Fries | niveau 2 | Swart op wyt

Swart op wyt

Swart op wyt

Veer, Akky van der
Niveau
Niveau 2
Jaar uitgave
1985
Uitgeverij
Friese Pers Boekerij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
164
Genre
  • psychologyske roman
Tags
  • adolesinsje
  • famylje
  • leafde
  • mem-dochterrelaasje
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Akky van der Veer (1943-2019) is oplaat ta ûnderwizeres en is al hiel jong begong te skriuwen. Sy debutearre mei de roman Read hier en reinwetter (1973). Van der Veer skreau ek sketsen foar it toanielselskip Tryater. Doe’t se it boek Ik haw in man stellen fan Ype Poortinga ûnder de titel Spul fan wyn en wolken (1984) bewurke hie, begong se mei it skriuwen fan jongerein- en berneboeken. Ien fan har earste berneboeken wie Swart op wyt, dêr't se ûnder oare de Simke Kloostermanpriis mei wûn. Der kaam yn 1988 in Nederlânske oersetting, dy’t nominearre waard foar in Gouden Griffel.

Inhoud

Femke waard berne doe’t har mem noch mar santjin wie en Femke wit net wa’t har heit is. Se wurdt grutbrocht troch har beppe, Beppestyn. Sy groeit op mei trije kostgongers fan Beppestyn, as in húshâlding. Femke is wei fan horoskopen en astrology. Yn opdracht fan har horoskoop begjint Femke in deiboek te skriuwen. It libben moat swart op wyt stean. It deiboek kriget ynienen in stik mear spanning as har pake fan heit syn kant kontakt siket. Se komt fan alles oer har eigen libben te witten dat har mem har net fertelle woe.

Leesaanwijzingen

Swart op wyt is in tagonklik boek. Op de earste side wurdst fuort yn it ferhaal lutsen. Der wurdt hiel iepen oer persoanlike kwestjes praat en dêrtroch kinst it ferhaal maklik begripe. Troch de iepenheid kin it betiden wol hiel persoanlik wurde.

Om over na te denken

Wat soesto dwaan ast net witst wa’t dyn heit is? Soesto op ûndersyk útgean? Hoe is it as dyn heit of mem in bern krijt mei in nije leafde? Wat dochst as in goede freon(din) hiel siik is?

Waardering

"It boek lêst maklik en der sit humor yn. Wolst graach witte hoe’t it ôfrint."
Nynke (13 jier).

"It boek is in syktocht nei de eigen identiteit."
Sietske (14 jier).

Opmerkingen

Yn 1986 hat de skriuwster mei dit boek de Simke Kloostermanpriis wûn. It boek is hiel goed ûntfongen en krige sels ynternasjonale erkenning.
It boek is folslein te lêzen op de dbnl.
Yn 1991 ferskynde fan har hân Koartsluting yn ien bân mei Hoogspanning fan Jan Terlouw.




Leestips/meer weten

De tekst fan it boek op dbnl.org.

Samengesteld door

Gerbrich de Jong

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Veer, Akky van der Swart op wyt
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te ferdjipjen yn de personaazjes út it ferhaal.

Opdracht

1. Kies twa personaazjes út it boek.

2. Hokker karaktereigenskippen (kies twa) hawwe dy personaazjes? Lis hieltyd út yn ûngefear fjirtich wurden, wêrom’t de karaktereigenskip by dyn personaazje heart. Kies út:

  • Aardich
  • Koppich
  • Eigensinnich
  • Leafdefol
  • Meilibjend
  • Unwis
  • Sterk
  • Trou
  • Grappich
  • Stoer
  • Oars, nammentlik...
Makke trochGeeske van der Sluis en Gerbrich de Jong
Boek Veer, Akky van der Swart op wyt
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de betsjutting fan de titel en de foarkant fan it boek.

Opdracht

      

1. Besjoch de foarkant fan it boek fan de earste printinge (hjirboppe links) en de twadde (hjirboppe rjochts). Kinst de foarkanten hjirûnder by 'Downloads' ek yn in hegere resolúsje fine.

2. Wat fynsto fan de boekomslaggen? Jou dyn miening yn ûngefear fyftich wurden.

3. Skriuw op syn minst trije dingen op dy'tst sjochst op de foarkant fan de earste printinge. Skriuw derachter wat it ferbân is mei it ferhaal. Wat is it fjouwerkantige ding op 'e foargrûn? Nim dat ek mei yn dyn listke.

4. De titel fan it boek is ‘Swart op wyt’. Lis út wêrom it boek dizze titel krigen hat. Wat hat de titel mei it boek te krijen? Lis dyn antwurd út yn ûngefear hûndert wurden. Ferwiis dêrby nei eleminten út it ferhaal en neam bledsidenûmers.

5. Bonusfraach foar kreative learlingen: ûntwerp sels in oare foarkant foar it boek.

Makke trochGeeske van der Sluis en Gerbrich de Jong

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Veer, Akky van der Swart op wyt
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om dy te ferdjipjen yn in aspekt fan de ynhâld.

Opdracht

1. Femke hat ynteresse yn horoskopen. Ferdjippesto dy wolris yn horoskopen? Sa ja, wat betsjutte se foar dy? Sa nee, wêrom net? Fertel wat dyn miening is oer horoskopen.

2. Hiest wolris heard fan de nammen Taurus, Virgo, Leo en Aries? Wat is de Latynske namme fan dyn eigen stjerrebyld? En hokker symboal heart dêr by?



3. Hokker karaktereigenskippen hearre der by dyn eigen stjerrebyld? Werkenst dysels dêr yn? Lis dyn antwurd út.

4. Op websites oer stjerrebylden stiet faak hoe't it iene stjerrebyld wol of net matcht mei it oare. Soest it neffens dyn stjerrebyld goed fine kinne mei Femke? Passe jim stjerrebylden by inoar kwa karakter?

5. Is dyn eigen ynskatting itselde? Wat sprekt dy wol en net oan yn Femke har karakter?

6. Yn hokker personaazje yn it boek werkenst it measte fan dysels? Lis dyn antwurd út.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Veer, Akky van der Swart op wyt
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazje
Learst

om dy te ferpleatsen yn de haadpersoan.

Opdracht

It boek einiget mei: ‘Ik wol net mear skriuwe. Ik wol no earst in skoftke LIBJE!’ Stel dy foar, do bist Femke foar in dei. Skriuw in eigen ein oan it ferhaal. Do slútst no dus net ôf mei boppesteande sinnen, mar mei in part fan it deiboek, datst sels betinkst. De lingte moat ûngefear 400 wurden wêze.
(Tip: sykje op wat Femke har horoskoop seit foar 25 augustus)

Makke trochGeeske van der Sluis en Gerbrich de Jong

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Veer, Akky van der Swart op wyt
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om te reflektearjen op de ynhâld fan it boek.

Opdracht

Fan in goed boek wurdt wol sein dat it tiidleas is. Dat wol sizze: dat it net allinnich mar moai is yn de tiid dat it skreaun is, mar ek letter noch. Swart op wyt is in wat âlder boek. It is anno 2020 35 jier lyn skreaun.

1. Oan watfoar dingen fernaamsto dat it boek wat âlder is?

2. Femke groeit net op mei har heit en har mem en broers en sussen. Hoe wol? En hoe soesto it fine om sa op te groeien as Femke? Lis dyn antwurd út. Hoe tinksto dat de measte bern yn Fryslân hjoed-de-dei opgroeie?

3. Tinksto dat it skriuwen fan in deiboek noch fan dizze tiid is? Dochsto it sels wolris of kenst oaren dy't yn in deiboek skriuwe?

4. Stel, do wurdst frege om Swart op wyt moderner te meitsjen. Watfoar feroaringen soest dan yn it boek oanbringe? Neam trije dingen. Ien foarbyld: Femke soe net in jierdeiskaart fan Anneke by har board fine, mar in appke fan har krije.

5. Meitsje de wizigingen dy'tsto by fraach 4 neamst it boek neffens dy better? Lis dyn antwurd út.

6. Is Swart op wyt neffens dy in tiidleas boek? Lis dyn antwurd út.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Veer, Akky van der Swart op wyt
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmtwatallen
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de funksje fan in motto.

Opdracht

Mei de ûndersteande songtekst fan it ferske Love over gold - Dire Straits, begjint it ferhaal. Sykje it ferske op YouTube op en harkje der nei.

You walk out on the high wire
you’re a dancer on thin ice
you pay no heed to the danger
and less to advice
your footsteps are forbidden
but with knowledge of your sin
you throw your love to all the strangers
and caution to the wind

And you go dancing through doorways
just to see what you will find
leaving nothing to interfere
with the crazy balance of your mind
and when you finally reappear
at the place where you came in
you’ve thrown your love to all the strangers
and caution to the wind

IT TAKES LOVE OVER GOLD
AND MIND OVER MATTER
TO DO WHAT YOU DO THAT YOU MUST
WHEN THE THINGS THAT YOU HOLD
CAN FALL AND BE SHATTERED
ON RUN THROUGH YOUR FINGERS
LIKE DUST…

1. In skaaimerk fan literatuer is dat de skriuwer noait samar wat docht. Achter alles sit in bedoeling. Wêrom soe de skriuwster derfoar keazen ha om it boek begjinne te litten mei dizze tekst?

2. Hjirûnder sjochst in pear regels út it ferske. Lis út hoe't dy regels by Femke passe.
a) you throw your love to all the strangers
Wa binne de frjemdlingen yn Femke har libben? Hoe tinkt sy oan harren? Yn hoefier is der sprake fan 'love'?
b) to do what you do that you must
Wat fynt Femke dat se dwaan moat, wylst se it eins nochal spannend fynt?
c) when the things that you hold can fall and be shattered
Wat wol Femke graach fêsthâlde, wylst dat net kin? Neam minstens twa dingen.

3. Wat foar oare sinnen yn it ferske kinst yn ferbân bringe mei it boek? Lis dyn antwurd út.

4. Wat fynst derfan dat dit ferske fan the Dire Straits op ferskillende plakken yn it boek weromkomt? Fynst it in goede tafoeging of net? Lis dyn antwurd út.

Makke trochGerbrich de Jong en Geeske van der Sluis

Docenteninformatie

Yntroduksje
Akky van der Veer (1943-2019) is oplaat ta ûnderwizeres en is al hiel jong begong te skriuwen. Sy debutearre mei de roman Read hier en reinwetter (1973). Van der Veer skreau ek sketsen foar it toanielselskip Tryater. Doe’t se it boek Ik haw in man stellen fan Ype Poortinga ûnder de titel Spul fan wyn en wolken (1984) bewurke hie, begong se mei it skriuwen fan jongerein- en berneboeken. Ien fan har earste berneboeken wie Swart op wyt, dêr't se ûnder oare de Simke Kloostermanpriis mei wûn. Der kaam yn 1988 in Nederlânske oersetting, dy’t nominearre waard foar in Gouden Griffel.

Ynhâld
Femke waard berne doe’t har mem noch mar santjin wie en Femke wit net wa’t har heit is. Se wurdt grutbrocht troch har beppe, Beppestyn. Sy groeit op mei trije kostgongers fan Beppestyn, as in húshâlding. Femke is wei fan horoskopen en astrology. Yn opdracht fan har horoskoop begjint Femke in deiboek te skriuwen. It libben moat swart op wyt stean. It deiboek kriget ynienen in stik mear spanning as har pake fan heit syn kant kontakt siket. Se komt fan alles oer har eigen libben te witten dat har mem har net fertelle woe.

Swierte
It sil N1-lêzers oansprekke dat it boek ienfâldich opboud is en dat der spanning yn sit. Boppedat hat it ferhaal in befredigjend ein. It boek is skreaun yn deiboekfoarm en dat twingt de lêzer om de gebeurtenissen te besjen út it perspektyf fan Femke wei. Dat kin de N1-lêzer lestich fine en mooglik boeie de prakkesaasjes fan Femke en har problemen de N1-lêzer net genôch.
Foar in N2-lêzer is dat gjin probleem; dy kin him makliker mei it haadpersonaazje identifisearje en sil saken út it libben fan Femke werkenne. It neitinken oer identiteit en famyljerelaasjes sil de N3-lêzer oansprekke. It leit lykwols net yn de reden dat de N3-lêzer troch it boek ta nije ideeën komt. It boek hat net in djippere betsjuttingslaach dêr't de N3-lêzer him yn fêstbite kin.

Didaktyske en letterkundige analyze 

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze om him te ferpleatsen yn de tinzen fan in puberfamke en it net ferfelend fine dat it boek al wat âlder is.

Ynteresses

Lêzers moatte ynteresse ha yn famyljerelaasjes.

Algemiene kennis

Yn it boek wurdt faak nei it ferske: Love over gold - Dire Straits ferwiisd. It soe in moaie tafoeging wêze as de lêzer dat werken. Der wurdt ek in soad oer de Bibel sein. In bytsje kennis oer de Bibel makket it ferhaal makliker te lêzen. Dochs sil it ûntbrekken fan dy kennis gjin problemen opsmite.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Der steane net in soad lestige wurden yn it boek. Ut en troch ris in wurd dat wat dreger is, mar dat stiet it begripen fan it ferhaal net yn ‘e wei. 

Sinskonstruksjes

Lange sinnen mei bysinnen wurde ôfwiksele troch koarte sinnen. Der stiet in soad dialooch yn it boek.

Styl

De styl fan de roman is tagonklik. De kontekst biedt genôch hâldfêst om út en troch in dreech wurdt te begripen.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der bart in soad yn it ferhaal.

Gronology

Femke skriuwt alle dagen yn har deiboek en se fertelt oer de dei sels. Der sit dus in dúdlike gronology yn it ferhaal, dy't gjin problemen opsmyt.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline. De lêzer hat hâldfêst oan it deiboek dat Femke skriuwt.

Perspektyf

It boek is skreaun yn it ik-perspektyf, út Femke wei. Femke nimt de lêzer troch har deiboek mei yn har libben. Foar N1-lêzers is dat noflik, omdat dat perspektyf it maklik makket om harren yn Femke te ferpleatsen. 

Betsjutting

In N2-lêzer sil dit boek sjen as in ferhaal oer in famke fan de eigen leeftiid, dat wrakselet mei werkenbere saken (pûkels, leafde, famyljerelaasjes). In N3-lêzer sil it sjen as in ferhaal oer de syktocht nei de eigen identiteit en him fragen stelle oer it belang fan famyljerelaasjes en hoe't je omgeane mei de sykte fan in goede freon.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

It wichtichste karakter is Femke en yn har kin de lêzer him goed ferpleatse, omdatst alles besjochst út har perspektyf. De oare karakters steane wat fierder fan de lêzer ôf. Dat binne lykwols byrollen.

Oantal karakters

Der binne aardich wat karakters yn it boek. Femke wennet by har beppe dy’t thús kostgongers hat. Al dy karakters spylje yn it boek in rol. Op skoalle hat Femke ferskillende freonen, dy’t sy yn har deiboek neamt. It oantal is prima nei te kommen.

Untjouwing fan de karakters

Femke makket in ûntjouwing troch. Se knapt op fan it skriuwen yn har deiboek en har persoanlike sitewaasje wurdt yn de rin fan it ferhaal better. Se hâldt tsjin de ein fan it boek sels efkes op fan skriuwen, omdat se libje wol. De ûntjouwing is goed nei te kommen, omdat de lêzer alle feroaringen meikrijt en dus meilibje kin.

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten