Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 3 | It wurk fan 'e duvel

It wurk fan 'e duvel

It wurk fan 'e duvel

Ploeg, Durk van der
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2000 [2de pr. 2006]
Uitgeverij
Friese Pers Boekerij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
360
Genre
  • histoaryske roman
Tags
  • 19de iuw
  • earmoede
  • Wâlden
  • wûnderdokter
Taalniveau
B2

Over de auteur

Durk van der Ploeg is yn 1930 berne yn Hoogkarspel, Noard-Hollân. Hy groeide op yn Ealsum krekt boppe Dokkum.
Van der Ploeg folge in oplieding ta typograaf en wurke by ferskillende printerijen en kranten. Oant syn pensjoen yn 1990 wie er opmakredakteur by de Leeuwarder Courant.
De earste publikaasje fan Van der Ploeg is al fan 1955. Dat wienen gedichten yn it Nederlânsk. Dêrnei hat er benammen yn it Frysk skreaun en oer it generaal proaza. Nei syn pensjonearring kamen der hast alle jierren ien of sels mear titels by. Dêrmei is Van der Ploeg de skriuwer mei de heechste produktiviteit yn de Frysk-literêre wrâld. Syn haadpersoanen binne faak gefoelige ienlingen dy’t it libben amper of net oankinne.
Yn 2011 krige Van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis foar al syn proazawurk.

Inhoud

It wurk fan 'e duvel giet oer it libben fan de yn 1812 berne Hartman Lautenbach. Hy wurdt grutbrocht troch syn mem, Lotte Hartman, en syn pake. Syn heit, in Frânske soldaat, hat er nea kend. Fan bern-ôf wurdt Hartman dermei pleage dat er gjin heit hat.
De pake fan Hartman is fan Dútske komôf en sutele mei brillen en koe minsken mei krûden en drankjes bettermeitsje. Fan syn pake leart Hartman it lapsalvjen, it wûnderdokterjen.
It libben op de heide yn de omkriten fan De Westereen, Kûkherne en Burgerheide is dreech en earmoed leit op de loer. As Hartman as jongfint op in jûn mei in dronkene kop in man, dy’t er foar in skiep oanseach, de kiel trochsnijt, wurdt it him op de heide te hyt ûnder de fuotten en naait er út. Fjouwer jier letter, nei de dea fan syn mem, komt er dochs wer werom nei syn bertestreek.
Hartman bliuwt in bûtensteander. Hy hat noch wol in lokkich eintsje libben mei syn frou Eke en har ûnnoazele soan Renger. Lang duorret dat net, want de dea fan Eke en in folksgerjocht wurde Hartman úteinlik fataal.

Leesaanwijzingen

It ferhaal yn It wurk fan ’e duvel wurdt gronologysk ferteld. Geregeldwei komme koarte ûnderbrekkings foar. De lêzer komt dan yn de kunde mei it haadpersonaazje Hartman dy’t yn de ik-persoan syn fyzje op syn eigen ferline jout.
It ferhaal spilet him yn in foar ús folslein oare wrâld ôf. De minsken libben doe folle tichter by de natuer as hjoeddedei. Yn earmoed moasten de bewenners fan de heide sjen te oerlibjen. Dat jout in rau en wreed byld fan it libben yn dy tiid.

Om over na te denken

Kinst flechtsje foar skuld? Wat dochtst ast libje moatst yn grutte earmoed en gjin jild hast om iten te keapjen?
Wat dochtst as altyd narre wurdst en der net by hearst? Wat dochtst ast besikest om te oerlibjen en tsjinwurke wurdst troch de autoriteiten?

Waardering


‘In knappe prestaasje fan Van der Ploeg is, dat it him op ’e nij slagge is en beskriuw mei grutte kennis fan saken in gea. Yn dizze roman beskriuwt er de kriten om De Westereen, Kûkherne en Burgerheide hinne. Hy lit it net by it tekenjen fan it gea, mar jout ek rynsk omtinken oan ’e kultuerhistoarje fan ’e krite. It kin net oars wêze, as dat er him yngeand yn ’e skiednis fan dy kanterijen ferdjippe hawwe moat. Itselde jildt foar de beskriuwing fan ’e drankjes en middels dy’t Hartman brûkt by it masterjen mei de sike lju út syn wûnderdokterspraktyk.’
Pieter Duijff yn it Friesch Dagblad

‘De beskriuwingen fan Hartman syn hielmasterij binne kleurryk, de ein is net sûnder spanning, de swakhollige Renger is op yntrigearjende wize delsetten.’
Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant

Filmke fan Auke de Witte en oaren nei oanlieding fan dit boek

Opmerkingen

Nei oanlieding fan It wurk fan de duvel makke amateurfilmmakker Auke de Witte (en freonen) de koarte film It ein. Ferdinand de Jong skreau it skript.
It ein wie de winner fan de filmwedstryd yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske boek 2012.

Leestips/meer weten

Om te sjen hoe’t de minsken yn de 19de iuw en begjin 20ste iuw yn de Wâlden libben, soest in besite bringe kinne oan Openluchtmuseum/Themapark De Spitkeet yn De Harkema. Dêr binne ferskate wenningen en situaasjes te besjen fan dy tiid. Mear oer De Spitkeet.
Oer It wurk fan ’e duvel
Oer de skriuwer

Samengesteld door

Ans Wallinga

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Ploeg, Durk van der It wurk fan 'e duvel
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynlibje
Learst

om dy yn te libjen yn de belibbingswrâld fan de haadpersoan

Opdracht

1.
De keuzes dy’t immen makket kinne bepaald wurde troch dy persoan sels, mar ek troch minsken út syn of har omjouwing en/of omstannichheden.
Troch wa of wat wurde de keuzes bepaald dy’tsto makkest?
Motivearje dyn antwurd troch twa foarbylden te neamen.

2.
Hartman libbe eins syn hiele libben lang yn earmoed. Soms wie der gjin iten, lit stean in waarm hûs. Hartman hie fan syn mem meikrigen dat stelle in deasûnde wie (s. 37).
Dochs beslút Hartman as er in jier of sechstjin is om fleis (in hynstekop) te stellen by in hynsteslachter (s. 39).
Lês side 35 – 41 nochris. Troch hokker oarsaken komt Hartman ta dat beslút om te stellen?

3.
Op side 120 beslút Hartman om himsels in arkje dat heechstwierskynlik fan gjinien is ta te eigenjen.
As er it arkje ferslepe wol, seit de slûswachter: ‘Ik wol gjin stellen guod troch de fallaat ha.’
Hartman antwurdet: ‘It ding is fan net ien. En wat fan net ien is, is fan ús allegearre.’
Wêr wenne Hartman foardat er him yn it arkje ta wenjen set? Jou in beskriuwing fan likernôch fyfich wurden fan syn wensituaasje.

4.
Jou dyn miening oer de twa boppesteande aksjes fan Hartman. Wat soest (oars) dwaan? Kinst begryp opbringe foar Hartman syn keuzes?

Makke trochAns Wallinga
Boek Ploeg, Durk van der It wurk fan 'e duvel
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazje
Learst

om nei te tinken oer de haadpersoan en dy te beskriuwen

Opdracht

Hartman Lautenbach is de haadpersoan yn It wurk fan ’e duvel. Wy leare him kennen as bern en folgje syn libben oant in folksgerjocht him úteinlik fataal wurdt.

Understeande fragen geane oer Hartman.

A.

1.
Hjirûnder steane in tal karaktereigenskippen.
Kies fiif eigenskippen út dy’t fan tapassing binne op Hartman.

> (ûn)betrouber, grutsk, koppich, eigenwiis, dapper, nijsgjirrich, pessimistysk, optimistysk, ferlegen, gemien, leaf, aardich, geduldich, kreatyf, behelpsum, egoïstysk, lilk, loai, dwers, dom, stil, drok, spontaan, begripend, hurd, wreed, realistysk, rjochtfeardich, tûk, rêstich, dúdlik in eigen miening, jaloersk, driftich, sterk, (net)fleksibel, (gjin)trochsetter, (ûn)trou, (ûn)begryplik, stikelich.

Jou yn in beskriuwing fan likernôch hûndert wurden de persoan Hartman Lautenbag wer. Brûk yn dyn beskriuwing de fiif karaktereigenskippen dy’tst útkeazen hast.

2.
Skriuw op wat in ‘round character’ en wat in ‘flat character’ is. Sykje ynformaasje op ynternet of út it Basisboek (sjoch boarne).
Is Hartman neffens dy in round of flat character?

3.
Is Hartman in held of in antyheld?
Lis dyn antwurd út mei help fan ynformaasje oer round en flat characters dy’tst op ynternet fine kinst. Kinst ek gebrûk meitsje fan de ynformaasje yn it Basisboek (sjoch boarne).


B.

1.
Soest befreone wêze wolle mei Hartman (as dat mooglik wêze soe)?
Motivearje dyn antwurd.

2.
Hat it beantwurdzjen fan de fragen ûnder A. dyn byld fan Hartman feroare?
Motivearje dyn antwurd.

Makke trochAns Wallinga

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Ploeg, Durk van der It wurk fan 'e duvel
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustematyk
Learst

om dyn miening te jaan oer it boek

Opdracht

Hjirûnder steane fiif stellingen út en oer It wurk fan ’e duvel. Kies ien fan de stellingen út en reagearje dêr yn in koart betooch op.
Bou it betooch op neffens ûndersteande punten:

a. Nim de stelling oer;
b. Skriuw de ynlieding;
c. Skriuw in middenstik fan trije alinea’s. Yn elke alinea brûkst ien argumint dat de stelling stipet. Dêr moatst foarbylden út it boek by brûke.
d. Slút ôf mei in konklúzje.

De stellingen
- Hartman Lautenbag is in held.
- Ik krij sa no dan begrutsjen Hartman Lautenbach.
- It wurk fan ’e duvel is in goede/moaie titel foar dit boek.
- It wurk fan ’e duvel is in wreed boek.
- Troch It wurk fan ’e duvel krij ik in goed byld fan it libben yn de Wâlden yn de 19de iuw.

Makke trochAns Wallinga
Boek Ploeg, Durk van der It wurk fan 'e duvel
NûmerN3/2
nivo3
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om te reflektearjen op de rol fan personaazjes yn in ferhaal

Opdracht

Yn It wurk fan ’e duvel is Hartman Lautenbach de haadpersoan, mar der spylje fansels ek oare personaazjes in rol yn it ferhaal.

1. Lês de literêre teory hjirûnder.

2. Hartman Lautenbach hat in dúdlike tsjinstanner. Wa is dat? Neam twa foarfallen wêrút bliken docht dat dy persoan Hartman tsjinwurket.

3. Meitsje in list fan de oare rollen en set achter elke in rol ien of twa nammen fan in personaazje út it ferhaal. Set by elke namme de wize wêrop’t dy personaazje syn of har rol ynfolt.

4. Foar hokker personaazje hast de measte sympaty? Wêrom?

Makke trochAns Wallinga

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Ploeg, Durk van der It wurk fan 'e duvel
NûmerN 4/1
nivo4
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokussjenre
Learst

om te reflektearjen op it sjenre fan it boek

Opdracht

Boeken kinne faak ûnder mear as ien sjenre rekkene wurde. By It wurk fan ’e duvel stiet ien sjenre, histoaryske roman, neamd, mar mooglik hat it boek ek kenmerken fan oare sjenres.

1.Jou achter elke sjenre in koarte beskriuwing. Kinst de ynformaasje helje út it Basisboek literatuur of fan ynternet.

biografyske roman
ûntwikkelingsroman
psychologyske roman
aventoereroman
streekroman

2. Skriuw achter elk sjenre de arguminten wêrom’t It wurk fan ’e duvel wol of net ta dat sjenre rekkene wurde kin.

3. Jou de folchoarder fan sjenres dêr’t It wurk fan ’e duvel ta rekkene wurde kin.
Dus it sjenre dêr’t neffens dy it boek it bêst bypast komt foaroan. En it sjenre dêr’t it it minst bypast komt achteroan.

Makke trochAns Wallinga
Boek Ploeg, Durk van der It wurk fan 'e duvel
NûmerN4/2
nivo4
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuseigen miening en resepsje
Learst

om in eigen miening oer in roman te foarmjen, mei op basis fan resinsjes

Opdracht

1.
Wat fynst fan it boek It wurk fan ’e duvel ?
Jou dyn miening wer yn in ferslach fan 150 wurden.

2.
Under ‘Boarnen’ steane twa resinsjes fan It wurk fan ’e duvel.
Lês beide resinsjes.

3.
Skriuw fan elke resinsje de plus- en de minpunten op dy’t oer it boek jûn wurde.

4.
Is dyn miening oer it boek feroare nei it lêzen fan de resinsjes?
Motivearje dyn antwurd.

Makke trochAns Wallinga

Docenteninformatie

Yntroduksje

Durk van der Ploeg is yn 1930 yn Hoogkarspel, Noard-Hollân, berne. Hy groeide lykwols op yn Ealsum krekt boppe Dokkum. Dy kontreien, de Dongeradielen en de noardlike Wâlden, nimme in wichtich plak yn yn syn literêr wurk.
Van der Ploeg folge in oplieding ta typograaf en wurke by ferskillende printerijen en kranten. Oant syn pensjoen yn 1990 wurke er by de Leeuwarder Courant as opmakredakteur.
Hy is in tige produktyf skriuwer. Syn sande roman, De jacht út 1988, markearret de trochbraak nei in gruttere lêzersrûnte. Dêrnei ferskynden oant en mei 2016 likernôch sa’n tweintich titels.
Van der Ploeg syn haadfigueren binne faak gefoelige minsken, dy't it libben amper of net oankinne. Se lije oan it libben en ek ûnder wat oare minsken harren oandogge. Se sykje it lok en it libben, de frijheid en de ferfolling, mar kinne meastentiids de lêst fan it libben net drage. It binne faak ienlingen, manlju almeast, dy't libje oan de râne fan de maatskippij.
Yn 2011 krige Van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis foar al syn proazawurk.

Ynhâld

Hartman Lautenbach (1812), wûnderdokter yn de omkriten fan Kûkherne, is de haadpersoan yn dizze roman. Hy groeit op yn grutte earmoed by syn pake, in ferneamde wûnderdokter, en by syn mem dy't swier makke is troch in Frânske soldaat. Hartman hâldt dêr syn bynamme Nappe oan oer. Al yn syn bernetiid wurdt dúdlik dat der wat mei him te rêden is: guon 'duvelske' trekjes binne him net frjemd. Fan pake en mem leart Hartman it masterjen en hy is letter ferneamd om syn krûdekennis. Nei de moard op in Joad wurdt de heide him te hyt ûnder de fuotten. Nappe meldt him oan as soldaat by it Nederlânske leger en fjochtet mei yn de Belgyske Opstân. Nei de dea fan syn mem komt er wer nei syn bertestreek werom.
Hartman is dêr lykwols hielendal in bûtensteander wurden en op 'e heide geane de praatsjes oer moarden en ferkearde froulju as diggelfjoer. Dochs hat hy ek noch in lokkich eintsje libben mei syn frou Eke en har ûnnoazele soan Renger. Lang duorret dat net, want de dea fan Eke en in folksgerjocht wurde him úteinlik fataal.

Swierte

It wurk fan de duvel is gronologysk skreaun mei flashbacks dy’t dúdlik oanjûn binne, om’t se skeanprinte binne. De N2-lêzer sil dat perspektyf wurdearje. Foar de N3-lêzer sit de útdaging yn it taalgebrûk (argaysk) en sil de haadpersoan Hartman Lautenbach nijsgjirrich wêze. Hokker achterlizzende oarsaken liede ta syn hanneljen? Wêrom docht Hartman de dingen sa’t er se docht?
Foar de N4-lêzer sil de kultuerhistoaryske kant fan it boek ynteressant wêze. It ferhaal jout in moai byld fan it libben oan it begjin fan de 19de iuw yn ien fan de earmste streken fan Fryslân. De maatskiplike ferhâldingen yn dy tiid sille stof ta neitinken jaan.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn it libben fan in (jonge) man yn it begjin fan de 19de iuw yn ien fan de earmste streken fan Fryslân.

Ynteresses

Ynteresse yn de (kultuer)histoaryske aspekten fan it libben oan it begjin fan de 19de iuw yn de noardlike Fryske Wâlden is benammen foar de N2-lêzer, in betingst.
Dy (kultuer)histoaryske beskriuwingen kinne krekt foar de N3- en N4-lêzer in útdaging foarmje.

Algemiene kennis

Net fereaske.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is somtiden dreech, bygelyks wurden as gnobje, mâlfiten, avensearskuon, hoksen en moude. De kontekst makket lykwols de betsjutting meastentiids wol dúdlik.
It libben yn it ferhaal spilet him bûten yn de natuer ôf. Dat hat ynfloed op it wurdgebrûk. Te tinken falt oan bistenammen, bygelyks sântuorren, koperwjirms en imerkes. Dêr komt by dat de haadpersoan in saneamde wûnderdokter is en wurket mei genêskreftige krûden sa as wrangwoartel, duveldrek, kalmus, senuwkrûd en smarwoartel. Dy nammen sille de lêzers net allegearre kenne, mar dat stiet it begripen fan it ferhaal net yn it paad.
Van der Ploeg beskriuwt de omkriten fan Kûkherne hiel sekuer. Fan de Aaltsjemuoisleat, it Stuolwynderspaad, it Stjonkgat en de Swartzenbergbosk sille de measte lêzers nea heard ha, mar ek dat stiet it neikommen fan it ferhaal net yn it paad.
Foar in N2-lêzer kin it wurdgebrûk lestich wêze, foar N3- en N4-lêzer earder in útdaging.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne oer it algemien koart sûnder lange bysinnen. Foar in N2-lêzer goed nei te kommen.

Styl

It ferhaal fan Hartman Lautenbach is flot skreaun. Tagelyk slagget it Van der Ploeg de sfear fan sa’n 200 jier tebek wer te jaan.
Foar de N2-lêzer kinne de sfear- en natuerbeskriuwingen in obstakel foarmje.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

De ferhaal yn It wurk fan ’e duvel beskriuwt de libbensrin fan Hartman Lautenbach. Syn hiele hâlden en dragen, dat benammen út hannelingen en aksjes bestiet, wurdt wiidweidich út de doeken dien.
Benammen de N2-lêzer sil de aksje oansprekke.

Gronology

It libben fan Hartman wurdt gronologysk ferteld. Dat ferhaal wurdt ûnderbrutsen troch flashbacks (kursyf).

Ferhaalline(n)

Der is sprake fan ien ferhaalline dy’t bestiet út de beskriuwing fan it libben fan de haadpersoan.

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld troch in alwittende ferteller. Dêrtuskentroch binne kursivearre flashbacks hinne ferfrissele. Yn de flashbacks tinkt Hartman, yn de ik-foarm, werom oan eardere tiden.

Betsjutting

It ferhaal hat gjin djippere betsjuttingslagen. It ferhaal wol it libben fan in ienling, in ferskoppeling út de ûnderste lagen fan de maatskippij sjen litte, yn syn tiid en wrâld.
It is Van der Ploeg slagge in personaazje del te setten dêr’t de lêzer sympaty foar opbringe kin, sûnder dat de skriuwer partij kiest foar syn haadpersoan.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Der is ien dúdlike haadpersoan, Hartman Lautenbach. Yn de rin fan syn libben binne in oantal persoanen wichtich foar him en oefenje ynfloed op him út, sawol yn positive as yn negative sin.

Hoemannichte

Yn de roman komme in protte personaazjes foar. Net elke persoan of groepen persoanen hat likefolle ynfloed op Hartman syn libben. Lykas wenst jout Van der Ploeg alle personaazjes in eigennamme. De lêzer moat der rekken mei hâlde dat der, ûndanks dat, oer in soad personaazjes fierder neat ferteld wurdt. De eigennamme tsjinnet inkeld as in sfearoantsjutting.

Untjouwing fan de karakters

It karakter fan de haadpersoan makket yn de rin fan syn libben troch omstannichheden en bepaalde keuzes in dúdlike ûntjouwing troch.

Relevante  boarnen foar dosinten

Douwe Kootstra, 'De duvel en gjin ein', yn Dreame fan in oare wrâld. Jierdei útjefte foar Durk van der Ploeg, s. 85-92, Ljouwert, 2005.
Oer It wurk fan ’e duvel
Oer de skriuwer