Fries

Sterke skouders* - Jong, Hanneke denivo 1

Sterke skouders*

skriuwer :Jong, Hanneke de
Jier:2004 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Koperative Utjowerij
Plak fan útjefte:Easterein
Oantal siden:127
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:eilânlibben, famylje, ferline, heit-soanrelaasje, leafde, rasisme
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De tekst fan Sterke skouders is opnommen yn de dbnl.
De Koperative Utjowerij hâlde yn 2007 op fan bestean. Dit boek is yn de hjerst fan 2014 op 'en nij útjûn.

 

Oer de skriuwer

Hanneke de Jong groeide op yn Sint Nyk. Har heit wie dêr ûnderwizer en Hanneke is dat letter ek wurden. Letter fogle se de learareopleiding Fysk en hat se in skoft as dosint Frysk wurke. Se wurket no op de kommunikaasjeôfdieling fan skoallemienskip Piter Jelles. Hanneke de Jong hat fan jong ôf al mei skriuwen oan de gong west. Se skriuwt no benammen berneboeken en jongereinboeken. Bekende Fryske boeken fan har binne De lêste brief, Sterke skouders en Salsafamke. Yn har boeken giet se de problemen dêr't jongerein soms mei te krijen ha net út de wei, lykas fersteurde relaasjes mei heit en/of mem. Sterke skouders krige in plak op de IBBY-earelist. Se set har boeken ek oer yn it Hollânsk.

Ynhâld

Willem komt fan in waadeilân, mar hy wennet no oan 'e wâl by syn omke en muoike. Der is eartiids wat bard mei syn heit en dêrtroch sit Willem no net mear op it eilân. Wat is dêr krekt bard? Dêr giet Willem nei op syk. Stikje foar stikje wurd de lispuzzel kompleet. It wurdt ek in syktocht nei it ferline fan syn heit. Willem sit op skoalle yn Ljouwert en hat dêr as freon Liban, in ama, in alllinnesteande minderjierrige asylsiker. Dy freon sil hiel wat foar him betsjutte. En dan binne ek Angelique en Marij der noch, twa wol hiel ferskillende froulju foar Willem.

Lêsoanwizings

Der spilet hiel wat by Willem yn de holle om. Dêr lêst oer yn dit boek. De fragen dêr't er mei sit, en de antwurden dy't er siket. Dit boek jout dy mear minskekennis. Der komme ek beskriuwingen fan filmfragminten yn it boek foar. Dat kin wolris wat dreech wêze. Willem belibbet yn dy gedielten syn ferline wer.

Om oer te prakkisearjen

Wat ha sterke skouders te betsjutten yn in heit-soanrelaasje? Hoe sil it wêze foar in eilânbewenner om op it fêstelân wenje te moatten? Wat bart der mei ien dy't jierren net by syn eigen heit en mem wennet?

Wurdearring

'Hanneke de Jong hat op 'e nij sjen litten dat se in knappe jeugdroman komponearje kin mei in boeiende, hjoeddeiske tematyk, yn linich Frysk mei in knappe literêre struktuer. Sokken mear.'
Jant van der Weg yn it Frysk Deiblêd

'Hanneke de Jong weet wat ze niet moet zeggen'.
Monique Snoeijing yn de NRC

Mear witte?

Jelle van der Meulen op syn Fryske literatuerside oer dit boek
Hanneke de Jong, webside

Skreaun troch

Syb van der Ploeg

Suggestjes


Sterke skouders* - Jong, Hanneke denivo 1

Sterke skouders*

skriuwer :Jong, Hanneke de
Jier:2004 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Koperative Utjowerij
Plak fan útjefte:Easterein
Oantal siden:127
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:eilânlibben, famylje, ferline, heit-soanrelaasje, leafde, rasisme
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De tekst fan Sterke skouders is opnommen yn de dbnl.
De Koperative Utjowerij hâlde yn 2007 op fan bestean. Dit boek is yn de hjerst fan 2014 op 'en nij útjûn.

 

Opdrachten

BoekJong, Hanneke de, Sterke skouders*
NûmerN1/1
nivo1
Stúdzjelêst 1slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusbetsjutting
Learst

om nei te tinken oer de bestsjutting fan dit boek

Opdracht

Besjoch de boekomslaggen fan Sterke skouders yn it Frysk en Sterke schouders yn it Hollânsk hjirûnder.

1. Meitsje in beskriuwing fan beide omslaggen, fertel oer: foto/yllustraasje, hokker sêne út boek is ôfbylde (sidenûmer), lettertype en -grutte, watfoar kleuren ensfh.

2. Hokker omslach fynst it moaiste? Jou arguminten foar dyn antwurd.

3. Sterke skouders stiet op de IBBY-earelist. Stel dat it boek yn it Ingelsk útjûn waard en dêr in nije omslach foar komme moast. Watfoar tips soest de ûntwerper dan jaan wolle om in alternatyf te betinken? Tink dêrby oan de punten dy't by fraach 2 oan de oarder kamen.

 

Sterke skouders 2004 301x478

 

Sterke schouders 2005 301x489

Makke trochSyb van der Ploeg



BoekJong, Hanneke de, Sterke skouders*
NûmerN1/2
nivo1
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusiepen plakken
Learst

om te reflektearje oer de iepen plakken yn dit boek

Opdracht

Yn it boek sitte iepen plakken (sjoch útlis by literêre teory oer 'iepen plakken' of yn de boarne). Dy roppe hieltyd in fraach op. De measte fragen wurde yn it lêste haadstik beantwurde.  Yn it skema hjirûnder moatst neist elk iepen plak oanjaan hokker fraach oft dit by dy opropt.

Lês haadstik 12 goed troch en jou by elke fraach oan hoe't haadstik 12 dyn fraach beantwurdet.

Side út it boek

Sêne út it boek it iepen plak.

Wat is de fraach dy'tst stelle kinst?

Hoe wurdt de fraach yn haadstuk 12 beantwurde?

12

Acht jier wie ik doe't ik pesten waard, omdat der wat mei ús heit wie op de skoalle dêr't er lesjoech.

 

 

33

Heit. Mei him oer it strân rinne. Oer de weachjes springe, sadat de broek earst mei dripkes, letter mei grutte spatten wiet waard. En as ik útboarte wie, fytsten we werom. Ik fiel noch syn grutte hân op 'e rêch. Soe hy der wolris oan werom tinke?

 

 

38

Stroetinga! Dy namme ken ik. It bloed rint my sa gau út 'e holle, dat ik my oan 'e stelling beetgripe moat. Ik sjoch it minske nochris oan. Dit is se dus, de frou dy't ús heit de kop gek makke. Hy koe har bloed wol drinke! Ik kin sa wer hearre hoe't er har namme útkoarre: 'Stroetinga!' Mar wat en hoe, dat hat er noait ferteld.

 

 

45

Wêrom moast ik fuort?

 

 

71

'Bliuw tenei mei de poaten fan myn dochter ôf!'

 

 

85

'Heit, heit, wêrom litstû neat fan dy hearre? Heit, heit!'

 

 

93

'Mar wat se ek fan dyn heit sizze, it is net wier. Silst dat noait ferjitte?'

 

 

(Literêre) teory

Verhalen worden spannend als ze open plekken bevatten. Een open plek is iets wat voor de lezer verborgen wordt gehouden, iets wat het verhaal voorlopig verzwijgt. Een open plek roept een vraag op bij de lezer, bijvoorbeeld: Wat is de hoofdpersoon van plan? Of: Hoe lost de hoofdpersoon dit probleem op? Je leest verder, omdat je een antwoord op die vraag wilt krijgen.
út Op niveau bovenbouw 3 vmbo-gt. Ruud A.J. Kraaijeveld e.o., side 52.

Boarnen

Basisboek Literatuur, Joke van Balen e.o., side 191-192

Makke trochSyb van der Ploeg



BoekJong, Hanneke de, Sterke skouders*
NûmerN1/3
nivo1
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te identifisearjen mei persoanen út it boek

Opdracht

Willem ferwyt syn heit nochal wat yn it boek. Hy hat in soad fragen dy't er syn heit geande it boek stelt.Syn fragen binne bygelyks:

* Wat gie der ferkeard op it wurk fan heit?
* Wêrom moast ik, Willem, fan it eilân ôf?
* Wat hie de famylje Stroetinga foar rol yn it konflikt op heit syn skoalle?
* Wêrom ferhuzen heit en mem net om by my, Willem, te wêzen?
* Wêrom kaam heit noait by my op besite?       

1. Op al dy fragen krijt Willem pas yn haadstik 12 antwurd. Dat hie earder kind. Willem hie heit in brief skriuwe kind. Skriuw do heit dy brief út it perspektyf fan Willem wei.

2. Skriuw ek in brief as antwurd út it perspektyf fan de heit fan Willem wei. Lês dan earst wol haadstik 12 nochris.

Makke trochSyb van der Ploeg




Sterke skouders* - Jong, Hanneke denivo 1

Sterke skouders*

skriuwer :Jong, Hanneke de
Jier:2004 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Koperative Utjowerij
Plak fan útjefte:Easterein
Oantal siden:127
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:eilânlibben, famylje, ferline, heit-soanrelaasje, leafde, rasisme
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De tekst fan Sterke skouders is opnommen yn de dbnl.
De Koperative Utjowerij hâlde yn 2007 op fan bestean. Dit boek is yn de hjerst fan 2014 op 'en nij útjûn.

 

Opdrachten

BoekJong, Hanneke de, Sterke skouders*
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyn twatal
Fokusrollen
Learst

om te reflektearjen op de relaasjes tusken de personaazjes en de rol dy't elk spilet

Opdracht

1. Meitsje in list fan de sân wichtichste persoanen út dit boek en jou oan hokker relaasje se ha mei de haadpersoan.

2. Wat is het grutste doel fan de haadpersoan, Willem Jacob Jagersma?

3. Set achter de nammen fan opdracht 1 hokker rol oft se spylje by it berikken fan Willem syn doel. Binne se helper, tsjinstanner, ôfsidige, slachtoffer of begeunstige?
Sjoch by literêre teory de útlis oer de ferskillende rollen dy't personaazjes ha kinne..

4. Beskriuw by alle neamde personaazjes wat har eigen belang is by it berikken fan it doel fan de haadpersoan. Wêrom spilet dit personaazje dizze rol?

5. Besjoch dyn resultaat. Falle dy noch opfallende saken op oer de personaazjes, en sa ja, wat foar?

6. Hokker rollen út de literêre teory komme net yn Sterke skouders foar en wat foar gefolgen hat dat foar it boek?

(Literêre) teory

De rol fan in personaazje is altyd ferbûn mei it doel dat de haadpersoan foar eagen hat. It giet dan om dizze rollen:

Haadpersoan - wol in bepaald doel berikke.
Helper - wol de haadpersoan helpe dit doel te berikken.
Tsjinstanner - wol net dat de haadpersoan syn doel berikt, mar wurket tsjin.
Ofsidige - hat neat te krijen mei it doel fan de haadpersoan.
Slachtoffer - helpt de haadpersoan net om syn doel te berikken, mar hat der wol lêst fan as de haadpersoan syn doel berikt.
Begeunstige - helpt de haadpersoan net om syn doel te berikken mar hat der wol  foardiel fan as de haadpersoan syn doel berikt.

Makke trochSyb van der Ploeg



BoekJong, Hanneke de, Sterke skouders*
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om te reflektearjen op de tematyk

Opdracht

Oer in titel wurdt troch skriuwer en útjouwer goed neitocht. Wêrom hyt dit boek no Sterke skouders en net bygelyks: Willem en Marij, De ôfwêzige heit, In eilângeheim of Yn 'e steek litten ?

1. Lis by elke boppeneamde titel út wêrom oftst dy titel better of krekt minder fynst as Sterke skouders.

2. Betink sels trije oare titels foar Sterke skouders. Lis út wêrom oftst dy better fynst as Sterke skouders.

3. Wêrom hat de skriuwster keazen foar Sterke skouders ? Lês side 98. Hokker relaasje hat dizze titel mei de tematyk fan it boek?

Makke trochSyb van der Ploeg



BoekJong, Hanneke de, Sterke skouders*
NûmerN2/3
nivo2
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyn twatal
Fokuspersonaazjes
Learst

om de relaasje tusken haadpersoan en de byfigueren yn kaart te bringen

Opdracht

Willem hat oer de measte  persoanen út Sterke skouders wol in miening.
Lit him dat mar sizze yn de tabel by A.
Jimme jouwe jim eigen miening oer in personaazje yn de tabel by B.
Yn C ferlykje jimme jim eigen miening mei dyn fan Willem en sette dat yn in tabel.

A Hoe tinkt Willem neffens jimme oer de personaazjes?

Personaazje

Stiet Willem posityf, negatyf, of neutraal tsjinoer

Koarte útlis

Kees Jagersma, heit fan Willem

 

 

Anne Jagersma, mem fan Willem

 

 

Marij, freondinne fan Willem

 

 

Liban, ama en freon fan Willem

 

 

Jaike suske fan Willem

 

 

Lys, suster fan mem fan Willem. By dizze tante wennet Willem

 

 

Simen, de man fan Lys

 

 

Miranda Stroetinga, troch Kees út 'e klasse set

 

 

Angelique, (Willem iepent it boek mei har mei in beugelbektút)

 

 

Gerlof, syn maat fan de basisskoalle op it eilân

 

 

Sytske, maatskiplik wurkster

 

 


B
Hoe tinke jimme as lêzers oer de personaazjes út Sterke skouders?

Personaazje

Steane wy posityf, negatyf, neutraal tsjin oer

Koarte útlis

Kees Jagersma, heit fan Willem

 

 

Anne Jagersma, mem fan Willem

 

 

Marij, freondinne fan Willem

 

 

Liban, ama en freon fan Willem

 

 

Jaike suske fan Willem

 

 

Lys, suster fan mem fan Willem. By dizze tante wennet Willem

 

 

Simen, de man fan Lys

 

 

Miranda Stroetinga, troch Kees út 'e klasse set

 

 

Angelique, (Willem iepent it boek mei har mei in beugelbektút)

 

 

Gerlof, syn maat fan de basisskoalle op it eilân

 

 

Sytske, maatskiplik wurkster

 

 


C
Ferlykje de resultaten fan de tabellen by A en B, bepraat de ferskillen en folje dan de tabel hjirûnder yn.

Personaazje

Tinke wy itselde, positiver of negativer as Willem oer it personaazje ?

Mooglike ferklearring fan it ferskil

Kees Jagersma, heit fan Willem

 

 

Anne Jagersma, mem fan Willem

 

 

Marij, freondinne fan Willem

 

 

Liban, ama en freon fan Willem

 

 

Jaike suske fan Willem

 

 

Lys, suster fan mem fan Willem. By dizze tante wennet Willem

 

 

Simen, de man fan Lys

 

 

Miranda Stroetinga, troch Kees út 'e klasse set

 

 

Angelique, (Willem iepent it boek mei har mei in beugelbektút)

 

 

Gerlof, syn maat fan de basisskoalle op it eilân

 

 

Sytske, maatskiplik wurkster

 

 

Makke trochSyb van der Ploeg




Sterke skouders* - Jong, Hanneke denivo 1

Sterke skouders*

skriuwer :Jong, Hanneke de
Jier:2004 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Koperative Utjowerij
Plak fan útjefte:Easterein
Oantal siden:127
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:eilânlibben, famylje, ferline, heit-soanrelaasje, leafde, rasisme
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De tekst fan Sterke skouders is opnommen yn de dbnl.
De Koperative Utjowerij hâlde yn 2007 op fan bestean. Dit boek is yn de hjerst fan 2014 op 'en nij útjûn.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Sterke skouders* - Jong, Hanneke denivo 1

Sterke skouders*

skriuwer :Jong, Hanneke de
Jier:2004 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Koperative Utjowerij
Plak fan útjefte:Easterein
Oantal siden:127
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:eilânlibben, famylje, ferline, heit-soanrelaasje, leafde, rasisme
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De tekst fan Sterke skouders is opnommen yn de dbnl.
De Koperative Utjowerij hâlde yn 2007 op fan bestean. Dit boek is yn de hjerst fan 2014 op 'en nij útjûn.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Sterke skouders* - Jong, Hanneke denivo 1

Sterke skouders*

skriuwer :Jong, Hanneke de
Jier:2004 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Koperative Utjowerij
Plak fan útjefte:Easterein
Oantal siden:127
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:eilânlibben, famylje, ferline, heit-soanrelaasje, leafde, rasisme
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De tekst fan Sterke skouders is opnommen yn de dbnl.
De Koperative Utjowerij hâlde yn 2007 op fan bestean. Dit boek is yn de hjerst fan 2014 op 'en nij útjûn.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Sterke skouders* - Jong, Hanneke denivo 1

Sterke skouders*

skriuwer :Jong, Hanneke de
Jier:2004 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Koperative Utjowerij
Plak fan útjefte:Easterein
Oantal siden:127
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:eilânlibben, famylje, ferline, heit-soanrelaasje, leafde, rasisme
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De tekst fan Sterke skouders is opnommen yn de dbnl.
De Koperative Utjowerij hâlde yn 2007 op fan bestean. Dit boek is yn de hjerst fan 2014 op 'en nij útjûn.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Sterke skouders* - Jong, Hanneke denivo 1

Sterke skouders*

skriuwer :Jong, Hanneke de
Jier:2004 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Koperative Utjowerij
Plak fan útjefte:Easterein
Oantal siden:127
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:eilânlibben, famylje, ferline, heit-soanrelaasje, leafde, rasisme
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De tekst fan Sterke skouders is opnommen yn de dbnl.
De Koperative Utjowerij hâlde yn 2007 op fan bestean. Dit boek is yn de hjerst fan 2014 op 'en nij útjûn.

 

Yntroduksje

Hanneke de Jong waard berne yn 1952 en groeide op yn Sint Nyk. Har heit wie dêr ûnderwizer en Hanneke is dat letter ek wurden. Se folge de en mo-oplieding Frysk en wurke in skoft as dosint yn it middelber ûnderwiis. Letter stapte se oer nei de kommunikaasjeôfdieling fan skoallemienskip Piter Jelles. Se hat fan jong ôf al skreaun. Se skreau benammen berneboeken en jongereinboeken. Har bekendste Fryske jongereinboeken binneDe lêste brief, Sterke skoudersen Salsafamke. Sterke skouders krige in plak op de IBBY-earelist. De jongereinboeken set se ek oer yn it Hollânsk. FoarDe laatste brief krige se fan de Zoensjuery yn 2002 in earfolle fermelding. Hja wurket somtiden gear mei Dolf Verroen, tegearre ha se it boekTime out skreaun. Yn har wurk komme allerhanne problemen oan de oarder dêr't jongerein mei te krijen hat lykas fersteurde relaasjes mei (ien fan de) de âlden of abortus.

Ynhâld

Willem komt fan in waadeilân, mar hy wennet no oan 'e wâl by syn omke en muoike. Der is eartiids wat bard mei syn heit en dêrtroch sit Willem no net mear op it eilân. Wat is dêr krekt bard? Dêr giet Willem nei op syk. Stikje foar stikje wurd de lispuzzel kompleet. Heit wie learaar op in mafû, mar hy koe min oarder hâlde. Hy pakte in learlinge te bot oan en waard dêrtroch twongen op te hâlden mei syn wurk. Dat wurdt geandewei yn dit boek dúdliker. Willem sit op skoalle yn Ljouwert en hat dêr as freon Liban, in ama, in allinnesteande minderjierrige asylsiker. Dy freon sil hiel wat foar him betsjutte. Yn it begjin fan it boek hat Willem wat mei Angelique. Letter kriget er gefoelens foar Marij dy't in positive ynfloed op him ha.

Swierte

Der sit net folle aksje yn dit boek. De learling moat him ynlibje yn in probleem, it probleem fan wat it ferline fan in heit mei in bern docht. Haadpersoan Willem hat ek allegear gefoelens en gedachten oer syn âlden. Wêrom ha se him net mear ferteld ensafuorthinne. Yn dy wrâld moat de learling komme wolle. It psychologyske gehalte fan dit boek is frij heech. Dat kin foar in N1-lêzer dy't mear aksje wol, wolris dreech wêze. In N2-lêzer sil yn de psychologyske kanten fan dit boek wol dingen út de eigen wrâld weromkenne.

Didaktyske en letterkundige analyse

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De learling moat it net te dreech fine om te lêzen oer problemen dy't benammen psychologysk fan aard binne.

Ynteresses

De learling moat ynteresse ha yn wat der yn minsken omgiet as dy wat slims ûnderfûn ha.

Algemiene kennis

Algemiene kennis is net nedich.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Is likemin nedich.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is net lestich, der komme gjin drege wurden yn foar.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne ienfâldich, koart en yn 'e notiid skreaun.

Styl

It boek is skreaun yn flotte populêre jongereintaal.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der sit net botte folle aksje yn dit boek.

Gronology

It ferhaal wurdt gronologysk ferteld, mar der komme hieltyd filmfragminten yn foar. Dy wurkje as flahbacks. Se helje it tempo wolris út it ferhaal. Se kinne foar in N1-lêzer ek dizich wêze. Dat sil in N1-lêzer net noflik fine.

Ferhaalline(n)

De ferhaalline fan haadpersoan Willem is de iennichste.

Perspektyf

Der is in fertellend ik-perrspektyf. Foar de N1-lêzer wurdt dat wolris wat dreech. It
kommentaar fan de ferteller hellet it tempo wat út it belibjen fan it ferhaal.

Betsjutting

Guon resinsinten ha har as folget útlitten oer de betsjutting fan Sterke schouders.
'Hanneke de Jong hat op 'e nij sjen litten dat se in knappe jeugdroman komponearje kin mei in boeiende, hjoeddeiske tematyk, yn linich Frysk mei in knappe literêre struktuer.'
'Jeugboekenschrijfster Hanneke de Jong schreef met Sterke schouders een prachtige kleine roman die door zowel volwassenen als wat oudere jeugd te lezen is. Het is een verademing te zien hoe in wezen weinig spectaculaire gebeurtenissen zo'n treffend boek opleveren.'
'De Jong laat zien waar ze goed in is: het blootleggen van emoties als verliefdheid en beginnende vriendschap, en levensechte dialogen waarin het ongemak voelbaar is omdat ze vooral veelzeggend zijn door wat niet wordt verteld. Dan vallen opeens ook de filmfragmenten op hun plek.'

Fertroud-heid mei literêre personaazjes

Karakters

De skriuwster jout de karakters djipte. Se slagget deryn om ek de byfigueren sa del te setten dat de lêzer se kennen leart. Bygelyks Angelique blykt dochs  in bitch te wêzen en har karakter ûnjout him wat yn it boek. Se is yn 't earst oan net maklik foar Willem. Letter beskuldiget se Dekkers, in learaar, falsk.
Willem is gefoelich, dat blykt yn it gedielte oer syn migrêne. Syn agressive kant kom nei foaren yn it fragmint dêr't er it bluodrich kompjûterspultsje 'African War' spilet. Dêr docht er Liban sear mei, mar hy wol it dêrnei wer yn 'e oarder meitsje mei Liban.

Oantal karakters

It oantal karakter is beheind en foar N1-lêzers te oersjen.

Untjouwing fan de karakters

Benammen it karakter fan Willem ûnjout him. Earst hat er gjin begryp foar syn heit. Oan de ein fan it boek seit er: 'Dit is myn heit, tink ik, en hy is gjin sloppeling, want hy is net flechte, foar gjinien! De skoallemaatskiplik wurkster, Liban en Marij ha him ta stipe west yn dizze ûntjouwing. Ek it karakter fan Liban sjogge wy feroarjen. Liban hat petearen mei it maatskiplik wurk hân en ferwurket syn trauma's mei perkusje. Én Angelique blykt by einsluten in fekke ('bitch') te wêzen. Se is yn 't earst oan net maklik foar Willem.

Ferantwurding

 

Op sirkwy: biografyske skets
Jant van der Weg, Friesch Dagblad 15-12-2004
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite.
Monique Snoeijen, NRC 08-04-2005

Relevante boarnen foar dosinten

 

Karen Bies, fraachpetear yn 'De koperen tún', 21-11-2004
Resinsjes te finen op sirkwy, oan de ein fan it boekprofyl.

Skreaun troch

Syb van der Ploeg