Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 4 | Eilândochters

Eilândochters

Eilândochters

Berga, Wilco
Niveau
Niveau 4
Jaar uitgave
2004 [2de pr. 2010]
Uitgeverij
Utjouwerij Fryslân
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
261
Genre
  • psychologyske roman
Tags
  • dea
  • eilânlibben
  • famylje
  • jaloerskens
  • skuldgefoel
Taalniveau
B1

Over de auteur

Wilco Berga is byldzjend keunstner en skriuwer fan poëzy, proaza, toaniel en lietteksten. Hy is berne yn Snits en brocht dêr ek syn jeugd troch. Dêrnei gong er nei de keunstakademy yn Grins. Pas op syn 36ste is er begong mei skriuwen. Hy skriuwt it leafst poëzij, mar hat ek in pear romans skreaun. Foar syn proazadebút, Hauk en Hazze (1993) krige er de Fedde Schurerpriis, de provinsjale priis foar debutanten. In belangryk tema yn syn wurk is de ienling dy't der net yn slagget om in lykweardige relaasje mei oaren oan te gean. Syn personaazjes libje faak tichter by de natuer as de measte minsken. Dat sjochst ek yn Eilândochters.

Inhoud

Arend Boomsma, in jonge man, wennet yn Spanje mei syn knappe freondinne. Dêr heart er dat syn heit, dy't er al tsien jier net sjoen hat, stoarn is. Foar de begraffenis reiziget er werom nei Skylge, dêr't er opgroeid is. Twa fan syn fjouwer susters, dy't ek yn it bûtenlân wenje, dogge itselde. Underweis nei it eilân wurdt dúdlik dat it net om 'e nocht is dat Arend net mear op Skylge wennet en dat er gjin goed kontakt hat mei syn famylje. It hat te krijen mei in barren fan tsien jier earder: doe waard Lars, in freon fan Arend, dea op it strân fûn. Ienris op Skylge, as de húshâlding kompleet is, wurdt einlings dúdlik wat der doe bard is.

Leesaanwijzingen

Yn dit boek rinne trije ferhaallinen troch inoar. Yn it begjin kin it dreech wêze om it ferbân te sjen tusken dy ferhaallinen, mar de haadstiktitels kinne dy dêrmei helpe. Miskien is it yn it begjin wat dreech om de struktuer te begripen, mar do silst fernimme datst gau meinaam wurdst troch it ferhaal. Yn it begjin is Arend hieltyd oan it wurd, letter yn it boek silst fernimme dat ek syn suster Eelkje oan it wurd komt.

Om over na te denken

Ast wat slims dien hast, moatst dat dan fertelle? Duorret earlikheid it langst? Moat ien straft wurde foar wat dat er by fersin fout dien hat?

Waardering

'Eilândochters' is nei alle gedachten it bêste boek dat Berga oant no ta skreaun hat, en it heart grif ek ta de bettere boeken dy't ik de ôfrûne jierren besprutsen ha.'
Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant

Opmerkingen

Wilco Berga hat tegearre mei syn frou Tanja Blokland in atelier oan de Suderhaven yn Harns, BB aansee.

Leestips/meer weten

Ynformaasje op sirkwy oer it boek en oer de skriuwer.
Website fan de skriuwer.

Samengesteld door

Gerbrich de Jong

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 3 - Opdrachten

Boek Berga, Wilco Eilândochters
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 1
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te ferpleatsen yn in wichtich personaazje

Opdracht

Eelkje en Arend ha in goede bân meiinoar. Oan 'e ein fan it boek docht bliken dat sy in geheim diele. Eelkje wol dat geheim oan har mem en har susters fertelle, wylst Arend dat net wol. Uteinlik wurde se allebeide ûnderfrege troch de plysje, sa docht bliken út de ferhaalline fan novimber 2001.

Stel dy foar dat Eelkje en Arend fan de plysje tastimming krije om inoar in mail te skriuwen. Doch krekt of bisto Eelkje en skriuw in mail oan Arend, of oarsom. Do meist dus sels kieze oftst dy ferpleatse wolst yn Arend of yn Eelkje. Gean yn op dyn gefoelens en hoe'tst tinkst dat it fierder gean sil mei jim en sjoch werom op wat der bard is. Wat soe Arend derfan fine dat Eelkje it geheim ferteld hat? Wat soe Eelkje derfan fine dat se miskien wol opdraait foar in flater dy't Arend makke hat? Skriuw in mail fan minstens 350 wurden. Begjin dyn mail mei in oanhef en einigje mei in ôfsluter. Soargje dat de ynhâld fan dyn brief kloppet mei de feiten yn it boek.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Berga, Wilco Eilândochters
NûmerN3/2
nivo3
Stúdzjelêst 1
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer morele tema's

Opdracht

Hjirûnder sjochst in oantal stellingen. Jou per stelling oan hoe't Eelkje oer oer dat ûnderwerp tinkt, hoe't Arend der oer tinkt en hoe'tsto der sels oer tinkst. Brûk foarbylden út it boek om dyn antwurd op te basearjen. Achter de stellingen steane sidenûmers dy'tst brûke kinst, mar meist fansels ek oanwizingen fan oare siden helje. De earste stelling is by wize fan foarbyld foar in part al foardien.


Stelling 1
As in famke ferkearing hat, moat se har freon trou bliuwe. (s. 240)

Eelkje fynt dat in famke har freon net trou hoecht te bliuwen. Sy seit op side 240 dat Arend net ferwachtsje kin fan in famke dat se him trou is.
Arend fynt dat ....
Sels fyn ik dat ...


Stelling 2
As je wat ferkeard dien ha, moatte je dat opbychtsje. Ek as dat negative gefolgen hat. (s. 214-216)

Eelkje fynt dat ...
Arend fynt ...
Sels fyn ik ...


Stelling 3
It is moreel tastien om it libben fan in oare minske te beëinigjen, as dy oare jin bedriget. (s. 99)

Eelkje fynt ...
Arend fynt ....
Sels fyn ik ...

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Berga, Wilco Eilândochters
NûmerN4/1
nivo4
Stúdzjelêst 1
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om kritysk te reflektearjen op de ûntjouwing fan in personaazje

Opdracht

Op side 57 freget Arend him ôf:
Koe in oar jin safier krije dat je yn hâlden en dragen folslein feroaren? Dat je samar by steat wiene dingen te dwaan dy't je earder foar ûnmooglik holden.

1. Beäntwurdzje Arend syn fraach foar dysels. Hat in oar dy wolris safier krigen datst wat diest datst noait tocht hiest datst it dwaan soest? Of kinst dy yntinke dat dy dat oerkomt? Of kin in oar net safolle ynfloed ha?

2. Hoe komt it dat Arend him dat ôffreget? Skets de situaasje.

3. Beäntwurdzje de fraach foar Arend. Hat in oar him safier krigen dat er folslein feroaret?

4. Arend is in saneamd round character: hy makket it ûntjouwing troch. Mear oer dat begryp en it tsjinstelde dêrfan fynst hjirûnder by de boarnen. Ien fan dy feroaringen hat te krijen mei de relaasje ta syn heit. Beskriuw de ûntjouwing fan Arend syn hâlding tsjin syn heit oer. Doch dat troch de folgjende fragen te beäntwurdzjen:
a. Hoe tinkt Arend oer syn heit yn de simmer fan 1991? (Sjoch bygelyks side 50.)
b. Hoe tinkt er oer syn heit yn oktober 2001? (Sjoch bygelyks side 37 en 47-48.)
c. Hoe tinkt er oer syn heit oan 'e ein fan it ferhaal, as de hiele húshâlding wer op it eilân is?

Kinst by it beskriuwen fan Arend syn miening oer syn heit gebrûk meitsje fan de sidenûmers achter de fragen. Meist ek oare passaazjes út it boek brûke.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Berga, Wilco Eilândochters
NûmerN4/2
nivo4
Stúdzjelêst 1
Wurkfoarmyndividueel
Fokusromte
Learst

om nei te tinken oer de relaasje tusken romte en ynhâld fan it boek

Opdracht

1. Yn Eilândochters sitte ferskillende ferhaallinen: de simmer fan 1991, oktober 2001 en novimber 2001. Set dy ferhaallinen ûnder inoar en beskriuw de romte dêr't dy ferhaalline him ôfspilet. Wat is it ferbân tusken de romtes dy'tst beskreaun hast?

2. Hoe fynt Arend it om op in eilân op te groeien? En hoe tinkt Eelkje dêr oer? Kinst dy harren belibbing dêrfan foarstelle? Motivearje dyn antwurd.

3. Op side 111 stiet in passaazje dêr't Arend neitinkt oer hoe't it is om op in eilân te wenjen. Wat foar belangryk neidiel fan wenjen op in eilân komt hjir nei foaren? Wat dogge eilânbewenners deroan om mei dat neidiel libje te kinnen?

4. It wurd 'eilân' is yn it Italjaansk 'isola'. It Italjaansk hat ek it tiidwurd 'isolare', dat oarspronklik besjut: 'in eilân meitsje fan'. Hoe past dat by it antwurd op fraach 3?

5. Lês op Wikipedy oer de ferskillende funksjes fan romte yn in literêr ferhaal (sjoch boarne). Wat foar funksje hat de romte yn Eilândochters neffens dy? Jildt dat foar alle ferhaallinen? Jou minstens trije arguminten by dyn antwurd.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Berga, Wilco Eilândochters
NûmerN4/3
nivo4
Stúdzjelêst 1
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmotiven
Learst

om nei te tinken oer de funksje fan in motyf

Opdracht

1. Op side 81 neamt Arend syn suster 'in Fenus'. Wêrom soe er har dy namme jaan? Wat binne de oerienkomsten tusken Eelkje en Fenus? Belûk yn dyn antwurd de sêne yn it boek (s. 81).

2. Op it omslach fan Eilândochters (útjefte 2004) stiet in Fenusbyldsje. Ek op side 97 sjochst sa'n byldsje. Sykje op Wikipedy út wat de funksje is fan sokke byldsjes.
a. Wêr wiene dy foar?
b. Neam trije mominten út it boek dat sa'n byldsje foarkomt.
c. Wa yn it boek hat allegearre sa'n byld? Binne dat froulju of ek manlju?

3. Lês de ynformaasje oer motiven op Wikipedy. Wannear wurdt in ferskynsel, barren of foarwerp yn in roman in motyf neamd?

4. Is it Fenusbyld yn Eilândochters in motyf, neffens de kritearia dy'tst by 3 neamd hast? Lis dyn antwurd út.

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Berga, Wilco Eilândochters
NûmerN5/1
nivo5
Stúdzjelêst 1
Wurkfoarmyndividueel
Fokustoan en styl
Learst

om nei te tinken oer de toan fan it boek

Opdracht

1. Nettsjinsteande it serieuze tema, kin men sizze dat Eilândochters in boek is mei humor. Wat fynsto fan dy stelling? Bisto it der mei iens of net? Lis út wêrom. Moastesto by it lêzen wolris laitsje om it ferhaal en/of hoe't it skreaun is? Fynst dat de personaazjes humor ha?

2. Lês yn de boarne dy't ûnder it kopke 'Literêre teory' neamd wurdt wat it ferskil is tusken irony, sarkasme en synisme en lis yn eigen wurden út wat dat ferskil is. As it boek net beskikber is, kinst de begripen ek yn in oar boek oer literatuer opsykje, of op wikipedia.

3. Lês no de ûndersteande twa sitaten en jou per fragmint oan oftsto de toan iroanysk, sarkastysk of synysk fynst, en lis út wêrom.

Oan 'e muorre fan dy syn keamer in grutte portretfoto. Dêrnjonken foto's fan syn grêf mei, hoe koe 't ek oars, in oerdie oan plestik roazen yn sinken fazen. Gelokkich dejingen dy't rêsten ûnder sa'n ûnfergonklike blommepracht.
(s. 105)

Grutte kâns dat dy earne yn 'e stêd ûndersteboppen oan in peal hong. Of nee, mei dy har foarkommen, suver wat aristokratysk, siet se earder yn in djoere klub dêr't se har Josephine Baker-skonken troch rike stjonkerts betaaste liet.
(s. 144)

4. Sykje sels yn it boek om trije foarbylden fan irony, synisme of sarkasme.

5. Wat fynsto fan dizze stylmiddels? Wat foar effekt hat se op dy as lêzer?

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Berga, Wilco Eilândochters
NûmerN5/2
nivo5
Stúdzjelêst 2
Wurkfoarmyndividueel
Fokusliteratueropfetting
Learst

om nei it boek te sjen neffens in bepaalde literatueropfetting

Opdracht

1. Arend hat in knappe freondinne, Arantxa.
a. Beskriuw de rol fan Arantxa yn Eilândochters. Jou dêrby omtinken oan de folgjende fragen: Is sy wichtich foar it ferhaal? Hie se der ek út kinnen om itselde ferhaal te fertellen?
b. Beäntwurdzje deselde fraach foar har eks, Xabier.

2. Lês no de resinsje fan Gerbrich van der Meer (boarne 1). Hoe tinkt sy oer de funksje fan Arantxa yn it boek? Jou oan wêrom oft se dat fynt, troch te sitearjen út de resinsje. Sa krijst sicht op de literatueropfetting fan Gerbrich van der Meer.

3. De Nederlânske skriuwer Willem Frederik Hermans (ûnder oare bekend fan De donkere kamer fan Damocles) hat sein dat yn de ideale literêre roman noch gjin mosk fan it dak falle mei sûnder dat dat in gefolch hat. Mei oare wurden: alles wat yn in roman bart, bart mei in reden. Wat fynsto fan dat idee? Bisto it mei Hermans iens dat alles yn in roman in funksje ha moat? Lis út.

4. Hoe tinkst dat Gerbrich van der Meer oer dy stelling fan Hermans tinkt?

5. Lês no de resinsje fan Jetske Bilker oer Eilândochters (boarne 2). Tinkst dat sy it iens is mei Hermans? Wêrom wol of net? Sitearje út de resinsje om dyn antwurd te ûnderbouwen.

Makke trochGerbrich de Jong

Docenteninformatie

Yntroduksje

Wilco Berga is byldzjend keunstner en skriuwer fan poëzy, proaza, toaniel en lietteksten. Hy is berne yn Snits en brocht dêr syn jeugd troch. Dêrnei gong er nei de keunstakademy yn Grins. Pas op syn 36ste is er begong mei skriuwen. Hy skriuwt it leafst poëzij, mar hat ek in oantal romans skreaun. Foar syn proazadebút Hauk en Hazze (1993) krige er de Fedde Schurerpriis, de provinsjale priis foar debutanten. In belangryk tema yn syn wurk is de ienling dy't der net yn slagget om in lykweardige relaasje mei oaren oan te gean. Syn personaazjes libje faak tichter by de natuer as de measte minsken en binne mei keunst dwaande. Dat sjochst ek yn Eilândochters.

Ynhâld

Arend Boomsma, in jonge man, wennet yn Spanje mei syn knappe freondinne. Dêr heart er dat syn heit, dy't er al tsien jier net sjoen hat, stoarn is. Foar de begraffenis reiziget er werom nei Skylge, dêr't er opgroeid is. Twa fan syn fjouwer susters, dy't ek yn it bûtenlân wenje, dogge itselde. Underweis nei it eilân wurdt dúdlik dat it net om 'e nocht is dat Arend net mear op Skylge wennet en dat er gjin goed kontakt hat mei syn famylje. It hat te krijen mei in barren fan tsien jier earder: doe waard Lars, in freon fan Arend, dea op it strân fûn. Ienris op Skylge, as de húshâlding kompleet is, wurdt einlings dúdlik wat der doe bard is.

Swierte

Eilândochters kin lêzen wurde as in spannende whodunnit. It boek asemet in sfear fan simmerfakânsje en spanning, dy't learlingen grif oansprekt. De liedende fraach is hieltyd: wat is der yn 1991 bard op it strân dat Lars der by omkommen is en wêrom? De lêzer krijt it antwurd op dy fraach stapke foar stapke, fia twa perspektiven en trije ferhaallinen. De ferhâlding tusken de ferskillende ferhaallinen kin benammen foar in N3-lêzer lestich wêze.
In oare útdaging yn dit boek is de poëtyske en ymplisite styl derfan. De personaazjes binne hast allegearre keunstsinnich en sizze it graach moai. In pear kear wurdt ferwiisd nei bûtenlânske dichters. It poëtyske, byldsprakige en soms ymplisite taalgebrûk is foar in N5-learling nijsgjirrich en útdaagjend, mar kin foar in N3- of N4-learling in tûkelteam wêze by it begripen fan dit boek.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze om te begjinnen oan in ferhaal dat allegearre fragen opropt en him dêr net troch ûntmoedigje litte.

Ynteresses

Eilândochters is geskikt foar lêzers dy't hâlde fan in spannend boek mei morele fraachstikken, sa as skuld en trou. Ien fan de ferhaallinen spilet yn in foar learlingen mooglik werkenbere wrâld fan simmer, fakânsje, ferealens, seks en drank.

Algemiene kennis

Der is gjin algemiene kennis fereaske om dit boek te begripen.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Der wurdt wolris in dichter, in skilderij of in mytologyske figuer oanhelle, mar kennis dêrfan is net fereaske om it boek te begripen.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is eigentiids en net dreech foar learlingen fan N3, N4 of N5. De útdaging sit mear yn de ymplisite, iroanyske styl.

Sinskonstruksjes

De lingte fan de sinnen smyt gjin problemen op. Der binne passaazjes fan inerlike dialooch dy't lestich wêze kinne trochdat se in soad ymplisyt litte.  

Styl

De styl is byldsprakich, poëtysk en hjir en dêr ferhullend. It kin dreech wêze foar benammen N3- en N4-lêzers om de bedoeling en de humor fan de skriuwer oeral te trochgrûnjen. Soms moatte je in sin meardere kearen lêze om te begripen wat der stiet. Learlingen dy't de iroany net pakke, fine de dialogen miskien saai.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der bart in soad yn it boek, mar der binne ek haadstikken dy't besteane út de prakkesaasjes fan Eelkje of Arend. Bygelyks oer takomst en ferline, oer de thússituaasje of oer de leafde. Boppedat wurde der soms gedichten oanhelle. In lêzer dy't bot op aksje rjochte is, kin dat saai fine.

Gronology

Twa ferhaallinen spylje yn 2001, de oare yn 1991. De learling moat by steat wêze om tusken dy linen te skeakeljen. It helpt dat de haadstiktitels hieltyd oanjouwe yn wat foar tiid it spilet en wêr.

Ferhaalline(n)

Benammen yn it begjin fan it boek kin it lestich wêze om it ferbân trusken de trije ferhaallinen te ûntdekken. Foar N3-learlingen, noch net bot wend oan komplekse ferhaalstruktuer, kin dat yngewikkeld wêze.  

Perspektyf

Der binne twa perspektiven yn it ferhaal, dat fan Arend en dat fan Eelkje. Trochdat it yn it iene gefal om in hy giet en yn it oare gefal om in sy, is it net lestich om it perspektyf te werkennen. Somtiden stiet yn 'e haadstiktitel om wa't it giet.

Betsjutting

N3-lêzers sille dit ferhaal lêze as in spannend ferhaal dêr't ferskillende morele tema's yn nei foaren komme. In N4-lêzer kin him konsintrearje op de komplekse romanstruktuer. Foar in N5-lêzer is it boeiend om de styl fan Berga te analysearjen en nei te tinken oer de funksje fan ferhaaleleminten en personaazjes. 

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De wichtichste karakters binne Eelkje en Arend. De lêzer makket harren as pubers en as jongfolwoeksenen mei. De wrâld fan Eelkje en Arend as jongfolwoeksenen kin foar learlingen werkenber wêze.

Oantal karakters

Der binne aardich wat karakters yn it boek en it grutste part dêrfan wurdt net útwurke. Eelkje en Arend binne de iennichste round characters. It oantal karakters smyt gjin problemen op.

Untjouwing fan de karakters

De twa haadpersonaazjes meitsje in ûntjouwing troch, de oaren net. It kin lestich wêze om dy ûntjouwing mei te fielen. Arend bygelyks hat oan it begjin fan it boek in grutte ôfkar fan syn heit en dy syn wurk, mar dêr is letter hielendal neat mear fan te fernimmen. Fieders kin it foar learlingen lestich wêze om de relaasje tusken Eelkje en Arend te begripen. Dy liket soms mear te wêzen as in gewoane broer-sus-relaasje, mar soks bliuwt ymplisyt.

Relevante  boarnen foar dosinten

Biografyske skets oer de auteur op sirkwy
Boekeprofyl Eilândochters op sirkwy
Website fan de auteur