Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 4 | De silveren rinkelbel

De silveren rinkelbel

De silveren rinkelbel

Dykstra, Waling
Niveau
Niveau 4
Jaar uitgave
1856 [8ste pr. 2003]
Uitgeverij
Telenga
Plaats
Frjentsjer
Aantal pagina's
141
Genre
  • folksferhaal
  • histoaryske roman
Tags
  • 18de iuw
  • doarpslibben
  • fûnlingferhaal
  • Stiens
  • stânsferskil
Taalniveau
C1

Over de auteur

Waling Dykstra (1821-1914) wie de soan fan in bakker út Froubuorren. Doe't er de saak fan syn heit oernaam, fernaam er al rillegau dat er eins gjin bakker wêze woe. Hy skreau al langer fersen en ferhalen en stadichoan waard dat syn nije kostwinning. Hy troude twa kear. Mei syn twadde frou krige er alve bern. Bysûnder oan Waling Dykstra is dat er de kost fertsjinne mei de pinne. Hy moast in soad skriuwe om in ynkommen te krijen foar syn grutte húshâlding. Hy skreau in protte lektuer en toaniel en wie de makker fan it earste grutte Fryske wurdboek. Fierders wie er ien fan de earsten dy't foar bern skreau. Hy jildt as in moraliserearjend dichter en taalbefoarderer. Waling Dykstra is ek bekend wurden fan it saneamde 'Winterjounenocht', optredens mei Fryske foardrachten dy't er organisearre mei oare Fryske skriuwers.

Inhoud

By skuonmakker Pabe Roukes wurdt in poppe foar de doar lein. It is net dúdlik wêr't it bern weikomt. Yn it doarp tinke de lju dat it bern in bûtenechtlike soan is fan de skuonmakker, mar dy ûntkent dat. De jonge krijt de namme Wouter en groeit op by de skuonmakker. As Wouter âlder wurdt, wol er witte wêr't er weikomt en wa't syn heit en mem binne. As er fereale wurdt op Tsjamke, de dochter fan de skuonmakker, wurdt dy fraach noch folle wichtiger. Yn dit boek giet it om de syktocht fan Wouter nei syn heit en mem. In silveren rinkelbel spilet dêr in wichtige rolle yn.

Leesaanwijzingen

De silveren rinkelbel is in spannend ferhaal dat flot lêst, mar der komme wol wat wurden en útdrukkingen yn foar dy'tst wierskynlik noch net faker tsjinkaam bist. It duorret even foardatst der yn sitst. Lês yn alle gefallen troch oant side 21, dan begjint it ferhaal op gong te kommen. It taalgebrûk fan it boek stiet relatyf fier fan ús ôf en dat makket it lêstich te lêzen, mar silst fernimme datst gau troch de spanning yn it ferhaal meinaam wurde silst. It kin helpe om drege wurden te ûnderstreekjen en op te sykjen. Tink derom, guon personaazjes yn dit boek ha twa nammen, sadat je net fuortdaliks snappe dat it om deselde persoan giet.

Om over na te denken

Is in minske fan minder goede komôf in minder goed minske as ien mei in goede komôf? Hoe is it om net te witten wa't je heit en mem binne? Hoe wie it libben yn Fryslân foardat der auto's, treinen en elektrysk ljocht wie?

Waardering

'Yn it begjin moatst eefkes trochbite, mar letter lêst it boek hiel flot. It ferhaal leit wol hiel bot foar de hân, dat is wol in minpuntsje.'
Sjoerd (6v)

'Yn it begjin is it boek saai, letter komt der mear spanning. Foar in âld boek is it goed te lêzen.'
Fenna (6v)

'Dat falt op yn dit boek: dat Waling Dykstra de keunst ferstie om moai, rêstich, kalm te fertellen en as dan de aksje yn de hanling kaam, dan ek as in soad filmskriptskriuwer alle mooglike beweech en kleur en fleur nei mekoar ta te bringen. (...) No noch, hûndertfyftich jier letter, in alderaardichst boekje mei hiele moaie sfearbeskriuwingen (...).'
Klaas Jansma yn 2003 op Omrop Fryslân

Opmerkingen

It ferhaal is online te besjen op de DBNL. Yn 1858 ferskynde de oersetting yn it Hollânsk (De zilveren rinkelbel) en yn 1995 yn It Biltsk (De sulverne Rinkelbel). Yn it 'heldeëpos' Leffert fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra út 2013 stiet in fermaaklike ferwizing nei de frijerij fan Wouter en Tsjamke, it leafdespear út De silveren rinkelbel.

Leestips/meer weten

Waling Dykstra, biografyske skets
Mear oer De silveren rinkelbel
Achteryn de nijste útjefte fan it boek (2003) stiet in ynformatyf neiwurd fan Ph. Breuker oer de skriuwer en it boek, sjoch op DBNL
Klaas Jansma op Omrop Fryslân radio, besprek

Samengesteld door

Gerbrich de Jong

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 3 - Opdrachten

Boek Dykstra, Waling De silveren rinkelbel
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 1 alu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om te reflektearjen op de ynhâld fan it boek

Opdracht

1. Op side 53 stiet:
Wouter begûn mei de tiid in handige jonge te wurden; op 'e skoalle hier er 't safier brocht dat er it slim skoalboek trochleard wie en yn de kranten en brieven him tige rêde koe; hy koe de noaten, en yn de tsjerke de tekst en de psalmen fiks fine, en hy koe aardich skriuwe. Syn namme skreau er Wouter Onbekend: dat hie master betocht.

Wêrom hat master betocht dat Wouter sa hjitte moat?

2. Op side 46-47 stiet:
De oare jonges, dy troch 'en tiid moai ryklik ôfransele waarden, as se 't ris in bytsje bedoarne, krigen sadwaande in pik op dy skuonmakkers bern, en foaral op Wouter, om't dy nei har ynsjen ek wolris wat fertsjinne, hoewol er 't net krige; en dêrom seagen se him wolris in loech ôf. [...] Hy [Jildert Nolkes] joech Wouter allerhande mâle bynammen: dan neamde er him de prûkmakkerssoan, en dan it laam sonder moer, en dat folgen de oare jongens dan nei.

Wêrom soe Wouter sa narre wurde op skoalle?

3. Op side 56 stiet:
Men moat begripe dat de lju jit altyd ongelyk oer Wouter tochten: de meastepart hâlden 't foarfêst dat er baas syn eigen soan wie, mar der wienen ek al wer ferskate dy dat net leauwe woene.

Wêrom is it yn it boek foar de minsken út it doarp sa wichtich om te witten wat Wouter syn ôfkomst is?

4. Op side 137 stiet:
Op de foarste sjeas sieten de brêgeman en de breid. En dy brêgeman en breid, wa miene jim dat dat wienen? - Dy brêgeman, dat wie ús Wouter Onbekend, - Jildert Lútsens wol ik sizze! - en dy breid dat wie Tsjamke Pabes.

Hoe lit de skriuwer hjir sjen dat Wouter Onbekend net langer in geskikte namme is foar Wouter?

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Dykstra, Waling De silveren rinkelbel
NûmerN3/2
nivo3
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmtwatal
Fokuspersonaazjes
Learst

om nei te tinken oer de personaazjes yn De silveren rinkelbel

Opdracht

Personaazjes yn in boek learst allinnich kennen troch wat de skriuwer der oer fertelt. Kinst se net in fraach stelle ast se net begrypst. Stel dy foar dat dat wol koe en datsto fragen stelle koest oan ien fan de personaazjes út De silveren rinkelbel.

1. Kies allebeide in ferskillend personaazje. Stel trije fragen oan dat personaazje en lit dyn kollega-learling út dat personaazje wei antwurd jaan op dy fragen.

2. Lês it stik út de boarne. Hoe wurde personaazjes yn De silveren rinkelbel karakterisearre? Yn ien kear fia in gearfetting, of bytsje by bytsje? Motivearje dyn antwurd mei in foarbyld fan side 19-20.

3. Binne de personaazjes fan De silveren rinkelbel flat of round characters? Motivearje dyn antwurd.

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Dykstra, Waling De silveren rinkelbel
NûmerN4/1
nivo4
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusperspektyf
Learst

om nei te tinken oer it effekt fan fertelperspektyf

Opdracht

Hjirûnder sjochst inkelde fragminten út De silveren rinkelbel.

Sa sieten der yn 't grut Wagentsje jit in mannich Stienzers onder in stevige slok, en dêr wie Jildert Nolkes ek by. Doe dy knapen lang en let begûnen te praten fan fuort en de iene de oare frege as er mei woe, sei Jildert dat er jit efkes de stêd op moast om in boadskip, en hy ging de herberge út. Lit ús him ris neispoare. (s. 79)

Dat wiif kaam benei nea te Stiens; dêr hie se har reden foar, dy de lêzer letter dúdlik wurde sille; as se der al kaam, dan wie 't mear temûk as yn 't iepenbier, mei 't doel om Jildert Nolkes op sa'n manear lêstich te fallen, lyk as wy niis heard habbe. (s. 65)

No soe 'k in lang ferhaal dwaan kinne hoe bjuster it der by stie yn baas Hoattelstoat syn húshâlding. Dat Wouter gjin lust hie om de holle op te stekken; hoe Tsjamke fergyng as stof yn de sinne; hoe baas ek ta de oertsjûging kaam dat Wouter him sa onferskilling net wie as er miende, en dat syn trienfetten jit net alheel útdroege wienen: hoe Setske benei fan swierrichheid stoar en de krintebôlen yn de lapbank ferskimmelje liet, om't it iten en drinken har fergong (...) (s. 94)

1. Wêr sjochst oan dat it hjir giet om in auktoriaal perspektyf? Jou dat per fragmint oan.

2. Is it perspektyf eksplisyt of implisyt auktoriaal? Motivearje dyn antwurd.

3. Wat is it effekt fan sa'n perspektyf op dy as lêzer?

4. Lês side 21 en 22 fan it ferhaal nochris troch en jou sels ek noch twa foarbylden fan fragminten op dy siden dêr't it auktoriale perspektyf yn nei foaren komt.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Dykstra, Waling De silveren rinkelbel
NûmerN4/2
nivo4
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusbewurking
Learst

om nei te tinken oer de (ûn)mooglikheden om it ferhaal om te setten nei teater of film

Opdracht

Fan De silveren rinkelbel is yn 1991 in toanielstik makke. Under boarne 1 fynst in resinsje fan dat stik.

1. As dat stik no noch spile waard, soesto dêr dan hinne wolle? Wêrom (net)?

2. Tinkst dat De silveren rinkelbel geskikt is om in teaterstik of in film fan te meitsjen? Wêrom (net)?

3. Sjoch nei de earste twa siden fan haadstik acht (s. 74-75). Wat foar oanknopingsknopen jout it ferhaal fan hoe't de spilers en it dekôr der út sjen moatte soenen?

4. Skriuw in skript foar de earse twa siden fan haadstik acht (s. 74-75). Ferwurkje yn dyn skript:
- dekôr
- romte en tiid
- plak
- uterlik fan de spilers
- dialooch

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Dykstra, Waling De silveren rinkelbel
NûmerN5/1
nivo5
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusromtebeskriuwing
Learst

wat de funksje is fan romtebeskriuwing en couleur locale

Opdracht

1. Beskriuw de romte fan haadstik alve (side 89-93). Brûk net mear as fyftich wurden.

2. Jout Waling Dykstra yngeande beskriuwingen fan de romte of krekt net? Wêrom soe er dat al of net dien ha?

3. Lês op side 109 fan boarne 1 oer de funksje fan romtebeskriuwingen. Wat tinksto dat yn De silveren rinkelbel de wichtichste funksje is fan romtebeskriuwing? Lis dyn antwurd út.

4. Lês de siden dy't neamd wurde ûnder boarne 1 en de fragminten hjirûnder. Jou per fragmint oan hoe't Dykstra couleur locale oanbringt.

Foar de brêge fan de herberge stie in spekweintsje mei in âld hynzer derfoar. Dat spultsje hearde ta oan in Burdaarder skieppeslachter, dy de deis mei flesk sutele hie, en no te Stiens by de herberge oansyld wie, dêr er onder in stevige slok mei in pear boeren drok siet te praten oer slachterij en skieppehannel, sonder te betinken, hoe noedlik syn reau dêr yn 't gewoel fan de merke stie. (s. 12)

Op 'e tafel stie in stiennen kofjetsjettel, dy grien út de potwinkel komd wie, mar hy wie no sa swart, dat it mocht bekend stean, dat er in jier yn 'e skoarstien hinge hie. In stiennen kop mei in stik derút wie har môlkkom. De grouwe knoarren switsersbrea mei goed bûter en tsiis derop, hiene se gau yn 't tafelslaad stoppe, doe se de doar hearden. Klaaske har swabberkoer en Griet har pikelhjerringfetsjes stiene oer de flier. Op 'e hurd stie in riknêst fan foazige turfbrjitten tusken fjouwer klinkerstiennen. Tsjinoer it finster wie 't bedstee, dat fan rûge planken byinoar klost wie, sonder doarren of gerdinen derfoar .(s. 80)

Doe dy trein de buorren yn kaam, wie 't swart fan de minsken. En doe reinde 't palmtakjes en goudsjeblommen by de jongelju op 'e sjeas. Hja rekken dêr suver alheel onder beside. En hja hiene de bûsen fol duiten, en struiden dy mei rynske hannen onder 't folk. (s. 138)

5. Sykje sels ek noch twa foarbylden fan couleur locale yn De silveren rinkelbel, bygelyks op de earste siden fan haadstik njoggen (s. 79-80).

6. Fynsto couleur locale wichtich foar it ferhaal? Lis út wêrom.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Dykstra, Waling De silveren rinkelbel
NûmerN5/2
nivo5
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje
Learst

om te reflektearjen op de resepsje fan De silveren rinkelbel

Opdracht

1. Beskriuw yn 250 wurden watsto fynst De silveren rinkelbel.

Op side 155 skriuwt Breuker yn it neiwurd by de roman: 'De Rinkelbel heart ta de meast lêzen boeken yn it Frysk. Der is dus sprake fan in bliuwende wurdearring.'

2. Lês it stik fan Breuker en fyn út wêr't it ferhaal om wurdearre waard. Neam minstens trije punten.

3. Breuker einiget syn stik mei de foarsizzing: 'it ûnderhâldend fertelde Rinkelbel sil syn lêzers wol hâlde'. Wêrom tinkt er dat? Neam twa argumenten dy't er dêr foar hat.

4. Beharkje de opname fan 3 minuten fan Klaas Jansma (boarne 1). Yn dat stik fertelt hy wat hy fynt fan De silveren rinkelbel. Neam twa dingen dy't hy moai fynt en twa dingen dy't hy minder moai fynt. Bisto it mei him iens? Lis út wêrom wol of net.

Makke trochGerbrich de Jong

Docenteninformatie

Yntroduksje

Waling Dykstra (1821-1914) wie de soan fan in bakker út Froubuorren. Doe't er de saak fan syn heit oernaam, fernaam er al rillegau dat er eins gjin bakker wêze woe. Hy skreau al langer fersen en ferhalen en stadichoan waard dat syn nije kostwinning. Hy troude twa kear. Mei syn twadde frou krige er alve bern. Bysûnder oan Waling Dykstra is dat er de kost fertsjinne mei de pinne. Hy moast in soad skriuwe om genôch ynkommen te krijen foar syn grutte húshâlding. Hy skreau in protte lektuer en toaniel en hy wie ek de makker fan it earste grutte Fryske wurdboek. Fierders wie er ien fan de earsten dy't foar bern skreau. Hy jildt as in moraliserearjend dichter en taalbefoarderer. Waling Dykstra is ek bekend wurden fan it saneamde 'Winterjounenocht', optredens mei Fryske foardrachten dy't er organisearre mei oare Fryske skriuwers.

Ynhâld

By skuonmakker Pabe Roukes wurdt in poppe foar de doar lein. It is net dúdlik wêr't it bern weikomt. Yn it doarp tinke de minsken dat it bern in bûtenechtlike soan is fan de skuonmakker, mar dy ûntkent dat. De jonge krijt de namme Wouter en groeit op by de skuonmakker. As Wouter âlder wurdt, wol er witte wêr't er weikomt en wa't syn heit en mem binne. Yn dit boek draait it om it ûntraffeljen fan in riedselachtige situaasje dy't oplost wurdt. Oan de ein folle alle puzzelstikjes op har plak. In silveren rinkelbel spilet dêr in wichtige rolle yn.

Swierte

Foar in N3-lêzer is De silveren rinkelbel in spannend ferhaal dat yn in oare wrâld spilet as dy fan de learling sels. Hy ûntdekt mei dit boek it folkslibben yn it Fryslân fan de achttjinde ieu. Ek kin de N3-lêzer neitinke oer de libbensles dy't út it boek nei foaren komt. It njoggentjinde-ieuske taalgebrûk kin foar de N3-lêzer problemen opleverje, lykas de kompleksiteit fan it plot. In N4-lêzer sil yn dit boek syn ynteresse foar ferteltechnyk kwyt kinne. It alwittende-fertellersperspektyf, dat yn hjoeddeiske boeken net faak mear sa dúdlik foarkomt, kin foar in N4-lêzer aardich wêze om te ûnderfinen en te analysearjen. Foar de N4-lêzer is it gjin probleem dat der ûnbekende wurden en útdrukkingen yn it boek foarkomme, dy't út en troch wat ynspanning fergje fan de lêzer. In N5-lêzer sil dit boek lêze as in klassiker út de Fryske literatuer, fan de hân fan in wichtich taalbeweger yn de njoggentjinde ieu. De N5-lêzer kin him ferdjipje yn de literêr-histoaryske kontekst dêr't dit boek yn ferskynd is en it yn ferbân bringe mei oare literatuer út dy tiid.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De learling moat ree wêze om him oer te jaan oan in ferhaal dat him ôfspilet yn in earder tiidrak en iepenstean foar de kultuer en de gebrûken dy't by dy tiid passe. In N3-lêzer kin ûntmoedige reitsje troch it âldere Frysk en de lange sinnen en sil dus even trochbite moatte. Foar in N4-lêzer is soks al minder in probleem. In N5-lêzer sil reewillich wêze om dit boek te lêzen troch it feit dat it in literêre klassiker is.

Ynteresses

Foar learlingen dy't hâlde fan histoary is dit in geskikt ferhaal. Ek leafhawwers fan spannende boeken kinne har hjir wol mei ferdivedearje: de lêzer sit hieltyd mei in fraach dy't stadichoan oplost wurdt.  

Algemiene kennis

It kin handich wêze foar de learling om te witten dat it yn dy tiid wichtich wie om as frou in goede partij te trouwen en dat ear en ôfkomst hiel wichtich wienen. Dy kennis sil de learling helpe om it ferhaal better te begripen, mar is net per foarst needseaklik.

Spesifike literêre en kulturele kennis

De learling hoecht gjin literêr-histoaryske kennis te hawwen om it ferhaal te begripen. De grutste útdaging is it wurdgebrûk.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk fan it boek is oan de drege kant. Der komme allerhande (âlde) wurden en útdrukkings yn it boek foar dy't foar de jonge lêzer fan no ûnbekend wêze sille. Tink oan wurden as liep, jit, sjeas, sprissel, pams.

Sinskonstruksjes

It ferhaal is skreaun yn lange sinnen mei in soad bysinnen. Foar in N3-lêzer, dy't boeken oankin dy't skreaun binne yn ienfâldige taal, kin dat problemen opsmite.  

Styl

In libbene fertelstyl mei in soad folkske wurden en útdrukkingen. De personaazjes ha in ymplisite, yndirekte manier fan kommunisearjen en dy kin lêstich te begripen wêze.  

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

It ferhaal is koart en de hanneling giet ridlik flot, mar hjir en dêr wurdt wiidweidich ferteld oer bygelyks de kleandracht fan de froulju. Der is in soad oandacht foar romtebeskriuwing.

Gronology

It ferhaal is gronologysk opboud. Haadstik trettjin oer de opstân fan de patriotten yn Stiens spilet him tagelyk ôf mei haadstik fjirtjin, fierder folget elk haadstik op it foargeande.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline mar dy is aardich kompleks, troch alle ferskillende intrizjes en personaazjes. Kin foar in N3-lêzer útdaagjend wêze.

Perspektyf

It perspektyf is auktoriaal. Wy hawwe te meitsjen mei in alwittende ferteller dy't geregeld fan him hearre lit en op de gebeurtenissen foarút rint.

Betsjutting

De N3-lêzer sil it ferhaal lêze as in spannende syktocht fan Wouter nei syn heit en mem. Foar in N4-lêzer is it in boek oer in moreel fraachstik (hoe wichtich is ôfkomst) en in kennismakking mei in 'âlderwetsk' fertelperspektyf. In N5-lêzer sil benammen betsjutting hechtsje oan dit ferhaal as in literêre klassiker út de njoggentjinde ieu. 

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

It giet yn dit boek mear om it ferhaal as om de karakters. It binne typen, flat characters, dy't yn tsjinst steane fan it ferhaal. It gedrach fan de personaazjes kin foar N3-lêzers sa no en dan lestich te begripen wêzen, sa as it gedrach fan Doutsen. Wêrom giet in mem samar by har bern wei?

Oantal karakters

Der binne aardich wat personaazjes, mar dy ha allegearre in wichtige rol en dy leverje gjin problemen op. Wol kin it letter yn it ferhaal lestich wurde as Wouter ynienen Jildert blykt te hjitten en Jildert ynienen Hans.

Untjouwing fan de karakters

Pabe Roukes bliuwt yn it ferhaal gelyk. Doutsen wurdt fan jonge blom in deprimearre, ferbittere frou en lûkt oan de ein wer wat by. Wouter en Tsjamke wurde folwoeksen en binne oan de ein fan it ferhaal man en frou.

Relevante  boarnen foar dosinten

Sjoch it neiwurd 'Oer skriuwer, boek en útjeften' fan Ph. Breuker by de útjefte yn de rige 'Fryske Klassiken II' op de DBNL.