Fries | niveau 4 | De fûke

De fûke

De fûke

Velde, Rink van der
Niveau
Niveau 4
Jaar uitgave
1966 [10de pr. 2005]
Uitgeverij
Laverman
Plaats
Drachten
Aantal pagina's
120
Genre
  • oarlochsroman
  • psychologyske roman
Tags
  • anargisme
  • ferset
  • Twadde Wrâldoarloch
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Rink van der Velde (1932-2001) wie in populêre Fryske skriuwer en sjoernalist by de Ljouwerter Krante. Fan syn goed fjirtich boeken en ferhalebondels binne mei elkoar mear as 200.000 eksimplaren ferkocht.
Van der Velde makke yn 1959 syn debút yn Frysk en Frij en skreau yn 1960 syn  earste roman, it Nederlânsktalige De kleine kolonie. Yn 1962 ferskynde de earste fan de 25 Fryske romans dy't er neilit: Joun healwei tolven. De Fûke wurdt algemien sjoen as ien fan syn allerbêste boeken.
Van der Velde ûntwikkele syn skriuwstyl fan de sjoernalistyk út. Foar de krante spesjalisearre er him yn it beskriuwen fan histoaryske foarfallen en opfallende persoanen. Syn foarkar foar frijfochten types is werom te finen yn de haadpersoanen yn syn romans en ferhalen. De striid fan de lytse man dy't gjin gesach boppe him duldt is in sintraal tema yn syn wurk. De Twadde Wrâldoarloch is ek in belangryk ûnderwerp yn syn boeken. Hy skreau ek in rige plysjeromans.
Van der Velde wenne ûnder oare op De Gordyk, yn Drachten, De Wylgen en Ljouwert mar hy hie syn ûntwyk op in arkje yn ien fan de petgatten fan De Feanhoop. Dat arkje wurdt no ferhierd oan skriuwers om dêr in skoft yn alle rêst wurkje te kinnen.
Nei syn ferstjerren is troch syn útjouwer de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smellingerlân de Rink van der Veldepriis ynsteld, de priis foar it bêste Fryske proazawurk fan de ôfrûne twa jier.

Inhoud

De haadpersoan yn dizze roman hat net in namme. Hy is ielfisker, in gewoane man dy't ûnopfallend syn wegen giet en dat ek net oars wol. Der wie al in rite dat er ferwachtings fan it libben hie, mar de tiid hat him dat wol ôfleard. Hy komt út in anargistysk nêst yn de omkriten fan Beets. Dêr jilde it prinsipe dat elk dy't achter de broek sitten waard by him in feilich ûntwyk fine koe. Yn de Twadde Wrâldoarloch wurdt er foargoed op dat prinsipe ferge. Syn fiskersklinte oan de Tsjûkemar is in taflechtsoard foar ûnderdûkers en oare ferfolgen. Oant op in dei syn iennichste soan it slachtoffer fan in razzia wurdt. De fiskerman komt foar in ûnmooglike kar te stean. By de ferhoaren troch de Dútsers bedarret er hieltiten fierder yn de fûke.

Leesaanwijzingen

Dit boek nimt dy fan it begjin ôf mei. Drege wurden kinst út de kontekst wol snappe. De direktens fan de taal, de ienfâld fan de sinnen en de koarte haadstikken meitsje it hiel tagonklik. Yn it boek sit in soad dat in lêzer fan ferskillende nivo's boeie kin. It bliuwt net by in oarlochsferhaal allinne. Troch alles wat de fisker meimakket, sjocht er syn libben oer en komt ta ferrassende ynsichten.
De earste sin fan it boek is: 'Guon minsken leit it op 'e lea, mar hy hie noait foargefoelens hân, dat it kaam him diz' kear ek oer it mad'. Yn âldere printingen fan De Fûke stiet 'ik' yn plak fan 'it' (fetkursyf oanjûn). Dat set de lêzer op in ferkeard spoar, want der is hielendal gjin ik-ferteller yn dit boek.

Om over na te denken

Wat dochst ast ûnder druk setten wurdst om geheimen te fertellen? Joust oan de druk ta of hâldst fol datst fan neat witst, ek al kin it dy de kop kostje? Wannear soest meidwaan mei in groep om ien ûnder druk te setten? Hast bygelyks wol ris meidien om ien te pesten? En hoe fier giest dêrby?

Waardering

'De wrakseling fan de fiskerman om in kromke frijheid ropt yn 'e fierte by jin de gedachte op oan The old man and the sea fan Ernest Hemingway. Mar dan sûnder in spoar fan de patetyk, dy't Hemingway by alle soberens sa eigen wie. Van der Velde syn fiskerman is in ynbannige Fries, in held sûnder hope en gloarje.'
Sjoerd Leiker yn Het Vrije Volk

'Der is nei alle gedachten gjin boek dat better de Twadde Wrâldkriich opropt as De Fûke. It is no ris gjin heldeferhaal, mar it ferhaal fan in man dy't alles yn syn libben ferlern hat.'
Jan Willem van de Wetering oer The trap, de Amerikaanske oersetting

'This is a gem of a novel with universal appeal'
Publisher's Weekly oer The trap

Opmerkingen

De Fûke is online beskikber op dbnl.nl en ek te krijen as harkboek. It boek is oerset yn it Nederlânsk, it Amerikaansk en it Oekraynsk. It ferhaal is yn 2000 ferfilme troch Steven de Jong mei Rense Westra yn de haadrol.




Leestips/meer weten

Biografyske skets op tresoar.nl
Jelle van der Meulen op syn Friese literatuursite
Pieter de Groot, In memoriam LC 19-02-2001

Samengesteld door

Lieukje Leistra-Reidsma

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 3 - Opdrachten

Boek Velde, Rink van der De fûke
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om te reflektearjen op de betsjutting fan de titel

Opdracht

De Fûke is ûnder oare oerset yn it Nederlânsk as De Fuik, en yn Amearika yn it Ingelsk. Dy oersetting fan De Fûke hat de titel The Trap krigen.

1. Past de titel De Fûke goed by de ynhâld fan it boek? Lis dyn antwurd yn 125 wurden út en ferwiis dêrby nei fragminten yn it boek.

2. Sykje yn in wurdboek it wurd 'trap' op en skriuw de Fryske betsjutting op.

3. Wat is it wurd 'fûke' yn it Ingelsk? En wat is de oersetting fan de siswize: 'Yn de fûke rinne'?

4. Ferdigenje de kar foar de oersetting fan de titel De Fûke yn The Trap yn fyftich wurden.

5. Watfoar titel fynsto better: De Fûke of The Trap? Lis yn hûndert wurden út wêrom'tst dat fynst en ferwiis dêrby nei it boek.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Velde, Rink van der De fûke
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de relaasje tusken omslach en ynhâld

Opdracht

Hjirûnder steane trije omslaggen fan De Fûke en it omslach fan de Amerikaanske útjefte The Trap. De man op it omslach fan de tsiende printinge is de skriuwer Rink van der Velde.

1. Beskriuw it omslach fan de earste printinge en lis út wat de relaasje is mei de ynhâld fan it boek.

2. Doch itselde mei it omslach fan de tsiende printinge.

3. Watfoar omslach fynst better: dat fan de earste of fan de tsiende printinge? Lis út wêrom'tsto dat fynst.

4. Beskriuw it omslach fan de sechste printinge. Dit omslach hat te krijen mei in belangryk foarfal yn it boek. Jou de siden oan dêr't it foarfal stiet. Wêrom is dit doaske sa belangryk dat it brûkt wurdt as ôfbylding foar it omkaft?

5. Beskriuw it omslach fan de Amerikaanske útjefte en lis út wat de relaasje is mei de ynhâld fan it boek.

6. Watfoar omslach fynsto it bêste? Lis dyn antwurd út.

7. Watfoar omslach fynsto it minste? Lis dyn antwurd út.


De Fuke Pr 1 1966 300x 457




earste printinge 1966


De Fuke Pr 6 1995 300x 502

sechste printinge 1995


De Fuke 10pr 2005 300x 502

tsiende printinge 2005


The Trap 1997 300x 457




Amerikaanske útjefte 1997

 

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Velde, Rink van der De fûke
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst3 slû
Wurkfoarmtwatal, kin ek yndiviueel
Fokusboekferfilming
Learst

om te reflektearjen op ferskillen tusken boek en film

Opdracht

De Fûke is yn 2000 troch Steven de Jong ferfilme. De film hat deselde titel as it boek.

A
Besjoch de film (duorret sa'n 90 min.).

B
De neikommende fragen geane oer ferskillen en oerienkomsten tusken boek en film.
1. By de haadpersoan is der in belangryk ferskil tusken boek en film. Wat is dat ferskil?
2. Hjirnei steane yn de tabel trije ûnderwerpen dy't op boek en film betrekking ha. Jou by elk twa ferskillen oan tusken boek en film.

ûnderwerp

                 boek

                film

De oanlieding ta de arrestaasje

 

 

De tiidsfolchoarder

 

 

Gebeurtenissen

 

 

 

3. De film lit de dea fan Germ twa kear sjen. Beskriuw op watfoar wize.
Wurdt de dea fan Germ yn it boek like eksplisyt werjûn? Lis dyn antwurd út en set de side(n) út it boek dêr by.

4. Neam fiif dúdlike oerienkomsten tusken de film en it boek.

C
It lêzen fan in boek ropt faak wol in byld op.

1. Beskriuw oft de film oerienkomt of ferskilt mei de foarstelling dysto hiest fan:
- de klean
- it gedrach fan de Dútsers
- de sfear
Lis dyn antwurden út.

D
Wat fynst better, it boek of de film? Lis dyn antwurd mei redenen en/of foarbylden út.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Velde, Rink van der De fûke
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuswurk fan Rink van der Velde
Learst

om te reflektearjen op de ynhâld fan de boeken fan Rink van der Velde

Opdracht

1. Lês de ynformaasje by it kopke 'Oer de auteur' op dizze site op it tabblêd  'Algemeen' nochris troch en folje de kolom 'ûnderwerp' fan de ûndersteande tabel yn.
Set by 1 en 2 wêr't de skriuwer him yn spesjalisearre as sjoernalist.
Set by 3 foar wat foar type haadpersoan hy in foarkar hie.
Set by 4 wat yn syn wurk in sintraal tema is.
Set by 5 wat yn syn wurk ek in belangryk ûnderwerp is.

2. Jou yn de twadde kolom oan oft dy punten ek jilde foar De Fûke, in + foar 'jildt wol' en in - foar 'jildt net'.

3. Sykje op ynternet fjouwer oare boeken fan Rink van der Velde op of brûk de fjouwer hjirnei neamde titels: Feroaring fan lucht, Pake Sytse, De lange jacht, It guozzeroer.
Sammelje ynformaasje oer de ynhâld fan dy romans, byg. op sirkwy.nl of op in oare site.

4. Jou yn de tabel foar elk boek op deselde wize ast by opdracht 2 foar De Fûke dien hast oan wat wol of net foar it boek jildt.

5. Fynst dat De Fûke past by it oare wurk fan Rink van der Velde? Om watfoar redenen wol en/of net?

6. Ast sjochst nei de tabel, past dan de ynhâld fan de boeken by de omskriuwing fan it wurk fan Rink van der Velde yn 'Oer de auteur' ? Wêrom wol of net?

 ûnderwerp

 De Fûke

 boek 1

 boek 2

 boek 3

 boek 4

1.

 

 

 

 

 

2.

 

 

 

 

 

3.

 

 

 

 

 

4.

 

 

 

 

 

5.

 

 

 

 

 

 

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Velde, Rink van der De fûke
NûmerN5/2
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje
Learst

hoe en wêrom't de skriuwer syn wurk letter feroare en wat in kritikus dêr fan fûn

Opdracht

Yn de edysje 1995 fan De Fûke hat Van der Velde allerhanne feroarings yn it boek oanbrocht.

Lês de 'Ferantwurding' fan dy feroarings op side 5 fan de edysje út 1995 fan De Fûke hjirûnder by Downloads.

1. Hoe motivearret de skriuwer dy feroarings? Neam op syn minst trije redenen.

2. Watfoar redenen kinsto wol mei ynstimme? Lis dyn antwurd út.

3. Lês de resinsje fan Jelle Krol út 1995, sjoch boarnen.

a.  Wat fynt Krol fan de feroarings dy't Rink van der Velde oanbrocht hat?
b.  Jou oan mei watfoar feroarings hy it wol iens is en mei watfoar net.
c.  Fynt er de wizigingen in ferbettering? Lis út wêrom wol en/of wêrom net.

4. Bist it hielendal mei Jelle Krol iens?
a. Wêrmei wol en wêrmei net? Lis dyn antwurd út.
b. Feroaret dat dyn miening sa ast dy by opdracht 2 beskreaun hast? Lis dyn antwurd út.

5. Wat is in grut gefaar by it bywurkjen fan in boek op dizze wize?

6. Hoe kinst in âlder boek foar jonge lêzers makliker tagonklik meitsje sadat se sa'n boek al lêze sûnder de ynhâld te feroarjen?

Bronnen

Boekprofyl fan De Fûke op tresoar.nl
Jelle Krol, LC 26-05-1995 diel 1 en diel 2

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Velde, Rink van der De fûke
NûmerN5/11
Nivo5
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokussjenre
Learst

om te reflektearjen op it sjenre fan it boek

Opdracht

In soad boeken hawwe skaaimerken fan mear as ien sjenre. Dy kinst dêrom net beflappe ûnder ien sjenre. By De Fûke steane twa sjenres neamd.

1. Sykje yn it Basisboek literatuur of yn it materiaal dat by dy op skoalle brûkt wurdt of op Wikipedia om ynformaasje oer ûndersteande sjenres:

1. biografyske roman
2. histoaryske roman
3. oarlochsroman
4. ûntwikkelingsroman
5. psychologyske roman

2. Formulearje by elk sjenre sa folle mooglik arguminten om te ûnderbouwen wêrom't De fûke wol of net ta dat sjenre rekkene wurde kin. Betink by elk sjenre sawol in argumint foar en in argumint tsjin.

3. Ta watfoar sjenre kin De fûke neffens dy net rekkene wurde?

4. Ta watfoar sjenre kin De fûke neffens dy wol rekkene wurde?

5. Ast De Fûke beslist by mar ien sjenre ûnderbringe moatst, watfoar sjenre kiest dan út de fiif hjirboppe neamde sjenres? Lis dyn antwurd út.

Bronnen

Joke van Balen e.o., Basisboek literatuur. Grins, 2009, 'Genreleer', p. 30 en fierder.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Docenteninformatie

Yntroduksje

Rink van der Velde (1932-2001) wie in bekende Fryske skriuwer en sjoernalist. Fan syn mear as fjirtich boeken en ferhalebondels binne mei elkoar mear as 200.000 eksimplaren ferkocht.
Van der Velde wie sjoernalist by ferskillende kranten en belâne fia fúzjes úteinlik by de Ljouwerter Krante dêr't hy oan syn pensjoen ta wurkje soe. Syn skriuwstyl ûntwikkele er út de sjoernalistyk wei. Foar de krante spesjalisearre er him yn it beskriuwen fan histoaryske foarfallen en opfallende persoanen. Syn foarkar foar frijfochten types is werom te finen yn de haadpersoanen yn syn romans en ferhalen. Syn personaazjes hâlde faak fan it frije libben yn de natuer en binne besteld mei fiskje, jeie en streupe. De Twadde Wrâldoarloch is yn syn boeken ek in belangryk tema. Hy skreau ek in rige plysjeromans.
Yn 1959 makke Van der Velde syn debút yn it tydskrift Frysk & Frij. Nei syn earste, Nederlânsktalige roman De kleine kolonie ferskynde yn 1962 de earste fan de 25 Fryske romans dy't Van der Velde neilitte soe: Joun healwei tolven. De Fûke wurdt algemien sjoen as ien fan syn bêste boeken.
Van der Velde wenne ûnder oare op De Gordyk, yn Drachten, De Wylgen en Ljouwert, mar hie syn ûntwyk op in arkje yn ien fan de petgatten fan De Feanhoop. Dat arkje wurdt no ferhierd oan skriuwers om dêr in skoft yn alle rêst wurkje te kinnen. Nei syn ferstjerren is troch syn útjouwer de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smellingerlân de Rink van der Veldepriis ynsteld, de priis foar it bêste Fryske proazawurk fan de ôfrûne twa jier.

Ynhâld

De haadpersoan yn dizze roman hat net iens in namme. Hy is ielfisker, in gewoane man dy't ûnopfallend syn wegen giet en dat ek net oars wol. Der wie al in rite dat er ferwachtings fan it libben hie, mar de tiid hat him dat wol ôfleard. Hy komt út in anargistysk nêst yn de omkriten fan Beets. Dêr jilde it prinsipe dat elk dy't achter de broek sitten waard by him in feilich ûntwyk fine koe. Yn de Twadde Wrâldoarloch wurdt er foargoed op dat prinsipe ferge. Syn fiskersklinte oan de Tsjûkemar is in taflechtsoard foar ûnderdûkers en oare ferfolgen. Oant op in dei syn iennichste soan it slachtoffer fan in razzia wurdt. De fiskerman komt foar in ûnmooglike kar te stean. By de ferhoaren troch de Dútsers bedarret er hieltiten fierder yn de fûke.

Swierte

De fûke is ferdield yn alve haadstikken, yn de wersjoene útjefte elk mei in titel. De lingte fan de haadstikken is meast sa'n trettjin siden, inkelde binne wat koarter. Foar N2-lêzers binne dat hânsume stikken tekst. It ferhaal is skreaun yn koarte sinnen, dy't goed lêsber binne. It boek freget fan de lêzer wol om him te ferpleatsen yn it tinken fan in âldere man yn de oarlochstiid. In N3-lêzer dy't dat kin sil him meinimme litte yn it karakter fan dy man sa't dat nei foaren komt yn de spannende en benearjende sfear fan de ferhoaren. In N2-lêzer sil dêr miskien wat mear muoite foar dwaan moatte. It wurdgebrûk, benammen yn de dialogen is net dreech. Guon wurden, brûkt foar de (iel-)fiskerij, sille net bekend wêze. Soks jildt sa no en dan ek foar de histoaryske kontekst fan de Twadde Wrâldoarloch en mear noch foar dy fan it anargisme en sosjalisme yn de tiid fan Domela Nieuwenhuis. Oars, de skriuwer hat yn de útjeften fan 1995 ôf guon histoaryske feiten neier taljochte en hjir en dêr de situaasje mei in pear wurden ferdúdlike. Mar ek eardere útjeften fan De Fûke binne goed lêsber.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn it tinken, hâlden en dragen fan in man yn oarlochstiid,  foar in grut part yn ferhoaren.   

Ynteresses

Ynteresse yn de oarlochstiid en hoe't dy it libben fan gewoane minsken beynfloede, is in pree.

Algemiene kennis

Kennis fan de Twadde Wrâldoarloch, fan de tiid fan it anargisme en sosjalisme fan Domela Nieuwenhuis en it libben yn dy tiid, jout mear begryp fan it karakter fan de haadpersoan, mar is net beslist nedich.  

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is foar in boek út 1966 net dreech en hiel maklik en direkt yn de dialogen.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne ienfâldich sûnder lange bysinnen.

Styl

De styl is direkt, soms koart om 'e hoeke, mar krekt dêrtroch noflik om te lêzen.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Oarlochsaksje sit yn haadstik 1 'Razzia'. Haadstik 2, 'Minne dei', is nei de arrestaasje de tuskenstop foar in earste ferhoar yn it gemeentehûs. Yn de haadstikken dêrnei mei de ferhoaren en it praat mei de selgenoat tekenet him it ferhaal fan it libben fan de haadfiguer en wat der bard is yn de nacht foar de arrestaasje stikje by bytsje ôf. 

Gronology

It ferhaal is gronologysk. Yn de ferhoaren, petearen en gedachten wurdt wol hieltyd wêrom gien nei eardere foarfallen. Dy 'flashbacks' binne organysk yn de tekst opnommen. Foar in N3-lêzer binne se drekt wol werkenber. In N2-lêzer sil dêr wat mear muoite foar dwaan moatte.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline fan it earste haadstik mei de arrestaasje oant de dea fan de haadpersoan. It libbensferhaal fan de haadfiguer spilet him ôf yn de 'flashbacks'.

Perspektyf

It ferhaal ferteld út it personale perspektyf wei troch de haadfiguer (útsein it alderlêste stikje) smyt gjin problemen op.

Betsjutting

De Fûke is miskien wol it bêste boek fan skriuwer Rink van der Velde. It sobere en oangripende ferhaal út de oarlochstiid mei de beskriuwing fan it karakter fan de haadfiguer, de sfear en de spanning wurdt omskreaun as masterlik en in echte klassiker. Yn feite is it minder in oarlochsboek en mear it libbensferhaal fan in 'held sûnder hoop en gloarje'.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De karakters: de haadfiguer (de fisker sûnder namme), syn selgenoat, de man(nen) dy't de ferhoaren dogge, Germ, de soan, en Gryt, de frou binne foar de lêzer goed nei te kommen.

Oantal karakters

It oantal karakters dat der ta docht is hiel beheind. It binne net mear as in stik as fiif. It oantal karakters leveret gjin problemen.

Untjouwing fan de karakters

It karakter fan de haadpersoan hat de grutste ûntjouwing. Dat is foarme troch it hurde libben yn de tiid fan anargisme en sosjalisme. It hat laat ta it sykjen nei frijheid oant de ein ta. Troch him krijt de lêzer ek ynsicht yn it karakter fan de man(nen) dy't it ferhoar dogge en dat fan de selgenoat. Foar in N4-lêzer is dat goed nei te kommen en ek in N3-lêzer sil dat yn haadlinen wol folgje kinne. Foar in N2-lêzer sil dat dreech wêze. 

Ferantwurding

Boekprofyl fan De Fûke op tresoar.nl
De tekst as download op de DBNL

Relevante  boarnen foar dosinten

Artikel fan Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant oer it wurk fan Rink van der Velde by syn ferstjerren yn 2001, diel 1 en diel 2.
Koarte beskriuwing fan de ynhâld fan njoggen boeken fan Rink van der Velde op de Friese literatuursite troch Jelle van der Meulen.