Fries | niveau 4 | De Frouwepenje

De Frouwepenje

De Frouwepenje

Bremer, Harke en Jarich Hoekstra
Niveau
Niveau 4
Jaar uitgave
2009
Uitgeverij
Bornmeeer
Plaats
De Gordyk
Aantal pagina's
126
Genre
  • histoaryske roman
  • misdiedroman
Tags
  • Fryske frijheid
  • midsiuwen
  • moard
Taalniveau
C1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Harke Bremer (1955-2023) en Jarich Hoekstra (1956) kenden inoar út har studintetiid yn Grins. Bremer studearre dêr klassike talen en wie learaar Gryksk, Latyn en KCV oan it Gymnasium Seleanum yn Swol en wenne yn Kampen. Hoekstra studearre Frysk mei Ald- en Nij-Yslânsk as byfakken en Noarsk (kandidaats). Hy waard yn 1999 ta heechlearaar yn de Fryske taal- en letterkunde beneamd oan de universiteit yn it Dútske Kiel.
Beide ha ferskate boeken skreaun oer har eigen fakgebiet. Al sûnt de jierren '70 wiene se in fêst span oersetters. Har grutte taalrykdom en kreatyf fermogen stelden har by steat om de stripferhalen fan Asterix, kapitein Rob en Ollie B. Bommel oer te setten yn tige orizjineel Frysk. Bremer en Hoekstra skreaunen ek eigen proazawurk: it luchtige ferhaal Hâld faasje! yn 1995 en De Frouwepenje yn 2009. Yn 2013 ferskynde Leffert, in heldedicht yn Tolve sangen, oer de Fryske held Leffert dy't om 700 hinne libbet.

Inhoud

De haadpersoan yn dizze histoaryske detektive, broer Nanne fan kleaster Blomkamp by Boalsert besiket as riedsman fan syn abt it ting (de grutte gearkomst) fan de Friezen yn 1323 by Auwerk (dat is Aurich yn East-Fryslân). Al op de earste dei fan it ting wurdt de soan fan Nanne syn âlde freon Tsjaard Haaiena fermoarde. Tusken syn tosken sit in sulverstik, in penje mei in ôfbylding fan Us Leaffrouwe. De oare deis wurdt in twadde deade fûn, de bêste freon fan de fermoarde jongfeint. Sit de greve fan Hollân dêr efter? Wol dy de Friezen troch moard tsjin inoar opsette? Is it in machtsspultsje of leit it motyf hiel ergens oars? Stadichoan komt broer Nanne der efter dat alles oars yninoar stiket as dat it liket…

Leesaanwijzingen

Yn it earste haadstik wurdt fuortendaliks it earste lyk fûn en yn it twadde komme wy yn 'e kunde mei de haadpersoan, broer Nanne. Dan ûntspint it ferhaal him tsjin de achtergrûn fan de Midsiuwske maatskippij en it ting fan de Friezen yn Auwerk. Ast dy net te folle ôfliede litst troch de útwreidingen dêroer en de dregere (histoaryske) wurden sil it boek dy meinimme yn it sykjen fan broer Nanne om de dieder fan de, sa't it earst liket, twa moarden. It motyf blykt fan alle tiden te wêzen.

Om over na te denken

Hoe reagearrest op minsken dy't dy ferbiede om om te gean mei bepaalde persoanen? Giest wolris oer de grinzen fan wat mei fan dyn âlden of miskien sels wolris oer de grinzen fan de wet? Hoe fier giest om te krijen watst ha wolst of om te beskermjen watst hast?

Waardering

"Mear ferhaallinen en mear oanklaaide sênes hienen der in 'page turner' fan meitsje kinnen. No stiet der gjin wurd tefolle yn dizze novelle."
Sietse de Vries, Ljouwerter Krante

"Men moat de holle der goed by hawwe as men dizze earste Bremer & Hoekstra-krimi lêst."
Yvonne Dijkstra, Friesch Dagblad

Opmerkingen

Yn 1996 krigen Bremer en Hoekstra foar twa fan de troch har oersette Bommelferhalen de Obe Postmapriis fan de provinsje Fryslân.
Yn 2015 is har Bommel-oersetting De ferjilder it kadoboek yn de aksje 'Swalk, Frysk op toernee'.




Leestips/meer weten

tresoar.nl, boekprofyl, ek foar resinsjes
Biografyske sketsen op tresoar.nl, Harke Bremer, Jarich Hoekstra

Samengesteld door

Lieukje Leistra-Reidsma

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 3 - Opdrachten

Boek Bremer, Harke en Jarich Hoekstra De Frouwepenje
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusomslach
Learst

om nei te tinken oer tekst en ôfbylding op it omslach

Opdracht

1
Lês de ûndersteande fiif útspraken
Watfoar útspraak jildt foar dy? Meist mear as ien kieze.

As ik yn in bibleteek in boek sykje, dan...
A. ha ik fan te foaren al útsocht watfoar boek ik ha wol en rin dêr lyk op ôf.
B. rin ik by de boekekasten lâns en lês de achterkant fan de boeken om in yndruk te krijen.
C. rin ik by de boekekasten lâns en besjoch ik de omslaggen fan de boeken om út te finen oft in boek my oansprekt.
D. freegje ik advys oan myn dosint of de bibleteekmeiwurker.
E. Ik lien noait wat yn in bibleteek.

2
Beäntwurdzje de fragen hjirnei by it antwurd fan punt 1. Kies wat op dy fan tapassing is.

> Ast antwurd A keazen hast. Jildt foar it útkiezen fan in boek yn it algemien
1. Jou oan oftst kiest op basis fan sjenre, skriuwer, ensafh. Jou ek dyn favoriten oan.
2. Ast de kar hast út mear as ien boek fan deselde skriuwer of sjenre ensafh. wat jout foar dy dan de trochslach?

> Ast antwurd B keazen hast. Jildt foar it boek De Frouwepenje
1. Hasto De Frouwepenje keazen op grûn fan de tekst op de achterflap of soesto dat dien hawwe kinnen?
2. Fynst dat de tekst op achterflap dy oanset ta it lêzen fan it boek of krekt net? Lis dyn antwurd út.
3. Jout de tekst de ynhâld fan it boek goed wer? Lis dyn antwurd út.
4. Jout it wurdgebrûk fan de tekst in goede yndruk fan it wurdgebrûk yn it boek?
Lis dyn antwurd út.
5. Koest wurden as: ting, prelaten, abbet, penje en Us Leaffrouwe fuortendaliks thúsbringe?

> Ast antwurd C keazen hast. Jildt foar it boek De Frouwepenje
In ûntwerper kin ferskillende mooglikheden brûke om mei it omslach oan te sluten op de ynhâld fan it boek, bygelyks troch in ferwizing nei it boek en troch kleurgebrûk.
1. Wat op it omslach ferwiist neffens dy nei de ynhâld fan it boek?
Fynst dat passend?
Wat fynst fan de brûkte kleuren?
Begrypst wat it omslach foarstelt?
Wat fynst fan it gehiel fan it omslach? Lis dyn antwurden út.
2. De letters fan de nammen fan de skriuwers binne grutter as dy fan de titel. Wêrom? Is dat meastal sa? Lis dyn antwurden út.
3. Achter Bremer stiet in teken. Watfoar teken tinksto dat it is? Wêrom sil dat brûkt wêze?
4. In boek hat in foarkant en in achterkant, mar ek noch in rêch. Is wat op de foarkant fan it omslach stiet itselde as wat op de rêch stiet? Wat wol en wat net? 

> Ast antwurd D keazen hast. Jildt foar it boek De Frouwepenje
1. Hat dyn dosint of de bibleteekmeiwurker dy De Frouwepenje oanret?
2. Wat spruts dy oan yn harren oanrekommendaasje?
3. Foldie it boek oan de ferwachting dy'tsto op grûn fan harren ferhaal hiest? Lis út wat wol of wat net.  

> Ast antwurd E keazen hast. Jildt foar it útkiezen fan in boek yn it algemien
1. Hoe komsto oan boeken dy'tst foar de list lêze moatst?
2. Fynst it belangryk om te lêzen, ek as it net moat? Wêrom wol/net?
3. Wat lêst njonken boeken noch mear?
4. Brûkst ek wol allinne films yn plak fan de boeken ast ferplicht lêze moatst?

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Bremer, Harke en Jarich Hoekstra De Frouwepenje
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustekstbegryp
Learst

om nei te tinken oer it ferrin fan it ferhaal

Opdracht

Troch it taalgebrûk, it grut tal persoanen, it ting en de saken dêromhinne, is it dreech en meitsje ûnderskied tusken de belangrike en minder belangrike aspekten yn De Frouwepenje. Dizze opdracht kin helpe om ta de kearn fan it ferhaal te kommen.

1. Lês side 93 en 94.
Wat fertelt Tsjaard hjir oan Nanne?

Dizze gebeurtenis spilet fier foar de moarden, mar dochs hat er dêrmei te krijen.

2. Lês side 105 o/m 107.
Wat hat de frou, de mem fan Sibrich en Fokke, te krijen hat mei it ferhaal? Skriuw dyn antwurd hjir op en lis it út.

3. Lês side 113 o/m 115, 119 en 120 en 122 fan: 'En doe't se ...' o/m 124 de sin: '...foar ien fan har eigen man gean.'
Werhelje no fraach 2.

4. Lês side 124 fierder o/m de ein fan it boek.
Wêrom koe Tsjaard net trouwe mei de frou dy't er leaf hie?
Wêrom mocht Reimer net omgean mei de faam dêr't er fereale op wie?

5. Wa is de dieder fan de earste moard, wa is it slachtoffer en wat is it motyf foar de moard?
Wa is de dieder fan de twadde moard, wa is it slachtoffer en wat is it motyf foar de moard?
Wa is de dieder fan de tredde moard, wa is it slachtoffer en wat is it motyf foar de moard?

6. Watfoar rol spilet de frouwepenje by de moarden?

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Bremer, Harke en Jarich Hoekstra De Frouwepenje
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld fan it boek

Opdracht

De Frouwepenje is in histoaryske detektive, in moardferhaal tsjin in histoaryske achtergrûn. By dizze opdracht setst dy beide kanten fan it ferhaal njonken elkoar en sjochst nei de ferbining tusken beide.

1. Folje de ûndersteande tabel yn.

 Aspekt fan it ferhaal

 Histoarje: It ting en alles dêromhinne

 Detektive: De moarden en it sykjen nei de dieder

 Haadpersoan:

*)

 

 Oare belangrike persoanen:
  1.
  2.
  3.
  4.
  5.

 bg. Okke fan Ilo

 bg. famyljeleden fan de
slachtoffers

 Slachtoffers:
  1.
  2.
  3.

 

 

 Dieders/skuldigen:

  1.
  2.
  3.

 bg. mannen dy't op it ting beskuldige wurde

 

 Plakken fan hanneling:
  1.
  2.

 

 

 Ofrin:


 wurde der besluten naam?

 wurdt/wurde de dieder(s) oppakt/feroardiele?

 *) Meitsje hjir in kar út bg. belangrike sprekkers, de foarsitter fan it ting of ien fan de oare oanwêzigen dy'tsto it belangrykste fynst.

2. Binne der skeakels/ferbiningen tusken de histoarje en de detektive?

3. Kin it histoaryske ferhaal sûnder de detektive? Lis dyn antwurd út. Watfoar sjenre soe it boek by hearre, as dat koe?

4. Kin de detektive sûnder it histoaryske ferhaal? Lis dyn antwurd út.

5. Fynst dat de kombinaasje fan de detektive tsjin de achtergrûn fan de midsiuwske histoarje it ferhaal bygelyks moaier makket, dreger makket, net nedich is? Lis út watsto fynst en wêrom.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Bremer, Harke en Jarich Hoekstra De Frouwepenje
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmotto
Learst

om nei te tinken oer de tematyk fan it boek

Opdracht

A

Oan it begjin fan it boek stiet op side 5 it motto
Morth mot ma mith morthe kela

Dy tekst is in stikje fan de 16de kêst fan de '17 Kêsten'.

1. Sykje op wikipedy op wat in 'kêst' is en skriuw it antwurd op. Wat is de Nederlânske oersetting?

2. Ut watfoar tiid komme de kêsten? En yn watfoar taal of talen binne se skreaun?

3. Jou de letterlike oersetting sa't dy ûnder de tekst yn it boek op side 5 stiet en lis dy yn dyn eigen wurden út.

4. Wêrom sille de skriuwers foar it motto keazen hawwe foar in âlde wetstekst (ôfsjoen fan de ynhâld) ?


B

Yn De Frouwepenje komme trije moarden foar.

5. Folje ûndersteande tabel yn.

  Moard nûmer

 Slachtoffer

 Dieder

 Motyf

 1

 

 

 

 2

 

 

 

 3

 

 

 

 

6. Is it motto op ien of op twa moarden fan tapassing? Lis dyn antwurd út.

7. Op watfoar moard is it motto neffens dy it meast fan tapassing? Lis dyn antwurd út.

8. Moarden as beskreaun yn it boek rinne faak út op in skeel (Ned.: vete) tusken famyljes. Dat is hjir hast net mooglik. Wêrom net?

9. De sin dêr't it motto út komt is:
Morth mot ma mith morthe kela, til thiu thet ma tha ergon stiore.

'Moard [in temûk ferrjochte die] sil mei moard [de deastraf] ferjilden wurde, dat elk dy't kweadwaan wol dêrfan ôfholden wurde sil.'

(Sa stiet it yn boarne 1)

Is de tekst fan it motto sa besjoen ek noch op in oare wize út te lizzen? Lis dyn antwurd út.

10. It motto stiet yn oare boarnen lykwols yn in hiel oare sin, nammentlik
Morth mot ma mith morthe kela bi liuda kere, nas bi godes riuchte,
wand god bad a nethe, thrug thet ma erga stiure.

'Moard moat men mei moard kuolje nei de wetten fan it folk, net neffens Gods' rjocht, want God hat altyd genede hjitten, sadat men Satan tsjinhâldt.'

Ast dit hiele sitaat lêst en net allinne it stik dat as motto brûkt is, feroaret dan neffens dy de betsjutting ? Lis dyn antwurd út.

11. De skriuwers hawwe mar in lyts part fan de tekst as motto brûkt. Wêrom tinksto dat se dat dien hawwe? Lis dyn antwurd út.

12. Soesto leaver de earste sin as motto brûke (by 9) of leaver de twadde sin (by 10)? Wêrom?

Bronnen

Obele Vries, Asega, is het dingtijd?, útjouwer Steven Sterk, 2007, s. 92.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Bremer, Harke en Jarich Hoekstra De Frouwepenje
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokushistoaryske achtergrûn
Learst

om nei te tinken oer de skiednis fan Fryslân yn de tiid fan it ting

Opdracht

Lês haadstik 3 fan De Frouwepenje nochris.

1. Yn Auwerk binne ôffurdigen fan de sân Fryske Seelannen. Sykje op Wikipedia de nammen dêrfan en skriuw se op.

2. Wat wurdt bedoeld mei de Fryske frijheid yn de midsiuwen? Komt dy útlis ek yn it boek foar?

3. De Fryske lannen binne frij, útsein it meast westlike lân. Watfoar gebiet is dat?

4. Op watfoar dei komme de leden fan it bûn fan de Opstalbeam gewoanwei by elkoar? Wannear is dat yn De Frouwepenje en wat is de reden of binne de redenen dêrfoar?

5. Troch watfoar machthawwers wurde de Fryske lannen bedrige?

6. Wat is it doel fan de gearkomst by de Opstalbeam?

7. Wêrom binne in soad ôffurdigen geastliken?

8. Net alle ôffurdigen binne it iens. Wat wol de abt fan Starum? Wat wolle de measte ôffurdigen fan Westergoa en wat dy fan Eastergoa? Wat fine de ôffurdigen fan East-Fryslân?


Lês haadstik 16, 17 en 18.

9. Wat is broer Nanne yn West-Fryslân oerkommen foardat er heil socht yn kleaster Blomkamp?

10. Wa dûkt op de tredde dei fan it ting op en wat hat er op syn gewisse?

11. Dy man wurdt daliks berjochte. Troch wa en wat is syn funksje? Watfoar straf krijt er en wêrom net de deastraf?

12 Wat bart der mei syn hear abt Folkert fan Starum?


Lês side 77 en 78.

13. Wat is de útkomst fan it ting?


Lês foar de lêste opdracht boarne 1.

14.De bedriging fan de Fryske frijheid hâldt net op yn 1323. Beskriuw yn sa'n hûndert wurden hoe't it dêrmei ôfrûn. Brûk dêrby yn elk gefal it jiertal 1345, de striid tusken Skieringers en Fetkeapers en keizer Maksimiliaan.

Bronnen

De Kanon fan de Fryske Skiednis, finster 7. As boek: Alve-en-tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 1. Afûk 2012,  Haadstik 7.
Of brûk Wikipedia.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Bremer, Harke en Jarich Hoekstra De Frouwepenje
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusaktualiteit
Learst

om in relaasje te lizzen tusken doe en no

Opdracht

Yn de midsiuwen is der mar ien Kristlike tsjerke, de Roomsk-Katolike. Yn de histoaryske achtergrûn fan De Frouwepenje spylje geastliken in rol.

1. De haadpersoan Nanne wurdt oantsjut as 'broer'. Wat betsjut dat?

2. Wat is syn funksje op it ting?  Wêr komt er wei?

3. Wêrom sille geastliken in grutte rol spylje by it ting en oare saken dy't te krijen hawwe mei it bestjoer?

4. Geastliken yn de katolike tsjerke moasten har hâlde oan trije geloften foar geastliken. Jou oan wat dy trije geloften binne.

5. Lês haadstik 26 yn De Frouwepenje. Oan watfoar gelofte hat Okke fan Ilo him net holden?

De Frouwepenje spilet yn 1323. Yn it begjin fan de 16de iuw is de reformaasje. Dat is yn earste ynstânsje ferset tsjin de misstannen yn de katolike tsjerke. Uteinlik reagearret de katolike tsjerke mei de Kontrareformaasje om de tsjerke fan binnenút te herfoarmjen.

De lêste jierren hat de katolike tsjerke bot yn it nijs west troch it misbrûk fan bern dy't oan de soarch fan geastliken tabetroud wienen. Dat hat laat ta in soad opskuor oer it leed fan de slachtoffers en oer hoe't de tsjerke dêrmei omgean moat en foldwaning jaan moat. Sjoch foar achtergrûnynformaasje bygelyks boarne 2.

6. Sjoch boarne 3 foar it skriuwen fan in betooch.
Skriuw in betooch fan 500 wurden dêr'tsto yn kiest foar in stânpunt hoe't de katolike tsjerke omgean moat mei de opskuor fan de lêste jierren. Jou arguminten en oan 'e ein in konklúzje.

Bronnen

[1] De Kanon fan de Fryske Skiednis, finster 6.
Yn boekfoarm: Alve-en-tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 1. Afûk 2012, haadstik 6, of de lesmetoade skiednis dy't by dy op skoalle brûkt wurdt.
[2] 'Kopstuk Vaticaan dekte misbruik toe', Trouw 01-06-2015, of in oare boarne op ynternet.
[3] Ynformaasje oer in betooch op Taalwinkel.nl of yn materiaal dat by dy op skoalle brûkt wurdt.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Bremer, Harke en Jarich Hoekstra De Frouwepenje
NûmerN5/3
Nivo5
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje
Learst

om te reflektearjen op de resepsje fan it boek

Opdracht

Skriuw foar de skoalkrante in resinsje oer De Frouwepenje fan maksimaal 200 wurden.

Sjoch foar ynformaasje oer it skriuwen fan in resinsje boarne 1.

Om dy fierder ta te rieden kinst bygelyks de resinsje fan Yvonne Dijkstra yn it Friesch Dagblad fan 8 augustus 2009 lêze, of ien fan de oare resinsjes neamd yn boarne 2.

Jou dyn miening oer De Frouwepenje. Dy mei posityf of negatyf wêze. Soargje der yn beide gefallen foar datst dyn miening mei arguminten goed ûnderboust.

Bronnen

[1] Ynformaasje op info.nu, Wikipedia of materiaal dat by dy op skoalle brûkt wurdt.
[2] Boekprofyl op tresoar.nl

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Docenteninformatie

Yntroduksje

Harke Bremer (1955-2023) wie hikke en tein yn Nes (Noardeast-Fryslân). Hy studearre oan de Ryksuniversiteit Grins klassike talen en wie learaar Gryksk, Latyn en KCV oan it Gymnasium Seleanum yn Swol en wenne yn Kampen. Foar syn fakgebiet wie er (mei)skriuwer fan ferskate learboeken, wêrûnder it eineksamenboek Latyn 2007/2008.
Jarich Hoekstra (1956) besocht it gymnasium yn Almelo. Hy studearre Frysk mei Ald- en Nij-Yslânsk as byfakken en Noarsk (kandidaats) oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Yn 1997 promovearre hy, wylst er by de Fryske Akademy yn Ljouwert wurke. Nei fiif jier Frysk oan de Universiteit yn Amsterdam jûn te hawwen waard er yn 1999 ta heechlearaar yn de Fryske taal- en letterkunde beneamd oan de universiteit yn it Dútske Kiel. Dêr hâldt er him dwaande mei it Noardfrysk. Hy skreau in ferskaat oan wittenskiplike artikels en boeken is troch him skreaun.
Bremer en Hoekstra kenden inoar út de studintetiid en wiene al sûnt de jierren 70 in fêst span oersetters. Har grutte taalrykdom en kreatyf fermogen stelden har by steat om de stripferhalen fan Asterix, kapitein Rob en Ollie B. Bommel oer te setten yn tige orizjineel Frysk. Yn 1996 krigen se foar twa fan de oersette Bommelferhalen de Obe Postmapriis fan de provinsje Fryslân. Bremer en Hoekstra skreaunen ek eigen proazawurk: it earste it luchtige ferhaal Hâld faasje! yn 1995 en it twadde, De Frouwepenje yn 2009. Yn 2013 ferskynde Leffert, in heldedicht yn Tolve sangen, oer de Fryske held Leffert dy't om 700 hinne libbet.

Ynhâld

Yn 1323 wurdt by Auwerk (dat is Aurrich yn East-Fryslân) in ting fan ´e Opstalsbeam holden, de grutte gearkomste fan alle rjochters en prelaten út ´e Fryske lannen oer de fernijing fan it bûn. Broer Nanne fan kleaster Blomkamp is dêr ek by as riedsman fan syn abbet. De earste dei fan it ting wurdt de soan fan syn âlde freon Tsjaard Haaiena fermoarde. Tusken syn tosken sit in sulverstik, in penje mei in ôfbylding fan Us Leaffrouwe. De oare deis wurdt in twadde deade fûn, de bêste freon fan de fermoarde jongfeint. Sit de greve fan Hollân dêr efter? Wol dy it ienheids-stribjen fan de Friezen fertribelje en troch moard de partijen tsjin inoar opsette? Mar der blykt noch in tredde deade te wêzen. Stadichoan komt Broer Nanne der efter dat alles oars yninoar stiket as dat it liket…

Swierte

De Frouwepenje is mei syn 126 siden net omfangryk. It boek is ferdield yn tritich haadstikjes fariearjend fan twa oant seis siden mei in soad aksje dêryn. It ferhaal is skreaun yn net te lange sinnen, meast mei ien of twa bysinnen, dy't goed lêsber binne. Dat kin learlingen op de ferkearde foet sette. It liket dêrmei geskikt foar N1- en N2-lêzers, mar foar harren is it te dreech. Dat sit him yn it brûken fan ûngebrûklik Frysk en yn wurden dy't passe yn de histoaryske kontekst fan it boek. Dêrtroch sil it boek net maklik wêze foar in N3-lêzer en sels in N4-lêzer. In N5-lêzer sil faaks krekt genietsje fan it rike taalgebrûk. De útdaging leit yn it trochlêzen fan dit boek mei in plot dat fernimstich yn elkoar stekt. As je it lykwols te faak fuort lizze, fertize je yn de dwaalspoaren en reitsje je maklik de trie fan it ferhaal kwyt. It boek freget wol wat fan de lêzer, mar it ferhaal is spannend genôch. De histoaryske setting makket it de lêzer mooglik en kom yn de kunde mei in perioade út it ferline fan de Fryske skiednis dy't net by elkenien bekend is.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn it midsiuwske Fryslân fan it begjin fan de 14de iuw.   

Ynteresses

Ynteresse yn de midsiuwske maatskippij yn de Fryslannen is in pree.

Algemiene kennis

Kennis fan it libben yn de midsiuwen en fan de striid om de macht en de frijheid yn de Fryslannen jout mear begryp fan de achtergrûn dêr't dit ferhaal him tsjin ôfspilet, mar is net beslist nedich.  

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich.
In lêzer dy't yn it foar wat mear witte wol kin dat fine op bygelyks de Fryske wikipedy, it lemma oer de Upstalbeam.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is oan 'e iene kant tagonklik benammen yn de dialogen en oan de oare kant net troch it brûken fan net gongbere Fryske wurden dy't meast passe by de tiid fan it ferhaal. N3- en sels N4-lêzers kinne dêr muoite mei ha. Faaks dat in N5-lêzer de taalrykdom wurdearret.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne ienfâldich mei net te folle en al te lange bysinnen.

Styl

De styl is direkt, mar soms wurdt der útwreide oer bygelyks histoaryske saken om it ting hinne.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

It boek bestiet út 30 haadstikken fariearjend yn lingte fan twa oant seis siden. Yn de measte haadstikken komt aksje foar. Watfoar aksje dat is, is ferskillend: neist de moarden en it ûndersyk nei wa't dat dien hat, de gearkomsten fan it ting, de saken dy't dêr oan 'e oarder komme en de mieningsferskillen tusken de ôffurdigen.

Gronology

It ferhaal is gronologysk opboud. Yn haadstik 1 wurdt  it earste lyk al fûn en yn it twadde komt de lêzer yn 'e kunde mei de haadpersoan broer Nanne út it kleaster Blomkamp, dy't him yn set om de moardner te finen. Yn it ferhaal wurdt sa no en dan wêrom gien nei dingen dy't earder bard binne, mar dat is wol dúdlik. Oan 'e ein wurdt it riedsel oplost.

Ferhaalline(n)

Fan it earste haadstik oant en mei it lêste haadstik is der ien ferhaalline. De histoaryske achtergrûn fan it ferhaal is it ting yn Auwerk yn 1323. Soms wurdt oer de petearen en it berie fan en de strideraasjes tusken de Friezen ferteld. Soms hat it ting ek streekrjocht te krijen mei it achterheljen fan de moardner. De haadstikken oer it ting kinne N3- en miskien ek N4-lêzers sa folle ôfliede dat se it boek oan kant lizze.

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld út it perspektyf wei fan de alwittende ferteller.

Betsjutting

De Fryske literatuer hat stadich oan al wol wat midiedromans oplevere mar mei in histoaryske achtergrûn is wol unyk. Dat en de taalrykdom fan Bremer en Hoekstra meitsje dit in bysûnder boek.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Der spylje in grut oantal karakters in rol, mar it oantal dat der ta docht is beheind. It draait benammen om Nanne, syn freon Tsjaard Haaiena, dy syn frou en broer, de slachtoffers en de mooglike dieders.

Oantal karakters

Der wurde nochal wat nammen neamd yn it boek: de haadpersoan broer Nanne, syn freon Tsjaard, dy syn frou en broer, de slachtoffers en de mooglike dieders. Wat fierder op de achtergrûn guon fan de oanwêzigen op it ting. It oantal karakters kin problemen opleverje foar benammen N3-lêzers.

Untjouwing fan de karakters

De karakters binne betreklik plat. It karakter fan de haadpersoan hat de grutste ûntjouwing. Troch ferset tsjin de greve fan Hollân is er frou, bern en pleats kwyt rekke en it kleaster yngien. Dat hat him foarme. Dy ûntjouwing jout lykwols gjin problemen.

Ferantwurding

Boekprofyl fan De Frouwepenje op tresoar.nl

Relevante  boarnen foar dosinten

Wikipedy, Upstalbeam
Oer De Frouwepenje op tresoar.nl
Oer de Aldfrysk wetsteksten: Oebele Vries, Asega, is het dingtijd?, 2007