Fries

Nei de klap* - Riemersma, Tr.nivo 3

Nei de klap*

skriuwer :Riemersma, Tr.
Jier:1999 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Koperative Utjowerij
Plak fan útjefte:Boalsert
Oantal siden:235
Sjenre:distopyske roman, ûndergongsroman
Stekwurden:adolesinsje, morele fragen, oerlibje, útsichtsleazens
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Fan de roman is in Nederlânske oersetting (2001)

 

Oer de skriuwer

Trinus Riemersma (1938-2011) is ien fan de bekendste Fryske skriuwers. Hy debutearre yn 1964 mei de roman Fabryk, dy't bysûnder wie fanwege de iepenheid oer psychyske sykte, seksualiteit en leauwen. Dy iepenheid waard gauris opfetten as ûnfatsoenlik en ûnfrysk. Trinus Riemersma eksperimintearre wol mear yn syn boeken. In foarbyld dêrfan is roman De hite simmer (1969) dêr't itselde ferhaal beskreaun wurdt út trije ferskillende perspektiven wei. Dat is ek te sjen oan de manier wêrop't de bledsiden printe binne. Riemersma skreau ek gedichten en koarte ferhalen. Nei 1980 brûkte er gauris syn eigen stavering. Riemersma syn wurk is bekroand. Hy krige seis kear in Rely Jorritsmapriis foar koarte ferhalen. Foar de romans Fabryk en De Reade Bwarre ûntfong er elk in Gysbert Japicxpriis. Riemersma wurke as skoalmaster en letter as literatuerûndersiker oan de VU-Amsterdam, as letterkundedosint oan NHL Hogeschool en as kollumnist foar de Leeuwarder Courant.

Ynhâld

De roman is in ferhaal oer in oerlibbingstocht troch in treasteleaze wrâld sân jier nei 'de klap'. Wat krekt bard is wurdt net hielendal dúdlik. Miskien is der in atoomsintrale ûntploft, in atoombom fallen of in meteoryt delkaam.
De haadpersoan fan de roman is Ake, in jonge fan 14 jier út Drachten. Weromsmiten op himsels moat er him rêde yn in nije sitewaasje sûnder ûnderdak, sûnder iten en klean, sûnder syn famylje en freonen mei minsken dy't him net eigen binne.

Lêsoanwizings

Yn de earste haadstikken fan de roman freget de lêzer him hieltyd ôf wat der no eins bard is, hoe't Ake yn dizze aaklige sitewaasje telâne kommen is. It ferhaal makket nijsgjirrich.
Yn it boek komt in soad ellinde en negativiteit foar. Dat makket miskien datst net folle nocht hast om it boek hielendal út te lêzen.
Oan de oare kant is it nijsgjirrich om in boek te lêzen oer hoe't in jonge fan 14 oerlibbet yn in wrâld dêr't alles weifallen is. Ake moat oerlibje sûnder hûs, famylje en freonen. Oer hoe't er dat docht, kinst allerhande fragen stelle.

Om oer te prakkisearjen

Kinst dy foarstelle dat der in ramp bart en datst alles kwyt bist? Fielt Fryslân noch as in thús as der gjin famylje en freonen mear wenje? En as it doarp der net mear is? Wat betsjut Fryslân foar dy?

Wurdearring

'De inhoud van de roman is boeiend door de harde en genadeloze uitbeelding van de mens in een situatie waarin elke poging tot overleven uiteindelijk uitzichtloos blijkt.'
Elske Schotanus op de eigen website.

'8 september 2009 | UTRECHT
Ik moest er even in komen, maar vond het een erg aardig boek. Een vaak gebruikte setting, maar toch weet de schrijver een 'ander' verhaal te vertellen. Het is ook wel bijzonder dat de hoofdpersoon een Fries is. Ik heb het in een paar dagen uit gelezen.'
Nederlânske lêzer fan de roman op de webside fan bol.com. De lêzer hat de Nederlânske oersetting fan de roman lêzen.

Mear witte?

Dokumintêre oer Riemersma op Omrop Fryslân, maart 2011
De site fan Riemersma sels, Myn eigen eker
Ynformaasje oer de skriuwer op sirkwy.nl

Skreaun troch

Babs Gezelle Meerburg

Suggestjes


Nei de klap* - Riemersma, Tr.nivo 3

Nei de klap*

skriuwer :Riemersma, Tr.
Jier:1999 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Koperative Utjowerij
Plak fan útjefte:Boalsert
Oantal siden:235
Sjenre:distopyske roman, ûndergongsroman
Stekwurden:adolesinsje, morele fragen, oerlibje, útsichtsleazens
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Fan de roman is in Nederlânske oersetting (2001)

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Nei de klap* - Riemersma, Tr.nivo 3

Nei de klap*

skriuwer :Riemersma, Tr.
Jier:1999 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Koperative Utjowerij
Plak fan útjefte:Boalsert
Oantal siden:235
Sjenre:distopyske roman, ûndergongsroman
Stekwurden:adolesinsje, morele fragen, oerlibje, útsichtsleazens
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Fan de roman is in Nederlânske oersetting (2001)

 

Opdrachten

BoekRiemersma, Tr., Nei de klap*
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel, kreative opdracht
Fokussfear
Learst

om dy bewust te wurden hoe't de sfear út de roman op dy oerkomt. Do learst om dat gefoel om te setten yn bylden en/of wurden

Opdracht

Oan de ein fan it ferhaal, op de lêste bledsiden, komt Ake yn de buert fan Fryslân: 'Lofts fan my is it allegearre wetter, ik sjuch it iderkear as ik oer in heuvel klatterje.' Lês de lêste siden fan de roman nochris goed troch.

1. Hoe rint it ferhaal ôf? Skriuw it yn in pear sinnen op.

2. Ferpleats dy yn Ake. Hoe fielt er him, tinkste? Skriuw fiif wurden op dy't fan tapassing binne op syn gefoel.

3. Yn in moodboard (kollaazje) mei allerhande bylden en kleuren kinst soms gefoelens en ideeën dúdliker werjaan as yn wurden. Dyn ideeën wurde foar dysels en foar oaren helderder. De opdracht is om in moodboard of kollaazje te meitsjen fan Ake syn gefoel op de lêste bledsiden fan de roman. Kinst derfoar kieze om dat digitaal te dwaan, mar meist de opdracht ek op papier útfiere.

Wurkwize: lês de lêste bledsiden fan de roman. Konsintrearje dy op emoasjes, sfear, kleur, foarm dy't de tekst by dy opropt. Registrearje dyn eigen ideeën en gean op syk nei foto's, papier, behang, stoffen dy't dêrby oanslute. Prik en plak se op in stik karton formaat A4.
Ast dy makliker útdrukst yn wurden, dan meist ek op basis fan de emoasje fan Ake op de lêste bledsiden in ekpressyf gedicht of in 'elfke' skriuwe.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg



BoekRiemersma, Tr., Nei de klap*
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel, skriuwopdracht
Fokusidentifikaasje
Learst

om dy bewust te wurden fan hoe'tst dy identifisearrest mei it haadpersonaazje. Learst om te tinken yn alternativen en op in krityske manier nei it personaazje te sjen.

Opdracht

Hoe giet it fierder mei Ake?
1. Lês it lêste haadstik fan de roman nochris troch. Hoe rint it ferhaal ôf? Skriuw dyn antwurd op.
2. Betink twa oare mooglikheden hoe't it ferhaal ek ôfrinne kinnen hie. Set dyn antwurden koart en helder op papier.
3. Kies de ôfrin út dyn antwurden op fraach 2 dy't dy it meast oansprekt. Skriuw op basis dêrfan in nije slotsêne op it ferhaal, fan ca. 300 wurden, fan it momint ôf dat Ake seit: '… en ik tink: dan is dit myn hûs.'
4. Kinst dy foarstelle datst yn in sitewaasje komst sûnder takomstperspektyf? Lis út yn 25 wurden.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg




Nei de klap* - Riemersma, Tr.nivo 3

Nei de klap*

skriuwer :Riemersma, Tr.
Jier:1999 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Koperative Utjowerij
Plak fan útjefte:Boalsert
Oantal siden:235
Sjenre:distopyske roman, ûndergongsroman
Stekwurden:adolesinsje, morele fragen, oerlibje, útsichtsleazens
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Fan de roman is in Nederlânske oersetting (2001)

 

Opdrachten

BoekRiemersma, Tr., Nei de klap*
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuskarakters (round/flat)
Learst

om troch de eagen fan oare personaazjes nei de hanneling te sjen en dêr dyn eigen oardiel oer te foarmjen

Opdracht

1. Do krijst trije sênes út de roman foarlein. Giest nei wat Ake kiest te dwaan en beoardielst oftsto dat in goede kar fynst.

Sêne 1 (op bledside 17 en 18): Ake treft it ploechje fan Claus. 'Ik frege wat se woenen, en it die bliken…' oant 'Wy dogge fansels sa't Claus wol'.

a. Beskriuw yn heechút trije sinnen de sitewaasje.
b. Wat hie Ake oars dwaan kinnen? Neam twa ferskillende mooglikheden.
c. Wat docht er yn it ferhaal?
d. Wat fynst dêrfan? Ljochtsje dyn antwurd ta yn 50 wurden.

Sêne 2 (op bledside 27): Yn it ploechje fan Claus falle minsken út. Henk kin net mear út himsels rinne. 'Monika hat no in lêst minder. … Ik ha earder in keardel delstutsen.'

a. Beskriuw yn trije sinnen de sitewaasje.
b. Wat hie Ake dwaan kinnen? Neam ferskillende mooglikheden.
c. Wat kiest er?
d. Wat fynst dêrfan? Ljochtsje dyn antwurd ta yn 50 wurden.

Sêne 3 (op bledside 172): Ake is ûnderweis. Op in dei sjocht er in ploechje fan seis âlde minsken rinnen. 'Se hiene allegearre in stok yn 'e hannen…. De oare helte wie foar de moarns.'

a. Beskriuw yn trije sinnen de sitewaasje.
b. Wat hie Ake dwaan kinnen? Neam ferskillende mooglikheden.
c. Wat kiest er?
d. Wat fynst dêrfan? Ljochtsje dyn antwurd ta yn 50 wurden.


2. Ake fertelt op side 174 hoe't er (oer)libbet:
'Ik hie leare moatten om it libben te nimmen sa't it op my takaam. As ik my ôffrege hie wêrom't de dingen barden, dan hie ik it net útholden, dan wie ik gek wurden, lykas guon oare minsken, of ik wie fertrietlik wurden en stoarn. Koest allinnich oerlibje ast dy oan it libben oerjoechst. Moatst net witte wolle wat net te witten wie, mar ite en sliepe en op dyn iepenst wêze. Ik wist net wat der mei my barde, mar wat wie ik der mei opsketten as ik it wol witten hie?'

a. Strykt dizze útspraak fan Ake mei de keuzes dy't er makket yn de sênes neamd yn fraach 1?
b. Beskriuw Ake syn gedrach yn trije stekwurden.
c. Wat fynsto fan Ake syn fizy op it (oer)libjen?
d. Bisto it mei him iens?

Ljochtsje dyn antwurden ta yn ûngefear fyftich wurden.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg



BoekRiemersma, Tr., Nei de klap*
NûmerN3/2
nivo3
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel, skriuwopdracht
Fokussojale, estetyske en morele fragen
Learst

om te sjen nei hanlingen fan de haadpersonaazjes, te sjen nei dysels en de tiid dêr't wy yn libje

Opdracht

Wat soesto dwaan as…

Casus Rachid S.

LEEUWARDEN- Zondag 21 maart 2013 om 23.45 uur kwam een gemaskerde en gewapende man snackbar Ely's in de Valeriusstraat binnen. Onder bedreiging van een vuurwapen dwong hij het aanwezige personeel om geld af te geven. Nadat de overvaller het geld in een tas had gedaan, verliet hij de snackbar en vluchtte weg in de richting van het Europaplein.

1. Kies twa sênes yn Nei de klap dêr't Ake om feroardiele wurde soe as it spile hie yn it libben foar de klap, doe't alles noch gewoan wie. Neam fragminten/bledsiden.

2. Werskriuw beide sênes neffens boppesteande manier. Skriuw dus foar elke sêne in parseberjochtsje.

3. Wat foar straf soe Rachid S. krigen hawwe? Kinst tinke oan in jildboete, taakstraf, gefang, maatregel (strjitteferbod, kontaktferbod, skeafergoeding), TBS of frijspraak. Ljochtsje dyn antwurd ta.

4. Is Rachid S. in gefaar foar de maatskippij? Wêrom wol/net? Skriuw dyn antwurd op.

5. Wat foar straf krijt Ake per gefal datst ûnder punt 2 beskreaun hast? Wat soe syn straf foar de bom (dus yn ús gewoane wrâld) west hawwe? Sykje nei it antwurd op ynternet.

6. Is Ake in krimineel of net? Ljochtsje dyn antwurd ta yn 25 wurden.


Makke trochBabs Gezelle Meerburg




Nei de klap* - Riemersma, Tr.nivo 3

Nei de klap*

skriuwer :Riemersma, Tr.
Jier:1999 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Koperative Utjowerij
Plak fan útjefte:Boalsert
Oantal siden:235
Sjenre:distopyske roman, ûndergongsroman
Stekwurden:adolesinsje, morele fragen, oerlibje, útsichtsleazens
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Fan de roman is in Nederlânske oersetting (2001)

 

Opdrachten

BoekRiemersma, Tr., Nei de klap*
NûmerN4/1
nivo4
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel, skriuwopdracht
Fokussjenres
Learst

om wat breder te sjen nei oare romans en keunstfoarmen mei itselde ûnderwerp

Opdracht

Der binne mear boeken, films, muzykstikken dy't geane oer it libben 'nei de klap',  dus nei it fallen fan de atoombom of nei it ûntploffen fan in atoomsintrale. Se geane oer de ein fan de wrâld (of in part dêrfan). Boektitels kinst fine by de lêssuggestjes op de learlingeside.

1. Besjoch foar dyn achtergrûnynformaasje de trije filmkes dy't yn de boarnen neamd wurde oer 'atoombom' en 'Tsjernobyl' .
Meist sels ek ynformaasje oer dy ûnderwerpen sykje.
2. Sykje dan ien film én ien stik muzyk/song oer ditselde ûnderwerp: (oer)libje nei de atoombom of nei in kearn- of natuerramp, of de 'eintiid'.
Skriuw de titels op. Hast dan twa titels op papier te stean.
3. De folgjende opdracht is om in skôging (ien A4) te skriuwen, dêr'tsto Nei de klap ferlikest mei de twa titels fan film/muzyk dy'tsto ûnder punt 2 opsocht hast:
Bepaalst sels de ynhâld en yndieling fan dyn skôging.
- Tematyske ferliking: Ferlykje dyn twa titels fan in film / muzyk mei Nei de klap op it gebiet fan leauwe, hope, freonskip/leafde.
- Ferliking fan sfear: Ferlykje dan de sfear fan de film / de muzyk mei Nei de klap. Wat binne oerienkomsten en ferskillen?
- Ferliking fan kleuren yn de film / muzyk mei Nei de klap. Is dat yn alletrije presys itselde of binne der ferskillen?

Boarnen

Schooltv Atoombom 1
Schooltv Atoombom 2
Tsjernobyl

Makke trochBabs Gezelle Meerburg



BoekRiemersma, Tr., Nei de klap*
NûmerN4/2
nivo4
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel, skriuwopdracht
Fokusit begryp ‘sublym’
Learst

de ynhâld fan it begryp 'sublym' kennen en learst om mei it begryp te wurkjen.

Opdracht

Lês earst it stik oer de literêre teory hjirnei.

1. Googleje it begryp yn it Nederlânsk 'subliem' en 'subliem kunsthistorie', 'subliem literatuur', 'subliem romantiek'.  Notearje de nammen fan trije websites. Meitsje fan dizze trije websites in útdraai. Jou mei in aksintuearstift oan watst learst oer de betsjutting fan 'sublym'.  
2. Sykje fiif plaatsjes dêr't it sublime yn te sjen is en skriuw per plaatsje yn ien rigel op wêrom'tst dat fynst.
3. Neam trije foarbylden fan 'sublym' út dyn eigen libben (of dat fan freonen of famylje).
4. Lis koart út wat men as 'sublym' beskriuwe kinne soe yn Nei de klap. Neam in tekstfragmint as foarbyld. Skriuw sa'n hûndert wurden.

(Literêre) teory

Yn dizze alinea wurdt earst útlein wat 'sublym' is. Dêrnei giest sels mei dat begryp oan de slach.
Ride oer iis dat eins net fertroud is, in fleantúch stoart del (mar net dat dêr'tsto krekt yn siest), Russyske rûlette. Fan gefaarlike sitewaasjes en geweld yn boeken en films giet soms in bepaalde fassinaasje út. Fynst it spannend en grizelich, mar tagelyk lêst wol troch en sjochst der wol nei. In ierdbeving, kroadzjend iis of in ûntploffing fan in fulkaan kin geweldich, majestueus wêze. De natuer lit de spierballen sjen en dat is spannend en oanloklik tagelyk. Itelde jildt foar in horrorfilm. It is hast té spannend, mar sjochst wol.
Ek bylden út it sjoernaal kinne fassinearjend wêze yn harren 'thrill' fan geweld.Tink marris oan it lytse fleantúchje dat op 9/11 troch in wolkekrabber fljocht, oan bylden fan bommen op Syrië, oan de lekkende atoomsintrale yn Fukushima.
De literêre stylfiguer dy't mei dizze bysûndere spanning fan de lêzer-taskôger te krijen hat, neame wy it sublime. It is yn it Frysk de 'sensaasje fan geweld', yn it Nederlânsk 'verrukkelijke verschrikking' of yn it Ingelsk: 'delightfull horror'. Yn dizze opdracht silsto te witten komme wat it  'sublime' krekt is en hoe't it 'sublime' yn ferbân te bringen is mei Nei de klap.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg




Nei de klap* - Riemersma, Tr.nivo 3

Nei de klap*

skriuwer :Riemersma, Tr.
Jier:1999 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Koperative Utjowerij
Plak fan útjefte:Boalsert
Oantal siden:235
Sjenre:distopyske roman, ûndergongsroman
Stekwurden:adolesinsje, morele fragen, oerlibje, útsichtsleazens
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Fan de roman is in Nederlânske oersetting (2001)

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Nei de klap* - Riemersma, Tr.nivo 3

Nei de klap*

skriuwer :Riemersma, Tr.
Jier:1999 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Koperative Utjowerij
Plak fan útjefte:Boalsert
Oantal siden:235
Sjenre:distopyske roman, ûndergongsroman
Stekwurden:adolesinsje, morele fragen, oerlibje, útsichtsleazens
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Fan de roman is in Nederlânske oersetting (2001)

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Nei de klap* - Riemersma, Tr.nivo 3

Nei de klap*

skriuwer :Riemersma, Tr.
Jier:1999 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Koperative Utjowerij
Plak fan útjefte:Boalsert
Oantal siden:235
Sjenre:distopyske roman, ûndergongsroman
Stekwurden:adolesinsje, morele fragen, oerlibje, útsichtsleazens
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Fan de roman is in Nederlânske oersetting (2001)

 

Yntroduksje

Trinus Riemersma (1938-2011) is ien fan de bekendste Fryske skriuwers. Hy debutearre yn 1964 mei de roman Fabryk, dy't bysûnder foar Fryslân achte waard fanwege de iepenheid oer psychyske sykte, seksualiteit en leauwen. Dy iepenheid waard gauris opfetten as ûnfatsoenlik en ûnfrysk. Behalve mei boppeneamde ynhâldseksperiminten droech Riemersma mei foarmeksperiminten by oan de modernisearring fan de Fryske literatuer. In foarbyld dêrfan is de 'trijeslachtige' roman De hite simmer (1969). Riemersma skreau ek gedichten en koarte ferhalen. Nei 1980 brûkte er gauris syn eigen stavering. Riemersma syn wurk is bekroand. Hy krige seis kear in Rely Jorritsmapriis foar koarte ferhalen. Foar de romans Fabryk (1967) en De Reade Bwarre (1995) ûntfong er elk in Gysbert Japicxpriis. Riemersma wurke as skoalmaster en letter as literatuerûndersiker oan de VU-Amsterdam (proefskrift Proza van het platteland), as letterkundedosint oan NHL Hegeskoalle en as kollumnist foar de Leeuwarder Courant.

Ynhâld

It ferhaal fertelt oer in oerlibbingstocht troch in treasteleaze wrâld sân jier nei 'de klap'. Fan de wrâld sa't wy dy kenne, is net folle mear oer. De haadpersoan fan de roman is Ake, in jonge fan 14 jier út Drachten. Weromsmiten op himsels moat er him rêde sûnder ûnderdak, sûnder iten en klean, sûnder famylje en freonen.

Swierte

De beskriuwingen fan kealheid, geweld en in libben sûnder feilige relaasjes, dus in libben werombrocht op de essinsje fan oerlibjen binne konfrontearjend. Ut dit ferhaal sprekt net folle hope. It is tematysk in swier boek. De learling fan nivo 2 kin him identifisearje mei haadpersonaazje Ake, want it ferhaal is meislepend skreaun. Foar learlingen fan nivo 2 is it tal bledsiden frij heech. Utdaagjend foar de learling fan nivo 2 en passend by de learling fan nivo 3 is dat it boek gjin ûntspanning is, mar jin yn de kunde bringt mei in nije, oare wrâld boud op oare morele prinsipes as wy wend binne. Ake is ûnderdiel wurden fan in frjemde groep en moat him oanpasse oan de regels fan dy groep, wol er oerlibje. De learling fan nivo 4 sil ferskillende lagen yn de roman bleatlizze kinne, him ferdjipje kinne yn referinsjele saken as de 'ein fan de wrâld' of yn it ûnderwerp 'oerlibjen nei in ramp' dat yn folle mear boeken en films tematisearre wurdt.

 

Didaktyske en letterkundige analyse

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze om him meinimme te litten troch it ferhaal fan Ake, dat soms konfrontearjend is yn de iepen en rauwe beskriuwing fan minsklik lijen. Der binne lêzers dy't har ôfstjitte litte troch de 'negativiteit' yn de roman.

Ynteresses

Psychyske, sosjale en morele fraachstikken: hoefier giet ien dy't oerlibje moat? Wat is minsklikheid? Wêr lizze de grinzen fan in minske?

Algemiene kennis

Basale kennis fan 'de klap', de atoombom en de gefolgen dêrfan foar de minsken en de ierde.

Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks)

Is net fereaske. Nei de klap kin rekkene wurdeta it sjenre fan de distopyske roman. Dat is in roman oer ûntminskliking fan it libben troch natuerrampen en oare apokalyptyske sitewaasjes. Distopy is it tsjinoerstelde fan utopy.
De dosint soe oare distopyske romans oanriede kinne, bygelyks Under wetter fan Koos Tiemersma (N4) en The hunger games fan Suzanne Collins. De Nederlânske oersetting dêrfan is in N2-boek yn Lezen voor de lijst, leeftiid 12 o/m 15 jier. De learling kin ek wiisd wurde op films lykas The day after en Beasts of the Southern wild

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

De taal fan Riemersma is flot en linich. It Frysk is idiomatysk geef. Syn Frysk is literêr en wykt ôf fan Frysk as omgongstaal.
Foarbylden:
'Mar oaren leinen samar rûngear yn 'e berm.' (s. 91)
'Dêr't de snie fuortwiske wie, socht ik myn iten' (s. 171)

Sinskonstruksjes

De sinnen wurde útsprutsen en tocht troch in jonge fan 14. Se binne relatyf koart en ienfâldich opboud.

Styl

Tagonklik, mar geef. Sjoch opmerking by Wurdgebrûk.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn it boek bart in soad. Dêr wurdt troch Ake op in rêstige nofteren manier ferslach fan dien. N2-lêzers sille har oansprutsen fiele troch de aksje en it avontuer. Foar N3- en N4-lêzers is de aksje minder fan belang. Sy kinne har rjochtsje op djippere betsjuttingslagen fan it ferhaal. N3-lêzers kinne harsels en it boek fragen stelle oer sosjale, morele en psychyske fraachstikken (grinzen fan minsklikheid). Se kinne har ek ferdjipje yn it groepsgedrach fan Ake.  N4-lêzers kinne har ferdjipje yn it sjenre fan de distopyske roman troch it te ferlykjen mei oare keunstfoarmen (film, muzyk)  en it beskôgjen fan tema's, sfear / kleur  en hope / takomstperspektyf yn dit sjenre.

Gronology

It ferhaal wurdt gronologysk ferteld mei weromferwizingen en langere flashbacks. Foar N2-lêzers is it grif soms lestich om de tried fan it ferhaal goed beet te hâlden. Lêzers fan nivo 3 en 4 sille minder muoite mei hawwe mei it pleatsen fan de flashbacks yn de gronology.

Ferhaalline(n)

De ferhaalline is de reis fan Ake nei it suden (Frankryk)  en werom nei Fryslân. Dêr trochhinne ferfrissele sitte weromferwizingen en flashbacks nei it ferline (ûnder oare Ake syn bernejierren yn Drachten) en it oerlibjen fuort nei de klap. Sjoch opmerkingen by gronology.

Perspektyf

Ferteld wurdt út it personaazje Ake wei. It is in ik-roman. Dat freget fan de lêzer ynlibbingsfermogen en makket it ferhaal dreger foar lêzers fan nivo 2. Se sille gauwer de tried fan it ferhaal kwytreitsje kinne. Lêzers fan nivo 3 en heger sille Ake syn sitewaasje makliker rekonstruearje en pleatse kinne.

Betsjutting

De learling fan nivo 2 kin him dwaande hâlde mei de benearjende sfear yn de roman en him werkenne yn de stimmingen fan Ake. De learling fan nivo 3 sil by steat wêze om in soarte fan 'libbensles' of libbensfizy út it boek te heljen en om fragen te stellen by de besluten dy't Ake nimt en de dieden dêr't er foar kiest om te oerlibjen. De learling fan nivo 4 kin neitinke kinne oer foarneamde kwestjes, mar konkrete romanfragminten mei it each op morele fragen te ynterpretearjen.  Hy kin in link lûke troch beskriuwingen fan de 'eintiid' ynNei de klapen films, oare romans muzyk yn it dystopyske sjenre.

Fertroud mei literêre personaazjes

Karakters

Ake is de sintrale persoan. Him leare wy kennen en wy sjogge syn ûntjouwing. De minsken om him hinne binne types of flat characters. Se hawwe de rol fan figurant yn it libben fan Ake.

Oantal karakters

Der binne in soad personaazjes. Har nammen en rollen binne net fan grut belang foar it ferhaal, mar troch har mannichte komplisearje se it ferhaal foar lêzers fan nivo 2.

Untwiklingen fan de karakters

It giet yn de roman benammen om Ake syn ferhâlding ta de wrâld en ta minsken yn in feroare wrâld.
Foar learlingen op nivo 2 hâldt dat yn dat se Ake syn uterlik, syn karakter en syn hanlingen beskriuwe kinne.
Learlingen op nivo 3 kinne dêr in wurdearring oan ferbine (positive en negative ynfloeden) en de relaasje lûke mei goed en ferkeard yn ús eigen maatskippij.
Learlingen op nivo 4 kinne it hâlden en dragen fan Ake ynterpretearje en keppelje oan it fertelperspektyf fan de ik-roman. Se ferbine de sitewaasje fan Ake mei dy films en/of muzyk mei itselde tema fan de distopy.

Relevante  boarnen foar dosinten

Sjoch foar besprekken, sirkwy.nl, boekprofyl.
Riemersma, Trinus, 'Altyd wat! Sûpe, frette en smoke'. Yn: Trotwaer (1999), afl. 10 (des).
Website skriuwer

Skreaun troch

Babs Gezelle Meerburg