Minskebern
- Niveau
- Niveau 3
- Jaar uitgave
- 2008 [2de pr. 2014]
- Uitgeverij
- Utjouwerij Fryslân
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 133
- Genre
-
- psychologyske roman
- Tags
-
- berte
- dea
- demintens
- mem-dochterrelaasje
- Taalniveau
- B1
- Lenen bij de bibliotheek
E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Over de auteur
Margryt Poortstra is yn 1953 berne yn Harns. Se groeide op yn Arum en Wytmarsum. Yn Ermelo hat se yn de swaksinnigesoarch wurke, letter kaam se as sikretaresse te wurkjen. Poortstra debutearre mei de roman Hillige Minke (1975). Nei it útkommen fan har earste boeken hâlde se har in skoft lang ôfsidich fan it skriuwen fan fiksje. Yn 1987 ferskynde de dichtbondel Krúswetter, en dêrnei in hiele rige romans, dy't foar in part ek yn it Nederlânsk ferskynden. Poortstra siket har ûnderwerpen tichteby: yn de omgong tusken minsken, yn de relaasje tusken man en frou, en dy tusken âlden en bern. Froulju binne faak de sintrale figueren yn har literêr wurk. Poortstra skriuwt yn in heldere, subtile styl.
Inhoud
Minskebern is in roman oer libben en dea. Maart is oan 'e ein fan har libbensreis en sakket hieltyd fierder fuort yn 'e dize fan de sykte fan Alzheimer. Daan, krekt berne, moat noch begjinne en giet op ûntdekkingsreis. Wat de iene net mear kin, moat de oare noch leare. De lêzer folget ek Geke, dy't har mem Maart ôftakjen sjocht en har bernsbern Daan leafhat.
Leesaanwijzingen
Yn Minskebern skriuwt Margryt Poortstra oer grutte tema's as 'libben' en 'dea'. It ferhaal wurdt ferteld út ferskillende perspektiven wei. De lêzer folget trije generaasjes. In frou dy't demint is, har dochter dy't dêr mei wrakselet en har bernsbern dat krekt berne is. Poortstra har taal is frij tagonklik, maatskiplike fraachstikken mijt se net.
Om over na te denken
Wat soesto dwaan as dyn heit of mem dy net mear werkent? Soest him of har nei in ferpleechhûs ta bringe? Hoe is it ast neat mear ûnthâlde kinst?
Waardering
'Al is it as roman net hielendal slagge, Minskebern is wol in moai en ûntroerend boek. De styl doocht, it sykteproses is pynlik werkenber werjûn, en it is foaral skreaun mei leafde foar in mem, dy't ûndanks har ôftakeling as persoan rjochtoerein stean bliuwt.'
Jetske Bilker yn de Ljouwerter Krante
'Maart komt it bêste út de ferve, benammen yn it earste diel. Yn de stikken dêr't it perspektyf by Maart leit, slagget it de skriuwster it bêste de lêzer mei te nimmen yn hoe't Maart har libben besjocht. En dat is knap dien.'
Imke Hooijenga op ensafh.nl
Opmerkingen
De tekst fan Minskebern is te finen yn de DBNL.
Leestips/meer weten
Oer de skriuwster
Besprek yn de Ljouwerter Krante
Besprek op digitaal Ensafh
Samengesteld door
Bart TemmeAanbevolen
Opdrachten
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Poortstra, Margryt Minskebern |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynhâld |
Learst | om nei te tinken oer de relaasje tusken foarm en ynhâld |
Opdracht | Op de flaptekst fan Minskebern stiet: |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Poortstra, Margryt Minskebern |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | fjouwertal (twatal kin ek) |
Fokus | miening |
Learst | om dyn miening oer it boek te formulearjen en te beärgumintearjen |
Opdracht | 1. Elk fan jim skriuwt sels fiif stellingen op oer it boek Minskebern. Bygelyks: 'Minskebern is in prachtich boek!' of 'Minskebern is in lestich boek.' |
Makke troch | Bart Temme |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Poortstra, Margryt Minskebern |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | perspektyf |
Learst | om oer de wurking fan it perspektyf nei te tinken |
Opdracht | A 1. Lês de teory oer it perspektyf (sjoch hjirûnder). Hokker soarten perspektyf besteane der? Skriuw dy op. 1. Poortstra hat yn Minskebern keazen foar in wikseljend perspektyf. Hokker personaazjes wurde as ferteller opfierd? |
Bronnen | 'Perspectief', yn: Joke van Balen e.a., Basisboek literatuur. Grins, Uitgeverij kleine Uil, 2009, side 101-106. |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Poortstra, Margryt Minskebern |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | tematyk |
Learst | om te reflektearjen op maatskiplike fraachstikken út de roman |
Opdracht | 1. Yn de dokumintêre 'Papa' fertelt Josselin oer har heit dy't demint is (sjoch by de boarnen). De jonge frou wrakselet mei de sykte fan har heit. Moat er nei in ferpleechhûs ta of sil er thús fersoarge wurde? Hy wurdt foarearst thús holpen, omdat se dat it bêste fynt. Yn it boek Minskebern hat Geke deselde fragen. Uteinliken wurdt har mem Maart nei in ferpleechhûs ta brocht. |
Bronnen | Dokumintêre 'Papa' fia YouTube |
Makke troch | Bart Temme |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Poortstra, Margryt Minskebern |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | foarm |
Learst | om de foarm fan it boek te analysearjen |
Opdracht | 1. Op side 60 en 62 yn Minskebern steane twa gedichten. Lês de gedichten en skriuw yn in pear rigels op wêr't de gedichten oer geane. |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Poortstra, Margryt Minskebern |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | resepsje |
Learst | om te reflektearjen op de resepsje |
Opdracht | 1. Lês yn it stik 'Spegelskrift' fan Alpita de Jong de passaazje oer Minskebern (sjoch hjirûnder. It stiet op s. 13 en 14 fan de pdf). |
Bronnen | Alpita de Jong, Sirkwylêzing 25 jannewaris 2011, 'Spegelskrift' |
Makke troch | Bart Temme |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Margryt Poortstra is yn 1953 berne yn Harns. Se groeide op yn Arum en Wytmarsum. Yn Ermelo wurke se yn de swaksinnigesoarch, letter kaam se as sikretaresse te wurkjen. Poortstra debutearre mei de roman Hillige Minke (1975). Yn 1977 ferskynden de roman It stille wetter en it berneboek It lân efter de wolken. Dêrnei hâlde se har in skoft lang ôfsidich fan it skriuwen fan fiksje. Yn 1987 kaam se mei de dichtbondel Krúswetter. Dêrnei folgen ek wer ferhalebondels en romans. Kâldfjoer út 2002 ferskynde yn 2003 yn in Nederlânske oersetting as Koudvuur. De roman Suster út 2004 yn itselde jier allyksa ûnder de titel Zuster. In oantal kearen wûn se mei har ferhalen en gedichten in Rely Jorritsmapriis.
Poortstra siket har ûnderwerpen tichteby: yn de omgong tusken minsken, yn de relaasje tusken man en frou en dy tusken âlden en bern. Froulju binne faak de sintrale figueren yn har wurk. Se skriuwt yn in heldere en subtile styl.
Ynhâld
Minskebern is in roman oer libben en dea. Maart is oan 'e ein fan har libbensreis en sakket hieltyd fierder fuort yn 'e dize fan de sykte fan Alzheimer. Daan, krekt berne, moat noch begjinne en giet op ûntdekkingsreis. De lêzer folget ek Geke dy't har mem Maart ôftakjen sjocht en har bernsbern Daan leafhat.
Swierte
Minskebern fan Margryt Poortstra is frij tagonklik skreaun: de sinnen binne net hiel lang, der steane net in protte lestige wurden yn. De roman befettet net folle dialogen, foar N2-lêzers is dat net hiel oantreklik. Dêrfoaroer stiet dat de roman net grou is en it ferhaal gronologysk ferteld wurdt. N2-lêzers sille dat wurdearje. Foar N3-lêzers is der genôch útdaging: it perspektyf wikselet ferskate kearen en de struktuer fan de roman is ek opfallend. It ferhaal befettet bygelyks twa dielen, de oergong tusken dy dielen bestiet út twa gedichten. Foar N4-lêzers sil de struktuer maklik te begripen wêze. Se sille har dêrneist ek better identifisearje kinne mei ien fan de haadpersonaazjes: de âlde Maart dy't lijt oan Alzheimer en stadich ôftakelet. It boek hat in pear iepen plakken; dat is in útdaging foar N3-lêzers. It sykteproses fan Maart wurdt wol frij eksplisyt beskreaun. N2- en N3-lêzers moatte har dêr wol mei rêde kinne.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De N2- en N3-lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in detaillearre skreaun ferhaal oer it sykteproses fan in âlde frou (Maart) en de berte fan in bernsbern (Daan). Tema's dy't net oanslute by de belibbingswrâld fan alle lêzers. |
Ynteresses |
N3-lêzers hâlde fan ferhalen oer psychologyske kwestjes. Poortstra jout har sa'n ferhaal, mar it tema Alzheimer sil net elke jonge lêzer ynteressearje. Dêr moat de dosint rekken mei hâlde. Se sille har faaks net hiel maklik identifisearje kinne mei de demintearjende Maart, mar de literêre ûntwikkeling fan N3-lêzers moat dêrby helpe. Leafhawwers fan Hersenschimmen fan Bernlef sille har miskien ek ynteressearje foar dizze roman fan Poortstra. |
|
Algemiene kennis |
Kennis oer de wrâld is net echt nedich. Psychologyske kennis is wichtiger: de lêzer sit regelmjittich yn de holle fan Maart. Har prakkesaasje (dy't hieltyd fragmintarysker wurde) moat de lêzer keppelje kinne oan har sykteproses. Ek foar de prakkesaasjes fan de dochters fan Maart en har man is wat psychyske kennis nedich. Hoe geane we om mei de sykte fan ús mem of frou? |
|
Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks) |
Spesifike literêre kennis is net fereaske. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
Yn Minskebern steane net folle lestige wurden. De romanis yn frij gongber Frysk skreaun. Ut en troch komme literêr oandwaande wurden foar, mar se binne goed te begripen út de kontekst fan de sin. Soms skriuwt Poortstra yn it stedsk fan Harns. |
Sinskonstruksjes |
De lingte fan de sinnen yn Minskebern fariearret. Poortstra brûkt bygelyks lange bysinnen, mar har sinnen binne soms ek koart. Foar N3-lêzers binne de sinskonstruksjes goed te begripen. |
|
Styl |
De styl fan Poortstra is frij tagonklik. De roman is skreaun yn praattaal. Yn Minskebern steane hjir en dêr metafoaren. It ferhaal befettet net folle dialogen. Foar N2-lêzers is dat net echt oantreklik. It tema (Alzheimer) wurdt troch Poortstra detaillearre beskreaun, bytiden eksplisyt. De N3-lêzer krijt genôch tiid om troch te kringen ta de âlde Maart. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Yn Minskebern is gjin sprake fan aksje, ek befettet it ferhaal net folle dialogen. Dat is minder oantreklik foar N2-lêzers. Der bart net in soad. It ferhaal hat wol in plot (hoe rint it ôf mei de sykte fan Maart), mar it ferhaal giet mear oer de psychologyske ûntwikkeling fan de personaazjes. Dat sil N3- en N4-lêzers oansprekke. |
Gronology |
It ferhaal wurdt gronologysk ferteld. Dat slút oan by de N2-lêzer. Wol sitte der tiidsprongen yn it ferhaal en flashbacks, dy binne net hieltyd dúdlik markearre. Dat makket it somtiden kompleks foar N2-lêzers. N3-lêzers kinne dêr wol útkomme. |
|
Ferhaalline(n) |
De ferhaalline sil soms lestich wêze foar N2-lêzers. Der sitte nammentlik sydlinen yn it ferhaal, dy wurde ek nochris ferteld troch ferskillende personaazjes. Foar N3-lêzers sit dêr de útdaging. |
|
Perspektyf |
Der sitte in protte perspektyfwiksels yn Minskebern. It ferhaal lit it ferrin fan it sykteproses sjen út wikseljend perspektyf wei: dat fan Maart sels en dat fan har man en dochters. It perspektyf fan Maart en de âldste dochter Geke nimt it wichtichste plak yn. De perspektyfwiksels binne kompleks foar N2-lêzers, mar ek N3-lêzers sille har troch it hege tal wiksels ynsette moatte om de tried fan it ferhaal te folgjen. |
|
Betsjutting |
It belangrykste tema (Alzheimer) fan de roman is dúdlik. Poortstra beskriuwt it detaillearre en frij eksplisyt. De N3-lêzer hoecht dêr net op sitten te stinnen. Oare betsjuttings (motiven en ideeën) wurde net eksplisyt útlein. Yn Minskebern wurde motiven as 'libben' (Daan) en 'dea' (Maart) oanhâldend mei inoar ferbûn. Poortstra leit faak in link tusken dy twa minskebern. De roman liket te sizzen: it libben giet fierder. N4-lêzers sille dat makliker werkenne as N3-lêzers. Der steane yn de roman gjin ferwizings nei de polityk, literatuer of filosofy. |
|
Fertroud mei literêre personaazjes |
Karakters |
De lêzer folget de hanlings fan in grut tal personaazjes. Foar N2-lêzers sil dat lestich wêze. Dêr spilet yn by dat it meast giet om personaazjes fan hegere leeftyd. De jongere lêzer sil miskien net alle hanlings en prakkesaasjes fan de personaazjes begripe kinne (oan Alzheimer lije, beppe wurde, frou ferlieze, mem nei ferpleechhûs bringe). Omdat de personaazjes net echt útdjippe wurde, sille de N3-lêzers ek har bêst dwaan moatte om de karakters te begripen. |
Hoemannichte |
De hoemannichte personaazjes yn Minskebern is grut. Maart is úteinliken de sintrale persoan, de minsken om har hinne (man Jelte, dochters Geke, Janny, Aukje), dy't ek in stim krije in de roman, prate oer har. Ek it bernsbern fan Geke (Daan) wurdt hieltyd wichtiger. N3-lêzers kinne de hoemannichte personaazjes wol maklik oersjen. |
|
Untjouwing fan karakters |
De ferhâldingen tusken personaazjes yn Minskebern binne net echt kompleks. It is dúdlik wat de posysje is fan de ferskillende karakters. De psychologyske ferhâldingen binne wol lestiger en draaie om de fragen: hoe geane we om mei in frou en mem mei Alzheimer, hoe gean ik om mei Alzheimer? |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Jetske Bilker, 'In deminte mem', LC 24-10-2008. |