Fries | niveau 3 | De seemearmin

De seemearmin

De seemearmin

Soepboer, Albertina
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2012
Uitgeverij
Bornmeer
Plaats
De Gerdyk
Aantal pagina's
111
Genre
  • roman
Tags
  • relaasjes
  • folksferhalen
  • froulju
  • skiednis
  • mearkes
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Albertina Soepboer is opgroeid yn Holwert. Nei it beheljen fan har vwo-diploma studearre se earst Spaansk en letter Frysk yn Grins. Soepboer wennet no yn Harns en jout les op Piter Jelles !mpulse yn Ljouwert.

Yn 1995 debutearre Soepboer my de Frysktalige dichtbondel Gearslach, de measte gedichten út dy bondel wiene earder publisearre yn it literêr tydskrift Trotwaer. Se skriuwt net allinnich yn it Frysk, mar ek yn it Nederlânsk en sjocht harsels dan ek as in twatalich skriuwster.

Neist har dichtbondels, skriuwt se ek toanielteksten, lieten en skôgingen. De seemearmin is har earste roman.

Inhoud

In jonge frou wurket as ûndersykster op it ynstitút foar âlde ferhalen. Op in dei krijt se fan har baas de opdracht om ûndersyk te dwaan nei ferhalen oer sterke froulju fan de kust om dêr in boek oer te skriuwen. Sels is se opgroeid op in eilân, dat de opdracht ropt oantinkens oan har bernetiid op.
Se siket nei ferhalen en dat set har libben op de kop. Har leafdeslibben en ek oantinkens út har bernetiid komme yn in oar ljocht te stean.

Leesaanwijzingen

Yn dit boek wurdt in ferhaal ferteld oer in jonge frou dy’t op ’e siik giet nei folksferhalen oer froulju fan de kuststreken. Dy ferhalen wurde tusken it haadferhaal troch ferteld yn dit boek. Der sitte sa no en dan ek flashbacks yn it ferhaal. Moatst der rekken mei hâlde dat dy ferskillende ferhaallinen net oanjûn wurde.

Om over na te denken

Binne folksferhalen fan ús allegear of hearre se by in bepaalde streek of tiid? Kensto sterke ferhalen oer dyn famylje of dyn doarp? Wat is dyn favorite mearke? Seit dat ek wat oer dy?

Waardering

‘ … de auteur vlecht de fragmenten van al die verhalen op een vaardige manier door elkaar.’
Jelle van der Meulen op frieseliteratuur.nl

‘… Sa is De seemearmin in wûnderlike mjuks wurden fan prachtige fragminten oer wezens út de see dy’t wol of net besteane en knoffelige stikken oer it moderne libben.’
Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant

Opmerkingen

De seemearmin is de earste roman fan Albertina Soepboer.




Leestips/meer weten

Der stiet in biografyske skets op tresoar.nl.

Samengesteld door

Akke Gerlsma

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Soepboer, Albertina De seemearmin
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst3 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusfolksferhalen
Learst

om te sykjen nei folksferhalen út dyn omjouwing

Opdracht

De haadrolspiler fan De seemearmin is ûndersyksassistente. Se bestudearret âlde ferhalen. Se makket omskriuwingen fan de ynhâld fan sokke âlde ferhalen en siket dêr ynformaasje by. Letter skriuwt se oer dy ferhalen en de ynformaasje dy’t se fûn hat in artikel.

  1. Sykje sa’n âld ferhaal út it plak of in plak yn de omjouwing fan dyn wenplak. Tink dêrby ek oan minsken mei bynammen fan ynwenners fan plakken of freegje âldere minsken út dat plak. Jou yn dyn ferhaal oan mei watfoar minsken ast praat hast en set dysels op de foto mei yn elts gefal ien fan dy minsken. Skriuw dat op yn op syn minst 100 wurden.
  2. Sykje mear ynformaasje by dyn ferhaal. Kinst fine hoe dyn ferhaal ûntstien is? Is der histoaryske ynformaasje te finen? Brûk dêr it ynternet foar. Miskien stiet der wol wat oer op verhalenbank.nl. Meitsje in gearfetting fan de ynformaasje fan op syn minst 100 wurden.
  3. Meitsje in wurdspin fan dyn ferhaal. Set de namme fan dyn ferhaal yn de midden en set dêr wurden omhinne dy’t passe by de ynformaasje dy’tst fûn hast. Kinst dizze webside brûke om digitaal in mindmap te meitsjen: canva.com
  4. Pak de ynformaasje fan opdracht 1, 2 en 3 derby en skriuw it ferhaal no yn de tsjintwurdige tiid. Skriuw it ferhaal yn op syn minst 700 wurden. Wreidzje de ynformaasje út mei dyn eigen fantasij.

Kinst dêrfoar dit skriuwplan brûke:

Belangrike persoanen:

 

Ynlieding: Wêr spilet it ferhaal him ôf?

Wa is de haadpersoan fan dyn ferhaal?

 

Kearn: Wat is it belangrykste barren yn dyn ferhaal?

 

Slot: Hoe rint it ferhaal ôf? Wurdt der in boadskip meijûn?

 

Bronnen

verhalenbank.nl
Digitale mindmaps

Makke trochAkke Gerlsma
Boek Soepboer, Albertina De seemearmin
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel of yn in twatal
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld fan it boek

Opdracht

De haadpersoan is op syk nei ferhalen oer ‘sterke froulju út kustgebieten’. Se fynt ferskillende ferhalen oer froulju dy’t by wetter wenje en dêr wat meimeitsje.

Op side 61 begjint in ferhaal oer in frou dy’t de haadpersoan brûke wol foar har boek. Lês dat haadstik op 'e nij en beäntwurdzje de fragen oer dat part fan it boek. Ast dat tegearre mei in klassegenoat dwaan kinst, oerlis dan oer de antwurden op de fragen.

  1. Wat foar wurk docht de frou út it ferhaal?
  2. Yn hokker tiid tinkst dat it ferhaal spilet?
  3. Hoe kin it dat it hier fan de frou reader wurdt?
  4. Wêrom mocht har man de hûd net fine fan de beppe fan de frou?
  5. Wat is de relaasje tusken de froulju fan de see en de haadpersoan?
  6. Wêrom koe de beppe fan de haadpersoan har hûd net mear brûke?
  7. Wêrom kin de frou net libje as de twa froulju yn it wetter?
  8. Giet de frou oan de ein fan it ferhaal werom nei har gewoane libben of bliuwt se yn de oseaan?
  9. Kenst mear ferhalen oer seemearminnen? En lykje dy persoanen op de persoanen yn it boek?
  10. Is de frou út it ferhaal in sterke frou?

Ast de opdracht mei syn twaën dochst, meitsje dan in opname fan jim petear. As it allinnich dochst meist de antwurden, mei argumintaasje, opskriuwe of in floch meitsje.

Makke trochAkke Gerlsma

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Soepboer, Albertina De seemearmin
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst3 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusyntertekstualiteit
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld fan it boek

Opdracht

Yn de ferantwurding fan De seemearmin skriuwt Albertina Soepboer dat se trije Fryske folksferhalen en trije mearkes as basis foar dit boek brûkt hat. Yn dizze opdracht sjochst nei dy ferhalen en fergelikest dizze ferhalen mei de ferhalen út it boek

A.
1. Kies ien fan de twa teksten dy’t op de side fan it Meertens Instituut te finen binne: Rixt fan it Oerd en It Roode Hoofd.
2. Sykje oer de tekst dy’tst keazen hast, mear ynformaasje op it ynternet en skriuw op watst fûn hast yn minimaal 150 wurden.
3. Besjoch no side 29 út it boek. Past dit fragmint by it folksferhaal datst besjoen hast? Underbou dyn antwurd mei op syn minst 100 wurden. 
4. Besjoch no side 61 út it boek. Past dit fragmint by it folksferhaal datst besjoen hast? Underbou dyn antwurd mei op syn minst 100 wurden. 

B.
1. Yn it boek lêst de haadrolspylster yn har bernejierren it mearke ‘de lytse seemearmin’. Der binne noch in hiel soad oare mearkes oer seemearminnen. Wêrom tinksto dat de skriuwster ek it ferhaal fan de lytse seemearmin yn dit boek brûkt hat? Jou antwurd yn op syn minst 50 wurden.
2. Kenst ek boeken, films of ferhalen dy’t noch net sa âld binne oer seemearminnen? Sykje minimaal trije op ast se net út de holle witst.
3. Wêrom tinkst dat folksferhalen en mearkes noch altyd brûkt wurde yn boeken, films en searjes? Jou antwurd yn op syn minst 75 wurden.

Bronnen

It ferhaal fan Rixt fan it Oerd
It ferhaal fan It Roode Hoofd

Makke trochAkke Gerlsma
Boek Soepboer, Albertina De seemearmin
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel of yn in twatal
Fokusbeoardieling fan it boek
Learst

om nei te tinken oer watst fan it boek fynst

Opdracht

Dizze opdracht kinst yn twatallen of yndividueel útfiere.

Yn twatallen
Hjirûnder sjogge jim fjouwer stellingen. Jim bepale elk yndividueel foar de fjouwer stellingen oft jim it mei de stellingen iens binne of net en betinke dêr yn elts gefal twa arguminten by. Dêrnei wikselje jim ideeën út en geane jim yn petear oer de stellingen.

  1. It haadferhaal oer de jonge assistint-ûndersiker op syk nei folksferhalen is spannend.
  2. It is moai dat der safolle ferskillende ferhalen brûkt binne foar dit boek.
  3. De haadpersoan is sels in sterke frou.
  4. It ferhaal fan it haadpersonaazje en de relaasje mei Paul is goed útwurke.

Nim jim diskusje op of doch der skriftlik ferslach fan. Jim meie dus in audiobestân of in worddokumint ynleverje.

Yndividueel
As der net in klasgenoat is om de opdracht mei út te fieren, kinst de opdracht ek allinnich dwaan. Jou dan dyn eigen miening oer de stellingen en jou dêr per stelling minimaal trije arguminten by. Set dyn ferhaal op papier of meitsje in floch.

Makke trochAkke Gerlsma

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Soepboer, Albertina De seemearmin
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om yn detail te sjen nei de ynhâld fan it boek

Opdracht

Yn dizze opdracht sjochst nei de ynhâld fan it boek. Wêrom stiet der wat der stiet en hoe kinst ferbiningen lizze tusken de ferskillende fragminten út dit boek?

  1. It boek begjint mei in stikje út it ferske Jig Of Life fan Kate Bush. Wat soe de reden wêze dat de skriuwster foar dit ferske keazen? Keppelje minimaal twa fragminten út it boek oan it fragmint.
  2. It boek is ûnderferdield yn trije dielen: ‘op it eilân’, ‘de see oer’ en ‘boppe wetter’. Betink in ferklearring foar dy trije titels. Jou yn totaal yn op syn minst 100 wurden antwurd.
  3. Yn it boek wurdt sprutsen oer in skilderij fan Paul dat yn it kafee dêr’t it haadpersonaazje graach komt hinget. Wat stiet der op dat skilderij? Wat hat dat skilderij mei it ferhaal te krijen? Jou yn totaal yn op syn minst 100 wurden antwurd.
  4. De haadstikken yn dit boek hawwe gjin namme. Dat soarget derfoar datst sa no en dan goed sjen moatst oer wa't sa’n haadstik giet. Betink foar dizze trije haadstikken in namme: side 15, side 22 en side 61.
  5. Yn it boek wurdt in pear kear skreaun oer de opdrachtjouwer fan it gear te stallen boek: in blonde frou mei nasjonalistyske ideeën. Wat fynt de haadpersoan fan dizze frou? Beskriuw dyn antwurd yn op syn minst 100 wurden.
  6. Ast de ferantwurding lêst, hat de skriuwster ek in miening oer nasjonalistyke ideeën en oer de werkomst fan folksferhalen. Wat skriuwt sy dêroer?
  7. Watfoar beslút nimt it haadpersonaazje oan 'e ein fan it boek en wêrom?
Makke trochAkke Gerlsma
Boek Soepboer, Albertina De seemearmin
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusde styl fan it boek oan de hân fan in resinsje
Learst

om mei de eagen fan in resinsint te sjen nei de ynhâld en skriuwwize fan it boek

Opdracht

Yn dizze opdracht sjochst nei in resinsje oer it boek. Om in goede resinsje te skriuwen moatst goed sjen nei de ynhâld fan it boek.

  1. Neffens de resinsje fan Doeke Sijens hat de skriuwster mooglik besocht om fan de haadpersoan in seemearmin te meitsjen. Wat bedoelt er dêr eins presys mei? Sykje trije fragminten dy’t dêr op wize en skriuw dy op.
  2. Yn deselde resinsje stiet ek dat de skriuwster mear wurk meitsje kend hie fan de mooglikheid om in seemearmin fan de haadpersoan te meitsjen. Bisto it dêr mei iens? Skriuw yn minimaal 100 wurden wêrom asto dat fynst.
  3. Lês de hiele resinsje fan Doeke Sijens. Syn konklúzje is: “'De seemearmin' in wûnderlike mjuks wurden is fan prachtige fragminten oer wezens út de see dy’t wol of net besteane en knoffelige stikken oer it moderne libben.” Besjoch hoe't er dy konklúzje ûnderbout. Bisto it mei him iens? Jou antwurd yn minimaal 200 wurden en brûk dêr konkrete foarbylden by.
Bronnen

De resinsje fan Doeke Sijens

Makke trochAkke Gerlsma

Docenteninformatie

Yntroduksje

Albertina Soepboer is hikke en tein yn Holwert. Nei it beheljen fan har VWO-diploma studearre se earst Spaansk en letter Frysk yn Grins. Soepboer wennet no yn Harns en jout les op Piter Jelles !mpulse yn Ljouwert.

Yn 1995 debutearre Soepboer my de Frysktalige dichtbondel Gearslach, de measte gedichten út dy bondel wiene earder publisearre yn it literêr tydskrift Trotwaer. Se skriuwt net allinnich yn it Frysk, mar ek yn it Nederlânsk en sjocht harsels dan ek as in twatalich skriuwster.

Neist har dichtbondels, skriuwt se ek toanielteksten, lieten en skôgingen. De seemearmin is har earste roman.

Ynhâld

In jonge frou wurket as ûndersykster op in ynstitút foar âlde ferhalen. Op in dei krijt se fan har baas de opdracht om ûndersyk te dwaan nei ferhalen oer sterke froulju fan de kust om dêr in boek oer te skriuwen. Sels is se opgroeid op in eilân, wat makket dat oantinkens oan har bernetiid wer boppe komme.
Se siket om ferhalen en dat set har libben op de kop. Har leafdeslibben en ek oantinkens út har bernetiid komme yn in oar ljocht te stean.

Swierte

De seemearmin is meinimmend skreaun en sil gjin swierrichheden opleverje as it giet om taalgebrûk of sinskonstruksjes. Foar in N2-lêzer kinne de ferhaallinen en it perspektyf wol in útdaging wêze. It boek giet oer in jonge frou op syk nei folksferhalen oer sterke froulju. Har wrâld, de folksferhalen en flashbacks wikselje mekoar ôf en binne yn itselde perspektyf skreaun. Foar in N3-lêzer kin dit just aardichheid oan it boek jaan. De folksferhalen kinne foar sawol N2-, N3- en N4-lêzers fan it boek soargje foar ekstra ferdjipping.

Didaktyske en letterkundige analyze

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze om him te ferdjipjen yn it libben fan in jonge folwoeksen frou, dy’t op syk is nei folksferhalen oer sterke froulju. Dêrtroch kin it boek foar in N2-lêzer swierrichheden jaan om de wikseling tusken de ‘echte’ wrâld en ferhalen basearre op folksferhalen fuort yn de gaten te hawwen.

Ynteresses

Foar lêzers dy’t hâlde fan folksferhalen en mearkes is it in moaie roman.

Algemiene kennis

Der is gjin spesifike algemiene kennis nedich om it ferhaal te begripen.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Der is gjin spesifike literêre of kulturele kennis nedich om it ferhaal te begripen. As in lêzer mear wit fan bygelyks it ferhaal fan ‘Rixt van het Oerd’ makket dat it ferhaal wol nijsgjirriger.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is foar sawol N2-lêzers as N3-lêzers goed te folgjen.

Sinskonstruksjes

De sinskonstruksjes sille gjin problemen opsmite.

Styl

It ferhaal lêst sa no en dan as in mearke. Dat komt troch de ferbining tusken de ferskillende ferhaallinen en trochdat der implisyt fergelikingen lutsen wurde tusken de haadpersoan en seemearminnen. In N2-lêzer sil dêr miskien oerhinne lêze, foar in N3-lêzer jout dat it ferhaal in ekstra diminsje. 

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der is net in soad aksje yn it ferhaal. Dêr wurdt fral skreaun fanút de tinzen fan de haadpersoan of haadpersoanen fan oare ferhaallinen. Dêrtroch is it boek geskikter foar N3-lêzers as foar N2-lêzers.

Gronology

It ferhaal is net hielendal gronologysk. Der wurdt gebrûk makke fan flashbacks nei de bernejierren fan de haadpersoan.

Ferhaalline(n)

Der binne trije soarten fan ferhaallinen yn dizze roman: it haadferhaal, flashbacks nei de bernetiid fan de haadpersoan en ferskillende folksferhalen. Foar in N2-lêzer leit dêr in útdaging, seker ek omdat der gjin dúdlike haadstiknammen binne dêr’tst út opmeitsje kinst hokker oft ferhaalline beskreaun wurdt. Dêr komt de lêzer geandewei achter. Foar in N3-lêzer kin dat ek noch in útdaging wêze. Foar in N4-lêzer jout dit gjin swierrichheden.

Perspektyf

It haadferhaal is yn it ik-perspektyf skreaun en der sitte wol gauris dialogen yn. Dêrtroch lêst it ferhaal flot. De oare ferhaallinen binne skreaun yn it personaal perspektyf. Dat makket it dúdliker dat der oergien is nei in oare ferhaalline. Troch sa út en troch de ik beskriuwingen jaan te litten, sil it perspektyf net altyd like dúdlik wêze foar sawol de N2- as de N3-lêzer.

Betsjutting

In N2-lêzer sil fral it ferhaal fan de haadpersoan folgje en de útstapkes nei folksferhalen miskien net begripe. Foar in N3-lêzer sille dy folksferhalen just mear glâns jaan oan it ferhaal. De N3-lêzer sil it miskien wol dreech fine om de parallellen te sjen tusken de folksferhalen en it haadferhaal. De parallel tusken dy ferhalen sil it boek foar de N4-lêzer ynteressant meitsje.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Allinnich de haadpersoan wurdt goed útwurke yn dit boek. Byfigueren sa as har eksfreon, har baas, tante, in barman en de portier fan har wurk spylje wol in dúdlike rol, mar bliuwe flat karakters. Dat jildt ek foar de haadpersoanen yn de folksferhalen.

Oantal karakters

Allinnich de haadpersoan fan de grutte ferhaalline wurdt echt útwurke. Oare karakters leart de lêzer net echt kennen.

Untjouwing fan de karakters

Al fan side ien ôf komt de lêzer der achter dat de haadpersoan in konneksje hat mei eat mytysk. Troch it ferhaal hinne blike der hieltyd mear parallellen te wêzen tusken de haadpersoan en de folksferhalen oer froulju op eilannen. De haadpersoan komt dêr stadichjes achter.

Ferantwurding

 -

Relevante  boarnen foar dosinten

 In biografyske skets stiet op tresoar.nl