Fries | niveau 1 | Lockdownleafde

Lockdownleafde

Lockdownleafde

Talsma, Hilda
Niveau
Niveau 1
Jaar uitgave
2021
Uitgeverij
Elikser
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
98
Genre
  • sosjale roman
Tags
  • koroana
  • spanning
  • leafde
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Skriuwster Hilda Talsma (1971) út Warten publisearre yn 2011 har earste roman, De twadde hûd. Tusken dy debútroman en Lockdownleafde (2021) – it kadoboek ta gelegenheid fan de Fryske boekewike – ferskynden hiel wat oare titels fan har hân, ûnder oare de Frisum-trilogy en de Wyn-trilogy.

Yn de literatuerfilm Yn dit lânskip leit myn libben omskriuwt se har romans as ‘streekromans en chicklit-achtich.’ Se krijt fan lêzers in soad positive reaksjes, omdat dy har boeken lêsber en flot fine. De situaasjes dy’t beskreaun wurde, binne foar in protte minsken werkenber.

Inhoud

It lân leit plat troch koroana. Dat jildt fansels ek foar club Panhuys yn Ljouwert. Clubeigner en DJ Ewald kin it wat wylde libben dat er foar koroana hie net fuortsette. Koroana set him oan it tinken. Hy beslút om syn libben oars yn te rjochtsjen.

Leesaanwijzingen

Lockdownleafde is ek in geskikt boek foar lêzers dy’t noch net sa wend binne oan (Frysk) lêzen. It boek is net tsjok mei aksje en tempo. Wat bart, is werkenber en soms sensasjoneel (bgl. hurde dialogen, seks, konfrontaasjes). Benammen yn de dialogen sit humor.

Miskien kinst dy wol goed foarstelle wat Ewald meimakket en situaasjes en hannelingen werkenne (útgeanslibben, libbensfragen, relaasjes, karantêne, sitaten). It ûnderwerp – folwoeksen wurde – is geskikter foar boppebou- as foar ûnderboulearlingen fan in jier as 16 ôf.

Om over na te denken

Wat is dysels it meast bybleaun út de koroanatiid? Hoe hat koroana dyn libben of dat fan dyn famylje of freonen feroare? Hoe wurdt tsjintwurdich oer de koroanatiid praten?

Waardering

‘Hilda Talsma hat in tagonklik boek skreaun dat lêst as it spoar.’ (Abe de Vries op syn bloch seedyksterfeartfisk).

‘De skriuwster hat it boek dúdlik mei in soad wille skreaun. It ferhaal dolt net djip, mar de styl fan fertellen is in lust.’ (Doeke Sijens, LC 26 febrewaris 2021).

Opmerkingen

Dit wie yn 2021 it kadoboek yn de Fryske Boekewike. It wie in grut sukses en rekke dy wyks twa kear útferkocht.




Leestips/meer weten

Website Hilda Talsma
Talsma, Hilda (tresoar.nl)
Fryslân dok: Yn dit lânskip leit myn libben. https://youtu.be/6p4y_VBMh2M

Samengesteld door

Fardau Visser

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Talsma, Hilda Lockdownleafde
NûmerNStart/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuskwestje: ompakke mei in probleem en dêr in oplossing foar sykje
Learst

om dyn miening te jaan oer aksjes fan de haadpersoan

Opdracht

As de lockdown oankundige wurdt, rint Ewalt mei de siele ûnder de earm troch Ljouwert. Ljouwert wie in spûkstêd wurden, leech en keal, sûnder gesellichheid en sûnder oare minsken.

Ewalt siket waarmte by Anita dy’t him achterôf fertelt dat se al in relaasje hat mei Johan.

Wiken letter komme se derachter dat Anita in berntsje fan Ewald ferwachtet. Wat moat Ewald no?

  1. Hoe reagearret Johan? It antwurd siet op side 82.
  2. Wat riedt syn kunde Durk him oan? It antwurd stiet op side 92.
  3. Watfoar oplossing wol Anita it leafst? It antwurd stiet op side 94.
  4. Wat is de oplossing dy’t Ewald kiest yn dizze situaasje?
  5. Fynst dat er wol in goed beslút nimt?
  6. Wat sil feroarje yn it libben fan Ewald? Lis dyn antwurd út (25 wurden).
  7. Hasto wolris wat meimakke dat dyn libben ynienen hielendal feroare? Lis út.
Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Talsma, Hilda Lockdownleafde
NûmerNStart/2
Nivo1
Stúdzjelêst1/2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusbeskriuwing fan in personaazje
Learst

om wurden yn de teksten om te setten nei fantasy

Opdracht

Yn haadstik 11 komt Ewald by syn nij poetsadres. Dat wurdt yn de tekst beskreaun:

It nije poetsadres is in pleatske dat midden yn 'e greiden stiet, krekt bûten de stêd. Ewald sit moarns al om healwei njoggenen by in suterich mantsje fan in jier as sechstich oan 'e tafel en as dy in fluts kofjemolke yn 'e kofje docht, skiftet dat. …
‘Hoe komt sa’n dinky toy as dy eins yn 'e húshâlding telâne?’ freget it goare gebit wylst it tagelyk muoisum in stik koeke besiket wei te kôgjen, mei bybehearrende smakgelûden.

  1. Wat is in ‘poetsadres’?
  2. Wat betsjut ‘in pleatske yn de greiden’?
  3. Wat is in ‘suterich mantsje’?
  4. Wat is in ‘fluts kofjemolke’?
  5. Wat betsjut ‘skiftsje’ en hoe kin it dat de kofjemolke skiftet?
  6. Wat is in ‘dinky toy’? Lis út wêrom Durk Ewald sa neamt.
  7. Wa wurdt bedoeld mei ‘it goare gebit?’
  8. Wêrom kôget it suterige mantsje ‘muoisum’ it stik koeke wei?
  9. Wat heart Ewald oer de achtergrûn fan Durk? Sjoch foar it antwurd op side 74.
  1. Fynt Ewald it letter wol moai om by Durk te wurkjen? Lis dyn antwurd út. Sjoch foar it antwurd op side 78.
  2. Stel dy foar dat dyn pake sa libje soe as Durk. Soest it dan leuk fine om by him op besite te kommen? Lis dyn antwurd út (25 wurden).
Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Talsma, Hilda Lockdownleafde
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusomslach
Learst

om it omslach te ferbinen oan de ynhâld fan it boek en dêr in miening oer te foarmjen

Opdracht

Sjoch goed nei it omslach fan it boek.

  1. Beskriuw watst allegear sjochst.
  2. Wêrom tinksto dat dy dingen op it omslach stean?
  3. Beäntwurdzje op papier de folgjende fragen:
    a) Fynst dat it omslach goed by it boek past? Wêrom wol of wêrom net (50 wurden)?
    b)
    Soe it boek dy oansprekke ast it yn de winkel lizzen seachst? Wêrom wol of wêrom net (50 wurden)?
    c)
    Meitsje no dyn eigen omslach foar it boek yn Word, PowerPoint of fia Canva.com. Lis út wat der allegear op dyn omslach stiet en wêrom’tst dêrfoar keazen hast.
Makke trochFardau Visser

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Talsma, Hilda Lockdownleafde
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmotto
Learst

om motto's te werkennen en út te lizzen

Opdracht

Skriuw de antwurden op de folgjende fragen op:

  1. Foaryn it boek stiet “De leafde is in feestje, fier it alle dagen!”. Dat is it motto fan it boek. Sykje op ynternet op wat in motto yn in boek is. Wêr tsjinnet in motto foar?
  2. Fynsto dat dit motto goed by it boek past? Motivearje dyn antwurd (50 wurden).
  3. Opfallend oan it boek is dat der oan it begjin fan de haadstikken sitaten stean. Soms komme se fan bryfkes dy’t Emma foar Ewald skreaun hat en soms binne it sinnen dy’t Ewald of oare persoanen yn it ferhaal sein hawwe. Sykje trije sitaten út it boek út dy’t neffens dy it bêste by it ferhaal passe. Lis dyn antwurd út.

    Foarbyld: ‘Within crisis, are the seeds of opportunity.’
    Betsjutting: In krisissituaasje jout ek kânsen.
    Yn it boek soarget de lockdown derfoar dat Ewald neitinkt oer syn libben en in bewuste kar makket.

  4. Sykje sels in sitaat op dat neffens dat goed by it ferhaal as gehiel past. It kin bygelyks in sitaat wêze út in oar boek, in film, in liet. Dat sitaat mei net al yn it boek stean. Miskien kenst al ien, oars kinst ek op ynternet sykje. Lykas yn it boek makket it net út yn hokker taal it sitaat skreaun is. Lis út wêrom’t dyn sitaat typysk is foar it ferhaal.
Makke trochFardau Visser
Boek Talsma, Hilda Lockdownleafde
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuskarakters
Learst

om de haadpersoanen te karakterisearjen en de karakterferoaring te beskriuwen

Opdracht

De measte personaazjes yn it boek kenne elkoar fan Club Panhuys. Yn de tiid fan de lockdown is it lestich om nije minsken te treffen: datingapps wiene dêrom tige populêr.

Stel dy ris foar dat de haadpersoan Ewald op syk giet nei leafde foar de lockdown en in profyl oanmakket op in datingwebside. Hoe soe syn profyl derút sjen? Yn elts gefal befettet it profyl de folgjende ynformaasje:

  1. In foto
  2. Namme
  3. Leeftyd
  4. Wenplak
  5. Hobbys en ynteresses
  6. Hoe’t freonen fan Ewald him omskriuwe soene
  7. Wêr’t Ewald nei op syk is

Kinst it profyl meitsje yn bygelyks PowerPoint of fia Canva.com. Fansels meist mear ynformaasje tafoegje as dêr’t om frege wurdt.

Oan ’e ein fan it boek wurdt sein dat de lockdown Ewald in spegel foarholden hat. Stel dy foar dat Ewald oan ’e ein fan de lockdown wer in datingprofyl oanmeitsje soe. Hoe soe dat der dan útsjen? Hokker dingen dy’tst yn it profyl by stap ien setten hast soest feroarje? Motivearje dyn antwurden en skriuw se út (50 wurden).

Makke trochFardau Visser

Docenteninformatie

Yntroduksje

Skriuwster Hilda Talsma (1971) publisearre yn 2011 har earste roman, De twadde hûd. Tusken dy debútroman en Lockdownleafde (2021) – it kadoboek ta gelegenheid fan de Fryske boekewike – ferskynden hiel wat oare titels fan har hân, ûnder oare de Frisum-trilogy en de Wyn-trilogy.

Yn de dokumintêre Yn dit lânskip leit myn libben omskriuwt Talsma har romans as ‘streekromans en chicklit-achtich.’ Se krijt fan lêzers in soad positive reaksjes, omdat dy har boeken lêsber en flot fine. De situaasjes dy’t yn har boeken beskreaun wurde binne foar in protte lêzers werkenber.

Ynhâld

It is 2020. It lân leit plat troch de lockdown fanwege in koroana-útbraak. Dat jildt fansels ek foar club Panhuys yn Ljouwert. Clubeigner en DJ Ewald kin it wat wylde libben dat er foar koroana hie net fuortsette. De lockdown set him oan it tinken en hy beslút om syn libben oars yn te rjochtsjen.

Swierte

Lockdownleafde is in N1-boek. Foar lêzers dy’t noch net sa wend binne oan (Frysk) lêzen en der ek noch net sa gek op binne, is it boek goed te begripen. De N1-lêzer wol him graach fermeitsje litte wol troch in boek en dat sil goed slagje yn it gefal fan Lockdownleafde.

It boek is net tsjok, der is aksje en der sit tempo yn. Wat bart is werkenber en ek wol sensasjoneel (bgl. hurde dialogen, seks, konfrontaasjes). Der sit ek wol humor yn.

De N2-lêzer sil in soad situaasjes en hannelingen yn it boek werkenne (útgeanslibben, libbensfragen, relaasjes, karantêne, oansprekkende sitaten). Nettsjinsteande dat de roman yndield is op N1-nivo, is de tematyk – folwoeksen wurde - geskikter foar boppebou- fan in jier as 16 ôf as foar ûnderboulearlingen.

Didaktyske en letterkundige analyze

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

Lockdownleafde is in aktueel ferhaal dat N1-lêzers fermakket.

Der is yn it ferhaal in soad aksje. De hanlingen folgje inoar yn heech tempo op. De tinzen fan it haadpersonaazje bliuwe oan de flakte.

It ferhaal is yndield by it N1-nivo. Omdat opdrachten op N1-nivo lykwols foar guon learlingen wat dreech binne, binne opdrachten op ynstapnivo tafoege. Dêryn wurdt frege nei wurdbetsjuttingen, en wurdt de link lein mei it persoanlik libben en -hooplik- de ynteresses fan de learling.

It ferhaal lit him troch alle N1-lêzers flot trochlêze.

N2-lêzers sille in protte bekends yn it ferhaal tsjinkomme en de eigen wrâld werkenne: fragen oer it eigen plak yn it libben en oer relaasjes, mar wierskynlik ek de wrâld yn koroanatiid.

De personaazjes binne jongfolwoeksenen. Har leeftyd wurdt net neamd, mar se sille om de tweintich hinne wêze. Dat makket de roman benammen geskikt foar 16+-lêzers.

Ynteresses

It boek is gaadlik foar lêzers dy’t graach lêze wolle oer it deistige libben fan jonge Friezen yn in tiid fan koroana, lockdown en karantêne. It boek spilet him ôf yn Ljouwert en jout in byld fan it Fryske stêds- en útgeanslibben.

Foar de N1-lêzer is it in spannend ferhaal mei humor en aksje op it mêd fan leafde en freonskip. De N2-lêzer kin him meinimme litte troch de dramatyk yn it libben fan personaazjes (sykte, relaasjes, freonskip, leafde) en him ûntspanne by in meislepend ferhaal. De N2-lêzer kin in mei dizze roman in positive lêsûnderfining opdwaan.

Algemiene kennis

De algemiene kennis fan N1-en N2-lêzers sil tarikkend wêze om dit boek begripe te kinnen.

Yn it boek wurdt Ljouwerters praat. Dat freget fan N1- en N2-lêzer miskien even wat omskeakeljen, mar wierskynlik fine lêzers op beide nivo’s dat wol amusant.

De koroanakrisis is tiidsbûn. It is de fraach oft oer in pear jier de lêzers de wrâld út Lockdownleafde noch werkenne út de eigen ûnderfining.

 

Spesifike literêre en kulturele kennis

Net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

De wurden dy’t Talsma brûkt binne in mjuks fan Fryske sprektaal en geeffryske wurden. Op it mêd fan wurdkar binne gjin problemen te ferwachtsjen foar it begryp fan N1- en N2-lêzers.

Foarbylden:’Emma, kappe no! Sit my net sa freeslik deun op ’e hûd.’ (s. 34) ‘Der komt in boaze frou achteroan, dy’t tsjin him oan botst’ (s. 39).

Sinskonstruksjes

De sinnen binne koart. Dat komt ek trochdat der in protte dialogen en ynwindige monologen yn it boek sitte. WhatsAppberjochten steane ek yn de tekst en dy binne koart en werkenber, want se binne griis arsearre. De sinnen binne linich as yn it gewoane deistige Frysk dêr’t N1- en N2-lêzers oan wend binne.

Styl

Hanlingen, dialogen en tinzen binne yn ynformele en konkrete taal werjûn. Dat sprekt de N1- en N2-lêzer oan, omdat it harren net al te dreech makke wurdt om de tekst te lêzen en it ferhaal te folgjen. De haadstikken begjinne mei Ingelske, Nederlânske en Fryske sitaten. Dy sille benammen de N2-lêzer oansprekke fanwege de tapasberheid op it eigen libben.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn Lockdownleafde bart in soad en yn in heech tempo. De haadstikken binne koart, yn alle haadstikken bart wat nijs. De aksjes binne ek wol sensasjoneel: der komt seks yn foar en in fjochtpartij. Dat sil de N1-lêzer dy’t út is op ferdivedaasje (spanning, drama, humor) oansprekke.

De N2-lêzer sil ûnderwerpen en personaazjes werkenne en him meinimme litte troch de dramatyk yn it ferhaal.

Gronology

It ferhaal wurdt gronologysk ferteld. Der sit in sprong tusken it pree-koroanatiidrek en de tiid fan lockdown. Dat is faaks wat lêstich foar de N1- en N2-lêzer, omdat se wat út it ferhaal helle wurde. Yn it ferhaal sit mar ien sa’n grutte tiidsprong.

Ferhaalline(n)

De lêzer folget ien ferhaalline, dy fan Ewald. N1- en N2-lêzers sille it ienfâldich opboude ferhaal sûnder obstakels dy’t ôfliede fan de hanneling witte te wurdearjen.

Perspektyf

It perspektyf leit by haadpersonaazje Ewald. Foar N1- en N2-lêzer is dat oantreklik, omdat se har net hoege ôf te freegjen wa’t der oan it wurd is. De lêzers op N1- en N2-nivo kinne dêrtroch flot en sûnder ‘obstakels’ trochlêze.

 

Betsjutting

De N1-lêzer sil it ferhaal lêze as in net al te dreech ferhaal mei in soad aksje, humor en wat sensaasje.

De N2-lêzer sil it boek lêze as in ferhaal oer leafde en relaasjes. De N2-lêzer sil him situaasjes yn de tiid fan de lockdown wer yn it sin bringe kinne en deroer neitinke hoe’t dy tiid wie.

It ferhaal is in aardich tiidsdokumint fan de koroanakrisis

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Nêst Ewald binne der in protte oare personaazjes. Dat is lykwols gjin probleem foar N1- en N2-lêzers. Se hoege nammentlik allinne Ewald mar goed te folgjen om it ferhaal te begripen. De oare personaazjes binne benammen rânefigueren. De N1-lêzer sil him oansprutsen fiele troch de wat oerflakkige skildering fan minsken út it Ljouwerter stêds- en útgeanslibben. De N2-lêzer sil benammen nijsgjirrich wêze nei de wei dy’t Ewald te gean hat, de kar dy’t er makket op ‘e ein fan it ferhaal en de werkenberheid dêrfan.

Hoemannichte

De hoemannichte karakters is net in probleem om wille te belibjen oan it ferhaal. Der binne in soad personaazjes, mar yn wêzen is allinne Ewald fan belang. De oare karakters spylje in byrol yn syn libben.

Untjouwing fan de karakters

Ewald tinkt nei oer it libben en syn plakje op de wrâld. Dat makket dat er syn libben oan 'e ein fan it ferhaal oars ynrjochtet. De oare personaazjes binne net útwurke. Dat makket it ferhaal goed te folgjen foar N1- en N2-lêzers.

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten

Website Hilda Talsma
Talsma, Hilda (tresoar.nl)
Fryslân dok: Yn dit lânskip leit myn libben. https://youtu.be/6p4y_VBMh2M