Fries | niveau 3 | De raven

De raven

De raven

Schotanus, Elske
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2020
Uitgeverij
Afûk
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
214
Genre
  • feuilletonroman
Tags
  • famyljeskiednis
  • famyljegeheimen
  • Gaasterlân
  • Facebook
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Elske Schotanus is yn 1957 yn Terbant berne. Neidat se in skoft psychology yn Grins studearre hie, gong se oan it wurk yn de geastlike sûnenssoarch. Tsjintwurdich is se byldzjend keunstner en skriuwster. Se skriuwt proaza, kollums, sjoernalistike artikels en resinsjes, ûnder oare foar it algemien-kultureel opinyblêd De Moanne. Se skriuwt yn sawol it Frysk as it Nederlânsk. De roman In kop as in almenak levere har yn 2015 in shortlistnominaasje op foar de Gysbert Japicxpriis. De raven is Schotanus har fjirde roman. 

Inhoud

In skriuwster dy’t harsels Elske Schotanus neamt, set yn maaie 2019 op Facebook in berjocht oer de besite fan har âldste broer dy’t se jierren net sjoen hie. Dêrnei wurdt yn parten de skiednis fan de famylje Schotanus en de relaasjes tusken de trije bruorren en twa susters út de doeken dien. In raven (= raaf) hat in wichtige rol yn it ferhaal. Tuskentroch giet it offline libben fan de haadpersoan troch en reagearje Facebookfreonen en de skriuwster sels op de berjochten.

Leesaanwijzingen

De raven lêst flot en der sit aksje en humor yn it boek. Elke dei dat de skriuwster in nij part fan it ferhaal op Facebook set wurdt dúdlik oanjûn mei de datum en in ôfbylding. Meastentiids begjint de skriuwster dan mei in reaksje op de reaksjes op Facebook en beskriuwt se hoe’t har dei der fierder útsjocht.

Om over na te denken

Wat setsto oer dyn famylje op Facebook/sosjale media? 
Witsto alles oer dyn neiste famylje? Hoe soesto reagearje ast minder aardige saken oer dyn famylje te witten komst? 

Waardering

‘Dizze orzjinele en eigensinnige opset hat gjin inkele hapering, ynhâldlik is De raven in flot ferteld, grappich en spannend ferhaal, dat om syn familiêre tizeboel hiel werkenber is.’ 
Jaap Krol yn it Friesch Dagblad

‘Als lezer word je door de fragmentarische opbouw nieuwsgierig gemaakt, niet alleen naar het vervolg van het verhaal zelf, maar vooral ook naar die aparte familie in dit verhaal. En regelmatig valt er wel wat te gniffelen om grappige gebeurtenissen of opmerkingen.’
Jelle van der Meulen op frieseliteratuur.nl 

Opmerkingen

De raven is yn earste ynstânsje as feuilleton mei 47 ôfleveringen op de tiidline fan de skriuwster op Facebook publisearre.




Leestips/meer weten

Website fan de skriuwster
tresoar.nl, boekprofyl
tresoar.nl, libben en wurk fan de skriuwster

Samengesteld door

Ans Wallinga

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Schotanus, Elske De raven
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokushumor
Learst

om nei te tinken oer humor yn literêr wurk

Opdracht

1. Fynsto it wichtich dat der humor yn in boek sit? Motivearje dyn antwurd. 
Jou twa foarbylden fan humoristyske boeken.

2. Der binne ferskate soarten humor, bygelyks oerdriuwing, grap of mop, one-liner, irony, drûge humor, wurdgrap, grappige aksinten of fersprekking (de opsomming is net kompleet). Om hokker humor kinsto hiel bot laitsje? Neam in foarbyld.

3. Yn de earste sin op de achterflap fan De raven falt te lêzen:
‘... bytiden hilaryske famyljestoarje…’ 
Past it wurd ‘hilarysk’ by De raven neffens dy? Motivearje dyn antwurd.

4. Wat fûnsto de grappichste sêne út it boek? Motivearje dyn kar.

5. Hokker soarte fan humor kinst weromfine yn De raven
Jou twa foarbylden en bepaal dêrby om hokker humor it giet. Kies út de opsjes dy’t neamd wurde by punt 2. 
Set achter de foarbylden de sidenûmers út it boek. 

Makke trochAns Wallinga
Boek Schotanus, Elske De raven
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmiening
Learst

om dyn miening te ferantwurdzjen

Opdracht

Hjirûnder steane fiif stellingen oer it ferhaal. Reagearje op trije stellingen troch oan te jaan oftst it der mei iens bist of net. Doch dat sa: 'Ik bin it wol/net mei dizze stelling iens, want...' en lis dan dyn antwurd út mei foarbylden út it boek. Set de sidenûmers by de foarbylden út it boek.  
Brûk foar alle stellingen minimaal hûndert wurden.

Stellingen:
1.
It boek is geskikt foar jongere én âldere lêzers.
2.
It ferhaal is realistysk.
3.
De titel fan it boek is tapaslik.
4.
It mystike elemint fan de raven is in moaie tafoeging oan it ferhaal.
Sjoch foar de betsjutting fan it wurd ‘mystyk’ hjirûnder by (literêre) teory.
5.
Der sit (in protte) humor yn it boek.

Literaire theorie

Mystyk betsjut ‘net te ferklearjen’. Bygelyks: der wienen mystike krêften oan it wurk.’
Wurden mei deselde betsjutting: heimsinnich, mysterieus, riedseleftich, ûnferklearber.

Makke trochAns Wallinga

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Schotanus, Elske De raven
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusfeuilleton
Learst

om nei te tinken oer it sjenre

Opdracht

De raven is foardat it yn boekfoarm útjûn is as feuilleton (= in ferhaal dat yn ôfleveringen yn kranten, tydskriften of op de radio, telefyzje ferskynt) op Facebook útbrocht. Fan tongersdei 23 maaie oant en mei freed 12 july 2019 binne de 47 ôfleveringen op de tiidline fan de skriuwster op Facebook publisearre.

Yn it neiwurd (fan side 190 ôf) ferhellet de skriuwster oer it sjenre ‘feuilleton’. Neist in ferfolchferhaal op papier yn kranten en tydskriften kinne harkspullen, telefyzjesearjes, soaps en blochs ek rekke wurde ta it sjenre.

1. Fan hokker feuilletons hasto wolris heard? Hoechst ‘m/se net perfoarst sels folge te hawwen. Jou in koarte omskriuwing. 

2. Hast sels wolris in feuilleton (foar in skoft) folge of folgest mooglik noch hieltyd? 
Beskriuw dyn ûnderfining yn sa’n 75 wurden.

3. Wêr moat neffens dy in feuilleton oan foldwaan sadat it foar dy ynteressant genôch is om (foar in skoft) te folgjen?

4. Hiest De raven folgje wollen doe’t it yn 2019 op Facebook kaam (en der fanút geande datst in Facebookfreon fan de skriuwster wiest)? Wêrom wol/net? 

5. Feuilletons yn kranten en tydskriften wienen eartiids folle populêrder as hjoed de dei.
Ferklearje wêrom’t it sjenre bygelyks yn de lette 18e en de hiele 19e iuw populêr wie. 
En wêrom is it sjenre hjoed de dei net populêr, tinkst?

6. ‘Hoewol't fúljetons hjoed de dei amper mear serieus nommen wurde,...’
Boppesteande útspraak stiet te lêzen op de Frysktalige Wikipedia.
Bist it iens mei dy útspraak? Wêrom wol/net?

Bronnen

Wikipedia

Makke trochAns Wallinga
Boek Schotanus, Elske De raven
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusspanning
Learst

om nei te tinken hoe’t spanning opboud wurde kin

Opdracht

1. Fynsto it wichtich dat der spanning yn in boek/ferhaal sit? Motivearje dyn antwurd.

2. Neam trije foarbylden fan boeken, (telefyzje-)searjes of films dy’tsto hiel spannend fûnst. Jou dy elk foarbyld oan wêrom’tsto it sa spannend fûnst. 

3. Lês de literêre teory (sjoch hjirûnder).

4. Hokker soarte fan spanning kinst weromfine yn De raven
Jou trije foarbylden. Set achter it foarbyld de sidenûmer út it boek. 
En jou by elk foarbyld ek oan om hokker technyk om spanning yn it ferhaal te bringen it giet. 

5. Jou in tip oan de skriuwster hoe’t neffens dy it boek De raven (noch) spannend(er) meitsje kinnen hie. 

Literaire theorie

Spanning yn in ferhaal

In wichtige reden dat je as lêzer trochlêze wolle is dat je witte wolle hoe't it ferhaal fierder giet en hoe't it ôfrint. Dat betsjut net foar elke lêzer itselde.

Der binne ferskate techniken om spanning yn in ferhaal te bringen:

  1. op in tige spannend stuit ophâlde en mei in oare ferhaalline trochgean;
  2. de ûntknoping útstelle troch fertragingstaktiken te brûken;
  3. de lêzer mear ynformaasje jaan as in personaazje;
  4. de lêzer op de ferkearde foet sette troch wat te suggerearjen dat letter yn it ferhaal net wier blykt te wêzen;
  5. fragen oproppe dy't earst folle letter yn it ferhaal beäntwurde wurde.
Bronnen

'Spanning', yn: Joke van Balen e.o., Basisboek literatuur. Grins, Uitgeverij kleine Uil, 2009, side 99-100.

Makke trochAns Wallinga

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Schotanus, Elske De raven
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje
Learst

om resepsjes mei it boek te ferlykjen

Opdracht

Lês de resinsjes fan Doeke Sijens en Jelle van der Meulen oer De raven (sjoch by de boarnen). Beäntwurdzje dêrnei ûndersteande fragen.

1. Lêsto wolris in resinsje by in film, boek, muzykstik/-album, Netflix-searje, kompjûterspul, toanielfoarstelling of oare kulturele utering? 
Wêrom dochst dat of wêrom net?

2. Yn Basisboek Literatuur wurdt op side 183 sein oer in resinsje: 'Een recensie moet in ieder geval bestaan uit een weergave van een verhaal, een eindoordeel en argumenten bij dat oordeel.'
Kinst boppesteande weromfine yn de resinsjes fan Doeke Sijens én dy fan Jelle van der Meulen?
Motivearje dyn antwurd.

3. Ferlykje beide resinsjes en sjoch dêrby spesifyk nei wat der skreaun wurdt oer de styl yn it boek. 

4. Hokker fan beide resinsjes fynsto it bêste? Motivearje dyn antwurd.

Bronnen

Resinsje Jelle van der Meulen
Resinsje Doeke Sijens
'Argumenten in recensies', yn: Joke van Balen e.o., Basisboek literatuur. Grins, Uitgeverij kleine Uil, 2009, side 183.

Makke trochAns Wallinga
Boek Schotanus, Elske De raven
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusfoarm
Learst

om nei te tinken oer de foarm

Opdracht

De symbolyk fan in roas: de reade roas stiet symboal foar leafde, romantyk, hertstocht en ferlieding. 

1. Jou noch trije bistesoarten of blommesoarten dy’t earne symboal foar stean.
Jou ek in omskriuwing fan dy symbolyk.

2. Beskriuw de rol fan de raven yn it ferhaal. Wat fynst fan dy rol? Hie it ferhaal hiel oars west as de raven net yn it ferhaal foarkaam? Motivearje dyn antwurd.

3. Yn de mytology hawwe raven faak in wichtige rol. Lês ûndersteande siden op ynternet (sjoch boarnen).
Jou in oersjoch fan wêr’t raven foar stean kin. 

4. Wêr stiet neffens dy de raven symboal foar yn De raven?

5. It boek hat de titel De raven krigen. Is de rol fan de raven wichtich genôch om de titel der oan te ûntlienen? Motivearje dyn antwurd.

Bronnen

Wikipedia
Symbolyk oer de raven

Makke trochAns Wallinga

Docenteninformatie

Yntroduksje

Elske Schotanus is yn 1957 yn Terbant berne. Neidat se in skoft psychology yn Grins studearre hie, gong se oan it wurk yn de geastlike sûnenssoarch. Tsjintwurdich is se byldzjend keunstner en skriuwster. Se skriuwt proaza, kollums, sjoernalistike artikels en resinsjes, ûnder oare foar it algemien-kultureel opinyblêd De Moanne. Se skriuwt yn sawol it Frysk as it Nederlânsk. De trochbraak nei in gruttere lêzersrûnte kaam yn 2013 mei In kop as in almenak. It levere har yn 2015 in shortlistnominaasje op foar de Gysbert Japicxpriis. De raven is Schotanus har fjirde roman. 

Ynhâld

In skriuwster dy’t harsels Elske Schotanus neamt, set yn maaie 2019 op Facebook in berjocht oer de besite fan har âldste broer dy’t se jierren net sjoen hat. Dêrnei wurdt yn parten de skiednis fan de famylje Schotanus en de relaasjes tusken de trije bruorren en twa susters út de doeken dien. In raven (= raaf) hat in wichtige rol yn it ferhaal.  
Tuskentroch giet it offline libben fan de haadpersoan troch en reagearje Facebookfreonen en de skriuwster sels op de berjochten.

Swierte

It boek kin opdield wurde yn twa parten. It earste bestiet út it ferhaal fan de famylje Schotanus. It twadde wurdt foarme troch kommintaren fan Facebookfreonen en de skriuwster sels op it ferhaal en har deistich libben. Foar N2-lêzer kin dat yn 't earstoan betiizjend wêze. Foar de N3- en N4-lêzers sil dat goed te folgjen wêze.
Foar N2-lêzer is it noflik dat it ferhaal flot ferteld wurdt: de sinnen binne net lang en it wurdgebrûk is gongber. Somtiden is it ferhaal grappich en sa no en dan spannend. It spannende sit 'm yn it feit dat de famyljeskiednis mei syn nuveraardichheden bytsje by bytsje bleatlein wurdt, in famyljelid mei it syndroom fan Down dy’t poater is en in raven dy’t ynfloed hat op it ferrin fan it ferhaal. 
De leeftiden fan de personaazjes steane fier ôf fan jonge lêzers. 
Foar de N2-lêzer kin dat in tûkelteam wêze. De N3-lêzers sille dêr minder muoite mei hawwe. Foar de N4-lêzers sil it gjin probleem wêze. 
Foar de N4-lêzer soe de ferwizingen nei oare skriuwers en de literêre Fryske wrâld nijsgjirrich wêze kinne.

Didaktyske en letterkundige analyze

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De (jonge)N2-lêzer moat ree wêze en jou him oer oan in boek mei personaazjes dy’t kwa leeftiid fier fan him/har ôf stean. Foar N3- en N4-lêzers sil dat gjin probleem wêze. 

Ynteresses

It helpt as lêzers ynteressearre binne yn famyljeperikelen.  

Algemiene kennis 

Net fereaske.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Net fereaske. De skriuwster neamt yn it boek pear kear in Frysk auteur. De N2- en N3-lêzer hoecht dy persoanen net te kennen om it ferhaal begripe te kinnen.  

Foar de N4-lêzer kin de ferwizingen nijsgjirrich wêze.  

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk yn De raven is net dreech en is goed nei te kommen. Eventuele lestige wurden binne út de kontekst goed te begripen.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne oer it algemien net lang. Der komme wol sinnen foar mei (lange) bysinnen, mar troch de flotte skriuwstyl binne foar de lêzers de sinskonstruksjes goed nei te kommen. 

Styl

Yn De raven komme in protte dialogen foar. Dat sil benammen in N2-lêzer wurdearje. De roman is skreaun yn 'praattaal' en aardich konkreet.

Fertroud mei literêre prosedees 

Aksje

Yn De raven sit aardich wat aksje. 

Gronology

De skiednis fan de famylje Schotanus wurdt stikje by bytsje dúdlik, stadichoan falle bepaalde puzelstikjes en de reaksjes fan de famyljeleden op harren plak. 

De N3- en N4-lêzer sil der gjin muoite mei hawwe. Foar in N2-lêzer soe dat lestich wêze kinne.

Ferhaalline(n)

Der binne twa ferhaallinen. De opset fan it ferhaal slút oan by de N3-lêzer. It kin yn it earstoan betiizjend wêze foar de N2-lêzer. 

Perspektyf

Der is ien perspektyf: dat fan it personaazje Elske Schotanus.

Betsjutting

In N4-lêzer sil benammen wearde hechtsje oan de psychologyske kant fan it ferhaal: wat docht it mei de belutsenen as in famyljeskiednis oan it ljocht brocht wurdt. 

De N3-lêzer sil niget hawwe oan de opset fan it ferhaal mei twa ferhaallinen. 

Foar de N2- lêzer sil de aardichheid sitte yn de spanning fan it ferhaal. 

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Der komme in beheind tal personaazjes yn it ferhaal foar. It ferhaal draait benammen om Elske Schotanus, har sus en trije bruorren. It hâlden en dragen fan de personaazjes is net lestich te begripen.

Hoemannichte

It tal personaazje is goed te oersjen. 

Untjouwing fan de karakters

Yn de rin fan it ferhaal wurdt de skiednis fan de famylje Schotanus nei safolle jier dúdlik foar alle belutsenen, wat syn útwurking hat op de personaazjes en krije se mear begrip foar elkoar. 

De N2-lêzer sil benammen wurdearje kinne dat it ferhaal foar alle belutsenen goed ôfrint. 

De N3-lêzer kin reflektearje op it hâlden en dragen fan de personaazjes en oanjaan wat hy/sy yn bepaalde sitewaasjes (oars) dwaan soe.

De N4-lêzer kin ferklearje wêrom’t de personaazjes dogge wat se dogge. 

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten 

Website fan de skriuwster
tresoar.nl, boekprofyl
tresoar.nl, libben en wurk fan de skriuwster