Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 5 | Stoarm oer Fryslân

Stoarm oer Fryslân

Stoarm oer Fryslân

Brolsma, Liuwe
Niveau
Niveau 5
Jaar uitgave
1944
Uitgeverij
H.P. Leopolds utjowers maetskippij N.V
Plaats
Den Haach
Aantal pagina's
237
Genre
  • histoaryske roman
Tags
  • piraterij
  • see
  • fryslân
  • skiednis
  • aventoer
Taalniveau
C1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Liuwe Brolsma is yn 1912 berne yn Lichtaard. Hy wie in soan fan de ferneamde skriuwer Reinder Brolsma. Syn pake en oerpake wienen ek skriuwers.

Yn 1940 debutearre Liuwe Brolsma mei de ferhalebondel Om ús hinne. Dêrnei kamen der noch trije romans en in novelle fan syn hân. Stoarm oer Fryslân is syn roman mei it measte sukses.

Brolsma hat lange tiid as printer en boekhanneler te Grou wurke. Dêr is er yn 1976 ek ferstoarn doe’t er 63 jier wie.

Inhoud

Daem Gerbranda is in jongkeardel út in ferneamde famylje út de omkriten fan Ferwert. Neidat syn heit en mem ferstjerre, komme Daem en syn kreupele suske ûnder tafersjoch fan harren pake.
Daem giet der faak op út om te jutten op de platen yn see. As hy dêr op in kear in muonts fynt dy’t mear dea as libben is, beslút er om de man mei nei hûs ta te nimmen. Al gau komt hy der achter dat er net in muonts yn hûs helle hat. De man blykt in foaroansteande seerôver fan de ferneamde Likedielers te wêzen.
Lang om let slút Daem him oan by de Likedielers en belibbet tal fan aventoeren, mar as er werom kin om Fryslân te ferdigenjen, docht hy dat. 

Leesaanwijzingen

Stoarm oer Fryslân is in spannend boek, mar it is net skreaun yn de hjoeddeistige stavering. Nei in pear siden bist oan de stavering wend en silst fral it ferhaal folgje wolle. Dochs bliuwe der wurden dy’tst miskien net werkenst. Meastentiids kinst de betsjutting fan dy wurden út de kontekst helje en oars kinst se opsykje op de Oersetter-app.

Om over na te denken

Hasto dy wolris as in oar foardien? Is dyn ôfkomst ek hjoed-de-dei noch belangryk? Wat hasto oer foar dyn famylje?

Waardering

‘It boek dêr’t Liuwe Brolsma it measte sukses mei hân hat, wie de histoaryske roman Stoarm oer Fryslân (1944). ... Kompositoarysk siet it ferhaal goed ynelkoar, it wurdt meinimmend ferteld, mar in beswier wie dat de tastannen tefolle út it perspektyf fan de njoggentjinde iuw út wei nei foaren brocht waard.’
tresoar.nl

Opmerkingen

Fryslân is fanâlds in lân fan de see en wetter. Dat is werom te sjen yn de romanliteratuer. Dat is yn dit boek ek sa. 




Samengesteld door

Akke Gerlsma

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 4 - Opdrachten

Boek Brolsma, Liuwe Stoarm oer Fryslân
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld fan it boek
Learst

de belangrikste saken gear te fetsjen

Opdracht

Yn it boek steane sa út en troch plaatsjes. Dy plaatsjes ferwize nei belangrike, meastal algemiene saken yn it boek. Hjirûnder sjochst in pear fan dy plaatsjes. Jou by elts plaatsje oan: 1. Wat sjochst? 2. Wat hat dat mei it ferhaal te krijen?

 

Wat sjochst

Wat hat dit mei it haadstik te krijen?

Side 21:

 

 

Side 41:

 

 

Side 107:

 

 

 

Side 223:

 

 

Fynsto dat de plaatsjes in weardefolle tafoeging binne op it ferhaal? Lis dyn antwurd út yn minstens 150 wurden.

By it lêste haadstik is gjin ôfbylding. Wat soe foar dy in geskikte ôfbylding wêze by it slot fan dit boek? Tekenje, sykje op it ynternet of beskriuw dy ôfbylding en lis út wêrom't dy ôfbylding by it lêste haadstik past. Brûk op syn minst 150 wurden

Makke trochAkke Gerlsma
Boek Brolsma, Liuwe Stoarm oer Fryslân
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustaal
Learst

ferskillen en gelikenissen tusken it Frysk fan 1940 en no

Opdracht

De stavering fan Stoarm oer Fryslân is oars as it Frysk dat we tsjintwurdich brûke. De fraach is: hoe kin dat? Om dêr in goed antwurd op te jaan moatst earst mear witte oer it Frysk en feroaringen yn de taal. Yn dizze opdracht sikest dêr mear ynformaasje oer.

1. Stoarm oer Fryslân is yn 1944 skreaun. Dat kinst ûnder oare sjen oan de stavering. Watfoar wurden binne dy opfallen? Sykje yn elts gefal fiif wurden op.

2. Brûkst dy wurden tsjintwurdich noch? As dyn antwurd ‘ja’ is, hoe hearst se dan no te skriuwen? As dyn antwurd ‘nee’ is, hokker wurd is dêr foar yn it plak kaam? Meitsje in skema sa as hjirûnder.

Wurd

Ja, mar yn dizze stavering

Nee, ik brûk

 

 

 

 

 

 

 

 

 

3. Hoe kin it dat it wurd ferdwûn of feroare is? Besykje dat te ferklearjen. Nim yn dyn antwurd de ynfloed fan Nederlânske wurden mei.

4. Hokker wurden fan de ûndersteande sin (fan side 42) brûksto net mear? Understreekje dy wurden.

Dêr is yn ‘e earste opslach ditte: de mûnts dy’t hja ek wol mei syn namme oansprekke as Sebaldus, seit op ‘e middei fen de sechste ef saunde dei det er by hjarren is: “Kin ien fen jimme”- mar syn eagen sjugge Daem oan – “hjir ek pompier en inket for my bisette? In pinne kin ik sels wol meitsje.”

5. Set de wurden dy’tst ûnderstreke hast oer yn hjoeddeistich Frysk en brûk de stavering dy’t no gebrûklik is.

6. Binne der wurden út boppesteande sin dy’tst net sa skriuwst, mar wol sa seist? Betinkt hoe’t dat kin.

7. Wannear is der in algemiene stavering foar it Frysk kaam? Sykje ris op de side fan de Fryske Akademy om it antwurd op dy fraach te finen.

8. Kinsto de sin fan side 42 oersette nei hjoeddeistich Frysk?

9. Wat fynst derfan dat taal feroaret? Lis dyn antwurd út yn 25 wurden.

10. Tinkst dat it Frysk doe better wie as no? Wêrom wol/net? Beskriuw dyn antwurd yn minstens 150 wurden.

Makke trochAkke Gerlsma

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Brolsma, Liuwe Stoarm oer Fryslân
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusfiksjonaliteit
Learst

om te reflektearjen op de relaasje tusken fiksje en werklikheid

Opdracht

Lês as tarieding yn Basisboek Literatuur wat in Histoaryske roman is (side 39).

Stoarm oer Fryslân is skreaun tusken 1939 oant 1944. Dat is neffens de teory út Basisboek Literatuur nei de neoromantyk. Kinst dy ôffreegje oft it boek yn in histoarisearjende setting skreaun is of neffens hurde skiedkundige feiten. Yn dizze opdracht sykje we dat út.

1. It is earst handich te witten te kommen wat it ferskil is. Sykje út wat it ynhâldt as in boek ‘yn in histoarysearjende setting’ skreaun is. It antwurd op dizze fraach kinst yn it Basisboek Literatuur fine. Skriuw dat op en jou twa foarbylden fan oare boeken of ferhalen dêr’t dat ek it gefal by is.

2. Sykje no út wat skriuwen nei hurde skiedkundige feiten is. Jou oan wat it ferskil is tusken skriuwen nei hurde skiedkundige feiten is en skriuwen yn in histoarisearjende setting.

3. Stoarm oer Fryslân spilet yn de fjirtjinde iuw yn de omjouwing fan Ferwert. De nammen Cammingha, Feitsma en Gerbranda wurde op side 1 neamd. Fan wa binne dat de nammen?

4. Wat is harren rol yn dit boek?

5. Der wurdt in soad sprutsen oer muontsen en kleasters yn Fryslân yn dit boek. Ek yn Ferwert is in Kleasterdyk en it âldereinhûs hyt Foswert, neamd nei in kleaster. Ferklearje wêrom't dy ferwizingen yn Ferwert der binne oan de hân fan de ynformaasje fan finster 6 Fryslân as kleasterlân fan de webside 11en30.nu.

6. Jou nei oanlieding fan dyn antwurden op de fragen hjirboppe antwurd op de fraach oft dit boek yn in histoarisearjende setting skreaun is of nei hurde skiedkundige feiten? Ferklearje dyn antwurd yn elts gefal yn 200 wurden.

Bronnen

11en30.nu

Makke trochAkke Gerlsma
Boek Brolsma, Liuwe Stoarm oer Fryslân
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

skiednis fan Fryslân te ferbinen oan de ynhâld fan it boek

Opdracht

Besjoch it filmke oer de Fryske frijheid en jou antwurd op ûndersteande fragen.

1. Wannear spilet it ferhaal út dit boek?

2. Yn it boek wurde ek stinzen en haadlingen neamd. Wat binnen dat neffens it boek en it filmke?

3. Yn hokker lânsgemeente spilet dit boek?

4. Werkenst it bûn fan de Opstalsbeam ek yn it ferhaal? As dat sa is wêr dan? Notearje de bledside. Ast dat bûn net yn in ferhaal werkenst, hoe kin dat dan?

5. Der wurdt yn it boek oer de Slach by Warns sprutsen. Wat wie dat? Kinst hjir ynformaasje fine: Slag bij Warns - Symbool Friese vrijheidsstrijd | Historiek

6. It filmke einiget der mei dat de Friezen ‘Fries en frij bliuwe’. Wat werkenst dêrfan yn Daem? Jou antwurd yn op syn minst 150 wurden.

Makke trochAkke Gerlsma

Niveau 6 - Opdrachten

Boek Brolsma, Liuwe Stoarm oer Fryslân
NûmerN6/1
Nivo6
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

mear oer de skiednis fan (de literatuer fan) Fryslân yn de 19e iuw

Opdracht

Op de webside sirkwy.frl stiet oer In Stoarm oer Fryslân dat it boek kompositoarysk goed yn inoar sit, mar dat it beswier is dat ‘de tastannen tefolle út it perspektyf fan de njoggentjinde iuw’ nei foaren brocht waard. Hasto in idee wat mei dat beswier bedoeld wurdt?

Om dêr in goed antwurd op te jaan, moatst earst mear witte oer de posysje fan it Frysk. Yn dizze opdracht sikest dêr mear ynformaasje oer.

1. Lês it finster 1900-1945 Mei-inoar ien of ferdield oer pylders? fan de webside Salang’t de beam bloeit fan it kopke ‘ienheid op de proef steld’ ôf.

2. Stoarm oer Fryslân is yn 1944 skreaun. Dat wie dus yn de Twadde Wrâldoarloch. Skriuwers moasten nei jannewaris 1942 kieze wat se mei harren boek dwaan soenen: wachtsje mei útjaan oant de ein fan de oarloch, yllegaal útjaan of útjaan mei tastimming fan de ‘Nederlandsche Kultuurkamer’. Betink hoe’t dizze roman útjûn is. Dat kinst dwaan troch ynformaasje oer de útjouwerij op te sykjen.

3. Wêrom tinksto dat dit boek op boppesteande wize útjûn is? Ferklearje dyn antwurd mei yn elts gefal 150 wurden.

4. Lês it finster 1945-1975 Blik op Europa fan de webside fan Salang’t de beam bloeit. Skriuw fiif dingen op dy’t dy opfalle.

5. Kinst de ynfloed fan dizze fiif ‘dingen’ ek weromfine yn it ferhaal?

6. Besjoch no nochris de ynlieding fan dizze opdracht: Op de webside sirkwy.frl stiet oer In Stoarm oer Fryslân dat it boek kompositoarysk goed yn mekoar sit, mar dat it beswier is dat ‘de tastannen tefolle út it perspektyf fan de njoggentjinde ieu’ nei foaren brocht waard. Hasto in idee wat mei dit beswier bedoeld wurdt?

Wat is dyn miening dêr no oer, neidatst de teory lêzen hast? Beskriuw dyn antwurd mei yn elts gefal 250 wurden.

Bronnen

Salang't de beam bloeit 1
Salang't de boem bloeit 2

Makke trochAkke Gerlsma
Boek Brolsma, Liuwe Stoarm oer Fryslân
NûmerN6/2
Nivo6
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusfiksjonaliteit
Learst

om te reflektearjen op de relaasje tusken fiksje en werklikheid

Opdracht

Lês as tarieding yn Basisboek Literatuur wat in ‘Historische roman’ is (side 39).

1. Stoarm oer Fryslân is skreaun fan 1939 oant 1944. Dat is neffens de teory út it Basisboek Literatuur nei de neoromantyk. Wat binne skaaimerken fan de neoromantyk? Skriuw trije op.

2. Skriuw ek trije skaaimerken op fan de tiid nei de neoromantyk.

3. Hat dit boek mear skaaimerken fan de neoromantyk of fan de perioade nei de neoromantyk?

4. Ferklearje dyn antwurd fan de fraach hjirboppe.

5. Yn Stoarm oer Fryslân komme de Likedielers foar. Wat binne dat neffens de tekst?

6. Wêr komme de Likedielers wei neffens it boek? Wat is harren taflecht?

7. De namme Likedielers betsjut ‘gelyk oandiel’. Kinst dy namme ferklearje?

8. Lês de ynformaasje fan Wikipedia oer ‘Victualiënbroeders’ en fergelykje dat mei dyn antwurd op fraach trije en fjouwer. Komme dyn antwurden oerien mei dy ynformaasje?

9. Besjoch fraach fiif nochris en sjoch oftst it noch iens bist mei dyn antwurd nei it lêzen fan dy ynformaasje. Pas dyn antwurd oan as dat nedich is en skriuw dyn oanpassingen op.

10. Yn de 19e iuw wurde yn de histoaryske roman trije subsjenres neamd: de histoaryske avontoereroman, de histoaryske ideeëroman en de psychologyske histoaryske roman. Kinst Stoarm oer Fryslân ek oan ien fan dizze subsjenres keppelje? Lis dyn antwurd út mei yn elts gefal 200 wurden.

Literatuurgeschiedenis

Victualiënbroeders - Wikipedia

Bronnen

Basisboek literatuur

Makke trochAkke Gerlsma

Docenteninformatie

Yntroduksje

Liuwe Brolsma is yn 1912 berne yn Lichtaard. Hy wie in soan fan de ferneamde skriuwer Reinder Brolsma. Syn pake en oerpake wiene ek skriuwers.
Yn 1940 debutearre Liuwe Brolsma mei de ferhalebondel Om ús hinne. Dêrnei kamen der noch trije romans en in novelle fan syn hân. Stoarm oer Fryslân is syn roman mei it measte sukses.
Brolsma hat in hiel skoft as printer en boekhanneler te Grou wurke. Dêr is er yn 1976 ek ferstoarn doe’t er 63 jier wie.

Ynhâld

Daem Gerbranda is in jongkeardel út in ferneamde famylje út de omkriten fan Ferwert. Neidat syn heit en mem ferstoarn binne, komme Daem en syn kreupele suske ûnder tafersjoch fan harren pake.
Daem giet der faak op út om te jutten op de platen yn see. As hy dêr op in kear in muonts fynt dy’t mear dea as libben is, beslút er om de man mei nei hûs ta te nimmen. Al gau komt hy der achter dat er net in muonts yn ‘e hûs helle hat. De man blykt in foaroansteande seerôver fan de ferneamde Likedielers te wêzen.
Lang om let slút Daem him oan by de Likedielers en belibbet tal fan aventoeren. As er werom kin om Fryslân te ferdigenjen, docht hy dat. 

Swierte

Stoarm oer Fryslân is in spannend boek, mar it is net skreaun yn de hjoeddeistige styl en stavering. Dat makket dat de lêzer ûnderfining hawwe moat mei it lêzen fan Fryske teksten. Foar in N4-lêzer kin dit swierrichheden opleverje, al sil er troch de spanning trochlêze. In N5-lêzer sil út en troch ek tsjin de stavering oanrinne, mar de styl fan it boek sil de N5-lêzer wurdearje kinne. Foar de N6-lêzer sit de útdaging fral yn de histoaryske rykdom fan it boek.

Didaktyske en letterkundige analyze

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze om te lêzen oer seerôvers en oarloch yn de fjirtjinde iuw. Dêrneist moat in lêzer ree wêze om in boek te lêzen wêrfan’t de stavering net oerien komt mei wat er wend is. Guon wurden sil benammen de N4-lêzer net werkenne.

Ynteresses

Foar wa’t ynteresse hat yn Fryslân yn de fjirtjinde iuw, mei seerôvers en in oare wize fan bestjoeren as no is it boek tige nijsgjirrich.

Algemiene kennis

Der wurde in soad begripen brûkt dy’t te krijen hawwe mei de Katolike Tsjerke.

Topografyske kennis fan de Noardseekust makket it ferhaal ynteressant, mar dy kennis is net perfoarst nedich om it ferhaal te begripen.

Spesifike literêre en kulturele kennis

It is handich om wat te witten oer de Katolike tsjerke mei har kleasters en hoe’t it bestjoer fan Fryslân ynrjochte wie yn de fjirtjinde iuw. Dêrneist wurdt der ferwiisd nei de Slach by Warns en ferskillende hartoggen fan Hollân. Kennis dêrfan makket it makliker om de tekst te begripen, mar is net perfoarst nedich.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Sa no en dan steane der wurden yn dy’t net mear of net in soad brûkt wurde. Foarbylden dêrfan binne ‘yetteris’, ‘molk’ en ‘foreale’.

De stavering is net fan dizze tiid. Dat kin foar sawol N4- as N5-lêzers lestich wêze.

Sinskonstruksjes

Ut en troch wurde der âldfrinzige en lange sinskonstruksjes brûkt. Bygelyks ‘Yn ‘e iere hjerst fen it jier, dêr’t Gjerryt yn thúskommen, hiet syn heit him, en gean nei de sédyk om dêr taforsjoch to hâlden op it dykjen, hwent …’

Dat makket de tekst foar in N4-lêzer dreech en in N5-lêzer sil hjir ek in útdaging yn sjen moatte. Foar in N6-lêzer sil it gjin problemen opsmite.

Styl

De styl fan dit boek is net dreech. De ferhaalline is spannend, mar der binne út en troch wol lange sinskonstruksjes. Allinnich de ein fan it boek is ymplisyt, mar de rest is net op meardere wizen te ynterpretearjen.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn it boek sit in soad spanning yn de hanneling dy’t de oandacht fan de lêzer fêsthâldt. 

Gronology

It ferhaal wurdt gronologysk ferteld. N4-lêzers of heger sille dêr gjin swierrichheden mei ha.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline dy’t goed útwurke is. Dat makket it net in dreech ferhaal om te lêzen.

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld troch in alwittende, auktoriale ferteller. It perspektyf fan it ferhaal is net kompleks. It begjint mei de sin ‘Hwet wy jimme hjir fortelle scille, det is bard yn de lêste jierren fen de fjirtjinde ieu, …’

Betsjutting

In N4-lêzer sil fral in spannend ferhaal lêze oer seerôvers, wylst N5- en N6-lêzers miskien mear fan de regio Fryslân en oer de skiednis fan Fryslân meinimme yn dit ferhaal. Foar alle nivo’s jildt dat se de ûntjouwing fan in jonge nei in man meimeitsje yn dit boek en harren ferdjipje yn de manier fan libjen yn Fryslân yn de 14de iuw.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Allinnich it karakter fan Daem wurdt útdjippe, mar der wurde gjin echte psychologyske lagen rekke. Oare karakters wurde minder goed útwurke. Foar in N6-lêzer kin dit it boek net yngeand genôch meitsje.

Oantal karakters

Neist de haadpersoan, Daem, wurde noch wol in pear oare karakters útwurke, mar net hiel yngeand. De muonts/seerôver hat noch in wichtige rol, it suske fan Daem en syn freondinne.

Untjouwing fan de karakters

It karakter fan Daem makket de ûntjouwing fan jongeman nei folwoeksene mei. Hy rekket syn naïviteit kwyt en wurdt in ‘hurde’ seerôver. Dat makket it boek foar sawol N4-, N5- as N6-lêzers nijsgjirrich.

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten

Mear ynformaasje oer de skriuwer is te finen op tresoar.nl