Fries | niveau 4 | Paadwizer

Paadwizer

Paadwizer

Tuma, Eelkje
Niveau
Niveau 4
Jaar uitgave
2009
Uitgeverij
Utjouwerij Fryslân
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
230
Genre
  • psychologyske roman
Tags
  • frijheid
  • mem-dochterrelaasje
  • net-troude mem
  • Noard-Sweden
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Eelkje Tuma (1966) is berne yn Ie. Nei de middelbere skoalle studearre se kulturele antropology oan de Universiteit fan Amsterdam. As ûnderdiel fan har oplieding bestudearre se begraffenisrituelen foar it kultuerhistoarysk museum yn Luleå, in stêd yn it noarden fan Sweden. Dêr learde se har man Mikael Niemi kennen. Se wennet mei man en trije bern yn Pajala, boppe de poalsirkel.
Tuma skriuwt al fan jongs ôf. Se debutearre mei in Frysk ferhaal yn de sammelbondel Mijn refrein is anders út 1984, útjûn by it tsienjierrich bestean fan it Lauwerscollege yn Bûtenpost.
Gelegenheid om in roman te skriuwen krige se neidat se har yn Sweden festige hie. De keunst seach se min ofte mear ôf fan har man, dy't mei skriuwen syn brea fertsjinnet.
Literêre ynspiraasje hellet se út de moderne literatuer, dêrby ek wurk fan jongere Fryske auteurs. Har debútroman Leafste lea ferskynde yn 1996 en is in typysk adolesinsjeroman oer it loskommen fan thús en it studintelibben. Foar it skriuwen fan Paadwizer krige se in wurkbeurs yn it ramt fan de rige 'Fryske modernen'.

Inhoud

Marike, tritich jier, is oersetster fan Sweedske boeken. Yn de stêd Luleå hat se in ôfspraak mei skriuwster Linn Matsson, fan wa't se in boek oan it oersetten is. Se wol graach mei de skriuwster wat saken beprate oer it boek. Lykwols is de wiere reden fan har reis dat se ûntdekke wol wat se no presys mei har libben wol. Dêr komt by dat se swier is en net wit fan wa.
Marike komt telâne yn Noard-Sweden flakby de grins mei Finlân. Yn dat gebiet spilet ek it ferhaal fan it boek Tur dat Marike oan it oersetten is. De haadpersoan fan Tur is de jonge frou Lena. Dy fielt har net thús yn har thúsfermidden dat behearske wurdt troch in strange tsjerklike beweging. Lena ferhuzet úteinlik mei de stêd. Elk haadstik yn Paadwizer bestiet út twa parten. It earste part beskriuwt hieltyd de reis fan Marike, it twadde part beskriuwt in fragmint út it boek Tur. De twa ferhaallinen binne op allerhanne wizen mei inoar ferbûn en komme oan de ein by inoar.

Leesaanwijzingen

Paadwizer is kwa wurdgebrûk, sinsbou en styl net dreech te lêzen. It drege sit 'm yn de konstruksje fan it boek. It bestiet nammentlik út twa ferhaallinen mei dwersferbiningen. Elk fan de 25 haadstikken beskriuwt hieltyd as earste it ferhaal oer Marike. It twadde part fan de haadstikken is hieltyd in haadstik út it boek Tur, it boek dat Marike oan it oersetten is. As lêzer kin men gau de ferhaallinen troch elkoar helje ûnder it lêzen. Yn it begjin komst in protte nammen tsjin, mar ast in ein fierder lêzen hast krijst der mear fet op.

Om over na te denken

Wat dochst as jonge frou ast swier bist fan immen dy't fierder gjin diel útmakket fan dyn libben? Of, wat dochst as jonge frou ast swier bist en witst net fan wa? Wat dochst ast mei dyn fertroude omjouwing of de omjouwing dêr'tst yn grutwurden bist brekke wolst?

Waardering

'Ien fan 'e grutte pluspunten fan Paadwizer fûn ik de manier wêrop't Tuma tusken de regels troch en sûnder der in 'leske' fan te meitsjen, in soad ynformaasje yn it ferhaal wit te smokkeljen oer de Noard-Sweedske kultuer, it Laestadiaanske geloof en de romte wêryn't it ferhaal him ôfspilet.'
Yvonne Dijkstra yn it Friesch Dagblad

'Paadwizer is in boek oer de wrakseling fan froulju mei noarmen en ferwachtingen. In nocht om te lêzen: moai fan sfear en subtyl fan opbou.'
Elske Schotanus yn De Moanne

Opmerkingen

Paadwizer is ferskynd yn de rige 'Fryske Modernen'. Dat is in literêr projekt om nije Fryske literêre talinten te stimulearjen en sa it oanbod fan Frysktalich proaza te fergrutsjen.




Leestips/meer weten

By it boekprofyl op tresoar.nl steane in moai oantal resinsjes.

Samengesteld door

Ans Wallinga

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 3 - Opdrachten

Boek Tuma, Eelkje Paadwizer
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusdekôr
Learst

om de betsjutting fan it dekôr foar in boek te ynterpretearjen

Opdracht

1. Sykje in plattegrûn fan Noard-Skandinaavje fan it gebiet dêr't Paadwizer him ôfspilet en meitsje in kopy/print op A4-formaat.

2. Sykje op ynternet de stêden, plakken en saken dy't kenmerkend binne foar it gebiet. Markearje yn kleur de stêden en plakken op de kaart. Jou in beskriuwing fan de oare saken, sa as it klimaat, gearstalling fan de befolking en toeristyske attraksjes.

3 Hokker stêden, plakken en saken komme yn Paadwizer oan de oarder?
Markearje de stêden en plakken mei in oare kleur as dy'tst brûkt hast by 1b.

4. Fragen:
a. Komme der plakken en saken fan punt 2 en 3 oerien? Motivearje dyn antwurd.
b. Makket it foar it boek Paadwizer út wêr't it him ôfspilet? Of soe it boek him ek yn in oare omjouwing ôfspylje kinne, bygelyks yn Spanje of op Skylge?
Motivearje dyn antwurd.
c. Hast wat leard fan it boek Paadwizer oer Noard-Skandinaavje? Motivearje dyn antwurd.

Makke trochAns Wallinga
Boek Tuma, Eelkje Paadwizer
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusbetsjutting
Learst

om it ferhaal te oarderjen

Opdracht

De struktuer yn Paadwizer is oan de iene kant helder, elk haadstik bestiet út in part oer Marike en is in haadstik út it boek Tur. Oan de oare kant is it lestich om hieltyd de goede ferhaalline fêst te hâlden.

In mindmap is in goede manier om de ferhalen yn it boek te oarderjen.

1. Brûk in stik papier op A3-formaat. Set de titel fan it boek yn it midden. Under of boppe de titel makkest in tekening of ôfbylding dy't it boek typearret. Dit is it byld dat it boek by dy opropt.

2. Tekenje fanút de titel fiif tûken. Elke tûke hat in oare kleur en behannelet in literêr begryp:
- plot
- personaazjes
- perspektyf
- tiid
- romte

3. Opmerking: Sjoch eventueel by boarnen foar goede ynternetsites foar it meitsjen fan in mindmap.

4. Folje de tûken yn mei stekwurden en tekeninkjes. De tûken kinne ek wer nije tûken krije.

5. Presintearje dyn mindmap oan de dosint. Jou in koarte taljochting by dyn mindmap.

Bronnen

Op ynternet is in protte ynformaasje te finen oer it meitsjen fan mindmaps. Understeande sites jouwe dúdlike ynformaasje.
* Jij bent een superheld (oan de rjochterkant it artikel kieze foar it meitsjen fan in mindmap)
* Hoedoe (gean nei 'lichaam & geest', 'persoonlijke ontwikkeling', ' Hoe maak ik een Mind Map')
Op You Tube steane lykwols ek ferskate filmkes oer it meitsjen fan mindmaps.

Makke trochAns Wallinga

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Tuma, Eelkje Paadwizer
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om twa personaazjes mei-elkoar te ferlykjen

Opdracht

Yn Paadwizer draait it benammen om Marike en Lena. Beide haadpersoanen hawwe oerienkomsten kwa karakter en omstannichheden.

1. Jou in beskriuwing fan Marike. Tink oan: leeftiid, wurk, relaasjes, problemen en hoe't se dy problemen oanpakt, famylje (yn it bysûnder har mem), ensafuorthinne.

2. Doch datselde foar Lena.

3. Wat binne de wichtichste oerienkomsten tusken Marike en Lena?

4. Wat binne de wichtichste ferskillen tusken Marike en Lena?

5. Jou in (mooglike) ferklearring foar it feit dat Eelkje Tuma foar Paadwizer keazen hat foar twa haadrolspylsters dy't yn in min of mear ferlykbere situaasje ferkeare. Mei oare wurden, wêrom hat Tuma keazen foar twa froulju dy't foar in grut part mei deselde problemen sitte?

Makke trochAns Wallinga
Boek Tuma, Eelkje Paadwizer
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusde ein
Learst

om de ein fan it boek te ynterpretearjen en te beoardieljen

Opdracht

1a. Hoe rint it ferhaal ôf mei Marike?
1b. Hoe rint it ferhaal ôf mei Lena?

2. Wat fynsto fan de ein fan it boek Paadwizer?

3. Mooglik hiesto in oare ein ferwachte oan it boek. Dat hinget ôf fan dyn ferwachtingen. Dy ferwachtingen wurde troch it boek sels oproppen.
a. Skriuw sa presys mooglik op welke ferwachtingen op hokker fragen asto graach antwurd hân hiest.
b. Yn hoefiere beantwurdet de ein dat Tuma betocht hat oan dyn winsken?
c. Ast de antwurden fan a. en b. ferlikest, kinst bepale yn hoefiere de ein (ûn)befredigjend foar dy is. Skriuw dat yn in pear sinnen op.

4. Hat Paadwizer in iepen of in sletten ein? Yn hokker opsicht is der sprake fan in ôfrûning? Motivearje dyn antwurd.

Makke trochAns Wallinga

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Tuma, Eelkje Paadwizer
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje
Learst

hoe't it boek ûntfongen is yn kritiken

Opdracht

1. Lês earst de literêre teory oer resinsjes yn Basisboek literatuur of de yngong 'Recensie' op Wikipedia

2. Sykje fjouwer resinsjes op oer Paadwizer. Kopiearje of printsje se út.
Analisearje dy resinsjes.
Meitsje in list mei arguminten dy't in posityf oardiel ûnderbouwe.
Meitsje in list mei arguminten dy't in negatyf oardiel ûnderbouwe.

3. Reagearje yn in artikel fan likernôch 400 wurden op de resinsjes.
Dus mei oare wurden: skriuw in resinsje oer de resinsjes. Jou de wichtichste konklúzjes oer de resinsjes wer, reagearje dêrop en ûnderbou dyn miening wer mei arguminten.

Bronnen

* 'Argumenten yn recensies', in Joke van Balen e.a., Basisboek literatuur. Grins 2009, s. 182 - 191.
* 'Recensie' op Wikipedia

Makke trochAns Wallinga
Boek Tuma, Eelkje Paadwizer
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokussjenre
Learst

om it sjenre fan in boek te ynterpretearjen

Opdracht

Paadwizer is in psychologyske roman. De psychologyske roman is in subsjenre fan de roman, dêr't de neidruk yn leit op de beskriuwing fan it ynderlik fan in personaazje.

1. Sykje op ynternet trije útiensettingen oer de psychologyske roman. Printsje se út.

2. Meitsje sels oan de hân fan de trije beskriuwingen in eigen ynterpretaasje  oer de psychologyske roman (150 wurden).

3. Jou sitaten út Paadwizer dêr't út blykt dat it boek ta de psychologyske roman rekkene wurde kin.

4. Faak kin in boek ta mear sjenres rekkene wurde. Ta hokker sjenres soe Paadwizer ek rekkene wurde kinne? Motivearje dyn antwurd.

Makke trochAns Wallinga

Docenteninformatie

Yntroduksje

Eelkje Tuma (1966) is berne yn Ie. Nei de middelbere skoalle studearre se kulturele antropology oan de Universiteit fan Amsterdam. As ûnderdiel fan har oplieding bestudearre se begraffenisrituelen foar it kultuerhistoarysk museum yn Luleå, in stêd yn it noarden fan Sweden. Dêr learde se har man Mikael Niemi kennen. Se wennet mei man en trije bern yn Pajala, boppe de poalsirkel.
Tuma skriuwt al fan jongs ôf. Se debutearre mei in Frysk ferhaal yn de sammelbondel Mijn refrein is anders út 1984, útjûn by it tsienjierrich bestean fan it Lauwerscollege yn Bûtenpost.
Gelegenheid om in roman te skriuwen krige se neidat se har yn Sweden festige hie. De keunst seach se min ofte mear ôf fan har man, dy't mei skriuwen syn brea fertsjinnet.
Literêre ynspiraasje hellet se út de moderne literatuer, dêrby ek wurk fan jongere Fryske auteurs. Har debútroman Leafste lea ferskynde yn 1996 en is in typysk adolesinsjeroman oer it loskommen fan thús en it studintelibben. Foar it skriuwen fan Paadwizer krige se in wurkbeurs yn it ramt fan de rige 'Fryske modernen'.

Ynhâld

Marike, tritich jier, is oersetster fan Sweedske boeken. Yn de stêd Luleå hat se in ôfspraak mei skriuwster Linn Matsson, fan wa't se it boek Tur oan it oersetten is. Se wol graach mei de skriuwster wat saken beprate oer it boek. Lykwols is de wiere reden fan har reis dat se ûntdekke wol wat se no presys mei har libben wol. Dêr komt by dat se swier is en net wit fan wa.
Marike komt telâne yn Noard-Sweden flakby de grins mei Finlân. Yn dat gebiet spilet ek it ferhaal fan it boek Tur. De haadpersoan fan Tur is de jonge frou Lena. Dy fielt har net thús yn har thúsfermidden dat behearske wurdt troch in strange tsjerklike beweging. Lena ferhuzet úteinlik mei de stêd.
Tuma fertelt yn Paadwizer om en om de reis fan Marike en in fragmint út it boek Tur. De twa ferhaallinen binne op allerhanne wizen mei inoar ferbûn en komme oan de ein by inoar.

Swierte

Alle 25 haadstikken yn Paadwizer besteane út twa parten. It earste part bekriuwt hieltyd it ferhaal fan Marike (yn sy-perspektyf), it twadde part is it fiktive boek Tur (yn ik-perspektyf) dat Marike út it Sweedsk wei oan it oersetten is. Foar in N3-lêzer is dat dreech, om't beide ferhaallinen yn de rin fan it boek in protte fan elkoar wei krije en yn mekoar ferfrissele reitsje. Foar de N4- en N5-lêzer sit dêr de útdaging.
Foar in N3-lêzer binne de psychologyske kwestjes en it plak fan hanneljen nijsgjirrich. De N4-lêzer sil niget ha oan it de struktuer fan it boek, wylst de N5-lêzer ferbannen lizze kin tusken de twa ferhaallinen en de kulturele kontekst wurdearje kin.

 

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in boek dat bestiet út twa ferhalen (it ferhaal oer Marike en it ferhaal oer Lena) dy't yn mekoar ferfrissele binne. Pas yn de rin fan it ferhaal wurdt dúdlik hoe't beide ferhaallinnen mei mekoar te krijen hawwe. Benammen foar in N3-lêzer is dat dreech. Foar in N4- en N5-lêzer sit hjir in útdaging.

Ynteresses

Paadwizer is geskikt foar lêzers dy't hâlde fan psychologyske fraachstikken dy't spylje kinne by jonge froulju. In N3-lêzer sil dat psychologyske aspekt oansprekke.
Foar in N4- en N5-lêzer foarmet de struktuer fan it boek in útdaging, plus it feit dat it ferhaal him op in plak (Noard-Sweden) ôfspilet dat net bekend is by de (measte) jonge Fryske lêzer(s). Ynteresse yn religy en yn de tradisjonele mienskip is in pree.

Algemiene kennis

Net fereaske, want alles wurdt útlein.
Om te witten wêr't Paadwizer him ôfspilet yn Sweden, kin it aardich wêze om in kaart fan Noard-Sweden yn it foar te besjen.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk yn Paadwizer is net lestich. Allinne oan it wurdbyld fan de Sweedske nammen fan de doarpen en stêden sil de lêzer wenne moatte.
De skriuwster brûkt hjir en dêr Sweedske wurden en koarte sintsjes. Se wurde meastentiids útlein, mar as dat net gebeurt, stiet dat it begripen fan de tekst net yn it paad.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne koart en net kompleks. Foarbyld: ' "Ik fiel my net hielendal lekker", antwurde se. It slagge har net om fleurich te wêzen. It wie ek sa'n aparte sitewaasje. Ynienen siet Hylke hjir neist har op de bank yn Sweden' (side 116).

Styl

De styl yn Paadwizer is tagonklik.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn it ferhaal fan Marike sit mear aksje en dialooch as yn it ferhaal fan Lena.

Gronology

It ferhaal fan Marike wurdt gronologysk ferteld mei flashbacks oer har allinnichsteande mem en it libben mei har partner Hylke fan foar de reis nei Sweden ta.
It ferhaal fan Lena wurdt net gronologysk ferteld. Fia ferskate foarfallen út it ferline wurdt it libben fan Lena beskreaun.

Ferhaalline(n)

Paadwizer is opboud út twa ferhaallinen. As earste it ferhaal fan Marike dy't in reis nei Noard-Sweden ûndernimt om der achter te kommen wat se wol mei har libben. As twadde it fiktive boek Tur dat Marike oan it oersetten is.
De twa ferhaallinen hawwe bepaalde oerienkomsten en folje mekoar oan.

Perspektyf

It ferhaal fan Marike wurdt ferteld troch in personale sy-ferteller. It boek Tur is in ik-roman en wurdt ferteld troch de haadpersoan Lena.

Betsjutting

Ien fan de tema's yn Paadwizer is it sykjen fan jins eigen paad yn it libben al wykt dat ôf fan de hearskjende noarmen. Dat tema wurdt yn de twa ferhaallinen fan it boek útwurke. In N3-lêzer sil dat tema werkenne en wurdearje.
De N4-lêzer sil dat paadsykjen werkenne yn minder konkrete oanwizings, bygelyks de ûnwissens en de twivelriedigens fan de twa haadpersoanen dy't ûnder de opperflakte lizze.
Foar de N5-lêzer sit de útdaging yn de komplekse struktuer en de stevige komposysje. De twa parallelle ferhaallinen mei dwersferbiningen meitsje it ta in útdaagjend boek. Bygelyks oer it leauwen. Lena makket har los fan it Laestidiaansk fermidden dêr't se yn opgroeid is en se ferhuzet nei Luleå, in grutte stêd yn Noard-Sweden. De mem fan Marike (Froukje/Désirée) hat har yn de tiid losmakke fan it otterdokse fermidden yn Fryslân en is nei Amsterdam ferhûze. De linen spegelje elkoar: by de Laestidianen wie der waarmte en begryp foar de net-troude mem, yn Fryslân ôfkarren en fersmiten.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Beide ferhaallinen hawwe elk in haadpersoan. De lêzer folget Marike op har reis nei Noard-Sweden om de skruwster fan Tur, Linn Mattson, te moetsjen. De haadpersoan yn Tur is Lena. De omstannichheden en problemen fan beide froulju komme foar in part oerien.

Hoemannichte

Yn beide ferhaallinen komme in grut tal persoanen foar. Dat kin betizing opsmite. De lêzer moat goed foar eagen hâlde hokker ferhaal oft er oan it lêzen is, dat fan Marike of dat fan Lena, want de beide ferhaallinen hawwe har eigen personaazjes.

Untjouwing fan de karakters

De lêzer folget Marike en Lena de perioade dat se swier binne. Foar beide froulju jildt dat se gjin stipe hawwe oan de ferwekker fan it bern. Beide froulju meitsje in perioade mei fan ûnwissens en twivelriedigens mei.

Relevante  boarnen foar dosinten

tresoar.nl, oan de ein fan it boekprofyl, resinsjes
tresoar.nl, biografyske skets fan de skriuwer