Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 4 | Einum

Einum

Einum

Froon Akker [ps. Koos Tiemersma]
Niveau
Niveau 4
Jaar uitgave
2012 [2de útjefte 2015]
Uitgeverij
Elikser
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
312
Genre
  • psychologyske roman
Tags
  • doarpslibben
  • krimp (F)
  • takomst fan it Frysk/Fryslân
Taalniveau
B2

Over de auteur

Koos Tiemersma (1952) is berne te Frjentsjer. Foardat er as skriuwer begûn, spile er in skoft yn de band Skift. Yn 2002 ferskynde syn debútroman De Ljedder. Hy publisearret sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn proaza hat komplekse en trochtochte konstruksjes. Tiemersma spilet in ferrifeljend spul mei de lêzer en mei de taal. Hy hat in boartlike en rike styl dy’t de lêzer hyltyd wer ferrast. Einum is syn werstart as skriuwer (ûnder pseudonym fan Froon Akker) mei in nije formule: boeken tagelyk yn it Frysk en yn it Nederlânsk útbringe, útjefte yn eigen hân hâlde en ferkeap allinne as e-book foar in skaplike priis. Doe’t yn septimber 2015 lykwols bekend waard dat er foar it e-book Einum de Gysbert Japicxpriis 2015 krige, brocht er mei Utjouwerij Elikser in moanne letter dochs in edysje fan Einum út op papier.

Inhoud

Yn it djippe suden fan Kanada set in fûgeltsje út ein mei de oerstek nei Europa. In reis dy’t syn einbestimming fynt by Einum, in buorskip yn in ferlitten úthoeke fan Fryslân. De reis fan it fûgeltsje is in unikum, noait earder hat ien fan syn soarte (Seiurus Noveboracensis) de oerstek weage. Mar de fraach is oft syn ferbliuw yn Einum wol takomst hat, in fraach dy’t ek jildt foar de buorskip en syn bewenners. It doarp stiet op de nominaasje om foar it grutste part sloopt te wurden en foar de measte ynwenners liket der ek net folle perspektyf te wêzen. Mar de aksje fan it fûgeltsje bringt him en Einum even yn it sicht: kloften fûgelspotters komme derop ôf en ek ûnder de Einumers sels ûntstiet beweging.

Leesaanwijzingen

Koos Tiemersma hat in tige byldzjende literêre styl (mei in protte metafoaren). Hy seit de dingen soms oars as sljochtwei. Dêr moatst betocht op wêze en miskien ek wol efkes oan wenne yn it begin fan de roman. Dêrneist brûkt de skriuwer bytiden lange sinnen dêr’st op stinne moatst (dialogen en gedachten steane dêrby troch elkoar). De roman wurdt ferteld út achttjin ferskate personaazjes wei. Lit dy net ôfskrikke troch saken dy’tst yn earste ynstânsje net begrypst, want sommige personaazjes komme werom yn lettere haadstikken en dan wurdt der folle mear dúdlik. Tiemersma leit hieltyd ferbiningen tusken de ferskate personaazjes, mar soms moatst dêr wol tige krekt foar lêze.

Om over na te denken

Is it noflik om yn in lyts doarp te wenje? Wat soest dwaan as dyn doarp sloopt driget te wurden? Is de befolkingskrimp in bedriging foar Fryslân?

Waardering

‘Neist de styl is ek de opset fan de roman bysûnder. Elke persoan stiet mar ien kear sintraal yn in haadstik, al komme de measten wol yn oare rollen werom. Dêrmei is it risiko libbensgrut dat it ferhaal slim fragminterysk bliuwt. De skriuwer hat lykwols in tal aardige ferbiningen oanbracht, dy't it ferhaal spannend hâlde en fan it boek in ienheid meitsje.’
Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant

‘It ferhaal en de personaazjes sit net allinnich goed yninoar, mar ek de trant fan fertellen. It is efkes wennen, want it binne ferhipte lange sinnen, dy’t betiden hinne en wer fleane, benammen as der twa of mear minsken oan it wurd binne en dat net oanjûn wurdt troch oanhellingstekens. Mar sadree’t men der oan wend is, komt men yn in beskaat ritme en dan hie in oare skriuwstyl ek net by it ferhaal past.’
Geart Tigchelaar op Ensafh

Geart Tigchelaar filmke

Opmerkingen

Einum waard yn 2015 bekroand mei de Gysbert Japicxpriis. It boek wie doe noch allinne mar as e-boek te krijen. Mear op Lezen voor de lijst, bloch

Leestips/meer weten

Oer de skriuwer: biografyske skets
Froon Akker (Koos Tiemersma) eigen website
Besprekken fan it boek by it boekprofyl
Besprek yn de Leeuwarder Courant
Besprek op Ensafh

Samengesteld door

Bart Temme

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 3 - Opdrachten

Boek Froon Akker [ps. Koos Tiemersma] Einum
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmtwatal
Fokusaktualiteit
Learst

om nei te tinken oer de aktualiteit dy’t it ferhaal oansnijt

Opdracht

Yn Einum beskriuwt Koos Tiemersma in aktueel tema: de befolkingskrimp yn Fryslân. Neffens de lêste sifers sil it tal ynwenners yn Fryslân yn 2030 2% minder wêze en yn 2040 sil it sels 5,5% minder wêze. Jongerein geane nei de Rânestêd omdat dêr mear wurkgelegenheid is.

1. Lês de artikels út de boarnen (sjoch hjirûnder).

2. Praat mei yn klasgenoat sawat fiif minuten oer it tema befolkingskrimp yn Fryslân. Tink nei oer de folgjende fragen: Werkenne jim de problemen yn de lytse doarpen? Kinne jim sels doarpen dy’t leechrinne? Binne dêr oplossingen te betinken foar dit probleem?
Meitsje koarte oantekeningen fan jim gesprek.

3. Hoe komt it tema yn Einum krekt oan bod? Jout de skriuwer allinich in beskriuwing fan de befolkingskrimp yn it doarp Einum of is dêr ek in les út te heljen foar oare doarpen? Lis jim antwurd út.

Makke trochBart Temme
Boek Froon Akker [ps. Koos Tiemersma] Einum
NûmerN3/2
nivo3
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om nei te tinken oer de personaazjes

Opdracht

1. Skriuw yn fjouwer kearnwurden op watst belangryk fynst foar in nijsgjirrich (ynteressant) personaazje. Bygelyks: humoristysk, krêftich, aardich, ensafh.

2. Jou een foarbyld fan in nijsgjirrich personaazje út in roman dy’tst earder lêzen hast.

3. Yn Einum komme in protte personaazjes foar. Hokker personaazje út de roman is dyn favoryt? Lis dyn antwurd koart út.

4. Ut it haadstik dat út dyn favoryt personaazje wei skreaun is krijst ek in byld fan syn opfettingen, tinken en gefoelens. Notearje dy punt foar punt. As yn oare haadstikken wat oer dyn personaazje stiet, dan nimst dat ek mei in dyn oersicht.

 Opfettingen

  Tinken

  Gefoelens

 

 

 

 

 

 

 

 

 


5. Fynst dat dyn favoryt personaazje in ûntwikkeling trochmakket? Lis dyn antwurd út.

6. Fynst sa’n ûntwikkeling belangryk? Lis dyn antwurd út.

 

Makke trochBart Temme

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Froon Akker [ps. Koos Tiemersma] Einum
NûmerOpdracht N4/1
nivo4
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustiid
Learst

om nei te tinken oer de tiidsferrin yn it ferhaal

Opdracht

1. Meitsje in list fan alle haadstikken yn it boek. Set yn de list binnen elk haadstik ûnder elkoar de foarfallen en sênes fan dat haadstik. Nim de reis fan it fûgeltsje ek mei yn de list! Sa krijst yn stekwurden in oersjoch fan de opbou fan it boek.

2. Jou dan achter elk haadstik en de sênes yn it haadstik oan wannear’t se spylje. Tip: op s. 83 stiet dat it dan freed is.

3. Wêrom soe Koos Tiemersma it ferrin fan it ferhaal net gewoan yn gronologyske folchoarder skreaun ha? Lis út.

4. Op side 218 ûnderste rigele stiet ‘justerjûn’. Gean nei oft dat wol yn it tiidsferrin fan it ferhaal past sa’tst dat by fraach 2 opsteld hast. Lis út.

Makke trochBart Temme
Boek Froon Akker [ps. Koos Tiemersma] Einum
NûmerN4/2
nivo4
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusperspektyf
Learst

om nei te tinken oer it effekt fan it perspektyf

Opdracht

Yn it sjueryrapport fan de Gysbert Japicxpriis 2015 skriuwt de sjuery oer it mearfâldich perspektyf fan Einum: ‘Yn elk haadstik sjogge wy it lytse doarp út it perspektyf fan in folgjend personaazje. Sa wurde de byinoar lâns en mei-inoar belibbe ferhalen yninoar ferfrissele. Dy suver filmyske komposysje dy’t de roman in enorme faasje jout, docht gjin ûnderstek oan de personaazjes. Krekt oarsom: elke ‘akteur’ groeit sûnder omhaal fan wurden út ta in werkenber karakter.’

Skriuw in betooch fan ca. trijehûndert wurden dêr’tst yn útleist watst fan de boppesteande útspraak fynst. Basearje dy op arguminten dy’t ûntliend binne oan de roman.

Makke trochBart Temme
Boek Froon Akker [ps. Koos Tiemersma] Einum
NûmerN4/3
nivo4
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusfoarm
Learst

om nei te tinken oer de foarm

Opdracht

1. De roman fan Koos Tiemersma begjint mei it ferhaal ferhaal oer it fûgeltsje Seiurus Noveboracensis. Dêrnei wurdt it ferhaal fan de bewenners fan Einum nochris fiif kear ûnderbrutsen troch it ferhaal oer it fûgeltsje .Dy koarte haadstikken hjitte ‘De tocht’. Lês dy haadstikken nochris.

2. Wat fynst fan dy haadstikken? Lis dyn antwurd út.

3. Wêrom belûkt Koos Tiemersma it ferhaal oer it fûgeltsje by it ferhaal oer de bewenners fan Einum, tinkst? Lis dyn antwurd út.

4. Kinst it fûgeltsje ek sjen als in metafoar (sjoch: Boarnen)? En wêr stiet it fûgeltsje neffens dy dan foar? Lis dyn antwurd út.

Makke trochBart Temme

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Froon Akker [ps. Koos Tiemersma] Einum
NûmerN5/1
nivo5
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokussjenre
Learst

om nei te tinken oer it sjenre

Opdracht

1. Op it omslach fan Einum stiet ‘roman’. Wat betsjut neffens dy it wurd ‘roman’? Wat makket in boek ta in ‘roman’? Sykje op ynternet om boarnen, brûk it Basisboek literatuur, gean yn petear mei in klasgenoat oer de term ‘roman’, wat net al.
Skriuw yn it koart dyn befinnings op.

2. Skriuwer Josse de Haan skriuwt op de webside fan De Moanne: ‘It boek Einum is gjin roman, meidat it net oan de definysjes fan in roman beantwurdet – ferhaalline, ûntwikkeling karakters (psychology haadpersoanen) en plot. It boek bestiet út 18 ferhalen dy’t foar it meastepart op harsels steane, fiif kear ûnderbrutsen troch in oardel side ferhaaltsje oer in fûgeltsje dat oer de Atlantyske Oseaan fljocht nei Einum’.

En:
‘De 18 ferhalen fan sa likernôch in fyftjin siden elk foarmje in sjoernalistyk ferslach fan it libben fan minsken yn in optocht doarp yn it noarden fan Fryslân. Op de iene of oare wize binne se dêre terjochte kommen, tafallich, sa’t it tafal faker yn dit boek in grutte rol spilet. Dat keunstmjittige fan it tafal is needsaaklik, want der is gjin sprake fan in ûntwikkeling sa’t dat yn in roman it gefal is. Hjir wurdt allinne troch de skriuwer registrearre yn momintopnames.’

Bist it iens of net iens mei de opfetting fan Josse de Haan? Skriuw in redenearring fan trijehûndert wurden dêr’tst dyn stânpunt yn útleist. Basearje dy op arguminten dy’t ûntliend binne oan de roman.

Makke trochBart Temme
Boek Froon Akker [ps. Koos Tiemersma] Einum
NûmerN5/2
nivo5
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspoëtika
Learst

om nei te tinken oer de poëtika fan in skriuwer

Opdracht

Under 'poëtika' wurdt ferstien: de fisy en wurkwize fan een keunstner. Yn it bysûnder jildt dat foar in skriuwer of dichter. In poëtika ferwiist dus ek nei it gehiel fan opfettingen dy’t in skriuwer hat oer wat literatuer wêze moat. We underskiede fjouwer poëtika’s: mimetysk, pragmatysk, ekspressyf en autonomistysk. De poëtika fan in skriuwer kin bliken dwaan út útspraken dy’t er binnen of bûten syn wurk docht. Nijsgjirrich is it om te sjen oft datjinge wat in skriuwer bygelyks in ynterviews seit, kloppet mei syn skriuwpraktyk. Kinst ek ûndersykje oft de opfettingen fan de skriuwer oer literatuer feroarje in syn libben.

1. Lês it haadstik ‘Poëtica’ út it Basisboek literatuur of lês de Wikipedia-pagina  (sjoch: Boarnen). Sykje dêrnei ynformaasje oer it wurk fan Koos Tiemersma. Rieplachtsje ferskate boarnen. Op sirkwy.nl fynst bygelyks ynterviews mei de skriuwer en resinsjes oer syn wurk. Op dbnl.org stiet de literatuerskiednis Zolang de wind van de wolken waait.

2. Hokker fan de fjouwer poëtikale opfettingen hâldt Koos Tiemers der neffens dy op nei?

3. Yn hoefiere fynst dy wêrom in Einum? Kom mei ynhâldlike arguminten troch hieltyd konkrete foarbylden út de roman te jaan.

Makke trochBart Temme

Docenteninformatie

Yntroduksje

Koos Tiemersma (1952) is berne te Frjentsjer. Foardat er as skriuwer begûn, spile er in skoft yn de band Skift. Yn 2002 ferskynde syn debútroman De Ljedder. Hy publisearret sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn proaza hat komplekse en trochtochte konstruksjes. Tiemersma spilet in ferrifeljend spul mei de lêzer en mei de taal. Hy hat in boartlike en rike styl dy’t de lêzer hyltyd wer ferrast. Einum is syn werstart as skriuwer (under pseudonym fan Froon Akker) mei in nije formule: boeken tagelyk yn it Frysk en yn it Nederlânsk útbringe; útjefte yn eigen hân hâlde; ferkeap allinne as e-book foar in skaplike priis. Doe't lykwols bekend waard dat Tiemersma foar Einum de Gysbert Japicxpriis 2015 takend krige, brocht er yn oktober 2015 mei Utjouwerij Elikser in edysje fan Einum út op papier.

Ynhâld

Yn it djippe suden fan Kanada set in fûgeltsje út ein mei de oerstek nei Europa. In reis dy’t syn einbestimming fynt by Einum, in buorskip yn in ferlitten úthoeke fan Fryslân. De reis fan it fûgeltsje is in unikum, noait earder hat ien fan syn soarte (Seiurus Noveboracensis) de oerstek weage. Mar de fraach is oft syn ferbliuw yn Einum wol takomst hat, in fraach dy’t ek jildt foar de buorskip en syn bewenners. It doarp stiet op de nominaasje om foar it grutste part sloopt te wurden en foar de measte ynwenners liket der ek net folle perspektyf te wêzen. Mar de aksje fan it fûgeltsje bringt him en Einum even yn it sicht: kloften fûgelspotters komme derop ôf en ek ûnder de Einumers sels ûntstiet beweging.

Swierte

De roman Einum is in útdaagjend boek. Lêzers kinne har fêstbite in de styl (Tiemersma brûkt in protte byldspraak en metafoaren), it plot (der stean in protte iepen plakken in de roman) en it perspektyf (yn totaal folgje we mar leafst achttjin personaazjes). N4- en N5-lêzers sille dat wurdearje, mar N3-lêzers moatte dêr miskien wat mear oan wenne. Yn de roman komme maatskiplike en psychologyske kwestjes oan bod dy’t de jonge lêzers ek oan it tinken sette kinne. Is der takomst foar buorskippen en lytse doarpen? Wat kin de plattelânsmienskip dwaan tsjin befolkingskrimp?

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in ferhaal mei in protte personaazjes; foaral foar de N3-lêzers kin dat noch lêstich wêze. Tiemersma jout de lêzer wol een realistysk ferhaal, dat makket it foar dizze lêzer wol makliker.

Ynteresses

Einum is geskikt foar lêzers dy’t hâlde fan ferhalen oer psychyske, sosjale en morele fraachstikken, sa as befolkingskrimp en de posysje fan it Fryske plattelân yn in feroarjende wrâld. Tiemersma biedt de lêzer genôch om oer te prakkesearje. Ek lêzers dy’t hâlde fan doarpsferhalen sille Einum wurdearje.

Algemiene kennis

As de lêzer basale kennis hat fan befolkingskrimp en de gefolgen dêrfan foar it doarpslibben yn Fryslan wurdt Einum wol ynsichtliker. Psychologyske kennis is op guon plakken ek wichtich: de lêzer folget ferskate personaazjes mei ferskillende âldens: jong,  âld en dêrtuskenyn. Yn Einum wurdt bytiden subtyl ferwiisd nei oare boeken en de Bibel, lykas de figuer fan Mozes. Mar ek sûnder de ferwizings  op te pikken kin de lêzer it ferhaal begripe. 

Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks)

Spesifike literêre kennis is net nedich.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Yn Einum steane net in protte lêstige wurden. Trochdat dy wurden yn in kontekst stean, hoecht it wurdboek der net altyd fuortendaliks by pakt te wurden. Dat is oantreklik foar de lêzer.

Sinskonstruksjes

De lingte fan de sinnen yn it boek fariearret sterk. Tiemersma brûkt bygelyks hiele lange bysinnen, mar syn sinnen binne bytiden ek koart (trije, fjouwer wurden op ien alinea). N3-lêzers sille by guon sinskonstruksjes presiis lêze moatte.

Styl

De styl fan Einum is bysûnder. De dialogen steane hieltyd yn de direkte rede (sûnder ynterpunksje). De roman befettet dêrneist in protte byldspraak: ‘Gré hat in noas as in jachtbuks’, ‘wolkjes fan fertriet boppe fronsele wynbrauwen’, ‘drinke en pisje mei myn liif as kearslûs’, ‘twa bûtenlampen nimme har ûnder skot’. De byldspraak is net altyd tagonklik foar N3-lêzers. N4- en N5-lêzers sille dat mear wurdearje. It ferhaal wurdt bytiden ek humoristysk ferteld (‘Foar Jan Bijker bestiet Thomas Vermeer foar santich persint út wetter en foar de oare tritich út benyptens’). De jonge lêzers sille dat wurdearje.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn Einum is net sprake fan in soad aksje. Lêzers dy’t dat sykje yn dizze roman sille teloarsteld wurde. It ferhaal hat net echt in spannend plot.

Gronology

It ferhaal yn Einum wurdt gronologysk ferteld, mar binnen de achttjin ferhalen sitte wol tiidsprongen en flashbacks, dy’t net altyd dúdlik markearre binne. Foar N3-lêzers is de gronology in útdaging.

Ferhaalline(n)

It ferhaal befettet ferskillende ferhaallinen. Einum bestiet út achttjin ferhalen oer doarpsbewenners dy’t foar it meastepart op harsels steane, fiif kear wurdt it ferhaal ûnderbrutsen troch it ferhaaltsje oer it fûgeltsje. Foar N4- en N5-lêzers sit der seker ferdjipping yn de ferskate ferhaallinen (se moatte alert bliuwe). Ek it ymplisite boadskip sille se wurdearje. Hoe kin it plattelânslibben him ferhâlde ta de befolkingskrimp? Dizze lêzers kinne har ek fêstbite yn de ‘iepen plakken’ dy’t it ferhaal biedt.

Perspektyf

Yn Einum is sprake fan in mearfâldich perspektyf. It ferhaal wurdt ferteld út achttjin personaazjes wei. Foar de lêzer bliuwe de personaazjes troch dat perspektyf wol mear op in ofstân (se komme net lang oan it wurd), mar foar N4- en N5-lêzers sil dat gjin grutte problemen opleverje.

Betsjutting

Ien fan de belangrykste tema’s fan Einum is de takomst fan de plattelânsmienskip yn Fryslân.  Tiemersma beskriuwt it tema hiel subtyl yn de ferskate haadstikken en brûkt ferskillende personaazjes om sjen te litten dat it foar jong en âld jildt. Stadich wurde de ferhaallinen mei-inoar ferbûn. De N3-lêzer sil it oerkoepeljend tema miskien net mei-iens werkenne, mar foar N4- en N5-lêzers moat it gjin probleem wêze. Dy lêzers sille it tema ek op oare plakken yn de roman oanwize kinne, lykas de betsjutting fan it fûgeltsje (Seiurus Noveboracensis).

Fertroud mei literêre personaazjes

Karakters

De lêzer folget de hanlings fan achttjin persoanen, mar yn Einum komme dêrneist noch folle mear karrakters foar. De N3-lêzer sil miskien net altyd de hanlings en prakkesaasjes fan alle karakters begripe kinne. In protte karakters binne gjin personaazjes dy’t tichtby de jongerein stean. Foar N4- en N5-lêzers moat it makliker wêze om har mei de personaazjes te identifisearjen.

Hoemannichte

It tal personaazjes yn Einum is hiel grut. Oan 'e iene kant jout dat betizing, want it tempo fan de haadstikken is heech en je sitte hiel fluch wer yn ’e holle fan in oar personaazje, dat kin N3-lêzers tsjinstean. Omdat de personaazjes net allegear útdjippe wurde, sille de N3-lêzers ek harren bêst dwaan moatte om de karakters te begripen. Binnen it ferhaal biede de personaazjes wol ‘iepen plakken’; N4- en N5-lêzers kinne dêrmei oan de slach.

Untjouwing fan karakters

Yn it ferhaal makket net elk personaazje in ûntwikkeling troch. By guon karakters is har libbensrin yn gearfetsjende styl troch Tiemersma yn it ferhaal ferfrissele (lykas by Thomas Vermeer). Tiemersma beskriuwt in protte hannelings fan de ferskate personaazjes, mar een eksplisite psychologsyske ferdjipping jout er net altyd. Foar lêzers is it ynteressant om dat sels te ûntdekken. It giet yn de roman benammen om in personaazje syn ferhâlding ta it plattelânslibben en ta de minsken yn de feroarjende Fryske wrâld. Foar N4- en N5-lêzers is dat tige útdaagjend.

Relevante  boarnen foar dosinten

Doeke Sijens, ‘In kleaune minsken’ Leeuwarder Courant, 22-11-2013.
Geart Tigchelaar, ‘Ien doarp, ien fûgeltsje, in soad ferhalen’,  Ensafh, 12-10-2012.