Fries

It beest fan de Westereen* - Grypstra, Atenivo 1

It beest fan de Westereen*

skriuwer :Grypstra, Ate
Jier:2011
Utjouwer:Afûk
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:198
Sjenre:horror (F)
Stekwurden:doarpslibben, jeugdkultuer, moard, religy, wearwolf, Wâlden
ERK-nivo : A2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Oer de skriuwer

Ate Grypstra (1973) is berne yn Noardburgum. Hy hat Ingelsk en Frysk studearre yn Grins en wurke as dosint Ingelsk. Grypstra hat him útlein op it skriuwen fan jeugdliteratuer. Yn 2008 ferskynde syn debút Heftich, in bondel mei jongereinferhalen. Syn histoaryske jeugdroman Krús fan de Hollanner (2012) giet oer it libben fan Grutte Pier. Dat boek stiet ek op Lezen voor de lijst. Mei Femke faalt (2014) skreau er op 'e nij in jeugdroman; it boek is allinne as e-book te krijen.

Ynhâld

De plysje sit mei de hannen yn it hier. Yn De Westereen binne earst in pear hertsjes, dan in dûmnysfrou en dêrnei twa jonge fiskers dea fûn. Se binne allegearre op in aaklike wize oan de ein fan har libben kommen. De 16-jierrige Steven Kingma hat yn 'e gaten wat der te rêden is. Hy is er der wis fan dat der in wearwolf yn it doarp aktyf is. Hy docht der alles oan om foar te kommen dat by in folgjende ljochtmoanne wer minsken dea reitsje.

Lêsoanwizings

It beest fan de Westereen is maklik skreaun horrorferhaal: de sinnen binne koart, krekt as de haadstikken, en der steane in protte dialogen yn it boek. It ferhaal is tige spannend: wa is de moardner?

Om oer te prakkisearjen

Wat soesto dwaan as in wearwolf dyn doarp of wyk bedrige? Soest mei dyn freonen ek op ûndersiik út gean?

Wurdearring

'Grypstra (...) is in meinimmend ferteller. Ek wa't it net oan wol dat wearwolven besteane, sil fernimme dat it ferhaal spanning hat en fernimstich yn inoar set is.'
Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant

'Ate Grypstra skreau mei It beest fan de Westereen sawol in fermaaklik as spannend boek.'
Jaap Krol yn it Friesch Dagblad

'Foar wa't gewoanlik net sa fan de skrillers is, meitsje de sfear fan puberteit op in doarp en Grypstra syn libbene ferteller It beest fan de Westereen ta in tige slagge útlêsboek.'
André Looijenga yn Ensafh

Mear witte?

Oer de skriuwer: biografyske skets
Besprekken fan it boek op sirkwy.nl, ûnderoan it boekprofyl

Skreaun troch

Bart Temme

Suggestjes


It beest fan de Westereen* - Grypstra, Atenivo 1

It beest fan de Westereen*

skriuwer :Grypstra, Ate
Jier:2011
Utjouwer:Afûk
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:198
Sjenre:horror (F)
Stekwurden:doarpslibben, jeugdkultuer, moard, religy, wearwolf, Wâlden
ERK-nivo : A2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Opdrachten

BoekGrypstra, Ate, It beest fan de Westereen*
NûmerN1/1
nivo1
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynlibje
Learst

om nei te tinken oer de situaasje en de personaazjes út it boek

Opdracht

In minske docht yn ekstreme omstannichheden soms dingen dy't er sels nea fan himsels tocht hie. Miskien hast ûnder it lêzen fan It beest fan de Westereen wol tocht: wat soe ik dwaan? Yn dizze opdracht sikest dat út.

A
Tink dy yn: tegearre mei dyn bêste freon ûntdekke jimme dat in moardner jim doarp bedriget. Jimme belânje yn deselde situaasje as beskreaun wurdt yn It beest fan de Westereen.

Wat soest fuortendaalks dwaan wolle? Bygelyks: de plysje belje of sels op ûndersiik gean. Lis út.

B
De freonen Steven en Durk yn It beest fan de Westereen tinke beide oars oer de bedriging fan de moardner yn it doarp. Durk wol leaver rjochtsomkeart meitsje, Steven net.

1. Beskriuw yn fjouwer wurden it karakter fan Durk en fan Steven. Bygelyks: bang, humoristysk, gefoelich, sterk.
2. Op wa likesto it meast? Op Durk of op Steven? Lis dyn antwurd út yn minimaal hûndert wurden.

Makke trochBart Temme



BoekGrypstra, Ate, It beest fan de Westereen*
NûmerN1/2
nivo1
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld

Opdracht

Der binne in protte ferhalen, films en oare dingen dêr't wearwolven yn foarkomme. Tink oan de boeken fan Paul van Loon, Stephenie Meyer en Stephen King, de film The Wolfman ût 2010 of it bekende spul mei kaarten De Weerwolven van Wakkerdam. De wearwolf hat al in lange kulturele skiednis.

1. Hasto oait oan wearwolven leaud? Lis út.
2. Tinkst dat der wat wier wêze kin fan al dy ferhalen? Lis út.
3. Skriuw op watst al witst oer wearwolven. Wat witst út mearkes [= sprookjes], ferhalen, films? Meist ek ynformaasje opsykje op ynternet (sjoch by de boarnen).
4. Hoe beskriuwt Ate Grypstra de wearwolf? Krijst troch It beest fan de Westereen in hiel oar byld fan de wearwolf of net? Lis út.

Boarnen

Wikipedia oer de Wearwolf

Makke trochBart Temme



BoekGrypstra, Ate, It beest fan de Westereen*
NûmerN1/3
nivo1
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmtwatal as it mooglik is, oars yndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om de relaasje tusken personaazjes yn kaart te bringen

Opdracht

A
Dit stik fan de opdracht elk apart útfiere.
1. Skriuw de nammen op fan safolle mooglik personaazjes út It beest fan de Westereen. Sjoch net yn it boek!
2. Hoefolle nammen wistest noch?
3. Wa bist fergetten? Sjoch no wil yn it boek!
4. Hoe soe it komme datst dy namme(n) fergetten wiest? Lis út.

B
1. Meitsje in sosjogram fan de personaazjes út It beest fan de Westereen. In sosjogram is in skema dêr't je alle personaazjes yn har relaasje ta de oare personaazjes yn werjouwe. Sjoch it foarbyld ûnder 'boarnen'.

C
1. Jou oan wa't neffens jim de haadpersoan(en) is/binne fan It beest fan de Westereen. Stypje jim antwurd mei trije arguminten.
2. Binne jim it iens mei de folgjende stelling: 'In boek kin mar ien haadpersoan hawwe.' ?
Lis út wêrom't jim it iens of ûniens binne mei dizze stelling.

Boarnen

Foarbyld fan in sosjogram

Makke trochBart Temme




It beest fan de Westereen* - Grypstra, Atenivo 1

It beest fan de Westereen*

skriuwer :Grypstra, Ate
Jier:2011
Utjouwer:Afûk
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:198
Sjenre:horror (F)
Stekwurden:doarpslibben, jeugdkultuer, moard, religy, wearwolf, Wâlden
ERK-nivo : A2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Opdrachten

BoekGrypstra, Ate, It beest fan de Westereen*
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusbetrouberens
Learst

om in útspraak te dwaan oer de betrouberens fan in ferhaal

Opdracht

A
Hoe realistysk fynsto It beest fan de Westereen?
Realistysk wol sizze dat it wier bard wêze kin.

Jou ûndersteande saken út it boek fan Ate Grypstra in sifer tusken ien en tsien (1 = totaal ûnrealistysk, 10 = totaal realistysk) en lis dyn antwurd út.

- de beskriuwing fan de freonegroep
- it foarfal mei de wearwolf
- de jeugdkultuer
- it kroechlibben

B
Realistysk is net itselde as betrouber. Betrouber is in ferhaal ast hielendal meigean kinst yn it ferhaal. In ferhaal kin totaal ûnrealistysk wêze, mar tagelyk wol hiel betrouber. Alles strykt dan mei-inoar, der sit gjin tsjinstridige ynformaasje yn, in personaazje docht gjin dingen dy't net passe by wat de lêzer oer him wit, ensafh.

1. Jou hjirûnder by elk gefal in foarbyld fan in boek datst oait lêzen hast of film dy'tst sjoen hast, en dêr'tst fan sizze kin dat er
a. realistysk én betrouber wie;
b. realistysk mar net betrouber wie;
c. net realistyk, mar wol betrouber wie;
d. net realistyk en ek net betrouber wie.

2. Hoe betrouber fynst It beest fan de Westereen? Jou in sifer tusken ien en tsien en lis dyn antwurd út.

C
1. Lêst leaver realistyske boeken of net-realistyske boeken? Wêrom is dat sa?
2. Hoe belangryk fynst dat in ferhaal betrouber is? Lis út.

Makke trochBart Temme



BoekGrypstra, Ate, It beest fan de Westereen*
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokussjenre
Learst

om nei te tinken oer it sjenre

Opdracht

Resinsinten brûke yn har resinsjes oer It beest fan de Westereen ferskate termen om it sjenre fan it boek te beneamen: 'horrorferhaal', 'skriller' en 'autobiografysk ferhaal'.

1. Sykje yn de boarnen om ynformaasje oer de boppestaande sjenres en folje de tabel yn.

 

 horrorferhaal

 skriller

 autobiografysk ferhaal

 kenmerken

1.

2.

3.

1.

2.

3.

1.

2.

3.

 

 

 



2. Wat tinkt dy, watfoar sjenre slút it bêste oan by It beest fan de Westereen? Lis dyn antwurd út mei trije foarbylden út it boek fan Ate Grypstra.

Boarnen

'Genres', yn: Joke van Balen e.o., Basisboek literatuur. Grins, Uitgeverij Kleine Uil, 2009.
Op wikipedy:
horror
skriller
autobiografy

Makke trochBart Temme



BoekGrypstra, Ate, It beest fan de Westereen*
NûmerN2/3
nivo2
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusoardiel
Learst

om in persoanlik oardiel te jaan oer it ferhaal

Opdracht

Understeande oardielen komme út resinsjes dy't oer it boek It beest fan de Westereen skreaun binne.

1. Ate Grypstra skreau mei It beest fan de Westereen sawol in fermaaklikk as spannend boek.

2. Foar wa't gewoanlik net sa fan de skrillers is, meitsje de sfear fan puberteit op in doarp en Grypstra syn libbene ferteller 'It beest....' ta in tige slagge útlêsboek.

3. Yn de typearring fan froede dogeneaten is de skriuwer op syn bêst.

4. Der bart fan alles dat net nij of fernijend is, mar wol spannend of dat teminste wêze moatte soe. Krekt it fernijende fan It beest fan de Westereen is dat de wearwolven yngripe yn it libben fan in puber waans libben bestiet út skoalle, sûpe, gokke en sa noch it ien en oar.

Skriuw oer elts oardiel in taljochting fan minimaal fiif regels en jou oan oftst it iens of ûniens bist mei it oardiel. Jou hieltyd minstens ien foarbyld út it boek.

Makke trochBart Temme




It beest fan de Westereen* - Grypstra, Atenivo 1

It beest fan de Westereen*

skriuwer :Grypstra, Ate
Jier:2011
Utjouwer:Afûk
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:198
Sjenre:horror (F)
Stekwurden:doarpslibben, jeugdkultuer, moard, religy, wearwolf, Wâlden
ERK-nivo : A2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
It beest fan de Westereen* - Grypstra, Atenivo 1

It beest fan de Westereen*

skriuwer :Grypstra, Ate
Jier:2011
Utjouwer:Afûk
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:198
Sjenre:horror (F)
Stekwurden:doarpslibben, jeugdkultuer, moard, religy, wearwolf, Wâlden
ERK-nivo : A2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
It beest fan de Westereen* - Grypstra, Atenivo 1

It beest fan de Westereen*

skriuwer :Grypstra, Ate
Jier:2011
Utjouwer:Afûk
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:198
Sjenre:horror (F)
Stekwurden:doarpslibben, jeugdkultuer, moard, religy, wearwolf, Wâlden
ERK-nivo : A2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
It beest fan de Westereen* - Grypstra, Atenivo 1

It beest fan de Westereen*

skriuwer :Grypstra, Ate
Jier:2011
Utjouwer:Afûk
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:198
Sjenre:horror (F)
Stekwurden:doarpslibben, jeugdkultuer, moard, religy, wearwolf, Wâlden
ERK-nivo : A2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
It beest fan de Westereen* - Grypstra, Atenivo 1

It beest fan de Westereen*

skriuwer :Grypstra, Ate
Jier:2011
Utjouwer:Afûk
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:198
Sjenre:horror (F)
Stekwurden:doarpslibben, jeugdkultuer, moard, religy, wearwolf, Wâlden
ERK-nivo : A2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Yntroduksje

Ate Grypstra (1973) is berne yn Noardburgum. Hy hat Ingelsk en Frysk studearre yn Grins en wurke in skoft as dosint op it middelbel ûnderwiis. Op it stuit is er projektkoördinator ûnderwiis by de Afûk. Yn 2008 ferskynde syn debút Heftich, in bondel mei jongereinferhalen. Syn histoaryske jeugdroman Krús fan de Hollanner (2012) giet oer it libben fan Grutte Pier. Mei Femke faalt (2014) skreau er op 'e nij in jeugdroman; dat boek is allinne as e-book te krijen.

Ynhâld

De plysje sit mei de hannen yn it hier. Yn De Westereen binne earst in pear hertsjes, dan in dûmnysfrou en dêrnei twa jonge fiskers dea fûn. Se binne allegearre op in aaklike wize om it libben kommen. De 16-jierrige Steven Kingma hat yn 'e gaten wat der te rêden is. Hy is der wis fan dat der in wearwolf yn it doarp aktyf is. Hy docht der alles oan om foar te kommen dat by in folgjende ljochtmoanne wer minsken dea reitsje.

Swierte

Foar N1-lêzers is It beest fan de Westereen tige oantreklik skreaun: de sinnen binne koart, krekt as de haadstikken, en der steane in protte dialogen yn. It plot fan it boek is meinimmend: it ferhaal ûntwikkelt him as in wiere whodunnit. De N1- en N2-lêzers sille har identifisearje kinne mei it haadpersonaazje: in jongere. Ek de ferwizings nei de jeugdkultuer (op stap gean, muzyk, film) binne oantreklik foar de lêzers fan beide nivo's. De struktuer fan it boek daget N1- en N2-lêzers wol út. Yn it foarwurd fan it boek hellet Grypstra nammintlik in trúk út troch him foar te dwaan as de besoarger fan it boek ('Prof. Dr. A.F.Th. Grypstra'), Steven Kingma is neffens dizze Grypstra de skriuwer fan it boek. De ferwizingen nei oare literatuer (Stephen King, de Bibel) binne foar N1- en N2-lêzers miskien net helder, mar dat is gjin beswier by it lêzen fan it boek.

Didaktyske en letterkundige analyse

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in boek fol fantasy. It is dêrom minder geskikt foar lêzers dy't fan realistyske ferhalen hâlde. Foar N1-lêzer kin it oantal siden fan it boek noch in stroffelstien wêze.

Ynteresses

It beest fan de Westereen is tige geskikt foar lêzers dy't hâlde fan horrorferhalen. Ate Grypstra biedt de lêzer in spannend ferhaal fol grouwélige barrens dy't inoar flot opfolgje.

Algemiene kennis

Kennis oer de wrâld is net nedich. Yn It beest fan de Westereen steane wol ferwizingen nei de kultuer út de tachtiger jierren (muzyk en film), mar de lêzers kinne har ek rêde sûnder kennis dêrfan.

Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks)

Spesifike literêre kennis is net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Der steane gjin lestige wurden yn 'e roman. It beest fan de Westereen is yn hjoeddeistige taal skreaun. Foar N1- en N2-lêzers is de skriuwer syn wurdgebrûk tige tagonklik. Ut en troch brûkt de skriuwer Wâldske dialektfoarmen. Dat is gjin beswier foar it begripen fan it boek.

Sinskonstruksjes

De sinnen yn It beest fan de Westereen binne faak koart. De sinskonstruksjes yn it ferhaal binne ienfâldich foar sawol N1- en N2-lêzers.

Styl

De styl fan Grypstra is tagonklik foar N1 en N2-lêzers. De roman is skreaun yn praattaal. It boek ûnderskiedt hi troch de protte dialogen, foar N1-lêzers is dat oantreklik. De tema's binne eksplisyt beskreaun. De goede N2-lêzer wol miskien mear útdaging ha.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn It beest fan Westereen is sprake fan aksje, krekt dêrom is it oantreklik foar de N1- en N2-lêzer. Der bart in soad; de lêzer hoecht him net te ferfelen. It ferhaal hat in dúdlike plot dat giet oer de fragen: Wa is de moardner? Is it in wearwolf?

Gronology

De struktuer fan de roman is op himsels ienfâldich. It ferhaal is ien grutte flashback nei de simmer fan 1984 (de haadpersoan skriuwt syn ferhaal acht jier letter op). De flashback wurdt gronologysk ferteld. De roman hat dêrneist koarte haadstikken en der is in dúdlike ein. Foar de N1-lêzer is dat goed.

Ferhaalline(n)

De ferhaalline yn It beest fan de Westereen is goed te folgjen foar N1-lêzers: de spannende avontoeren fan Steven yn de Westereen. It ferhaal is net kompleks foar N1- en N2-lêzers.

Perspektyf

Der binne gjin perspektyfwiksels. It ferhaal wurdt ferteld út ien karakter wei: Steven (ik-ferteller). Dat makket it tangonklik foar N1- en N2-lêzers. De lêzers wurde twongen om har te identifisearjen mei it karakter en him te folgjen yn syn prakkesaasjes.

Betsjutting

Ate Grypstra beskriuwt yn It beest fan de Westereen de tema's eksplisyt (moard, wearwolven, freonskip, leafde). De N1-lêzer hoecht der net op om te stinnen. Mei de dûmny prate Steven en syn freonen op kategisaasje oer it geloof (de skepping, satan). N2-lêzers kinnen har fêstbite yn dizze betsjuttingslaach, mar ek sûnder dizze betsjuttingslaach is it ferhaal goed te begripen.

Fertroud mei literêre personaazjes

Karakters

De haadpersoan is sechstjin jier; de N1- en N2-lêzer sil dêrom in soad fan syn hannelings begripe kinne (op stap gean mei freonen, op siik nei spanning, leafde foar muzyk en film).

Hoemannichte

Der komme in protte byfigueren foar yn It beest fan de Westereen (lykas freonen fan Steven, de dûmny, doarpsbewenners). Dochs moatte N1-lêzers as N2-lêzers bysteat wêze de hoemannichte personaazjes te oersjen.

Untjouwing fan karakters

De prakkesaasjes fan Steven Kingma steane ticht by de belibbingswrâld fan N1- en N2-lêzers. De ferhâldingen tusken de karakters (de freonen) binne har net frjemd. Dy ferhâldingen binne net kompleks (net folle psychologyske ferdjipping), se binne maklik te befetsjen. De haadpersoan makket net echt in ûntwikkeling troch, hy is inflat character.

Relevante  boarnen foar dosinten

Doeke Sijens, 'De bealch fol bloed', Leeuwarder Courant, 21 oktober 2011.
Jaap Krol, 'Hjir is yts frjemds oan de hoon', Friesch Dagblad, 14 jannewaris 2012.
André Looijenga, 'Onderhodende horror út de Woden', Ensafh, 25 maaie 2012.
Alle trije te finen fia it boekprofyl op sirkwy.nl


Skreaun troch

Bart Temme