Fries | niveau 2 | De Freon

De Freon

De Freon

Bloem, I.E. (ps. Jan Minno Rozendal)
Niveau
Niveau 2
Jaar uitgave
2023
Uitgeverij
Afûk
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
144
Genre
  • jeugdroman
Tags
  • Freonskip
  • koroanatiid
  • famylje
  • spanning
  • plysje
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Over de auteur

De Freon is de tredde Young Adult-roman fan I.E. Bloem. Yn 2020 ferskynde it earste boek Eudaimoania fan syn hân. Mei It neidiel fan ‘e twivel wûn de skriuwer yn 2022 de Simke Kloostermanpriis foar it bêste Fryske jongereinboek. Sûnt 2022 is ek bekend dat de skriuwer Jan Minno Rozendal skûlgiet efter it pseudonym I.E. Bloem. Histoarikus Rozendal is berne yn 1979. Hy is bekend wurden troch ferskate histoaryske romans: Drift, De fluchste blanke en De masine. Fierder hat er ûnder de titel Yn eigen taal in biografy skreaun fan de dichter Anders Minnes Wybenga.

Yn 2024 hat Jan Minno Rozendal it boek Tie / Break skreaun foar it LêsNo-projekt.

Inhoud

Dit boek giet oer Jeroen, Emma en Samira. Midden yn de koroanatiid mei jûnsklok organisearret Jeroen mei syn freonen in yllegaal feest yn it bosk. It bosk is sûnt in jier in gefaarlik plak doe’t der in oanrander aktyf wie yn it bosk. Mar der is al in skoft neat fan fernaam. It boek folget de trije haadpersoanen yn harren eigen haadstikken. Alle trije hawwe sy in geheim dat sy mei harren meidrage. It feest yn it bosk giet troch, mar ferrint net sûnder problemen.

Leesaanwijzingen

Ast begjinst mei lêzen, lêst earst de prolooch. Dy bringt de spanning nei in heech nivo. Dêrnei begjint it boek mei it ferhaal fan Jeroen, Emma en Samira. Der binne perspektyfwikselingen tusken ferskate haadstikken. Sa komst in soad te witten fan de trije haadpersoanen.

Om over na te denken

Hoe giest om mei in jûnsklok? Hoe fertelst dyn famylje en freonen dyn grutste geheim? Wa kinst fertrouwe?

Waardering

“De lêzer komt yn oanrekking mei ferskate ûnderwerpen dêr’t je faaks sels net mei yn oanrekking komme yn it eigen libben. Datst troch dit boek dêr mei yn ’e kunde komst is weardefol.” – Studint twaddegraads learareoplieding dosint Frysk.

“Der bart in hiel soa dyn it boek, mar it is net te dreech om te lêzen.” - Studint twaddegraads learareoplieding dosint Frysk.

Opmerkingen




Leestips/meer weten

'Luie' skriuwer Jan Minno Rozendal fan 'coming-of-age'-roman 'De freon' lit (jonge) lêzers graach puzelje - Leeuwarder Courant (lc.nl)

Biografie Jan Minno Rozendal – LêsNo (lesno.nl)

Audioboek wurdt ferwachte.

Samengesteld door

Sibrecht Veenstra

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Bloem, I.E. (ps. Jan Minno Rozendal) De Freon
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst2
WurkfoarmYndividueel
FokusYnlibbingsfermogen
Learst

om dy yn te byldzjen hoe’t in haadpersoan him/har fielt en dêr passende muzyk by te finen.

Opdracht

It ferhaal fan De Freon soe in goede basis foar in film wêze.
By in moaie film heart fansels ek bypassende muzyk.

Tink dy yn datsto de muzyk/in nûmer kieze meist dy’t / dat ûnder de film komt.

  1. Kies ien fan de trije haadpersoanen.
  2. Skriuw trije wichtige momenten foar dy haadpersoan op. Tink oan in momint dêr’t de haadpersoan yn spanning sit of dêr’t de haadpersoan hiel bliid is.
  3. Kies foar dy trije mominten passende muzyk. Skriuw foar elk liet datst kiest yn ûngefear 50 wurden op wêrom oftst keazen hast foar dat liet.
    It kin wêze datst de tekst hiel passend fynst mar ek dat de melody of de ynstruminten goed by it ferhaal passe.

Foarbyld:

In wichtich momint foar Emma is as sy har geheim doart te fertellen oan Dami. Op side 142 wurdt dat beskreaun. It giet oer in leafde dy’t no bekend makke wurdt. Sy sitte op dat momint ferstoppe yn it bosk. Sy wolle net fûn wurde troch de plysje. Dêrom haw ik it liet ‘We found love’ fan Rihanna en Calvin Harris keazen. Dêryn wurdt beskreaun dat se de leafde fûn hawwe op in hopeleas plak. Emma har hopeleaze plak wie ferstoppe yn it bosk.

Makke trochSibrecht Veenstra
Boek Bloem, I.E. (ps. Jan Minno Rozendal) De Freon
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst2
WurkfoarmYndividueel
FokusFisualisearje
Learst

Om in beskriuwing en dyn miening te jaan oer it boek oan de hân fan foto’s

Opdracht

It boek is skreaun op byldzjende wize. Troch de wurden dy’t de skriuwer kiest, kinst dy al gau ynbyldzje hoe’t de lokaasje derút sjen moat. Mar, it boek befettet fansels gjin foto’s. Kinst dy troch alle beskriuwingen fan de lokaasjes wol yntinke hoe’t it derút sjen moat. Sjoch op dizze webside foar mear ynformaasje oer byldzjend skriuwe: Beeldend schrijven, wat is dat? Simpel: gebruik plaatjeswoorden (deblogacademie.nl)

  1. Meitsje of sykje tolve foto’s dêr’tsto fan fynst dat se by de ynhâld en betsjutting fan it boek passe. Kinst tinke oan de lokaasje sa goed mooglik werjaan, mar ek oan it werjaan fan in emoasje fan ien fan de haadpersoanen.
  2. Meitsje in filmke dêr’tst de foto’s yn sjenlitst en dêr’tst per foto yn tweintich sekonden wat fertelst oer it boek oan de hân fan de foto.
  3. Mei de tolfde foto moatst sjenlitte wat dyn miening oer it boek is.

Foarbyld:

Der wurdt beskreaun dat Jeroen yn in grut hûs wennet. Op side 171 kinst lêze hoe’t Samira oer sa’n hûs tinkt:

“Ik beseach fol bewûndering de huzen/ Hjir wenne Jeroen dus, yn ien fan dy kasten. Wat toch ik earder fan ’e jûn ek alwer: koe ik hjir mar wenje. Mar it libben yn in grut hûs wie net per definysje maklik. Koest trochdraaie, de wei kwytreitsje, ûngelokkich wêze.”

In foto dy’t dêrby past is:

Dizze foto past derby omdat it in typysk grut Nederlânsk hûs is, in kast fan in hûs. Kinst dy wol yntinke datst ferdwale kinst en ek goed ferstopje. Ik tink dat Jeroen him graach ferstoppe foar syn heit.

Makke trochSibrecht Veenstra

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Bloem, I.E. (ps. Jan Minno Rozendal) De Freon
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst2
WurkfoarmYndividueel
FokusEin fan it ferhaal
Learst

om dy te ferpleatsen yn in haadpersoan

Opdracht

It ferhaal einiget nei’t der op ien jûn in hiel soad bard is. Alle gebeurtenissen sille in grutte yndruk makke hawwe op de haadpersoanen.

  1. Kies ien fan de trije haadpersoanen.
  2. Tink dy foar dy haadpersoan yn dat dy op de jûn fan it feest einlik werom is yn de eigen sliepkeamer.
  3. Skriuw fanút it perspektyf fan dy haadpersoan in deiboekfragmint. Dêryn beskriuwst bygelyks wat der dy dei allegearre mei dy persoan bard is, wat dy persoan dêrby fielde en hoe’t de persoan him/har no fielt.
  4. Do brûkst ûngefear 250 wurden.
Makke trochSibrecht Veenstra
Boek Bloem, I.E. (ps. Jan Minno Rozendal) De Freon
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst2
WurkfoarmYndividueel
FokusKarakters
Learst

om karakters út it boek te begripen

Opdracht

1. Notearje fan dysels fjouwer karaktereigenskippen. Witst net goed wat karaktereigenskippen wêze kinne? Sjoch dan eefkes op de folgjende webside: https://wikikids.nl/Karaktereigenschap


2. Notearje foar ien haadpersoan fjouwer karaktereigenskippen.

3. Jou by elk karaktereigenskip 1 sitaat út it boek dy’t in foarbyld is foar dy karaktereigenskip.

4. Lis út wêrom oft dat sitaat by de karaktereigenskip past.

Foarbyld:

In karaktereigenskip fan Samira is dat se soarchfâldich is. Dat docht bliken út bygelyks: 

“Ik die myn uterste bêst en it húswurk hie ik altyd kreas op ’e tiid ôf. Alles die ik om it paad fan Ronny net te folgjen.” (side 70).
Sy lit sjen dat se net allinnich mar har húswurk makket mar dat dêr ek in wichtigere reden efter sit dêr’t se mei in soad soarch mei omgiet. Dus Samira is soarchfâldich.

5. Beskriuw oft dy haadpersoan op basis fan de fjouwer karaktereigenskippen in freon/freondinne fan dy wêze kinne soe. Ljochtsje yn sa’n 50 wurden ta wêrom wol of wêrom net.

 

Makke trochSibrecht Veenstra

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Bloem, I.E. (ps. Jan Minno Rozendal) De Freon
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst2
WurkfoarmYndividueel
FokusTema’s
Learst

om de ympakt fan tema’s te analysearjen

Opdracht

Yn it ferhaal wurdt in ferskaat oan maatskiplike tema’s behannele. Foar de iene lêzer sille dizze tema’s werkenber wêze en foar in oar minder. Foarbylden fan maatskiplike tema’s binne de spjalt tusken earm en ryk, kânsen yn it ûnderwiis en soarch. Sjoch foar mear foarbylden op de folgjende webside: https://thaesis.nl/maatschappij100/

  1. Skriuw twa maatskiplike tema’s op dy’tsto yn it boek lêzen hast en lis út hoe’t dy nei foaren kaam binne.

Foarbyld: De spjalt tusken earm en ryk komt yn it boek ek nei foaren. Dat wurdt dúdlik troch Samira dy’t it hat oer it grutte hûs fan Jeroen en oer hoe’t sy en har mem der smûk bysitte. Dat lit sjen dat der minsken binne dy’t op ferskillende wizen wenje omdat de ien mear jild hat as de oar.

Hat it boek dyn sjoch op ien fan dizze maatskiplike tema’s feroare? Hast der bygelyks wat fan leard? Wêrom wol of wêrom net? Skriuw per tema dyn antwurd op yn ûngefear 50 wurden.

Makke trochSibrecht Veenstra
Boek Bloem, I.E. (ps. Jan Minno Rozendal) De Freon
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2
WurkfoarmYndividueel
FokusTekstanalyze
Learst

om de funksje fan taal te analysearjen

Opdracht

Yn it boek binne in soad spannende mar ek grappige en moaie mominten te lêzen.

  1. Beskriuw yn eigen wurden trije fragminten út it boek dy’t dy it meast bybleaun binne. Dat kin wêze omdat it spannend, fertrietlik, grappich, ûnferwachts of orizjineel wie.
    Beneam de side(n) dêr’t dyn fragminten werom te finen binne.

Foarbyld:
Yn haadstik 2 (side 24 en 25) wurdt in rûzje beskreaun tusken Jeroen, syn mem en syn heit. Dêr wurde nare dingen tsjin elkoar sein en roppen. 

  1. Undersykje foar dizze trije fragminten oft de taal dy’t de skriuwer brûkt,bydraacht oan it effekt dat it hat op dy as lêzer.

Beskriuw dyn befiningen/it effekt yn sa’n 50 wurden per fragmint.

Foarbyld:
Hoe’t Jeroen syn heit oer Jeroen tinkt wurdt dúdlik makke troch in oantal karren fan de skriuwer. Sa wurdt it petear tusken de trije krêft byset troch ek te omskriuwen hoe’t ien sjocht en docht. Sa laket de heit fan Jeroen synysk, wurdt beskreaun dat syn praten oergiet yn razen en begjint Jeroen syn mem sunich te gûlen. Al dy saken jouwe oan dat de situaasje hieltyd slimmer wurdt. De skriuwer bout sa de spanning op.

Makke trochSibrecht Veenstra

Docenteninformatie

Yntroduksje

De Freon is de tredde Young Adult-roman fan I.E. Bloem. Yn 2020 ferskynde it earste boek Eudaimoania
fan syn hân. Mei It neidiel fan ‘e twivel wûn de skriuwer yn 2022 de Simke Kloostermanpriis foar it bêste
Fryske jongereinboek. Sûnt 2022 is ek bekend dat de skriuwer Jan Minno Rozendal skûlgiet efter it
pseudonym I.E. Bloem. Histoarikus Rozendal is berne yn 1979. Hy is bekend wurden troch ferskate
histoaryske romans: Drift, De fluchste blanke en De masine. Fierder hat er ûnder de titel Yn eigen taal
in biografy skreaun fan de dichter Anders Minnes Wybenga.

Yn 2024 hat Jan Minno Rozendal it boek Tie / Break skreaun foar it LêsNo-projekt.

Ynhâld

Dit boek giet oer Jeroen, Emma en Samira. Midden yn de koroanatiid mei jûnsklok organisearret Jeroen
mei syn freonen in yllegaal feest yn it bosk. It bosk is sûnt in jier in gefaarlik plak doe’t der in oanrander
aktyf wie yn it bosk. Mar der is al in skoft neat fan fernaam. It boek folget de trije haadpersoanen yn harren
eigen haadstikken. Alle trije hawwe sy in geheim dat sy mei harren meidrage. It feest yn it bosk giet troch,
mar ferrint net sûnder problemen.


Swierte

Foar N1-lêzers en N2-lêzers is it in oantreklik boek, omdat it giet oer trije ferhaallinen dêr’t foar elkenien,
op grutte of lytse skaal, wol wat werkenbers yn sit. Der bart in soad yn it libben fan de trije haadpersoanen.
Dêrneist spilet it ferhaal him ôf yn in werkenbere wrâld en ek de gedachten, problemen en keuzes sille
werkenber wêze foar de lêzer. Troch de trije perspektiven hat it boek ek in bepaalde opbou. Der binne
perspektyfwikselingen tusken de haadstikken. Dat wurdt net oanjûn yn de titel fan it haadstik. De lêzer
moat der sels efterkomme yn in pear sinnen dat hy/sy no it ferhaal fan ien fan de oare haadpersoanen
oan it lêzen is. Dat went en nei in pear wikselingen giet dat flugger, ek omdat der dan al mear details
bekend binne. In N3-lêzer kin troch it boek oan it tinken set wurde oer hoe’t ferskillende libbens
yn elkoar gripe en hoe’t ferskillende karakters omgean mei tsjinslaggen en ûntwikkelingen.

It boek is skreaun yn in flotte en eigentiidske styl dy’t makket dat de lêzer net stroffelje sil oer
drege wurden of ûnbekend taaleigen.



Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

It lettertype yn it boek is oan de lytsere kant,
dat kin de N1- en N2-lêzer noch ôfskrikke. Ek
it tal siden kin de N1-lêzer ôfskrikke. It boek
is opdield yn stikken fan hieltyd ûngefear 10 siden,
dat jout struktuer en ritme by it lêzen.

Ynteresses

Op basis fan de flaptekst en foarmjouwing wurdt it
noch net dúdlik wêr’t de haadpersoanen mei rinne/sitte.
It boek giet yn op in ferskaat fan maatskiplike tema’s.
It iene tema sil mear oansprekke as it oare.

Algemiene kennis

Der is gjin algemiene kennis fereaske om dit boek te lêzen.
It bekend wêzen mei de jûnsklok is genôch. 

De jûnsklok wie yn de tiid fan de koroanalockdowns in maatregel
dêr’t elk him oan hâlde moast. It betsjutte datst nei 22:00 oere jûns
net mear de strjitte op mochtst ast gjin jildende reden hiest.
In reden koe wêze datst jûns wurkje moast.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Der is gjin spesifike literêre en kulturele kennis fereaske
om dit boek te begripen.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It boek is skreaun yn goed neifolchber Frysk. Sa út en troch sitte
der wat dregere wurden yn, mar dy stean it begripen fan it ferhaal
net yn it paad.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne net lang. Tinzen en fertellingen fan de haadpersoan
wurde ôfwiksele mei koarte dialogen. Dat soarget foar in noflike
lêsûnderfining foar in N1-lêzer.

Styl

Foar alle haadpersoanen brûkt de skriuwer deselde skriuwstyl.
Dat makket it goed lêsber.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der bart in soad yn it boek. De trije haadpersoanen meitsje
allegearre in soad mei. Foar de N1-lêzer sil it yngewikkelder
wêze om alle ferhaallinen út elkoar te hâlden.

Gronology

It boek wurdt net alhiel gronologysk ferteld. Dat komt troch de
perspektyfwikselingen tusken de ferskate haadstikken. It ferhaal
giet wat werom yn de tiid foar de haadpersoan dêr’t it op dat stuit
om giet, en einiget ûngefear op itselde momint dêr’t de foarige
haadpersoan ek einige wie. Sa kin it wêze dat úteinlik situaasjes
út trije perspektiven wei ferteld wurde.

Ferhaalline(n)

Der binne trije ferhaallinen, dat kin foar de N1-lêzer yngewikkeld
wêze. It wikseljen yn ferhaalline en perspektyf folget wol in
struktuer. Nei trije haadstikken wurdt it ferhaal ferteld troch de
folgjende haadpersoan. In N1-lêzer dy’t hjir foardat er mei it lêzen
begjint fan bewust makke wurdt, sil sa makliker skeakelje.
In N2-lêzer sil der sels achter komme hoe’t der wiksele wurdt
en sil nei ien of twa alinea’s trochhawwe hokker haadpersoan
yn it haadstik folge wurdt.

Perspektyf

Der binne trije perspektiven, dat kin foar de N1-lêzer
yngewikkeld wêze.

Betsjutting

Foar N1-lêzers sil it in spannend boek wêze dêr’t de haadpersoanen
omgean mei yngewikkelde situaasjes en dêr’t in mystearje yn oplost
wurde moat. N2-lêzers sille harren werkenne kinne yn ien of
meardere fan de problemen dêr’t de haadpersoanen mei sitte
of ien kinne dy’t alris yn sa’n situaasje sitten hat. De N3-lêzer
sil him mear dwaande hâlde mei hoe’t de ferskate thússituaasjes 
meispylje yn it hanneljen fan de haadpersoanen en sil him mear
ynlibje yn de keuzes dy’t makke wurde.
De N3-lêzer kin reflektearje op hoe’t er sels reagearje soe
yn de ferskate situaasjes dy’t harren foardogge yn it boek.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Troch de perspektyfwikselingen duorret it langer foardat der in soad
oer in haadpersoan bekend is. It kin dêrtroch foar de N1- en N2-lêzer
oan it begjin yngewikkeld wêze om harren te ferpleatsen yn de
karakters. Foar de N3-lêzer biedt dit just in ekstra útdaging.

Oantal karakters

It oantal karakters neist de trije haadpersoanen is oersichtlik
en goed nei te kommen.

Untjouwing fan de karakters

De haadpersoanen meitsje elk op harren eigen wize in ûntwikkeling
troch. De iene ûntwikkeling wurdt dúdliker beskreaun en útwurke as
de oar. Dat kin foar de N1-lêzer fragen opleverje. Foar de N3-lêzer is
it in moaie útdaging om de ûntwikkelingen sels fierder yn te foljen.

Ferantwurding

'Luie' skriuwer Jan Minno Rozendal fan 'coming-of-age'-roman 'De freon' lit (jonge) lêzers graach puzelje - Leeuwarder Courant (lc.nl)

Ensafh makket skriuwer efter pseudonym I.E. Bloem buorkundich | It Nijs

Relevante  boarnen foar dosinten