Fries | niveau 2 | Swarte ingels

Swarte ingels

Swarte ingels

Schoorstra, Willem
Niveau
Niveau 2
Jaar uitgave
2004 [4de pr 2011]
Uitgeverij
Frysk en Frij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
238
Genre
  • psychologyske roman
Tags
  • broer-susterrelaasje
  • jeugdkultuer
  • jierren '70
  • leafde
  • ynsest
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Willem Schoorstra (1959) komt fan Ternaard. Hy wurket as teamlieder by de Dokkumer Vlaggen Centrale. Hy hie fan jongs ôf nocht oan lêzen, mar syn kreayf wurk begûn yn de muzyk: gitaarspylje, lieten skriuwe. Op oantrún fan syn suster begûn er ek ferhalen te skriuwen. Syn debútbondel Berjochten út Babel yn 2002 wie daliks in súkses. 'In jonge hûn, en hy kin noch moai blaffe ek!' sei in kritikus, en in oare: 'Hy batst der op in ûnfryske wize yn en lit sa in hiel eigen lûd hearre'. In folgjend súkses wie syn roman Swarte ingels, in roman oer in leafdesrelaasje tusken broer en suster. De skriuwer hâldt derfan om syn lêzers yn heftige situaasjes te bringen. Yn de boeken fan Schoorstra spylje tema's in rol as as heit-soanrelaasje, homoseksualiteit, it ferlet fan leafde yn in wrede realiteit fol misbegryp, leafdeleazens en identiteit. Ynspiraasje hellet de skriuwer ûnder oare út muzyk (metal) en film. Syn nijsgjirrichheid nei de ferneamde Fryske kening Redbad sette him op it spoar om Rêdbâd te skriuwen.

Inhoud

Swarte ingels is it ferhaal oer in ûnmooglike leafde. Troch de minne relaasje tusken har âlden, sykje Hilbrand en syn suske Fardou feilichheid by elkoar. Broer en sus wurde stadichoan ferlyfd, se krije in ferhâlding. Dat kin net geheim bliuwe en it ferhaal kriget in dramatysk ein.

Leesaanwijzingen

Swarte ingels is maklik skreaun: de sinnen binne koart, der binne net folle lestige wurden en de struktuer is ienfâldich. It ferrin fan de leafde tusken broer en sus is in spannend elemint yn dit wat broeierige ferhaal.

Om over na te denken

Wat soesto dwaan ast sljocht wiest op in ûnberikbere leafste? Mei wa soest dyn gefoel diele? Of soest der net oer prate?

Waardering

'Schoorstra jout it tema fan de ynsestueuze leafde op in knappe manier foarm. Op fernimstige wize wit er de lêzer hieltyd wer yn spanning te hâlden. (…) En ek as de leafde tusken Hilbrand en Fardou in beklonken saak is, hâldt er de spanning fêst. No komt it spanningsaksint wer op oare dingen te lizzen. Sil it geheim ûntdutsen wurde?'
Jabik Veenbaas yn de Ljouwerter Krante

'De skriuwer beskikt net allinne oer in moaie natuerlike styl; de komposysje doocht ek hielendal.'
Jetske Bilker yn Farskskrift

Opmerkingen

Foar dizze roman krige de skriuwer yn 2005 de Fedde Schurerpriis. De folsleine tekst is opnommen yn de dbnl.




Leestips/meer weten

Oer de skriuwer
Jabik Veenbaas, besprek, Leeuwarder Courant 13-02-2004

Samengesteld door

Bart Temme

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Schoorstra, Willem Swarte ingels
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om nei te tinken oer de titel en it omslach

Opdracht

Hjirûnder steane trije ferskillende omslaggen fan it boek Swarte ingels: twa omslaggen fan de Fryske edysje en it omslach fan de Nederlânske oersetting.


   


De útjouwerij wol graach in edysje foar jongerein útbringe. De boppesteande omslaggen fine de minsken fan de útjouwerij net gaadlik.

1. Untwerp foar de útjouwerij it omslach foar in jongereinedysje.
2. Wêrom is dyn omslach oantreklik foar jongerein?
3. Betink ek in alternative titel en fertel wêrom't dy titel by it omslach én by de ynhâld fan de roman past.

Makke trochBart Temme
Boek Schoorstra, Willem Swarte ingels
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmtwatal
Fokuspersonaazjes
Learst

om hannelingen en eigenskippen fan it haadpersonaazje te beskriuwen

Opdracht

Jim sitte in de redaksje fan it BNN-programma Je zal het maar zijn, in programma oer jongerein mei in bysûnder ferhaal. De redaksje wol graach Hilbrand yn de útstjoering, syn ferhaal sil sintraal stean.

1. Skriuw tegearre in koarte tekst dy't de presintator foarlêst om Hilbrand te yntrodusearjen.
2. Betink tegearre fiif fragen dy't jim oan de persoan Hilbrand stelle wolle.
3. Betink tegearre de antwurden dy't Hilbrand jaan sil.

Bronnen

BNN programma Je zal het maar zijn

Makke trochBart Temme

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Schoorstra, Willem Swarte ingels
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om it gedrach fan personaazjes te begripen

Opdracht

1. Hjirûnder steane fiif sitaten uit Swarte ingels. Wat is dyn miening oer it sitaat? Is it sitaat typysk foar it personaazje Hilbrand of jildt it ek foar jongerein yn it algemien? Set de letter fan it sitaat yn it skema hjirûnder, yn de rigel foar Hilbrand en ek yn de rigel foar jongerein yn it algemien.

Typysk Hilbrand

 
1

 
2


 3


 4

Hielendal net typysk Hilbrand

Typysk foar jongerein

 
1

 
2

 
3

 
4

Hielendal net typysk foar jongerein

 a. 'Freonen en freondintsjes hiene wy net as bern, wy kamen inkel fan 'e pleats om nei skoalle ta yn 't doarp. Moarns stutsen wy ôf, in stik bôle en in apel yn 'e bûse. Mem brocht ús oant 'e homeie ta, dêr't se stean bleau oant wy har net mear sjen koene.' (side 9)

b. 'Ik ha útfûn dat se my ek aardich fine, fammen. Se wolle graach mei my frije. Yn 't begjin hie 'k dêr noed mei, hoe't dat no krekt moast en sa. (…) Mar it giet fansels, je hoege der net by nei te tinken.' (side 64)

c. 'Boppedat hâld ik fan 'e bosk, likefolle as fan see en wetter. Wy komme der amper, mar dy seldsume kearen heuge my tige. Krekt as mei swimmen fielt it oan as thúskommen, fan teplak wêzen. Beredenearje kin 'k it net, mar it leafst soe 'k dêr fannacht allinne wêze. Oars net as de beammen, de nachtbisten en ik.' (side 70)

d. 'Yn seksbledsjes fan Riemer syn broer ha 'k wol sjoen dat it dien waard. En no gebeurt it my. Ik fyn it sjenant, wol dat se dermei ophâldt. Mar ik lynje mei beide hannen tsjin 'e stam, ha de eagen ta, de mûle iepen. Alles ferrifelet my: de faasje dêr't it mei gebeurt, it twingende, waarme sûgjen; myn bûtenwenstige geilens.' (side 83)

e. 'Om't ik ferlyfd bin op it himmelste en leafste fanke fan de hiele weareld. Dêrom dooch ik net. Pake begrypt net wêr't ik my sa drok oer meitsje. Mar ik bin ferlyfd op ús Fardou. Myn suster.' (side 64)


2. Besjoch hoe'tst it skema ynfolle hast en beäntwurdzje dan de folgjende fragen:
a. Is Hilbrand in typyske puber? Wêrom al of net?
b. Wat makket him itselde as oare jongeren en wat makket him oars as oars?

Makke trochBart Temme
Boek Schoorstra, Willem Swarte ingels
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om nei te tinken oer de identifikaasje mei personaazjes

Opdracht

1. Hilbrand sit op Twitter. Folgje him op @HilbrandSwingel en stjoer him in privee-berjocht. Fertel him hoe't er mei syn leafde foar syn sus omgean moat. Doch dat op basis fan trije ferskillende foarfallen út de roman. Beneam dy foarfallen ek yn dyn brief (mei it sidenûmer derby).

2. Dyn berjocht moat ûngefear 400 wurden befetsje. 

3. Fardau hat ek in Twitter-account: @FardouSwingel. Lês har berjochten en jou op ien fan har tweets in ynhâldlik antwurd.

4. Wêrom beäntwurdest krekt dizze tweet? Lis út.

Makke trochBart Temme

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Schoorstra, Willem Swarte ingels
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmtwatal
Fokuspersonaazjes
Learst

om it gedrach fan personaazjes te analysearjen en te ferklearjen

Opdracht

Op de Community fan de Kindertelefoon kinst mei oare jongerein prate oer allegear ûnderwerpen. De gesprekken geane oer leafde, seks, freonen en famylje.

Yn Swarte ingels prakkesearret Hilbrand oer de ferhâlding mei syn suske Fardou. Hy ferberget de ferhâlding foar syn âlden. Fardou fertelt ek neat. Tegearre hawwe se in ferbûn. Oan de ein fan de roman wurdt de situaasje ûnhâldber, der moat wat dien wurde.

1. Yn dizze opdracht set ien fan jim in fraach op papier dy't Hilbrand op it foarum fan de Kindertelefoon stelle sil. De oar docht itselde foar Fardou.

2. As jim beiden in fraach hawwe, wikselje jim de fragen út. Dêrnei skriuwe jim it antwurd op dat in jongere oan Hilbrand en Fardou jaan soe.

3. Yn Swarte ingels slagje Hilbrand en Fardou der net yn om oer har ferhâlding mei har âlden te praten. Bepraat tegearre wêrom't dat net slagget. Meitsje gebrûk fan de antwurden út fraach ien en twa.

Makke trochBart Temme
Boek Schoorstra, Willem Swarte ingels
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmfjouwertal
Fokustematyk
Learst

om te reflektearjen op morele fraachstikken út de roman

Opdracht

Der wurdt in debat organisearre oer de folgjende stelling:

'It is in goede saak dat Willem Schoorstra mei syn roman ynsest besprekber makket'.

1. Praat ôf wa't tsjinstanner en wa't foarstanner is.

2. De tsjinstanners betinke arguminten om de boppesteande stelling te ferdigenjen, de foarstanners betinke arguminten om de boppesteande stelling te bestriden. Hâld jim oan de feiten út de roman.

3. Hâld in debat oer de stelling. Meitsje gebrûk fan de spulregels fan it debat út jim lesmetoade of fan it debatynstitút (sjoch: Boarnen). Freegje in klasgenoat om it debat op te nimmen mei syn telefoan of tablet.

4. Besjoch mei-inoar de film fan jim debat. Stel fêst wa't yn it debat syn stelling it bêste mei arguminten útlizze koe.


Bronnen

Nederlands Debat Instituut

Makke trochBart Temme

Docenteninformatie

Yntroduksje

Willem Schoorstra (1959) komt fan Ternaard. Hy wurket as teamlieder by de Dokkumer Vlaggen Centrale. Hy hie fan jongs ôf nocht oan lêzen, mar syn kreayf wurk begûn yn de muzyk: gitaarspylje, lieten skriuwe. Op oantrún fan syn suster begûn er ek ferhalen te skriuwen. Syn debútbondel Berjochten út Babel yn 2002 wie daliks in súkses. 'In jonge hûn, en hy kin noch moai blaffe ek!' sei in kritikus, en in oare: 'Hy batst der op in ûnfryske wize yn en lit sa in hiel eigen lûd hearre'. In folgjend súkses wie syn roman Swarte ingels, in roman oer in leafdesrelaasje tusken broer en suster. De skriuwer hâldt derfan om syn lêzers yn heftige situaasjes te bringen. Yn de boeken fan Schoorstra spylje tema's in rol as as heit-soanrelaasje, homoseksualiteit, it ferlet fan leafde yn in wrede realiteit fol misbegryp, leafdeleazens en identiteit. Ynspiraasje hellet de skriuwer ûnder oare út muzyk (metal) en film. Syn nijsgjirrichheid nei de ferneamde Fryske kening Redbad sette him op it spoar om Rêdbâd te skriuwen.

Ynhâld

Swarte ingels is it ferhaal oer in ûnmooglike leafde. Troch de minne relaasje tusken har âlden sykje Hilbrand en syn suske Fardou feilichheid by elkoar. Broer en sus wurde stadichoan ferlyfd, se krije in ferhâlding. Dat kin net geheim bliuwe, it ferhaal kriget in dramatysk ein.

Swierte

Foar N1-lêzers en N2-lêzers is it boek oantreklik skreaun: net folle lestige wurden, de sinnen binne koart. Ek de struktuer is ienfâldich. Se sille har identifisearje kinne mei de haadpersonaazjes: jongerein. De tematyk ynsest sil net oanslute by eltse lêzer fan N1- en N2-nivo. Ek de ferwizings (muzyk, films, telefyzje) nei de santiger jierren, de tiid dat ferhaal spillet, is minder oantreklik foar N1-lêzers en N2-lêzers. Foar N3-lêzers is der minder útdaging. It boek hat gjin iepen plakken. Der binne gjin perspektyfwiksels, der is gjin iepen ein, alles wurdt eksplisyt beskreaun. Wol behannelet de roman in moreel fraachstik: ynsest. N3-lêzers kinne har dêr goed yn fêstbite.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan it haadpersonaazje dat prakkesearret oer de 'ferbeane' ferhâlding mei syn suske. It wynt him yn 'e holle om. De lêzer moat dêr foar iepen stean.

Ynteresses

N2-lêzers hâlde fan realistyske ferhalen. Swarte ingels jout har sa'n ferhaal. Se sille har maklik identifisearje kinne mei de haadpersoan, in adolesint. Dat is foar in N2-lêzer belangryk. It tema ynsest sil net elke lêzer ynteressearje, dêr moat de dosint rekken mei hâlde.

Algemiene kennis

Kennis oer de wrâld is net nedich, wol steane yn Swarte ingels ferwizinge nei de kultuer út de santiger jierren (David Bowie, T-Rex, Jaws), mar de lêzers kinne har ek rêde sûnder kennis dêrfan. Psychyske kennis is belangriker: de haadpersoan tinkt nei oer morele fraachstikken.

Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks)

Spesifike literêre kennis is net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Der steane net folle lestige wurden yn 'e roman. Swarte ingels is yn gongber Frysk skreaun. Ut en troch komme literêr oandwaande wurden foar, dat is lestich mar se binne meastal wol te begripen út de kontekst.

Sinskonstruksjes

De sinnen yn Swarte ingels binne oer it algemien tige koart. De sinsbou is 'staccato', der binne hast gjin bysinnen. De sinskonstruksjes yn it ferhaal binne dêrom ienfâldich foar sawol N1-, N2- as N3-lêzers.

Styl

De styl is tagonklik foar N2-lêzers. De roman is skreaun yn praattaal. Der stiet net folle byldspraak yn 'e roman, Schoorstra brûkt net folle metafoaren. As hy in fergeliking makket, dan is dat yn natuerbeskriuwings. De tema's binnen eksplisyt beskreaun. Foar N2-lêzers is dat moai, foar N3-lêzers is der te min útdaging.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn de haadstikken bart in soad, mar fan echte askje is gjin sprake. Dat is minder oantreklik foar N2-lêzers. De ferhaallinen wurde wiidweidich ferteld. De dialogen soargje foar bespegelingen fan it karakter Hilbrand, miskien lestich foar N2-lêzers, maar se soargje ek foar tempo. Uteinlik is der wol sprake fan in plot: komt de ynsest tusken Hilbrand en syn suske út?

Gronology

De struktuer fan de roman is ienfâldich. De gronology slút oan by de N2-lêzer: koarte haadstikken en der is dúdlik in begjin en in ein. Yn it ferhaal sitte net folle werom- of foarútferwizings. Se binne dúdlik oanjûn mei wytrigels.

Ferhaalline(n)

De ferhaalline yn Swarte ingels is goed te folgjen foar N2-lêzers: de leafde tusken broer en sus. Ek de ferhalen dêr trochinne (nei de grutte skoalle, fakânsje op It Amelân, ensafh) binnen goed te folgjen. It ferhaal is net kompleks foar N1- en N2-lêzers.

Perspektyf

Der binne gjin perspektyfwiksels yn it ferhaal. It ferhaal wurdt ferteld út it ien karakter wei: Hilbrand. Dat makket it tangonklik foar N2-lêzers. De lêzers wurde twongen om har te identifisearjen mei it karakter en him te folgjen yn syn prakkesaasjes. Net foar elke N2-lêzer is dat maklik.

Betsjutting

It tema, de ynsest tusken broer en sus, is daliks dúdlik. Schoorstra beskriuwt it tema eksplisyt. It wurd falt al gau. De N2-lêzer hoecht der net op sitte te stinnen. Oare betsjuttings (motiven en ideeën) wurde ek eksplisyt útlein.

Fertroud mei literêre personaazjes

Karakters

Yn Swarte ingels folget de lêzer de hannelings fan ien personaazje. Hilbrand is in adolesint; de N2-lêzer sil in protte fan syn hannelings begripe kinne (nei de grutte skoalle, in nije learomjouwing, earste ferkearing). De morele opfettings fan de haadpersoan (de leafde foar syn suske moat kinne, neffens Hilbrand) sil net else N2-lêzer begripe, in N1-lêzer noch minder. In N3-lêzer kin mei sokke opfettings better út de fuotten.

Hoemannichte

De hoemannichte personaazjes is net grut. Hilbrand is de sintrale persoan. Ek syn suske Fardou stiet op 'e foargrûn, fansels beskreaun fan it personaazje Hilbrand wei. De minsken om him hinne binne byfigueren (heit, mem, freon Riemer). Sawol N1-lêzers as N2-lêzers kinne de hoemannichte personaazjes maklik oersjen.

Untjouwing fan karakters

De prakkesaasjes fan Hilbrand oer de ferhâlding mei syn suske sille N2-lêzers lestich befetsje kinne. Dat is har mooglik frjemd. Dat makket Hilbrand kompleks. De N3-lêzers sille har de prakkesaasjes fan Hilbrand en syn ûntjouwing makliker yntinke kinne.

 

Relevante  boarnen foar dosinten

Jakib Veenbaas, 'Fereale op syn suster,' Leeuwarder Courant, 13 febrewaris 2004.
Gerbrich van der Meer, 'Personaazjes hawwe te lijen fan boadskip', Friesch Dagblad, 28 april 2004.
Joke Corperaal, 'Net de leave kant it neist', Hjir, jg. 33, nr. 2, 2004.
Jetske Bilker, 'Tsjuster en ferheven', Farskskrift 2004.
Allegear te finen op tresoar.nl: boekprofyl, of yn Tresoar, Ljouwert