Fries

Losse hannen* - Huisman, Saakjenivo 2

Losse hannen*

skriuwer :Huisman, Saakje
Jier:2000 [2de pr 2014]
Utjouwer:TDE
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:240
Sjenre:roman
Stekwurden:famylje, narje
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Losse hannen kinst lêze as e-book. It stiet ek op dbnl.

 

Oer de skriuwer

Saakje Huisman (1951-2001) waard berne yn Goutum dêr’t har heit buorke. Nei de ulo waard se learling-ferpleechster yn it Diakonessehûs yn Ljouwert. Se troude en krige twa bern. Se folge Afûkkursussen en helle in foech Frysk, yn 1991 waard se museum-assistinte by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumitaasjesintrum (FLMD) te Ljouwert. Yn 1997 waard boarstkanker by har konstatearre. Oan de gefolgen fan dy sykte is se yn 2001 stoarn.
Saakje Huisman wie in bysûnder sportive en kreative frou. Se begûn al op har sechstjinde mei it skriuwen fan (Nederlânsktalige) gedichten. Dêr is neat fan bewarre bleaun. Letter skreau se Fryske gedichten, koarte ferhalen en in roman. Se wie o sa hoeden mei publisearjen fan har wurk, dat, lang net alles wat se skreaun hat, is de iepenbierheid tabetroud. De ferhalebondel Sûnder hûd (1998) wie har debút yn boekfoarm, Losse hannen is har iennichste roman.

Ynhâld

Tessa is fjirtjin jier. Op skoalle en thús fielt se har net lekker. Se is wat in bûtensteander. Tessa komt graach by Sjerda, dy’t troch in hormoansykte bedutsen is mei in tin laachje hier. Sjerda is widdofrou en wennet mei har bisten in eintsje bûten it doarp. Se docht har sterk en ûnôfhinklik foar en rêdt harsels. De tritichjierrige filosofystudint Jeroen helpt har mei putsjes. Hy is ferlyfd op Tessa en kin syn hannen (sjoch romantitel) net thúshâlde. Tessa hat net genôch betrouwen yn harsels en yn har omjouwing om mei him ôf te weevjen. Se hat wol in protte oan Sjerda.

Lêsoanwizings

It ferhaal is meinimmend skreaun. Moatst wol rekken hâlde mei perspektyfwikselingen. It ferhaal wurdt benammen ferteld troch Tessa, mar ek oare personaazjes binne as ferteller oan it wurd. Saakje Huisman skriuwt yn geef en flot te lêzen Frysk. Sa hiel no en dan komme der wat dregere wurden yn de tekst foar, mar dêr kinst wol oerhinne lêze sûnder de tried fan it ferhaal kwyt te reitsjen.

Om oer te prakkisearjen

Wat dochst ast lêstich fallen wurdst troch ien en doarst net goed fan dy ôf te biten? Wêr lûkst dyn grinzen en hoe soargest dat gjinien dêr oerhinne giet?  Is der in persoan dêr’tst safolle betrouwen yn hast datst ‘alles’ by har/him dellizze kinst?

Wurdearring

‘It ferhaal hat my fan it begjin oan ’e ein yn ’e besnijing hân en ik bin derfan oertsjûge dat soks foar de measte lêzers jilde sil.’
Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad

‘Huisman toant har op har bêst yn ’e dialogen, dy binne libben en bytiden feninich.’
Sjoerd Bottema yn Trotwaer

Mear witte?

Babs Gezelle Meerburg, Saakje Huisman-Venema (1951-2001). Ta in oantinken. Trotwaer 2001, op dbnl.
Saakje Huisman op Wikipedy
Wybren Huisman, website

Skreaun troch

Babs Gezelle Meerburg

Suggestjes


Losse hannen* - Huisman, Saakjenivo 2

Losse hannen*

skriuwer :Huisman, Saakje
Jier:2000 [2de pr 2014]
Utjouwer:TDE
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:240
Sjenre:roman
Stekwurden:famylje, narje
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Losse hannen kinst lêze as e-book. It stiet ek op dbnl.

 

Opdrachten

BoekHuisman, Saakje, Losse hannen*
NûmerN1/2
nivo1
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusferhaalline en miening
Learst

om oersjoch te krijen oer it ferhaal en om it te beoardieljen.

Opdracht

1. Beantwurdzje de folgjende fragen

a. Wat binne de belangrykste ûnderwerpen yn dit boek? Neam trije.
b. Wat is it belangrykste dat yn dit boek bart?
c. Kenst oare Nederlânske of Fryske boeken dy’t op dit boek lykje? Lis dyn antwurd út.
d. Hoe einiget it ferhaal foar Tessa? Beskriuw it yn fiif rigels.
e. Fynst dat in moaie ôfrin? Lis dyn antwurd út.


2. Dyn oardiel kinst dúdlik meitsje mei allerhanne wurden,

a. Kies hieltyd ien fan de twa beoardielingswurden dat neffens dy it meast op dizze roman fan tapassing is. Kinst in streep sette ûnder it wurd datst kiest of it arsearje.

spannend                      saai
grappich                         tryst
begryplik                        ûnbegryplik
set my oan it tinken       lit my kâld
nijsgjirrich                      net nijsgjirrich
werkenber                     net werkenber
grizelich                         relekst
dreech                           maklik
orizjineel                        net orizjineel
learsum                          net fan nut
leauweardich                 net oannimlik
yndrukwekkend             neatsizzend
werklik                           net wierskynlik
gefoelich                        ûnferskillich
bekend                          ûnbekend
ferrassend                     foarsisber
flot ferteld                     langtriedderich
bernich                          foar myn leeftyd
lit my meilibje                docht my neat
sterk                              swak
sfearfol                          sfearleas
moai                              lillik
weardefol                      sûnder wearde
oersichtlik                      sûnder logika
realistysk                       net yn de werklikheid besteand

b. Lis foar trije wurden dy’tst by de boppesteande keazen hast út wêrom’t se neffens dy belangryk binne yn dyn miening oer Losse hannen.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg



BoekHuisman, Saakje, Losse hannen*
NûmerN1/1
nivo1
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmiening
Learst

om dyn miening oer de roman op ferskillende manieren dúdlik te meitsjen.

Opdracht

1. Beantwurdzje de folgjende fragen

a. Doe’tst dit boek foar it earst seachst en it noch net lêzen hiest, oer watfoar ûnderwerp tochtst dat it gean soe? Beskriuw it ûnderwerp yn 15-20 wurden.
b. Hiest achterôf besjoen gelyk? Foel dat dy mei of ôf? Lis dyn antwurden út yn 15-20 wurden.
c. Kenst oare Nederlânske of Fryske boeken dy’t op dit boek lykje? Lis dyn antwurd út.
d. Kaam yn dit boek wat foar datst sels meimakke hast of dêr’tst fia in oar fan heard hast? Lis dyn antwurd út.
e. Lis de titel fan de roman út. Wat of wa hat ‘losse hannen’?


2. Hoefolle stjerren joust dizze roman?
Kies út ien oant fiif.


3. Meitsje de folgjende koarte skriuwopdracht
Wat soest dyn freonen oer dit boek fertelle? Skriuw in koarte review (ûngefear 30 wurden) bedoeld foar dyn klasgenoaten.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg




Losse hannen* - Huisman, Saakjenivo 2

Losse hannen*

skriuwer :Huisman, Saakje
Jier:2000 [2de pr 2014]
Utjouwer:TDE
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:240
Sjenre:roman
Stekwurden:famylje, narje
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Losse hannen kinst lêze as e-book. It stiet ek op dbnl.

 

Opdrachten

BoekHuisman, Saakje, Losse hannen*
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes en ynteraksjes
Learst

om te sjen en te beskriuwen hoe werkenber en realistysk it ferhaal is

Opdracht

Beantwurdzje de folgjende fragen

1
Wêr spilet dit ferhaal him ôf? Let op… yn de roman stiet in tillefoannûmer.

2
Fetsje it ferhaal yn fyftich wurden gear.

3
Hie it ferhaal earne oars plakfine kinnen? Lis út.

4
a. Wa syn eagen sjogge/lêze wy it faakst mei?
b. Hoe witst dat?
c. Wa fynt dizze persoan aardich? Wa net? Tekenje de relaasjes út.

5
Jeroen giet geregeld oer de grinzen fan Tessa hinne. Hoe reagearret se as hy har foar de allerearste kear lêstich falt? Reagearret se oan de ein fan de roman oars? Lis út.

6
Is Tessa in ‘fighter’ of in ‘flighter’? Sit der in ûntjouwing yn har hâlden en dragen? Lis dyn antwurd út.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg



BoekHuisman, Saakje, Losse hannen*
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om watst lêzen hast om te setten yn in byld en in sitaat

Opdracht

Humans of New York is in Facebookpagina mei foto's fan gewoane New Yorkers en harren útspraken. De site hat 15 miljoen fans út de hiele wrâld!

Skriuw dyn eigen Humans of Fryslân oan de hân fan personaazjes yn de roman Losse hannen.

a. Besjoch de Facebooksite Humans of New York.
b. Sykje op ynternet in geskikte foto dy’t ien fan de personaazjes út Losse hannen foarstelle kinne soe.
c. Skriuw in bypassend, boeiend sitaat (30-50 wurden) en set dat boppe de foto.
d. Doch dat foar trije personaazjes út it boek op it momint dat it ferhaal ôfrint/it boek út is.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg




Losse hannen* - Huisman, Saakjenivo 2

Losse hannen*

skriuwer :Huisman, Saakje
Jier:2000 [2de pr 2014]
Utjouwer:TDE
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:240
Sjenre:roman
Stekwurden:famylje, narje
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Losse hannen kinst lêze as e-book. It stiet ek op dbnl.

 

Opdrachten

BoekHuisman, Saakje, Losse hannen*
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmfragen beantwurdzje yn twatal
Fokusmaatskiplike realteit
Learst

om de realiteit fan de roman te sjen as maatkiplik probleem

Opdracht

Yn Losse hannen spylje morele, maatskiplike en psychologyske kwestjes.

1
Neam trije ûnderwerpen út de roman mei maatskiplike rillevânsje.

2
Ien fan de ûnderwerpen is seksuele yntimidaasje. Fertel yn eigen wurden wat dat is.

3
Jeroen falt Tessa sawol fysyk as ferbaal as non-ferbaal lêstich. Jou fan elk in foarbyld út it ferhaal.

4
By watfoar ynstânsje hie Tessa har ferhaal oer Jeroen kwyt kinnen? Neam trije mooglikheden.

5
Wêrom hat Tessa net by in ynstânsje of by freonen/famylje help socht? Jou by dyn anwurd trije arguminten út de tekst (mei bledsidenûmers).

6
Besjoch op YouTube it filmke 'Geweld is niet gewoon' (sjoch by boarnen).
Hoe gewoan is geweld eins? Meitsje in wurdweb by dizze fraach.

7
Lis de titel fan de roman út.

Boarnen

YouTube, Geweld is niet gewoon

Makke trochBabs Gezelle Meerburg



BoekHuisman, Saakje, Losse hannen*
NûmerN3/2
nivo3
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmotto
Learst

om motto en ferhaalline yn ferbân te sjen.

Opdracht

1
Lês it gedicht ‘Einekroas’ dêr’t it boek mei begjint.

2
Steane der drege wurden yn de tekst fan it gedicht? Skriuw se op en sykje se op yn it wurdboek

3
Skriuw per strofe op wêr’t it gedicht oer giet.

4
Wa of wat is in ‘inkeld kroaske’ yn de tredde strofe fan it fers ast tinkst oan de roman?

5
Wat is de relaasje tusken it gedicht en de ynhâld fan it boek?

6
Wat wurdt suggerearre oer de ôfrin fan it ferhaal?

Makke trochBabs Gezelle Meerburg



BoekHuisman, Saakje, Losse hannen*
NûmerN3/3
nivo3
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel, kin ek yn twatal
Fokustiidsferrin
Learst

om de fertelde tiid yn de roman te analysearjen.

Opdracht

De komposysje fan Losse hannen is net al te ienfâldich.
Der sitte perspektyfwikselingen, tiidsprongen en ferskillende ferhaallinen yn.

1
Wat is de earste sêne fan de roman, wat de lêste, rekkene neffens it tiidsferrin fan it ferhaal?

2
Wat fertelle de personaazjes yn haadstik 23, 24, twadde haadstik 25 en 26? Skriuw fan Brucht, mem Houkje, Fyt, Jeroen en Sjerda koart op wat se tinke yn de neamde haadstikken.

3
Sykje op wat ‘fertelde tiid’ ynhâldt. Tekenje dan in tiidsbalke fan de fertelde tiid fan de roman. Jou dêr de perspektyfwikselingen, tiidsprongen en ferskillende ferhaallinen fan de roman yn oan.

(Literêre) teory

Mei de ‘ferteltiid’ wurdt de tiid bedoeld dy’t de trochsneedlêzer brûkt om it ferhaal (of in fragmint) te lêzen. Mei Losse hannen hast bygelyks 5 oeren dwaande west. In oar wurd foar ‘ferteltiid’ is ‘lêstiid’.

De ‘fertelde tiid’ giet oer tiid yn de romanwrâld. It is de tiid dy’t de skiednis fan it ferhaal of de roman beslacht. It ferskilt fan roman ta roman hoe lang de fertelde tiid is. Dy kin ien dei wêze, mar ek in hiel minskelibben.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg




Losse hannen* - Huisman, Saakjenivo 2

Losse hannen*

skriuwer :Huisman, Saakje
Jier:2000 [2de pr 2014]
Utjouwer:TDE
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:240
Sjenre:roman
Stekwurden:famylje, narje
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Losse hannen kinst lêze as e-book. It stiet ek op dbnl.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Losse hannen* - Huisman, Saakjenivo 2

Losse hannen*

skriuwer :Huisman, Saakje
Jier:2000 [2de pr 2014]
Utjouwer:TDE
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:240
Sjenre:roman
Stekwurden:famylje, narje
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Losse hannen kinst lêze as e-book. It stiet ek op dbnl.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Losse hannen* - Huisman, Saakjenivo 2

Losse hannen*

skriuwer :Huisman, Saakje
Jier:2000 [2de pr 2014]
Utjouwer:TDE
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:240
Sjenre:roman
Stekwurden:famylje, narje
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Losse hannen kinst lêze as e-book. It stiet ek op dbnl.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Losse hannen* - Huisman, Saakjenivo 2

Losse hannen*

skriuwer :Huisman, Saakje
Jier:2000 [2de pr 2014]
Utjouwer:TDE
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:240
Sjenre:roman
Stekwurden:famylje, narje
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Losse hannen kinst lêze as e-book. It stiet ek op dbnl.

 

Yntroduksje

Saakje Huisman (1951-2001) waard berne yn Goutum dêr’t har heit buorke. Dêr brocht se – mei har twillingsus skriuwster Doete Venema en in oantal oare broers en susters – har bernejierren troch. Nei de ULO waard se learling-ferpleechster yn it Diakonessehûs yn Ljouwert. Se troude en krige twa bern.
Se folge de leargongen Frysk fan de Afûk en dêrnei MU-A (no bachelor Frysk) en fersoarge in kursussen Frysk by de Afûk. Yn 1991 waard se museum-assistinte by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumitaasjesintrum (FLMD) te Ljouwert. Yn 1997 waard boarstkanker by har konstatearre. In wike dêrfoar hie se noch foar de tredde kear de Alvestêdetocht útriden. Yn 2001 stoar se oan de gefolgen fan dy sykte. Saakje Huisman wie in bysûnder sportive en kreative frou.
Se begûn op har sechstjinde al mei it skriuwen fan (Nederlânsktalige) gedichten. Dêr is neat fan bewarre bleaun. Letter skreau se Fryske gedichten, koarte ferhalen en in roman. Se wie o sa hoeden mei publisearjen fan har wurk, dat lang net alles wat se skreaun hat, is de iepenbierheid tabetroud. De ferhalebondel Sûnder hûd (1998) wie har debút yn boekfoarm. Yn it autobiografyske ferhaal ‘Bestean’ slagget it har om op in betreklik lichte toan it swiere ûnderwerp fan boarstkanker oan de oarder te stellen. Losse hannen (2000) is har romandebút en giet oer har favoryt personaazje, de bûtensteander.

Ynhâld

Tessa is fjirtjin jier. Op skoalle en thús fielt se har net lekker, se fielt har in bûtensteander. Tessa komt graach by Sjerda, dy’t troch in hormoansykte bedutsen is mei in tin laachje hier. Sjerda is widdofrou en wennet mei har bisten in eintsje bûten it doarp. Se docht har sterk en ûnôfhinklik foar en hat mei net folle lju gedoente. Jeroen, tritich jier, in troude filosofystudint, docht boadskippen foar har. Hy is ferlyfd op Tessa en kin syn hannen (sjoch romantitel) net thúshâlde. Tessa hat net genôch betrouwen yn harsels en yn har omjouwing om mei him ôf te weevjen.

Swierte

It ferhaal nimt de lêzer mei. De lêzer moat wol rekken hâlde mei perspektyfwikselingen. It ferhaal wurdt benammen ferteld troch Tessa, mar ek oare personaazjes komme as ferteller oan it wurd. Saakje Huisman skriuwt yn geef en flot te lêzen Frysk. Sa no en dan komme dêr ek wat dregere wurden yn de tekst foar, mar dat behinderet it begripen fan it ferhaal net.

Didaktyske en letterkundige analyse

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer wurdt al gau meinommen yn in tagonklik ferhaal. Dat jildt foar de lêzer op N1, N2 en N3-nivo.

Ynteresses

Foar it lêzen fan dit boek moat de lêzer ynteressearre wêze yn minsken en yn minsklike relaasjes.

Algemiene kennis

Der is gjin algemiene kennis fereaske.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Der is gjin spesifike kennis fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It Frysk fan de skriuwster is geef en flot. Foar de N1- en miskien foar de N2-lêzer komme yn de roman soms wat minder gebrûklike wurden foar (bgl. mûskopje, wrinzgje, breidswale). De wurdkar is net sa dreech dat it de gong fan it ferhaal fersteurt. Foar de N3-lêzer leveret it wurdgebrûk gjin probleem op.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne net bysûnder lang of yngewikkeld konstruearre. Der sitte dialogen yn oer deistige ûnderwerpen en dy besteane net út drege, gearstalde sinnen. De tinzen fan de personaazjes binne foar de N1-lêzer faaks wat dreger te folgjen. N2- en N3-lêzers kinne se sûnder bysûndere ynspanning lêze.

Styl

De styl is flot en natuerlik. Dat jildt benammen foar de monologen en dialogen. Der wurde gauris sprekwurden en siswizen brûkt. Foar de N1-, N2- en N3-lêzers levert de styl gjin problemen op.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der is in protte ynteraksje tusken de personaazjes.

Gronology

It ferhaal wurdt gronologysk ferteld. Yn inkelde haadstikken (23, 24, twadde haadstik 25 en 26; tink der om: yn de telling fan de haadstikken sit in flater, haadstik 25 komt 2x foar) diele de personaazjes ideeën oer har earder libben. N1-lêzers sille der faaks muoite mei hawwe om har sa hurd te ferpleatsen yn oare personaazjes as Tessa. Foar N2- en N3-lêzers is dat gjin probleem.

Ferhaalline(n)

Yn it middelpunt fan it ferhaal stiet de 14-jierrige Tessa. De oare personaazjes steane yn tsjinst fan dy ferhaalline.

Perspektyf

Yn it boek komme ferskillende pesonale perspektiven foar. It meastepart is in ik-perspektyf út Tessa wei.

Betsjutting

De betsjutting fan dit boek is foar de lêzers net dreech nei te kommen, it is in realistyske roman.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Haadpersonaazje Tessa, har taflecht Sjerda, har âlden Houkje en Simen, har broer Brucht, studint Jeroen en dy syn frou Fyt, freondinnen Jos en Anita.

Oantal karakters

It tal karakters smyt gjin problemen op.

Untjouwing fan de karakters

Tessa makket in persoanlike ûntjouwing troch. Fan Sjerda wurdt de eardere ûntjouwing beskreaun. Dúdlik wurdt dat har probleem yn har libben fan tsjintwurdich ek noch spilet. Fan de oare personaazjes is de ûntjouwing minder fan belang, al wurdt al sugerearre dat de húsgenoaten fan Tessa begripe wat se ferkeard dien hawwe.

Ferantwurding

Babs Gezelle Meerburg, Trotwaer 2001, ‘Saakje Huisman-Venema (1951-2001). Ta in oantinken.’ Tekst op dbnl.

Relevante  boarnen foar dosinten

Saakje Huisman op Wikipedia
Wybren Huisman, website

Skreaun troch

Babs Gezelle Meerburg