Fries | niveau 3 | It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen

It sjaaltsje

It sjaaltsje

Goïnga, Hylkje
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2019
Uitgeverij
Afûk
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
88
Genre
  • ferhalebondel
Tags
  • houlik
  • húsfrou
  • feminisme
  • relaasje man-frou
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Hylkje Goïnga (1930-2001) is berne yn Drylts yn in doktershúshâlding. Neidat se har gymnasiumdiploma helle yn Snits begûn se mei de stúdzje sosjology yn Grins. Se makke dy stúdzje net ôf, mar begûn al wol op har achttjinde mei it skriuwen fan koarte ferhalen. Neidat se troude mei har âld-learaar en Frysk skriuwer Anne Wadman skreau se foar De Ljouwerter Krante en De Tsjerne. Neist har ferhalebondels wie Hylkje ek aktyf foar de Fryske Toanielstifting Tryater. Ferskate ferhalen binne yn it Hollânsk oerset.

Inhoud

Yn de measte ferhalen folgje we Martha, in húsfrou, yn har deistich libben. Har relaasje mei har man spilet yn de Marthaferhalen in wichtige rol. Der binne ek oare ferhalen opnommen dêr’t de húshalding en de relaasje tusken de man en frou in wichtige rol spylje. De ferhalen hawwe meastal in ûnferwacht, soms absurd ein.

Leesaanwijzingen

De ferhalen dy’t opnaam binne yn It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen binne meinimmend en flot skreaun, mar net altyd werkenber foar jonge minsken. Kinst de ferhalen goed los lêze, mar de tematyk is yn alle ferhalen itselde. Dêrtroch kinst de ferhalen ek goed achter elkoar oan lêze.

Ien ferhaal giet oer in oar haadpersoan as Martha. Dat is it ferhaal 'It sjaaltsje'. Dêr moatst rekken meihâlde. Trochdat de ferhalen yn de ik-perspektyf skreaun binne, hast dat net fuort yn de gaten.

Om over na te denken

Binne der ferskillen tusken manlju en froulju? Hawwe manlju mear te easkjen yn in relaasje as froulju? Wat fynsto wichtich yn in leafdesrelaasje? Hoe wichtich is lykweardichheid yn in relaasje?

Waardering

‘It genre fan de ferhalen fan Hylkje Goïnga falt bûten de wenstige yndieling. Se binne faak komysk of tragysk of beide tagelyk en krije gauris in grousume of bizarre kear. Dêrom wurdt har wurk wolris fergelike mei dat fan de Ingelske skriuwer Roald Dahl.’
tresoar.nl

‘Der stienen … mear peareltsjes yn har boeken.’
Douwe Kootstra

‘Thús is de maggi op is de titel fan ien fan de seis bondels dêr’t Douwe Kootstra in kar út makke hat. Dêr is safolle mei sein as dat de ‘brave’ boarger behalve skynhillich en selssuchtich foaral saai is. Mar oan de ferhalen dy’t Goïnga skreaun hat oer dat libben sûnder ‘maggi’, en dat jildt net allinne foar de trije dy’t ik hjir oanstipt ha mar ek foar de oare sân (en de rest), sit wol deeglik smaak. Noch altyd. Yndie, tiid foar in nije útjefte.’
Sjoerd Bottema (oer Tsien fan Hylkje)

Opmerkingen

De ferhalen út It sjaaltsje binne earder ferkynd tusken 1981 en 1993.
Der binne ferskeidene ferhalen fan Hylkje Goïnga oersetten en ferkynd yn frouweblêden sa as Libelle en Opzij.




Leestips/meer weten

Sjoerd Bottema, De Moanne 04-05-2017 (by de ferskining fan Tsien fan Hylkje)
Sietse de Vries, LC 06-01-2017
Wikipedia NL

Samengesteld door

Akke Gerlsma

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Goïnga, Hylkje It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuswurdgebrûk
Learst

om nei te tinken oer de tematyk fan it boek

Opdracht

Elts ferhaal yn de bondel giet oer in persoan mei in probleem. Faak geane dy problemen oer relaasjes en noarmen. Yn tydskriften en yn guon kranten steane rubriken dêr’t minsken brieven nei skriuwe kinne om rie te freegjen oer harren sitewaasje.

Foarbylden fan soksoarte brieven steane wol yn de tydskriften, mar kinst se hjir ek fine.

1. Lês ien fan de ferhalen nochris en betink wat it probleem is fan de haadpersoan.
2. Byldzje dy yn datsto de haadpersoan fan in ferhaal bist. Betink trije fragen dy’t de haadpersoan hawwe kin nei oanlieding fan wat der bart yn it ferhaal.
3. Kies de fraach dy’t it wichtichste is foar de haadpersoan.
4. Skriuw, út namme fan de haadpersoan, in brief nei de krante of it tydskrift dêr’tst yn útleist wat dyn probleem is. De brief is op syn minst 75 wurden.

Fanôf hjir is it handich om de opdracht yn twatallen te meitsjen. Dêrfoar hast noch in persoan nedich dy’t it boek ek lêzen hat. Ast allinich bist, kinst de fragen ek foar dysels beäntwurdzje.

5. Lês de brief dy’t de oare skreaun hat. Ast allinich bist, lêst dyn eigen brief. Besjoch goed hokker advys ast de skriuwer fan de brief jaan kinst.
6. Skriuw in advysbrief werom nei de briefskriuwer. De advysbrief is op syn minst 75 wurden.
7. Wannearst yn in twatal wurkest: Bist it iens mei it advys datst krigen hast? Skriuw yn 50 wurden op watst fan it advys fynst.

 

Bronnen

- Trouw

Makke trochAkke Gerlsma
Boek Goïnga, Hylkje It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst3 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustematyk en tiid
Learst

om nei te tinken oer de tematyk en de tiid fan it boek

Opdracht

Hylkje Goïnga wurdt sjoen as in feministyske frou. Yn al har ferhalebondels is it sintrale tema de relaasje man-frou, it binne ferhalen mei in feministyske ynslach mei as kearntema it selssuchtige gedrach fan manlju en har ûntrou.

1. Sykje út wat ‘feminisme’ ynhâldt. Skriuw dêr in útlis oer fan yn elts gefal 100 wurden.

De ferhalen fan Hylkje Goïnga spylje yn in tiid dat froulju net folle te sizzen hienen. Pas yn 1970 wurdt de frou by wet gelyksteld oan de man. Dêrfoar wie de man de baas yn it houlik. De ferhalen yn dizze bondel binne skreaun yn de neisleep fan de ynfiering fan dy wet.

2. Dyn pake en beppe binne ek grut wurden yn de tiid dat de manlju mear te sizzen hienen as froulju. Sykje antwurd op de folgjende fragen troch dyn pake en beppe te freegjen:
a. Hie beppe wurk foardat se troud wie? Hie beppe noch wurk doe’t se troud wie?
b. Kamen pake en beppe út itselde miljeu? (Wat dienen de âlders fan pake en beppe foar wurk?)
c. Wa die of docht by dyn pake en beppe de húshâlding?

3. Kinst oan de dyn pake en beppe fernimme dat se yn in tiid grut wurden binne, dêr't manlju en froulju net lykweardich wiene? Skriuw yn minimaal 75 wurden op wat dyn ûnderfiningen binne.

4. Beskriuw fjouwer ferskillen tusken de relaasje fan dyn âlders mei elkoar yn fergeliking mei de relaasje fan dyn pake en beppe.

5. Besjoch no it ferhaal mei de titel ‘It sjaaltsje’ nochris. Liket de rol dy’t de frou dêryn hat mear op in moderne relaasje of mear op in âlderwetske? Lis dyn antwurd yn op syn minst 150 wurden út.

Makke trochAkke Gerlsma

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Goïnga, Hylkje It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusskriuwster
Learst

om oer de relaasje tusken fiksje en de werklikheid nei te tinken

Opdracht

Doe’t Hylkje Goïnga mei skriuwen begûn, skreau se ûnder pseudonym. Se brûkte in oare namme as har eigen. It pseudonym dat se brûkte wie Martha. Letter joech se dy namme oan de haadpersoan yn har ferhalen. Sels sei se dêroer: 'Earst wie it in pseudonym en letter waard ik fansels Martha. De ûntwikkeling fan Martha is ek myn ûntwikkeling, yn it begjin wie it Jaap en Martha, letter wennet Martha op harsels.'

De ûntwikkeling dy’t Hylkje beskriuwt sit ek yn dizze ferhalebondel.

1. Sykje út mei wa’t Hylkje troud west hat en wat har relaasjeskiednis is mei dy man. Dêrfoar kinst Google brûke.
2. Yn de ferhalen bart fan alles mei Martha. Kies fiif barrens dêr'tst fan tinkst dat se net echt plakfûn hawwe. Beskriuw fan elts barren op wêrom ast tinkst dat sa is. Brûk dêrfoar hieltyd op syn minst 50 wurden.
3. Fynst it wichtich as in ferhaal wierbard is of makket dat dy net út? Beskriuw dyn antwurd op dy fraach yn op syn minst 50 wurden. Brûk dêr yn elts gefal twa arguminten by.

Bronnen

- tresoar.nl

Makke trochAkke Gerlsma
Boek Goïnga, Hylkje It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusferhaal
Learst

om nei te tinken oer de gearstalling fan de ferhalebondel

Opdracht

De ferhalebondel is gearstald út ferhalen út ferskillende bondels fan Hylkje Goïnga. De ferhalen binne yn ferskillende jieren útjûn. Dochs is der besocht om in logyske folchoarder te meitsjen yn de ferhalebondel.

  1. Fynsto dat it slagge is om in logyske folchoarder yn it boek te meitsjen? Wêrom fynst dat? Beskriuw dat yn op syn minst 50 wurden.
  2. Der is ien ferhaal dat net oer Martha giet. Fynst dat ferhaal wol passen yn de ferhalebondel? Wêrom fynst dat? Beskriuw dat yn op syn minst 50 wurden.
  3. Lês it earste en it lêste ferhaal nochris. Wêrom soe der foar keazen wêze om dy ferhalen as earste en as lêste op te nimmen yn de bondel? Beskriuw dat yn op syn minst 50 wurden.
  4. Kies trije ferhalen út de bondel dy’t goed by mekoar passe. Beskriuw wêrom ast dat fynst yn op syn minst 50 wurden.
  5. Jou yn it koart oan watst goed en watst minder goed fynst oan de gearstalling fan de ferhalebondel. Tink dêrby ûnder oare oan it ferskaat fan ferhalen en oan de haadrolspilers yn de ferhalen. Brûk yn dyn ûnderbouwing op syn minst 75 wurden.
Makke trochAkke Gerlsma

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Goïnga, Hylkje It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustiidsbyld en tematyk
Learst

om nei te tinken oer de tematyk fan it boek

Opdracht

Lês it artikel út it Historisch nieuwsblad.

Yn dat artikel wurdt beskreaun dat manlju oant 1970 neffens de wet de baas wienen yn it houlik. De ferhalen yn de bondel binne allegear fan nei 1980. Dochs sjochst noch wol in protte werom fan de ferskillen yn de ferhâldingen tusken manlju en froulju.

1. Beskriuw trije sitewaasjes út it boek dêr’t út bliken docht dat de man de baas is. Beskriuw dy sitewaasjes yn op syn minst 50 wurden per sitewaasje.
2. Sykje út wat ‘feminisme’ ynhâldt. Skriuw hjir in útlis oer fan yn elts gefal 100 wurden.
3. De ferhalen fan Hylkje Goïnga wurde sjoen as ‘ferhalen mei in feministyske ynslach’. Fynsto dat dat kloppet? Hâld yn dyn antwurd ek rekken mei de tiid dêr’t it yn skreaun is. Skriuw dyn antwurd op yn op syn minst 100 wurden. Lês de fraach hjirnei foardatst antwurd joust op fraach 3.  
4. Binne dizze ferhalen hjoed-de-dei ek noch altyd ‘ferhalen mei in feministyske ynslach? Wêrom fynst dat? Skriuw dyn antwurd op yn op syn minst 100 wurden en brûk in foarbyld út ien fan de ferhalen om dyn antwurd te ûnderbouwen.

Bronnen

- Historisch nieuwsblad

Makke trochAkke Gerlsma
Boek Goïnga, Hylkje It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokushaadpersoan
Learst

om nei te tinken oer de tematyk fan it boek

Opdracht

1. Hjirûnder steane fiif stellingen oer Martha. Jou oan oftst in stelling wier of net wier fynst en sykje dêr arguminten by út de ferhalen. Skriuw dy arguminten koart op.
a. Martha is in sterke frou.
b. Jaap is de baas oer Martha.
c. Martha fynt de miening fan in man belangryk.
d. Martha hat in minderweardichheidskompleks.
e. Martha is in selsstannige frou.

2. Sykje út wat de posysje fan de frou wie ein jieren santich. Dêrfoar kinst dit artikel lêze.

Yn de tekst wurde ûndersteande wurden brûkt. Sykje de betsjutting op fan dizze trije wurden:

  1. feminisme
  2. Dolle Mina
  3. Ludieke acties

De ferhalen út de ferhalebondel binne skreaun yn it ljocht fan de twadde feministyske golf. De man-frouferhâldingen wienen yn de tiid fan Hylkje Goïnga oars as no.

3. Watfoar stellings hawwe te krijen mei de tiid dêr’t Martha yn libbet? Lis dyn antwurd út yn op syn minst 75 wurden.

4. Guon fan de ûnderwerpen dy’t yn de stellingen neamd wurde komme yn dizze tiid ek foar.
a. Hokker ûnderwerpen binne dat?
b. Komme dy ûnderwerpen hjoed-de-dei troch deselde oarsaken en om deselde redenen foar as doe, of sitte der oare oarsaken en redenen achter? Lis dyn antwurd út.

Bronnen

- Atria.nl

Makke trochAkke Gerlsma

Docenteninformatie

Yntroduksje

Hylkje Goïnga (1930-2001) is berne yn Drylts yn in doktershúshâlding. Neidat se har gymnasiumdiploma helle yn Snits begûn se mei de stúdzje sosjology yn Grins. Se makke dy stúdzje net ôf, mar begûn al wol op har achttjinde mei it skriuwen fan koarte ferhalen. Neidat se troude mei in bekende Fryske skriuwer, skreau se foar De Ljouwerter Krante en De Tsjerne. Neist har ferhalebondels wie Hylkje ek aktyf foar de Fryske Toanielstifting Tryater. Ferskate ferhalen binne yn it Hollânsk oerset.

Ynhâld

Yn de measte ferhalen folgje we Martha, in húsfrou, yn har deistich libben. Har relaasje mei har man spilet yn de Marthaferhalen in wichtige rol. Der binne ek oare ferhalen opnommen dêr’t de húshalding en de relaasje tusken de man en frou in wichtige rol spylje. De ferhalen hawwe meastal in ûnferwacht, soms absurd ein.

Swierte

De ferhalen dy’t opnaam binne yn It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen binne meinimmend en flot skreaun, mar net foar eltsenien werkenber. De ferhalen binne goed los te lêzen, mar de tematyk is yn alle ferhalen itselde. De ferhâldingen tusken de man en frou yn de jierren tachtich en njoggentich steane op skerp. Foar in N3-lêzer kin it nijsgjirrich wêze him te ferdjipjen yn it tiidsbyld. N2-lêzers kinne troch dy tematyk tsjinholden wurde. Ek de absurde einen fan de ferhalen meitsje de tekst net foar eltsenien tagonklik. Dochs sil in N2-lêzer gjin swierrichheden ûnderfine mei it taalgebrûk.

Didaktyske en letterkundige analyze

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De N2-lêzer moat ree wêze him ûnder te dompeljen yn in haadfiguer dy‘t net hiel tichtby harren sels stiet. It houlik en de relaasje tusken manlju en froulju spilet in wichtige rol. De ferhalen binnen flot skreaun, dus dat sil foar sawol de N2- as de N3-lêzer gjin drompel wêze moatte.

Ynteresses

De N3-lêzer dy’t ynteresseare is yn it libben fan in (heechoplate) húshâlding yn de jieren ’80 sil dizze bondel graach lêze.

Algemiene kennis

Algemiene kennis is net perfoarst nedich. Troch nammen as prins Rainier en Grace Kelly sil in lêzer it boek wol gauwer goed yn ‘e tiid pleatse kinne. 

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre kennis is net fereaske. Wol soe it mear djipgong oan it ferhaal jaan wannear’t it begrip ‘feministyske roman’ bekend is. Foar it tiidbyld is it sa no en dan wol handich om te witten wa’t de minsken binne dy’t neamd wurde. Sa wurde perfoarst prins Rainier en Grace Kelly neamd.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Trochdat der in soad dialogen yn de ferhalen sitte, binne de ferhalen goed te lêzen. Der komme sa no en dan wurden yn foar dy’t hjoed-de-dei miskien net sa faak mear brûkt wurde, mar dat is gjin beswier foar it begripen fan it boek.

Sinskonstruksjes

De sinslingte sil gjin problemen opsmite.

Styl

De styl fan it boek is humoristysk en ferhalen meitsje gauris in absurde draai. De dialogen dy't de personaazjes meiinoar ha binne gauris humoristysk, trochdat in soad ymplisyt en iroanysk dúdlik makke wurdt. It kin foar N2- en N3-lêzers dreech wêze om de iroanyske toan te werkennen.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der bart in soad yn de hollen fan de personaazjes yn de ferhalen. Der binne nochal wat beskriuwende passaazjes, mar der bart ek genôch. Trochdat der in soad dialogen yn de ferhalen sitte, sil it lêstempo heech wêze. De absurde draai dy’t yn folle ferhalen sit en de ymplisite barrens, meitsje de ferhalen net altyd like maklik foar N2-lêzers.

Gronology

Der is probearre in gronology yn de gearstalling te meitsjen. Dat is yn de measte gefallen slagge. Net alle ferhalen geane oer deselde minsken, wat de gronology of it tempo der wat úthellet. Dat makket de bondel miskien wat lestiger foar N2-lêzers. In N3-lêzer sil dêr gjin swierrichheden troch ûnderfine.

Ferhaalline(n)

Op it ferhaal ‘It sjaaltsje’ nei geane alle ferhalen oer Martha dy’t mei har houlik of de relaasje mei oare mannen ompielt. Yn it boek folgje we har troch har deistich libben. De ferhalen passe goed by mekoar.

Perspektyf

It perspektyf fan it boek is net kompleks. Alle ferhalen binne skreaun fanút it ik-perspektyf. Dat kin wol foar swierrichheden soargje, omdat it hieltyd efkes duorret foardat de lêzer wit wa’t de ‘ik’ is. Yn de measte gefallen is dat Martha. Dat it ferhaal ‘It sjaaltsje’ in oare ferteller hat, makket dat it tempo út it lêzen fan de bondel gean kin.

Betsjutting

In N2-lêzer sil foaral it ferhaal fan Martha lêze as in ferhaal op himsels. De N3-lêzer sil de nuvere barrens mear wurdearje, mar kin foar sawol N2- as N3-lêzers wol lestich wêze. Foar in N4-lêzer sit de útdaging folle mear yn it yn de tiid setten fan de ferhalen. Ek sil de N4-lêzer de feministyske ynslach fan Hylkje Goïnga mear yn de gaten hawwe.  

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Allinnich Martha wurdt troch de ferhalen hinne in dúdlik karakter. Alle oare karakters wurde net hiel bot útwurke.

Oantal karakters

Der komme hiel wat nammen foar yn de ferhalen. Dochs spylje der nea mear as fjouwer in wichtige rol yn in ferhaal. Yn de measte ferhalen binne der twa belangrike karakters.

Untjouwing fan de karakters

Yn it begjin fan de ferhalebondel is Martha in troude frou, dy’t besiket te foldwaan oan de easken fan har man. Oan de ein fan de ferhalebondel is Martha net mear dwaande mei har man.

De prakkesaasjes fan Martha steane net hiel tichtby de measte N2-lêzers of N3-lêzers. It binne ferhalen foar folwoeksen minsken, dy’t al wat ûnderfining hawwe mei relaasjes.

Ferantwurding

-       

Relevante  boarnen foar dosinten

 De biografyske skets stiet op tresoar.nl