Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 1 | Femke faalt

Femke faalt

Femke faalt

Grypstra, Ate
Niveau
Niveau 1
Jaar uitgave
2014 [as e-boek; 2e printing (papier) 2016]
Uitgeverij
Afûk
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
142
Genre
  • jongereinboek
Tags
  • famylje
  • freonskip
  • jeugdkultuer
  • leafde
Taalniveau
A2

Over de auteur

Ate Grypstra (1973) is berne te Noardburgum. Hy studearre Ingelsk en Frysk oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Dêrnei waard er dosint Ingelsk en Frysk. Hy wie ek in skoft koördinator fan edukative projekten by de Afûk. Neist dit boek hat er ferskate koarte ferhalen, gedichten en kollums skreaun en is er aktyf mei oersettingen fan Ingelsktallich wurk, dy’t publisearre binne yn it ynternettydskrift Farsk en yn De Moanne. Femke faalt is syn tredde jeugdroman.

Inhoud

Femke Koning is in gewoan famke fan hast sechstjin. Se sit yn in havo 4-klasse yn Bûtenpost, neidat se fan it Dokkumer gymnasium moast. Se spilet as drummer yn in band. Sy jaget har mem wol gauris op de kast, mar dat is de leeftiid. Femke is wol gelokkich mei har libbentsje, ek al is it net altyd sûnder problemen. Se fynt dat dy komme troch har eigen tekoartsjitten. Yn it ferhaal docht bliken dat der by har thús ek wol it ien en oar oan de hân is. Femke komt der dan ek efter dat har ûnwissens net altyd terjochte is.

Leesaanwijzingen

Dit ferhaal sil dy fan it begjin ôf meinimme troch de spanning dy’t deryn sit. Miskien fynst de oergong fan it earste haadstik nei it twadde wat lêstich. It ferhaal begjint nammentlik middenyn in spannende situaasje, mar komst der pas oan de ein efter hoe’t it safier kaam is. It liket wat dat oanbelanget in bytsje in detektive; moatst derefter sjen te kommen wa’t it net sa op Femke hat.

Om over na te denken

Op hokker mominten bist ûnwis oer dyn eigen kinnen? Yn hoefier hawwe oare minsken ynfloed op hoe’tst tinkst oer dysels? Op wat foar flak hawwe se ynfloed?

Waardering

‘In skitterjend boek! Flot skreaun en aktueel, sûnder al te populêr te wurden.’
Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant

‘Femke faalt is in flot skreaun boek en hielendal fan dizze tiid. Der sit in soad psychology achter de húshâlding dêr’t Femke út komt, mar it wurdt luchtich holden. Opboutechnysk sit it ferhaal sterk yn mekoar, wat foar de nedige spanning soarget.’
Ut it sjueryrapport fan de Simke Kloostermanpriis 2016

Opmerkingen

Femke Koning kin berikt wurde fia har Muzikant/Band-pagina op Facebook. It boek wie yn 2016 nominearre foar de Simke Kloostermanpriis.

Leestips/meer weten

Oer Ate Grypstra kinst mear fine op Wikipedy en op sirkwy.frl.

Samengesteld door

Akke Gerlsma

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Grypstra, Ate Femke faalt
NûmerN1/1
nivo1
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy yn te libjen yn de personaazjes

Opdracht

Stel do wiest in freon of freondinne fan Femke.

1. Se stjoert dy ûndersteande WhatsAppberjochtjes. Wat foar ried soest Femke dan jaan yn de beskreaune situaasjes? Beskriuw dyn ried yn op syn minst fyftich wurden as wienen it WhatsAppberjochtjes.

Femke Faalt 1-Whatsappberjocht

Femke Faalt 2-Whatsappberjocht

Femke Faalt 3-Whatsappberjocht

2. Ast in echte freon(dinne) fan Femke wiest, wat soest dan fan har witte wolle no’t it boek ôfrûn is?
Skriuw fjouwer fragen op.

3. Betink antwurden dy’t Femke jaan soe op dyn fragen fan punt 2 en beskriuw it WhatsApp-petear dat jim hawwe soenen. Jou dus ek út namme fan Femke antwurd. Dit petear bestiet op syn minst út hûndert wurden.

Makke trochAkke Gerlsma
Boek Grypstra, Ate Femke faalt
NûmerN1/2
nivo1
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld

Opdracht

Femke faalt is in hiel spannend boek dêr’t in soad yn bart. By elts foarfal yn it boek soest in foarwerp betinke kinne. Tink bygelyks oan it petear dat Femke en Sjors middenyn de nacht hawwe. Dêr soest in kompjûterspultsje by betinke kinne.

1. Beskriuw tsien foarfallen út it boek mei elts op syn minst fyftich wurden en skriuw dy foarfallen op losse kaartsjes. Ast dizze earste fraach makke hast, hast dus tsien kaartsjes mei in foarfal derop beskreaun.

2. Betink by elts foarfal datst opskreaun hast in foarwerp. Bygelyks dat kompjûterspultsje foar it petear mei Sjors of in bioskoopkaartsje foar it earste ôfspraakje mei Lennard. Sammelje yn totaal tsien foarwerpen by dyn kaartsjes.

3. Meitsje de kaartsjes oan de foarwerpen fêst en doch dy yn in doaze. Hast no in doaze dêr’t in gearfetting fan it boek yn sit!

4. Set de foarwerpen op de folchoarder fan wannear’t de foarfallen yn it boek bard binne en meitsje dêr in oersichtsfoto fan.

Makke trochAkke Gerlsma
Boek Grypstra, Ate Femke faalt
NûmerN1/3
nivo1
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te identifisearjen mei de personaazjes

Opdracht

Femke drumt yn in band. Se is net by alle bandleden populêr. Douwe Jan hat har der net sa graach by.

1. Betink trije redenen wêrom’t Douwe Jan har der net graach by hat.

2. Fynst dat Lennard goed foar Femke opkomt? Beskriuw dyn miening yn op syn minst 80 wurden.

3. Douwe Jan fynt dat Femke sels ekstra materiaal foar har drumstel keapje moat. Beskriuw wêrom’tst tinkst dat dat sa is yn op syn minst tachtich wurden. Tink bygelyks oan de finansjele situaasje by Douwe Jan thús.

4. Bist it iens mei Douwe Jan? Beskriuw dyn miening yn op syn minst tachtich wurden.

Makke trochAkke Gerlsma
Boek Grypstra, Ate Femke faalt
NûmerN1/4
nivo1
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel of yn twatal
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld

Opdracht

Femke faalt is in hiel spannend boek mei in protte aksje.

1. Fertel watst de moaiste sêne út it boek fûnst yn op syn minst hûndert wurden.

2. Betink hoe’tst dy sêne it bêste útbyldzje kinst sûnder gelûd. Dêr kinst by tinke oan it brûken fan Legopopkes, tekeningen, wurden op papier, mar ek oan wat dwaan mei freonen fan dy.

3. Meitsje in stop-motionfilmke fan de sêne dy’tst útkeazen hast. Dat moat yn elts gefal in heale minút duorje.
Download in app om in stop-motion filmke te meitsje.
Foarbylden dêrfoar binne foar Android Funmotion, of foar iOs Stop Motion.

Makke trochAkke Gerlsma

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Grypstra, Ate Femke faalt
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

wat objektive ynformaasje en subjektive ynformaasje oer personaazjes is

Opdracht

Femke har heit is altyd fan hûs. Hy hat it hiel drok mei syn wurk. Femke kin wol goed mei har heit opsjitte.

1. Sykje op ynternet wat ‘objektyf’ en wat ‘subjektyf’ betsjut. Under 'boarnen' fynst twa linkjes. Beskriuw yn eigen wurden it ferskil tusken objektyf en subjektyf yn op syn minst fyftich wurden.

2. Beskriuw watst út it boek te witten krigest oer de heit fan Femke. Meitsje dêryn ferskil tusken wat objektyf is en wat subjektyf is.

3. Jou dyn miening oer de heit fan Femke. Fynst him in aardige man of net? Wêrom? Jou twa arguminten foar dyn miening en ien tsjin dyn miening. Brûk op syn minst hûndert wurden.

Makke trochAkke Gerlsma
Boek Grypstra, Ate Femke faalt
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokussjenre
Learst

wat it ferskil is tusken fiksje en non-fiksje

Opdracht

1. Sykje út wat it ferskil is tusken fiksje en non-fiksje. Dit kinst dwaan troch op dizze site te sjen by ‘Literêre teory’ en by boarne [1].
Skriuw de belangrykste ferskillen op yn in tabeltsje mei twa kolommen ûnder de kopkes ‘fiksje’ en ‘non- fiksje’

2. Is Femke faalt fiksje of non-fiksje? Beskriuw wêrom’tst dat tinkst yn op syn minst tachtich wurden.

3. Dit boek is basearre op de aktualiteit, nammentlik de praktiken fan oplichter Gaatze B. út de Westereen. Lês it artikel oer Gaatze B. wêrfan’t de link stiet by boarne [2].

4. Hokker eleminten út it boek binne echt bard? Beskriuw twa yn op syn minst fyftich wurden per elemint.

5. Beskriuw ek twa eleminten dêr’tst wis fan bist dat it fiksje is yn it ferhaal. Tink dêrby oan de rol fan Femke. Beskriuw dy eleminten ek yn op syn minst fyftich wurden per elemint.

Makke trochAkke Gerlsma

Docenteninformatie

Yntroduksje

Ate Grypstra (1973) is berne te Noardburgum. Hy studearre Ingelsk en Frysk oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Dêrnei waard er dosint Ingelsk en Frysk. Hy wie ek in skoft koördinator fan edukative projekten by de Afûk. Neist dit boek hat er ferskate koarte ferhalen, gedichten en kollums skreaun en is er aktyf mei oersettingen fan Ingelsktallich wurk, dy’t publisearre binne yn it ynternettydskrift Farsk en yn De Moanne. Femke faalt is syn tredde jeugdroman.

Ynhâld

Femke Koning is in gewoan famke fan hast sechstjin. Se sit yn in havo 4-klasse yn Bûtenpost, neidat se fan it Dokkumer gymnasium moast. Se spilet as drummer yn in band. Sy is in echte puber dy’t har mem wol gauris op de kast jaget. Femke is wol gelokkich mei har libbentsje, ek al is it net altyd sûnder problemen. Se fynt dat dy komme troch har eigen tekoartsjitten. Yn it ferhaal docht bliken dat der by har thús ek wol it ien en oar oan de hân is. Femke komt der dan ek efter dat har eigen ûnwissens net altyd terjochte is.

Swierte

Femke faalt is in meinimmend boek dat sawol foar N1-lêzers as foar N2-lêzers goed te lêzen is. It is tagelyk mei Wês net bang fan Hanneke de Jong in goed boek foar lêzers dy‘t begjinne mei it lêzen fan Fryske boeken. It boek begjint mei it foarstellen fan de haadpersoan: Femke, dy’t har yn in spannende situaasje befynt. Dat makket de lêzer direkt nijsgjirrich. Foar N1-lêzers kin de oergong nei it twadde haadstik wol wat swierrichheden jaan, om’t it ferhaal dêr net trochrint. Oan de ein fan it boek wurdt weromkaam op de iepeningssêne.
De lêzers kinne har identifisearje mei de haadpersoan en de oare karakters yn it ferhaal. De karakters dy’t útdjippe binne, binne faak fan har leeftiid. Sawol N1- as N2-lêzers sille situaasjes út har deistich libben werkenne yn it boek.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

Femke faalt is in spannend ferhaal dat tichtby har deistich libben stiet, dêrom sil sawol de N1-lêzer as de N2-lêzer ree wêze dit boek te lêzen. De drompel om dit boek te lêzen is hiel leech.

Ynteresses

In N1-lêzer dy’t ynteresse hat yn oare leeftiidsgenoaten sil him meinimme litte troch it ferhaal. Freonskip en leafde, mar ek de ûnwissichheid dy’t de puberteit mei him meibringt, sille de N1- en de N2-lêzer oansprekke.

Algemiene kennis

Algemiene kennis is net perfoarst nedich. De ferhaalwrâld stiet tichtby de lêzers.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre kennis is net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is fan dizze tiid en slút oan by dat fan de learlingen. Der komme sa no en dan Ingelske útspraken yn foar. Dat is gjin beswier foar it begripen fan it boek. De nammen fan de haadstikken binne faktermen út de literatuer yn it Latyn mei in maklike ûndertitel. De ûndertitel makket it tagonklik foar sawol N1- as N2-lêzers, mar de titel yn it Latyn sil de lêzers net direkt oansprekke.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne koart en dêrtroch maklik lêsber.

Styl

De styl yn ’e foarm fan in soad dialooch mei koarte sinnen en maklik wurdgebrûk is tagonklik foar N1- en N2-lêzers. Dêrneist wurde der krante­-artikels en WhatsAppberjochten ôfbylde.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn it boek sit in soad spanning en aksje. Fan de earste side fan it boek ôf is it spannend. De lêzer sil derefter komme wolle wa’t Femke boppe it frituerfet yn in hâldgreep hat en hoe’t it safier kaam is. Dy spanning bliuwt it hiele boek en der barre noch folle mear spannende dingen. Dat makket it oantreklik foar sawol N1- as N2-lêzers.

Gronology

It boek bestiet út trije dielen. ‘In medias res’ (of: Yn it midden fan de (patat)saak), ‘Ab ovo’ (of: Hoe’t it (lykas alle sneinen) begûn mei in aai) en ‘Post rem’ (of: Nei al it gedonder).
It begjint mei in hiel spannende sêne, yn it twadde diel komt de lêzer derefter hoe’t ta de earste sêne kaam is. En yn it tredde en lêste diel wurdt beskreaun hoe’t it nei de earste sêne mei Femke giet.
Yn it boek wurde krante-artikels brûkt. Dy artikels stean faak foar de foarfallen dêr’t se mei te krijen hawwe. Dit sil foar de N1-lêzer miskien wat lestich wêze, mar foar de N2-lêzer sil dit gjin swierrichheden jaan.

Ferhaalline(n)

Der is ien haadferhaal en dêrneist binne der twa minder belangrike ferhaallinen dy’t ferflochten sitte yn it haadferhaal. De ferhaalline wat der bart yn de band en dy fan de ferkearing. Dêrtroch bliuwt it ferhaal spannend en oantreklik foar sawol N1- as N2-lêzers.

Perspektyf

Der binne gjin perspektyfwiksels. It ferhaal wurdt ferteld út in personaal perspektyf wei. Allinnich Femke har dwaan en litten en dat wat sy tinkt wurdt beskreaun. Dat makket it tagonklik foar N1- en N2-lêzers om har mei Femke te identifisearjen. 

Betsjutting

Femke faalt is in maklik te folgjen ferhaal foar alle nivo’s. It is sawol foar N1- as N2-lêzers fan it begjin ôf dúdlik wêr’t it ferhaal oer giet. Dat kin foar N2-lêzer te min útdaging jaan.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De sintrale persoan yn it ferhaal is Femke. Hoe’t sy tinkt en wat sy docht wurdt útdjippe. Se is hast sechstjin jier; de N1- en N2-lêzer sil dêrom in soad fan har hannelings begripe kinne.
Alle personaazjes binne werkenber en sille de lêzers fertroud oerkomme.

Oantal karakters

Der binne neist Femke noch seis karakter fan belang. Troch net te folle karakters op te fieren en de karakters dy’t der binne hiel dúdlik allinnich yn deselde omjouwing te brûken, is it ferhaal hiel geskikt foar N1-lêzers. Foar N2-lêzers kin it wat te maklik wêze.
De oare karakters yn it ferhaal bliuwe mear op de flakte ek al wurde Sjors, it broerke fan Femke, Jellien, har bêste freondinne en Lennard, har freontsje, wol dúdlik beskreaun. Mar net hiel bot útdjippe.

Untjouwing fan de karakters

Yn it begjin fan it ferhaal is Femke foaral in puber. Troch it ferhaal hinne blykt se flinker te wêzen as se sels tocht hie.
De prakkesaasjes fan Femke steane ticht by de belibbingswrâld fan N1- en N2-lêzers. De ferhâldingen tusken de karakters (de freonen, âlders en har broerke) binne har net frjemd. Allinnich de ferhâlding mei har broerke makket in dúdlike ûntjouwing troch; fan dy mei in nuver mantsje nei in lykweardige partner yn de húshâlding.
De ferhâldingen binne net kompleks (net folle psychologyske ferdjipping), se binne maklik te befetsjen. De ferhâlding tusken Femke en har âlders is dêr in útsûndering op en kin wol foar emosjonele reaksjes soargje by sawol N1-lêzers as N2-lêzers.

Ferantwurding

Boekprofyl op sirkwy.frl

Relevante  boarnen foar dosinten

Biografyske skets fan de skriuwer op sirkwy.frl