Fries | niveau 4 | Renger

Renger

Renger

Vries, Nyk de
Niveau
Niveau 4
Jaar uitgave
2016
Uitgeverij
Afûk
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
323
Genre
  • famyljeroman
  • sosjale roman
  • roadnovel
Tags
  • doarpslibben
  • opgroeie
  • stânsferskil
  • Wâlden
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden, Nederlânske ferzje)

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Nyk de Vries (1971) is skriuwer en muzikant. Hy groeide op yn Noard-Burgum en wennet no yn Amsterdam. Al op it fuortset ûnderwiis krige er bekendheid as foarman fan punkrockformaasje The Amp. Nei syn skoaltiid gong er nei Grins om skiednis te studearjen en dêr sette er mei oare jonge skriuwers it Frysk op ’e kaart troch eigensinnige literatuer te skriuwen. Syn debút wie Rezineknyn (2000). De Vries wurdt rûnom priizge foar syn humoristyske ultrakoarte ferhalen. Renger ferskynde earst yn it Nederlânsk. Foar dat boek krige De Vries de Piter Jellespriis. De Fryske ferzje fan Renger wurdt net beskôge as in oersetting, mar as in nije ferzje fan it boek, omdat de tekst op guon plakken oanpast is.

Inhoud

De haadpersoan is in Fryske skriuwer dy’t yn Amsterdam wennet. Nei in reis nei Madrid krijt er in lift fan in âlde bekende (Renger), dy’t him konfrontearret mei it ferline en de húshâlding dêr’t er yn opgroeid is. De lêzer wurdt meinaam nei de skoaltiid en de studintetiid fan de haadpersoan, dy’t in sunige en wantrouwende man as heit hat. It boek giet oer hoe’t it is om sa’n heit te hawwen, oer it arbeidersmiljeu yn de Fryske Wâlden en oer de needsaak jins ferline op te rêden.

Leesaanwijzingen

It boek begjint mei in foaropwurd dat in goede yndruk jout fan de sfear yn it boek: de haadpersoan, in tweintiger, stiet foar syn âlderlik hûs en heart syn heit yn it hok lulk praten. It hearren fan dy lulke stim makket de haadpersoan bang. As lêzer wurdst fuort nijsgjirrich: wêrom is de haadpersoan bang foar syn heit? Wat foar man is dat dan? Stadichoan krigest antwurd op dyn fragen.

Om over na te denken

Wat dochst ast dyn heit net begrypst? Hoe makkest dy los fan dyn ferline? Yn hoefierre kinst in oar kenne? Binne minsken te fertrouwen?

Waardering

‘De mysterieuze onbekende, de dreigende sfeer, het steeds onderweg zijn, wekt een spanning op, die terugkomt in de flashbacks. De chronologische verhalen uit zijn jeugd zijn evenzeer doordrongen van geheimzinnigheid, dreigende emoties en geleidelijke veranderingen.’
G. de Haan op www.bol.com

‘In zijn roman “Renger” is Nyk de Vries erin geslaagd de sfeer van het arbeidsmilieu uit de Friese Wâlden op te roepen. Dit allemaal minutieus geregistreerd en in korte pakkende zinnen opgeschreven. (…) Door de ontmoeting met de mysterieuze en vlotte Renger te koppelen aan de jeugdherinneringen van de hoofdpersoon ontstaat een meeslepende roman die je in één adem uitleest.'
Sjueryrapport Piter Jellespriis

Opmerkingen

Nyk de Vries krige foar de Nederlânske ferzje fan dit boek de Piter Jellespriis, de literêre priis fan de gemeente Ljouwert. De Fryske ferzje wykt op guon plakken ôf en wurdt dêrom net beskôge as in oersetting mar as in nije ferzje.




Leestips/meer weten

Skriuwer, Webside
Ynformaasje oer de skriuwer op tresoar.nl

Samengesteld door

Gerbrich de Jong

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 3 - Opdrachten

Boek Vries, Nyk de Renger
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld fan it boek

Opdracht

Minsken sitte fol tsjinstridichheden. Dit boek bewiist dat, bygelyks as it giet om de ik yn it boek, oer wa’t sein wurdt ‘Ferlegen wie er boppedat, mar útbundich net minder’, mar ek as it giet om dy syn heit.

Hjirûnder sjochst fjouwer tsjinstellingen stean. Lis mei foarbylden út it boek út dat al dy tsjinstellingen werom te finen binne yn de heit. De earste is foardien.

1. sunich - royaal
De heit fan de haadpersoan is meastentiids hiel sunich, mar op guon mominten kin er just ûnferwachte royaal út ’e hoeke komme. Sa beskriuwt de ik-persoan dat syn heit op in gegeven stuit sûnder dúdlike oanlieding it hiele fuotbalteam op snobbersguod traktearret.

2. iepen – sletten

3. earm – ryk

4. rêstich – dryst

5. Betink no sels noch in oare tsjinstelling dy’tst yn de heit weromsjochst en lis dy út. 

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Vries, Nyk de Renger
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld fan it boek

Opdracht

De heit fan de haadpersoan seit faak dat in minske each ha moat foar ‘de gewoane saken fan it libben’. Sjoch bygelyks it fragmint hjirûnder.

Ut alle macht traapje ik, steand op de pedalen fan it foufytske. Op wei nei it stasjon skjirret it spatboerd oanienwei tsjin de achterbân. Us heit hat my al op it mankemint wiisd. Neffens him moat ik mear each ha foar de gewoane saken fan it libben, mar ik bin der noch net oan takaam. (s. 170)

1. Blykber falt it ûnderhâld fan in fyts ûnder de gewoane saken fan it libben. Wat soe de heit noch mear bedoele kinne mei ‘de gewoane saken fan it libben’, tinkst? Lis dyn antwurd út.

2. Wêr hâldt de heit fan de haadpersoan him yn it deistich libben mei dwaande? Binne dat gewoane saken fan it libben?

3. Wêr is de haadpersoan mei dwaande? Binne dat gewoane saken fan it libben?

4. Omke Mattheüs spilet in belangrike rol yn it boek. Skriuw op watst fan dy omke witst.

5. Hat omke Mattheüs genôch each foar de gewoane dingen yn it libben, tinkst? Lis út.

6. Wat is it grutste ferskil tusken de heit fan de haadpersoan en omke Mattheüs?

7. Sjoch ûndersteand fragmint.

Fierderop sjoch ik de auto fan myn broer al stean. Ik ha him frege om mei te gean, sadat in normaal petear ûntstean kin en it gjin krúsferhoar wurdt. Myn broer fûn it goed, hoewol’t er wol benijd wie wat myn doel wie mei it fraachpetear.
‘It is belangryk om wat fan it ferline te witten,’ sei ik.
‘Wêrom?’
Ik luts oan ’e skouders.
‘Gewoan,’ sei ik, ‘it is belangryk.’ (s. 247)

De haadpersoan leit net oan syn broer út wat er sa belangryk fynt oan it ferline. Dochs is it dúdlik dat er it echt fynt, want hy docht der muoite foar. Wat soe syn reden wêze kinne om it ferline op te tekenjen? Belûk ek de stúdzje fan de haadpersoan yn dyn antwurd.

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Vries, Nyk de Renger
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de funksje fan in personaazje foar de ynhâld

Opdracht

1. Ast yn ien sin oan in klasgenoat fertelle moatst wêr’t dit boek oer giet, wat soest dan sizze?

Komt Renger foar yn dyn beskriuwing? Sa ja, beäntwurdzje fraach 2a. Sa nee, meitsje fraach 2b.

2a. Hie dit boek neffens dy ek sûnder Renger kind? Lis dyn antwurd út.
2b. Deselde klasgenoat wol witte wêrom’t it boek Renger hjit. Lis út wat Renger mei it ferhaal te meitsjen hat.

3. Skriuw alles op watst witst oer Renger. Meist ek yngean op watst fan him fynst. Is dyn miening oer him it hiele boek gelyk bleaun?

4. Lês ûnder boarnen it ynterview mei Nyk de Vries. Wat seit de skriuwer sels oer de rol fan Renger yn it boek?

Bronnen

Oud-Noardburgumer Nyk de Vries schrijft roman ‘Renger’, Actief, 6 jannewaris 2016

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Vries, Nyk de Renger
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusperspektyf
Learst

om nei te tinken oer it fertelperspektyf

Opdracht

1. Der sitte twa ferhaallinen yn it boek. De iene spilet yn it no en de oare yn it ferline. De stikken oer it no hawwe in oar soart titel as de stikken oer it ferline. Blêdzje ris yn it boek om. Hoe begjinne de haadstikken út it ferline? En hoe begjinne de haadstikken oer it no?

2. Gean nei side 58. Dat is in haadstik dat yn it ferline spilet, watst dúdlik sjen kinst oan de tiid dy’t der boppe stiet: Juny 1980. Is it ferhaal yn de notiid of yn de doetiid skreaun?

3. Gean no nei side 71. Sitte we dêr yn it no of yn it ferline? Yn watfoar tiid is it stik skreaun, yn de notiid of yn de doetiid? Wat falt dy op ast it ferlikest mei dyn antwurd op fraach 2?

4. It boek is skreaun yn it ik-perspektyf. Wy witte net hoe’t de haadpersoan hjit, omdat er himsels allinnich mar oantsjut mei ‘ik’. Lês ûnder ‘literêre teory’ hjirûnder wat it ferskil is tusken in belibjend en in fertellend ik.

Lês dêrnei side 195 nochris oer. Hast dêr te meitsjen mei in belibjend of in fertellend ik? Is der fertellerskommintaar? Lis dyn antwurd út.

5. It fragmint datst foar fraach 4 lêzen hast stiet yn it haadstik oer it ferline. Sjochst itselde perspektyf yn de haadstikken dy’t yn it no spylje? Lis dyn antwurd út troch no ek wer in foarbyld oer te nimmen út it boek.

6. Watfoar ferhaal wol de skriuwer fan dit boek fertelle, tinkst? Hie dat ek ferteld wurde kind as it boek skreaun wie út it perspektyf fan de heit? Lis dyn antwurd út.

Literaire theorie

Der binne twa soarten ik-fertellers: fertellend ik en belibjend ik. It fertellend ik fertelt oer foarfallen dy’t plak hân ha yn it ferline. De foarfallen binne achter de rêch, dus de ferteller kin kommentaar ha op wat der bard is. De oare fariant is it belibjend ik. Dy hat it oerfoarfallen dy’t op dat stuit barre. Dêrom kin in belibjend ik gjin kommentaar jaan op syn eigen hanneljen. Tink derom dat de tiidwurdsfoarmen by in belibjend ik wol yn ’e doetiid stean kinne.

Bronnen

Joke van Balen e.o., Basisboek literatuur. Grins, Uitgeverij Kleine Uil, 2009, side 104.

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Vries, Nyk de Renger
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmotto
Learst

om nei te tinken oer de funksje fan it motto

Opdracht

1. Lês hjirûnder by (literêre) teory wat in motto is yn de literatuer. Besjoch dêrnei it motto dat de skriuwer syn boek meijûn hat. It giet oer in ‘beautiful stranger’. Hoe hjit de frjemdling yn dit boek?

2. Neist it personaazje datst by fraach 1 neamd hast, is der noch in oar personaazje datst as beautiful stranger sjen kinst. Watfoar personaazje is dat? Lis dyn antwurd út.

3. Sykje it ferske ‘Beautiful Stranger’ fan Madonna op op youtube. Sjoch ris nei it jier fan ferskinen fan de fideo en it begjin derfan. Wat foar ferbannen sjochst mei it boek?

4. Sykje de hiele tekst fan Madonna op en sykje alle wurden dy’tst net kenst op, sadatst de hiele tekst snapst. De skriuwer hat mar in lyts stikje fan de tekst as motto brûkt, mar der binne noch mear stikken dy’tst yn ferbân bringe kinst mei de tekst. Doch dat foar de fragminten hjirûnder.

a.
To know you
is to love you
You’re everywhere I go
and everybody knows

b.
To love you
Is to be part of you

c.
I paid for you with my tears
And swallowed my pride

5. Lês it ynterview mei Nyk de Vries ûnder boarne [2]. Hy fertelt yn dat fraachpetear wêrom’t er it boek skreaun hat en hy giet ek yn op wa’t Renger is. Wat hy yn it ynterview fertelt is goede achtergrûnynformaasje by it beäntwurdzjen fan dizze lêste fraach fan opdracht N5/1: op wa slacht it motto yn it earste plak, tinkst? Lis dyn antwurd út. Ferwiis yn dyn antwurd nei de titel fan it boek en nei de antwurden fan De Vries yn it fraachpetear.

Literaire theorie

In motto is in stik(je) tekst dat foarôfgiet oan in literêre tekst. Meastentiids stiet it op de side nei it titelblêd, mar it kin ek boppe in haadstik stean. Faak is it in sitaat út in oare tekst dy’t fan tapassing is op itjinge dat dêrnei ferteld wurdt. Dêrom is it wichtich om in motto by de ynterpretaasje fan in tekst te belûken.

Bronnen

[1] Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek literatuur, Grins 2009, side 100.
[2] Oud-Noardburgumer Nyk de Vries schrijft roman ‘Renger’, Actief, 6 jannewaris 2016

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Vries, Nyk de Renger
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje
Learst

om te reflektearjen op de resepsje fan it boek

Opdracht

De haadpersoan hat der muoite mei om himsels kenne te litten troch oaren. Fan natuere is er sletten. Op side 317 seit er bygelyks tsjin himsels: ‘Ik moat mysels kenne litte.’ It komt ek op oare plakken yn it boek werom.

1. Kinst dy yntinke dat de haadpersoan it dreech fynt om himsels kenne te litten? Wêrom tinkst dat? Litsto dysels maklik kenne?

2. Lês no de resinsje by boarne [1]. Dêr stiet yn dat Nyk de Vries mei dit boek de ieren fan syn bestean bleatleit. Wat wurdt dêr mei bedoeld? 

3. Bist it mei de resinsinte iens dat de skriuwer himsels kenne lit mei dit boek? Lis dyn antwurd út.

4. Op it omkaft fan it boek stiet in sitaat út it sjueryrapport fan de Piter Jelles Priis. ‘In meislepende roman dy’tst yn ien sike útlêst.’ Hiesto it boek ek (by wize fan sprekken) yn ien sike út? Fûnst it meislepend? Beärgumintearje dyn antwurd.

5. Lês no de rest fan it sjueryrapport fan de Piter Jellespriis (boarne [2]). Helje trije sitaten út it rapport dêr’t de miening fan de sjuery út bliken docht en jou oan yn hoefier oftst it iens bist mei dy miening. Lis dyn reaksjes hieltyd út.

Bronnen

[1] Resinsje Lieke van den Krommenacker, ‘De mooiprater die zich liet kennen’
[2] Sjueryrapport Piter Jellespriis (sjoch by 2016)

Makke trochGerbrich de Jong

Docenteninformatie

Yntroduksje

Nyk de Vries (1971) is skriuwer en muzikant. Hy groeide op yn Noard-Burgum en wennet no yn Amsterdam. Al op it fuortset ûnderwiis krige er bekendheid as foarman fan punkrockformaasje The Amp. Nei syn skoaltiid gong er nei Grins om skiednis te studearjen en dêr sette er mei oare jonge skriuwers it Frysk op de kaart troch eigensinnige literatuer te skriuwen. Syn debút wie Rezineknyn (2000). Hy wurdt rûnom priizge foar syn humoristyske ultrakoarte ferhalen. Renger ferskynde earst yn it Nederlânsk. Foar dat boek krige De Vries de Piter Jellespriis. De Fryske ferzje fan Renger wurdt net beskôge as in oersetting, mar as in nije ferzje fan it boek, omdat de tekst op guon plakken oanpast is.

Ynhâld

De haadpersoan fan Renger is in Fryske skriuwer dy’t yn Amsterdam wennet. Nei in reis nei Madrid krijt er in lift fan in âlde bekende (Renger), dy’t him konfrontearret mei it ferline en de húshâlding dêr’t er yn opgroeid is. De lêzer wurdt meinaam nei de skoaltiid en de studintetiid fan de haadpersoan, dy’t in sunige en wantrouwende man as heit hat. It boek giet oer hoe’t it is om sa’n heit te hawwen, oer it arbeidersfermidden yn de Fryske Wâlden en oer de needsaak jins ferline op te rêden.

Swierte

It dreechste oan it boek is de psychology fan de haadpersoan. Dy tinkt nei oer syn eigen hâlden en dragen en dat fan de (folwoeksen) minsken om him hinne. Ien dy’t dat gjin boeiende tematyk fynt, sil muoite ha mei dit boek. In lêzer moat deroer kinne dat it haadpersonaazje him somtiden ûnferwachte gedraacht. In N3-lêzer hat genôch ynteresse yn de wrâld fan folwoeksenen om de tematyk te wurdearjen, mar kin muoite hawwe mei de psychologyske fraachstikken en net-werkenbere situaasjes dy’t yn it boek foarkomme. Foar in N4-lêzer is dat minder in probleem. Dy kin fierders neitinke oer de struktuer fan it boek en de rol fan Renger dêryn. Foar in N5-lêzer sit der byt oan dit boek troch de ôfwikende styl en de ferwizingen nei literêre klassikers en literêre streamingen.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

It is mei 323 siden in aardich tsjok boek, mar it sjocht der oantreklik út en it is skreaun yn hjoeddeisk Frysk. De rigel út it sjueryrapport fan de Piter Jellespriis en de oare entûsjaste teksten op it omkaft meitsje de lêzer nijsgjirrich.

Ynteresses

Dit boek is ekstra aardich foar learlingen dy’t út de Wâlden komme. Se sille it taalgebrûk en miskien de romtebeskriuwingen herkenne. It helpt ek as in learling ynteressearre is yn de minsklike psyche en in filosofyske ynslach hat.

Algemiene kennis

In learling hat gjin spesifike algemiene kennis nedich om it boek te begripen.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Der is gjin spesifike literêre en kulturele kennis fereaske. Wol wurdt ferwiisd nei bekende titels út de wrâldliteratuer, sa as 1984 fan Georg Orwell. Fierders giet it in pear siden oer it postmodernisme, mar dan wurdt útlein wat dat is.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It falt op dat foar guon frekwinte wurden net it geef-Fryske wurd brûkt wurdt, mar in fariant dy’t tichtby it Nederlânsk leit. Foarbylden binne ‘toch’, ‘útnoadiging’ en ‘himself’. It gefolch is dat it taalgebrûk eigen en natuerlik oanfielt, hielendal foar jonge lêzers.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne net lang of yngewikkeld en sille de lêzer gjin problemen opsmite.

Styl

De styl fan it boek is net yngewikkeld of ymplisyt en sil foar de lêzer net problematysk wêze. De ‘Nederlânske’ wurden dy’t de skriuwer brûkt, jouwe it ferhaal in natuerlike styl (krekt as hearst ien praten). 

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

De skriuwer hat in goodread meitsje wollen en dat is te fernimmen oan it tempo fan it ferhaal. It lêst flot en der sit net in soad fertraging yn it boek. 

Gronology

Der binne twa ferhaallinen dy’t beide gronologysk opboud binne. It duorret even foardat de lêzer yn ’e gaten hat dat dy wikseling der hieltyd ynsit.

Ferhaalline(n)

By de iene ferhaalline stiet der hieltyd boppe wannear’t it him ôfspilet. De oare spilet yn it no. Tiidsprongen binne dus dúdlik markearre.

Perspektyf

It boek is skreaun yn it ik-perspektyf. It perspektyf bliuwt troch it hiele boek gelyk en is net lestich.

Betsjutting

In N3-lêzer kin troch dit boek oan it tinken set wurde oer libbensfragen en de eigen relaasje ta oaren. In N4-lêzer kin neitinke oer ûnderlizzende ferbannen, sa as oerienkomsten tusken it gedrach fan de soan en dat fan de heit. In N5-lêzer sil dit boek beskôgje wolle as in priiswinnend boek mei in justjes ôfwikende styl, dêr’t in soad ferwizings ynsitte nei wier barde saken en literêre klassikers. 

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De haadpersoan tinkt nei oer himsels, syn identiteit en syn gedrach, mar ek oer dat fan de minsken om him hinne (benammen dat fan syn heit). Foar in learling dy’t dêr neat mei hat, kin de tinkerige haadpersoan in obstakel wêze.

Oantal karakters

It tal karakters is goed nei te kommen.

Untjouwing fan de karakters

De heit ûntjout him ta in myldere figuer as yn it begjin. Mei de tiid feroaret de relaasje tusken de soan en de heit. It is de fraach yn hoefier’t in learling, dy’t dat sels noch net meimakke hat, dat trochfiele kin en boeiend fynt.

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten

Sjoch it boekprofyl en de dêr neamde stikken fan oaren oer it boek op tresoar.nl