Fries

Tin iis* - Mulder, Tinynivo 2

Tin iis*

skriuwer :Mulder, Tiny
Jier:1981 [6de pr. 2014]
Utjouwer:de Tille
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:305
Sjenre:oarlochsroman
Stekwurden:adolesinsje, famylje, ferset, Twadde Wrâldoarloch
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Tiny Mulder hat yn it boek har eigen oarlochsûnderfiningen ferwurke. It boek is troch de skriuwster sels oerset nei it Nederlânsk (Gevaarlijk ijs, 1987). Tin iis is ek digitaal beskikber op de dbnl.

 

Oer de skriuwer

Tiny Mulder (1921-2010) is ien fan de belangrykste Fryske skriuwsters fan nei de oarloch. Se wie sjoernalist fan berop. Har literêr wurk bestiet út berneboeken, resinsjes, romans, gedichten en oersettingen. Yn 1986 krige se de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre. Har wurk is altyd posityf ûntfongen troch de kritisy en se waard wurdearre om har fakmanskip en ynset. Fierders is se bekend wurden as fersetsfrou. Yn Tin iis hat sy har ûnderfiningen as fersetsfrou ferwurke. Yn 2006 ferskynde der in biografy oer har, Foar alles is in tiid, skreaun troch Geart de Vries.

Ynhâld

Yn Tin iis wurdt ferteld oer de lêste oarlochsjierren fan de famylje Jagersma. Haadpersoan is Klaske, de jongste dochter út dy húshâlding. By de Jagersma's is in joadsk famke ûnderdûkt. Klaske har suster Dineke sit yn it ferset en bringt geregeld foar in koart skoft ûnderdûkers by de Jagersma's. Dat soarget foar spannende situaasjes en it fereasket absolute geheimhâlding fan elkenien. Dat is net altyd maklik. Stadichoan wurdt Klaske troch har suster yn it ferset behelle. Nei de befrijing ta wurdt it hieltyd spannender oft de Jagersma's de ein fan de oarloch helje sûnder ferret te wurden...

Lêsoanwizings

Mei Tin iis hast in spannend boek yn 'e hannen. It boek begjint yn 1942, as Klaske der ynienen in suske by krijt. Silst fernimme datst samar yn it ferhaal sitst. Geandewei wurdt it hieltyd spannender, want dan krijt Klaske opdrachten yn it ferset. Soe de famylje Jagersma it oant de ein fan de oarloch úthâlde? Of wurde se ferret? En hoe rint it ôf mei de fersetshelden yn it boek?

Om oer te prakkisearjen

Hoe is it om hieltyd yn eangst libje te moatten? Hoe is it as der ynienen in frjemd famke by dy yn 'e hûs komt te wenjen? Soesto in oar helpe as dyn eigen libben dêrmei yn gefaar komt? Hoe fier moat in minsk gean om in oar te helpen?

Wurdearring

'Ik fûn it in moai boek om te lêzen omdat it wier bard is. Wat fierder ast yn it boek komst, wat spannender as it wurdt, omdat se hieltyd mear belutsen reitsje by it ferset.
Henk Jan, 4 vwo (oerset sitaat fan scholieren.com)

Ik fyn it boek ynteressant omdat ik de Twadde Wrâldoarloch hiel boeiend fyn. As der Dútsers foarkomme yn it boek is it sa spannend, datst de kommende haadstikken yn ien kear trochlêze wolst.
Ruthger, 3 vmbo (oerset sitaat fan scholieren.com)

Mear witte?

Sjoch op sirkwy.nl foar ynformaasje oer Tiny Mulder en de resinsjes by it boekprofyl.

Skreaun troch

Gerbrich de Jong

Suggestjes


Tin iis* - Mulder, Tinynivo 2

Tin iis*

skriuwer :Mulder, Tiny
Jier:1981 [6de pr. 2014]
Utjouwer:de Tille
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:305
Sjenre:oarlochsroman
Stekwurden:adolesinsje, famylje, ferset, Twadde Wrâldoarloch
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Tiny Mulder hat yn it boek har eigen oarlochsûnderfiningen ferwurke. It boek is troch de skriuwster sels oerset nei it Nederlânsk (Gevaarlijk ijs, 1987). Tin iis is ek digitaal beskikber op de dbnl.

 

Opdrachten

BoekMulder, Tiny, Tin iis*
NûmerN1/1
nivo1
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmiening
Learst

om dyn miening te ferwurdzjen

Opdracht

Hjirûnder sjochst seis stellingen oer Tin iis. Jou per stelling oan oftsto it der mei iens bist of net en sykje by dyn antwurd foarbylden út it boek.

1. 'Tin iis is in spannend boek.'
2. 'De mem fan Klaske is in heldin.'
3. 'It taalgebrûk fan Tiny Mulder is goed te begripen.'
4. 'Ik fyn Tin iis in goed boek, omdat it wier bard is.'
5. 'It is net te begripen dat Klaske de oarloch soms wol leuk fynt.'
6. 'Ik soe wol mei Klaske befreone wêze wolle.'

Makke trochGerbrich de Jong



BoekMulder, Tiny, Tin iis*
NûmerN1/2
nivo1
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om nei te tinken oer de betsjutting fan de titel

Opdracht

1. Wat fynst fan de titel Tin iis? Sprekt er dy oan? Wêrom wol of net?

2. In kear of acht komme de wurden 'tin iis' werom yn it boek. Hjirûnder sjochsto trije foarbylden fan fragminten dêr't dy wurden yn foarkomme. Besjoch dy fragminten. Wat betsjut it as Klaske 'tin iis' tinkt of in 'tin-iis-gefoel' hat?

Hoechst net nei kantoar? En ...,' begûn heit.
'Ferbeane fraach,' sei Dineke.
De rêst koe wol foarby wêze. Ik krige tin-iis-gefoel. Se die klean oan as soe se nei de Noardpoal. 'Hat mem in sjaal foar Pyt?' Pyt krige in sjaal en fuort wiene se.      
s. 61

Wat, as Dineke net weromkaam? Tin iis, tin iis.
s. 283

Ik waard mislik. Sa'n blydskip, en tin iis foar oaren. Tinkst allinne oan finzenen dy't frij wurde, net oan de folgjende kategory finzenen.
s. 292

3. Wêrom soe de skriuwster foar dizze titel keazen ha, tinkst?

4. Hjirûnder stiet de titel, oanfolle mei in pear alternative titels foar it boek. Betink sels ek noch twa titels en meitsje dan in top trije fan de bêste titels. Jou foar de bêste trije oan wêrom oftst dy sa goed fynst.  

* Tin iis
* Oarloch en Fryslân
* Heldemoed
* Frouljusferset
* .....
* ....

Makke trochGerbrich de Jong



BoekMulder, Tiny, Tin iis*
NûmerN1/3
nivo1
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusbetsjutting
Learst

om te reflektearjen op de betsjutting fan it ferhaal

Opdracht

Stel dy foar datst in foarmjouwer bist. In útjouwerij wol Tin iis op 'e nij útjaan en jout dy de opdracht om in omslach te meitsjen foar it boek. Ek oare foarmjouwers wurde frege. Fansels wolsto graach dat dyn omslach keazen wurdt.

1. Meitsje it omslach. Ast wolst, meist gebrûk meitsje fan besteande foto's of byldmateriaal. Soargje dat de namme fan it boek en de namme fan de skriuwster dúdlik (en oantreklik!) op it omslach steane.

2. Skriuw in tekst fan likernôch trijehûndert wurden dêr'tst yn útleist wêrom't dyn omslach sa goed en sa passend is. Brûk dêr foarbylden by út it boek. Kinst arguminten betinke dy't slagge op de ynhâld, op de personaazjes, alles kin, ast mar útleist wêrom.

Ta ynspiraasje steane hjirûnder eardere omslaggen fan it boek.

Tin _Iis _4x Omslach

Makke trochGerbrich de Jong




Tin iis* - Mulder, Tinynivo 2

Tin iis*

skriuwer :Mulder, Tiny
Jier:1981 [6de pr. 2014]
Utjouwer:de Tille
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:305
Sjenre:oarlochsroman
Stekwurden:adolesinsje, famylje, ferset, Twadde Wrâldoarloch
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Tiny Mulder hat yn it boek har eigen oarlochsûnderfiningen ferwurke. It boek is troch de skriuwster sels oerset nei it Nederlânsk (Gevaarlijk ijs, 1987). Tin iis is ek digitaal beskikber op de dbnl.

 

Opdrachten

BoekMulder, Tiny, Tin iis*
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokussjenre
Learst

om nei te tinken oer sjenreskaaimerken

Opdracht

1. Do hast in baantsje by de bibleteek en moatst in sjenre-sticker plakke op Tin iis. Twifelst oer de bêste sticker. It ikoan fan oorlog en verzet past goed, mar der binne ek oare mooglikheden.
Kies minstens trije ikoantsjes en lis per ikoan yn hûndert wurden út wêrom oftst fynst dat Tin iis dat ikoantsje krije kinne soe. Underbou dyn kar hieltyd troch foarbylden út it boek te jaan.

Bibliotheek _genre -iconen _497x 240

2. Tiny Mulder hat Tin iis skreaun as jongereinboek, mar it boek waard sa bot wurdearre troch folwoeksen lêzers dat it by lettere printingen net mear jongereinboek mar roman neamd waard. Fynsto Tin iis yn it earste plak in jongereinboek of fynst it ek geskikt foar folwoeksenen? Wêroan kinst fernimme dat Tiny Mulder it boek skreaun hat mei jongerein as doelgroep? Skriuw in tekst fan minstens trijehûndert wurden dêr'tst yngiest op dy fragen.

Boarnen

Op side 31-50 yn Basisboek Literatuur van Van Balen, Joosten en Peppelenbos, fynst in oersjoch fan ferskillende sjenres, dêr'tst by it meitsjen fan dizze opdracht wat oan ha kinst.

Makke trochGerbrich de Jong



BoekMulder, Tiny, Tin iis*
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om te reflektearjen op de ûntjouwing fan personaazjes

Opdracht

1. Hjirûnder sjochst twa sitaten út it boek dêr't Klaske kritysk tinkt oer har mem. Hoe is de relaasje tusken Klaske en har mem? Kinsto dy yntinke dat Klaske har soms ergeret oan har mem? Lis dyn antwurd út.

Wikenlang mocht ik mem foar myn eagen net sjen. Wie ik oergeunstich op Anneke, om't se safolle of tefolle oandacht fan mem krige?
s. 36

Yn gefaarlike situaasjes wie mem beretter as wa ek, mar se koe net oer lytse ûngeriven, dy't har opfettingen trochkrústen. Wat koe it de Heare skele as wy op klompen yn tsjerke kamen.
s. 136-137

2. Klaske is in saneamd round character (ast net mear krekt witst wat dat is, sjoch dan nei de tekst ûnder boarne 1). Beskriuw yn minstens twahûndert wurden de ûntjouwing dy't Klaske trochmakket en brûk dêr foarbylden by út it boek.

3. Jou fan de karakters hjirûnder oan oftsto tinkst dat se round of flat characters binne en lis út wêrom. Ast fynst dat it round characters binne, lis dan út wat foar ûntjouwing se neffens dy trochmeitsje.
* Anneke
* mem
* Dineke
* mefrou Pitstra

Boarnen

Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 106-107.
Fryske wikipedy, Round character en Flat character.

Makke trochGerbrich de Jong



BoekMulder, Tiny, Tin iis*
NûmerN2/3
nivo2
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te ferpleatsen yn in belangryk personaazje

Opdracht

Anneke wurdt yn de famylje Jagersma opnaam as ien fan de famylje. Hieltyd is dúdlik dat Anneke nei de oarloch werom gean sil nei har eigen heit en mem. Oan de ein fan it boek, as Nederlân befrijd is, giet Anneke yndie mei har heit en mem werom nei hûs. Anneke en Klaske ha inoar goed kennen leard. Stel dy foar dat Anneke en Klaske nei de oarloch kontakt meiinoar hâlde en brieven skriuwe.

Doch krekt of bist Anneke en skriuw in brief oan Klaske dêr'tst yn fertelst hoe't it no mei dy giet. Fertel ûnder oare hoe't it is om wer by dyn heit en mem te wenjen, dy'tst jierrenlang net sjoen hast. Helje ek herinneringen op fan dingen dy'tst by de famylje Jagersma belibbe hast.

Ast net witst hoe'tst begjinne moatst, kinst dit begjin oernimme:


Bêste Klaske,

It is alwer even lyn dat ik ôfskie fan jim nimme moatst. Ik bin bliid dat de oarloch foarby is en dat ik no wer by ús heit en mem wenje kin, mar..

Makke trochGerbrich de Jong




Tin iis* - Mulder, Tinynivo 2

Tin iis*

skriuwer :Mulder, Tiny
Jier:1981 [6de pr. 2014]
Utjouwer:de Tille
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:305
Sjenre:oarlochsroman
Stekwurden:adolesinsje, famylje, ferset, Twadde Wrâldoarloch
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Tiny Mulder hat yn it boek har eigen oarlochsûnderfiningen ferwurke. It boek is troch de skriuwster sels oerset nei it Nederlânsk (Gevaarlijk ijs, 1987). Tin iis is ek digitaal beskikber op de dbnl.

 

Opdrachten

BoekMulder, Tiny, Tin iis*
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusferteltechnyk
Learst

om nei te tinken oer hoe't spanning yn in ferhaal brocht wurdt

Opdracht

1. Fynsto Tin iis in spannend boek? Wêrom wol of net?

2. Wat fynsto it spannendste moment yn Tin iis? Lis dyn antwurd út.

3. Lês de teory ûnder  boarne 1 oer hoe't in skriuwer spanning yn in ferhaal bringe kin. Hoe hat de skriuwster foar spanning soarge yn de sêne dy'tsto by fraach 2 útsocht hast? Underbou dyn antwurd troch de sêne út it boek der by te belûken.

4. Fan wat foar manier om spanning op te roppen makket de skriuwster it measte gebrûk neffens dy?

Boarnen

[1] Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 99-100.

Makke trochGerbrich de Jong



BoekMulder, Tiny, Tin iis*
NûmerN3/2
nivo3
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusperspektyf
Learst

om te reflektearjen op it effekt fan in bepaald perspektyf

Opdracht

1. It ferhaal wurdt ferteld út it perspektyf fan in 'ik' wei. Wat foar soarten ik-fertellers binne der? Neam se en lis út wêr'tst se oan herkenne kinst. Sjoch yn de tekst dy't stiet ûnder boarne 1 ast it net mear witst.

2. Wat foar soart ik-ferteller is Klaske yn Tin iis, tinkst? Wêrom?

3. Lês no de earste side fan it boek nochris oer. Dêr kinst in dúdlike oanwizing fine foar it antwurd. Komst no op itselde antwurd út as by fraach 2? Nim de passaazje oer dêr'tst oan sjen kinst om wat foar ik-ferteller oft it giet.

4. Tiny Mulder hat derfoar keazen om it ferhaal fan de famylje Jagersma te fertellen út Klaske wei, it jongste suske. Hoe soe it ferhaal west ha as it Dineke wie dy't oer de oarlochsjierren fan de famylje Jagersma fertelde? En hoe soe it wêze as mem har ferhaal dwaan soe?

5. Wat soe foar Tiny Mulder de reden west ha om it ferhaal te fertellen út it perspektyf fan Klaske?

6. Werskriuw siden 151-152 (oant en mei '..al hat de trein wat fertraging') út it perspektyf fan Dineke wei. Ast leaver in oar part fan it boek opnij skriuwe wolst, dan mei dat ek. Motivearje dan dyn kar foar dat fragmint.

Boarnen

Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 101-105.

Makke trochGerbrich de Jong



BoekMulder, Tiny, Tin iis*
NûmerN3/3
nivo3
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmtwatal, kin ek yndiviueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer in morele kwestje

Opdracht

Opmerking: ast dizze opdracht graach dwaan wolst mar net ien fine kinst om dy mei te dwaan, kinst him ek yndividueel dwaan. Sjoch ûnderoan hoe't de opdracht dan útfierd wurde kin.

Oan it begjin fan it boek wurdt mefrou Goudman oppakt. Sy is âld en siik. Dineke fertelt oan har heit en mem dat âlde en sike minsken troch de Dútskers deamakke wurde, omdat se net mear wurkje kinne:

'Wa't net arbeidzje kin, moat dea, sels lytse bern. En,' ferfette Dineke ferheftich, 'sis no net, dat jimme dat net allang tochten. It wol jimme net oan. Jimme wólle it net leauwe. Net ien wol it leauwe, want sagau ast it leauste, kinst net om de konsekwinsjes hinne.' (side 42)

1. Wat bedoelt Dineke mei dy lêste sin? Oerlis meiinoar wat Dineke har boadskip is.

2. Tink nei oer de folgjende stelling:
As je witte dat ien gefaar rint, ha je de plicht om dy persoan te helpen.

Skriuw allebeide foar jimsels op wêrom oft jim it wol of net iens binne mei dizze stelling en brûk foarbylden út it boek om jim miening mei te ûnderbouwen.

3. Ferlykje jim antwurden meiinoar. Binne jim it iens? Op wat foar punten ferskille jim arguminten meiinoar? Op wat foar punten komt de argumintaasje oerien? Meitsje in ferslach fan jim diskusje.

[N.B. Dizze opdracht is it meast geskikt om yn twatallen út te fieren omdatst dan diskussiearje kinst, mar ast wolst kinst him ek allinnich dwaan. Yn dat gefal skriuwst by opdracht 2 in tekst dêr'tst yn fertelst wêrom oftst it wol of net iens bist mei de stelling. Brûk hieltyd foarbylden út it boek om dyn arguminten mei te ûnderbouwen. Opdracht 3 hoechst net te dwaan.

Makke trochGerbrich de Jong




Tin iis* - Mulder, Tinynivo 2

Tin iis*

skriuwer :Mulder, Tiny
Jier:1981 [6de pr. 2014]
Utjouwer:de Tille
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:305
Sjenre:oarlochsroman
Stekwurden:adolesinsje, famylje, ferset, Twadde Wrâldoarloch
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Tiny Mulder hat yn it boek har eigen oarlochsûnderfiningen ferwurke. It boek is troch de skriuwster sels oerset nei it Nederlânsk (Gevaarlijk ijs, 1987). Tin iis is ek digitaal beskikber op de dbnl.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Tin iis* - Mulder, Tinynivo 2

Tin iis*

skriuwer :Mulder, Tiny
Jier:1981 [6de pr. 2014]
Utjouwer:de Tille
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:305
Sjenre:oarlochsroman
Stekwurden:adolesinsje, famylje, ferset, Twadde Wrâldoarloch
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Tiny Mulder hat yn it boek har eigen oarlochsûnderfiningen ferwurke. It boek is troch de skriuwster sels oerset nei it Nederlânsk (Gevaarlijk ijs, 1987). Tin iis is ek digitaal beskikber op de dbnl.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Tin iis* - Mulder, Tinynivo 2

Tin iis*

skriuwer :Mulder, Tiny
Jier:1981 [6de pr. 2014]
Utjouwer:de Tille
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:305
Sjenre:oarlochsroman
Stekwurden:adolesinsje, famylje, ferset, Twadde Wrâldoarloch
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Tiny Mulder hat yn it boek har eigen oarlochsûnderfiningen ferwurke. It boek is troch de skriuwster sels oerset nei it Nederlânsk (Gevaarlijk ijs, 1987). Tin iis is ek digitaal beskikber op de dbnl.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Tin iis* - Mulder, Tinynivo 2

Tin iis*

skriuwer :Mulder, Tiny
Jier:1981 [6de pr. 2014]
Utjouwer:de Tille
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:305
Sjenre:oarlochsroman
Stekwurden:adolesinsje, famylje, ferset, Twadde Wrâldoarloch
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Tiny Mulder hat yn it boek har eigen oarlochsûnderfiningen ferwurke. It boek is troch de skriuwster sels oerset nei it Nederlânsk (Gevaarlijk ijs, 1987). Tin iis is ek digitaal beskikber op de dbnl.

 

Yntroduksje

Tiny Mulder (1921-2010) is ien fan de belangrykste Fryske skriuwers fan nei de oarloch. Se skreau berneboeken, resinsjes, romans, gedichten en makke oersettingen. Yn 1986 krige se de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre. Har wurk is altyd posityf ûntfongen troch de kritisy en se waard wurdearre om har fakmanskip en ynset. Fierders is se bekend wurden as fersetsfrou. Yn Tin iis hat sy har ûnderfiningen as fersetsfrou ferwurke. Yn 2006 ferskynde in biografy oer har mei as titel Foar alles is in tiid, skreaun troch Geart de Vries.

Ynhâld

Yn Tin iis wurdt ferteld oer de lêste oarlochsjierren fan de famylje Jagersma. Haadpersoan is Klaske, de jongste dochter út dy húshâlding. By de Jagersma's is in joadsk famke ûnderdûkt. Klaske har suster Dineke sit yn it ferset en bringt geregeld foar in koart skoft ûnderdûkers by de Jagersma's. Dat soarget foar spannende situaasjes en it fereasket absolute geheimhâlding fan elkenien. Dat is net altyd maklik. Stadichoan wurdt Klaske troch har suster yn it ferset behelle. Nei de befrijing ta wurdt it hieltyd spannender oft de Jagersma's de ein fan de oarloch helje sûnder ferret te wurden...

Swierte

Foar de N1-lêzer is Tin iis in spannend en meislepend boek, want der komt in soad spanning en emoasje yn foar. In útdaging foar de N1-lêzer kin wêze dat it in frij tsjok boek is. Fierders is de psychologyske ûntjouwing fan Klaske foar de N1-lêzer miskien wat dreger. Dy psychologyske bespegelingen sille in N2-lêzer al mear oansprekke. Foar in N2-lêzer is it boek ek geskikt omdat dy him identifisearje kin mei it haadpersonaazje, in faam fan deselde leeftyd. It sil de N2-lêzer oansprekke dat it om in realistysk, wierbard ferhaal giet. De N3-lêzer hat mei dit boek net allinnich in spannend ferhaal yn hannen, mar kin dêrneist neitinke oer belangrike morele fragen dy't yn dit boek in rol spylje lykas it belang fan moed, neisteleafde en rjochtfeardichheid.
De skriuwster hat dit boek skreaun as jongereinboek en dúdlik har bêst dien om oarlochssituaasjes, dêr't de hjoeddeiske lêzer minder bekend mei is, dúdlik út te lizzen. It sil dêrom gjin problemen opsmite dat it boek him santich jier lyn ôfspilet.

Didaktyske en letterkundige analyse

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

It kin benammen foar N1- en N2-lêzers in drompel wêze om yn in boek te begjinnen fan mear as trijehûndert siden.

Ynteresses

Learlingen moatte ynteresse ha yn de Twadde Wrâldoarloch om wat oan dit boek te finen. Hoewol't it in famke is dy't de haadrolle spilet, is dit boek perfoarst net allinnich foar famkes boeiend.

Algemiene kennis

It boek docht berop op kennis oer de Twadde Wrâldoarloch, mar it leit in soad út. Learlingen sille nei alle gedachten genôch witte fan de oarloch om dit boek goed begripe te kinnen.  

Spesifike literêre en kulturele kennis

Der is gjin spesifike literêre en kulturele kennis fereaske om dit boek te begripen.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It boek is skreaun yn linich Frysk, mei in soad 'geve' wurden en útdrukkingen dy't de learlingen fan hjoed-de-dei miskien net kenne (heisterje, troppe, namste, beskiede). It sil it begripen fan it ferhaal net yn 'e wei stean.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne net lang, al binne der hjir en dêr wat dregere stikjes. In grut part fan it ferhaal bestiet út dialooch.

Styl

De literêre styl is net dreech, mar der wurde wol in soad útdrukkingen en siswizen brûkt dy't foar learlingen miskien net bekend binne. De taal fan de personaazjes kin hjir en dêr wat âlderwetsk oandwaan (Bygelyks in lyts famke dat hieltyd in flarde neamd wurdt. Of 'Jan en Anneke wienen al út 'e wei' as bedoeld wurdt dat Jan en Anneke al op bêd leinen). It kin sa wêze dat learlingen dêrtroch nuânses misse, mar it stiet it begripen fan de grutte line net yn 'e wei. De styl draacht by oan de histoaryske sfear fan it boek.   

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der sit in soad aksje en spanning yn it ferhaal. Hjir en dêr binne der ek wat bespegelingen fan Klaske, bygelyks oer har âlder wurden en de relaasje ta har mem. Dy kinne foar de N1-lêzer wat minder boeiend wêze.

Gronology

De opbou is gronologysk en docht gjin berop op de fleksibiliteit fan de lêzer.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline en dy leveret gjin problemen op.

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld út it perspektyf fan Klaske wei. It liket derop dat it ferhaal troch in belibjend ik ferteld wurdt, mar hjir en dêr stiet fertellerskommintaar. Dêr docht út bliken dat it eins om in fertellend ik giet.

Betsjutting

In N1-lêzer sil it ferhaal lêze as in spannend oarlochsferhaal. De N2-lêzer kin him identifisearje mei de haadpersoan, him werkenne yn de gedachten fan in opgroeiende puber en meilibje mei in spannend ferhaal. De N3-lêzer kin by it lêzen neitinke oer morele fraachstikken. Hoe sit it mei goed en kwea yn tiden fan oarloch? Hoe is it om hieltyd op je hoede wêze te moatten?

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De measte karakters binne flat. Allinnich fan Klaske is te sizzen dat se in dúdlike ûntjouwing trochmakket. Dy is goed nei te kommen, omdat it ferhaal hielendal út har perspektyf wei ferteld wurdt.

Oantal karakters

Der binne in soad karakters. De húshâlding Jagersma bestiet út fiif minsken en dêrneist spylje allerhande lju út it doarp en út it ferset in rol. Al dy nammen kinne miskien betiizjend wêze. Mar de measte karakters ha mar in byrol, dat it is net sa slim om in kear in namme te ferjitten. Neist Klaske binne de oare leden fan de húshâlding de belangrykste personaazjes. 

Untjouwing fan de karakters

Klaske makket in dúdlike ûntjouwing troch. Sy wurdt yn de oarlochsjierren rap folwoeksen en begjint oars nei har heit en mem te sjen. Foar N1- en N2-lêzers is dy ûntjouwing nei alle gedachten ûndergeskikt oan it spannende ferhaal, mar de N3-lêzer sil wol each ha foar de kausale ferbannen tusken gedrach en ûntjouwing fan it personaazje.

Relevante  boarnen foar dosinten

Geart de Vries, Foar alles is in tiid, Ljouwert 2006, s. 172-179.
Resinsjes binen te finen op sirkwy.nl by it boekprofyl.

Skreaun troch

Gerbrich de Jong