Fries

Under wetter* - Tiemersma, Koosnivo 4

Under wetter*

skriuwer :Tiemersma, Koos
Jier:2009
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:239
Sjenre:distopyske roman, ideeëroman, psychologyske roman
Stekwurden:frijheid, Fryske beweging, identiteit (F), klimaatferoaring, leafde, takomst fan it Frysk/Fryslân
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Oer de skriuwer

Koos Tiemersma (1952) is berne te Frjentsjer. Hy die de pedagogyske akademy en wurket sûnt 1975 yn Kollumersweach yn it basisûnderwiis, tsjintwurdich as haad fan in oantal lokaasjes. Foardat er as skriuwer begûn spile er in skoft yn de band Skift. Yn 2002 ferskynde syn debútroman De Ljedder. Dêrnei folgen noch fiif, de lêste allinne as e-book. Hy publisearret sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn proaza hat komplekse en trochtochte konstruksjes, Under wetter is wat de opbou oangiet syn meast tagonklik wurk. Tiemersma spilet in ferrifeljend spul mei de lêzer en mei de taal. Hy hat in boartlike en rike styl dy't de lêzer hyltyd wer ferrast.

Ynhâld

Dizze roman spilet oer fyftich jier. De seespegel stiet in stik heger as no en earder al hat 'de Kommisje' besletten de helte fan Nederlân priis te jaan oan it wetter. Der wurdt in grutte nije seedyk boud, Fryslân leit oan de ferkearde kant. In groepke studinten wennet yn Ljouwert, dat al heal ûntfolke is, en wol net samar fuortgean. Se binne fan doel om in oanslach te plegen op ien fan de betinkers fan de plannen. Op 2 oktober 2065 begjint haadpersoan Sil Posset oan in deiboek. Dy dei marsjearje Poalske soldaten de stêd yn om de oarder te hanthavenjen. De lêzer folget Sil yn de lêste trije moannen fan 2065: syn leafde foar Ynke, syn fraach hoe't it komt mei de Friezen en it Frysk, de ferhâlding mei syn freonen dy't hyltyd minder wurdt, allegear tsjin de achtergrûn fan in stêd dy't ferfalt en ûntmantele wurdt. As op 1 jannewaris 2066 alles ûnder wetter komt te stean wit Sil yntusken wêr't syn takomst leit.

Lêsoanwizings

Koos Tiemersma hat in tige byldzjende en literêre styl en seit de dingen soms oars as sljochtwei. Dêr moatte je op betocht wêze en miskien oan wenne. Sa skriuwt haadpersoan Sil daliks oan it begjin al yn syn deiboek: 'Hjoed foar it earst in oarlochsboek bewenne', as er de Poalske soldaten de stêd ynkommen sjocht. Fierder moatte je wenne oan de sprongen dy't it ferhaal bytiden makket.
Alle wichtige personaazjes wurde yn de earste tolve siden neamd sûnder folle útlis oer hoe't se har ta elkoar ferhâlde. Ek dat kin dreech oankomme. Ast de earste tritich siden lêzen hast nimt it ferhaal dy wol mei, mar it bliuwt los fan gearhing omdat it in deiboek is.

Wurdearring

'Ik haw dit boek mei in protte nocht lêzen. Tiemersma brûkt sa'n styl dat je hielendal yn Sil syn persoan sitte en de wrâld troch syn eagen besjogge.'
Jetske Bilker yn de Leeuwarder Courant

'Betizing is miskien wol it grutte tema fan Under wetter. It ferhaal spilet him dan wol ôf yn de takomst, de ynstruminten om dy te skilderjen hâldt Tiemersma hiel werkenber.'
Jaap Krol yn it Friesch Dagblad

'Under wetter is, hoewol net sûnder tekoartkommings, lykwols ien fan 'e opmerklikste Fryske proazawurken fan 'e lêst pear jier (…).'
André Looijenga op Ensafh

Mear witte?

Oer de skriuwer: biografyske skets
Besprekken fan it boek by it boekprofyl
Website fan Froon Akker (Koos Tiemersma)

Skreaun troch

Bart Temme

Suggestjes


Under wetter* - Tiemersma, Koosnivo 4

Under wetter*

skriuwer :Tiemersma, Koos
Jier:2009
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:239
Sjenre:distopyske roman, ideeëroman, psychologyske roman
Stekwurden:frijheid, Fryske beweging, identiteit (F), klimaatferoaring, leafde, takomst fan it Frysk/Fryslân
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Under wetter* - Tiemersma, Koosnivo 4

Under wetter*

skriuwer :Tiemersma, Koos
Jier:2009
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:239
Sjenre:distopyske roman, ideeëroman, psychologyske roman
Stekwurden:frijheid, Fryske beweging, identiteit (F), klimaatferoaring, leafde, takomst fan it Frysk/Fryslân
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Under wetter* - Tiemersma, Koosnivo 4

Under wetter*

skriuwer :Tiemersma, Koos
Jier:2009
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:239
Sjenre:distopyske roman, ideeëroman, psychologyske roman
Stekwurden:frijheid, Fryske beweging, identiteit (F), klimaatferoaring, leafde, takomst fan it Frysk/Fryslân
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Opdrachten

BoekTiemersma, Koos, Under wetter*
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokussjenre
Learst

om nei te tinken oer it sjenre

Opdracht

A Beantwurdzje dizze fraach foardatst mei de roman begjinst

1. Hast earder distopyske romans lêzen of distopyske films sjoen, bygelyks Nei de klap fan Trinus Riemersma of De hongerspelen fan Suzanne Collins, of de films Doomsday of Blade Runner? Sa ja, hokke(r)? Sa nee, wêrom net? Wat is dyn miening oer dit sjenre?

2. Wat ferwachtest fan dizze distopyske roman fan Koos Tiemersma? Tink oan: ferrin fan it ferhaal, spanning, ôfrin, personaazjes, sfear.


B Beantwurdzje dizze fraach neidatst de roman lêzen hast.

1. Oan hokke(r) ferwachtings dy'tst beskreaun hast by punt A foldocht it ferhaal? Lis út.

2. Distopyske romans spylje har faak ôf yn de takomst, dat jildt ek foar Under wetter. Meitsje foar de fûst wei in list mei alle moderne technyske apparaten út it boek dyt'st dy noch heuge kinst fan it lêzen:
         Spraakmodule
         GPS-koades
         ….

3. Tinkst dat dy moderne technyske aparaten echt yn 2065 brûkt wurde sille? Lis út.

4. Hoe oertsjûgjend fynst it dat dit ferhaal him ôfspilet yn 2065? Lis út.

5. Sjoch nochris nei fraach 1, by punt A. Ast earder distopyske romans lêzen of films sjoen hast, beäntwurdzje dan dizze fraach: Hat Under wetter dyn miening oer it sjenre feroare? Lis út.

Makke trochBart Temme



BoekTiemersma, Koos, Under wetter*
NûmerN3/2
nivo3
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmtwatal
Fokustematyk
Learst

om te reflektearjen op morele fraachstikken út de roman

Opdracht

Diskussiearje mei in klasgenoat oer de folgjende stelling:

'It is in goede saak dat aksjegroep FRL Folkert Wigge fermoardet.'

1. Praat ôf wa't tsjinstanner en wa't foarstanner is fan de stelling.

2. De tsjinstanner betinkt arguminten om de boppesteande stelling te ferdigenjen, de foarstanner betinkt arguminten om de boppesteande stelling te bestriden. Hâld jim oan de feiten út de roman en ferwiis nei de siden.

3. Hâld in debat oer de stelling.

4. Wa hie de sterkste arguminten? Lis út.

Makke trochBart Temme




Under wetter* - Tiemersma, Koosnivo 4

Under wetter*

skriuwer :Tiemersma, Koos
Jier:2009
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:239
Sjenre:distopyske roman, ideeëroman, psychologyske roman
Stekwurden:frijheid, Fryske beweging, identiteit (F), klimaatferoaring, leafde, takomst fan it Frysk/Fryslân
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Opdrachten

BoekTiemersma, Koos, Under wetter*
NûmerN4/1
nivo4
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusauteursyntinsje
Learst

om de auteursyntinsje te analysearjen

Opdracht

1. Lês it fraachpetear fan Sietse de Vries mei Koos Tiemersma út de boarne (sjoch hjirunder).

2. Notearje koart (yn eigen wurden) wat de hâlding is fan Tiemersma foar de Fryske taal en literatuer oer.

3. Werlês it folgjende sitaat fan Tiemersma út it fraachpetear: 'De lêzers hawwe dêr ek in ferantwurklikheid yn. De measte jongere skriuwers skriuwe like maklik yn it Nederlânsk as yn it Frysk. As de Frysklêzer ferdwynt, ferdwynt de Fryskskriuwer aanst ek.'

Yn hoefier komt de miening fan Tiemersma oerien mei de miening fan de aksjegroep FRL út Under wetter? Beargumintearje mei foarbylden út de roman.

Boarnen

Sietse de Vries, LC 27-02-2009

Makke trochBart Temme



BoekTiemersma, Koos, Under wetter*
NûmerN4/2
nivo4
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmotto
Learst

om it motto te analysearjen

Opdracht

1. It motto fan Under wetter is ûntliend oan Hessel Miedema.
Lês de biografyske skets fan Miedema út boarne [1]. Foaral de alinea's under de kop 'Ofskie fan it skriuwen'. Lês ek de 'Lêste fersen' hielendal achteryn Miedema syn samle wurk Op 'e literaire toer, dat opnommen is yn de dbnl (boarne [2])

2. Yn de media is it motto fan Under wetter faak ferbûn oan de skriuwerskarriêre fan Tiemersma, want krekt as Miedema ferklearre Tiemersma dat er ophâlde woe mei syn Fryske skriuwerij. Lês boarne [3].
Falt de parallel tusken Tiemersma en Miedema fol te hâlden nei 2009, ast sjochst nei it fierdere ferrin fan Tiemersma syn skriuwerskarriêre?

3. Hoe kinst it motto fan Under wetter keppelje oan de ynhâld? Beargumintearje mei foarbylden út de roman en ferwiis nei siden.

Boarnen

[1] Biografyske skets Hessel Miedema op sirkwy.
[2] 'Lêste fersen', Hessel Miedema, Op 'e literaire toer, 1973, dbnl.
[3] Nijsartikel Ljouwerter Krante 28-12-2009

Makke trochBart Temme




Under wetter* - Tiemersma, Koosnivo 4

Under wetter*

skriuwer :Tiemersma, Koos
Jier:2009
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:239
Sjenre:distopyske roman, ideeëroman, psychologyske roman
Stekwurden:frijheid, Fryske beweging, identiteit (F), klimaatferoaring, leafde, takomst fan it Frysk/Fryslân
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Opdrachten

BoekTiemersma, Koos, Under wetter*
NûmerN5/1
nivo5
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusstyl
Learst

om de styl fan de auteur te analysearjen

Opdracht

Yn Under wetter hat Koos Tiemersma gebrûk makke fan twa stylregisters: byldspraak (sjoch boarne [1]) en irony (sjoch boarne [2]).

1. Notearje foar beide registers ien dúdlike passaazje út it boek mei sideferwizing.

2. Werskriuw de iroanyske passaazje en de passaazje mei byldspraak yn in saaklik styl. Wat is it ferskil yn de útwurking dy't de passaazje op de lêzer hat? Lis út.

3. Jou sa krekt mooglik oan yn hokker situaasjes Tiemersma gebrúk makket fan it iroanyske register dan wol it literêre register mei byldspraak. Jou foarbylden.

4. Yn hoefier wurdt neffens dy de ynterpretaasje fan de roman beynfloede troch it gebrûk fan dizze stylregisters?

(Literêre) teory

'Stijl', yn: Joke van Balen e.a., Basisboek literatuur, Grins 2009, side 127-129.

Boarnen

[1] Elske Schotanus oer Under wetter, eigen webside.
[2] It ferskil tusken sarkasme, synisme en irony, taaladvies.net.

Makke trochBart Temme



BoekTiemersma, Koos, Under wetter*
NûmerN5/2
nivo5
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusoeuvre
Learst

om te reflektearjen op de kultuerhistoaryske betsjutting fan it oeuvre fan de auteur

Opdracht

Skriuw in skôging fan sa'n 450 wurden oer it oeuvre fan Koos Tiemersma en de betsjutting fan syn skriuwerskip foar de Fryske literatuer. Behannelje de trije punten dy't hjirûnder neamd binne.

A
Bestudearje ien of mear (digitale) Fryske literatuerskiednissen (sjoch de boarnen) en meitsje oantekeningen dy't geane oer it hiele oeuvre fan Koos Tiemersma. Tink om dizze grutte linen:
- Sjenres dy't Tiemersma beoefenet;
- Untwikkelingen yn syn oeuvre;
- Hichtepunten;
- Tematyk fan it oeuvre.

B
Hokker rol spilet Under wetter yn Tiemersma syn oeuvre? Tink oan:
- Bekendheid fan it boek;
- Tiemersma syn tematyk;
- De wurdearring yn de krityk.

C
Hokker posysje nimt Koos Tiemersma yn yn de Fryske literatuer?

Boarnen

[1] Sirkwy, biografyske skets
[2] Hedwig Terpstra, Petear mei Koos Tiemersma, Ensafh 19-11-2013
[3] Jelle van der Meulen, Friese literatuur-site
[4] Koos Tiemersma, eigen website
[5] Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur, Amsterdam 2006, haadstik 8 , s. 256, yn de dbnl.

Makke trochBart Temme




Under wetter* - Tiemersma, Koosnivo 4

Under wetter*

skriuwer :Tiemersma, Koos
Jier:2009
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:239
Sjenre:distopyske roman, ideeëroman, psychologyske roman
Stekwurden:frijheid, Fryske beweging, identiteit (F), klimaatferoaring, leafde, takomst fan it Frysk/Fryslân
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Under wetter* - Tiemersma, Koosnivo 4

Under wetter*

skriuwer :Tiemersma, Koos
Jier:2009
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:239
Sjenre:distopyske roman, ideeëroman, psychologyske roman
Stekwurden:frijheid, Fryske beweging, identiteit (F), klimaatferoaring, leafde, takomst fan it Frysk/Fryslân
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Yntroduksje

Koos Tiemersma (1952) is berne te Frjentsjer. Hy die de pedagogyske akademy (no de PABO) en wurket sûnt 1975 yn Kollumersweach yn it basisûnderwiis, tsjintwurdich as haad fan in oantal lokaasjes. Foardat er as skriuwer begûn, spile er in skoft yn de band Skift. Yn 2002 ferskynde syn debútroman De Ljedder. Dêrnei folgen noch fiif, de lêste allinne as e-book. Hy publisearret sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn proaza hat komplekse en trochtochte konstruksjes, Under wetter is kwa opbou syn meast tagonklik wurk. Tiemersma spilet in ferrifeljend spul mei de lêzer en mei de taal. Hy hat in boartlike en rike styl dy't de lêzer hyltyd wer ferrast.

Ynhâld

Dizze roman spilet oer fyftich jier. De seespegel stiet in stik heger as no en earder al hat 'de Kommisje' besletten de helte fan Nederlân priis te jaan oan it wetter. Der wurdt in grutte nije seedyk boud, Fryslân leit oan de ferkearde kant. In groepke studinten wennet yn Ljouwert, dat al heal ûntfolke is, en wol net samar fuortgean. Se binne fan doel om in oanslach te plegen op ien fan de betinkers fan de plannen. Op 2 oktober 2065 begjint haadpersoan Sil Posset oan in deiboek. Dy dei marsjearje Poalske soldaten de stêd yn om de oarder te hanthavenjen. De lêzer folget Sil yn de lêste trije moannen fan 2065: syn leafde foar Ynke, syn fraach hoe't it komt mei de Friezen en it Frysk, de ferhâlding mei syn freonen dy't hyltyd minder wurdt, allegear tsjin de achtergrûn fan in stêd dy't ferfalt en ûntmantele wurdt. As op 1 jannewaris 2066 alles ûnder wetter komt te stean wit Sil yntusken wêr't syn takomst leit.

Swierte

De roman Under wetter fan Koos Tiemersma is skreaun yn deiboekfoarm: de sinnen yn de roman binne faak koart, de styl is stakkato. N3-lêzer sille dêr gjin muoite mei hawwe. Wol steane der in protte lêstige wurden yn it boek. N4- en N5-lêzers kinne har fêstbite yn dit geve Frysk. It ferhaal wurdt gronologysk ferteld. N3-lêzers sille dat wurdearje. Foar N3-lêzers is der genôch útdaging. Sy hâlde fan ferhalen oer psychologyske en morele kwestjes. Tiemersma jout har sa'n ferhaal. Hoefier geane minsken foar it behâld fan de Fryske taal en identiteit? It plot fan it boek is, nettsjinsteande it 'Foaropwurd', net foarsisber. N4-lêzers sille dat wurdearje. De personaazjes en tematyk fan Under wetter stean fier ôf fan de jongerein; foar N5-lêzers leit hjir wer de útdaging, mar foar N3-lêzer kin dat in blokkade wêze.

Didaktyske en letterkundige analyse

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in detaillearre skreaun ferhaal, dat op bepaalde flakken net realistysk is, mar earder yn it genre fan de distopyske roman falt.

Ynteresses

Under wetter is geskikt foar lêzers dy't hâlde fan ferhalen oer psychyske, sosjale en morele fraachstikken, sa as klimaatferoaring, de posysje fan de Fryske taal en de striid foar behâld fan de Fryske identiteit. Tiemersma biedt de lêzer genôch om oer te prakkesearje.

Algemiene kennis

De lêzer moat basale kennis ha fan klimaatferoaring en de gefolgen dêrfan foar de minsken en de ierde. Psychologyske kennis is ek wichtich: de lêzer sit yn de holle fan Sil Posset. Wêrom slút hy him oan bij de aksjegroep FRL?  Yn Under wetter wurdt bytiden subtyl ferwiisd nei oare boeken, sa as Nietzsche en Shakespeare. Mar ek sûnder dy ferwizings kin de lêzer it ferhaal begripe. 

Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks)

Under wetter kin rekkene wurde ta it sjenre fan de distopyske roman. Foar N3-lêzers is it miskien moai as se mear ynformaasje krije oer dit sjenre. De distopyske roman is in roman oer ûntminskliking fan it libben troch rampen of apokalyptyske sitewaasjes. Distopy is it tsjinoerstelde fan utopy.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Yn Under wetter steane in protte lêstige wurden. De roman is yn literêr Frysk skreaun (gnaude, betûftste, wiggelje, tekrommelje, sluere, lea, mankelikens). Trochdat wurden yn in kontekst stean hoecht it wurdboek der net altyd fuortendaliks by pakt te wurden.

Sinskonstruksjes

Tiemersma hat syn boek yn in deiboekfoarm getten. Dêrtroch brûkt hy nea lange, yngewikkelde bysinnen en hâldt er syn sinnen meastal koart. Foar N3-lêzers binne de sinskonstruksjes goed te begripen.

Styl

De styl fan Tiemersma is net echt tagonklik foar jongere lêzers. De roman befettet in protte byldspraak, bgl 'It fersûpen sit ús yn de genen', 'Hjoed foar iets earst in oarlachsboek bewenne', 'De snein is in luchtsek tusken twa wiken'. N4- en N5-lêzers sille dat wurdearje. It ferhaal wurdt bytiden ek iroanysk ferteld; dêrneist brûkt Sil Posset oare stylmiddelen yn syn deiboek, sa as selskorreksje. N3-lêzers sille dêr miskien op stinne moatte.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn Under wetter is net echt sprake fan in soad aksje. Lêzers dy't dat sykje yn dizze roman sille teloarsteld wurde. Alinne de oanslach op Folkert Wigge soarget foar spanning. It ferhaal hat wol in soarte fan plot (hoe rint it ôf mei de aksjegroep FRL, sille Sil Posset en syn freonen Fryslân ferlitte?), mar it boek is folle mear in ideeëroman. It ferhaal is ûnderskikt oan it boadskip.

Gronology

It deiboekferhaal wurdt gronologysk ferteld: it begjint op 2 oktober 2065 en it einiget op 1 jannewaris 1966. Wol sitte der lytse tiidsprongen yn it ferhaal en flashbacks, dy't net altyd dúdlik markearre binne. Dat slút wol oan by de N3-lêzer, foar de N4- en N5-lêzer is der folle minder útdaging yn de gronology. Mar it boek hat ek noch in 'Foaropwurd' (skreaun in 2140) en in 'Tankwurd' (skreaun in 2077). Yn it ferhaal sels wurdt dêr bytiden, hiel ymplisyt, nei ferwiisd; dat is foar N4- en N5-lêzer wol in útdaging om dy ferwizings troch te sjen.

Ferhaalline(n)

It ferhaal befettet ferskillende ferhaallinen. De moard op Folkert Wigge is ien fan de ferhaallinen út it boek. Foaral N3-lêzers sille dy ferhaalline wurdearje. In oare ferhaalline is de ûntjouwing fan de relaasjes tusken de freoneklub fan FRL. Dêrneist is in ferhaalline de delgong fan de stêd en de wederwaardichheden fan Sil, dy't by einsluten dochs evakuearje moat en yn Dútslân telâne komt. Foar N4- en N5-lêzers sit de ferdjipping yn de fjirde ferhaalline: Wat dogge wy mei ús Fryske kultuer, mear yn it bysûnder mei taal en literatuer? Se kinne har ek fêstbite yn de 'iepen plakken' dy't it ferhaal biedt.

Perspektyf

Under wetter wurdt ferteld út Sil Posset wei, hy is de ik-ferteller. De lêzer folget syn tinkwize en hannelings. Troch dat perspektyf stiet de ferteller net op ofstân, foar N3-lêzers sil dat makliker wêze.

Betsjutting

Ien fan de tema's fan Under wetter is 'ferfal'. Tiemersma beskriuwt it tema hiel subtyl yn de ferskate ferhaallinen, stadich wurde de ferhaallinen mei-inoar ferbûn. De N3-lêzer sil it ferfal fan Fryslân, de Fryske taal en identiteit snel werkenne, mar N4- en N5-lêzers sille it tema op oare plakken yn de roman ek oanwize kinne, bygelyks: de teloargong fan de stêd, ûndergong fan West-Europa, de Alzheimer fan Reja, etcetera. De psychyske betsjuttingslagen (fuortgean of yn Fryslân bliuwe, de ûntjouwing fan de freonerelaasje) en de morele (stride foar Fryslân, sels mei geweld) meitsje Under wetter ta in útdaagjend boek foar N4- en N5-lezers.

Fertroud mei literêre personaazjes

Karakters

De lêzer folget de hanlings fan Sil Posset, troch de deiboekfoarm fan it ferhaal sit de lêzer echt yn de holle fan de haadpersoan. De N3-lêzer sil dêrtroch miskien makliker de hanlings en prakkesaasjes fan Sil Posset begripe kinne. Posset is gjin personaazje dat tichtby de jongerein stiet: mei syn literêre aktiviteiten en aktivistyske ideeën sille N3-lêzers lêstiger identifisearje kinne as de N4- en N5-lêzers.

Hoemannichte

It tal personaazjes yn Under wetter is grut. In protte personaazjes wurde yn it begjin fan it boek yntrodusearre. De personaazjes wurde yn it begjin meast allinne mei foarnamme neamd, sûnder útlis. Oan 'e iene kant jout dat betizing; it kin N3-lêzers ek tsjinstean. Omdat de personaazjes net allegear útdjippe wurde, sille de N3-lêzers ek harren bêst dwaan moatte om de karakters te begripen. Binnen it ferhaal biede de personaazjes wol 'iepen plakken'; N4- en N5-lêzers kinne dêrmei oan de slach.

Untjouwing fan karakters

Yn it ferhaal makket Sil Posset in ûntwikkeling troch, foar lêzers is it ynteressant om dat te ûntdekken. It giet yn de roman benammen om syn ferhâlding ta de wrâld en ta de minsken yn in feroare wrâld. N4- en N5-lêzers sille it hâlden en dragen fan Sil ynterpretearje en keppelje oan de tema's fan de roman. Wat dogge wy mei ús Fryske taal en literatuer?

Relevante  boarnen foar dosinten

Jetske Bilker, 'Ferdwynt Fryslân?', Leeuwarder Courant, 23 septimber 1988.
Jaap Krol, 'In futuristyske identiteitskrisis', Friesch Dagblad, 3 desimber 1988.
Beide resinsjes te finen fia it boekprofyl op sirkwy.nl.

Skreaun troch

Bart Temme