Fries | niveau 3 | De smearlappen

De smearlappen

De smearlappen

Wadman, Anne
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
1963 [9de pr. 2010]
Uitgeverij
Laverman
Plaats
Drachten
Aantal pagina's
94
Genre
  • boereroman
  • maatskippijkrityske roman
  • coming of age
Tags
  • famylje
  • Fryske literatuer
  • jierren '50
  • jierren '60
  • leafde
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

 

Over de auteur

Anne Wadman (1919-1997) wie learaar Nederlânsk en ien fan Fryslâns bekendste skriuwers. Hy makke gedichten, romans, koarte ferhalen, toaniel, resinsjes, polemiken, wittenskiplike artikels. Hy hie syn eigen tydskrift: De Teannewâdder. Nêst literatuer wie muzyk syn grutte passy. De smearlappen (1963) wie yn de sechstiger jierren syn bekendste roman. By it ferskinen kaam der in protte publisiteit, omdat Wadman tsjin de ‘hillige húskes’ fan dy tiid oanskopte: seks, tsjerke, doarpselite, wittenskip.
Wadman syn sintraal tema is it minsklik tekoart en dat sjogge wy yn it haadpersonaazje fan De smearlappen ek werom. Haadpersonaazje Eelkje hat in goed ferstân, wit wat se wol, kin it gedrach fan oaren trochsjen, mar is net by steat om har eigen libben yn te rjochtsjen.

Inhoud

De smearlappen is it ferhaal fan de boeredochter Eelkje Lyklama Taconis dy’t opgroeit by har heit yn in lyts nearzich Frysk doarp en har dea ferfeelt. Se treft in jonge dêr’t se fereale op wurdt. Se rekket yn ferwachting en dêr siket sy – of better sein har heit – in oplossing foar.

Leesaanwijzingen

De smearlappen is net al te dreech skreaun: Eelkje fertelt har eigen ferhaal en dat docht se yn in foarm fan in monolooch, in bycht. De sinnen binne koart, der binne net folle lestige wurden en de struktuer fan it ferhaal is ienfâldich. Dat hawwe redenen west om de roman yn te dielen by N3. Ast minder witst fan de Fryske kultuer yn de jierren ’50 en ’60 kinst dy konsintrearje op de ferhaalline fan Eelkje. Hâld der wol rekken mei dat de roman mear as fyftich jier âld is, sa’t je sjen kinne oan taalgebrûk en tematyk.
Yn it ferhaal sit in protte irony dy’t te krijen hat mei in djippere laach yn de roman, nêst de ‘Eelkje-line’. De smearlappen kin nammentlik lêzen wurde as in stjit ta fernijing foar de Fryske literatuer. Mear betûfte lêzers sille Wadman syn humor en krityk op Fryslân, de Fryske kultuer en literatuer – de djippere laach yn it boek – grif wurdearje. Dy lêswize fan de roman heart thús op de hegere lêsnivo’s N4 en N5.

Om over na te denken

Hoe liket it dy ta om jong west te hawwen yn de jierren ’50-’60? Soe der wat te belibjen west hawwe yn Fryslân?

Waardering

‘Wadman hâldt konstant de gong deryn mei in treflike ôfwiksling fan woede, fertriet, sarkasme, spot, selsspot, allegearre to the point ferwurde en krekt dosearre.’
Tiny Mulder, Friesch Dagblad, 1983

‘Sa fyn ik it ferhaal fan Eelkje dochs tragysk. Wylst it foar myn gefoel sa goed begûn. Sá spitich fyn ik soks. En dat allegear foar in bytsje domme seks.’
Nynke de Vries op sirkwy.frl (2010)

‘Wa regisearret syn eigen bestean? Nimmen, ek de aldertûkste manipulanten net: der is net echt in Guus Geluk. Eelkje is net allinne mar ûnnoazel, fakernôch tûk, mar der binne grinzen oan de behearsberens fan jo bestean. Neffens my hantearret Wadman dat spanningsfjild op sa’n wize dat Eelkje der as personaazje poerbêst foarwei komt yn De smearlappen. Ik soe der yn alle gefallen graach in filmsenario foar skriuwe wolle… mei muzyk fan Strawelte. Súkses fersekere.’
G.H., studint learareoplieding Frysk (2011)

‘Ik haw in pear jier lyn De smearlappen op ’e nij lêzen, en dêr hie ik de erfaring: Dit hat noch altyd power!’
Kinnetsed Mango op sirkwy.frl (2010)

Opmerkingen

Yn 2019 is der in spesjaal boek oer Wadman ferskynd: Anne Wadman 1919-1997.




Leestips/meer weten

It ferhaal wurdt yntegraal foarlêzen op FryslânDok. Yn dizze film sit ek in moaie dokumintêre oer Wadman út 1989. Sjoch hjir >>>
Op ynternet is in soad te finen oer Anne Wadman. Oer syn libben kinst ûnder oare lêze yn it Biografisch Woordenboek van Nederland. Op tresoar.nl stiet ek in biografyske skets.
Mear ynformaasje en resinsjes fan De smearlappen binne te finen by Tresoar by it boekprofyl.
Fierder oer Wadman: Zolang de wind van de wolken waait (2006) op de DBNL, hdst 6 (s. 159 en fierder) en hdst 8 (s. 228 en fierder).
De tekst fan de roman is ek digitaal beskikber op ’e DBNL.

Samengesteld door

Babs Gezelle Meerburg

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Wadman, Anne De smearlappen
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusdialooch
Learst

in koarte proazatekst om te setten yn dialooch

Opdracht

Yn de roman De smearlappen wurdt in soad tocht, mar net in soad sein. Miskien wie it ferhaal wol oars rûn as personaazjes har útsprutsen hiene.

Yn it lêste haadstik ‘Hy en de oaren’ wurdt tusken de personaazjes net praten. Eelkje fertelt de lêzer hoe’t har âlde heit foar har oer sit en glimket of gnysket. Hy tinkt fan alles, mar seit neat.

De opdracht is: jou de heit in stim. Lês haadstik ‘Hy en de oaren’ nochris. Begjin mei de sin ‘Soms sjocht er my oan…’. Lit de heit werom sjen op wat der bard is (1 A4).

Jou dêrnei Eelkje in stim en lit har reageare op de heit (1 A4).

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Wadman, Anne De smearlappen
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusaktualiteit
Learst

om te sjen dat tema’s út âlde boeken hjoed noch aktueel binne

Opdracht

Eelkje makket fan alles mei:

a. Se wurdt op de basisskoalle lestichfallen troch skoalmaster Boar.
b. Se rint fan hûs nei Amsterdam ta.
c. Se krijt in bern wylst de heit net yn byld is.

Lês de fragminten oer dizze boppesteande ûnderwerpen nochris troch. Skriuw de bledsidenûmers op en set se yn it skema hjirûnder. Sykje op ynternet by elke sêne in kranteberjocht of in popsong dat oer presys itselde ûnderwerp giet en yn ús tiid spilet. Soest sykje kinne om in artikel of in song oer:

a. Seksuele yntimidaasje
b. Amber alert, Vermist
c. Jonge memmen

Gean dan per ûnderwerp nei hoe’t Eelkje yn de roman reagearret yn dizze sitewaasje, wat de persoan yn it artikel of de song út de tiid fan no dien hat en wat neffens dysels ferstannich wêze soe.

 

Spilet op bls. fan De smearlappen

Eelkje har reaksje

Wat docht de persoan yn krante-artikel of song?

Dyn miening oer Eelkje har aksje

a) Sêne(s) Master Boar

 Side

 

 

 

b) Sêne Fuortrinne fan hûs nei Amsterdam

 Side

 

 

 

c) Sêne Eelkje as jonge Mem oan ’e ein fan it ferhaal

 Side

 

 

 

 

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Wadman, Anne De smearlappen
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om de personaazjes yn ferhâlding te sjen

Opdracht

Hjirûnder stiet in list mei yn de earste kolom personaazjes út De smearlappen.

a. Jou yn de twadde kolom oan hoe’t hy/sy foar Eelkje is.
b. Skriuw yn de tredde kolom ien karakteristike eigenskip fan it personaazje.
c. Skriuw yn de fjirde kolom watsto sels fan it personaazje fynst.

Personaazje

Hoe is hy/sy foar Eelkje?

Karakteristike eigenskip fan dit personaazje

Dyn miening oer it personaazje

Master Boar

 

 

 

Libbe van der Lei

 

 

 

Jelte fan de Smid

 

 

 

Heit

 

 

 

Muoike Yfke

 

 

 

Mem

 

 

 

Man yn de stêd

 

 

 

Notaris Hobma

 

 

 

Wilte Akkerbol

 

 

 

Fokke Akkerbol

 

 

 

 

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Wadman, Anne De smearlappen
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusôfrin
Learst

om yn alternativen te tinken

Opdracht

1. Skriuw de ôfrin fan it ferhaal op ’e nij. Lit it ferhaal oars ôfrinne.

2. Lis yn hûndert wurden út wêrom’tst krekt foar dizze ein keazen hast en gean derop yn wat ferskillen binne tussen de ein fan Wadman en dyn eigen slotsêne. Watfoar ein fynst better?

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Wadman, Anne De smearlappen
NûmerN3/3
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustematyk
Learst

om te reflektearjen op maatskiplike fraachstikken út de roman

Opdracht

It liet ‘Fûgels’ fan Die Twa hat de wurden

Meitsje romte foar leafde, de leafde yn dy,
De leafde is sa krêftich, it makket dy frij.
Sa frij as in fûgel, de fûgels om dy hinne
Ja, fiel dy as in fûgel en do bist nea allinne.

Eelkje wrakselet mei it loskommen fan hûs. Har leafde foar Wilte is ien fan de manieren om los te kommen. As se foar it earst mei Wilte frijt, tinkt se: ‘Unnoazele Eelkje bestie net mear, dreau fier efter my, dobbere fuort op 'e weagen fan it ferline.’ Se dreamt fan in fiere reis nei Egypte mei him, ‘op in dreamskip nei alle wrâlds iggen en einen.’

a. Hat Eelkje noch oare dreamen yn har libben? Watfoar?
b. Wat sil der fan har dreamen telâne komme, tinkst? Wêrom?
c. Wat binne winsken op dyn bucketlist ?

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Wadman, Anne De smearlappen
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusoardiel en miening
Learst

om in eigen miening oer in roman te foarmjen, mei op basis fan resinsjes

Opdracht

1. Wat fynsto fan De smearlappen? Jou in rapportsifer.

2. Hjirûnder fynst twa resinsjes fan De smearlappen. De resinsinten komme út ferskillende tiden en generaasjes.

a. Skriuw de belangrykste plus- en minpunten op dy’t beide resinsinten neame.

b. Yn watfoar resinsje wurdt dyn eigen miening oer de roman it bêste werjûn? Wêrom?

Bronnen

[1] Jacob Noordmans, ‘Wadman: De Smearlappen in boereroman yn nije styl. Wa’t fan jimme sûnder sûnde is’.  LC 26 oktober 1963, diel 1 en diel 2.
[2] Jelle van der Meulen op frieseliteratuur.nl.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Wadman, Anne De smearlappen
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokushaadpersonaazje
Learst

om it haadpersonaazje better te bedjipjen

Opdracht

1. Wat ropt de haadpersoan by dy op? Fynst har sympatyk? Wêrom wol of net?

2. In haadpersoan kin in held wêze of in antyheld. Lês ûnder boarne 1 wat in antyheld is. Wêrom kin de haadpersoan fan De smearlappen sjoen wurde as in antyheld? Lis dyn antwurd út met foarbylden út it boek.

3. Wat foar eigenskippen hat in held? Komme yn De smearlappen helden foar?

4. Is De smearlappen foar dy in boek mei in boadskip? Lis dyn antwurd út.

Bronnen

Wikipedy, Antyheld

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Wadman, Anne De smearlappen
NûmerN4/3
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusstylmiddels
Learst

wat de stylmiddels irony, sarkasme en synisme ynhâlde en hoe’t Wadman se brûkt

Opdracht

Wadman brûkt yn syn roman de stylmiddels irony, sarkasme en synisme.
Resinsinte Tiny Mulder skriuwt dat ek: ‘Wadman kent in dit boek geen humor, tenzij van de makabere en cynische soort.’ (RONO, 14-11-1963)

1. Jou in definysje fan irony, sarkasme en synisme.

2. Neam by elk in passend sitaat út De smearlappen. Skriuw it sitaat út.

3. Wat betsjut it wurd ‘makaber’? Binne dizze stylfigueren echt alle fjouwer fan de ‘makabere soart’? Lis dyn antwurd koart út.

4. Sykje in fragmint út datst typearjend fynst foar de styl fan it boek. Jou oan oft der it stylmiddel irony, sarkasme en/of synisme yn foarkomt en jou se oan yn de tekst.

Bronnen

Taalunieversum: ironie, sarcasme, cynisme
Wikipedy, irony
Wikipedy, sarkasme

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Wadman, Anne De smearlappen
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmfraachpetear
Fokusmaatskiplike eftergrûn
Learst

om de roman yn in maatskiplik ramt te pleatsen

Opdracht

De smearlappen kinst lêze as it ferhaal fan Eelkje. Kinst ek nei djippere betsjuttingslagen sjen. Ien dêrfan is de wrâld fan de jierren ’50-’60, dêr’t it ferhaal fan Eelkje yn ferankere is.

1. Skriuw 5 maatskiplike ûnderwerpen op in rychje dy’t yn de roman foarkomme.

Freegje in 70-plusser nei de ûnderwerpen en hoe’t dy se ûnderfûn hat yn de tiid dat hy/sy jong wie.

2. Meitsje in audio-opname fan it petear fan ûngefear 15 minuten.

3. Skriuw op basis fan dyn audio-opname in ferslach.

4. Jou by elk fan de fiif punten oan hoe’t hjoeddedei oer dy ûnderwerpen tocht wurdt.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Wadman, Anne De smearlappen
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresinsjes
Learst

om resinsjes te scannen op ien fraach

Opdracht

De roman hat by útjefte in soad opskuor jûn, der waard oer praat. Dat kaam trochdat yn de roman taboes rekke waarden. Ien fan de taboes is it ôfbrekken fan it tradisjonele byld fan Fryslân en de Fryske roman.

1. Lês de ûndersteande artikels oer De smearlappen út de jierren ’60. Bytiden komt ek de roman Fabryk te praat.

* Jacob Noordmans, ‘Wadman: De Smearlappen in boereroman yn nije styl. Wa’t fan jimme sûnder sûnde is’. Yn  LC 26-10-1963, diel 1 en diel 2.
* FS (Fedde Schurer), ‘Smearlapperij’. Yn De Friese Koerier, 9-11-1963, oanhelle troch Wadman yn Mei Abraham fûstkje, Hdst 16

2. Skriuw op wêr’t neffens elke resinsint De smearlappen in taboe rekket. Is it hjoeddedei ek noch in taboe?

3. Elke maatskippij hat syn taboes. Wêr wurdt yn ús tiid oer praten en lake? Skriuw trije ûnderwerpen op.

4. Is de roman De smearlappen neffens dy aktueel? Ljochtsje dyn antwurd ta.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Niveau 6 - Opdrachten

Boek Wadman, Anne De smearlappen
NûmerN6/1
Nivo6
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
FokusFryske literatuer
Learst

om te sjen nei it sjenre fan de roman yn de kontekst fan de Fryske literêre tradysje

Opdracht

De ûndertitel fan De smearlappen is [boereroman]. Eelkje makket dêr sels ek in opmerking oer: ‘It begjint al aardich op in echte boereroman te lykjen, tocht ik. Ik hie dêr wolris om gnyske. Mar it gekke wie, dat sokke dingen dus dochs foarkamen, al wie it mei justjes oare beljochting, mei oare aksinten as dy skriuwers oer beskikke.’
Dêr jout Wadman in oanwizing mei hoe’t de roman lêzen wurde kin.

Beantwurdzje de folgjende fragen:

1. Wat is typysk foar it sjenre fan de Fryske boereroman? Sjoch nei posysje fan de ferteller, lokaasje, hanling, personaazjes, bining mei de grûn, fyzje op it libben. By de beantwurding fan dizze fraach kinst gebrûk meitsje fan Riemersma syn stúdzje Proza van het platteland (sjoch by boarnen).

2. De smearlappen is in parody op Reinder Brolsma syn roman It Heechhôf (1926). It Heechhôf it in bekende Fryske boereroman en fertelt it ferhaal fan in lytse boer yn it noarden fan Fryslân. Ien fan de personaazjes is de jonge boeredochter Richt. Op in simmerjûn krijt se besite fan in jongfeint, sjoch boarne. Lis dat nêst it fragmint dêr’t Eelkje Wilte foar it earst treft. Skriuw fiif oerienkomsten en fiif ferskillen op. Tink om ynhâld, fertelperspektyf, toan en styl.

3. Bestiet it sjenre boereroman neffens dy noch? Lis dyn antwurd út.

Bronnen

[1] Tr. Riemersma, Proza van het platteland, dissertaasje 1984.
[2] Reinder Brolsma, Heechhôf trilogy, rige ‘Fryske Klassiken’ I, 1994, s. 112-114.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Docenteninformatie

Yntroduksje

Anne Wadman (1919-1997) wie learaar Nederlânsk, earst yn Snits en letter oan de learare-oplieding Nederlânsk yn Ljouwert (no NHL/Stenden Hegeskoalle). Hy wie ek ien fan Fryslâns bekendste skriuwers en hie in lange karjêre as skriuwer fan gedichten, romans, koarte ferhalen, toaniel, resinsjes, polemiken en wittenskiplike artikels. Hy hie in pear jier syn eigen tydskrift: De Teannewâdder. Nêst literatuer wie muzyk syn passy, sawol klas­syk as jazz.
De smearlappen (1963) wie yn de sechstiger jierren syn bekendste roman. Doe’t it ferskynde, wie der in protte oer te dwaan, omdat Wadman tsjin in protte hillige húskes fan dy jierren oanskopte: seks, tsjerke, doarpselite, wittenskip (genealogy), Fryske literatuer (tematyk, roman yn pocketfoarm).
Wadman wurdt typearre as de skriuwer fan it minsklik tekoart en dat sjogge wy yn it haadpersonaazje Eelkje fan De smearlappen ek werom. Se hat in goed ferstân, trochsjocht it gedrach fan oaren, mar is net by steat om har los te meitsjen út har fermidden en foar in eigen libben te kiezen.

Ynhâld

De smearlappen is it ferhaal fan de boeredochter Eelkje Lyklama Taconis dy’t opgroeit by har heit yn in nearzich Frysk doarp en har dea ferfeelt. Se treft in jonge dêr’t se fereale op wurdt. Se rekket yn ferwachting en dêr siket sy – of better sein har heit – in oplossing foar.

Swierte

De smearlappen is net al te dreech skreaun: Eelkje fertelt har eigen ferhaal en dat docht se yn in foarm fan in monolooch, in bycht. De sinnen binne koart, der binne net folle lestige wurden en de struktuer fan it ferhaal is ienfâldich. Dat hawwe redenen west om de roman yn te dielen by N3. Jongere lêzers en lêzers dy’t minder witte fan de Fryske kultuer yn de jierren ’50-’60 kinne harren konsintrearje op de ferhaalline fan Eelkje.
Om rekken mei te hâlden: de roman is goed fyftich jier âld en dat sjogge jo oan taalgebrûk en tematyk.
Yn it ferhaal sit in protte irony dy’t te krijen hat mei in djippere laach yn de roman, nêst de ‘Eelkje-line’. De smearlappen kin nammentlik lêzen wurde as fernijingsympuls foar de Fryske literatuer. Betûfte lêzers sille Wadman syn humor en irony en syn krityk op Fryslân, de Fryske kultuer en literatuer – de djippere laach yn it boek – grif wurdearje. Dy lêswize fan de roman heart thús op hegere lêsnivo’s, N4 en N5. Om dy reden binne opdrachten fan N2- oant N6-nivo tafoege. Kommunisearje dus dúdlik mei jo learling op hokker nivo de opdrachten makke wurde moatte.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De N3-lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in ferhaal út de iere jierren ’60. Taal en tematyk sille net altiten oanslute op de ynteresses en de belibbingswrâld fan lêzers dy’t fier nei 1960 berne binne.

Ynteresses

De ferhaalline (skiednis) slút oan op de winsken fan N3-lêzers. It tema – de syktocht fan in jong fanke nei in eigen libben – leit ticht by de eigen ûnderfining fan de doelgroep 15-19 jier. Oan it ûnderwerp kinne sosjale, psychologyske en filosofysk-morele fragen keppele wurde, dy’t yn in djippere betsjuttingslaach fan de roman reitsje.

Algemiene kennis

Kennis oer de wrâld is net nedich. N2-lêzers kinne it ferhaal goed neikomme. Mear betûfte lêzers fine djipgong yn it boek.
De N2-lêzer kin him meislepe litte yn de dramatyk fan it libben fan Eelkje. De N3-lêzer kin neitinke oer de achtergrûn fan it ferhaal, de maatskiplike kontekst dêr’t it ferhaal him yn ôfspilet. De N4-lêzer kin genietsje fan Wadman syn fine irony. De N5-lêzer kin neitinke oer djippere betsjuttingslagen, bygelyks oer de rol dy’t De smearlappen hân hat by it feroarjen fan de tradysje fan de Fryske (boere-)roman.

Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks)

Spesifike literêre kennis is net fereaske. Elke lêzer sil meinimme út it ferhaal wêr’t er sels ferlet fan hat en klear foar is.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

De roman is wol skreaun yn in tiid dat der gever Frysk praat wurdt as tsjintwurdich. Foar N2-lêzers kin dat wat dreech wêze. N3- en N4-lêzers sille dêr gjin problemen mei hawwe.

Sinskonstruksjes

It is in ferhaal yn monoloochfoarm, dat de sinnen binne dêrtroch net yngewikkeld.

Styl

De styl fan Wadman is frij tagonklik foar de N2-lêzer. De foar Wadman typearjende iroanyske styl sil oppikt wurde troch N3- en N4-lêzers.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

N2-lêzers hawwe mei De smearlappen in ferhaal mei aksje yn hannen, al falt dy aksje net te ferlykjen mei aksje fan hjoed-de-dei. N3- en N4-lêzers sille har mear troch de ideeën as troch de hanlingen yn de roman oansprutsen fiele.

Gronology

It ferhaal wurdt gronologysk ferteld mei inkelde weromwizingen en flashbacks. De gronology leveret gjin problemen op.

Ferhaalline(n)

De ferhaalline is maklik te begripen foar N2-lêzers. Foar N3-, N4- (en N5-)lêzers sil de útdaging minder yn de ferhaalline sitte as yn de skriuwstyl en yn de filosofyske, maatskiplike en literêre kontekst fan de roman.

Perspektyf

Der sitte gjin perspektyfwiksels yn De smearlappen. Eelkje docht har ferhaal en lit oaren allinne fia harsels oan it wurd.

Betsjutting

N2-lêzers sille sykje om de betsjutting fan it ferhaal fan Eelkje, it frommiske dat har eigen wei besiket te kiezen yn it libben, mar keard wurdt troch de omstannichheden dêr’t se no ienkear diel fan útmakket. N3- en N4-lêzers sille dêrnêst ek sjen nei de betsjutting fan de roman yn de maatskiplike en litêrere kontekst fan de Fryske literatuer.

Fertroud mei literêre personaazjes

Karakters

De lêzer folget de tinzen en de hanlings fan Eelkje. Har wrâld bestiet út ‘smearlappen’ dy’t har libben útmeitsje. Dy ‘oaren’ wurde sjoen en beskreaun troch de eagen fan Eelkje.

Hoemannichte

Eelkje har wrâld is net grut, dat de hoemannichte personaazjes yn De smearlappen is ek net grut.

Untjouwing fan karakters

Eelkje makket in negative ûntwikling troch yn de sin dat se har deljout by de situaasje. De oare personaazjes meitsje gjin ûntjouwing troch.

Relevante  boarnen foar dosinten

Op ynternet is in soad te finen oer Anne Wadman. Gjalt Zondergeld skreau de bydrage oer Wadman yn it Biografisch Woordenboek van Nederland. Mear ynformaasje en resinsjes fan De smearlappen binne te finen op tresoar.nl by it boekprofyl. Dêr stiet ek in biografyske skets.

Dissertaasjes  oer Wadman:
Joke Corporaal (2009, Grimmig eerlijk, oer Wadman syn libben yn de Fryske literatuer oant 1963) en Babs Gezelle Meerburg (1997, Hwant wy binne it nijs, oer De smearlappen en Fabryk).

Fierder: Zolang de wind van de wolken waait (2006), hdst 6 (s. 159 e.f) en hdst 8 (s. 228 e.f.).

Oer it plak fan De smearlappen yn de Fryske literêre tradysje:
It haadstik fan B.A. Gezelle Meerburg, ‘Europees of regionaal niveau. Visies op de Friese roman van 1945 tot 1969’ yn it boek Negen eeuwen Friesland-Holland. Geschiedenis van een haat-liefdeverhouding, Ph.H. Breuker & A. Janse (1997), Zuthpen, Walburg Pers.
Steven de Jong. Ta in hichte, of de balke yn eigen each (2007), monografy oer it literêre wurk fan Anne Wadman.

Wadmans eigen essaybondels binne nijsgjirrich foar lju dy’t mear witte wolle oer bygelyks syn literatueropfetting. Se steane alle trije yntegraal op de DBNL: Kritysk konfoai (1951), It kritysk kerwei (1990), Oer oarmans en eigen (1994).

Mear oer it sjenre fan de boereroman:
Tr. Riemersma (1984), Proza van het platteland. Een onderzoek naar normen en waarden in het grotere Friese proza van 1855-1945. Boalsert KU.

De tekst fan De smearlappen is digitaal beskikber op de DBNL.
Op Fryslân Dok wurdt it ferhaal yntegraal foarlêzen mei dêrby in dokumintêre oer Wadman út 1989. >>>