Fries

Salsafamke* - Jong, Hanneke denivo 1

Salsafamke*

skriuwer :Jong, Hanneke de
Jier:2008
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:143
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:abortus, Curaçao (F), dûnsje, fakânsje, seks
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Salsafamke hat yn 2010 de Simke Kloostermanpriis wûn foar it beste Fryske jeugdboek. It boek is der ek as harkboek. Salsafamke is oerset yn it Nederlânsk as Salsameisje. It boek is te keap by de skriuwster.

 

Oer de skriuwer

Hanneke de Jong (berne yn 1952) groeit op yn Sint Nyk. Se wol krekt as har heit ûnderwizer wurde. Dat slagget, se jout earst les yn it basisûnderwiis en nei in stúdzje Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Letter wurket se op de pr-ôfdieling fan in skoallemienskip. Hanneke de Jong skriuwt fan jongs ôf oan al. Yn it begjin binne it foaral mearkes en no benammen berne- en jongereinboeken oer problemen dêr't jongeren mei te meitsjen krije. Fryske jongereinboeken fan har dy't ek yn it Nederlânsk ferskine, binne: De lêste brief, Sterke skouders en Salsafamke. Hanneke de Jong wint hiel wat prizen mei har jongereinboeken. 

Ynhâld

Freya fan 14 giet mei har âlden en broerke op fakânsje nei Curaçao. Dêr rint har âldste broer staazje. Se leart Guido kennen, in maat fan har broer. Hy leart har de salsa. As se mei him dûnset, wit Freya al gau dat se him ha wol, wat se der ek foar dwaan moat. Ien kear werom yn Nederlân blykt dat de fakânsje net sûnder gefolgen west hat. Mei wa kin se oer har problemen prate? Wat moat se dwaan?

Lêsoanwizings

It is hiel maklik en libje dy yn yn de sfear fan in fakânsje op in tropysk eilân, dêr'tst stapelgek wurdst op ien dy't mei dy de salsa dûnset. Ast in famke bist om de leeftyd fan de haadpersoan yn it boek hinne sil it ferskriklike dilemma dêrnei wol werkenber wêze, ek al hast it sels net meimakke. It komt leeftiidsgenoaten wol oer. Om't it in probleem is dêr't allinne froulju streekrjocht mei te meitsjen hawwe, sille jonges wat mear muoite dwaan moatte en libje har yn yn wat in famke dêrby trochstean moat. It is ommers net allinne in famke dat der mei te krijen hat.

Om oer te prakkisearjen

Hasto wolris te krijen hân mei problemen dêr'tst net sa mar in oplossing foar fine koest? Asto problemen hast, mei wa bepraatst dy dan? Soest soks earder dwaan mei freonen/freondinnen of mei in âlder en miskien wizer persoan? Soest it leaver mei ien beprate dy'tst goed kenst of in profesjonele bûtensteander? Ast swanger wiest wylst dat net woest, wat soesto dwaan? Wat foar oplossing soesto kieze?

Wurdearring

'It ferhaal wurdt net prekerich, krekt oarsom, de auteur lit sjen dat Freya de kar hat út ferskate mooglikheden. De emosjonele kant wurdt goed útljochte, dêrneist kriget de lêzer ûngemurken op in natuerlike wei in soad ynformaasje.'
Sjuery Simke Kloostermanpriis.

Mear witte?

Webside Hanneke de Jong
Interview mei Hanneke de Jong troch Sietse de Vries, LC 4 april 2008
Ferslach fan de útrikking fan de Simke Kloostermanpriis 2010, LC 10 maaie 2010

Skreaun troch

Lieukje Leistra-Reidsma

Suggestjes


Salsafamke* - Jong, Hanneke denivo 1

Salsafamke*

skriuwer :Jong, Hanneke de
Jier:2008
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:143
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:abortus, Curaçao (F), dûnsje, fakânsje, seks
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Salsafamke hat yn 2010 de Simke Kloostermanpriis wûn foar it beste Fryske jeugdboek. It boek is der ek as harkboek. Salsafamke is oerset yn it Nederlânsk as Salsameisje. It boek is te keap by de skriuwster.

 

Opdrachten

BoekJong, Hanneke de, Salsafamke*
NûmerN1/1
nivo1
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om in koarte omskriuwing te meitsjen fan de ynhâld

Opdracht

It boek Salsafamke is opboud út twa ferhaallinen.

1. Beskriuw yn maksimaal fyftich wurden de beide ferhaallinen yn it boek.

2. Watfoar ferhaalline is neffens dy it maklikst om op in omslach wer te jaan?

3. Fynst beide ferhaallinen werom op de omslach fan Salsafamke? Lis dyn antwurd út.

4. Besjoch op www.hanneke-de-jong.nl de omslach fan de Nederlânske edysje Salsameisje. Fynst dêr beide ferhaallinen op werom? Lis dyn antwurd út.

5. Watfoar omslach fynst it bêst passen by de ynhâld fan it boek, dy fan it Fryske boek of dy fan it Nederlânske? Wêrom fynst dat?

6. Lit sjen dat in omslach mei beide ferhaallinen dêrop wol mooglik is troch sels ien te meitsjen. Meist de omslach tekenje, mar ek gebrûk meitsje fan de kompjûter of oare middels. Lis dyn ûntwerp út oan de hân fan op syn minst twa teksten út it boek en fermeldzje de siden.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma



BoekJong, Hanneke de, Salsafamke*
NûmerN1/2
nivo1
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusopbou
Learst

om de ferhaallinen yn it boek te werkennen en te beneamen

Opdracht

1. Watfoar twa ferhaallinen sitte yn it boek? Jou in koarte omskriuwing fan maksimaal tritich wurden fan it plak en de belangrykste gebeurtenissen fan beide ferhaallinen.

2. Njonken plak en ynhâld kinst noch oan twa saken sjen om watfoar ferhaalline it giet. Tekenje de iene en beskriuw de oare.

3. By watfoar ferhaalline heart de earste tekstside fan it boek? Lis út wêrom'tst dat tinkst.

4. Soest ek sizze kinne dat dy side by net ien fan beide ferhaallinen heart? Lis dyn antwurd út. 

5. De skriuwster hie ek earst it iene ferhaal fertelle kinnen en dêrnei it oare. Soest dat moaier fûn hawwe of net? Lis mei trije redenen út wêrom'tst der sa oer tinkst.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma



BoekJong, Hanneke de, Salsafamke*
NûmerN1/3
nivo1
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel, skriuwopdracht
Fokuspersonaazje
Learst

om dy yn te libjen yn in personaazje

Opdracht

Freya wrakselet mei it probleem fan har net winske swangerskip en de fraach wat se dwaan moat om ta in oplossing te kommen.

1. Watfoar trije oplossings lit se yn har omgean?

2. Watfoar oplossing liket dy de bêste foar Freya? Brûk ien fan de boarnen om
ta in kar te kommen.

3. Skriuw in brief oan Freya dêr'tst dyn kar yn oanjoust en har útleist wêrom't  
dat neffens dy foar har it bêste is om te dwaan.

4. De brief moat ien A4 wêze (ûngefear fjouwerhûndert wurden).

5. De yndieling fan de brief is dy fan in net saaklike brief. Set dyn wenplak en
datum boppe de brief, brûk in oanhef en slút ôf mei dyn eigen namme.

Boarnen

[1] Oer abortus en abortuskliniken.
[2] Foarhinne de VBOK, in feriening dy't opkomt foar de noch net berne poppe.
[3] Algemiene side oer abortus.
[4] Ferhalen fan famkes/froulju dy't in abortus hân hawwe.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma




Salsafamke* - Jong, Hanneke denivo 1

Salsafamke*

skriuwer :Jong, Hanneke de
Jier:2008
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:143
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:abortus, Curaçao (F), dûnsje, fakânsje, seks
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Salsafamke hat yn 2010 de Simke Kloostermanpriis wûn foar it beste Fryske jeugdboek. It boek is der ek as harkboek. Salsafamke is oerset yn it Nederlânsk as Salsameisje. It boek is te keap by de skriuwster.

 

Opdrachten

BoekJong, Hanneke de, Salsafamke*
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om te reflektearjen op de betsjutting fan de titel

Opdracht

De titel fan dit boek is Salsafamke. In oare titel hie miskien wol better west.

1. Besjoch de ûndersteande trije titels. Lis by elk fan de titels út wêrom'tsto dy better of krekt minder fynst as Salsafamke.

2. Brûk fragminten út it boek om dyn miening te ûnderbouwen. Brûk goed hûndert wurden foar elke titel.

3. Beskriuw yn sa'n 250 wurden wêr't in goede boektitel neffens dy oan foldwaan moat. Jou oan oft Salsafamke oan dy easken foldocht. Sa nee, betink dan sels in oare, bettere titel.

Alternative titels:
1. Smoar fereale, djip drôvich
2. Freya har dilemma
3. Help, ik bin swanger!

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma



BoekJong, Hanneke de, Salsafamke*
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om te reflektearjen op de personaazjes

Opdracht

Freya hat it dreech en fyn in fertrouwenspersoan yn har direkte omjouwing mei wa't se har problemen beprate kin.

1. Yn de tabel hjirûnder stean in tal persoanen út Freya har omjouwing dy't se om rie freegje kind hie. Set de relaasje dy't se mei harren hat, bgl. broer, mem, freondinne ensafh. yn de twadde kolom achter de namme fan de persoan.

2. Set yn de tredde kolom de reden(en) wêrom't Freya dy persoan net yn fertrouwen nimt.

3. Freya beslút om har beppe yn fertrouwen te nimmen. Soesto, ast yn in selde  sitewaasje sietst, dat ek dwaan? Wêrom wol of wêrom net?

4. Tsjintwurdich binne der ek in soad profesjonele helpferlieners dy'tst benaderje  kinst, soms sels oer de mail. Soesto earder of leaver ien út eigen rûnte yn fertrouwen nimme of dochs in profesjonele helpferliener? Lis de foar- en neidielen fan help sykje by ien út eigen rûnte of in helpferliener út.

5. Yn de ferhâlding fan Freya mei de minsken om har hinne feroaret hjir en dêr wol wat. Beskriuw dat yn de lêste kolom.

Personaazjes:

Namme

Relaasje

Reden

Feroaring

Heit

 

 

 

Mem

 

 

 

Aafke

 

 

 

Wendy

 

 

 

Guido

 

 

 

Roelof

 

 

 

Reinder

 

 

 

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma



BoekJong, Hanneke de, Salsafamke*
NûmerN2/3
nivo2
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokustematyk
Learst

om dy yn te libjen yn de oerwegings en emoasjes fan de haadpersoan

Opdracht

Freya kiest foar in abortus om oan har swangerskip in ein te meitsjen. Se hat ek oerwage en krij it berntsje al, om it sels grut te bringen of om it ôf te stean. By elke kar spylje op it stuit dat er nommen wurdt mar soms ek letter, in soad emoasjes.

1. Lês side 54 o/m 64, side 105 o/m 118 en side 133 o/m 143 noch in kear. Beskriuw yn inkele sinnen wêr't elke episoade oer giet.

2. Hat Freya fan te foaren muoite mei it beslút dat se nimt? Lis dyn antwurd út en ûnderbou dat mei in episoade út it boek.

3. Besjoch it filmke fan boarne 1 en lês op boarne 2 in tal ferhalen oer de
gefoelens fan fammen dy't in abortus ûndergien hawwe. Ferlykje dat mei hoe't Freya tinkt yn it tredde stikje datst lêzen hast. Binne der in soad oerienkomsten of krekt mear ferskillen? Lis dyn antwurd út.

4. It liket oft Freya gau oer it ûndergean fan de abortus hinne is as se it ien kear
oan har âlden ferteld hat. Lis út wat dyn miening dêr oer is.

Boarnen

[1] Fideo foar jongeren oer twa famkes fan 16 jier dy't swanger west hawwe. De iene hat de poppe krigen, de oare hat in abortus ûndergien. Gean nei video om it proramma op de website te besjen. >>>
[2] Ferhalen fan jonge memmen en wat sy ûnderfine, website tienermoeders, gean nei 'verhalen'.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma




Salsafamke* - Jong, Hanneke denivo 1

Salsafamke*

skriuwer :Jong, Hanneke de
Jier:2008
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:143
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:abortus, Curaçao (F), dûnsje, fakânsje, seks
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Salsafamke hat yn 2010 de Simke Kloostermanpriis wûn foar it beste Fryske jeugdboek. It boek is der ek as harkboek. Salsafamke is oerset yn it Nederlânsk as Salsameisje. It boek is te keap by de skriuwster.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Salsafamke* - Jong, Hanneke denivo 1

Salsafamke*

skriuwer :Jong, Hanneke de
Jier:2008
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:143
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:abortus, Curaçao (F), dûnsje, fakânsje, seks
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Salsafamke hat yn 2010 de Simke Kloostermanpriis wûn foar it beste Fryske jeugdboek. It boek is der ek as harkboek. Salsafamke is oerset yn it Nederlânsk as Salsameisje. It boek is te keap by de skriuwster.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Salsafamke* - Jong, Hanneke denivo 1

Salsafamke*

skriuwer :Jong, Hanneke de
Jier:2008
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:143
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:abortus, Curaçao (F), dûnsje, fakânsje, seks
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Salsafamke hat yn 2010 de Simke Kloostermanpriis wûn foar it beste Fryske jeugdboek. It boek is der ek as harkboek. Salsafamke is oerset yn it Nederlânsk as Salsameisje. It boek is te keap by de skriuwster.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Salsafamke* - Jong, Hanneke denivo 1

Salsafamke*

skriuwer :Jong, Hanneke de
Jier:2008
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:143
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:abortus, Curaçao (F), dûnsje, fakânsje, seks
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Salsafamke hat yn 2010 de Simke Kloostermanpriis wûn foar it beste Fryske jeugdboek. It boek is der ek as harkboek. Salsafamke is oerset yn it Nederlânsk as Salsameisje. It boek is te keap by de skriuwster.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Salsafamke* - Jong, Hanneke denivo 1

Salsafamke*

skriuwer :Jong, Hanneke de
Jier:2008
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:143
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:abortus, Curaçao (F), dûnsje, fakânsje, seks
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Salsafamke hat yn 2010 de Simke Kloostermanpriis wûn foar it beste Fryske jeugdboek. It boek is der ek as harkboek. Salsafamke is oerset yn it Nederlânsk as Salsameisje. It boek is te keap by de skriuwster.

 

Yntroduksje

Hanneke de Jong (berne yn 1952) groeide op yn Sint Nyk. Har heit wie dêr ûnderwizer. Sy waard dat ek, earst yn it basisûnderwiis en nei in stúdzje Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Letter wurke se op de pr-ôfdieling fan in skoallemienskip. Se hat fan jongs ôf oan al skreaun, yn it begjin foaral mearkes. Se skriuwt no benammen berneboeken en jongereinboeken oer problemen dêr't jongeren mei te meitsjen krije. Fryske jongereinboeken fan har dy't ek yn it Nederlânsk ferskynd binne: De lêste brief, Sterke skouders en Salsafamke. Sterke skouders krige in plak op de IBBY-earelist en Salsafamke de Simke Kloostermanpriis. Hanneke de Jong wurket ek gear mei Dolf Verroen, tegearre ha se it boek Time out skreaun

Ynhâld

Freya fan 14 giet mei har âlden en broerke op fakânsje nei Curaçao. Dêr rint har âldste broer staazje. Se leart Guido kennen, in maat fan har broer. Hy leart har de salsa. As se mei him dûnset wit Freya al gau dat se him ha wol, wat se der ek foar dwaan moat. Ienkear werom yn Nederlân blykt dat de fakânsje net sûnder gefolgen west hat. Mei wa kin se oer har problemen prate? Wat moat se dwaan?

Swierte

Koarte haadstikken, in soad dialogen, koarte sinnen skreaun yn gongbere Fryske wurden, dat makket it boek maklik lêsber foar N1-lêzers. It skeakeljen tusken de haadstikken, dy't har ôfspylje yn it no yn Nederlân en it doe op Curaçao, is goed te dwaan, ek om't dat troch it tekentsje boppe de haadstikken goed markearre is. Troch de beskriuwing fan Curaçao en fan de rol fan it dûnsjen fan de salsa kinne lêzers har maklik ferpleatse yn it ferhaal fan de smoarferlyfde Freya, har gedachten en gefoelens. Werom yn Nederlân komme de gefolgen oan de oarder. N1-lêzers en seker ek N2-lêzers sille har ynlibje kinne yn de fragen dêr't Freya mei wrakselet, sa as: wa nimme je yn fertrouwen, hoe fertelle je wêr't je mei sitte, wat is de oplossing fan it probleem.

Didaktyske en letterkundige analyse

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn it dilemma fan in famke fan 14 dat swanger is. Dat sil foar famkes makliker wêze as foar jonges. It blykt yn de praktyk dat jonges it ek wol wurdearje.

Ynteresses

Problemen dêr't jongeren fan no mei wrakselje.

Algemiene kennis

Algemiene kennis is net fereaske.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It gebrûk fan wurden yn gongber Frysk, sa't learlingen dy sels brûke, makket Salsafamke maklik lêsber.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne ienfâldich en koart.

Styl

De koarte sinnen en haadstikken, de dialogen dy't in soad brûkt wurde en Frysk sa't de lêzers it sels brûke, meitsje dit boek geskikt foar jonge lêzers fan nivo N1 en heger.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Aksje spilet him yn beide dielen ôf. Yn de haadstikken oer Curaçao is dy aksje luchtich as in (salsa)dûns, yn de haadstikken yn Nederlân is it swierder. Der binne prakkesaasjes oer in net winske swangerskip en hoe dat op te lossen.

Gronology

De twa ferhalen: de iene no yn Nederlân en de oare earder op Curaçao wurde beide gronologysk ferteld. Wol wurdt der hieltyd wiksele tusken beide, mar dat is goed oanjûn.

Ferhaalline(n)

It boek begjint mei in beskriuwing fan in salsadûns fan ien side. Dêrnei bestiet it út twa ferhaallinen: ien no yn Nederlân en ien doe op Curaçao. Tusken beide wurdt hieltyd skeakele. Foar N1-lêzers sil dat dúdlik wêze, krekt lyk as it ferbân tusken beide. 

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld út it personaal perspektyf út de haadpersoan Freya wei.

Betsjutting

Salsafamke is in orizjineel jongereinboek oer in wichtich ûnderwerp as abortus mar tagelyk net leadswier of prekerich.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Freya is de haadpersoan en har beppe is njonken har as har riedjouster de belangrykste persoan. Fierder it gesin dêr't Freya ta heart, har broer Roelof en syn maat Guido op Curaçao.  

Oantal karakters

Der binne wol in soad karakters, mar mar inkelde dy't fan belang binne.

Untjouwing fan de karakters

Freya makket de grutste ûntjouwing troch. Fan in famke fan 14 dat alles dwaan wol om in jonge man oan har te binen oant it wrakseljen mei en ta in beslút kommen oer it al dan net ôfbrekken fan in swangerskip.

Ferantwurding

Webside fan de skriuwster

Relevante  boarnen foar dosinten

Sietse de Vries, fraachpetear mei de skriuwster, LC 4 april 2008
Boekprofyl mei fierdere ynformaasje op sirkwy.nl

Skreaun troch

Lieukje Leistra-Reidsma