Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 3 | De hearen fan Fryslân

De hearen fan Fryslân

De hearen fan Fryslân

Arjen Terpstra
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2008
Uitgeverij
Friese Pers Boekerij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
255
Genre
  • moderne boereroman
Tags
  • Amearika
  • boereroman
  • famylje
  • ûnwennigens
Taalniveau
B2

Over de auteur

Arjen Terpstra (1948) hat wurke as seeman, sjoernalist, kameraman en ûndernimmer. Hy hat syn hiele libben skreaun. Op syn achttjinde wûn hy syn earste literêre priis foar syn toanielstik De deserteur.
Yn 2008 debutearre er mei it boek De hearen fan Fryslân, dêr’t er de Rink van der Velde priis mei wûn. It boek is útjûn yn it Frysk en Nederlânsk.
It ferhaal dat Terpstra yn dit boek beskriuwt, is foar in part wierbard, om’t it de skiednis fan syn famylje oan memmekant is.

Inhoud

It ferhaal giet oer de twilling Tseard en Tsjalling út Tjerkgaast. Beide jonges binne hiel ferskillend, wol hawwe se in goede relaasje meiïnoar en in noflike famylje. Yn it begjin fan ‘e foarige iuw emigrearren in soad Fryske boeren nei Amearika. Tsjalling rekket hielendal yn ’e ban fan it lân en wol der ek sa gau as mooglik hinne. Mar as troch omstannichheden Tseard nei Amearika moat, ynstee fan Tsjalling, skiede de wegen fan de bruorren harren.

Leesaanwijzingen

Dit boek nimt dy fan it begjin ôf mei. Drege wurden kinst út de kontekst wol begripe. De direktens fan de taal, de ienfâld fan de sinnen en de koarte haadstikken meitsje it hiel tagonklik ferhaal dat him flot trochlêze lit. Yn it boek sit in soad dat in lêzer fan ferskillende nivo's boeie kin. Der bart in soad yn in rap tempo, dat makket it nijsgjirrich. Foar wa’t fan skiednis hâldt, is it in moai boek, mar wa’t dêr neat fan ôfwit, kin ek genietsje fan dit boek.

Om over na te denken

Wat betsjut Fryslân foar dy? Wat betsjut dyn bertegrûn of –plak foar dy? Soesto samar mei dyn âlden mei gean nei it bûtenlân? Wat soene redenen wêze foar minsken om nei it bûtenlân te ferhûzjen foar wurk? Hasto wolris ûnwennich west, hoe fieldest dy doe?

Waardering

- “Ik heb het boek met enorm veel plezier gelezen. Terpstra weet te boeien en je aandacht vast te houden. De zinnen zijn kort en kernachtig, de taal is helder en het einde van het verhaal is werkelijk schitterend en ontroerend.” Troch Leesforum.
-
“Arjen Terpstra woe gewoan in moai ferhaal skriuwe. Dit ferhaal is in knappe mingfoarm wurden fan feit en fiksje.” Troch Wiep Koehoorn.
-
“Ik ha it boek yn ien sike útlêzen, Arjen Terpstra blykt in boeiende ferteller.”
Troch resisinte Elske Schotanus.

Opmerkingen

Arjen Terpstra wie mei dizze roman winner fan de Rink van der Veldepriis fan 2010.

Leestips/meer weten

- Resinsje oer it boek troch Elske Schotanus.
- Filmke fan de skriuwers dy't foarlêst út it boek.

Samengesteld door

Joyce Folkertsma

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Arjen Terpstra De hearen fan Fryslân
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om reflektearjend te lêzen.

Opdracht

De hearen fan Fryslân is ek oerset nei it Nederlânsk, as De heren van Friesland.

1. Past de titel De Hearen fan Fryslân goed by de ynhâld fan it boek? Lis dyn antwurd yn 125 wurden út en ferwiis dêrby nei fragminten yn it boek. Neam sidenûmers en passaazjes út it boek.

2. Wêrom soe it boek net de titel “De hearen fan Amearika” hawwe?

3. Besykje om út te lizzen wêrom’t Tsjalling en Tseard ynearsten beide net gelokkich binne yn op har wenplak. Wat hienen se better dwaan kinnen neffens dy?

4. Wêrom wol Tseard úteinliken net mear werom komme nei Fryslân? En wat hat Tsjalling hjir mei te krijen?

5. Wêrom doare Tseard en Tsjalling net tsjin mekoar te sizzen dat se leaver ruilje fan pleats en lân (en letter ek fan froulju)?

Makke trochJoyce Folkertsma
Boek Arjen Terpstra De hearen fan Fryslân
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel (kin ek yn twatal)
Fokusomslach en yllustraasjes
Learst

om nei te tinken oer de funksje fan omslach en yllustraasjes.

Opdracht

De hearen fan Fryslân 2008      De heren van Friesland

Hjirboppe sjochst it omslach fan De hearen fan Fryslân en dat fan de Nederlânske oersetting De heren van Friesland.
 
1. Fynsto dat it omslach fan beide boeken by it ferhaal past? Wêrom wol of net? Lis dyn antwurd út.

2. De Fryske ferzje is as earste skreaun. Wêrom soe de Nederlânske ferzje in oare omslach krigen hawwe? Sykje it antwurd op dizze fraach op.

3. Yn it boek komme gjin plaatsjes foar. Sykje dêrom sels 3 plaatsjes by it boek en fertel yn 3 sinnen per plaatsje wêrom’t dy der neffens dy by pasje.

4. Yn in soad boeken komme gjin yllustraasjes foar. Wêrom tinkst dat se dat net dogge?

5. Wat is neffens dy it sintrale tema fan dit boek? Untwerp in foarkant foar de roman dêr’t dit ûnderwerp goed út bliken docht.

Makke trochJoyce Folkertsma

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Arjen Terpstra De hearen fan Fryslân
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusplak
Learst

om dy bewust te wêzen fan dyn eigen lêsnivo en om romte en plak dêr’t de roman him ôfspilet beskreaun wurde yn dizze roman.

Opdracht

1. De hearen fan Fryslân is in boek op B2-nivo wat de taal oangiet. Wat betsjut dat? Nim út it boek 15 wurden oer dy’tst net kenst en sykje de betsjutting derby.

2. It boek is yn gronologyske folchoarder skreaun. Dochs begjinne guon haadstikken op in oare tiid en plak. Neam trije foarbylden. Hoe stypje dizze lytse ferhaallinen de reade tried fan it ferhaal? Lis dyn antwurd út yn net mear as 50 wurden.

3. It ferhaal spilet him ôf yn Fryslân en Amearika. Wierskynlik kensto Fryslân goed en kinsto dy fan dat part fan it ferhaal wol in goede foarstelling meitsje. Wêr yn Amearika spilet it ferhaal him krekt ôf? Sykje op wêr’t dat gebiet leit. Skriuw in karakteristyk fan dat gebiet fan 5 rigels fo sykje in passende ôfbylding op.

Tinksto dat ien dy’t Fryslân net ken, him goed foarstelle kin hoe’t de omjouwing der útsjocht dy’t Terpstra beskriuwt? Wêrom wol of net? Lis dyn antwurd út mei ûngefear 50 wurden.

Makke trochJoyce Folkertsma
Boek Arjen Terpstra De hearen fan Fryslân
NûmerN3/2
nivo3
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om nei te tinken oer personaazjes.

Opdracht

1. Yn it boek sitte in soad personaazjes, guon hawwe in grutte rol, oaren hawwe mar in lytse rol. Hokker figuer út it ferhaal is dyn favoryt? Lis út wêrom yn 50 oant 70 wurden.

2. De haadfiguer is Tsjalling van der Zee. Neam 5 karakterskaaimerken fan him op.

3. Tseard is de twallingbroer fan Tsjalling, neam twa dúdlike ferskillen tusken de bruorren.

4. Wêrom tinkst dat Antsje mei Tsjalling trouwe wol? Wêrom wachtet se net langer op Tseard?

5. Wêrom tinkst dat Tsjalling mei Antsje trouwe wol? Hy woe dochs sa graach frijfeint bliuwe, sadat er fuort gean koe as er dat woe.

6. Tseard komt net mear werom út Amearika, hy is úteinlik in grutte boer op in dairy yn Montana tegearre mei syn frou Monica. Wêrom fielt Tseard him in bûtensteander as Monica mei har Amearikaanske freonen oer harren studintetiid praat?

7. Letter trouwe Tsjalling en Monica mei mekoar. Wêrom tinkst dat Tsjalling lokkiger is mei Monica as mei Antsje?

8. Tsjalling fielt him letter skuldich tsjin Antsje en Douwe oer. Wêrom is dat en fynsto dat terjochte? Lis dyn antwurd út yn in brief of mail fan Tsjalling oan Antsje en Douwe fan 50 tot 70 wurden.

9. De ‘moraal fan dit ferhaal’ is foar alle personaazjes oars. Lis út.

Makke trochJoyce Folkertsma

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Arjen Terpstra De hearen fan Fryslân
NûmerN4/1
nivo4
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om kritysk te reflektearjen op de ûntjouwing fan in personaazje.

Opdracht

Yn it begjin fan it boek kinne de bruorren Tseard en Tsjalling goed mei mekoar oerwei. Se dogge in soad tegearre, ek al binne se hiel ferskillend.

1. Hoe is de relaasje tusken Tsjalling en Tseard as se beide noch yn Tjerkgaast wenje by harren âlden? Neam yn dyn antwurden trije foarbylden út it boek.

2. Hoe is de bân tusken de bruorren as Tseard yn Amearika heart dat Tsjalling mei Antsje troud is? Wêr kinst dat oan merke? Nim in foarbyld út it boek.

3. Besjoch it filmke dêr’t Arjen Terpstra sels foarlêst út syn boek, haadstik “wynmûne”
https://www.youtube.com/watch?v=eyp7gxx2iSE

It haadstik “wynmûne”. Yn it filmke hawwe Tsjalling en Tsjerk in konversaasje.
Yn it filmke/boek wurdt ferteld dat Tsjalling mier hat oan it wetterskip en de mûne sa ombout dat it wetter oppompe kin om syn lân fan wetter te foarsjen, ek al is it ferbean troch it wetterskip. Wêrom tinkst dat Tsjalling him neat oanlûkt fan dy regels?

4a. Tsjerk seit tsjin Tsjalling dat er nei Amearika gean moat. Tsjalling seit lykwols dat er net gean kin, om’t Antsje dat net wol. Dan begjint Tsjerk te fertellen oer it oargel. Wat is Tsjerk fan doel mei dat te sizzen? Lis dyn antwurd út oan de hân fan de roman en neam sidenûmers.

4b. Hoe neame wy it as der gebrûk makke wurdt fan byldspraak om twa sitewaasjes meiïnoar te ferlykjen, lykas it oargel yn de fraach hjirboppe? Neam noch twa foarbylden fan wichtige metafoaren yn dit boek en neam de bledsiden út it boek dêr’tst se weihast. Wêr steane dy beide metafoaren foar? By de beskriuwing fan hokker personaazjes wurde se brûkt?

Makke trochJoyce Folkertsma

Docenteninformatie

Yntroduksje

Arjen Terpstra (1948) hat wurke as seeman, sjoernalist, kameraman en ûndernimmer. Hy hat syn hiele libben skreaun. Op syn achttjinde wûn er syn earste literêre priis foar syn toanielstik De deserteur. Hy is de soan fan auteur Piter Terpstra, in ferneamde Fryske skriuwer.
Yn 2008 debutearre Arjen nei it boek De hearen fan Fryslân, dêr’t er de Rink van der Velde priis mei wûn. It boek is útjûn yn it Frysk en Nederlânsk.
It ferhaal dat Terpstra yn dit boek beskriuwt, is foar in part wierbard, om’t it syn eigen famylje fan memmekant betreft. Hy hat der in roman oer skreaun nei’t de memoires fan syn heit publisearre waarden nei dy syn dea. Doe bliek dat dêr neat yn stie oer de skiednis fan de famylje fan mem har kant. Yn de roman jout er de bylden út har en syn jeugd en de skiednis fan har famylje in plakje.

Ynhâld

It ferhaal giet oer de twilling Tseard en Tsjalling út Tjerkgaast. Beide jonges binne hiel ferskillend, wol hawwe se in goede relaasje meiïnoar en in noflike famylje. Yn it begjin fan ‘e foarige iuw emigrearren in soad Fryske boeren nei Amearika. Tsjalling rekket hielendal yn ‘e ban fan it lân en wol der ek sa gau mooglik hinne. As troch omstannichheden Tseard nei Amearika moat ynstee fan Tsjalling rinne de wegen fan Tseard en Tsjalling útinoar.

Swierte

It boek is geskikt foar N3-lêzers. De ‘learlingkenmerken’ binne goed te heljen mei dit boek, sa as it ferbreedzjen fan ‘e wrâldkennis en it lêzen oer folwoekseneproblematyk. It daacht de learling út om’t it net fuort oanslút by de belibbingswrâld fan de learling, it freget ferbyldingskrêft. Ek is it útdaagjend foar dy lêzers, om’t der tiidsprongen makke wurde yn it ferhaal. Dochs wurdt der oer it generaal op gronologyske wize ferteld. It ferhaal kin morele fragen oproppe dy’t de lêzer oan it tinken set, lykas is it ‘normaal’ om de faam fan jins broer te trouwen as dy nei in oar lân ta emigrearret?

Foar de N2-lêzer kinne der drege kanten oan de roman sitte. Der binne nammentlik in hiel soad personaazjes, dat kin somtiden betiizjend wêze. It boek hat in djippere betsjuttingslaach. Der wurde psychologyske fraachstikken behannele, dy’t fragen oproppe kinne. Foar in N2-lêzer kin it dreech wêze om dêr in antwurd op te jaan of in miening oer te hawwen, om’t it ûnderwerp/de haadpersoan wierskynlik net tichtby de (benammen jongere) lêzer stiet. Foar in N4-lêzer is it boek nijsgjirrich, omdat de tematyk op meardere manieren te tsjutten is en foar him/har net allinne it aventoer foarop stiet, mar ek relasjonele en emosjonele problematyk prikkelet.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De learling moat ree wêze om te begjinnen oan ferhalen dy't geane oer personaazjes dêr't er himsels faaks net yn werkenne kin. Foar N3- en N4-lêzers sil dat gjin probleem wêze, mar in N2-lêzer kin dat dreech fine.

Ynteresses

Oare lannen, skiednis, sterke ferhalen, boeren, Fryslân, dramatyk.

Algemiene kennis

Net fereaske. Alle skiednis- of boereûnderwerpen dy’t foarkomme yn it boek, wurde taljochte of helder beskreaun.

Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks)

Is net fereaske. Om it ferhaal te begripen is it net nedich om mear kennis te hawwen fan literatuer. Inkeld komt der ris in ferwizing yn foar nei muzyk.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

De taal fan Terpstra is flot en linich. De taal is direkt.  It Frysk is idiomatysk geef.

Foarbylden, bgl. fan idiomatysk geef taalgebrûk:
‘Mar oaren leinen samar rûngear yn ’e berm.’ (s. 91)
‘Dêr’t de snie fuortwiske wie, socht ik myn iten.’ (s. 171)

Sinskonstruksjes

De sinnen binne net lang en helder fan struktuer. Der sit in soad dialooch yn.

Styl

De styl is tagonklik en geef. Der sit humor yn it ferhaal, want der wurde on protte sterke ferhalen ferteld.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn it boek bart in soad. Der sit avontuer en libben yn it ferhaal.

Gronology

It ferhaal wurdt gronologysk ferteld mei weromferwizingen en langere flashbacks. Foar N2-lêzers is it grif soms lestich om de tried fan it ferhaal goed beet te hâlden. N3- en N4-lêzers sille minder muoite mei hawwe mei it pleatsen fan de flashbacks yn de gronology.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline dy’t giet oer in hiel minskelibben. Somtiden is it dreech om krekt te folgjen yn hokker jier it no spilet, mar it is foar it folgjen fan it ferhaal fierder gjin probleem. Foar de N4-lêzer sil de gronologyske fertelline net bysûnder útdaagjend wêze.

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld troch in alwittende ferteller. Dy fertelt oer alle personaazjes, ken harren gefoelens en tinzen. Hy kin yn de takomst sjen.

De ferteller is de skriuwer Arjen Terpstra.

Betsjutting

De N2-lêzer sil dit boek lêze as in boek fol ôfwikseljende ferhalen mei humor. De N3-lêzer sil by steat wêze om him te ferdjipjen yn maatskiplike en psychologyske fraachstikken dy’t der yn foarkomme. De N4-lêzer sil by steat wêze him te ferpleatsen yn de posysje fan de ferskillende personaazjes. Hy kin dêrtroch begripe dat jins kar faak beskaat wurdt troch jins sitewaasje. Meardere betsjuttingslagen lizze foar him iepen.

Fertroud mei literêre personaazjes

Karakters

Faak wurdt de lêzer sa mar yn it djippe goaid, sûnder oankondiging fan in nij personaazje (bygelyks oan it begjin fan in haadstik). Uteinliken slút sa’n nije en koarte ferhaalline dan wer oan by de reade tried fan it ferhaal. Foar N2-lêzers kin dit lestich wêze.

De haadpersonaazjes binne Tsjalling en Tseard. It kin foar de N2-learling dreech wêze him te identifisearjen mei dizze karakters, om’t it folwoeksen boeren binne mei in bepaalde fisy en ferskillende gefoelens. Dat stiet fier fan dizze learlingen ôf. Foar N3-en N4 lêzers sil it gjin probleem opleverje.

Oantal karakters

Der binne in hiel soad karakters, se komme en gean. De wichtichste karakters binne Tsjalling, Tseard, Antje, Monica, Tjerk en letter ek Douwe en Jack. Dêr omhinne binne in soad personaazjes mei lytsere rollen.  It oantal karakters kin betiizend wurkje foar alle lêzers fan alle nivo’s.

Untwikkeling fan de karakters

It giet yn de roman benammen om de ûntwikkeling fan Tsjalling en Tseard. Dochs mear om dy fan Tsjalling, hielendal as Tseard op in gegeven momint komt te ferstjerren.

Relevante  boarnen foar dosinten

Ingelsktalige resinsje oer it boek troch Henry Baron.

Twa resinsjes oer de Nederlânske en de Fryske ferzje fan it boek.