Fries | niveau 3 | Om

Om

Om

Tigchelaar, Geart
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2021
Uitgeverij
Afûk
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
168
Genre
  • psychologyske roman
Tags
  • reis
  • fyts
  • famylje
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Geart Tigchelaar (1987) skriuwt romans, gedichten en set oer. Hy is grutbrocht yn Damwâld en hat Fryske taal en kultuer studearre oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn syn studintetiid begûn syn ynteresse foar it skriuwen, wat yn 2011 laat hat ta syn debútroman Lúshâlding.

Njonken syn proazawurk, skriuwt Geart ek poëzij en boekbesprekken. Fan 2010 oant 2021 wie hy redakteur fan it literêre tydskrift Ensafh. Yn 2021 folge er Jankobus Seunnenga op as Streekdichter fan Noardeast-Fryslân.

Geart hat, njonken syn passy foar literatuer, in grutte belangstelling foar it meitsjen fan fytstochten en it meitsjen fan muzyk.

Inhoud

Yn Om hat Geart Tigchelaar ûnderfiningen fan syn fytsreizen ferwurke ta in psychologyske roman. It ferhaal giet oer haadpersoan Ate dy't in fytsreis ûndernimt troch Dútslân, Denemarken en Sweden nei de Noardkaap om ôf te weven mei it ferline.

Leesaanwijzingen

It boek is as in deiboek opmakke, mei tuskentroch flashbacks út de jeugd fan Ate en petearen yn de notiid. Hjir sit in soad ôfwikseling yn. Om’t de haadpersoan Ate in lestige ferhâlding mei syn famylje hat, is it somtiden miskien dreech om dy yn Ate yn te libjen. It taalgebrûk leveret oer it algemien gjin swierrichheden op: ûnbekende wurden binne út de kontekst te begripen. 

Om over na te denken

Yn hoefier hawwe dyn famyljerelaasjes ynfloed op dyn libben? Kin in reis dy helpe om foarfallen út dyn ferline te ferwurkjen? Leit dyn libbenslot al fêst? Soesto in lange fytsreis ûndernimme?

Waardering

Geart Tigchelaar skriuwt moai: syn Frysk is net wiidweidich of mei barokke folsinnen, mar krekt sereen, nofter en naturel. Meditatyf hast. Ik fyn Ate dêrtroch in hiel leauwwurdich persoan, dy't it libben nimt lykas it komt. 
Jaap Krol yn it Friesch Dagblad

Opmerkingen

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)




Leestips/meer weten

Boekpresintaasje fan Om

Biografyske skets Geart Tigchelaar op tresoar.nl/literatuer

Samengesteld door

Fardau Visser

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Tigchelaar, Geart Om
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitelferklearring
Learst

om it ferbân tusken de titel en de kearn fan it ferhaal te begripen

Opdracht

Wannear’tst sjochst nei de foarkant fan it boek, liket de titel te ferwizen nei de omkear fan in tsjil.

1. Wat fynsto fan de titel? Sprekt it dy oan?
2. Hoe belangryk fynsto in titel eins by it begripen fan in boek? Ljochtsje dyn antwurd ta.
3. Yn it Frysk binne der in soad gearstallingen mei it wurd ‘om’ te betinken, sa as ‘omgoaie, ‘omdrave’ of ‘werom’. Yn dizze opdracht ferbynst sa’n gearstalling oan it ferhaal fan ‘Om’.

Betink by de folgjende gearstallingen hoe’t se yn ferbining stean mei it ferhaal en ljochtsje it ferbân by elk wurd ta yn ûngefear 50 wurden. It wurd ‘weromsjen’ is al foardien. Doch itselde foar de wurden ‘omkear’ en ‘omdyk’. Meist ek in oare gearstalling mei ‘om’ betinke.

Foarbyld: ‘weromsjen’
Yn it ferhaal sjocht Ate ûnder syn fytstocht werom op syn ferline; hy tinkt nei oer syn jeugd en de relaasje mei syn broer en heit en mem. Yn de deiboekfragminten sjocht Ate werom op syn fytsreis om de foarfallen better te begripen.

4. Hokker fan dy wurden fynst it bêste by de kearn fan it ferhaal passen? Meitsje in top 3 en motivearje dyn kar yn sa’n hûndert wurden.

Makke trochFardau Visser
Boek Tigchelaar, Geart Om
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel/twatallen
Fokuspersonaazjes
Learst

om te begripen hoe't de relaasjes tusken de karakters yn it boek ynfloed hawwe op de haadpersoan

Opdracht

Yn it ferhaal fan ‘Om’ komt Ate personaazjes tsjin op syn reis, mar wurdt der ek faak ferteld oer de persoanen út Ate’s ferline. Allegear hawwe sy ynfloed op Ate en faak ek op elkoar.

1.
Meitsje oantekeningen fan de ferskillende karakters en de relaasjes dy't sy mei Ate hawwe.
2. Lês de bylage oer sosjogrammen. Meitsje in sosjogram fan de karakters om Ate hinne, brûk dêr papier en potleaden foar. Plak Ate yn it midden en tekenje linen nei de oare karakters dy't belutsen binne by syn libben en reis. Meitsje gebrûk fan ferskillende kleuren en symboalen om de ûnderskate soarten relaasjes tusken de karakters oan te tsjutten.
3. Beskriuw by elke line hoe't dy karakters elkoar beynfloedzje en hoe't se ynfloed hawwe op Ate.

Bronnen

Bylage sosjogram

Makke trochFardau Visser

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Tigchelaar, Geart Om
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusopbou en perspektyf
Learst

om de opbou fan it ferhaal te analysearjen

Opdracht

It ferhaal yn Om is as in deiboek opmakke, mei tuskentroch flashbacks út de jeugd fan Ate.

1.
Lês it wikipedy artikel oer flashbacks (taheakke) en lis yn eigen wurden út wat in flashback as ferteltechnyk ynhâldt.
2. Besykje de relaasje tusken de flashbacks en de hjoeddeiske reis fan Ate te bepalen. Wêrom is it ferhaal sa opmakke? Wat is it doel fan de flashbacks?
3. It ferhaal yn Om nimt in ûnferwachte kear; der bart wat dêr’t Ate syn reis troch oanpasse moat. Tink dy yn dat Ate syn reis ferfolgje koe sa’t hy it yn ‘e holle hie. Skriuw fanút it perspektyf fan Ate in deiboekside oer wannear’t hy by de Noordkaap oankomt. Kinst omtinken jaan oan syn gedachten, gefoelens, de omjouwing, syn kontakten mei oare minsken ensfh.

Bronnen

Flashback op Wikipedy

Makke trochFardau Visser
Boek Tigchelaar, Geart Om
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om it doel fan de haadpersoan te begripen en te ferbinen oan it haadtema

Opdracht

Rjochting de ein fan it ferhaal freget Ate him ôf wêrom’t hy oan de reis begûn is.

“Dan kin men jin ôffreegje oft it doel yndied helder is. Dat troch wissigens krekt ûnwissigens jin bekrûpt. Wat as it doel net it goede doel blykt te wêzen; bestiet der soks as in goed doel?” (s. 132).

1. Wat tinksto dat it doel fan Ate syn reis is? Feroaret dat troch it ferhaal hinne? Lis út wêrom wol of wêrom net.
2. Besykje in tema te identifisearjen yn it ferhaal Om. Wat is it grutte ferhaal dat de auteur fertelle wol? Wat binne de wichtichste ideeën en problemen yn it ferhaal? Wat hat dat te krijen mei it doel fan de reis fan Ate?

Hat Ate it doel fan syn reis helle, tinksto? Lis út wêrom.

Makke trochFardau Visser

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Tigchelaar, Geart Om
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje
Learst

om it ferhaal te ferlykjen mei oare ferhalen en de oerienkomsten en ferskillen kritysk te rapportearjen

Opdracht

Yn dizze opdracht ferlikest Om mei in oare (psychologyske) reisroman dy’tst lêzen hast en ferwurkest dat ta in resinsje.

1. Meitsje in ferliking tusken it ferhaal fan Ate en in oare reisbeskriuwing dy’tst kenst, lykas bygelyks De Reis om de wereld in 80 dagen fan Jules Verne, De Alchemist fan Paulo Coelho of Grand Hotel Europa fan Ilja Leonard Pfeijffer. It kin ek út in film komme, sa as Into the Wild.
2. Beskriuw trije oerienkomsten en trije ferskillen tusken de twa ferhalen, en beärgumintearje wêrom'tsto fynst dat it ferhaal fan Ate en it ferhaal dêr’tst it mei ferlikest op inoar lykje. Beskriuw dit per punt yn likernôch 100 wurden. Tink dêrby om eleminten sa as:

  • Opbou fan it ferhaal: Hoe is it ferhaal opboud en hokker techniken binne brûkt? Hoe beynfloedzje dy techniken it ferhaal?
  • Personaazjes: Wa binne de personaazjes en hoe wurde se presintearre? Wat binne harren driuwfearren en persoanlikheden?
  • Tema's: Hokker tema's wurde oankaarte yn it boek ‘Om’ en hoe wurde dy ûntwikkele? Ferlykje dat mei de tema's yn it oare wurk.
  • Styl: Hoe is de styl fan skriuwen yn ‘Om’? Hoe beynfloedet dy de lêzer en hoe ferhâldt dy him ta de styl fan it oare wurk?
Makke trochFardau Visser
Boek Tigchelaar, Geart Om
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst3 slû
Wurkfoarmyndividueel of yn twatallen
Fokuspsychologyske ûntwikkeling
Learst

om te analysearjen hoe't de psychologyske ûntwikkeling fan de haadpersoan ôfbylde is yn it ferhaal

Opdracht

Hoe’t in minske is, stippelet fuort yn grutte linen syn libbens-paad út … dêrom leit fan tefoaren min ofte mear al fêst wat de útkomst wêze sil (dochs?)” (s. 111).

Yn it boek freget Ate him ôf oft fantefoaren de útkomst fan it libben al fêstleit en oft hy dingen oars dien hie as bepaalde foarfallen net bard wiene. Yn dizze opdracht analysearrest de ynfloed fan dit barren op Ate syn psychologyske ûntjouwing.

1. Lês it haadstik ‘Ontwikkelingspsychologie’ út it Lexicon van de Jeugdliteratuur (taheakke). Yn it artikel wurde twa fisys op de ûntjouwing fan de minsk oanhelle: it nativisme en it behaviorisme. Hokker slút it bêste oan by it sitaat oan it begjin fan dizze opdracht? Bisto it iens mei dizze fisy? Motivearje dyn antwurd.
2. Meitsje in tiidline fan de psychologyske ûntjouwing fan Ate troch syn libben hinne, ynklusyf wichtige foarfallen en feroaringen yn syn tinken - en gedrachspatroanen.
3. Analysearje hoe't Ate's persoanlikheid en motivaasjes feroarje yn it ferhaal en lis dat út oan 'e hân fan spesifike fragminten út it boek. Brûk dêrby de folgjende fragen:

  • Hokker fases út de ûntwikkelingspsychology hawwe it measte ynfloed hân op it tinken en gedrach fan Ate, tinksto?
  • Yn hoe fierre hawwe de faktoaren miljeu en oanlis (sa as omskreaun yn it haadstik ‘Ontwikkelingspsychologie’) ynfloed op de ûntwikkeling fan Ate?
Bronnen

Ontwikkelingspsychologie - Lexicon van de jeugdliteratuur

Makke trochFardau Visser

Docenteninformatie

Yntroduksje

Geart Tigchelaar (1987) skriuwt romans, gedichten en set oer. Hy is grutbrocht yn Damwâld en hat Fryske taal en kultuer studearre oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn syn studintetiid begûn syn ynteresse foar it skriuwen, wat yn 2011 laat hat ta syn debútroman Lúshâlding.

Njonken syn proazawurk, skriuwt Geart ek poëzij en boekbesprekken. Fan 2010 oant 2021 wie hy redakteur fan it literêre tydskrift Ensafh. Yn 2021 folge er Jankobus Seunnenga op as Streekdichter fan Noardeast-Fryslân.

Geart hat, njonken syn passy foar literatuer, in grutte belangstelling foar it meitsjen fan fytstochten en it meitsjen fan muzyk.

Ynhâld

Yn Om kombinearret Tichgelaar syn passys fan literatuer en fytsreizen. Syn ûnderfiningen hat hy ferwurke ta in ‘psychologyske fytsroman’. It ferhaal giet oer haadpersoan Ate dy't in fytsreis ûndernimt troch Dútslân, Denemarken en Sweden nei de Noardkaap om ôf te weven mei it ferline. 

Swierte

Om sil gjin swierrichheden opleverje as it giet om taalgebrûk of sinskonstruksjes. It ferhaal lêst flot troch de omskriuwings fan de omjouwing ûnderweis en de plotdraaien; de lêzer wurdt meinaam op reis. It is miskien dreech foar de lêzer om him te ferpleatsen yn de komplisearre famyljeferhâldingen en de somtiden haatdragende en dan wer apatyske libbenshâlding fan de haadpersoan. Foar in N3- of N4-lêzer kin dit aardichheid oan it boek jaan, om’t it de lêzer oan it tinken set en útnûget de haadpersoan te trochgrûnjen.

 

Didaktyske en letterkundige analyze

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De (jonge)N2-lêzer moat ree wêze om him te ferpleatsen yn in folwoeksen, manlik persoan dy’t fierder fan de lêzer ôfstiet kwa leeftiid, tinkwize en famyljeferhâldingen.

Ynteresses

Ynteresse yn reisromans is in pree.

Algemiene kennis

Der is gjin spesifike algemiene kennis nedich om it ferhaal te begripen.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Der is gjin spesifike literêre en kulturele kennis fereaske om dit boek goed begripe te kinnen.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Der komme sa no en dan wat drege wurden yn it boek foar, lykas ‘saksearre’, ‘nearzich’ of ‘wearzge’. De kontekst makket faak wol dúdlik wat der bedoeld wurdt.

Sinskonstruksjes

De sinskonstruksjes sille gjin problemen opsmite. Benammen yn de deiboekfragminten binne dy ienfâldich.

Styl

De N2-lêzer sil miskien muoite hawwe mei de refleksjes yn de deiboekfragminten, petearen yn de notiid en flashbacks.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der bart in soad yn it ferhaal. Foaral tsjin ‘e ein fan it ferhaal wurdt it spannender troch in plotdraai.

Gronology

It boek is foar in part gronologysk opboud mei weromferwizings yn de foarm fan flashbacks. Dat kin foar de N2-lêzer dreech wêze.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline en dy smyt gjin problemen op. Yn it begjin kin de lêzer muoite hawwe mei de wikselingen yn tiid.

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld fanút de ik-fertelwize. Dat jout de lêzer ynsjoch yn de tinzen fan de haadpersoan. Ek sit der in soad dialooch yn, sadat it ferhaal flot troch lêst.

Betsjutting

De N2-lêzer sil miskien net altyd de deiboekfragminten ferbine kinne oan de aksjes en flashbacks yn it ferhaal, wat de ûntjouwing fan de haadpersoan dreger te begripen makket. In N3- of N4-lêzer sil dêr mear each foar hawwe en dit nijsgjirrich fine.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De lêzer kin foaral oan it begjin fan it boek muoite hawwe mei de motivaasje efter de hannelingen fan de haadpersoan. De haadpersoan begrypt somtiden it gedrach fan de oare karakters net, wat foar de lêzer fragen opsmyt.

Oantal karakters

De hoemannichte fan it oantal personaazjes is goed nei te kommen. De fokus leit op de haadpersoan.

Untjouwing fan de karakters

De ferhâldingen tusken de karakters yn it boek binne dreech en feroarje in soad; sawol troch foarfallen yn de notiid as refleksje fan de haadpersoan op it ferline. Foar in N3- of N4-lêzer sil dit nijsgjirrich wêze; in N2-lêzer sil dat dreech fine.

Ferantwurding

Biografyske skets Geart Tigchelaar op tresoar.nl/literatuer

Relevante  boarnen foar dosinten

"It skriuwen sit yn my bebakt", mar Geart Tigchelaar is ta oan wat oars - Omrop Fryslân (omropfryslan.nl)

Geart Tigchelaar: dichter en schrijver - NDC mediagroep - De Krant van Toen

https://gearttigchelaar.wordpress.com/2016/02/09/article-leeuwarder-courant/