Fries | niveau 2 | Oar plak oare tiid

Oar plak oare tiid

Oar plak oare tiid

Bilker, Jetske
Niveau
Niveau 2
Jaar uitgave
2004
Uitgeverij
Bornmeer
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
126
Genre
  • relaasjeroman
Tags
  • chicklit
  • famylje
  • leafde
  • ûntrou
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

 

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Jetske Bilker waard yn 1960 berne yn Seisbierrum. Se wurke in moai oantal jierren as dosint Frysk en Nederlânsk yn it middelber underwiis. Se siet ek yn ferskillende redaksjes fan literêre tydskriften en bespriek boeken foar Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant. Tsjintwurdich is se full time skriuwer. Behalven Oar plak oare tiid skreau se mear romans en ek in ferhalebondel: Imitaasjelear, It libben fan in oar en in nacht fan hûs. Se skriuwt faak yn in iroanyske styl oer relaasjeproblematyk. Bilker wurdt priizge foar de goede plotopbou yn har wurk. Se sette ferskate boeken oer yn it Frysk. Bekend is har oersetting Harry Potter en de Stien fan 'e Wizen. Yn 2018 sette se it Nederlânske boekewikegeskink Gezien de feiten fan Griet Op de Beeck oer. Yn it Frysk krige it boek de titel Sa’t it lân derhinne leit.

Inhoud

Swaantsje Nammensma is in túnarsjitekte fan 35 jier. Se is gek op har soan Jesse en har man Durk. It hat der alle skyn fan dat har libben o sa de muoite wurdich is. Oant se op in brulloft in man tsjinkomt dy't har libben op 'e kop set.

Leesaanwijzingen

Oar plak oare tiid fan Jetske Bilker is tagonklik skreaun: de sinnen binne koart, der steane in protte dialogen yn de roman, de struktuer is ienfâldich. It ferhaal wurdt hieltyd spannender. Bilkers styl is bytiden iroanysk.

Om over na te denken

Wat soesto dwaan ast de leafde fan dyn dreamen tsjinkaamst, wylst al in relaasje hiest? Soest dyn freon of freondinne bedonderje en dy oerjaan oan leafde op it earste gesicht? Of soest iepen kaart spylje? Wat binne de gefaren fan de rôze bril?

Waardering

'Bilker skriuwt maklik en helder en se set haar novelle behoarlik goed op. (…) Oar plak oare tiid is in aardige, mar yn wêzen ek in frij loftige fertelling.'
Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant

'Oar plak oare tiid liket op it earste gesicht in pretinsjeleas ferhaal, dêr't in protte minsken har yn fine kinne. It hat lykwols dúdlik mear te bieden. (...) Mei de mearlagige ynhâld liket it nei dy literatuer te ferwizen: foar in breed publyk, en mear.'
Margryt Poortstra op farsk.nl (earder online tydskrift)

Opmerkingen

De roman ferskynde yn it Nederlânsk as Andere plaats andere tijd. Jetske Bilker krige folle earder al de Fedde Schurerpriis foar har debútroman Imitaasjelear.




Leestips/meer weten

Jetske Bilker, biografyske skets
Foar resinsjes, sjoch oan de ein fan it boekprofyl op tresoar.nl

Samengesteld door

Bart Temme

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Bilker, Jetske Oar plak oare tiid
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om nei te tinken oer de titel en it omslach

Opdracht

Hjirûnder steane twa ferskillende omslaggen fan Oar plak oare tiid: it omslach fan de Fryske edysje en it omslach fan de Nederlânske oersetting.

   

Stel dy foar: de útjouwerij wol graach foar Oar plak oare tiid in nije doelgroep berikke. Se sille in edysje op 'e merk bringe dy't rjochte is op lêzers fan chicklits. De boppesteande omslaggen fine de minsken fan de útjouwerij net gaadlik.

1. Untwerp foar de útjouwerij it omslach dat oanslút by it sjenre chicklit. Oer wat in chicklit krekt is, lêst yn de boarne (sjoch hjirûnder).

2. Wêrom is dyn omslach oantreklik foar lêzers fan chicklits?

3. Betink ek in alternative titel en fertel wêrom't dy titel by it omslach én by it sjenre chicklit past.

Bronnen

'Genreleer', yn: Joke van Balen e.a., Basisboek literatuur. Grins , 2009, side 34.

 

Makke trochBart Temme
Boek Bilker, Jetske Oar plak oare tiid
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusplot
Learst

om nei de plotopbou yn it ferhaal te sjen

Opdracht

NB Foarôf - Tink derom!
Dizze opdracht moatst meitsje by it lêzen fan it boek. Dus begjin mei de opdracht foardatst mei it boek út ein setst.

1. Lês Oar plak oare tiid oant side 40 en skriuw yn in pear sinnen op hoe't it ferhaal neffens dy fierdergiet. Doch itselde nei side 80 en nei side 120.

2. Foar hoefier kaam it plot yn Oar plak oare tiid oerien mei dyn ferwachtings? Oer wat in plot krekt is, lêst yn de boarne (sjoch hjirûnder).

3. Fûnst it plot fan de roman foarsisber of net? Lis út.

Bronnen

'Plot', yn: Joke van Balen e.a., Basisboek literatuur. Grins, 2009, side 99.

Makke trochBart Temme

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Bilker, Jetske Oar plak oare tiid
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om te reflektearjen op de titel

Opdracht

De titel Oar plak oare tiid jout fan tefoaren gjin dúdlike oanwizing wêr't it boek oer giet.

1. Nei hokker gebeurtenis yn it boek ferwiist de titel Oar plak oare tiid?

2. Is dizze gebeurtenis belangryk genôch dat it boek der syn titel oan ûntlient? Lis út.

3. Wat fynst goed oan dizze titel en wat fynst der minder goed oan?

4. Miskien binne dit wol bettere titels foar de roman:
- Oerspul
- Durk tsjin Grealt
- Yn dubio
- Gjin wei werom

Lis by elke titel út watst goed en minder goed fynst en oftst de titel better of minder goed fynst as Oar plak oare tiid.

5. Betink sels ek noch in titel en lis út wêrom't dy titel goed by it boek past.

6. Hokker titel fynst úteindlik de bêste: Oar plak oare tiid, ien fan de fjouwer titels bij fraach 4 of de titel dy'tst sels betocht hiest? Lis út.

Makke trochBart Temme
Boek Bilker, Jetske Oar plak oare tiid
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om in ûnderskied te meitsjen tusken flat en round characters

Opdracht

A

1. Notearje twa nammen fan minsken yn dyn fermidden dy'tst goed kinst en beskriuw har karakter yn sa'n fyftich wurden. Doch dat ek foar twa minsken dy'tst net goed kinst, mar dy'tst wel faak tsjinkomst, lykas in buorman.

2. Hat sa'n goede kunde wolris wat dien datst net achter him of har socht hiest? Beskriuw yn fyftich wurden wat der foarfoel.

3. Ek yn romans dogge personaazjes soms ûnferwachte dingen. Dêrneist learst by it lêzen guon personaazjes goed kennen en oaren minder. Lês de teory oer personaazjes (fynplak, sjoch boarne hjirûnder). Skriuw de kenmerken op fan round en flat characters.

4. Nim ûndersteand oersjoch oer en folje yn oft it personaazje in round of in flat character is. Beärgumintearje yn ien of twa sinnen dyn kar.

 

  Round of flat?

  Wêrom?

  Swaantsje

 

 

  Grealt

 

 

  Durk

 

 

  Uilkje

 

 

  Jesse

 

 

  Samantha

 

 

  Gretha

 

 

















B

5. Hokker personaazje feroaret yn Oar plak oare tiid it meast fan karakter?

6. Skriuw twa saken op dêr't dit personaazje oars oer begûn is te tinken.

7. Tinkst dat dit personaazje wat leard hat fan de ellinde dy't him of har oerkommen is?

Bronnen

'Personages', yn: Joke van Balen e.a., Basisboek literatuur. Grins, 2009, side 106-108.

Makke trochBart Temme

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Bilker, Jetske Oar plak oare tiid
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmtwatal, kin ek yndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om in oardiel te foarmjen oer hannelingen fan personaazjes

Opdracht

A

Wat fynst fan de aksjes fan de personaazjes út Oar plak oare tiid? Jou dyn miening troch de ûndersteande sinnen (1 oant en mei 7) oan te foljen mei ien fan de folgjende mooglikheden. Meist deselde miening faker brûke.

• prima, in foarbyld foar oaren;
• goed te begripen, soe ik ek sa dwaan;
• in bytsje te begripen; it is lestich besluten te nimmen yn sa'n situaasje;
• net echt goed natuerlik, mar soks komt faker foar;
• in ferkearde kar, hy/sy hie better neitinke moatten;
• ôfgryslik, dat moat bestraft wurde.

1. Durk is lilk oer de kuier fan Swaantsje mei Grealt (side 33). Dat fyn ik…

2. Swaantsje doart har earst net oer te jaan oan Grealt (side 45). Dat fyn ik…

3. Swaantsje brûkt Brecht as skyld foar har oerspul (side 69). Dat fyn ik…

4. Durk seit tsjin Swaantsje dat se de lêste tiid oars docht (side 78). Dat fyn ik…

5. Grealt seit yn it motel dat Swaantsje nei hûs moat no't Durk thús is (side 96). Dat fyn ik…

6. Swaantsje jout Gretha de skuld fan de ferdwining fan Jesse (side 113). Dat fyn ik…

7. [Folje hjir sels in opfallende died yn]. Dat fyn ik…


B

8. Ferlykje dyn antwurden mei de antwurden fan dyn klassegenoat.

Ast de opdracht allinne makkest dan dyn oanfollingen motivearje.

9. Wêr ferskille jim antwurden? Gean koart mei inoar yn petear.

Makke trochBart Temme
Boek Bilker, Jetske Oar plak oare tiid
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmtwatal, kin ek yndividueel
Fokusôfrin
Learst

om nei te tinken oer it slot fan in ferhaal

Opdracht

Op de lêste siden fan Oar plak oare tiid is Jesse weromfûn. 'Kom jonges', seit Swaantsje. Durk antwurdet mei: 'We geane nei hûs.' Dy rigels lykje te wizen op in happy end, lykas yn Hollywoodfilms.

1. Diskusjearje mei inoar oer de fraach foar wa't de ein fan de roman in happy end is:

• Foar Swaantsje? Ja/nee, omdat…
• Foar Durk? Ja/nee, omdat…
• Foar Grealt? Ja/nee, omdat…
• Foar Jesse? Ja/nee, omdat…
• Foar Gretha? Ja/nee, omdat…
• Foar Uilkje? Ja/nee, omdat…
• Foar Samantha? Ja/nee, omdat…

2. Fine jim dat it boek in happy end hat?

3. Soe Jetske Bilker it slot als happy end bedoeld ha? Gean mei inoar yn petear oer dizze fraach.

Ast de opdracht allinne makkest dan dyn oanfollingen motivearje.

Makke trochBart Temme

Docenteninformatie

Yntroduksje

Jetske Bilker waard yn 1960 berne yn Seisbierrum. Yn 1988 debutearre se mei de roman Imitaasjelear dêr't se yn 1990 de Fedde Schurerpriis foar krige. Yn 1997 ferskynde har ferhalebondel In nacht fan hûs, folge troch it Boekewikegeskink Oar plak oare tiid (2004). De roman It libben fan in oar kaam yn 2012 út. Bilker skriuwt yn har wurk faak oer relaasjes en it moderne libben. Se siet yn ferskillende redaksjes fan literêre tydskriften (Trotwaer en ynternettydskrift Farsk) en se bespruts boeken foar Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante. Se wie ek dosint Frysk en Nederlânsk yn it middelber ûnderwiis. Dêrneist sette Bilker ferskate boeken oer yn it Frysk. Bekend is har oersetting Harry Potter en de Stien fan 'e Wizen. Yn 2018 sette se it Nederlânske boekewikegeskink Gezien de feiten fan Griet Op de Beeck oer. Yn it Frysk krige it boek de titel Sa’t it lân derhinne leit.

Ynhâld

Swaantsje Nammensma is in túnarsjitekte fan 35 jier. Se is gek op har soan Jesse en har man Durk. It hat der alle skyn fan dat har libben de muoite wurdich is. Oant se op in brulloft in man tsjinkomt dy't har libben op 'e kop set.

Swierte

Oar plak oare tiid is tagonklik skreaun: de sinnen binne koart en yn de roman steane in protte dialogen. Foar N1- en N2-lêzers is dat oantreklik. De roman is net dik en de struktuer is ienfâldich. Dêrtroch is Oar plak oare tiid minder útdaagjend foar N3-lêzers. It ferhaal fan Bilker wurdt hieltyd spannender, it is hielendal taskreaun op de plot. N1- en N2-lêzers sille dat wurdearje. Jonge lêzers kinne har wierskynlik minder goed identifisearje mei it haadpersonaazje: in frou fan 35 jier. It ik-perspektyf soarget der lykwols foar dat N1- en N2-lêzers wol hielendal yn 'e hûd krûpe kinne fan Swaantsje. It boek hat net folle iepen plakken, alles wurdt frij eksplisyt beskreaun. Dat is oantreklik foar N1- en N2-lêzers. De iroanyske styl fan Bilker sil har soms ûntgean, foar N3-lêzers is dat krekt in útdaging.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De N1- en N2-lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan it 35-jierrige haadpersonaazje dat prakkesearret oer oare manlju, har libben en har húshâlding.

Ynteresses

N1- en N2-lêzers hâlde fan realistyske ferhalen. Bilker jout har sa'n ferhaal. It ferhaal hat dêrneist oerienkomsten mei in chicklit; dat is oantreklik foar N1- en N2-lêzers. Se sille har miskein net maklik identifisearje kinne mei de haadpersoan: in frou fan 35 jier mei in man en in bern. It tema frjemdgean en húshâlding sil ek net elke jonge lêzer ynteressearje, dêr moat de dosint rekken mei hâlde.

Algemiene kennis

Kennis oer de wrâld is net echt nedich. Psychyske kennis is wichtiger: de haadpersoan tinkt nei oer morele fraachstikken. Moat ik my oerjaan oan leafde op it earste gesicht? Sil ik myn man en soan ferlitte? Wat binne de gefaren fan de rôze bril?

Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks)

Spesifike literêre kennis is net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Der steane net folle lestige wurden yn 'e roman. Oar plak oare tiid is yn gongber Frysk skreaun. Ut en troch komme mear literêre wurden foar, mar se binne goed te begripen út de kontekst.

Sinskonstruksjes

De lingte fan de sinnen yn Oar plak oare tiid fariearret. Bilker brûkt bygelyks bysinnen, mar har sinnen binne soms ek 'staccato'. Foar N2- en N3-lêzers binne de sinskonstruksjes goed te begripen.

Styl

De styl fan Bilker is frij tagonklik. De roman is skreaun yn praattaal, yn Oar plak oare tiid steane hast gjin metafoaren. De haadstikken driuwe op dialogen. Foar N1- en N2-lêzers is dat tige oantreklik. De tema's (leafde, frjemdgean) binne troch Bilker frij eksplisyt beskreaun. De goede N2-lêzer en de N3-lêzer wolle miskien mear útdaging. Bilker skriuwt bytiden wol iroanysk. Dat kin lestich wêze foar N1- en N2-lêzers, mar foar N3-lezers is it útdaagjend.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn Oar plak oare tiid is sprake fan aksje. Dat is oantreklik foar N1- en N2-lêzers. It ferhaal wurdt hieltyd spannender. Hoe rint it ôf? Wurde se ûndutsen troch de man fan Swaantsje? Oan de ein fan it ferhaal bart der wat mei har soan. Uteinliken is dit ferhaal dus taskreaun op de plot. De ferhaallinen wurde mei faasje ferteld, de dialogen soargje ek foar tempo yn it ferhaal, mar ek foar bespegelingen fan it karakter Swaantsje. Miskien is dat lestich foar N1-lêzers.

Gronology

De struktuer fan de roman is ienfâldich. De gronology slút oan by de N2-lêzer: koarte haadstikken mei dúdlik in begjin en in ein. Sawol it ferhaal oer de relaasje bûten de doar as it ferhaal oer de soan fan Swaantsje wurdt ôfrûne. Yn Oar plak oare tiid sitte net folle werom- of foarútferwizings. Se binne dúdlik oanjûn mei wytrigels.

Ferhaalline(n)

De ferhaalline fan Bilker is goed te folgjen foar N2-lêzers: de ûntrou tusken man en frou. Der binne net in protte sydlinen binnen it ferhaal (de wikselingen wurde markearre). Oar plak oare tiid is dêrtroch net kompleks foar N1- en N2-lêzers.

Perspektyf

Der binne gjin perspektyfwiksels yn it ferhaal. It ferhaal wurdt ferteld út it ien karakter wei: Swaantsje. Dat makket it tangonklik foar N2-lêzers. De lêzers wurde wol twongen om har te identifisearjen mei in 35-jierig karakter en har te folgjen yn har prakkesaasjes. Net foar elke N2-lêzer sil dat maklik wêze.

Betsjutting

It tema (frjemdgean) fan de roman is dúdlik. Bilker beskriuwt it frij eksplisyt. De N2-lêzer hoecht der net op sitte te stinnen. Oare betsjuttings (motiven en ideeën) wurde ek frij eksplisyt útlein. In foarbyld dêrfan is de skuldfraach. Oar plak oare tiid hat gjin djippere betsjuttingslagen: der steane yn de roman gjin ferwizings nei de polityk, literatuer of filosofy.

Fertroud mei literêre personaazjes

Karakters

De lêzer folget de hannelings fan ien personaazje. De jonge lêzer sil miskien net alle hannelings en prakkesaasjes fan Swaantsje begripe kinne (mem-wêzen, lichemlike feroarings, in húshâlding liede). Swaantsje makket in ûntwikkeling troch, in N3-lêzer sil dat bedjipje kinne. De morele opfettings fan de haadpersoan (oerjaan oan ferlieding) sil net elke N2-lêzer begripe, in N3-lêzer kin him miskien better ferpleatse yn Swaantsje.

Hoemannichte

De hoemannichte personaazjes yn Oar plak oare tiid is net grut. Swaantsje is de sintrale persoan. Ek har frijer Grealt stiet op 'e foargrûn, fansels beskreaun út Swaantsje wei. De minsken om har hinne binne byfigueren (man Durk, soan Jesse, Ulie, Gretha). Sawol N1- as N2-lêzers kinne de hoemannichte personaazjes maklik behappe.

Untjouwing fan karakters

De ferhâldingen tusken personaazjes yn Oar plak oare tiid binne net echt kompleks (psychologyske ferdjipping ûntbrekt), se binne foar N2-lêzers goed nei te kommen.

Relevante  boarnen foar dosinten

Jabik Veenbaas, 'Frijaazjes bûten de doar', Leeuwarder Courant, 20 febrewaarje 2004.
Margryt Poortstra, 'Bloei oan 'e skaadkant', Farsk 24, 2004.
Henk van der Veer, 'Jetske Bilker set lêzers net oan it tinken', Sneeker Nieuwsblad, 4 maart 2004.
De trije stikken binne te finen by it boekprofyl op tresoar.nl.