Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 6 | De Reade Bwarre

De Reade Bwarre

De Reade Bwarre

Riemersma, Tr.
Niveau
Niveau 6
Jaar uitgave
1992 [3de pr. 2010]
Uitgeverij
Koperative Utjowerij
Plaats
Boalsert
Aantal pagina's
499
Genre
Tags
  • autobiografy
  • boereroman
  • doarpslibben
  • Ferwert
  • Fryske beweging
  • Fryske literatuer
  • jierren '30
  • polemyk
  • postmodernisme (F)
  • Twadde Wrâldoarloch
Taalniveau
C2

Over de auteur

Trinus Riemersma (1938-2011) is ien fan de bekendste Fryske skriuwers. Hy debutearre yn 1964 mei de roman Fabryk, dy't yn dy tiid bysûnder wie foar Fryslân fanwege de iepenheid oer psychyske sykte, seksualiteit en leauwen. Guon fûnen dy iepenheid ûnfatsoenlik en ûnfrysk. Behalve mei it skriuwen oer tabû-ûnderwerpen droech Riemersma mei foarmeksperiminten by oan de modernisearring fan de Fryske literatuer. In foarbyld dêrfan is de 'trijeslachtige' roman De hite simmer (1969). Riemersma skreau ek gedichten en koarte ferhalen. Yn de jierren '70 probearre er in eigen, fonologyske stavering út. Hy wie doe foarstanner fan in radikale staveringsfernijing. Nei 1979 skikte er him yn de nije staveringsregels, mar De Reade Bwarre ferskynde wol yn de eigen stavering.
Riemersma hat faak prizen krigen foar syn wurk: seis kear in Rely Jorritsmapriis foar koarte ferhalen. Foar de romans Fabryk (yn 1967) en De Reade Bwarre (yn 1995) ûntfong er elk in Gysbert Japicxpriis. Riemersma wurke as skoalmaster en letter as literatuerûndersiker oan de VU-Amsterdam (dissertaasje Proza van het platteland), as letterkundedosint oan NHL Hegeskoalle en as kolumnist foar de Ljouwerter Krante.

Inhoud

De roman set útein mei it haadstik 'Ut ydyomatyske vudbûk' [= 'It idiomatyske wurdboek']. Sintraal yn dy tekst stiet it wurd. De roman en de ferhaallinen binne in útlis en útwurking fan dit haadstik 1 fan de roman.
De earste line is dy fan Grimbold en spilet him ôf yn de 15de ieu. Grimbold hat in kat, in reade boarre, mei de namme Boldgrim. Dy kat kin prate en seit tsjin Grimbold dat er op 'en paad moat om de minsken oer it evangeelje te fertellen. Grimbold slacht Boldgrim dea, snijt him de ballen ôf en giet op reis. Boldgrim syn geast giet mei him mei.
De twadde ferhaalline is de boereroman mei it libbensferhaal fan Harrem Bosma, alias Módderklauer. Hy is de soan fan Têke en Eelkje, dy't in gerniersbedriuw hawwe, dat is in lyts boerebedriuw (keuterboer).
De tredde line is dy fan Tilly. Dat is it autobiografyske ferhaal fan Trinus Riemersma. Harrem en Tilly groeie beide op yn Noardwest-Fryslân.
Tusken dy linen troch spylje anekdoates, ferhalen, parodyen en polemiken oer de Fryske literatuer, taalkunde en bewegingsskiednis in rol. Dy soe men beskôgje kinne as aparte ferhaallinen. Alle ferhaallinen wurde ferteld troch fiif kopijskriuwers dy't wurkje foar in opdrachtjouwer, dy't der ien gehiel fan makket. Fanwege it feit dat der fiif kopijskriuwers oan it wurk binne, kin men der fanútgean dat der ek fiif ferhaallinen binne.

Leesaanwijzingen

It drege oan dit boek daget dy tagelyk út. Dat komt trochdat it Frysk èn yn noardwestlike fariant is èn yn in oare stavering skreaun is èn it in tsjok boek is èn der fjouwer-fiif ferskillende ferhaallinen binne. Dêrnêst moatst aardich thús wêze yn de Fryske kultuer en skiednis om it boek wurdearje te kinnen. Ast beslútst om dizze roman te lêzen en do bist in N5-lêzer, is it fan belang datst gewoan trochlêst. Ek al lykje dyn eagen oer de wurden hinne te sweevjen sûnder datst der alles fan begrypst: gewoan trochlêze. Besykje de ferskillende ferhaallinen te folgjen. De N6-lêzer kin him talizze op de ynterpretaasje fan de ferskillende ferhaallinen.

Om over na te denken

Wat is dyn ferwachting fan dit boek? De Reade Bwarre wurdt troch guon as in modernistyske roman, troch oaren as in postmodernistyske roman beskôge. Wat is it ferskil neffens dy? Wannear soe in wurk in magnum opus neamd wurde kinne?

Waardering

'Yn de roman is alles tematisearre wat de Fryske literatuer ta de Fryske literatuer makket.'
Liesbeth Brouwer yn Parmentier

'Uteinliken is it boek - ek - wurden wat Riemersma doedestiids foar eagen stie: in literêre hommaazje oan syn heit.'
Sytske van Aalsum yn Trouw

'Riemersma boartet mei syn lêzers, mei syn ferhalen en mei himsels as skriuwer. Hy jaget de boel yn de bulten. Riemersma is ús earste postmodernist yn in faaks noch mytysk Fryslân.'
Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 1995 yn Trotwaer

'My sprekt dizze roman benammen oan, omdat ik in soad werken fan Ferwert en omjouwing. Ik ken de iisbaan, Utsjuch en de Hallumer Hoeke en wit presys wêr't de ferhalen harren ôfspylje.'
Leo (studint Frysk, NHL Hegeskoalle)

Opmerkingen

Trinus Riemersma heart by Fryslâns klassike skriuwers. De Reade Bwarre is syn 'magnum opus'. De komplete romantekst stiet digitaal op de dbnl en der is in harkboek (25 oeren!).
Dielnimmers oan in sympoasium oer 'Klassikers yn de Fryske literatuer' yn 2014 fertelden yn in enkête har top-3 fan Frysk proaza. Ien fan de trije neamde De Reade Bwarre, dat dêrmei fierwei op nûmer 1 kaam [website Tresoar].

Leestips/meer weten

Myn eigen eker is it skriuwersblog fan Trinus Riemersma. It is nei syn ferstjerren yn 2011 op ynternet stean bleaun. Dêr kinst in protte te witten komme oer de skriuwer en syn wurk. Yn de knipselmappen by Tresoar kinst resinsjes fan de Bwarre fine. Dy jouwe koart en dúdlik ynformaasje oer de foarm en ynhâld fan de roman.
Op ynternet daliks te finen de resinsje fan Jelle Krol yn de Ljouwerter Krante yn 1992, diel 1 en diel 2.
Oer Riemersma sels: Dokumintêre Omrop Fryslân, maart 2011

Samengesteld door

Babs Gezelle Meerburg

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 5 - Opdrachten

Boek Riemersma, Tr. De Reade Bwarre
NûmerN5/1
nivo5
Stúdzjelêst 6 slu
Wurkfoarmaktyf op stap
Fokusromanlokaasjes hjoeddedei
Learst

om dy te ferpleatsen yn de wat desolate wrâld fan Harmen Módderklauer en Tilly.

Opdracht

By dizze opdracht sikest plakken op dy't in rol spylje yn de roman. Priuwst de sfear fan it lânskip en it doarp Ferwert. Dochst in rûntsje Ferwert en omjouwing en lêst op lokaasje bypassende fragminten út De Reade Bwarre (tenei RB). Kinst op 'e fyts, mar mei de auto is makliker.

Meitsje ûnderweis foto's dy't in ympresje jouwe fan dyn tocht. Plak se yn it kaartsje datst ûnder 1 makkest.

1. Meitsje as tarieding mei Google Maps in kaartsje fan dyn rûte. Jou de rûte oan.

2. Begjin oan de Stasjonswei yn Ferwert. Tilly seit dat fan it âlde Ferwert net folle mear oer is.Lês RB, s. 153-154 (oant 'Mar net dêrom') en dêrnei RB: s. 161 ('Mar vot Tilly… pjukken.'),

3. Gean dan nei it timpeltsje fan Ids Willemsma op 'e seedyk (adres: Osingaloane, Marrum). Sjoch oer doarp en lân hinne en lês RB: s. 17-18 ('De seedyk… Loane'), lês oer slykwurkers en rysdammen, RB: s. 71 ('Tijen kómme… fonsels!')

4. Werom rjochting Ferwert oer de Mûndersloane/Molenlaan. Hjir stie it pleatske fan Harrem en Eelkje. Lês RB: s. 102 - 104 ('Têke hie… óp fwótten').

5. Rûntsje Reindersloane - Seedyk - Mûndersloane. Dit wie in sneinske kuierke  fan Tilly en syn âlden. Lês RB, s. 146 - 147 ('Dur kamen… nóit nei frege.'

6. Ryd dan by it spoar del fan it Dokkumer lokaaltsje. Ferwert lei oan de spoarline fan Ljouwert nei Anjum fan 1901-1940. It âlde stasjonsgebou is sloopt yn de santiger jierren. Lês RB: s. 78-79 oer peallen stelle yn de oarloch ('Fon lófts…  betraapje mwast.')

7. Sykje op: de boerepleats Ter Sted oan de Ljouwerter Dyk. Lês dêr, RB s. 17-18 ('de seedyk… fon Lytse Loane') en s. 489 ('Bij Ter Sted… slút jim oan.').

8. Gean nei de buorren fan Ferwert ta en besykje de tsjerke en de Frijhôf. Lês RB: s. 12 en 13 oer de lizzing fan Ferwert ('Un kot…. rekkenje mai'). Sykje it grêf fan E.B. Folkertsma op en lês RB: s. 251 - 255 ('Yn 'e simmer… verómrais bevarje') en RB: s.144 ('De easte… rónnen.').

9. Nei de Achterdyk (no: Hoofdstraat) en Albadaloane, dêr't Tilly as bern wenne. Lês RB, s. 197 ('Tilly syn hait... súdden yn rón.'). Dan op nei de Iisbaan oan de Kleasterwei. Lês RB: s. 9 (tredde alinea), s. 141-142 ('Mar neffens… sait Tilly.').  Gean nei de MULO dêr't Trinus Riemersma op sitten hat en dêr't letter in reüny fan hâlden wurdt (no: Dockinga College). Lês RB: s. 476-477 ('Yn novimber '90… amper vot fon oer.'). De Ryp by Ferwert, lês RB: s. 149 ('De haiten… Rypsterfeat.').

10. De Hallumer Hoeke fynst krekt bûten Ferwert. Hjir wennen de âlden fan Eelkje Westra en letter Hinke en Yde. Hinke is de muoike fan Harrem Modderklauer. Lês RB: s. 34 ('De vainmakkerij… Eelkje stie'), s. 75 ('Fon 'e mjuksplanke… Vestfrónt.'), s. 175 (tredde alinea). Ryd nei It Kleaster ta (earder Kleaster Foswert). Lês RB: s. 25-28 ('Tilly hie os… ut flierkleed').

11. Us tocht sit derop. Wy ride rjochting Burdaard fia de Alde Piip en Utsjog. Lês RB: s. 12. Yn it doarp Wyns kinst it grêf fan Trinus Riemersma opsykje.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Riemersma, Tr. De Reade Bwarre
NûmerN5/2
nivo5
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmanalyze en close reading
Fokusstruktuer
Learst

om de ferhaallinen út de roman te heljen en dêrtroch better ynsjoch te krijen yn de opbou fan de roman.

Opdracht

Lês Easte Haadstik Ien 'Ut ydyomatyske vudbûk' en beantwurdzje de folgjende fragen:

1. De earste tweintich alinea's binne nûmere. Wêr ferwiist dy nûmering nei?

2. Wat is de tekst fan bibelboek Johannes 1:1? Wat is de relaasje tusken de earste tweintich alinea's en dat bibelboek?

3. Yn de folgjende alinea wurdt ferteld dat De Reade Bwarre beskôge wurde kin as parafraze fan de foargeande nûmere alinea's. Wat is it evangeelje fan Boldgrim neffens de beskriuwing fan Floares mei de Bult?

4. Wêr ferwiist Opm. 1 nei?

5. Beskriuw Opm. 2 yn eigen wurden.

6. Yn de lêste alinea fan dit haadstik wurde de ferhaallinen beneamd. Hokker?

7. Wêrom is it apart dat Harrem Bosma yn dit rychje foarkomt?


Lês dan Twadde Haadstik Ien, 'Kopijskrjowerssoargen'. Beantwurdzje de fragen:

8. Hoefolle kopijskriuwers binne der en wat is har taak?

9. Hearre de ûnderwerpen dêr't se oer skriuwe ta deselde ferhaalline? Skriuwe se elk ien ferhaalline?

10. Wa is de opdrachtjouwer dy't ienris yn de moanne skille wurdt?

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Riemersma, Tr. De Reade Bwarre
NûmerN5/3
nivo5
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmanalyze en close reading
Fokusboreroman
Learst

om yn te sjen wêrom't de ferhaalline fan Harrem Modderklauer in typyske Fryske boereroman is.

Opdracht

1. 'Hee, do, kopijskrjower, sait Tilly, do sitst kamp yn 'e Frieske lyteratuer, net? Beskrjo do mij rus de bette fon Harrem Bosmayn 'e styl fon 'e Frieske boereromon. Och hea, sait de kopijskrjouwer, soenen jo dot vól vólle?'  (Earste Haadstik Trije 'Vot gyselen de vynviisders' (s. 53). Lês Easte Haadstik Trije (s. 53-63) hielendal troch. Sprekt it dy oan? Ljochtsje dyn antwurd ta.

2. Lês yn de dissertaasje fan Riemersma (sjoch boarne) de Slotbeschouwing paragraaf 1, 'de moraal van het verhaal' op side 256-260. Meitsje in tabel mei twa kolommen.
Set yn de earste kolom fiif  skaaimerken fan in typyske boereroman út de earste helte fan de tweintichste ieu. Skriuw yn de twadde kolom by elk itemskaaimerk trije foarbylden út de Módderklauersline.

3. Op hokfoar punt(-en) wykt de ferhaalline fan Harrem Modderklauerline ôf fan de tradisjonele Fryske boereroman sa't dy hjir beskreaun wurdt? Lis dyn antwurd út.

4. Lês yn it Twadde Haadstik Sôn (s. 158) oer de skiednis fan de ferhaalline fan de Módderklauers. Tilly wie doedestiids, yn 1967, de opdrachtjouwer fan in fiif kopijskriuwers. Wat woe Tilly nei foaren brocht hawwe oer it gerniersbestean?

5. Wat is de funksje fan de ferhaalline fan de Módderklauers yn dit boek?

6. Watfoar sin hat it om yn ús tiid in boereroman te skriuwen?

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Riemersma, Tr. De Reade Bwarre
NûmerN5/4
nivo5
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmanalyze
Fokusynhâld
Learst

om oersjoch te krijen oer de komplekse ynhâld fan it boek.

Opdracht

1. Lês op 'e nij Tredde haadstik Twintig, s. 488-495 'Bekenne vij ús ta de Bwarre'. Dit is it lêste haadstik fan dit boek.

2. Alle folk út Ferwert en omkriten, libbenen en deaden, komt byinoar op ut Frijhôf, op 'e Hegebwòrren, de Bók en it tsjerkhôf. Hoe komme se dêr? Wat bart dêr?

3. Yn dit haadstik komme de personaazjes út ferskillende ferhaallinen byinoar. Lis út dat dat sa is.

4. Dizze sêne liket op in 'Jongste Dei' of 'Dag des Oordeels.' Wat is it oardiel fan Tilly? Folget er dêrmei it bibelboek Iepenbieringen?

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Niveau 6 - Opdrachten

Boek Riemersma, Tr. De Reade Bwarre
NûmerN6/1
nivo6
Stúdzjelêst 2
Wurkfoarmanalyze en close reading
Fokusoeuvre fan Tr. Riemersma
Learst

om in miening te formulearjen oer de roman yn relaasje ta it oeuvre fan Riemersma.

Opdracht

1. Kies de ferhaalline dy't dy it measte oansprekt en lês dy nochris troch.
Jou konkreet oan wêr't it ferhaal dy oangrypt en wêrom dat sa is (foarbylden, bledsidenûmers).

2. Kies no in ferhaalline en in fragmint út dêr'tst hielendal neat mei hast. Neam bledsidenûmer.

3. Beneam wat in ferhaal hawwe moat of wêze moat om dy oan te sprekken.

4. Hokker oare romans fan Trinus Riemersma werkenst yn De Reade Bwarre?

5. Wat is it plak fan De Reade Bwarre yn it oeuvre fan Trinus Riemersma? Ferlykje dyn lêsûnderfining by De Reade Bwarre mei dy by oar wurk fan him.

6. Wa is oan it wurd yn Twadde Haadstik Twinteg, 'De soan fan Saepke-seepsop', s. 480? ('Ut lai my vinlek … drs. E. Bosma'). Is dat Tilly, (in alter ego fan) Riemersma sels? Is dit peronaazje feit of fiksje? Hoe sit dat mei de hear Bosma fan de Provinsje?

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Riemersma, Tr. De Reade Bwarre
NûmerN6/2
nivo6
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmanalyze en close reading
Fokusyntertekstualiteit
Learst

om de roman te lêzen op yntertekstuele ferbannen

Opdracht

Lês earst de literêre teory oer yntertekstualiteit. Yn dizze opdracht beheine wy ús ta ynteraksje tusken De Reade Bwarre en oare teksten.

1. Lês it artikel fan Teake Oppewal yn Trotwaer, jiergong 1995, side 287-294 en dan benammen de paragraaf oer yntertekstualiteit. Oppewal jout foarbylden fan hoe't Riemersma nije betsjuttingen kreëarret mei rigels út Fryske gedichten, sinnen út Toer en tsjerke fan E.B. Folkertsma, syn eigen Minskrotten - Rotminsken, Anne Wadman syn roman De smearlappen, Burgy syn Berutsen fjoer, Brolsma syn Grûn en minsken.
Hokker roman wurdt yn ferbân mei yntertekstualiteit yn De Reade Bwarre yn alle sekundêre literatuer  neamd, mar hjir net? De skriuwer fan de hjir bedoelde roman komt wol yn it stik wol foar.

2. Yn de Laudatio wurdt frij wiidweidich yngongen op yntertekstuele ferbannen mei Wadman syn De smearlappen [boereroman]. Wat hat Wadman foar it neist syn doel west mei it skriuwen fan dizze alternative boereroman? Wat hat wierskynlik Riemersma syn (bewuste of ûnbewuste) bedoeling west mei it skriuwen fan de ferhaalline fan de Módderklauers yn de foarm fan in boereroman?

3. Bepaal dyn stânpunt oer de literêre relaasje Wadman - Riemersma. Kinst ûndersteande artikels út de Ljouwerter Krante brûke by it foarmjen fan dyn miening.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Riemersma, Tr. De Reade Bwarre
NûmerN6/3
nivo6
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmanalyze
Fokusstavering
Learst

om te sjen nei de fizy fan Riemersma op it Frysk as kultuertaal

Opdracht

1.'Dêvykòvè!' seit Tilly de tillefoanist (s. 158). Wat seit er dêr, opskreaun yn gongbere stavering? Skikt Riemersma him yn de staveringsregels fan it Frysk út 1976? Lis dyn antwurd út en betrek dêr it begryp 'fonologyske stavering' yn.

2. Watfoar fizy jout de roman op it tastean fan mear dialektferskaat yn it Frysk? Lis dyn antwurd út mei help it folgjende tekstfragmint (s. 194):

Us nijynkómmelingen vólle ut echte Friesk leare, en os jo don jo aigen dyalekt skrjowe, don raitsje se óp 'e doele'; 'os jo un ôvykende stavering brûkke, don kinne ús middelskwallelearlingen dur neat mai!' Don vurt de skrjower lilk en sait: vólle de Frieske lêzers sa freonlek vêze óm dea te fôlen? Ik skrjo net fwar stómme lullen dyt har Friesk net beheaskje, fwar earme bentsjes dyt staverjen leare matte, noch fwar ydyoomgarders, brekkingsdeskundegen, kwismasters, rûntepetearders en ol sók rjo.
De kar fwar ut Friesk dógt mun net út leafde fwar ut fólk - 'folk' is de ónferskillege klyber, de fijonnege massa. Mun kiest fwar ut Friesk ómt mun jun ydintyfysjerje vól mai un grûp jun bekende minsken dêrt mun jun ta oanlutsen fielt. Mun kiest don ek net fwar ut Friesk, mar fwar ut Friesk fon dy minsken. De solydarytijt mai ut laag dêrt mun út fwótkómmen en mai ópvûksen is en dêrt mun fjiddersoan ta bejerre vól, beskaat de taalkar.
Ot dot Friesk yn relaasje ta oare Frieske dyalekten, ta jedder sprutsen Friesk en ta hollônsk mear of minder 'geef' is, is gjin probleem: de gevens of óngevens spylet gjin rol. Olles vot akseptabel is yn 'e grûp is goed, en vot dot net is, is 'núver'.

3. De Reade Bwarre stelt it ideaal fan it Frysk as in folsleine kultuertaal yn de kiif, sa wurdt wol tocht. Riemersma ûntwurp syn stavering yn de tiid dat hy en oaren iveren foar in fiergeande staveringsfernijing.
Yn 1976 waard besletten ta in nije stavering, mar net neffens it sin fan Riemersma, dy't in mear fonologysk systeem ha woe en yndividuele en dialektale frijheden tastean woe.
Net foar neat ferskynden by de útjouwerij de KU, dêr't Riemersma ek lid fan wie, boeken yn elke stavering dy't de skriuwer sels mar ha woe.

Bisto it dermei iens dat Trinus Riemersma mei syn kar foar dialektysk ferskaat en it brûken fan in eigen staveringssysteem it ideaal fan it Frysk as folsleine kultuertaal (standerttaal yn allerhande domeinen) ûnderút hellet? Lis út.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Docenteninformatie

Yntroduksje

Trinus Riemersma (1938-2011) is ien fan de bekendste Fryske skriuwers. Hy debutearre yn 1964 mei de roman Fabryk, dy't bysûnder foar Fryslân achte waard fanwege de iepenheid oer psychyske sykte, seksualiteit en leauwen. Dy iepenheid waard gauris opfetten as ûnfatsoenlik en ûnfrysk. Behalve mei boppeneamde ynhâldseksperiminten droech Riemersma mei foarmeksperiminten by oan de modernisearring fan de Fryske literatuer. In foarbyld dêrfan is de 'trijeslachtige' roman De hite simmer(1969). Riemersma skreau ek gedichten en koarte ferhalen. Yn de jierren '70 eksperimintearre er mei in eigen, fonologyske stavering. Hy wie doe foarstanner fan in radikale staveringsfernijing. Nei 1979 skikte er him yn de nije staveringsregels, mar De Reade Bwarre ferskynde rom tsien jier dêrnei wol yn de eigen stavering.
Riemersma syn wurk is bekroand. Hy krige seis kear in Rely Jorritsmapriis foar koarte ferhalen. Foar de romans Fabryk (yn 1967) en De Reade Bwarre (yn 1995) ûntfong er elk in Gysbert Japicxpriis. Riemersma wurke as skoalmaster en letter as literatuerûndersiker oan de VU-Amsterdam (proefskrift Proza van het platteland), as letterkundedosint oan NHL Hegeskoalle en as kolumnist foar de Ljouwerter Krante.

Ynhâld

De roman set útein mei it haadstik 'Ut ydyomatyske vudbûk'. De hiele roman mei al syn ferhaallinen dêryn is in útlis of útwurking fan dit 'earste haadstik ien'.  De earste ferhaalline is dy fan De Reade Bwarre Boldgrim en syn baas Grimbold. It ferhaal begjint yn de fyftjinde ieu. De twadde ferhaalline is it libbensferhaal fan Harrem Bosma alias Módderklauer en is skreaun yn de foarm fan in boereroman. De tredde ferhaalline is dy fan Tilly, it autobiografyske ferhaal fan Trinus Riemersma. Tuskentroch spylje opmerkingen, anekdoates, fyzjes, parodyen en polemiken oer de Fryske literatuer, taalkunde en bewegingsskiednis in rol. Dy soene as aparte ferhaalline rekkene wurde kinne ûnder de 'Kopijskriuwersline'. De lêste ferhaalline is mooglik dy fan de Fryske Bewegers. Der binne arguminten foar om de 'Kopijskriuwersline' en de ferhaalline fan de Fryske Bewegers as ien te beskôgjen, mar it feit bliuwt dat der fiif kopijskriuwers oan it wurk binne, dy't elk in ferhaalline foar har rekken nimme. Elk fan de ferhaallinen wurdt ferteld troch in kopijskriuwer, dy't wurket foar in opdrachtjouwer. It gehiel fan alle fjouwer of fiif ferhaallinen  - it hinget fan jo eigen ynterpretaasje fan de roman ôf - is De Reade Bwarre.

Swierte

De skriuwer makket it syn lêzer net maklik. Net folle minsken kinne har derta sette en lês dizze roman hielendal út. Dat betsjut dat it in roman is foar betûfte Frysklêzers. Foar lêzers op nivo 5 is de ôfwikseling fan ferskillende ferhaallinen lêstich. Fierder moatte jo kennis hawwe fan de skiednis fan de Fryske literatuer en de Fryske beweging om de ferhaallinen goed begripe te kinnen en fêst te hâlden. De roman is foar N5-lêzers ek dreech troch de ôfwikende stavering, Ferwerter dialektfarianten en - net te ferjitten - it hege tal bledsiden. Foar lêzers op nivo 6 dy't it ôfwikende Frysk technysk goed neikomme kinne en wend binne oan it lêzen fan komplekse literêre wurken is De Reade Bwarre in útdaging fanwege de enoarme rykdom oan ferhaallinen en ynhâlden, fyzjes op û.o. Fryske Beweging(-skiednis), geakunde (Ferwerter klaailân), skriuwerskip en literatuer, filosofy en provinsjepolityk. It ferskil tusken N5-lêzers en N6-lêzers is dat de earsten harren talizze sille op de romantechnyske kant fan it lêzen en it begripen en útinoar hâlden fan ferhaallinen. N6-lêzers kinne har talizze op djippere lagen yn de roman.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

Dizze roman freget úthâldingsfermogen.

Ynteresses

Fryske taal- en kultuer yn de breedste sin fan it wurd: skiednis, taal, literatuer, stavering, boereroman, oeuvre Riemersma.

Algemiene kennis

Brede algemiene kennis.

Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks)

In brede basiskennis fan Fryske kultuer, skiednis, taal,  wittenskip en kennis fan it oeuvre fan Riemersma en fan wurk fan oare Friezen.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Riemersma skriuwt geef, linich Frysk dat troch de ôfwikende stavering en it Ferwerter dialekt soms dreech nei te kommen is. It wurdbyld wurdt fersteurd troch de stavering en hastich troch bledsiden hinne lêze is der net by.

Sinskonstruksjes

De sinnen yn de roman binne gemiddeld kompleks.  

Styl

De wize fan fertellen is realistysk en derop rjochte de werklikheid 'autentyk' en realistysk del te setten. Stavering en dialektgebrûk drage dêroan by.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

De ferhaalline fan Harrem Bosma alias Módderklauer (boereroman) en dy fan Tilly (autobiografy) behannelje beide in libbensskiednis. It ferhaal fan Boldgrim giet oer dy syn pilgrimsreis troch Fryslân en troch de tiid. Dy trije ferhaallinen hawwe aksje. Anekdoaten en polemiken binne in ferhaalline op harsels ('Kopijskriuwersline') en dat jildt ek foar de ferhaalline fan de Fryske Bewegers. Dizze ferhaallinen kenne minder aksje. Foar ynsiders binne se amusant, mar ek wolris ôfwaaid praat.

Kronology

De ferhaallinen binne kronologysk en achterôf ferteld.  It earste haadstik fan de roman foarmet in ramt foar de folgjende haadstikken en ferhaallinen.

Ferhaalline(n)

Trije ferhaallinen binne dúdlik te werkennen:
- De ferhaalline oer Boldgrim
- De ferhaalline oer Harrem Bosma alias Módderklauer
- De ferhaalline oer Tilly (autobiografy)
Dêrneist binne der:
- De 'Kopijskriuwersline' (opmerkingen, anekdoaten, polemiken)
- De ferhaalline fan de Fryske Bewegers.
Dy beide lêste soene faaks ek as ien ferhaalline oanmurken wurde kinne.
De ferhaallinen binne net markearre. De haadstiknûmering is ôfwikend en grif net foar alle lêzers logysk. Der binne fiif haadstikken ien, fjouwer haadstikken twa, trije haadstikken trije en sa mear.

Perspektyf

Der binne fiif kopijskriuwers oan it wurk yn opdracht fan in ûnbekende opdrachtjouwer, dy't it boek gearstalt.
Riemersma boartet mei it perspektyf. Hy problematisearret it fertelperspektyf troch himsels as in personaazje, in kopijskriuwer en de gearstaller fan it boek del te setten.

Betsjutting

Neffens it sjueryrapport fan de Gysbert Japicxpriis 1995 hat de roman betsjuttingslagen en -eleminten op trije nivo's by, te witten:
1. Histoarysk nivo: De stikken oer de skiednis.
2. Ferteltechnysk nivo: Ferskillende ferhaallinen en fertelperspektiven litte sjen dat mear fizy's op de werklikheid neist inoar besteane.
3. Taalfilosofysk nivo:  Alles is taal. Begjin en ein fan de roman einiget mei de konstatearring dat der bûten de taal neat is. Dit boek is in taalmonumint foar Riemersma syn âlden. Harren deistige  werklikheid bestiet net mear.
Foar de betsjutting is fierder fan belang dat yn de roman mear en minder eksplisyt ferwiisd wurdt nei oare teksten, dy't bydrage oan de betsjutting fan de roman (yntertekstueel nivo). Fan belang binne ûnder oare: Bibeltekst Johannes 1:1; De Wuttelhaven del; Minskrotten - Rotminsken; De hite simmer; Libbensleare for de Fryske nasjonalist; De smearlappen; Grûn en minsken.
Foar de N5-lêzer is it in útdaging om de ferskillende ferhaallinen en dêrmei betsjuttingsnivo's útinoar te hâlden en te folgjen. De N6-lêzer dy't ûngefear yn de gaten hat hoe't de roman yn inoar sit, kin him talizze op de ynterpretaasje fan djippere betsjuttingslagen.

Fertroud mei literêre personaazjes

Karakters

De wichtichste karakters binne de kopijskriuwers, Bolgrim, leden fan de famylje Bosma, Tilly en syn famylje. Der is in grut oantal byfigueren.

Hoemannichte

In protte, mar it is dúdlik wa't de wichtichste figueren binne en waans hanneljen de lêzer folgje moat om de ferhaallinen te begripen.

Untwiklingen fan de karakters

Boldgrim is mear in type as in karakter. Hy is 'de grutte ferneuker' en hannelet dêrneffens. De famylje Bosma en de karakterbeskriuwing dêrfan wurdt beskreaun neffens bewende patroanen út de Fryske boereroman. Tilly alias Trinus is in round character. Hy wurdt alsidich beskreaun en wy sjogge him folwoeksen wurden.

Ferantwurding

Sjoch ûndersteande boarnen; eigen ûndersyk.

Relevante  boarnen foar dosinten

Webside Trinus Riemersma Myn eigen eker
Biografyske skets op sirkwy.nl
Brattinga, Teije A., 'Prakkesaasjes om 'De Reade Bwarre' hinne. In mooglike útlis (eksegeze) fan Trinus Riemersma syn roman De Reade Bwarre'. Yn: Hjir (1996), ôfl. 3 (maaie), bls. 4-16.
Brouwer, Elizabeth Joanna, 'Oorlog in Ferwerd. Trinus Riemersma's De Reade Bwarre'. Yn: Parmentier (2001), afl. 1/2 (feb.).
Meer, Gerbrich Rinskje van der, Tsjin jo wurd stiet myn wurd: in analyze fan De Reade Bwarre fan Trinus Riemersma. 1998 (doktoraalskripsje RUG).
Oppewal, Teake, 'Wurdearringswurd by de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 1995.' Yn: Trotwaer (1995), s. 287-294.
Riemersma, Trienus, Proza van het platteland. Een onderzoek naar normen en waarden in het grotere Friese proza van 1855-1945. Boalsert, Koperative Utjowerij, 1984.
Jelle Krol, resinsje LC 21-08-1002 diel 1 en diel 2
Resinsjes fan Jant van der Weg Laverman en oaren oer De Reade Bwarre binne te finen yn de knipselmap yn Tresoar.
Romanútjeften:
Tekst as pod-útjefte by TDE
Komplete romantekst digitaal op de dbnl
Harkboek (25 oeren) op cd by Audiofrysk of del te laden by Luisterrijk
E-book (epub) by TDE