Fries | Nivo start | Wês net bang

Wês net bang

Wês net bang

Jong, Hanneke de
Niveau
Niveau start
Jaar uitgave
2016
Uitgeverij
Afûk
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
83
Genre
  • jongereinboek
Tags
  • famylje
  • fertrouwen
  • flechtlingen
  • kultuerferskillen
  • libbensferhaal
  • Syrië
Taalniveau
A2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Hanneke de Jong (berne yn 1952) groeit op yn Sint Nyk. Se wol krekt as har heit ûnderwizer wurde. Dat slagget, se jout earst les yn it basisûnderwiis en nei in stúdzje Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Letter wurket se op de pr-ôfdieling fan in skoallemienskip. Sûnt 2015 is se mei pinsjoen. Hanneke de Jong skriuwt al fan jongs ôf oan. Yn it begjin wiene it foaral mearkes en no benammen berne- en jongereinboeken oer problemen dêr't jongeren mei te meitsjen krije. Fryske jongereinboeken fan har dy’t ek yn it Nederlânsk útkamen binne: De lêste briefSterke skouders en Salsafamke. Fan Wês net bang komt ek Nederlânske oersetting. Hanneke de Jong hat mei har jongereinboeken hiel wat prizen wûn. Se krige twa kear de Simke Kloostermanpriis.

Inhoud

Wês net bang (mar wol foarsichtich) fertelt it wier barde ferhaal fan de flecht fan Lilan fan 17 jier út Syrië nei Nederlân. Hanneke de Jong komt mei Lilan yn ’e kunde as der op twitter in fioele foar Lilan frege wurdt. Hanneke brûkt harres net mear, lit him opknappe en jout dy oan Lilan. Sa krijt se fan Lilan it ferhaal oer har flecht te hearren. It boek lit sjen dat it foar Lilan hielendal net maklik is en meitsje de kar om har famylje, freonen en har lân te ferlitten. De flecht is wier gjin plezierreiske mar in tocht fol gefaren. En de oankomst yn Nederlân jout ek noch lang gjin wissichheid dat se bliuwe kin.

Leesaanwijzingen

Dit boek is maklik te lêzen. It taalgebrûk is eigentiidsk en it boek is ferdield is yn koarte haadstikjes, sadatst de tekst maklik behappe kinst. Der sit in soad dialooch yn, dat makket it ferhaal libben. Mar moatst dy wol iepenstelle foar in ferhaal dat oer in flechtling giet. Miskien hast by dysels al in oardiel foarme oer flechtlingen dy’t nei Europa komme. Wolst mear witte oer de achtergrûn en wat flechtlingen allegear meimeitsje? Dan is Wês net bang wat foar dy.

Om over na te denken

Soesto in reis meitsje wolle sûnder dyn âlden of oare famylje of freonen en harren thús achterlitte? Wat fynst fan de hâlding fan de Nederlanners tsjin flechtlingen oer? Fynst dat wy mear of minder foar flechtlingen dwaan moatte? En op watfoar wize?

Waardering

‘Troch it boek Wês net bang begryp ik folle better wat it ynhâldt om flechtling te wêzen. It is in oangripend ferhaal dat elke learling lêze moatte soe.’
Lotte, 3havo

‘Ik bin fan fan de boeken fan Hanneke de Jong, mar fyn dizze it aldermoaist en hiel ûntroerend.’
Famke, 3vmbo

‘Wat allemaal niet wegneemt dat Wês net bang een fantastisch boek is voor jonge mensen om te begrijpen dat vluchtelingen geen rare vreemdelingen zijn, maar vaak gewone scholieren die ooit bijna net zo leefden als zijzelf.’
Hella Kuipers op har website heldenreis.nl

Opmerkingen

In soad learlingen ha Hanneke de Jong har boek Wês net bang (mar wol foarsichtich) lêzen om’t it oanbean is oan learlingen yn de ûnderbou by it projekt 'Lês No', dat yn jannewaris 2017 losgie. Sjoch Omrop Fryslân.




Leestips/meer weten

De skriuwster oer dit boek op har bloch
Pieter Feller yn boekenbijlage.nl
Hella Kuipers op Heldenreis.nl

Samengesteld door

Lieukje Leistra-Reidsma

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau start - Opdrachten

Boek Jong, Hanneke de Wês net bang
NûmerN0/1
Nivo0
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld

Opdracht

Tink dy it folgjende yn: It is trije jier nei it ferskinen fan Wês net bang (mar wol foarsichtich). Doe, yn learjier 1, hawwe jim it boek yn it ramt fan ‘Lês No’ allegearre lêzen. Jimme nûgje Lilan no út om op jim skoalle har ferhaal te dwaan.

1. Meitsje in poster mei de oankundiging fan it fraachpetear mei Lilan. De poster moat learlingen entûsjast meitsje om te kommen. Brûk de omslach fan it boek as achtergrûn foar de poster.

2. Meitsje in koarte ynlieding mei in yntroduksje fan Lilan en in hiel koarte gearfetting fan it boek.

3. Stel fiif fragen op oer Lilan har flecht dêr’tst troch it boek noch gjin antwurd op krigen hast.

4. De lêste fraach is oer hoe’t Lilan har libben der no útsjocht. It antwurd meist hielendal sels betinke en skriuwst op yn 150 wurden.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Jong, Hanneke de Wês net bang
NûmerN0/2
Nivo0
Stúdzjelêst1
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om nei te tinken oer de personaazjes

Opdracht

1.  Meitsje in oersjoch fan Lilan en har famylje en jou de nammen fan de persoanen. Doch dat mei de generaasjes ûnder elkoar, sa as by in stambeam.

> Beppe:


> Heit:                   > Mem:


> Lilan en de oare twa bern fan de húshâlding:


2. Under elke namme setst op in rychje ûnder elkoar:
a. wenplak (dat kin mear as ien plak wêze).
b. leeftiid
c. karakter
d. hobbys
e. wurk, skoalle
Kinst ynformaasje út it boek helje. It measte kinst fine yn de flashbacks yn haadstik 4 o/m 7.

3. Jou dyn miening oer de personaazjes yn trije stekwurden foar elk.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 1 - Opdrachten

Boek Jong, Hanneke de Wês net bang
NûmerN1/4
Nivo1
Stúdzjelêst1
Wurkfoarmyndividueel
Fokusflashback
Learst

om nei te tinken oer de flashbacks yn it boek

Opdracht


Sykje yn dyn literatuerboek of materiaal dat op skoalle brûkt wurdt of op wikipedy op wat in flashback is (sjoch ek by boarnen).

1. Lis út wat in flashback is. Wat is de letterlike oersetting fan it wurd flashback yn it Frysk?

2. Flashbacks wurde net allinne yn literatuer brûkt. Wêr noch mear? Jou in foarbyld.

3. Yn Wês net bang binne ek flashbacks brûkt. Jou oan yn watfoar haadstikken of op watfoar siden.

4. Ast de tekst fierder net lêst, hoe kinst dan doch sjen wêr’t in flashback brûkt is?

5. Wat is de ynlieding op side 14 foar de flashbacks op side 14 en fierder?

6. Jou yn it koart de ynhâld fan side 7 o/m 14 oan. Doch itselde mei de siden 15 o/m 30 en de siden 31 o/m 81. Kinst sizze dat it ferhaal yn Wês net bang ek mei de flashbacks wol gronologysk is? Lis dyn antwurd út.

7. Wêrom sil Hanneke de Jong keazen ha om flashbacks te brûken yn plak fan it hiele ferhaal yn gronologyske folchoarder te fertellen?

Bronnen

Wikipedy, flashback

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Jong, Hanneke de Wês net bang
NûmerN1/3
Nivo1
Stúdzjelêst1
Wurkfoarmyndividueel of klassikaal
Fokustitel
Learst

om nei te tinken oer de titel

Opdracht

1. Wat is de hiele titel fan it boek?

2. Wêrom tinkst dat de twadde helte fan de titel tusken heakjes stiet? Kin dy twadde helte neffens dy ek fuort litten wurde? Lis dyn antwurd út.

3. Past de titel by it boek?

4. De titel is in útspraak. Wa docht dy útspraak en wannear?

Lês de ûndersteande tekst:
In libbensmotto is in seinspreuk, slogan of wurd dat minsken har hiele libben yn har holle hâlde en dêr’t se nei besykje te libjen. 

5. Kinst de titel fan it boek sjen as in libbensmotto? Lis dyn antwurd út yn sa’n fyftich wurden.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Jong, Hanneke de Wês net bang
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst2
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om yn kaart te bringen wat wêr op de flecht bart

Opdracht

Oanwizing: foar dizze opdracht is it handich ast oantekenings makkest by it lêzen fan it boek.

1. Meitsje mei help fan in rûteplanner of mei Google maps in kaartsje fan de flecht fan Lilan. Set Lilan har wenplak Aleppo op de kaart. Nim Instanboel as begjinpunt fan de flecht en it AZC yn Ter Apel as einpunt.

2. Folgje de rûte dy’t Lilan nimt en set de lannen en plakken dy’t neamd wurde op de kaart.

3. Meitsje in koarte beskriuwing fan de flecht fan Lilan oan ’e hân fan dy lannen en plakken. Set by elk plak in foarfal en in namme fan in persoan of persoanen.

4. As einpunt fan de flecht is keazen foar it AZC yn Ter Apel. Lilan komt dêrnei noch yn in oar AZC te lâne. Set ek by Ter Apel in foarfal.

5. Watfoar foarfal is foar Lilan yn Nederlân hiel belangryk en wêrom?

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Jong, Hanneke de Wês net bang
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1
Wurkfoarmyndividueel
Fokusoarsaak en motiven
Learst

om nei te tinken oer de oarsaak en motiven foar Lilan har flecht

Opdracht

Oanwizing:
De antwurden op de fragen 1 o/m 4 kinst fine yn it haadstik Oarloch en op side 21.

1. It konflikt yn Syrië begjint sa’n fiif jier foar de flecht fan Lilan. Watfoar trije partijen stride der op dat momint yn Syrië? Wat wolle se?

2. It konflikt groeit dêrnei mei noch in partij.
a. Watfoar partij is dat?
b. Dizze partij spilet net allinnich in rol yn Syrië, mar ek op oare plakken yn it Midden-Easten. Nim ien foarbyld fan sa’n plak of lân.
c. De ynwenners fan Europa hawwe ûnderwylst ek te krijen mei minsken dy’t  hearre by de yn 2a neamde partij. Op wat foar wize? Neam ien foarbyld.

3. It konflikt wurdt noch grutter as trije oare lannen har der mei bemuoie.
a. Watfoar lannen binne dat?
b. Wêrom bemuoie sy har dermei?

4. Wat ûnderfynt Lilan fan de oarloch?

5. Wat jout foar Lilan de trochslach om te flechtsjen?  (Sjoch haadstik Mem har wil, side 27 o/m 30).

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Docenteninformatie

Yntroduksje

Hanneke de Jong (berne yn 1952) groeide op yn Sint Nyk. Har heit wie dêr ûnderwizer. Sy waard dat ek, earst yn it basisûnderwiis en nei in stúdzje Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Letter wurke se op de pr-ôfdieling fan in skoallemienskip. Sûnt 2015 is se mei pinsjoen. Se hat fan jongs ôf oan al skreaun, yn it begjin foaral mearkes. Se skriuwt no benammen berneboeken en jongereinboeken oer problemen dêr't jongeren mei te meitsjen krije. Fryske jongereinboeken fan har dy't ek yn it Nederlânsk útkamen binne De lêste brief, Sterke skouders en SalsafamkeSterke skouders krige in plak op de IBBY-earelist en foar Salsafamke en Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen krige Hanneke de Jong de Simke Kloostermanpriis. Hanneke de Jong wurket ek gear mei Dolf Verroen, tegearre ha se it boek Time out skreaun.

Ynhâld

Wês net bang (mar wol foarsichtich) fertelt it wier barde ferhaal fan de flecht fan Lilan fan 17 jier út Syrië nei Nederlân. Hanneke de Jong komt mei Lilan yn ’e kunde as der op twitter in fioele foar Lilan frege wurdt. Hanneke brûkt harres net mear, lit him opknappe en jout dy oan Lilan. Sa krijt se fan Lilan it ferhaal oer har flecht te hearren. Yn har tankwurd seit Hanneke de Jong: ‘Dêrom is dit ferhaal foar in part fan Lilan en foar in part fan har mem. Ik ha de gatten opfold mei myn fantasy.’

Swierte

Tweintich koarte haadstikken elk mei in titel, in soad dialogen, koarte sinnen skreaun yn gongber Frysk, dat makket it boek maklik lêsber foar N1-lêzers. De lêzers kinne har maklik ferpleatse yn it spannende ferhaal fan de flecht fan Lilan út Syrië en alles wat se ûnderweis belibbet. N1-lêzers en wis ek N2-lêzers sille har ynlibje kinne yn de problemen dêr’t Lilan op de reis mei wrakselet.Troch it boek kinne guon lêzers in better en minder oerflakkich ynsjoch krije yn de problematyk fan flechtlingen út in oarlochsgebiet.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn in famke fan 17 dat út har eigen lân dêr’t in oarloch fierd wurdt flechtsje moat op in reis troch in soad lannen mei alderhande  gefaren.

Ynteresses

Problemen dêr’t flechtlingen en yn it bysûnder de jongeren dêrûnder mei wrakselje, moatte lêzers oansprekke om dit boek te lêzen. Dat kin lêzers fan elk nivo ynteressearje, ek al is it boek bedoeld foar N1.   

Algemiene kennis

Algemiene kennis is net fereaske. Elk sil bekend wêze mei it flechtlingeprobleem.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It gebrûk fan wurden yn gongber Frysk, sa’t learlingen dy sels brûke, makket Wês net bang maklik lêsber.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne ienfâldich en koart.

Styl

De koarte sinnen en haadstikken, de dialogen en it Frysk sa’t de lêzers it sels brûke, meitsje dit boek geskikt foar jonge lêzers fan nivo N1 en N2.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

De aksje spilet him ôf yn Syrië, ûnderweis op de flecht en nei de oankomst yn Nederlân. Bliuwe of flechtsje en de gefaren dy’t foar beide jilde, wurde goed delset, lykas de eangsten dy’t Lilan hat. Dat der yn it boek in protte aksje foarkomt is geskikt foar N1 en N2.

Gronology

De haadstikken binne gronologysk fan it ôfskie yn Syrië oant it nije libben yn Nederlân. Haadstikken 4 o/m 7 binne foar it grutste part flashbacks. Dêr sjocht Lilan yn werom op hoe’t se ta de flecht kommen is. De flashbacks binne kursyf printe. Foar N1 is it sa net lestich.

Ferhaalline(n)

It boek fertelt it ferhaal fan de flecht fan Lilan fan begjin oant ein. Yn de flashbacks wurdt werom sjoen op hoe’t se dêrta kommen is. 

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld út it personaal perspektyf fan de haadpersoan Lilan wei.

Betsjutting

Wês net bang is in orizjineel jongereinboek oer in wichtich en aktueel ûnderwerp. It is net leadswier, mar lêst as in aventoereferhaal. Mar tagelyk lit it wol sjen dat der hiel wat barre moat, wol ien kieze foar in flecht dy’t fol gefaren sit en net altyd goed ôfrint of liedt ta tastimming om yn Nederlân te bliuwen.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Lilan is de haadpersoan. Fierder binne der oaren út de húshâlding fan Lalan (oft se noch yn Syrië binne of net) en har beppe. Guon reizgers ûnderweis spylje ek in rol. N1- en N2-lêzers kinne de karakters goed begripe en har maklik ynlibje.

Oantal karakters

Der binne wol in soad karakters, mar inkelde dy’t mar fan belang binne.

Untjouwing fan de karakters

Lilan makket de grutste ûntjouwing troch. Fan in nayf famke fan 17 dat in beslút nimme moat om har famylje te ferlitten en sûnder harren de lange gefaarlike flecht te meitsjen oant se as in folle selsstanniger famke oankomt yn Nederlân.

Ferantwurding

Ferhaal fan de skriuwster oer de achtergrûn fan it boek op har bloch.

Relevante  boarnen foar dosinten

Resinsjes fan Pieter Feller en Hella Kuipers
Ferhaal fan de skriuwster oer de achtergrûn fan it boek op har bloch.