Fries | niveau 2 | De Nova Scotia staazje

De Nova Scotia staazje

De Nova Scotia staazje

Jong, Ferdinand de
Niveau
Niveau 2
Jaar uitgave
2015
Uitgeverij
Bornmeer
Plaats
De Gordyk
Aantal pagina's
172
Genre
  • coming of age
Tags
  • boerelibben
  • Kanada
  • staazje
  • ûnwennigens
Taalniveau
A2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Ferdinand de Jong (1969) is berne yn Oranjewâld. Hy krige nei de Legere en Middelbere Lânbouskoalle in baan as produksjemeiwurker by it suvelfabryk yn Wolvegea en letter by Koudijs yn de produksje fan feefoer. Op it stuit docht er as selsstannich behearder it ûnderhâld fan ferskate begraafplakken yn Fryslân. De Nova Scotia staazje is syn fiifde boek.

Ferdinand de Jong krige yn 2012 de Rink van der Veldepriis foar syn twadde boek It dak fan de wrâld. Syn eigen bloch is http://stikelstekker.blogspot.com/

Inhoud

Foar in staazje fan trije moanne op in buorkerij giet Freark Fritsma nei Nova Scotia, Kanada. Hy wol nei in plak fier fan hûs, de oseaan oer, syn klasgenoaten komme de provinsje net út. Mar de sfear op de pleats dêr’t er telâne komt, is fijannich en benearet him. De simmer is waarm en Freark moat war dwaan om him steande te hâlden. It ferhaal is basearre op foarfallen út it ferline fan de skriuwer en dy binne nei it ferstjerren fan syn heit yn in oar ljocht kommen te stean. Noch hyltyd dreamt er oer de doar fan de sel yn in finzenis dy’t mei in klap achter him tichtbatste.

Leesaanwijzingen

It kin wat dreech foar dy wêze om yn it ferhaal te kommen, om’t it begjint mei in dream. Nei in pear bledsiden as it twadde diel begjint wurdt it al gau dúdliker. It boek hat gjin haadstikyndieling. It ferhaal wurdt ferteld troch Freark Fritsema. Moatst gjin fleurich ferhaal ferwachtsje, mar it ferhaal is wol flot en meinimmend beskreaun.

Om over na te denken

Hoe soesto dy rêde op staazje yn in frjemd lân by minsken dy’t dy net lije meie?

Waardering

‘Yn De Nova Scotia staazje krijt de lêzer in moaie yndruk fan it boerebedriuw yn Kanada (yn de tachtiger jierren), besjoen troch de eagen fan in studint dy’t alles mei bewûndering of fernuvering registrearret. Foar net-boeren wolris wat al te wiidweidich, mar altyd sekuer en mei each foar it bysûndere beskreaun. De wize wêrop’t de skriuwer sjen lit, hoe’t sa’n jonge jonge troch spikerhurde boerelju knoeid wurdt, makket noch mear yndruk.
Fjouwer stjerren fan de fiif.’
Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant

‘Flot ferteld, ik haw it hiel graach lêzen. (..) Ferdinand skriuwt as in trein. Mei it neiwurd lit er it boek kantelje; it is dochs in bysûnder boek wurden.’
Ernst Bruinsma yn Op en út, Omrop Fryslân radio

Opmerkingen




Leestips/meer weten

Biografyske skets fan de skriuwer op Tresoar

Samengesteld door

Akke Gerlsma

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Jong, Ferdinand de De Nova Scotia staazje
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld

Opdracht

It boek De Nova Scotia staazje spilet foar it grutste part yn Kanada.

1. Betink trije arguminten foar en trije argumninten tsjin it op staazje gean yn it bûtenlân.

2. Soest in staazje dwaan wolle yn it bûtenlân? Hokker stikken út it ferhaal ûnderbouwe dyn keuze om wol of net op staazje te gean nei it bûtenlân? Motivearje dyn antwurd mei op syn minst tachtich wurden.

3. Freark bellet sa no en dan mei syn mem. Hy liicht dan oer hoe’t giet. Kinst dy yntinke dat er dêroer liicht? Motivearje dyn antwurd mei op syn minst tachtich wurden.

4. Soesto de minsken yn Nederlân wol earlik fertelle hoe’t it giet? Motivearje dyn antwurd mei op syn minst tachtich wurden.

Makke trochAkke Gerlsma
Boek Jong, Ferdinand de De Nova Scotia staazje
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te identifisearjen mei de personaazjes

Opdracht

1.
Betink fiif fragen dy’tst oan Freark stelle wolle soest oer syn staazje yn Kanada. Bygelyks: Wat wie dyn moaiste ûnderfining op de pleats fan Andy en Debbie? Wêrom soest, mei de kennis fan no, wol of net wer nei Kanada ta gean?

2.
Betink wat de antwurden fan Freark binne op dyn fragen en skriuw dy op.

3.
Wurkje de antwurden op dyn fragen út en doch krekt as hast Freark ynterviewd. Fertel yn in vlog fan minimaal 2 minuten, dy’tst mei dyn telefoan opnimst, hokker antwurden Freark op dyn fragen jûn hat.

Makke trochAkke Gerlsma

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Jong, Ferdinand de De Nova Scotia staazje
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te identifisearjen mei de personaazjes

Opdracht

Freark Fritsema hat it net sa maklik yn Kanada. Debbie hat oan ien tried wei de pik op him yn en har soan soarget derfoar dat Freark hieltyd de skuld krijt fan dingen dy’t er net dien hat.

Fertel yn eigen wurden in fragmint út it boek dêr’t Freark it net sa maklik hat yn op syn minst tachtich wurden. Tink bygelyks oan syn pine yn ’e búk nei it iten fan Debbie har fleis of wannear’t Freark de skuld krijt fan de ferkearde molke op syn staazjebuorkerij.

Skriuw in advys oan Freark oer hoe’t hy de situaasje dy’tst beskreaun hast oars oanpakke moat neffens dy. Om in foarbyld te neamen: Ast oan syn pine yn ’e búk tinkst dan kinst him advisearje om syn heit en mem te skiljen of direkt kola te drinken. Skriuw dyn advys yn de foarm fan in e-mail fan op syn minst 150 wurden. Begjin de mail mei in omskriuwing fan de situaasje.

Makke trochAkke Gerlsma
Boek Jong, Ferdinand de De Nova Scotia staazje
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te identifisearjen mei de personaazjes

Opdracht

1.
Sykje op ynternet om tsien plaatsjes dy’t Freark yn de perioade fan syn staazje op Instagram sette kinnen hie. Betink by elk plaatsje hokker omskriuwing Freark dêrby sette soe en betink by elk plaatsje trije hashtags (#).

2.
Beskriuw yn it koart, mar mei folsleine sinnen, by elts plaatsje wêrom’tst se útkeazen hast. Ferwiis by dyn útlis nei passaazjes yn it boek.

Tip: Oer Nova Scotia is op ynternet hiel wat ynformaasje te finen.

Makke trochAkke Gerlsma

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Jong, Ferdinand de De Nova Scotia staazje
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld

Opdracht

It boek begjint mei in sêne yn in finzenis. Oan de ein fan it boek wurdt dêrop weromkaam.

1. Hokker ûnderdielen of hanlingen yn it ferhaal stypje it byld fan in finzenis? Beskriuw twa.

2. Hokker ûnderdielen of gebeurtenissen stypje dit byld júst net? Beskriuw wer twa.

3. Hat Freark Fritsma yn in finzenis sitten? Underbou dyn antwurd mei op syn minst hûndert wurden.

4a. Wa hat it omslach fan it boek ûntwurpen?
4b. Wat fynst fan it omslach, sjoen dyn antwurden op fragen 1-3?

Makke trochAkke Gerlsma
Boek Jong, Ferdinand de De Nova Scotia staazje
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmiening
Learst

om in miening te foarmjen oer it boek

Opdracht

Yn it lêste haadstik liket it krekt as is it ferhaal fan it boek it ferhaal fan de skriuwer sels.

1. Beskriuw twa ûnderdielen of foarfallen út it boek wêrfan'tst tinkst dat it feiten binne.

2. Beskriuw twa ûnderdielen of foarfallen út it boek dêr’tst fan tinkst dat it fiksje is.

3. Tinkst dat Freark Fritsma en Ferdinand de Jong deselde persoan binne? Lis út yn op syn minst tachtich wurden.

4. Is it foar dy belangryk om te witten oft dit ferhaal fiksje is of net? Lis dat út yn op syn minst hûndert wurden.

Harkje nei it kommentaar fan Ernst Bruinsma yn it programma Op en út fan Omrop Fryslân radio. Bruinsma seit dat it lêste haadstik it boek kantelje lit. Hy hat it dêrby ek oer de heit fan Ferdinand de Jong.

5. Wat bedoelt Ernst Bruinsma dermei dat it boek kantelet yn it lêste haadstik? Beskriuw dat en jou ek oan oftst it mei him iens bist. Brûk op syn minst tachtich wurden.

6. Ernst Bruinsma fynt dat it lêste haadstik it boek ‘dochs bysûnder’ makket. Fynsto dat ek of fynst it krekt net moai of bysûnder dat it lêste haadstik oan it ferhaal tafoege is? Motivearje dyn antwurd mei op syn minst hûndert wurden.

Literaire theorie

Feit en fiksje

In ferhaal is ‘fiksje’ as it foar in part ûntstien is út de fantasy fan de skriuwer. Wat de skriuwer fertelt hoecht net mei de realiteit yn oerienstimming te wêzen. It giet derom dat de lêzer it oannimlik fynt. In skriuwer kin yn syn ferhaal hiel wat feitlike eleminten opnimme, mar as er it ferhaal presinteart as fiksje bliuwt it in produkt fan syn fantasy. Romans binne bygelyks teksten dy’t in fiksjoneel karakter ha, ek as se hiel realistysk binne. De lêzer kin net sizze dat in roman ‘net wier’ is, mar allinne mar dat de roman ‘net oertsjûget’.

Tsjinoer fiksje stiet ‘non-fiksje’. Yn non-fiksjonele teksten hat de skriuwer de bedoeling om him te hâlden oan de realiteit. Yn sa’n gefal kin de lêzer wol sizze dat de tekst neffens him wier of niet wier is.

Sjoch ek
Wikipedy, Fiksje
Wikipedy, Non-fiksje

Bronnen

Ernst Bruinsma yn Op en út fan Omrop Fryslân radio 29-11-2015, op 2:48

Makke trochAkke Gerlsma

Docenteninformatie

Yntroduksje

Ferdinand de Jong (1969) is berne yn Oranjewâld. Hy krige nei de Legere en Middelbere Lânbouskoalle in baan as produksjemeiwurker by it suvelfabryk yn Wolvegea en letter by Koudijs yn de produksje fan feefoer. Op it stuit docht er as selsstannich behearder it ûnderhâld fan ferskate begraafplakken yn Fryslân. De Nova Scotia staazje is syn fiifde boek.

Ynhâld

Foar in staazje fan trije moanne op in buorkerij giet Freark Fritsma nei Nova Scotia, Kanada. Hy wol nei in plak fier fan hûs, de oseaan oer, syn klasgenoaten komme de provinsje net út. Mar de sfear op de pleats dêr’t er telâne komt, is fijannich en benearet him. De simmer is waarm en Freark moat war dwaan om him steande te hâlden. It ferhaal is basearre op foarfallen út it ferline fan de skriuwer en dy binne nei it ferstjerren fan syn heit yn in oar ljocht kommen te stean. Noch hyltyd dreamt er oer de doar fan de sel yn in finzenis dy’t mei in klap achter him tichtbatste.

Swierte

Foar N1-lêzers kin it dreech wêze om goed op gong te kommen mei De Nova Scotia staazje. It boek begjint mei in dream. Dêrtroch witte je net direkt wa’t wat belibbet. Letter sil dat minder swierrichheden jaan, om’t it al gau dúdlik wurdt wa’t de haadpersoan is. It ferhaal is wol gronologysk opboud. Oan ’e ein wurdt wer in tiidsprong makke.
De lêzers kinne har identifisearje mei de haadpersoan, om’t se fan deselde leeftiid binne of krekt in bytsje jonger. Se sille wat fine fan syn gedachten en fan syn hâlden en dragen. Foaral jonges sille harren goed yn it ferhaal werkenne kinne.
N2-lêzers sille de ûnderwerpen werkenne en har goed ynlibje kinne yn de personaazjes. It taalgebrûk fan de skriuwer sil foar sawol N1- as N2-lêzers net lestich wêze. Foar N3-lêzers sit de útdaging foaral yn it lêste haadstik, dêr’t it ferhaal kantelet en oer de skriuwer liket te gean, en oer syn fragen oft it wol of net goed is om foar staazje nei in bûtenlân te gean.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De froulike lêzer moat ree wêze om in boek oer in jonge en syn aventoeren te lêzen. Der sit spanning en drama yn it boek, mar net in hiel soad fysike aksje. De aksje fynt foaral plak yn Freark syn holle, dat kin de reewilligens yn it paad stean. De lêzer moat ek iepenstean foar ferhalen oer it buorkjen yn de tachtiger jierren. Alle lêzers moatte deroan wolle om net in súksesferhaal te lêzen.

Ynteresses

In N1-lêzer dy’t in protte ynteresse hat yn buorkjen sil him meinimme litte troch dit ferhaal. It boek is miskien foar jonges oantrekliker as foar famkes. In N2-lêzer sil ek de ûnwennigens en it aventoer om nei Kanada te gean oansprekke om’t er dit werkenne kin. Foar in N3-lêzer sil de laach ûnder it ferhaal en de ynfloed fan wat der bard is yn de jierren nei de staazje ek ynteressant wêze kinne.

Algemiene kennis

Algemiene kennis is net perfoarst nedich.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre kennis is net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is fan dizze tiid en slút oan by dat fan de learlingen.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne koart en dêrtroch maklik lêsber.

Styl

De styl yn ’e foarm fan in soad dialooch mei koarte sinnen en maklik wurdgebrûk is tagonklik foar N1- en N2-lêzers. It boek hat gjin haadstikyndieling, wat wol wat swierrichheden jaan kin.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn it boek sit spanning en drama. It is spannend troch ûnder oare de relaasje tusken Freark en de húshâlding dêr’t er staazje rint.

Gronology

It boek bestiet út trije dielen. It earste diel hat gjin titel en beslacht mar twa siden. It is in foarútblik op it lettere ferhaal. It twadde diel hat de titel ‘It jier 1988’ en foarmet it ferhaal. Dit diel is gronologysk mei in oantal flash flashbacks. It tredde diel hjit ‘It jier 2015’. Dêr wurdt in tiidsprong makke fan 27 jier. Foar N1-lêzers kin dat in beheining wêze, mar foar N2- en N3-lêzers sil it gjin swierrichheden jaan.

Ferhaalline(n)

Yn it boek wurdt it ferhaal fan Freark Fritsema ferteld. Yn it lêste haadstik wurdt weromsjoen op wat der bard is en wurdt in libbensles beskreaun. Foar N1- en N2-lêzers kin dat lestich wêze om’t se har dêr miskien net yn werkenne. N3-lêzers sil it gjin swierrichheden jaan.

Perspektyf

It ferhaal wurdt beskreaun út it perspektyf fan Freark Fritsema. It is yn direkte rede skreaun en hat in personaal perspektyf. Dat makket it in goed lêsber ferhaal foar alle nivo’s.

Betsjutting

Foar N1- en N2-lêzers is it boek in moai jongesferhaal dêr’t Freark in aventoer yn belibbet mei syn staazje in Kanada. Foar N3-lêzers sille der neist werkenbere situaasjes ek de sosjale en psychologyske fraachstikken meispylje. Sa as hoe’t Freark omgiet mei syn ûnwennigens en de druk út in freonegroep.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De sintrale persoan yn it ferhaal is Freark. De jonges út syn klasse, mei yn it bysûnder Pieter en de famyljes dêr’t er staazje rint, wurde beskreaun. Se wurde net hiel bot útdjippe.

Oantal karakters

Yn it boek komme in soad nammen foar mar it tal persoanen dat fan belang is, bliuwt beheind ta acht: Freark, Debbie, Andy, Declin, Alice, Pieter, Andrew en Tracy.
Trochdat it tal persoanen dat fan belang is beheind bliuwt en trochdat dy dúdlik by in bepaalde perioade hearre, stiet it oantal karakters de lêsberheid net yn it paad.

Untjouwing fan de karakters

Freark is noch in echte skoaljonge as er begjint oan syn aventoer. Hy nimt de lêzers mei nei Kanada. Dêr ûntdekt er dat it net maklik is om sa fier fan hûs en mei de ferkearde minsken gelokkich te bliuwen. Hy wurdt ûnwis oer syn eigen kinnen. Dochs ferfalt er hast nea ta selsbesklach en besiket er moedich te bliuwen. Pas in hiel skoft letter docht bliken dat wat er meimakke hat him noch hiel lang dwers sit. De oare karakters binne ‘flat’ en meitsje gjin úntjouwing troch.

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten

Biografyske ynformaasje
Ynformaasje oer it boek op tresoar.nl