Gebruik cookies op deze website
Deze website gebruikt cookies om statistieken te maken waarmee de gebruikservaring kan worden verbeterd.
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Ferdinand de Jong (1969) is berne yn Oranjewâld. Hy krige nei de Legere en Middelbere Lânbouskoalle in baan as produksjemeiwurker by it suvelfabryk yn Wolvegea en letter by Koudijs yn de produksje fan feefoer. Op it stuit docht er as selsstannich behearder it ûnderhâld fan ferskate begraafplakken yn Fryslân. De Nova Scotia staazje is syn fiifde boek.
Ferdinand de Jong krige yn 2012 de Rink van der Veldepriis foar syn twadde boek It dak fan de wrâld. Syn eigen bloch is http://stikelstekker.blogspot.com/
Foar in staazje fan trije moanne op in buorkerij giet Freark Fritsma nei Nova Scotia, Kanada. Hy wol nei in plak fier fan hûs, de oseaan oer, syn klasgenoaten komme de provinsje net út. Mar de sfear op de pleats dêr’t er telâne komt, is fijannich en benearet him. De simmer is waarm en Freark moat war dwaan om him steande te hâlden. It ferhaal is basearre op foarfallen út it ferline fan de skriuwer en dy binne nei it ferstjerren fan syn heit yn in oar ljocht kommen te stean. Noch hyltyd dreamt er oer de doar fan de sel yn in finzenis dy’t mei in klap achter him tichtbatste.
It kin wat dreech foar dy wêze om yn it ferhaal te kommen, om’t it begjint mei in dream. Nei in pear bledsiden as it twadde diel begjint wurdt it al gau dúdliker. It boek hat gjin haadstikyndieling. It ferhaal wurdt ferteld troch Freark Fritsema. Moatst gjin fleurich ferhaal ferwachtsje, mar it ferhaal is wol flot en meinimmend beskreaun.
Hoe soesto dy rêde op staazje yn in frjemd lân by minsken dy’t dy net lije meie?
‘Yn De Nova Scotia staazje krijt de lêzer in moaie yndruk fan it boerebedriuw yn Kanada (yn de tachtiger jierren), besjoen troch de eagen fan in studint dy’t alles mei bewûndering of fernuvering registrearret. Foar net-boeren wolris wat al te wiidweidich, mar altyd sekuer en mei each foar it bysûndere beskreaun. De wize wêrop’t de skriuwer sjen lit, hoe’t sa’n jonge jonge troch spikerhurde boerelju knoeid wurdt, makket noch mear yndruk.
Fjouwer stjerren fan de fiif.’
Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant
‘Flot ferteld, ik haw it hiel graach lêzen. (..) Ferdinand skriuwt as in trein. Mei it neiwurd lit er it boek kantelje; it is dochs in bysûnder boek wurden.’
Ernst Bruinsma yn Op en út, Omrop Fryslân radio
Biografyske skets fan de skriuwer op Tresoar