Fries

Oxzana* - Claus, Marganivo 3

Oxzana*

skriuwer :Claus, Marga
Jier:2000 [4de pr 2010]
Utjouwer:Utjouwerij Fryslân
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:322
Sjenre:sjoernalistike roman
Stekwurden:Afghanistan, famylje, fertrouwen, flechtlingen, kultuerferskillen, libbensferhaal
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Oxzana is der ek yn Nederlânske oersetting. De roman is basearre op in wierbard ferhaal. It is ien fan de suksesfolste Fryske boeken fan nei 2000.

 

Oer de skriuwer

Marga Claus wurket as dosinte Nederlânsk en kompjûterfeardichheden op it Friesland College. Se hat in flink oantal romans op har namme stean. De earste binne sterk basearre op de werklikheid en wurde dêrom wol 'dokumintêre romans' neamd. Yn har lettere boeken sit mear fiksje bemongen en wurdt it autobiografyske elemint sterker.

Ynhâld

Dizze roman is it libbensferhaal fan de Oekraynske frou Oxzana dy't yn de jierren '80 tidens har universitêre stúdzje mikrobiology yn Kiev har lettere man Ghalil kennenleart. Mei him besiket se yn Kabûl yn Afghanistan in bestean op te bouwen. Dan brekt lykwols de boargeroarloch út. Har man komt om. Oxzana flechtet yn 1992 mei har húshâlding nei Nederlân ta en komt yn in asylsikerssintrum telâne.

Lêsoanwizings

It ferhaal wurdt gronologysk ferteld mei foarútwizingen dy't kursyf printe binne. Dy kombinaasje makket it ferhaal spannend. De lêzer bliuwt nijsgjirrich nei de ôfrin. Soene Oxzana en har famylje oerlibje? Trochdatst Oxzana as jonge studinte kennenlearst, is it maklik om dy te ferpleatsen yn har skiednis. Wat dy miskien behinderet om flot troch te lêzen is it hege tal bledsiden, en mear noch it feit dat Oxzana, dy't fan hûs út net leauwich is, telâne komt yn it strang islamityske Afghanistan. Krekt as Oxzana kenne wy de Afghanaanske mienskip te min om de minsken dêr goed begripe te kinnen. Ast al wat mear lêsûnderfining hast, is Oxzana boeiend fanwege de libbensfragen dy't steld wurde.

Om oer te prakkisearjen

Hoe is it om hieltyd yn eangst te libjen? Soest de minsken om dy hinne dan noch fertrouwe kinne?

Wurdearring

'Dit boek is in ynkringend portret fan in flechtinge. It boek jout wer hoe't de kar foar in kultureel mingde relaasje útwurkje kin op ien syn libben. It boek stelt boppedat de posysje fan flechtlingen yn Nederlân oan 'e oarder. In oanrieder!'
Anja Pluym op Kleur-rijk, in webside foar  en troch froulju yn in bikulturele relaasje. (sitaat is oerset)

'Marga Claus nimt har lêzer fan it begjin ôf oan mei'
Jabik Veenbaas yn de Ljouwerter Krante

'Ik wie altiten al in lêzer, mar no pas wit it wat in 'boek' is!!! Dit boek hat my sa djip rekke dat it hast like as wie ik Zana en myn man Ghalil! Ik ha sa'n respekt foar Zana en foar alle flechtlingen wêr ek mar wei. Dit boek hat my sjen litten wat foar boeken ik tenei lêze moat. Net te leauwen wat in boek mei dy dwaan kin. Ik ha it yn ien haal útlêzen.'
Mirjam op bol.com

'Ik kom sels út Afghanistan en wat ik moai fyn yn dit boek is de útbylding fan de achtergrûn fan tûzenen Afghaanske flechtingen yn Europa.'
anonym op bol.com

(de oanhalen fan bol.com binne oerset)

Mear witte?

De skriuwster har eigen website
Marga Claus, biografyske skets
Resinsjes fan it boek by it boekeprofyl op sirkwy.nl

Skreaun troch

Babs Gezelle Meerburg

Suggestjes

Boeken op Lezen voor de lijst



Oxzana* - Claus, Marganivo 3

Oxzana*

skriuwer :Claus, Marga
Jier:2000 [4de pr 2010]
Utjouwer:Utjouwerij Fryslân
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:322
Sjenre:sjoernalistike roman
Stekwurden:Afghanistan, famylje, fertrouwen, flechtlingen, kultuerferskillen, libbensferhaal
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Oxzana is der ek yn Nederlânske oersetting. De roman is basearre op in wierbard ferhaal. It is ien fan de suksesfolste Fryske boeken fan nei 2000.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Oxzana* - Claus, Marganivo 3

Oxzana*

skriuwer :Claus, Marga
Jier:2000 [4de pr 2010]
Utjouwer:Utjouwerij Fryslân
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:322
Sjenre:sjoernalistike roman
Stekwurden:Afghanistan, famylje, fertrouwen, flechtlingen, kultuerferskillen, libbensferhaal
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Oxzana is der ek yn Nederlânske oersetting. De roman is basearre op in wierbard ferhaal. It is ien fan de suksesfolste Fryske boeken fan nei 2000.

 

Opdrachten

BoekClaus, Marga, Oxzana*
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusgeografyske en maatskiplike achtergrûnen
Learst

om oan te jaan yn watfoar gebieten de roman him ôfspilet en wat dy gebieten bysûnder makket

Opdracht

1. Printsje in kaart fan Europa of tekenje dy oer (mei dêryn Oekraïne, Nederlân) en itselde fan Azië (mei dêryn Oezbekistan, Afghanistan). Jou de rûte fan Oxzana oan.

2. Folje mei help fan www.landenweb.net en de roman Oxzana ûndersteand skema oan. It giet om de situaasje fan no.

 

Europa: Oekraïne

Azië: Afghanistan

Azië: Oezbekistan

Europa: Nederlân

Haadstêd

 

 

 

 

Oxzana wenne yn it plak …

 

 

 

 

Lânstaal

 

 

 

 

Lânskip en planten

 

 

 

 

Klimaat

 

 

 

 

Religy

 

 

 

 

Man - frou ferhâldingen

 

 

 

 

Bledsidenûmers yn de roman

 

 

 

 


3. Ferlykje de politike situaasje yn Oekraïne, Afghanistan, Oezbekistan en Nederlân yn de tachtiger jierren mei dy fan hjoeddedei. Beskriuw yn ien oant fiif rigels per gebiet de politike situaasje anno 1985 en anno no.

Foarbyld

Oekraïne
Yn 1985 stie Oekraïne ûnder lieding fan presidint Sjtsjerbytsky. Dizze man wie tsjin demokratyske fernijing. Yn 1989 makke er plak foar Volodymyr Ivasjko, in bondgenoat fan de Russyske fernijer Gorbatsjov. Yn 2014 wie presidint Viktor Janoekovitsj oan de macht. Hy is ôfsetten nei in bloedige opstân dêr't in soad deaden fallen binne. Hoe't it fierder giet mei Oekraïne is noch ôfwachtsjen. [datum fan skriuwen 21 maart 2014]

Makke trochBabs Gezelle Meerburg



BoekClaus, Marga, Oxzana*
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om de personaazjes en har hanneljen te beskriuwen

Opdracht

1. Hjirûnder steane mooglike eigenskippen fan it haadpersonaazje Oxzana har karakter. Streekje troch wat net by har past.

(ûn-)betrouber, grutsk, nederich, koppich, eigenwiis, dapper, nijsgjirrich, pessimistysk, optimistysk, ferlegen/skruten, benaud, (ûn-)wis fan harsels, gemien, leaf, aardich, lilk, geduldich, emosjoneel, rasjoneel, gau ferfeeld, sleau/gaotysk, oerdreaun, dramatysk, kreatyf, fladderich, (ûn-)konsintrearre, behelpsum, egoïstysk, snoad/liep/tûk, dom, driftich, stil, drok, spontaan, begripend, praatgraach, (ûn-)fatsoenlik, jaloersk, gefoelich, sterk, direkt, snedich, hat (net) dúdlik in eigen miening, sletten, sarkastysk, nofteren, hurd, loai, stikelich, fleurich, prakkesearderich, nerveus, rêstich, romantysk, rjochtfeardich, rotsfêst, (net) serieus, lytsbernich, (ûn-)begryplik,  dwers, wif/ritich/hinne en wer, (ûn-)trou, (gjin) trochsetter, (ûn-)gesellich, (net) meigeand, (net) fleksibel, realistysk.

2. Is Oxzana neffens dy in round of in flat character? Lis dyn antwurd út mei help fan ynformaasje oer round en flat characters dy'tst op ynternet fine kinst. Kinst ek gebrûk meitsje fan de ynformaasje yn it Basisboek (sjoch boarne).

3. De oare persoanen:
- Jou by elk personaazje yn de tabel hjirûnder oan oft de roman in soad of in bytsje ynformaasje oer him/har jout en oft it personaazje yn de rin fan it ferhaal feroaret.
- Beskriuw elk personaazje yn trije stekwurden oer syn relaasje ta de haadpersoan Oxzana.
- Jou by elk personaazje oan oft it om in round of in flat character giet. Lis dyn antwurd út.

Personaazje

De roman jout in soad/bytsje ynformaasje oer him/har

Feroaret wol/net

Trije stekwurden oer relaasje ta Oxzana

Round/flat character

Foarbylden
Ahmed Zeih

Bytsje: behelpsum, freonlik, betrouber

Net

Stúdzjefreon yn Kiev en buertgenoat yn Kabul

Flat / gjin ûntjouwing

Nazar, Leilah, Farid

Bytsje

Net

Har bern

Flat / hast gjin ynformaasje, gjin ûntjouwing

Ghalil

 

 

 

 

Heit en Mem fan Oxzana

 

 

 

 

Farûk

 

 

 

 

Ghalil syn âlden, broers en susters

 

 

 

 

Naïm en Sjirgan

 

 

 

 

Els en Henk yn it asylsikerssintrum

 

 

 

 

Suzanne

 

 

 

 

Boarnen

Joke van Balen e.o., Basisboek literatuur, Grins 2009, Haadstik 2.3, 'Analyse en interpretatie' it ûnderdiel oer personaazjes.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg




Oxzana* - Claus, Marganivo 3

Oxzana*

skriuwer :Claus, Marga
Jier:2000 [4de pr 2010]
Utjouwer:Utjouwerij Fryslân
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:322
Sjenre:sjoernalistike roman
Stekwurden:Afghanistan, famylje, fertrouwen, flechtlingen, kultuerferskillen, libbensferhaal
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Oxzana is der ek yn Nederlânske oersetting. De roman is basearre op in wierbard ferhaal. It is ien fan de suksesfolste Fryske boeken fan nei 2000.

 

Opdrachten

BoekClaus, Marga, Oxzana*
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusspegeljen
Learst

om te reflektearjen op besluten dy't it haadpersonaazje nimt en om te tinken yn alternativen

Opdracht

1. Oxzana reagearret soms oars yn bepaalde situaasjes asto miskien dwaan soest. Kies trije situaasjes út, jou oan hoe't Oxzana hannelet (en wêrom) en watsto dien hiest (en wêrom). Jou by elke situaasje de bledsidenûmers oan.

2. Oxzana is in personaazje dat basearre is op in werklik besteande frou. Lês dêr de ferantwurding oer fan de skriuwster foaryn de roman en lês it ynterview mei Marga Claus yn de Ljouwerter Krante (boarne). Neam fiif aspekten út de roman dy't basearre binne op de werklikheid.

3. Jout Oxzana objektive ynformaasje of kleuret se it ferhaal mei har eigen miening? Wat fynsto? Jou twa foarbylden dy't dyn miening stypje.

Boarnen

Sietse de Vries, fraachpetear mei Marga Claus, 'It moat altyd ergens or gean by my', LC 12-9-2003

Makke trochBabs Gezelle Meerburg



BoekClaus, Marga, Oxzana*
NûmerN3/2
nivo3
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel of twatal
Fokustema asylsikers
Learst

om te reflektearjen op it ûnderwerp asylsikers yn Nederlân

Opdracht

1. Besjoch it filmke fan kabaretier Najib Amhali op You Tube.

2. Neam trije foaroardielen dy't Najib Amhali nei foaren bringt oer asylsikers.

3. Wêrom laket it publyk? Is dit in grappich filmke?

4. Spylje it filmke nei. Kies no it perspektyf fan de asylsiker dy't in nuvere wite man man oan de oare kant fan it rút stean sjocht.

Alternative opdracht: skriuw in koarte toanieldialooch. Kies it perspektyf fan de asylsiker dy't in nuvere wite man oan de oare kant fan it rút stean sjocht. Ferjit de rezjy-oanwizings net.

5. Karakterisearje Oxzana har miening oer Nederlân, neffens it lêste part fan de roman. Soe sy it iens wêze mei it byld dat Najib Amhali sketst fan asylsikers? Kinst haadstik 57 brûke foar it beantwurdzjen fan dizze fraach.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg




Oxzana* - Claus, Marganivo 3

Oxzana*

skriuwer :Claus, Marga
Jier:2000 [4de pr 2010]
Utjouwer:Utjouwerij Fryslân
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:322
Sjenre:sjoernalistike roman
Stekwurden:Afghanistan, famylje, fertrouwen, flechtlingen, kultuerferskillen, libbensferhaal
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Oxzana is der ek yn Nederlânske oersetting. De roman is basearre op in wierbard ferhaal. It is ien fan de suksesfolste Fryske boeken fan nei 2000.

 

Opdrachten

BoekClaus, Marga, Oxzana*
NûmerN4/1
nivo4
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusspanning
Learst

om nei te tinken oer de spanningsopbou en de manier fan fertellen

Opdracht

1. It ferhaal wurdt gronologysk en achterôf ferteld. De kursyfprinte tekstfragminten wize foarút nei letter. De fertelster Oxzana jout kommentaar op wat earder bard is.
Kies trije skeanprinte tekstfragminten, neam de bledsidenûmers en lis út wêrom't se it ferhaal spannend meitsje.

2. Jou trije spannende fragminten oan yn de roman (sidenûmers en begjin- en einsin). Wêrom meitsje dy it ferhaal spannend?

3. Fan wat foar ferteltechniken makket de skriuwster gebrûk om de spanning te ferheegjen? Kinst de teory oer spanning (sjoch boarnen) brûke by it beantwurdzjen fan dizze fraach.

Boarnen

[1] Wikipedia, Verhaalanalyse: spanning
[2] Wikipedia oer it sjenre fan de thriller
[3] LeerWiki.nl oer spanningseleminten yn in boek

Makke trochBabs Gezelle Meerburg



BoekClaus, Marga, Oxzana*
NûmerN4/2
nivo4
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmotto
Learst

om in link te lizzen tusken it motto en de ferhaalline

Opdracht

1. It ferhaal wurdt foarôfgien troch it motto 'Miskien is it sa datst dyn skiednis net kado krijst; datst har sels fertelle moatst en datst dy skiednis net earder kenst, ear't se ferteld is.' (út de roman Stilte in oktober fan de  Deenske skriuwer Grøndahl). Wat seit it motto oer de funksje fan it fertellen?

2. Yn haadstik 57 sjocht Oxzana werom op har skiednis en seit se: 'Ik wol neat leaver as ferjitte wat achter my leit. Miskien kin ik troch it fêstlizzen fan myn skiednis einliken loslitte.' (s. 316)
Lis it ferbân út mei it boppesteande motto en dyn útlis dêrfan.

3. Googleje op 'Grøndahl Stilte in oktober'. Wat is de oerienkomst tusken Oxzana en it haapersonaazje yn Grøndahl syn roman?

4. Kies út haadstik 57 in sitaat fan Oxzana dat in motto wêze koe foar har libbensferhaal. Lis koart út wêrom'tst krekt dy sin(-nen) as motto kiest.

Boarnen

Website fan útjouwer Meulenhoff: Boekprofyl Stilte yn oktober

Makke trochBabs Gezelle Meerburg




Oxzana* - Claus, Marganivo 3

Oxzana*

skriuwer :Claus, Marga
Jier:2000 [4de pr 2010]
Utjouwer:Utjouwerij Fryslân
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:322
Sjenre:sjoernalistike roman
Stekwurden:Afghanistan, famylje, fertrouwen, flechtlingen, kultuerferskillen, libbensferhaal
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Oxzana is der ek yn Nederlânske oersetting. De roman is basearre op in wierbard ferhaal. It is ien fan de suksesfolste Fryske boeken fan nei 2000.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Oxzana* - Claus, Marganivo 3

Oxzana*

skriuwer :Claus, Marga
Jier:2000 [4de pr 2010]
Utjouwer:Utjouwerij Fryslân
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:322
Sjenre:sjoernalistike roman
Stekwurden:Afghanistan, famylje, fertrouwen, flechtlingen, kultuerferskillen, libbensferhaal
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Oxzana is der ek yn Nederlânske oersetting. De roman is basearre op in wierbard ferhaal. It is ien fan de suksesfolste Fryske boeken fan nei 2000.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Oxzana* - Claus, Marganivo 3

Oxzana*

skriuwer :Claus, Marga
Jier:2000 [4de pr 2010]
Utjouwer:Utjouwerij Fryslân
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:322
Sjenre:sjoernalistike roman
Stekwurden:Afghanistan, famylje, fertrouwen, flechtlingen, kultuerferskillen, libbensferhaal
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Oxzana is der ek yn Nederlânske oersetting. De roman is basearre op in wierbard ferhaal. It is ien fan de suksesfolste Fryske boeken fan nei 2000.

 

Yntroduksje

Marga Claus (Ljouwert, 1955) wurket as dosinte Nederlânsk en kompjûterfeardichheden op it Friesland College. Se hat fiif romans op har namme stean. De earste twa binne sterk op de werklikheid basearre, sitte tusken feit en fiksje yn en wurde dêrom rekkene ta it sjenre fan de dokumintêre roman. Har debút Oxzana yn 2000 waard posityf ûntfongen en heart ta de bêst ferkochte boeken út it fûns fan de Afûk. It is oersetten nei it Nederlânsk. Yn 2003 ferskynde De heit fan Serafyn dat him ôfspilet op Papûa Nij Guinea en allyksa oerset waard. Marga Claus har lettere romans hawwe in sterker fiksjoneel karakter en binne ek mear autobiografysk.

Ynhâld

Dizze roman is it libbensferhaal fan de Oekraynske frou Oxzana dy't yn de jierren '80 tidens har universitêre stúdzje mikrobiology yn Kiev har lettere man Ghalil kennenleart. Mei him besiket se yn Kabûl yn Afghanistan in bestean op te bouwen. Dan brekt lykwols de boargeroarloch út. Har man komt om. Oxzana flechtet yn 1992 mei har húshâlding nei Nederlân ta en komt yn in asylsikerssintrum telâne.

Swierte

Foar de N2-lêzer is Oxzana in meinimmend boek, want it bliuwt hieltiten spannend oft it ferhaal goed ôfrint en Oxzana en har bern oerlibje. Trochdat wy Oxzana as jonge studinte kennenleare en troch har eagen meisjogge, is it foar de N2-lêzer ek maklik om him te ferpleatsen yn har skiednis. In útdaging foar de N2-lêzer is dat it boek tsjok is, mar faaks mear noch de oare kultuer dêr't Oxzana yn telâne komt. Krekt as Oxzana ken de trochsneedlêzer de Afghanaanske mienskip te min om de minsken dêr goed begripe te kinnen. De N3-lêzer kin him spegelje yn it ferhaal: wat soe ik dien hawwe as ik yn Oxzana's skuon stien hie? De N4-lêzer kin him konsintrearje op de manier fan fertellen en neitinke oer watfoar libbensfragen yn de roman sintraal stean.

Didaktyske en letterkundige analyse

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

Foar N2-lêzers is it faaks lestich om in tsjok boek as dit te kiezen en troch te lêzen.

Ynteresses

Lêzers moatte ynteresse ha yn oare kultueren, yn de libbenswize fan oare minsken.

Algemiene kennis

It soe moai meinaam wêze as de lêzer mear witte soe oer de Afghaanske kultuer en skiednis fan dat lân yn de lêste desennia. Sûnder dat wurdt er yn deselde situaasje pleatst as Oxzana en kin er net alle reaksjes fan de Afghanen teplakbringe. Trochdat it ferhaal spannend genôch is, wol de lêzer wol trochlêze.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Der is gjin spesifike literêre en kulturele kennis fereaske om dit boek te begripen.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It ferhaal is flot ferteld yn linich Frysk. Der steane gjin drege wurden yn.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne net lang. Der komme in soad dialogen yn foar.

Styl

De roman is skreaun yn 'praattaal' en aardich konkreet.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der sit in soad aksje en spanning yn it ferhaal. Kursyfprinte stikjes jouwe foarútwizingen en wekke spanning op.

Gronology

De opbou is gronologysk mei foarútwizingen yn de foarm fan kommentaar achterôf: 'letter fertelde ús mem' of 'letter hearden wy…'

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline, dy fan Oxzana.

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld út it ik-perspektyf fan Oxzana. Sy fertelt wat sy meimakke hat en hoe't se dat belibbe hat.

Betsjutting

In N2-lêzer identifisearret him wierskynlik al gau mei de ik-ferteller Oxzana en sil it ferhaal lêze as avontuerlik ferhaal. De N3-lêzer kin him spegelje oan Oxzana, himsels ôffreegje wat hy dwaan soe yn in ferlykbere situaasje en oer wêrom't de Afghaanske famylje sa hannelet as se dogge. De N4-lêzer kin neitinke oer it motto fan de roman en oer libbensfragen dy't yn de roman nei foaren komme. It asylsikerstema is ek ynteressant foar de N4-lêzer.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Der binne in soad personaazjes en (dus) karakters yn dit boek. Allinne haadpersonaazje Oxzana is in round character.

Oantal karakters

Oxzana har famylje, Ghalil syn famylje, freonen, kunde en helpers. Foar it ferhaal is benammen Oxzana fan belang. De oare personaazjes binne mear figuranten.

Untjouwing fan de karakters

Wy folgje Oxzana har paad nei folwoeksenheid fan studinte yn Kiev oant dat sy in jier as fjirtich is en yn it noarden fan Nederlân wennet. De wichtichste feroaring yn har aard is dat se geandewei har fertrouwen yn oare minsken kwytrekket. De N2-lêzer sil him meislepe litte yn it avontuer en minder fragen stelle oer Oxzana har aksjes en reaksjes. De N3-lêzer sil dat wol dwaan en har hâlden en dragen kritysk besjen. Hy sil miskien alternativen oandrage kinne.  De N4-lêzer kin it hanneljen en tinken fan personaazjes yn ferbân bringe kinne mei ferskillende libbensfyzjes.

Relevante  boarnen foar dosinten

Op sirkwy.nl: biografyske skets en boekprofyl mei resinsjes.
De skriuwster hat in eigen website.
Yn it digitale argyf fan de Ljouwerter Krante kin mear ynformaasje oer de skriuwster en har roman fûn wurde (sykje op Oxzana).

Skreaun troch

Babs Gezelle Meerburg