Fries | niveau 1 | Foarstelling

Foarstelling

Foarstelling

Cazemier, Caja
Niveau
Niveau 1
Jaar uitgave
2013
Uitgeverij
Ploegsma
Plaats
Amsterdam
Aantal pagina's
154
Genre
  • jongereinboek
Tags
  • dea
  • ferlies
  • freonskip
  • leafde
  • toaniel
Taalniveau
A2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Caja Cazemier (1958) groeide op yn Grins en wennet sûnt 1991 yn Ljouwert. Nei de middelbere skoalle studearre se Nederlânske taal- en letterkunde. Nei har stúdzje wurke Cazemier tolve jier as learares Nederlânsk. Sûnt 2002 skriuwt se fulltime.
Cazemier skriuwt foar jongeren tusken de 11 en 16 jier. Har ferhalen gean oer dy dingen dêr't jongeren mei te krijen ha kinne, sa as oer skoalle, âlden, freonen, iensumens, (ynternet)ferkearing, seksualiteit, ûnwissens, jin oars fiele en oer (online)pesten. Har boeken binne realistysk en aktueel. Neist fiksje  skriuwt se ek se ek ynformative boeken. By de Jonge Jury keazen de lêzers yn 2008 it boek Vamp út ta it bêste jeugdboek foar 11 oant 16 jier.
Yn 2013 sette Ans Wallinga it boek Echt spel oer yn it Frysk. De Fryske útjefte kaam út ûnder de titel Foarstelling as it aksjeboek yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske boek 2013.

Inhoud

Joppe (16) syn mem is fjouwer jier lyn ferûngelokke yn it ferkear. Syn heit hat krekt in nije relaasje mei Marin. Joppe hat it dêr hiel dreech mei en komt der achter dat er it ferstjerren fan syn mem noch net ferwurke hat. Dan komt er Roos tsjin op de jeugdteaterskoalle by de repetysjes fan it stik De foarstelling fan dyn libben. Roos (15) krijt te hearren dat har âlden út inoar geane. It stik en de wurklikheid reitsje inoar. De foarstelling sil harren libben foar altyd feroarje.

Leesaanwijzingen

De earste twa haadstikken begjinne mei in toanielsêne. Dat is net drekst dúdlik. Mar dy sênes duorje net lang en it is helder wannear't de sênes oergean yn it echte libben fan de personaazjes. Side 103 begjint oars as alle oare haadstikken. Oan de ein fan de side wurdt dúdlik dat it tinzen fan Roos binne dy't beskreaun wurde.

Om over na te denken

Hoe soesto reagearje as dyn âlden fertelle dat se by elkoar wei geane?
Hoe giest om mei it ferlies fan in âlder? Hoe soest it fine as de âlder dy't oerbleaun is in nije relaasje oangiet? Soe it ferlies fan in heit of mem it oangean fan nije relaasje yn it paad stean?

Waardering

'Foarstelling is in moai boek. Leuk dat it oer toanielspyljen giet. It lêst ek hiel maklik.'
Tessa (4h)

'Ast noch noait in Frysk boek lêzen hast, is dit in hiel gaadlik boek. De taal is maklik te begripen.'
Jannieck (4h)

'In leuk boek, goed te lêzen, ik fûn it allinne wol wat foarsisber.'
Jelle (4h)

Opmerkingen

De oersetting is fan Ans Wallinga. Caja Cazemier waard foar dit boek ynspirearre troch in foarstelling fan de jeugdteaterskoalle 'n Meeuw út Ljouwert. Sjoch hjir.




Leestips/meer weten

Oer de skriuwer: www.cajacazemier.nl
Fia tresoar.nl ûnder oare:
* Ynterview fan Marrit de Schiffart mei Caja Cazemier op De Moanne fan 13 septimber 2013
* Besprek fan Sigrid Kingma op Ensafh 11 oktober 2013

Samengesteld door

Ans Wallinga

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Cazemier, Caja Foarstelling
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te identifisearjen mei de personaazjes

Opdracht

It boek Foarstelling draait om de haadpersoanen Joppe en Roos.

Wa fan dizze beide persoanen fynsto it sympatykst?
Wat sprekt dy minder/net oan yn de oare persoan?
Wat hiest oars dien ast Joppe of Roos wiest?
Wat hast leard fan Joppe of Roos?

Motivearje elk antwurd mei op syn minst 80 wurden.

Makke trochAns Wallinga
Boek Cazemier, Caja Foarstelling
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmtwatal
Fokuspersonaazjes
Learst

om te reflektearjen op it hanneljen fan de personaazjes

Opdracht

Jim sitte yn de redaksje fan it jongeretiidskrift LinKk.De redaksje wol in ynterview mei Joppe en Roos pleatse. Jim riede it ynterview ta en skriuwe it artikel.
1.  Skriuw in koarte tekst om Joppe en Roos te yntrodusearjen.

Ien fan jim riedt 5 fragen foar Joppe ta en de oare 5 fragen foar Roos.
Lis de fragen oan elkoar foar.
2.  Betink de antwurden dy't Joppe en Roos op de fragen jaan sille en skriuw dy op.

3.  Skriuw it artikel op basis fan boppesteande fragen en antwurden.

Bronnen

Linkk.tv

Makke trochAns Wallinga
Boek Cazemier, Caja Foarstelling
NûmerN1/3
Nivo1
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusposter
Learst

om te reflektearjen op de foarstelling dy't de jongeren opfiere

Opdracht

'De foarstelling fan dyn libben' sil opfierd wurde by jim op skoalle.
Meitsje in opfallende poster by de foarstelling. De poster is bedoeld om de foarstelling ûnder de oandacht fan de learlingen fan jim skoalle te bringen, sadat se oanspoard wurde om te kommen.
De poster moat net allinne de oandacht lûke, mar ek moai foarmjûn wêze.

Soargje dat ûndersteande ûnderdielen in plakje op de poster krije:
- Titel
- Wa, wat, wêr, wannear
- In slogan dy't oanslút by de ynhâld fan it stik
- In yllustraasje (foto, tekening ensafh, mar net deselde as de ôfbylding fan it kaft fan it boek)

Makke trochAns Wallinga

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Cazemier, Caja Foarstelling
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om de ûntwikkeling fan de personaazjes te beskriuwen

Opdracht

Joppe makket yn it boek in ûntwikkeling troch. It libben fan Joppe wurdt ferdield yn fjouwer parten: Bernetiid, krekt nei it ferstjerren fan syn mem, oan it begjin fan it boek, oan de ein fan it boek.

1.      Folje ûndersteand skema yn. Skriuw sa wiidweidich mooglik op watst witst fan Joppe. Set de nûmers fan de siden dêr'tst ynformaasje fûn hast derby.

Part

Minsken om him hinne

Gefoelens

Side(n)

1. bernetiid

 

 

 

2. krekt nei it ferstjerren fan syn mem

 

 

 

3. oan it begjin fan it boek

 

 

 

4. oan de ein fan it boek

 

 

 


2.      Beskriuw de ûntjouwing fan Joppe yn eigen wurden (ûngefear 100 wurden).

Makke trochAns Wallinga
Boek Cazemier, Caja Foarstelling
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusperspektyf
Learst

om te reflektearjen op de ferteltechnyk

Opdracht

1.      Bestudearje de literêre teory en skriuw de trije meast foarkommende soarten perspektyf op. Jou der in koarte beskriuwing by.
2.      Hoe hjit it perspektyf dat brûkt wurdt yn Foarstelling? Ut hokker personaazje(s) wei wurdt it ferhaal beskreaun?
3.      Gean nei side 115 en werskriuw it stik 'In ûnsinnige  …  hinne oan' (rigel 1 o/m 19) yn it ik-perspektyf.
4.      Soe Foarstelling der better of minder fan wurde as Caja Cazemier it hiele boek skreaun hie yn it ik-perspektyf? Lis út.
5.      Wat soe der oars wêze?

Literaire theorie

Joke van Balen e.a., Basisboek literatuur, Uitgeverij kleine Uil educatief, Grins 2009, side 101 - 104.

Makke trochAns Wallinga
Boek Cazemier, Caja Foarstelling
NûmerN2/3
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om te reflektearjen op de betsjutting fan de titel

Opdracht

In titel is in wichtich ûnderdiel fan in boek. Dêr wurdt faak lang oer neitocht.

1.      Skriuw de betsjutting(en) op fan it wurd 'foarstelling' dy't yn it ferhaal foarkomme.
2.      Hjirûnder steane 4 alternative titels foar it boek. Skriuw by elke titel op wêrom't dy wol of net by it ferhaal past.

- Joppe en Roos
- Libbensecht
- De foarstelling fan dyn libben
- Bedriuw yn útfiering

Mei 'bedriuw' wurdt hjir in part fan in toanielstik bedoeld.
It Nederlânsk hat it wurd ek: 'bedrijf' of 'akte'.

3.      Betink sels noch in oare titel by it boek. Lis út wêrom'tsto dat in goede titel fynst.

4.      Hokker fan de 6 titels (Foarstelling, de fjouwer alternative titels by fraach 2 en de titel dy'tst sels betocht hast) fynst it bêste by it ferhaal passen? Lis dyn antwurd út.

Makke trochAns Wallinga

Docenteninformatie

Yntroduksje

Caja Cazemier (1958) groeide op yn Grins en wennet sûnt 1991 yn Ljouwert. Nei de middelbere skoalle studearre se Nederlânske taal- en letterkunde. Nei har stúdzje wurke Cazemier tolve jier as learares Nederlânsk. Sûnt 2002 skriuwt se fulltime.
Cazemier skriuwt foar jongeren tusken de 11 en 16 jier. Har ferhalen gean oer dy dingen dêr't jongeren mei te krijen ha kinne, sa as oer skoalle, âlden, freonen, iensumens, (ynternet)ferkearing, seksualiteit, ûnwissens, jin oars fiele en oer (online)pesten. Har boeken binne realistysk en aktueel. Neist fiksje skriuwt se ek ynformative boeken. By de Jonge Jury keazen de lêzers yn 2008 it boek Vamp út ta it bêste jeugdboek foar 11 oant 16 jier.
Yn 2013 sette Ans Wallinga it boek Echt spel oer yn it Frysk. De Frysk útjefte kaam ûnder de titel Foarstelling út as it aksjeboek yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske boek 2013. Cazemier waard foar dit boek ynspirearre troch in foarstelling fan de jeugdteaterskoalle 'n Meeuw út Ljouwert.

Ynhâld

Roos (15) kriget te hearren dat har âlden út inoar geane. Joppe (16) syn mem is fjouwer jier lyn ferûngelokke yn it ferkear. Syn heit hat krekt in nije relaasje mei Marin. Joppe hat it dêr hiel dreech mei en komt der achter dat er it ferstjerren fan syn mem noch net ferwurke hat. Roos en Joppe treffe mekoar op de jeugdteaterskoalle by de repetysjes fan it stik De foarstelling fan dyn libben. It stik en de werklikheid reitsje inoar. De foarstelling sil harren libben foar altyd feroarje.

Swierte

Foar N1-lêzers is Foarstelling in oantreklik boek. Der sitte net in protte drege wurden yn en de sinnen binne koart. De struktuer is ienfâldich: gronologysk.
De lêzers kinne har identifisearje mei de haadpersoanen, om't se fan deselde leeftiid binne. De tema's toaniel, leafde, ferlies, fertriet en âlden dy't út elkoar gean sille de lêzers oansprekke. Foar N1-lêzers kin it lestich wêze dat guon haadstikken begjinne mei in repetysje fan it toanielstik. It is dan net fuort dúdlik dat it fragmint spile is.
Foar N2-lêzers sit de útdaging yn de problematyk fan in âlder dy't stoarn is en oan de oare kant âlden dy't oan de bern fertelle dat se byelkoar weigean.
Foar N3-lêzers jout it boek te min útdaging. It ferhaal hat gjin iepen plakken, der binne gjin perspektyfwiksels, der is in sletten ein en de foarfallen wurde eksplisyt beskreaun.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De N1-lêzer moat him oerjaan oan de toanielfragminten. In pear kear wurdt oan it begjin fan it haadstik in sêne spile. It is dan net fuort dúdlik dat it om in oefensêne giet. Foar in N1-lêzer kin it personaazje Joppe yn it begjin lestich wêze. Syn achtergrûn is net dúdlik. De lêzer wit dat er in geheim by him draacht, mar net hoe en wat. Alle kearen fertelt er wer wat oars, dus eins fertelt er neat oer himsels. De N1-lêzer moat ree wêze om geduld te hawwen mei Joppe. Yn de rin fan it ferhaal wurdt it dúdlik hoe't it sit mei Joppe.
Foar de N2-lêzer sil boppesteande net in probleem wêze.

Ynteresses

De ferskillende tema's (leafde, ferlies/de dea, fertriet en âlden dy't út elkoar geane) steane oer it algemien tichtby de doelgroep en sille de lêzers oansprekke. De lêzers sille har maklik identifisearje kinne mei de karakters Roos en Joppe. N1-lêzers hâlde fan realistyske ferhalen. Foarstelling slút dêrmei goed oan by N1-lêzers.

Algemiene kennis

Spesifike kennis oer de wrâld is net nedich. Foarstelling spilet him ôf yn it no yn in stêd earne yn Fryslân / Nederlân. De ferhaalwrâld stiet tichtby de lêzers.
Psychyske kennis: Om it karakter Joppe te begripen moat de lêzer trochlêze. Yn de rin fan it ferhaal wurdt dúdlik wat der mei him te rêden is. De lêzer begrypt letter pas wêrom't Joppe reagearret, sa as er reagearret yn it ferhaal.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre kennis is net fereaske.

Fertroudheid mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is ienfâldich: hjoeddeistich omgongsfrysk, tagonklik foar N1- en N2-lêzers.

Sinskonstruksjes

De sinnen yn Foarstelling binne koart. Der wurde hast gjin bysinnen brûkt.

Styl

De styl sil de N1- en N2-lêzer oansprekke. It ferhaal wurdt flot ferteld en de tema's wurde eksplisyt útwurke. Der wurdt gjin byldspraak en iroany brûkt.

Fertroudheid mei literêre prosedees

Aksje

Der sit in protte aksje yn it boek. Der binne in protte ûntwikkelingen achter elkoar.

Gronology

De struktuer fan Foarstelling is ienfâldich. It ferhaal bestiet út 10 haadstikken dy't om en om út Joppe of út Roos wei beskreaun wurde.
It ferhaal hat in dúdlike ein: it toanielstik wurdt spile, Roos en Joppe kinne har fine yn de sitewaasje thús en dan komt der romte foar harren leafde.

Ferhaalline(n)

De ferhaallinen yn Foarstelling binne goed te folgjen. It ferhaal is net kompleks foar N1- en N2-lêzers.

Perspektyf

It ferhaal hat in personale fertelsitewaasje keppele oan de twa haadpersonaazjes. De haadstikken wurde om en om ferteld út it perspektyf fan Joppe en it perspektyf fan Roos wei.

Betsjutting

De tema's wurde yn Foarstelling eksplisyt beskreaun. De lêzers bliuwe net mei fragen sitten oer de haadpersoanen yn relaasje ta de tema's.
It boek befettet gjin djippere betsjuttingslagen. Der steane gjin ferwizings yn nei de polityk, literatuer of filosofy.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De haadpersoanen ha deselde leeftiid as de doelgroep. Dat makket se herkenber foar N1-lêzers. De lêzers sille in soad hannelings begripe (ferkearing, it mei elkoar omgean en de thússitewaasjes). Net iderien sit yn deselde sitewaasje fan Roos en/of Joppe, mar kin him/har der wol in foarstelling fan meitsje.
De karakters binne goed te folgjen.

Oantal karakters

Neist de twa haadpersoanen komme der in protte bypersoanen yn it ferhaal foar: thús en op de jeugdteaterskoalle. It is lykwols net dreech de persoanen fan elkoar te ûnderskieden. De ferskillende sitewaasje soargje al foar in skieding fan de karakters. Pas oan de ein fan it ferhaal komme de persoanaazjes by elkoar as se nei de premjêre fan de foarstelling komme.

Untjouwing fan de karakters

Joppe en Roos meitsje in dúdlike ûntwikkeling troch yn it ferhaal. Dy ûntwikkeling wurdt lykwols sa beskreaun dat er dúdlik en te begripen is.