Fries | niveau 5 | De Wuttelhaven del

De Wuttelhaven del

De Wuttelhaven del

Jong, Steven H.P. de
Niveau
Niveau 5
Jaar uitgave
1989 [3de pr. 2010]
Uitgeverij
Koperative Utjowerij
Plaats
Boalsert
Aantal pagina's
316
Genre
  • oarlochsroman
Tags
  • 'goed of fout'
  • famylje
  • Ljouwert
  • skuldgefoel
  • Twadde Wrâldoarloch
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

 

Over de auteur

Steven de Jong (1935-2018) wie earst ûnderwizer yn Surhuzum en letter learaar Nederlânsk yn syn bertestêd Ljouwert. Yn it begjin fan syn literêre karriêre skreau er benammen poëzij, mar nei 1980 skreau er ek proaza. Yn 1992 krige er de Gysbert Japicx-priis foar syn hiele oeuvre, benammen foar De Wuttelhaven del.
Sawol yn syn proaza as yn syn poëzij eksperimintearre De Jong mei foarm. In wichtich tema yn syn wurk is it mislearjen fan minsken. Ek Ljouwert hat in wichtich plak yn syn oeuvre.

Inhoud

De Wuttelhaven del is it ferhaal fan Eeltsje de Vries, learaar Nederlânsk oan it Haverschmidtkolleezje yn Ljouwert. Hy is de soan fan in NSB'er en yn dit boek fertelt er hoe't dat syn libben beynfloedet. Yn ien fan Eeltsje syn klassen sitte twa Joadske bern dy't net goed yn de groep lizze. Gabe, Eeltsje syn soan, rekket befreone mei dy beiden en al gau komme de âlders fan de bern ek mei inoar yn 'e kunde. Eeltsje is wiis mei syn Joadske freonen mar wrakselet namstemear mei it oarlochsferline fan syn âlden. Syn heit kollaborearde mei de besetter en syn mem stie folslein achter har man. Tagelyk wienen it treflike âlden. Yn dit boek is te lêzen hoe't it foar Eeltsje is om soan fan in kollaborateur te wêzen en docht er syn eigen skiednis en dy fan syn foarâlden út de doeken.

Leesaanwijzingen

Haadstikken oer it no en oer it ferline wikselje inoar ôf. Oan it begjin fan it boek wurdt in soad ferteld oer de famyljeleden en de foarâlders fan de haadpersoan. It kin yn it begjin dreech wêze om dat by te hâlden. Nei in pear haadstikken is de struktuer dúdlik en silst gau grepen wurde troch it ferhaal. Hoewol't it om in swier tema giet, is de toan fan it ferhaal luchtich en humoristysk. Hjir en dêr silst wurden tsjinkomme dy'tst noch net kinst, mar dy steane it begripen fan it ferhaal net yn 'e wei. Silst fernimme dat it ferhaal hjir en dêr wat surrealistyske eleminten befettet en dat de skriuwer somtiden kommintaar jout op syn eigen ferhaal.

Om over na te denken

Hat in bern skuld oan fouten dy't syn âlders makke ha? Kin in kollaborateur dochs in goede heit wêze?

Waardering

'Steven de Jong hat in wichtige roman skreaun. (…) In roman dy't ymponearret en ynspirearret, in Gysbert Japicxpriis wurdich!'
Ut it sjueryrapport fan de Gysbert Japicxpriis 1992

'It boek kipet der út en dat net allinne om't it mei sa'n trijehûndert siden in mânsk boek is. Nee, it kipet der út, om't it ûnderwerp yn 'e Fryske literatuer noch net earder op sa'n wize beskreaun waard. (…) It bart net faak, dat in boek ferskynt, dêr't op sa'n orizjinele wize safolle yn oeral helle wurdt. Lêze dus! Jimme hoege my fansels net te leauwen, mar de Gysbert Japicxpriis moat oanrekommandaasje genôch wêze.'
A.M. yn de Balkster Courant

'Mei hoefolle irony de skriuwer syn ferhaal bytiden ek opdist, it draacht ûnder de oerflakte it merkteken fan pine en selsoerwinning dêr't men net oars as respekt foar opbringe kin.'
Anne Wadman yn Frysk en Frij

'Ik tink dat wy yn Fryslân - bewitten of ongewitten - al jierren wachte ha op in roman wêr't de oare kant toand waard. Literatuer - de goede - heart it op te nimmen foar de ferhûddûke minsk en tsjin de offisjele stream yn te gean. Dizze roman fan Steven de Jong docht dat. Wat my betreft: de bêste Fryske 'oarlochsroman'.'
Trinus Riemersma

Opmerkingen

Winner fan de Gysbert Japicxpriis 1992.




Leestips/meer weten

Mear ynformaasje is te finen op tresoar.nl by it boekprofyl fan de roman.

Samengesteld door

Gerbrich de Jong

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 4 - Opdrachten

Boek Jong, Steven H.P. de De Wuttelhaven del
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokustoan en styl
Learst

om nei te tinken oer de toan fan in boek

Opdracht

1. Hjirûnder steane inkelde fragminten út it boek. Jou per fragmint oan oftsto de toan iroanysk, sarkastysk of synysk fynst, en lis út wêrom.

"'No graach,' sei Jildou, dy't de wurden fan 'e útsûnderlike man yndronk as hie se jierren toarst hân."
(1989,  s. 50)

"Lofts neist him yn in griene mantel, mefrou Van Haelen. Utsein it wite hier mei it swarte huodsje mei de wale, seach se der kleurich en noch jong út. In swart taske bongele har oan 'e lofter earm, wylst se it swarte psalmboekje goed sichtber (want fan alles kin evangelisaasje útgean) yn 'e hân hâlde. Har oare hân klamme se om it doek fan in paraplu hinne.
         Dat in inkelde heiden, dy't de hûn útliet, disse optocht neiseach, kaam troch de jonge frou yn it raffinearre swarte mantelpakje, in swarte hoed mei swarte wale op it swarte hier."
(1989, s. 86)

"Hy [Rinse] is lokkich troud mei Anoeskja. It gedonder mei de famylje hat wol wat brânplakken yn him achterlitten. Hy fergeat systematysk alle jierdeis en mei Sinteklaas soarge er altyd dat er tsjinst hie."
(1989, s. 292)

2. Sykje sels yn it boek om trije foarbylden fan irony.  

3. Wat foar effekt hat dy irony op de lêzer?

Literaire theorie

Foar in definysje fan irony, sarkasme en synisme, sjoch it Basisboek Literatuur fan Van Balen, Joosten en Peppelenbos.

Bronnen

Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur (2009), side 128-129.
https://fy.wikipedia.org/wiki/Sarkasme
https://fy.wikipedia.org/wiki/Irony

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Jong, Steven H.P. de De Wuttelhaven del
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmfjouwertal
Fokustematyk
Learst

om te reflektearjen op in moreel fraachstik

Opdracht

Yn de oarloch wienen der minsken dy't der foar keazen om gear te wurkjen mei de besetter. Dat wurdt kollaboraasje neamd. Fan kollaborateurs wurdt ek wol sein dat se 'fout' wienen yn de oarloch.

Hâld mei jim fjouweren in debat oer de stelling:

'In heit dy't 'fout' is yn de oarloch kin dochs in goede heit wêze.'

1. Praat ôf wa't foar en wa't tsjin de stelling is.

2. De foarstanners betinke safolle mooglik arguminten om de stelling te ferdigenjen en de tsjinstanners betinke safolle mooglik stellingen om de stelling te bestriden. Bliuw by de feiten dy't yn de roman oan de oarder komme.

3. Hâld it debat. Folgje de debatregels fan jim lesmetoade of fan it debatynstitút (sjoch by de boarnen). Freegje in klasgenoat om it debat te filmjen mei syn tillefoan of syn tablet.

4. Besjoch meiinoar de film fan it debat en stel fêst wa't syn stelling mei de bêste arguminten stipe hat.

Bronnen

Stichting Nederlands Debatinstituut

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Jong, Steven H.P. de De Wuttelhaven del
NûmerN4/3
Nivo4
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusperspektyf
Learst

om nei te tinken oer perspektyf

Opdracht

Lês as tarieding it haadstik oer perspektyf yn Basisboek Literatuur, side 101-105.

1. Wat foar perspektyf hat dit boek neffens dy? Lis út wêrom.

2. Lês it begjin fan haadstik 19 nochris troch (1989, s. 249-250). Wat falt dy op oan it perspektyf?

3. Lês it fragmint hjirûnder. Wa is hjir de fertellersynstânsje, tinkste? Motivearje dyn antwurd.

"Hy [Doede Haaies] stiek in sigaret op. Sûnder sigaretten koe er net libje. Hy seach nei syn brune fingers. Dat stie ynteressant. Net dat er idel wie. Dat koe net mei syn brike pochel. In goede sjoernalist smookt as in dragonder. Manlju dy't net smoke, binne weiten hinnen. Somliken bewearden dat it ûngesûn wie. No, dat wie dan net oars. Sûnder sigaretten soe er nei Frjentsjer moatte of soe er himsels ophingje."
(1989, s. 48)

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Jong, Steven H.P. de De Wuttelhaven del
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje en yntertekstualiteit
Learst

hoe't dit boek ûntfongen is yn kritiken

Opdracht

Steven de Jong hat mei De Wuttelhaven del yn 1992 de Gysbert Japicxpriis wûn. It boek kin beskôge wurde as in Fryske literêre klassiker.

1. Soesto De Wuttelhaven del ek in priis jaan asto yn de sjuery fan de Gysbert Japicxpriis sitte soest? Jou trije arguminten. 

2. Lês de resinsjes dy'tst fynst by de boarnen en ek it sjuerrapport fan de Gysbert Japicxpriis 1992.

3. Wat binne neffens de resinsinten en de sjueryleden de sterke en swakke kanten fan it boek? Meitsje in oersjoch en neam op syn minst trije sterke en trije swakke punten.

4. Ferlykje dyn eigen miening mei dy fan de resinsinten.

Literatuurgeschiedenis

De Gysbert Japicxpriis is in priis foar oarspronklik Frysk literêr wurk. Hy wurdt beskikber steld troch de Deputearre Steaten fan Fryslân. Sy rikke de priis út en wurde advisearre troch in advyskommisje fan minsken dy't doel ha oer literatuer.
De priis bestiet sûnt 1947 en wurdt tsjintwurdich om de twa jier útrikt, ôfwikseljend foar proaza of poëzij. De takkenningsfrekwinsje is in pear kear wiksele. De winner krijt in oarkonde, tsientûzen euro en subsydzje om wurk oersette te litten yn in oare taal.

Bronnen

Anne Wadman, resinsje yn Frysk en Frij, 15 april 1989;
Jan Wybenga resinsje yn Leeuwarder Courant, 21 april 1989;
Hendrik van der Veer, resinsje yn Sneeker Nieuwsblad, 8 juny 1989;
Doeke Sijens besprek yn Trotwaer, 1989, side 266-269.
Sjueryrapport fan de Gysbert Japicxpriis 1992.
Te finen op tresoar.nl by it boekprofyl fan de roman; sa net, dan de knipselmap rieplachtsje oer de roman, beskikber yn Tresoar, Ljouwert

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Jong, Steven H.P. de De Wuttelhaven del
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusliteratuer en werklikheid
Learst

om te reflektearjen op de relaasje tusken literatuer en werklikheid

Opdracht

Beharkje it ynterview mei Steven de Jong datst fia de boarne hjirûnder fine kinst. Yn it petear dat de ynterviewer (Henk te Biesebeek) mei Steven de Jong hat, komt hieltyd in misferstân nei foaren.

1. Wat is it misferstân?

2. Wêrom is Steven de Jong dêr sa fûl op, tinkste?

3. Bring it ynterview yn ferbân mei it foaropwurd fan De Wuttelhaven del.

4. Wat soe yn dat ljocht de funksje wêze fan it lêste haadstik yn it boek, dêr't de haadpersoan de skriuwer treft?

Bronnen

Radioynterview fan Henk te Biesebeek mei Steven H.P. de Jong út 1992.
Boekprofyl op tresoar.nl

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 6 - Opdrachten

Boek Jong, Steven H.P. de De Wuttelhaven del
NûmerN6/1
Nivo6
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmetafertellen en yntertekstualiteit
Learst

om yn te sjen wat de effekten binne fan metafertellen

Opdracht

Op side 121-122 (yn de edysje fan 1993) fan De Wuttelhaven del fynst in gefal fan metafertellen (ast net witst wat dat is, sjoch dan hjirûnder by literêre teory):

"Minsken, no moat ik ophâlde. It komt my op minne kritiken te stean as ik hjir troch gean de realiteit te beskriuwen. It magysk realisme is net yn 'e moade, likemin as it fantaisisme. Trinus Riemersma sil wol raar guod spuie as er myn boek besprekke moat."

1. It metafertellen giet noch even troch. By welke sin einiget it neffens dy?

2. Wa is hjir eins oan it wurd, neffens dy? Eeltsje de Vries of de skriuwer? Wêrom?

3. Wa is Trinus Riemersma en wêrom hellet de skriuwer him oan?

4. Sykje op ynternet út wat Trinus Riemersma úteinlik fan it boek fûn.

5. Wat foar effekt hat it metafertellen op dy as lêzer?

Literaire theorie

Metafertellen is in ferskynsel dat him foardwaan kin by in auktoriale ferteller. It foarheaksel 'meta' is Gryksk en betsjut: oer it ûnderwerp sels. Metafertelle is dus fertelle oer it fertellen.

Bronnen

Trinus Riemersma, tresoar.nl, biografyske skets

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Jong, Steven H.P. de De Wuttelhaven del
NûmerN6/2
Nivo6
Stúdzjelêst3 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusfiksjonaliteit
Learst

om te reflektearjen op de relaasje tusken fiksje en werklikheid

Opdracht

Lês as tarieding paragraaf 1.3 fan Basisboek Literatuur troch (oer autobiografysk skriuwen), op side 22-26.

1. Wat tinksto, is De Wuttelhaven del in autobiografysk boek?

2. Ast nei it boek sjochst, wat wol de skriuwer dy dan witte litte oer it autobiografyske gehalte fan it boek?

3. Yn in ynterview mei Henk te Biesebeek (sjoch boarne) seit Steven de Jong: 'In autobiografy is gjin roman'. Wêrom is dat sa, neffens him?

4. Skriuw in essee fan tûzen wurden en gean dêryn yn op de ferhâlding tusken Eeltsje en de skriuwer. Brûk foarbylden út it boek en út it ynterview.

Bronnen

Radio-ynterview fan Henk te Biesebeek mei Steven H.P. de Jong út 1992.
Boekprofyl op tresoar.nl

Makke trochGerbrich de Jong

Docenteninformatie

Yntroduksje

Steven de Jong (1935-2018) wie earst ûnderwizer yn Surhuzum en letter learaar Nederlânsk yn syn bertestêd Ljouwert. Yn it begjin fan syn literêre karriêre skreau er benammen poëzij, mar nei 1980 skreau er ek proaza. Yn 1992 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn hiele oeuvre, benammen foar De Wuttelhaven del.
Sawol yn syn proaza as yn syn poëzij eksperimintearre De Jong mei foarm. In wichtich tema yn syn wurk is it mislearjen fan minsken. Ek Ljouwert hat in wichtich plak yn syn oeuvre.

Ynhâld

De Wuttelhaven del is it ferhaal fan Eeltsje de Vries, learaar Nederlânsk oan it Haverschmidtkolleezje yn Ljouwert. Hy is de soan fan in NSB'er en yn dit boek fertelt er hoe't dat syn libben beynfloedet. Yn ien fan Eeltsje syn klassen sitte twa Joadske bern dy't net goed yn de groep lizze. Gabe, Eeltsje syn soan, rekket befreone mei dy beiden en al gau komme de âlders fan de bern ek mei inoar yn 'e kunde. Eeltsje is wiis mei syn Joadske freonen mar wrakselet namstemear mei it oarlochsferline fan syn âlden. Syn heit kollaborearde mei de besetter en syn mem stie folslein achter har man. Tagelyk wienen it treflike âlden. Yn dit boek is te lêzen hoe't it foar Eeltsje is om soan fan in kollaborateur te wêzen en docht er syn eigen skiednis en dy fan syn foarâlden út de doeken.

Swierte

Foar in N4-lêzer kin dit boek útdaagjend wêze om't it de lêzer de mooglikheid jout om troch te kringen yn komplekse personaazjes en ûngewoane gebeurtenissen. Boppedat kin de N4-learling yn dit boek sykje om djippere betsjuttingslagen. Foar in N5-lêzer is De Wuttelhaven del nijsgjirrich omdat it in literêre klassiker is dy't in wichtige literêre priis wûn hat. Der is in soad te ûndersykjen oan de literêr-histoaryske kontekst en de resepsje fan it boek. In N5-lêzer hat each foar de literêre styl en kin út de fuotten mei foarmeksperiminten en surrealistyske gebeurtenissen dy't yn it boek foar komme. Foar in N6-lêzer kin it boeiend wêze om him te konsintrearjen op aspekten fan yntertekstualiteit en it problematisearjen fan de ferhâlding tusken skriuwer en haadpersoan (it autobiografyske gehalte fan it boek).

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze om him yn it begjin oer te jaan oan it grutte tal ferskillende personaazjes en de holle der goed by te hâlden. In N5- of N6-lêzer kin boeid reitsje troch it foaropwurd, dêr't de relaasje tusken feit en fiksje ta diskusje steld wurdt.

Ynteresses

It kin foar learlingen, dy't al mear boeken oer de Twadde Wrâldkriich lêzen ha, boeiend wêze om dy perioade ris út it perspektyf fan (de soan fan in) 'dieder' wei te besjen. Fierders moat der in sekere ynteresse wêze foar psychology, omdat de gefoelens en gedachten fan de haadpersoan it ûnderwerp fan it boek foarmje.

Algemiene kennis

De learling moat kennis ha fan de Twadde Wrâldkriich, antysemitisme en de ideeën dy't minsken ha kinne fan Joaden. Fierder giet it yn de dialogen yn it boek gauris oer polityk. It is dan handich om te witten wat kommunisme, stalinisme en bolsjewisme is.  

Spesifike literêre en kulturele kennis

Der wurde wolris nammen neamd fan grutte Fryske skriuwers sa as Gysbert Japicx en de bruorren Halbertsma. Ek literêre streamingen wurde neamd. It is net fereaske om dy nammen te kennen om dit boek te begripen, mar it ferriket wol de lêservaring. 

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Hjir en dêr kin de lêzer oanrinne tsjin ûnbekende wurden (chotspe, apparatsjik, erudysje, meneuveljende, plutokratysk, risee). Sûnder elk wurd te begripen is it boek goed te folgjen, mar de lêzer kin dan wol de irony misse.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne meastentiids koart en helder. Op plakken in wat langere, dregere sin.

Styl

It boek is skreaun yn in linige, praterige styl, mei in iroanyske ûndertoan dy't it boek humor meijout, nettsjinsteande it swiere tema. Dialogen binne faak wat ymplisyt, wat it hjir en dêr dreech meitsje kin om te begripen wat de personaazjes bedoele.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

It boek bestiet foar in grut part út dialogen en gedachten fan de haadpersoan. Utiensettingen fan de auteur bliuwe boeiend omdat er in heech ferteltempo en in ûnderhâldende toan fan fertellen hat.

Gronology

Passaazjes oer it no en oer it ferline wikselje inoar ôf. De ferhaallinen oer no en ferline binne gronologysk opboud (sjoch ek hjirûnder).

Ferhaalline(n)

Der binne twa ferhaallinen. De iene giet oer it no (yn de ûnevene haadstikken 1 oant en mei 19 en haadstik 22) mei Eeltsje de Vries yn 'e haadrol. De oare spilet yn it ferline (de even haadstikken 2 oant en mei 20) mei de heit fan Eeltsje yn 'e haadrol. De ôfwikseling fan ferline en no is aardich strak folhâlden. De lêzer hat nei in oantal haadstikken yn 'e gaten hoe't it boek opboud is en sil de beide ferhaallinen ridlik flot mei inoar ferbine kinne. It is dúdlik dat de personaazjes yn it no de neiteam binne fan de personaazjes yn it ferline.

Perspektyf

Sawol de passaazjes oer it no as de passaazjes oer it ferline binne skreaun út it perspektyf fan haadpersoan Eeltsje wei. It ik-perspektyf fan Eeltsje leveret gjin problemen op. Nij kin wêze foar in N4-lêzer dat Eeltsje somtiden kommintaar jout op syn eigen skriuwen en oan metafertellen docht. 

Betsjutting

In N4-lêzer sil benammen betsjutting hechtsje oan dit ferhaal as in ferslach fan in moreel en psychologysk fraachstik. In N5-lêzer sil fierder gean kinne, sa as neitinke oer de djippere lagen fan it boek en yngean op foarmeksperiminten. Fierders kin in N5-lêzer de resepsje fan it boek behannelje. In N6-lêzer kin lykas in N5-lêzer yngean op de resepsje, mar ek op it autobiografyske gehalte fan it boek en de yngewikkelde ferhâlding tusken skriuwer en haadpersoan. Hy kin dêr ek yntertekstuele aspekten by belûke.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Eeltsje de Vries is it wichtichtse karakter yn dit boek. Hy makket in dúdlike ûntwikkeling troch. Foar in N5-lêzer sil de haadpersoan gjin problemen opleverje: in N5-lêzer is wend oan tematyk en personaazjes dy't net direkt werkenber binne yn syn eigen wrâld. Boppedat is de lêzer hieltyd tsjûge fan Eeltsje syn gedachten en dat makket syn gedrach net ûnfoarspelber of ûnbegryplik.

Oantal karakters

Der binne nochal wat personaazjes omdat de famyljeferhâldingen beskreaun wurde. Net allinnich de famylje fan haadpersoan Eeltsje komt oan bod, mar ek de foarâlden fan syn mem. Dat makket dat de lêzer nochal wat personaazjes te ferwurkjen krijt.

Untjouwing fan de karakters

Haadpersoan Eeltsje ûntjout him yn it ferhaal. Troch syn freonskip mei de Joadske Deef en Betsy krijt er stadichoan de moed om mei harren te praten oer syn heit en dy syn fout-wêzen yn de oarloch.

Ferantwurding

Foar dizze tekst is gebrûk makke fan de resinsje 'Romandebút fan Steven de Jong (II)' fan Anne Wadman, Frysk en Frij, 15 april 1989.

Relevante  boarnen foar dosinten

* 'Ynterview Steven de Jong' troch Henk te Biesebeek, lûdsopname 1992.
* In krante-artikel fan Jan Kroes oer Steven de Jong nei't dy de Gysbert Japicx-priis wûn hat. Leeuwarder Courant, 21-08-1992.
Beide te finen op tresoar.nl by it boekprofyl.
* Ynterview fan Sietse de Vries mei Steven de Jong oer literatuer en dichtsjen. Leeuwarder Courant, 28-01-2011, fia biografyske skets fan Steven de Jong op tresoar.nl