Fries | niveau 2 | Feroaring fan lucht

Feroaring fan lucht

Feroaring fan lucht

Velde, Rink van der
Niveau
Niveau 2
Jaar uitgave
1971 [17de pr. 2014]
Uitgeverij
Friese Pers Boekerij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
195
Genre
  • skelmeroman
  • sosjale roman
Tags
  • Drachten
  • frijheid
  • natuer
  • yndustrialisaasje
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

 

Over de auteur

Rink van der Velde (1932-2001) wie in populêre Fryske skriuwer en sjoernalist by de Ljouwerter Krante. Fan syn goed fjirtich boeken en ferhalebondels binne mei elkoar mear as 200.000 eksimplaren ferkocht.
De Fûke wurdt algemien sjoen as ien fan syn allerbêste boeken, mar fan Feroaring fan lucht ferskynden fierwei de measte eksimplaren, mear as 34.000. Dat is yn Fryske ferhâldingen in absolute bestseller.
Van der Velde ûntwikkele syn skriuwstyl út de sjoernalistyk wei. Foar de krante spesjalisearre er him yn it beskriuwen fan histoaryske foarfallen en opfallende persoanen. Syn foarkar foar frijfochten types is werom te finen yn de haadpersoanen fan syn romans en ferhalen. De striid fan de lytse man dy't gjin gesach boppe him duldt, is in sintraal tema yn syn wurk. De Twadde Wrâldoarloch is ek in belangryk tema yn syn boeken. Hy skreau ek in rige plysjeromans.
Van der Velde wenne ûnder oare op De Gordyk, Drachten, De Wylgen en Ljouwert, mar hie syn ûntwyk op in arkje yn ien fan de petgatten fan De Feanhoop. Dat arkje wurdt no ferhierd oan skriuwers om dêr in skoft yn alle rêst wurkje te kinnen. Nei syn ferstjerren hawwe syn útjouwer de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smellingerlân de Rink van der Veldepriis ynsteld, de priis foar it bêste Fryske proazawurk fan de ôfrûne twa jier.

Inhoud

De haadpersoan yn dizze roman, Durk Snoad (offisjele namme: Lugtigheid), is in echte wâldpyk. Mei syn grutte húshâlding, de hûn Bijke en wat kninen en in geit wennet er yn in ûnbewenber ferklearre wenning op de Sânleane yn Beetstersweach. Durk hat in lytse útkearing en skarrelt dêrnjonken de kost by inoar mei allerhanne saken wêrfan't de measten it ljocht net ferdrage kinne. Hy fielt him kening yn syn eigen keninkryk en sa frij as God yn Frankryk. Gesach erkent er net. Seker net as dat komt fan minsken dy't him de wet foarskriuwe wolle lyk as amtners fan sosjale saken of de boskwachter. Opbokse tsjin syn eigen frou en âldste bern, dat slagget him no krekt net. Hy moat belies jaan en ferhúzje nei in nijbouwente yn Drachten en sels oan it wurk op Philips.

Leesaanwijzingen

Yn it earste haadstik komst yn 'e kunde mei Durk Snoad en syn húshâlding. Troch de koarte sinnen en de direktens fan de taal lêst it boek flot. Rink van der Velde tekenet de persoanen en de hûn Bijke, de âlde klinte dêr't se wenje, it lânskip dêromhinne en de frije natuer skerp út. Silst sjen dat it boek dy al gau meinimt. Durk Snoad docht syn bêst om de húshâlding fan it nedige te foarsjen en om syn frijheid te bewarjen. Hy moat it sels opnimme tsjin syn eigen frou en bern. Oft er dat folhâldt?

Om over na te denken

Hâldsto fan dyn frijheid en hast in hekel oan regels dy't dyn frijheid ynperkje en dingen dy't dy oplein wurde? Hoe reagearrest dan? Hoe fier soesto gean om dyn frijheid te hâlden of te fergrutsjen?

Waardering

'Feroaring fan lucht: in nij hichtepunt!'
Freark Dam yn de Ljouwerter Krante

'De libbene beskriuwing fan in âlderwetske praatsjemakker dy't him foar it wurk wei wine moat, omdat er fiersten te folle om hannen hat om der ek noch by arbeidzje te kinnen, wie efterôf besjoen it bêste wat der yn Fryslân yn 1971 skreaun is.'
Jan Wybenga yn de Ljouwerter Krante

Opmerkingen

Feroaring fan lucht is online beskikber op de dbnl en it is ek te krijen as harkboek. It boek is oerset yn it Nederlânsk ûnder de titel Verandering van lucht. Fan it boek is in muzykspul makke en in iepenloftspul.
Rink van der Velde hat yn 1975 de Gysbert Japicxpriis krigen foar syn hiele oeuvre.




Leestips/meer weten

Biografyske skets fan Rink van der Velde op tresoar.nl
Boekprofyl fan Feroaring fan lucht op tresoar.nl
Jelle van der Meulen op syn Friese literatuursite

Samengesteld door

Lieukje Leistra-Reidstra

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Velde, Rink van der Feroaring fan lucht
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om nei te tinken oer de titel fan it boek

Opdracht

1. Wat is de algemiene betsjutting fan 'feroaring fan lucht'?

2. Lês side 173, de titel op side 197 en de lêste sin fan it boek op side 207.
Yn elk stikje komt 'feroaring fan lucht' foar. Lis de betsjutting dêrfan yn dy stikjes út (de sidenûmers binne dy fan de 13de o/m de 16de printinge. Yn de 17de printinge binne se resp. 154, 177, 187).

3. Watfoar feroaring fan lucht yn it boek is negatyf foar Durk Snoad? Lis dat út.

4. Watfoar feroaring fan lucht yn it boek is posityf foar Durk Snoad? Lis dat út.

5. De titel fan it boek is Feroaring fan lucht. Wêrom tinksto dat de skriuwer foar dy titel keazen hat? Fynsto it in goede titel? Lis dyn antwurd út.

6. Betink sels in titel foar it boek en lis út wêrom oftsto dy titel keazen hast.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Velde, Rink van der Feroaring fan lucht
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusrake beskriuwingen
Learst

om nei te tinken oer de beskriuwing fan persoanen, plakken of gebeurtenissen yn it boek

Opdracht

Rink van der Velde waard faak priizge om't er mei wurden persoanen en gebeurtenissen yn syn boeken sa raak delsette.
Yn dizze opdracht makkest in yllustraasje foar it boek Feroaring fan lucht.

1. Sykje earst út watfoar persoan of plak of foarfal oftsto tekenje silst.

2. Lês nochris in stikje oer de persoan, of it plak of it foarfal dêr'tst de tekening oer meitsje silst.

3. Meitsje de tekening. Dat kin yn swart-wyt of kleur mei allerhanne materialen.

4. Meitsje in byskrift by dyn tekening.

5. Jou oan op watfoar side fan it boek dyn yllustraasje komme moat en beskriuw yn heechút fiif rigels wêrom.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Velde, Rink van der Feroaring fan lucht
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokushaadpersonaazje
Learst

om nei te tinken oer it karakter fan de haadpersoan

Opdracht

De namme fan de haadpersoan fan Feroaring fan lucht is Durk Lugtigheid. Syn bynamme is Durk Snoad.

1. 'Snoad' is letterlik oerset yn it Nederlânsk 'snood'. Sykje yn in Nederlânsk wurdboek it wurd 'snood' op en skriuw de betsjutting op.

2. Fynsto de betsjutting fan it Nederlânske wurd snood fan tapassing op Durk Snoad? Lis út wêrom wol of wêrom net.

3. Sykje no om 'snoad' op www.taalweb.frl. Skriuw de betsjuttings fan it wurd op.

4. Hokker fan de trije betsjuttings fynst it meast by de figuer fan Durk Snoad passen? Jou trije redenen wêrom'tsto dat fynst.

5. Sykje in stikje tekst út dêr't it snoade fan Durk Snoad út blykt en dat dyn kar nochris stipet. Jou it sidenûmer derby.

Bronnen

WFT online

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Velde, Rink van der Feroaring fan lucht
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel (kin ek yn twatal)
Fokusôfrin
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld fan it lêste haadstik

Opdracht

Lês it lêste haadstik dêr't de skriuwer de ôfrin fan it ferhaal yn fertelt.

1. Hat dit boek in iepen of in sletten ein? Lis dyn antwurd út.

2. Om Foekje oer te heljen wer nei de Sânleane te ferhúzjen lit Durk har it stikje
'Woningen gekraakt in Amsterdam' út in âlde krante lêze. Meitsje in artikeltsje fan sa'n hûndert wurden foar in lokale krante (bg. de Drachtster Courant) oer it kreakjen fan de wente oan de Sânleane yn Beetstersweach troch Durk Snoad en syn famylje.

3. Oan 'e ein fan it boek lit Foekje witte wer yn ferwachting te wêzen. Meitsje in bertekaartsje fan de berte fan it trettjinde bern fan Durk en Foekje sawat yn it lêst fan desimber. Brûk dêr de wurden 'feroaring fan lucht' yn. Meist sels betinke oft it in jonkje of famke is. De namme meist ek sels betinke, mar neam it wol passend by de ideeën dy't Durk en Foekje dêr oer hawwe.  

4. Meitsje in slot fan in heal A4 oan it ferhaal nei de berte fan de lytse poppe.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Velde, Rink van der Feroaring fan lucht
NûmerN2/3
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmtwatal as it mooglik is, oars yndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om personaazjes en relaasjes te analysearjen

Opdracht

Yn dizze opdracht makkest in sosjogram ('sociogram') fan de foarnaamste personaazjes. In sosjogram is in tekening dy't oanjout hoe't de ûnderlinge ferhâldings tusken minsken binne.
Fan de twadde persoan Aeltsje is oan de ein in útwurking fan de fragen en opdrachten jûn as foarbyld. Sjoch by de Downloads hjirûnder foar it sosjogram.

It giet om de folgjende personaazjes út it boek

Foekje
Aeltsje
Willem
de húshâldster fan Ale de Haan
Feike Dam
De Vries
Hiemstra
boargemaster

1. Jou by de earste trije oan yn watfoar relaasje se steane ta Durk Snoad.

2. Jou fan de oaren oan wat harren funksje of rol is yn it ferhaal.

3. Nim it lege skema hjirûnder oer en set de namme fan Durk Snoad yn it midden. De nammen fan de acht personaazjes komme yn de fakken dêromhinne

4. Lûk linen tusken de personaazjes dy't mei elkoar te meitsjen ha.

5. Jou oan hoe't harren ferhâlding is mei Durk Snoad. Bg. goed, min, is it mei him iens ensafh.

6. Soest de skriuwer ek as personaazje opfiere kinne? Wêrom wol of net? Hoe soe syn ferhâlding ta Durk Snoad wêze?

Foarbyld útwurking: Aeltsje
1. Aldste dochter fan Durk Snoad.
3. De namme komt bg. yn it twadde fak links.
4. Der komt in line nei Foekje (dochter en mem) en nei Willem (suster en broer).
5. Min, se is it meastal net mei him iens (oer wize fan libjen, wenjen en wurk).

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Velde, Rink van der Feroaring fan lucht
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusopbou
Learst

om nei te tinken oer de opset en yndieling fan it boek

Opdracht

Tink derom: de haadstikyndieling sa't dy hjir neamd wurdt is dy fan de 13de printing (1990) of letter.

1. Feroaring fan lucht soest yn twa dielen knippe kinne. It earste diel rint dan fan haadstik 1 o/m haadstik 9. It twadde diel fan haadstik 10 ('It moat fansels earst wol wenne, benammen foar Kekke en Bijke.') o/m it lêste haadstik. Watfoar titel soest foar it earste diel brûke kinne en watfoar foar it twadde diel?

2. Eins soenen de lêste twa siden te begjinnen by: 'Dan wurdt de kûgel troch de tsjerke jage...' noch in oare titel hawwe moatte. Hoe soest dat stik neame kinne?

3. Van der Velde brûkt gjin haadstiknûmers en ek gjin echte koarte haadstiktitels. Jou oan fiif haadstikken in titel. Dat meie net de haadstikken wêze dêr't de skriuwer yn oan it wurd is.

4. Watfoar funksje hawwe neffens dy de haadstikken dêr't de skriuwer yn oan it wurd is?

5. Van der Velde hat by de útjefte fan 1990 in nij haadstik 2 ynfoege mei as titel 'Pake fertelt, of: de tiid fan doe, ferklearre foar de jongerein fan no.'
Jan Wybenga hat it dêr oan de ein fan syn artikel yn de Leeuwarder Courant oer (sjoch by de boarne). Wat fynt hy fan dat nije haadstik? Bisto it mei syn krityk iens of net? Lis dyn antwurd út.

Bronnen

Jan Wybenga, 'Durk Snoad yn 't nij', Ljouwerter Krante 08-06-1990

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Velde, Rink van der Feroaring fan lucht
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel (kin ek yn twatal)
Fokusûntjouwing
Learst

om te reflektearjen op de feroarings dy't plakfine yn it libben fan minsken ûnder ynfloed fan de yndustrialisaasje

Opdracht

Tsjin syn sin ferhuzet Durk Snoad mei de húshâlding nei Drachten. Lês haadstik 10, 11 en 13 (yn de 13de printing of letter, yn eardere printings binne it de haadstikken 9, 10 en 12).

1. Set yn it skema hjirûnder hoe't Durk wennet, wurket, wêr't er him oars mei dwaande hâldt (leafhawwerijen), him klaait. Set yn de lêste rigele mei 'bern' de belangrykste feroarings foar de bern.

                                        Oan de Sânleane                                Yn Drachten

  wenning

 

 

  wurk

 

 

  hobbys

 

 

  klean

 

 

  bern

 

 


In soad minsken rûnom út Fryslân wei ferhuzen yn de jierren '50 en '60 nei Drachten. Dêr wie foaral by Philips genôch wurk foar minsken fan it plattelân en der waard folop wenromte boud.

2. Lês it tekststikje by de boarne oer in frou dy't nei Drachten ferhuze yn de jierren '50.

3. Lês nochris haadstik 10 en ferlykje de ûnderfinings fan Foekje mei dy fan frou Reidsma út de boarne. Neam fiif dingen dy't foar Foekje like nij binne as foar de frou yn it stikje.

4. Durk wie wend en hâld appèl. Wat betsjut 'appèl hâlde' en wêr wurdt it faak dien? Wat wie it doel fan it appèl fan Durk Snoad? Wêrom docht er it yn Drachten net mear?

5. Durk wol stomme graach werom nei de Sânleane, mar moat Foekje oerhelje. Hy brûkt de bern as argumint. Op watfoar wize? (Sjoch it lêste haadstik.)

6. Tinksto dat Durk ek ynsit oer hoe't it mei de bern komt? Lis dyn antwurd út.

Bronnen

"Wy wennen yn in lyts, âld hûs yn in doarpke yn it noarden fan Fryslân. Dêr wennen ek ús âlden, en guon troude broers en susters. Us hûs hie in keamer, in alkoof, in keuken mei in pomp en petroalje-stellen, in húske mei in tontsje en in achterhûs mei in reinwetterbak. Myn man wie timmerman. In soad wurk wie der net, dat faak holp er in boer mei it melken en yn de fakânsje makken wy de skoalle skjin. Hy koe yn 1957 in baan yn Drachten krije, dêr't doe in soad boud waard. Dat wy ferhuzen dêrhinne. Us nije hûs wie krekt klear. It wie it middelste fan in streekje fan sân. It hie in gong, in grutte keamer, in aparte keuken mei gas om op te itensieden en in geiser, in wetterkloset, in trep nei boppen mei dêr trije sliepkeamers en in baaikeamer mei in lavet en dêrboppe in brûs. Yn de kûp koe in saneamde 'langzaamwasser'. Ik wist net wat ik seach. Ik rûn altyd op klompen, mar yn Drachten hienen de froulju skuon oan. Ik tocht dat it  ferpleechsters wienen, want se droegen hast allegearre in wite knoopskelk. Yn de winkels ferstie ik ek net alles wat der sein waard. Se brûkten soms hiel oare wurden. Ik wie yn it earstoan sa ûnwennich as in kat. Wy hienen doe twa bern en dat wie mar goed ek want oars hie ik weromgien."


Oantinkens fan frou B. Reidsma-Wassenaar
út: Alve-en-trich, Finsters op de Fryske skiednis, diel 3. Finster 39.

Mear oer de yndustrialisaasje yn Fryslân op
De Kanon fan de Fryske Skiednis: Finster 39.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Velde, Rink van der Feroaring fan lucht
NûmerN3/3
Nivo3
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusit wurk fan Rink van der Velde
Learst

om te reflektearjen op de ynhâld fan de boeken fan Rink van der Velde

Opdracht

1. Lês de ynformaasje by 'Oer de auteur' op de dosinteside troch en folje de kolom 'ûnderwerp' yn fan de tabel oan de ein.
Set by 1 en 2 wêr't de skriuwer him yn spesjalisearre as sjoernalist.
Set by 3 foar wat foar type haadpersoan hy in foarkar hie.
Set by 4 wat yn syn wurk in sintraal tema is.
Set by 5 wat yn syn wurk ek in belangryk ûnderwerp is.

2. Jou yn de twadde kolom oan mei in  +  wat wol jildt en mei in  -  wat net jildt foar Feroaring fan lucht.

3. Sykje op ynternet fjouwer oare boeken fan Rink van der Velde op of brûk de fjouwer hjirûnder neamde titels. Sammelje ynformaasje oer de ynhâld fan dy boeken, bg. op Sirkwy.frl of in oare site.
Mooglike titels: De Fûke, Pake Sytse, De lange jacht, It guozzeroer.

4. Jou yn de tabel foar elk boek op deselde wize ast by opdracht 2 foar Feroaring fan lucht dien hast oan wat wol of net foar it boek jildt.

5. Fynst dat Feroaring fan lucht past by it oare wurk fan Rink van der Velde? Om watfoar redenen wol en/of net?

6. Ast sjochst nei de tabel, past de ynhâld fan de boeken by de omskriuwing fan it wurk fan Rink van der Velde yn 'Oer de auteur' ? Wêrom wol of net?

7. Wat komt neffens dy it meast foar yn it wurk fan Rink van der Velde?

 

ûnderwerp

Feroaring fan lucht

boek 1

boek 2

boek 3

boek 4

1.

2.

3.

4.

5.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Docenteninformatie

Yntroduksje

Rink van der Velde (1932-2001) wie in populêre Fryske skriuwer en sjoernalist by de Ljouwerter Krante. Fan syn goed fjirtich boeken en ferhalebondels binne mei elkoar mear as 200.000 eksimplaren ferkocht.
Van der Velde makke yn 1959 syn debút yn Frysk & Frij en skreau yn 1960 syn earste roman, it Nederlânsktalige De kleine kolonie. Yn 1962 ferskynde de earste fan de 25 Fryske romans dy't er neilit: Joun healwei tolven. De Fûke wurdt algemien sjoen as ien fan syn allerbêste boeken. Fan Feroaring fan lucht ferskynden de measte eksimplaren, mear as 34.000.
Van der Velde ûntwikkele syn skriuwstyl út de sjoernalistyk wei. Foar de krante spesjalisearre er him yn it beskriuwen fan histoaryske foarfallen en opfallende persoanen. Syn foarkar foar frijfochten types is werom te finen yn de haadpersoanen yn syn romans en ferhalen. De striid fan de lytse man dy't gjin gesach boppe him duldt is in sintraal tema yn syn wurk. Syn personaazjes hâlde faak fan it frije libben yn de natuer en binne besteld mei fiskje, jeie en streupe. De Twadde Wrâldoarloch is ek in belangryk tema yn syn boeken. Hy skreau ek in rige plysjeromans.
Van der Velde wenne ûnder oare op De Gordyk, Drachten, De Wylgen en Ljouwert, mar hie syn ûntwyk op in arkje yn ien fan de petgatten fan De Feanhoop. Dat arkje wurdt no ferhierd oan skriuwers om dêr in skoft yn alle rêst wurkje te kinnen. Nei syn ferstjerren is troch syn útjouwer de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smellingerlân de Rink van der Veldepriis ynsteld, de priis foar it bêste Fryske proazawurk fan de ôfrûne twa jier.

Ynhâld

De haadpersoan yn dizze roman, Durk Snoad (offisjele namme: Lugtigheid), is in echte wâldpyk. Mei syn grutte húshâlding, de hûn Bijke en wat kninen en in geit wennet er yn in ûnbewenber ferklearre wenning op de Sânleane yn Beetstersweach. Durk hat in lytse útkearing en skarrelt dêrnjonken de kost by inoar mei allerhanne saken wêrfan't de measte it ljocht net earlik ferdrage kinne. Hy fielt him kening yn syn eigen keninkryk en sa frij as God yn Frankryk. Gesach erkent er net. Seker net as dat komt fan minsken dy't him de wet foarskriuwe wolle lyk as amtners fan sosjale saken of de boskwachter. Opbokse tsjin syn eigen frou en âldste bern, dat slagget him no krekt net. Hy moat belies jaan en ferhúzje nei in nijbouwente yn Drachten en sels oan it wurk op Philips. Dat beteart net goed.

Swierte

Feroaring fan lucht is sûnt de trettjinde printinge fan 1990 ferdield yn fyftjin haadstikken, dêrfoar wiene it fjirtjin. Haadstik 4, 9 en 15 binne troch de skriuwer skreaun om, sa't hy yn de tekst seit, it boek wat begrypliker te meitsjen foar de lêzers. Foar haadstik 2 jildt itselde, dat is yn 1990 taheakke ûnder de titel 'Pake fertelt, of: de tiid fan doe, ferklearre foar de jongerein fan no.' Dosinten en lêzers dy't âldere printingen brûke, moatte rekken hâlde mei it ferskil tusken de edysjes.
De haadstiktitels besteane út in omskriuwing fan ien of twa sinnen. De lingte fan de haadstikken sit tusken de tsien en fyftjin siden. Foar N1- en N2-lêzers binne dat hânsume stikken tekst. It ferhaal is skreaun yn koarte sinnen, dy't goed lêsber binne. Dat jildt seker foar de dialogen. It boek freget fan de lêzer wol om him te ferpleatsen yn de tiid fan de '50/'60-er jierren fan de foarrige iuw. Foar N3-lêzers is dat wol nei te kommen en troch de ynformaasje fan de skriuwer foar N2- en N1-lêzers oars ek wol. It wurdgebrûk, benammen yn de dialogen, is net dreech. Guon wurden, brûkt foar de fiskerij en streuperij, sille net altyd bekend wêze. Dêr leit in útdaging yn foar de N3-lêzer. Foar de N2- en N1-lêzer is it lykwols gjin behindering foar it begryp fan it ferhaal. De oangripende sênes en komyske foarfallen sille lêzers fan elk nivo oansprekke.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn it tinken, hâlden en dragen fan in echte wâldman en syn húshâlding yn de jierren '50/'60 fan de foarrige iuw.

Ynteresses

Ynteresse yn de feroaring fan de maatskippij sa't dy nei de Twadde Wrâldoarloch plakfûn en hoe't dy it libben fan gewoane minsken beynfloede, is in pree.

Algemiene kennis

Kennis fan it libben yn de tiid nei de Twadde Wrâldoarloch en ynsjoch yn it libben fan minsken dy't ferhuzen fan it plattelân nei in stêd of grut doarp mei it wurk yn it fabryk, jout mear begryp fan it karakter fan de haadpersoan, mar is net beslist nedich.  

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is foar in boek skreaun yn 1971 net dreech, útsein wurden dy't te krijen hawwe mei fiskerij en streupen. It taalgebrûk yn de dialogen is hiel maklik en direkt.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne ienfâldich sûnder al te lange bysinnen.

Styl

De styl is direkt, humoristysk en soms koart om 'e hoeke, mar noflik om te lêzen.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn hast elk haadstik komt aksje foar. Watfoar aksje dat is, is hiel ferskillend: fan hoe't it der yn 'e húshâlding om en ta giet, oant Durk Snoad syn yllegale fiskerij en jeien en syn krewearjen tsjin (de minsken fan) it gesach.

Gronology

It ferhaal is gronologysk. Yn it earste haadstik komt de lêzer yn 'e kunde mei de haadpersoan en syn húshâlding. Dêrnei ûntwikkelet it ferhaal fan Durk Snoad en syn famylje him fierder.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline fan it earste haadstik oant en mei it lêste haadstik. De fjouwer haadstikken (2, 4, 9 en 15) dêr't de skriuwer oan it wurd is jouwe achtergrûnynformaasje en soms in soarte fan foarútblik. Haadstik 15 jout de ein fan it ferhaal wer. Haadstik 2, 'Pake fertelt...' jout as flashback ynformaasje oer de tiid dêr't it boek yn spilet. De kommintaar-haadstikken binne nij sûnt 1990 of byskaafd.

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld út it perspektyf wei fan de alwittende ferteller.

Betsjutting

Feroaring fan lucht is it bêst ferkochte boek fan skriuwer Rink van der Velde. It tragykomyske ferhaal fan de wâldman Durk Snoad en syn wjerfaren spruts in soad minsken oan. Yn sa'n tsien jier tiid waard it elk jier opnij drukt en wienen der al 25.000 eksimplaren ferskynd. Faaks dat yn dy tiid minsken wat fan harsels werom seagen yn Durk Snoad. Hy is symboal fan it ferset tsjin it systeem dat fêstlein is yn wetten en regels en útfierd wurdt troch amtners. It fêsthâlden oan en stribjen nei frijheid stiet heaks op de sa opleine beskaving fan de maatskippij fan nei 1945. It súkses fan de lettere printings jout oan dat it boek noch altyd oansprekt, benammen troch de typearring fan de persoanen, minder troch psychologyske djipte.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De karakters: de haadpersoan Durk Snoad, syn frou Foekje, de bern en it bernsbern, de mannen mei gesach sa as Feike Dam en in pear doarpsgenoaten of bruorren yn it kwea  binne foar de lêzer goed nei te kommen.

Oantal karakters

It oantal karakters dat der ta docht is beheind. It draait benammen om Durk, syn frou en de âldste bern. It oantal karakters leveret gjin problemen.

Untjouwing fan de karakters

It karakter fan de haadpersoan hat de grutste ûntjouwing. Net dat it troch de skriuwer psychologysk útdjippe wurdt. Mar it wurdt wol hiel raak tekene. It foarnaamste foar him is de frijheid en in stikje gelok mei de minsken om him hinne op in plak yn de frije natuer. 

Ferantwurding

Understeande boarnen

Relevante  boarnen foar dosinten

Libbensskets fan Rink van der Velde, mei oan de ein taheakke: artikels fan Jabik Veenbaas en Pieter de Groot yn de Leeuwarder Courant oer it wurk fan Rink van der Velde by syn ferstjerren yn 2001, en in koarte beskriuwing fan de ynhâld fan njoggen boeken fan Rink van der Velde troch Jelle van der Meulen.
Libbensskets
By it boekprofyl op tresoar.nl binne ferskate artikels te finen.
De digitale ferzjes fan de tekst binne te finen op de dbnl:
16de printing, 2004
7de printing, 1974