Fries | niveau 4 | De fûke

De fûke

De fûke

Velde, Rink van der
Niveau
Niveau 4
Jaar uitgave
1966 [10de pr. 2005]
Uitgeverij
Laverman
Plaats
Drachten
Aantal pagina's
120
Genre
  • oarlochsroman
  • psychologyske roman
Tags
  • anargisme
  • ferset
  • Twadde Wrâldoarloch
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Rink van der Velde (1932-2001) wie in populêre Fryske skriuwer en sjoernalist by de Ljouwerter Krante. Fan syn goed fjirtich boeken en ferhalebondels binne mei elkoar mear as 200.000 eksimplaren ferkocht.
Van der Velde makke yn 1959 syn debút yn Frysk en Frij en skreau yn 1960 syn  earste roman, it Nederlânsktalige De kleine kolonie. Yn 1962 ferskynde de earste fan de 25 Fryske romans dy't er neilit: Joun healwei tolven. De Fûke wurdt algemien sjoen as ien fan syn allerbêste boeken.
Van der Velde ûntwikkele syn skriuwstyl fan de sjoernalistyk út. Foar de krante spesjalisearre er him yn it beskriuwen fan histoaryske foarfallen en opfallende persoanen. Syn foarkar foar frijfochten types is werom te finen yn de haadpersoanen yn syn romans en ferhalen. De striid fan de lytse man dy't gjin gesach boppe him duldt is in sintraal tema yn syn wurk. De Twadde Wrâldoarloch is ek in belangryk ûnderwerp yn syn boeken. Hy skreau ek in rige plysjeromans.
Van der Velde wenne ûnder oare op De Gordyk, yn Drachten, De Wylgen en Ljouwert mar hy hie syn ûntwyk op in arkje yn ien fan de petgatten fan De Feanhoop. Dat arkje wurdt no ferhierd oan skriuwers om dêr in skoft yn alle rêst wurkje te kinnen.
Nei syn ferstjerren is troch syn útjouwer de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smellingerlân de Rink van der Veldepriis ynsteld, de priis foar it bêste Fryske proazawurk fan de ôfrûne twa jier.

Inhoud

De haadpersoan yn dizze roman hat net in namme. Hy is ielfisker, in gewoane man dy't ûnopfallend syn wegen giet en dat ek net oars wol. Der wie al in rite dat er ferwachtings fan it libben hie, mar de tiid hat him dat wol ôfleard. Hy komt út in anargistysk nêst yn de omkriten fan Beets. Dêr jilde it prinsipe dat elk dy't achter de broek sitten waard by him in feilich ûntwyk fine koe. Yn de Twadde Wrâldoarloch wurdt er foargoed op dat prinsipe ferge. Syn fiskersklinte oan de Tsjûkemar is in taflechtsoard foar ûnderdûkers en oare ferfolgen. Oant op in dei syn iennichste soan it slachtoffer fan in razzia wurdt. De fiskerman komt foar in ûnmooglike kar te stean. By de ferhoaren troch de Dútsers bedarret er hieltiten fierder yn de fûke.

Leesaanwijzingen

Dit boek nimt dy fan it begjin ôf mei. Drege wurden kinst út de kontekst wol snappe. De direktens fan de taal, de ienfâld fan de sinnen en de koarte haadstikken meitsje it hiel tagonklik. Yn it boek sit in soad dat in lêzer fan ferskillende nivo's boeie kin. It bliuwt net by in oarlochsferhaal allinne. Troch alles wat de fisker meimakket, sjocht er syn libben oer en komt ta ferrassende ynsichten.
De earste sin fan it boek is: 'Guon minsken leit it op 'e lea, mar hy hie noait foargefoelens hân, dat it kaam him diz' kear ek oer it mad'. Yn âldere printingen fan De Fûke stiet 'ik' yn plak fan 'it' (fetkursyf oanjûn). Dat set de lêzer op in ferkeard spoar, want der is hielendal gjin ik-ferteller yn dit boek.

Om over na te denken

Wat dochst ast ûnder druk setten wurdst om geheimen te fertellen? Joust oan de druk ta of hâldst fol datst fan neat witst, ek al kin it dy de kop kostje? Wannear soest meidwaan mei in groep om ien ûnder druk te setten? Hast bygelyks wol ris meidien om ien te pesten? En hoe fier giest dêrby?

Waardering

'De wrakseling fan de fiskerman om in kromke frijheid ropt yn 'e fierte by jin de gedachte op oan The old man and the sea fan Ernest Hemingway. Mar dan sûnder in spoar fan de patetyk, dy't Hemingway by alle soberens sa eigen wie. Van der Velde syn fiskerman is in ynbannige Fries, in held sûnder hope en gloarje.'
Sjoerd Leiker yn Het Vrije Volk

'Der is nei alle gedachten gjin boek dat better de Twadde Wrâldkriich opropt as De Fûke. It is no ris gjin heldeferhaal, mar it ferhaal fan in man dy't alles yn syn libben ferlern hat.'
Jan Willem van de Wetering oer The trap, de Amerikaanske oersetting

'This is a gem of a novel with universal appeal'
Publisher's Weekly oer The trap

Opmerkingen

De Fûke is online beskikber op dbnl.nl en ek te krijen as harkboek. It boek is oerset yn it Nederlânsk, it Amerikaansk en it Oekraynsk. It ferhaal is yn 2000 ferfilme troch Steven de Jong mei Rense Westra yn de haadrol.




Leestips/meer weten

Biografyske skets op tresoar.nl
Jelle van der Meulen op syn Friese literatuursite
Pieter de Groot, In memoriam LC 19-02-2001

Samengesteld door

Lieukje Leistra-Reidsma

Aanbevolen