieuwsblad van het Noorden

Mear witte?

Sjoch foar ynformaasje oer de skriuwer op sirkwy.nl

Skreaun troch

Gerbrich de Jong

Suggestjes


De wylde boerinne en oare ferhalen*  - Holtrop, T.E.nivo 3

De wylde boerinne en oare ferhalen*

skriuwer :Holtrop, T.E.
Jier:1915 [4de publikaasje 2010]
Utjouwer:Selskip for Fryske Tael- en Skriftenkennisse, jierboekje 'Swanneblommen'
Plak fan útjefte:Grou
Oantal siden:200
Sjenre:
Stekwurden:boerelibben, narje, rjochtfeardigens, wraak
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De wylde boerinne is online beskikber yn de dbnl. It ferhaal is ek ferskynd as stripboek.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
De wylde boerinne en oare ferhalen*  - Holtrop, T.E.nivo 3

De wylde boerinne en oare ferhalen*

skriuwer :Holtrop, T.E.
Jier:1915 [4de publikaasje 2010]
Utjouwer:Selskip for Fryske Tael- en Skriftenkennisse, jierboekje 'Swanneblommen'
Plak fan útjefte:Grou
Oantal siden:200
Sjenre:
Stekwurden:boerelibben, narje, rjochtfeardigens, wraak
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De wylde boerinne is online beskikber yn de dbnl. It ferhaal is ek ferskynd as stripboek.

 

Opdrachten

BoekHoltrop, T.E., De wylde boerinne en oare ferhalen*
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmiening
Learst

om dyn miening te ferwurdzjen

Opdracht

Hjirûnder steane seis stellingen oer it ferhaal. Reagearje op dy stellingen troch oan te jaan oftst it der mei iens bist of net. Doch dat sa: 'Ik bin it wol/net mei dizze stelling iens, want...' en lis dan dyn antwurd út troch foarbylden te brûken út it boek.

1. De wylde boerinne is in moai ferhaal.
2. It ferhaal soe wier-bard wêze kinne.
3. Frou Broersma hie Lammers net ôfwize moatten.
4. Ik tink dat it nei it ferstjerren fan frou Broersma noch goed komt mei de Auke en Ynsk.
5. Lammers hat alle rjocht om wraak te nimmen op frou Broersma.
6. Frou Broersma is in leave frou.

Makke trochGerbrich de Jong



BoekHoltrop, T.E., De wylde boerinne en oare ferhalen*
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te ferpleatsen yn in personaazje

Opdracht

Auke en Ynsk hawwe it net maklik.

1. Jou trije foarbylden út it boek dêr't dat út blykt.

2. Stel dy foar dat Auke en Ynsk de bernetelefoan (kindertelefoon) belje soenen. Wat soenen se dan fertelle oer de situaasje dêr't se yn sitte? Hoe soenen se útlizze wêr't se mei sitte? Skriuw it begjin fan it telefoangesprek op.

3. Betink trije fragen dy't Auke en/of Ynsk oan de bernetelefoan stelle kinne soenen.

Boarnen

Kindertelefoon

Makke trochGerbrich de Jong



BoekHoltrop, T.E., De wylde boerinne en oare ferhalen*
NûmerN2/3
nivo2
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusbewurking
Learst

om it ferhaal te bewurkjen ta in stripferhaal

Opdracht

Lês it stripferhaal dat makke is fan De wylde boerinne.

1. Wat fûnsto moaier om te lêzen, it stripferhaal of it ferhaal sels? Lis dyn antwurd út.

2. Wêrom binne guon parten fan it stripferhaal yn it blau en oaren yn it read?

3. Fynsto it ferhaal geskikt om der in strip fan te meitsjen?

4. Wat foar ynformaasje krijst by it lêzen fan it ferhaal wol, mar by it lêzen fan it stripferhaal net?

5. Kies in sêne út it boek en meitsje dêr sels in strip fan. Jou oan om wat foar sêne it giet en fertel der by wêrom oftst foar dy sêne keazen hast.

Boarnen

De wylde boerinne, Richard Bos, Alexander Russchen en Willem Winters, útjouwerij Perio, Ljouwert, 2007, katalogus Tresoar

Makke trochGerbrich de Jong




De wylde boerinne en oare ferhalen*  - Holtrop, T.E.nivo 3

De wylde boerinne en oare ferhalen*

skriuwer :Holtrop, T.E.
Jier:1915 [4de publikaasje 2010]
Utjouwer:Selskip for Fryske Tael- en Skriftenkennisse, jierboekje 'Swanneblommen'
Plak fan útjefte:Grou
Oantal siden:200
Sjenre:
Stekwurden:boerelibben, narje, rjochtfeardigens, wraak
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De wylde boerinne is online beskikber yn de dbnl. It ferhaal is ek ferskynd as stripboek.

 

Opdrachten

BoekHoltrop, T.E., De wylde boerinne en oare ferhalen*
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmtwatal, fjouwertal of byneed yndividueel
Fokustematyk
Learst

om te reflektearjen op in moreel fraachstik

Opdracht

Frou Broersma en buorman Lammers geane hiel fier yn harren striid om gelyk te heljen. Diskusjearje mei inoar oer de folgjende stelling:

"Frou Broersma hat it oan harsels te tankjen dat se narre wurdt troch Lammers."

1. Praat ôf wa't foar en wa't tsjin de stelling is.
2. De foarstanners betinke safolle mooglik arguminten foar de stelling en de tsjinstanners betinke safolle mooglik arguminten tsjin de stelling. Bliuw sa ticht mooglik by de feiten út it ferhaal.
3. Hâld it debat. Folgje de debatregels út jim lesmetoade fan Nederlânsk of dy fan it debatynstitút (sjoch ûnder boarne 1). Freegje in klasgenoat om it debat op te nimmen mei telefoan of tablet.
4. Besjoch meiinoar it debat en stel fêst wa't de bêste is.

N.B. Ast dizze opdracht allinnich dwaan wolst, dan kin dat ek. Betink dan foar dysels ofst it al of net iens bist mei de stelling en betink safolle mooglik arguminten om foar of tsjin de stelling te brûken. Skriuw dan op basis fan dy argminten in betooch fan minstens 400 wurden.

Boarnen

Schooldebatteren

Makke trochGerbrich de Jong



BoekHoltrop, T.E., De wylde boerinne en oare ferhalen*
NûmerN3/2
nivo3
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om nei te tinken oer de ûntjouwing fan de personaazjes

Opdracht

1. Wat wurdt oan it begjin fan it ferhaal sein oer it uterlik en it karakter fan frou Broersma?

2. Hoe wurdt frou Broersma letter yn it boek beskreaun, kwa uterlik en karakter? Is sy in round of in flat character? Ast net mear krekt witst wat it ferskil is, lês it dan nei yn dyn metoade foar Nederlânsk of sjoch ûnder ien fan de boarnen by dizze opdracht.

3. Beskriuw no ek it personaazje Lammers. Hoe sjocht er der út? Wat foar karakter hat er? Skriuw safolle mooglik oer him op en lis út oft buorman Lammers neffens dy in round of in flat character is.

4. Wat is it grutste ferskil tusken it karakter fan frou Broersma en buorman Lammers?

5. Wat is de belangrykste oerienkomst tusken it karakter fan frou Broersma en dat fan Lammers?

6. Lykje de bern, Auke en Ynsk, op harren mem? Lis dyn antwurd út.

Boarnen

Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 106-107.
Wikipedy, Flat character en Round character.

Makke trochGerbrich de Jong




De wylde boerinne en oare ferhalen*  - Holtrop, T.E.nivo 3

De wylde boerinne en oare ferhalen*

skriuwer :Holtrop, T.E.
Jier:1915 [4de publikaasje 2010]
Utjouwer:Selskip for Fryske Tael- en Skriftenkennisse, jierboekje 'Swanneblommen'
Plak fan útjefte:Grou
Oantal siden:200
Sjenre:
Stekwurden:boerelibben, narje, rjochtfeardigens, wraak
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De wylde boerinne is online beskikber yn de dbnl. It ferhaal is ek ferskynd as stripboek.

 

Opdrachten

BoekHoltrop, T.E., De wylde boerinne en oare ferhalen*
NûmerN4/1
nivo4
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusbewurking
Learst

om nei te tinken oer in ferfilming fan it ferhaal

Opdracht

It ferhaal is geskikt om te ferfilmjen of der in strip fan te meitsjen. Dat lêste is al ris dien. Yn dizze opdracht is it oan dy om nei te tinken oer hoe'tst it ferhaal ferfilmje soest.

1. Lang net alle boeken of ferhalen liene har goed om ferfilme te wurden. Hoe kin it dat dit ferhaal wol geskikt is? Neam minstens trije redenen.

2. Tinksto dat in ferfilming fan dit ferhaal hjoedtedei noch boeiend fûn wurde soe? Sa ja, wêrom tinkst dat? Sa nee, wêrom tinkst fan net? Hoe soest it ferhaal bewurkje om it oansprekkender te meitsjen?

3. Meitsje in filmskript fan it dramatyske ein fan it ferhaal. Ast leaver in oare sêne dochst dan mei dat ek, mar lis dan út wêrom ast kiest foar dy sêne. Under boarne 2 fynst in foarbyld fan in filmskript en ekstra útlis oer hoe'tst it oanpakke kinst. Tink ek nei oer de muzyk dy'tst kieze soest by de sêne.

Boarnen

Wikipedy, Ynformaasje oer skripts
Utlis oer en foarbyld fan in skript

Makke trochGerbrich de Jong



BoekHoltrop, T.E., De wylde boerinne en oare ferhalen*
NûmerN4/2
nivo4
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusperspektyf
Learst

om nei te tinken oer it effekt fan it fertelperspektyf

Opdracht

1. It ferhaal is ferteld út in auktoriaal perspektyf wei. Skriuw op wat de kenmerken binne fan dat fertelperspektyf en hoe'tst dat yn dit ferhaal werom sjochst.

2. Kiest de ferteller neffens dy partij foar ien fan de beide karakters? Sa ja, foar wa dan en wêr fernimst dat oan? Sa nee, hoe fernimst dat? Stiesto sels oan ien syn kant, doe'tst dit ferhaal liest?

3. Stel dy foar dat de skriuwer it ferhaal skreaun hie yn personaal perspektyf. Wat foar effekt soe dat ha op hoe'tsto as lêzer sjochst nei de gebeurtenissen? Ut wa syn perspektyf soesto it sels skreaun ha?

4. Kies no in sêne en werskriuw dy yn in oar perspektyf. Meist sels kieze of'tst it skriuwst út Lammers wei of út frou Broersma wei. Lis wol even dyn kar út. Ast it dreech fynst om sels in sêne te kiezen, nim dan de sêne dêr't Lammers frou Broersma de leafde ferklearret. De lingte fan it stik datst op 'e nij skriuwst is ûngefear 500 wurden.

Boarnen

Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 101-106.
Wikipedy, Fertelperspektyf

Makke trochGerbrich de Jong




De wylde boerinne en oare ferhalen*  - Holtrop, T.E.nivo 3

De wylde boerinne en oare ferhalen*

skriuwer :Holtrop, T.E.
Jier:1915 [4de publikaasje 2010]
Utjouwer:Selskip for Fryske Tael- en Skriftenkennisse, jierboekje 'Swanneblommen'
Plak fan útjefte:Grou
Oantal siden:200
Sjenre:
Stekwurden:boerelibben, narje, rjochtfeardigens, wraak
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De wylde boerinne is online beskikber yn de dbnl. It ferhaal is ek ferskynd as stripboek.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
De wylde boerinne en oare ferhalen*  - Holtrop, T.E.nivo 3

De wylde boerinne en oare ferhalen*

skriuwer :Holtrop, T.E.
Jier:1915 [4de publikaasje 2010]
Utjouwer:Selskip for Fryske Tael- en Skriftenkennisse, jierboekje 'Swanneblommen'
Plak fan útjefte:Grou
Oantal siden:200
Sjenre:
Stekwurden:boerelibben, narje, rjochtfeardigens, wraak
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De wylde boerinne is online beskikber yn de dbnl. It ferhaal is ek ferskynd as stripboek.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
De wylde boerinne en oare ferhalen*  - Holtrop, T.E.nivo 3

De wylde boerinne en oare ferhalen*

skriuwer :Holtrop, T.E.
Jier:1915 [4de publikaasje 2010]
Utjouwer:Selskip for Fryske Tael- en Skriftenkennisse, jierboekje 'Swanneblommen'
Plak fan útjefte:Grou
Oantal siden:200
Sjenre:
Stekwurden:boerelibben, narje, rjochtfeardigens, wraak
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De wylde boerinne is online beskikber yn de dbnl. It ferhaal is ek ferskynd as stripboek.

 

Yntroduksje

Teatse Holtrop is berne yn Drylts en hat dêr it grutste part fan syn libben wurke as ûnderwizer. Hy hie al jong belangstelling foar literatuer, mar begûn sels pas op syn fjirtichste te publisearjen. Hy krige net in soad wurdearring foar syn wurk. De wylde boerinne lykwols waard goed ûntfongen, ek bûten Fryslân. Holtrop wie in breaskriuwer: Frysk skriuwen wie foar him in manier om troch de tiid te kommen, foaral doe't er om syn drankgebrûk ophâlde moast mei lesjaan. Holtrop hat ek wurk fan Shakespeare oerset nei it Frysk en in histoaryske roman yn it Nederlânsk skreaun.

Ynhâld

De wylde boerinne wurdt wol rekkene ta ien fan de bêste ferhalen dy't yn it Frysk skreaun binne. It giet oer in konflikt tusken twa koppige karakters. Lammers, in lyts en ûnsjoch mantsje, wurdt ôfwiisd troch syn buorfrou Broersma en kin dat net ha. As wraak ûntseit er har it rjocht om oer syn lân te gean. It paad oer syn lân is foar har en har bern de iennichste ferbining is mei de bûtewrâld.

Swierte

It dreechste oan it ferhaal fan De wylde boerinne is it taalgebrûk. It is hûndert jier lyn skreaun en it taalgebrûk wykt bot ôf fan wat learlingen wend binne. Foar in N2-learling binne de dramatyske ferhaalline en de sletten ein oantreklike aspekten fan it ferhaal, mar it kin dreech wêze om him te ferpleatsen yn personaazjes dy't fier ôfsteane fan syn eigen situaasje. En de psychology fan de personaazjes is no krekt wêr't it yn dit ferhaal om giet.
In N3-lêzer sil it oantreklik oan it ferhaal fine dat it giet om morele fragen, sa as it rjocht op wraak en wat rjochtfeardigens is. De N4-lêzer kin dêr noch in stapke fierder yn gean en him bygelyks ôffreegje wat it boadskip fan de skriuwer mei it ferhaal is. De N4-lêzer hat ek mear each foar de styl fan it boek en kin besykje bepaalde betsjuttingseleminten te ynterpretearjen.

Didaktyske en letterkundige analyse

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

It kin foar learlingen in drompel wêze om te begjinnen yn in ferhaal dat hûndert jier ferlyn skreaun is. By it lêzen fan de earste side sil al opfalle dat it wurdgebrûk ôfwykt fan it wurdgebrûk fan hjoed-de-dei. Ek de titel sil harren miskien net direkt prikkelje, mar it feit dat it mar om in koarte tekst giet is benammen foar N2-lêzers oantreklik.

Ynteresses

Yn it ferhaal draait it om de psychology fan twa stiifkoppige karakters. In learling moat dêr wat aardichheid oan ha om wat oan dit boek te finen. N3-lêzers, dy't hâlde fan boeken oer morele fraachstikken, hawwe mei dit ferhaal in soad om oer nei te tinken.

Algemiene kennis

In soad algemene kennis is net nedich om dit ferhaal begripe te kinnen. Wol moat in learling begripe wat 'rjocht fan reed' is en witte dat stikjes lân eartiids byinoar foege wurde koenen troch te trouwen.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net fereaske om dit boek begripe te kinnen.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It ferhaal is hûndert jier âld en dat is te fernimmen oan it wurdgebrûk. De learling sil hieltyd wurden tsjinkomme dy't er net ken. 'Jit' wurdt hieltyd brûkt foar 'noch' en fierder wurdt der bygelyks praat fan 'waarme amme dy't troch swarte noasters stimet'. Der wurdt ek gebrûk makke fan agrarysk jargon dat by learlingen net mear bekend wêze sil.

Sinskonstruksjes

Lange sinnen mei in soad omballingen en koarte sinnen wikselje inoar ôf.

Styl

De styl fan it ferhaal is net ienfâldich, troch de lange sinnen en de wurden dy't der yn brûkt wurde. Bygelyks: 'As jins geast hielendal oermastere is troch altyd deselde tinzen en foarstellingen, dy jin dei en nacht lins jouwe, moat der op 't lêst in útwei komme, oars giet it ferstân dêrby telider.' (s. 41)

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der binne wolris wat sfearsketsen, dy't benammen foar N2-lêzers dreech wêze kinne. Lykwols sit der aardich wat aksje yn dit boek.

Gronology

It ferhaal giet ien kear tebek yn de tiid. Foar learlingen is dy sprong goed nei te kommen.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline en dy smyt gjin problemen op.

Perspektyf

It perspektyf fan de altwittende ferteller leveret gjin problemen op.

Betsjutting

Der kinne meardere betsjuttingslagen yn dit boek oanwiisd wurde. It sil net foar alle learlingen maklik wêze om dy der út te heljen. In N2-lêzer sil dit lêze as in ferhaal oer in striid tusken twa minsken, dy't troch ien fan beiden wûn wurdt. In N3-lêzer sil der betsjutting oan hechtsje as in ferhaal oer hoe fier't in minsk gean kin om syn gelyk te heljen. In N4-lêzer sil miskien noch fierder gean yn syn ynterpretaasje en neitinke oer de bedoeling fan de skriuwer.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Der binne twa haadpersonaazjes yn dit ferhaal. De wylde boerinne makket in dúdlike ûntjouwing troch, dy't foar de lêzer goed nei te kommen is. It is wol de fraach yn hoefier oft in learling him ynlibje kin yn it gedrach fan de wylde boerinne. Ek buorman Lammers lit gedrach sjen dat miskien wol moeilik te begripen is foar in learling. Dat kin dreech wêze, benammen foar N2-lêzers. Foar learlingen fan N3 en heger is dat minder in probleem.

Oantal karakters

Der binne net sa'n soad karakters, dat it oantal karakters smyt gjin problemen op foar de lêzer.

Untjouwing fan de karakters

It kin dreech wêze foar de learling om te begripen hoe't der sa'n striid ûntstean kin tusken twa folwoeksen minsken.

Relevante  boarnen foar dosinten

Ynlieding op it boek troch J. Knol yn de DBNL

Skreaun troch

Gerbrich de Jong