Fries | niveau 3 | De nacht fan Mare

De nacht fan Mare

De nacht fan Mare

Schoorstra, Willem
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2017
Uitgeverij
Het Nieuwe Kanaal
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
271
Genre
  • relaasjeroman
  • coming of age
Tags
  • jierren '70
  • leafde
  • Ljouwert
  • relaasje
  • seks
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

 

Over de auteur

Willem Schoorstra (1959) is berne en opgroeid yn Ternaard. Hy hat allegearre ferskillende beroppen hân. As bern mocht Schoorstra graach lêze. Syn earste publikaasje is Ynwijing (2001), in dichtbondel. In jier letter publisearre er de ferhalebondel Berjochten út Babel (2002). Muzyk is in wichtige ynspiraasjeboarne foar Schoorstra. Syn boeken geane faak oer (bysûndere) relaasjes. In bekend boek fan Schoorstra is Swarte Ingels, oer de relaasje tusken in broer en in sus. It boadskip fan dat boek is: leafde lit him net liede troch maatskiplike konvinsjes. Dat boadskip is ek yn dit boek werom te sjen.

Inhoud

Op in konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún (Ljouwert) moetet haadpersonaazje Mare in jonge mei blond hier en in blikje bier yn 'e hân. Sy krije in yntinse relaasje dy't sjen lit hoe fier as in minsk gean kin foar in oar. It ferhaal spilet him ôf yn de jierren santich yn Ljouwert yn in sfear fan sex, drugs and rock 'n roll. Ferslaving is in belangryk tema yn dit boek.

Leesaanwijzingen

Ast oan it boek begjinst is Mare in famke fan santjin jier mei in bosk read hier. Do learst har kennen as in sosjaal, mar ek wat skruten famke dat graach wat belibje wol. Dat bart as se mei klassegenoaten nei in konsert fan Herman Brood giet yn de Prinsetún. Wat se dêr belibbet is bepalend foar de rest fan har libben.

Om over na te denken

Hoefier kin in minsk gean foar in oar? Moatst yn in relaasje de oar altyd op it earste plak sette? Wat dochst ast sa bot fan ien hâldst datst der sels oan ûndertroch giest?

Waardering

"It is in sosjaal-kritysk ferhaal, dat libbet, útdaget en benammen autentyk is."
Josse de Haan op www.demoanne.nl.

"Mei De nacht fan Mare hat Schoortra in tsjuster boek ôflevere dat skrinend sjen lit hoe fier't in relaasje en ferslaving gean kinne."
Geart Tigchelaar yn Ensafh.

"Schoorstra lijkt als geen ander te weten hoe hij vaart in het verhaal moet houden, wat hij over moet slaan en waar hij op in moet zoomen. (...) Het boek pakt je vanaf het begin bij de lurven om je daarna niet meer los te laten."
Jelle van der Meulen op www.frieseliteratuur.nl.

Opmerkingen

Willem Schoorstra hat foar dit boek de Rink van de Veldepriis 2018 krigen. Dy wurdt om de twa jier útrikt oan in boek yn it Frysk of in streektaal dy't yn Fryslân brûkt wurdt.




Leestips/meer weten

tresoar.nl

Samengesteld door

Gerbrich de Jong

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Schoorstra, Willem De nacht fan Mare
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om nei te tinken oer personaazjes

Opdracht

Stel dy foar datst oer De nacht fan Mare praatst mei ien dy't it boek net lêzen hast.

1. Hoe soest oan dy persoan útlizze watfoar persoan as Mare is? Beskriuw net allinnich har uterlik, mar ek har inerlik.
2. Soesto befreone wêze wolle mei Mare? Wêrom wol of net?
3. Hoe soest útlizze watfoar persoan as Thomas is? Fertel no ek net allinnich oer hoe't er derút sjocht, mar ek oer hoe't er him hâldt en draacht.
4. Hoe soest de relaasje tusken Mare en Thomas omskriuwe?
5. Soest it boek oanriede oan in klassegenoat? Lis út wêrom wol of net.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Schoorstra, Willem De nacht fan Mare
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te identifisearjen mei in personaazje

Opdracht

Kies ien fan de ûndersteande opdrachten.

Opdracht 1
Mare giet hiel fier foar Thomas, ek as dat eins net goed is foar harsels. Der komt in punt dat se by-inoar wei geane, mar dat punt hie ek earder komme kind. Tink dy yn datst Mare bist en datst al earder in punt achter de relaasje sette soest. Op watfoar momint soest dat dan dwaan? Skriuw in brief fan minimaal 250 wurden oan Thomas dêr'tst yn útleist datst net fierder mei him wolst. Meitsje yn dyn brief dúdlik op watfoar punt ast de relaasje beëinigest en wêrom.

Opdracht 2
Mare hat in goede freondinne, Gwen. Gwen ken Mare goed en wit ek in soad fan Thomas. Doch krekt of bist Gwen en skriuw in brief oan Mare dêr'tst yn fertelst hoe'tst tsjin de relaasje oansjochst. Dyn brief is minimaal 250 wurden.

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Schoorstra, Willem De nacht fan Mare
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel of yn twatallen
Fokuspersonaazjes
Learst

om nei te tinken oer personaazjes

Opdracht

Dizze opdracht kinst yn twatallen of yndividueel útfiere.

Yn twatallen
Hjirûnder sjogge jim fjouwer stellingen. Jim bepale elk yndividueel foar de fjouwer stellingen oft jim it mei de stellingen iens binne of net en betinke dêr arguminten by. Dêrnei wikselje jim ideeën út en geane jim yn petear oer de stellingen.

1. Mare is in sterke frou.
2. Minsken moatte har oanpasse oan de maatskippij dêr't se yn libje.
3. Thomas en Mare binne foar inoar bestimd. 
4. Mare is krekt har mem.  

Nim jim diskusje op of doch der skriftlik ferslach fan. 

Yndividueel
As der net in klassegenoat is om de opdracht mei út te fieren, kinst de opdracht ek allinnich dwaan. Jou dan dyn eigen miening oer de stellingen en jou dêr per stelling minimaal trije arguminten by. Set dyn ferhaal op papier of meitsje in floch.

Bronnen

www.debatindeklas.nl

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Schoorstra, Willem De nacht fan Mare
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustematyk
Learst

om nei te tinken oer de tematyk

Opdracht

Yn haadstik 2 op side 70 ha Mare en har heit spul mei-inoar.
1. Mare neamt har heit oerflakkich, materialistysk en konservatyf. Lis út wat se dêr mei bedoelt en wat dy termen ynhâlde.
2. Mare har heit neamt har in subversyf elemint. Wat is dat?
3. Thomas hat Herman Brood as foarbyld en seit dêroer: "Dy is frij yn syn kop, frij yn syn dwaan en litten. Hy docht wat er dwaan wol. Mei alle highs en lows dy't dat opsmyt. Sa moat it wêze." Libbet Thomas nei dyn idee sa as Herman Brood?
4. Mare seit op side 70 oer de libbensfizy fan Thomas: "Ik wit dat er gelyk hat. Net konformearje, gjin konsensus." Wat bedoelt se dêrmei? Lis út wat konformearje en konsensus ynhâlde.
5. Fynst dat Mare der yn slagget om te libjen sûnder konformearjen en konsensus? Lis dyn antwurd út.
6. Oan wa konformearret Mare har it measte?
7. Hoe sjochst sels tsjin dy saken oan? Moat in minsk him konformearje of hat in minsk it rjocht om te dwaan en te litten wat er wol? Dyn antwurd hoecht net swartwyt te wêzen. Meist ek útlizze watfoar ferskillende kanten der neffens dy oan sitte.  

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Schoorstra, Willem De nacht fan Mare
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusperspektyf
Learst

om nei te tinken oer it effekt fan perspektyf

Opdracht

1. Yn in resinsje (sjoch boarne 1) hat Josse de Haan sein dat net Mare, mar Thomas de haadpersoan is fan it boek, omdat hy it libben fan Mare bepaalt. Hoe sjochst dêr tsjinoan? Fynst dat reden genôch om Thomas de haadpersoan te neamen? Underbou dyn antwurd.

2. Der binne minsken dy't tinke dat it boek better west hie as it út Thomas syn perspektyf wei ferteld wie. Wat hie yn it boek ûntbrutsen as it út it perspektyf fan Thomas ferteld wie?

3. Wat foar nijs wie der yn it boek kaam as it ferhaal út Thomas wei ferteld wie?

4. Wat fynst fan de kar fan de skriuwer om it ferhaal troch Mare har eagen sjen te litten?

5. Yn de literatuerwittenskip wurdt ûnderskie makke tusken ferskillende farianten fan in ik-perspektyf: 'belibjend ik' en 'fertellend ik'. Lês ûnder literêre teory wat dêr it ferskil tusken is.

6. Is de ik yn it ferhaal in belibjend ik of in fertellend ik? Wêr sjochst dat oan? Lis dyn antwurd út mei in foarbyldfragmint út it boek.

7. Watfoar effekt hat dat ik-perspektyf op dy as lêzer?

Literaire theorie

Der binne twa soarten ik-fertellers: fertellend ik en belibjend ik. It fertellend ik fertelt oer foarfallen dy’t plak hân ha yn it ferline. De foarfallen binne achter de rêch, dus de ferteller kin kommentaar ha op wat der bard is. De oare fariant is it belibjend ik. Dy hat it oerfoarfallen dy’t op dat stuit barre. Dêrom kin in belibjend ik gjin kommentaar jaan op syn eigen hanneljen. Tink derom dat de tiidwurdsfoarmen by in belibjend ik wol yn ’e doetiid stean kinne.

Bronnen

Joke van Balen e.o., Basisboek literatuur. Grins, Uitgeverij Kleine Uil, 2009, side 104.

Resinsje fan Josse de Haan.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Schoorstra, Willem De nacht fan Mare
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokussjenre en styl
Learst

om nei te tinken oer sjenre en styl

Opdracht

Geart Tigchelaar beskôget De nacht fan Mare as in gothic novel.
1. Sykje op ynternet út wat in gothic novel is. Notearje twa foarbylden fan gothic novels en fjouwer eigenskippen fan sokke boeken en jou dy yn eigen wurden wer.
2. Hasto wolris in gothic novel lêzen of in boek dat foar in part oan de beskriuwings foldocht? Watfoar boek datst lêzen hast komt it tichtste yn 'e buert?
3. Bist it, mei it each op de ynformaasje dy'tst fûn hast, iens mei Geart Tigchelaar dat it boek wat hat fan in gothic novel? Wêrom wol of net? Jou foarbylden út it boek.
4. Geart nimt as foarbyld fan 'swart taalgebrûk' it folgjende fragmint (s. 68):

De nacht is in flearmûs mei grutte, swarte wjokken fan lear. Dy hat er om de hiele weareld hinne slein. Allinne yn de auto is der ljocht.

Neam minimaal twa oare foarbylden fan swart taalgebrûk of 'swarte eleminten' yn it boek. Meist sitearje út it boek of it yn eigen wurden opskriuwe. Lis út wêrom't dyn foarbylden neffens dy passend binne.  

Makke trochGerbrich de Jong

Docenteninformatie

Yntroduksje

Willem Schoorstra (1959) is berne en opgroeid yn Ternaard. Hy hat allegearre ferskillende beroppen hân. As bern mocht Schoorstra graach lêze. Syn earste publikaasje is Ynwijing (2001), in dichtbondel. In jier letter publisearre er de ferhalebondel Berjochten út Babel (2002). Muzyk is in wichtige ynspiraasjeboarne foar Schoorstra. Syn boeken geane faak oer (bysûndere) relaasjes. In bekend boek fan Schoorstra is Swarte Ingels, oer de relaasje tusken in broer en in sus. It boadskip fan dat boek is: leafde lit him net liede troch maatskiplike konvinsjes. Dat boadskip is ek yn dit boek werom te sjen.

Ynhâld

Op in konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún (Ljouwert) moetet haadpersonaazje Mare in jonge mei blond hier en in blikje bier yn 'e hân. Sy krije in yntinse relaasje dy't sjen lit hoe fier as in minsk gean kin foar in oar. It ferhaal spilet him ôf yn de jierren santich yn Ljouwert yn in sfear fan sex, drugs and rock 'n roll. Ferslaving is in belangryk tema yn dit boek.

Swierte

Foar N2-lêzers is dit in leafdesferhaal dat flot lêst en dat ferhaaltechnysk gjin lestichheden befettet. It freget lykwols ynlibbingsfermogen om it hâlden en dragen fan de personaazjes te begripen en dat kin foar de werkennende N2-lêzer útdaagjend wêze. Itselde jildt foar it feit dat it boek fyftich jier lyn spilet. Foar in N3-lêzer is dat ynlibjen en dy ôfwikende wrâld minder in probleem. Dy sil troch dit boek oan it tinken set wurde oer relaasjes en wat dy mei ien dwaan kinne. De learling kin ek neitinke oer de gefolgen fan ferslaving en oer de maatskippijkrityk fan de jierren santich. Foar N4-lêzers sit der byt oan dit boek troch de ferwizingen en dy't yn it boek sitte nei oare keunstfoarmen en troch de ferteltechnyk te analysearjen. Fierders kin de N4-lêzer him ôffreegje watfoar boadskip de auteur mei dit boek ôfjaan wol.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De learling moat ree wêze om in leafdesferhaal te lêzen mei in frou yn de haadrol, dat in pear desennia lyn spilet.

Ynteresses

Learlingen dy't wat ha mei muzyk en mei sex, drugs and rock 'n roll kinne de sfear yn dit boek wurdearje. Fierders is it boek ekstra nijsgjirrich foar minsken dy't ynteresse ha yn de polityk en maatskippij.   

Algemiene kennis

It helpt as de learling wat wit fan de jierren santich, dêr't it boek him yn ôfspilet, mar sokke kennis is net fereaske.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Der is gjin spesifike literêre en kulturele kennis fereaske om dit boek nei te kommen. Hjir en dêr binne der ferwizingen nei boeken, artysten en in spesifyk skilderij, mar it boek is ek begryplik foar ien dy't dat neat seit.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is net kompleks.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne net kompleks. It boek befettet in soad dialooch. Koarte en wat langere sinnen wikselje inoar ôf.

Styl

It boek is flot en linich skreaun.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

It boek befettet aksje, mar bestiet benammen út de inerlike monolooch fan it haadpersonaazje. Foar in N2-lêzer kin dat dreech wêze, want dy moat de inerlike wrâld fan Mare boeiend genôch fine om troch te lêzen. Foar in N3-lêzer is dat minder útdaagjend.

Gronology

De gronology fan it boek fereasket gjin fleksibiliteit fan de lêzer en smyt foar N2-, N3- en N4-lêzers gjin problemen op. It boek is opparte yn acht dielen (of haadstikken), dy't hieltyd in sprong yn de tiid markearje en in oare faze fan de relaasje.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline: dy fan Mare.

Perspektyf

Der is ien perspektyf: dat fan Mare.

Betsjutting

In N2-lêzer sil it boek lêze as in leafdesferhaal mei in dramatyske ôfrin. In N3-lêzer sil it boek wurdearje, omdat it him oan it tinken set oer morele fragen en oer de leafde en relaasjes. In N4-lêzer kin him dêrneist ferdjipje yn de styl en it effekt fan it fertelperspektyf.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

It hâlden en dragen fan it haadpersonaazje freget ynlibbingsfermogen. Dat kin foar in N2-learling lestich wêze, mar foar in N3-lêzer is it net in probleem. 

Oantal karakters

It tal karakters is oersichtlik en foar alle lêzers goed nei te kommen.

Untjouwing fan de karakters

De ûntjouwing fan it haadpersonaazje fan in skruten skoalfamke nei in ûnôfhinklike frou is goed nei te kommen.  

Ferantwurding

tresoar.nl