Gebruik cookies op deze website
Deze website gebruikt cookies om statistieken te maken waarmee de gebruikservaring kan worden verbeterd.
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Saakje Huisman (1951-2001) waard berne yn Goutum dêr’t har heit buorke. Nei de ulo waard se learling-ferpleechster yn it Diakonessehûs yn Ljouwert. Se troude en krige twa bern. Se folge Afûkkursussen en helle in foech Frysk, yn 1991 waard se museum-assistinte by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) te Ljouwert. Yn 1997 waard boarstkanker by har konstatearre. Oan de gefolgen fan dy sykte is se yn 2001 stoarn.
Saakje Huisman wie in bysûnder sportive en kreative frou. Se begûn al op har sechstjinde mei it skriuwen fan (Nederlânsktalige) gedichten. Dêr is neat fan bewarre bleaun. Letter skreau se Fryske gedichten, koarte ferhalen en in roman. Se wie o sa hoeden mei publisearjen fan har wurk, dat, lang net alles wat se skreaun hat, is de iepenbierheid tabetroud. De ferhalebondel Sûnder hûd (1998) wie har debút yn boekfoarm. Losse hannen is har iennichste roman.
Tessa is fjirtjin jier. Op skoalle en thús fielt se har net lekker. Se is wat in bûtensteander. Tessa komt graach by Sjerda, dy’t troch in hormoansykte bedutsen is mei in tin laachje hier. Sjerda is widdofrou en wennet mei har bisten in eintsje bûten it doarp. Se docht har sterk en ûnôfhinklik foar en rêdt harsels. De tritichjierrige filosofystudint Jeroen helpt har mei putsjes. Hy is ferlyfd op Tessa en kin syn hannen (sjoch romantitel) net thúshâlde. Tessa hat net genôch betrouwen yn harsels en yn har omjouwing om mei him ôf te weevjen. Se hat wol in protte oan Sjerda.
It ferhaal is meinimmend skreaun. Moatst wol rekken hâlde mei perspektyfwikselingen. It ferhaal wurdt benammen ferteld troch Tessa, mar ek oare personaazjes binne as ferteller oan it wurd. Saakje Huisman skriuwt yn geef en flot te lêzen Frysk. Sa hiel no en dan komme der wat dregere wurden yn de tekst foar, mar dêr kinst wol oerhinne lêze sûnder de tried fan it ferhaal kwyt te reitsjen.
Wat dochst ast lestich fallen wurdst troch ien en doarst net goed fan dy ôf te biten? Wêr lûkst dyn grinzen en hoe soargest dat gjinien dêr oerhinne giet? Is der in persoan dêr’tst safolle betrouwen yn hast datst ‘alles’ by har/him dellizze kinst?
‘It ferhaal hat my fan it begjin oant de ein yn ’e besnijing hân en ik bin derfan oertsjûge dat soks foar de measte lêzers jilde sil.’
Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad
‘Huisman toant har op har bêst yn ’e dialogen, dy binne libben en bytiden feninich.’
Sjoerd Bottema yn Trotwaer
Losse hannen kinst lêze as e-book. It stiet ek op dbnl.
Babs Gezelle Meerburg, Saakje Huisman-Venema (1951-2001). Ta in oantinken. Trotwaer 2001, op dbnl.
Saakje Huisman op Wikipedy
Wybren Huisman, website