Fries | niveau 5 | Littenser Merke

Littenser Merke

Littenser Merke

Zandbergen, Ale S. van
Niveau
Niveau 5
Jaar uitgave
2013 [4de pr 2015]
Uitgeverij
Friese Pers Boekerij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
405
Genre
  • histoaryske roman
  • psychologyske roman
Tags
  • 19de iuw
  • bernewinsk
  • doarpslibben
  • jierren '70
  • merke
  • narje
  • opgroeie
  • relaasje
  • religy
Taalniveau
C1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

 

Over de auteur

Ale Sietse van Zandbergen (1956) is yn Easterlittens opgroeid, dêr't syn heit slachter wie. Nei de middelbere skoalle oan it Stedsgymnasium yn Ljouwert, studearre er wiskunde yn Grins. Midden jierren tachtich waard er learaar wiskunde oan skoallemienskip 'Magister Alvinus' yn Snits, dêr't er noch hieltyd wurket. Hy wennet yn Ljouwert.
Yn in fraachpetear joech Van Zandbergen oan dat er der yn Easterlittens wat útrûn. Sa wie er yn syn jeugd mear ien fan de piano en it postsegelsammeljen as fan it keats- en fuotbalfjild en hy draaide oare muzyk as de oaren, in pear fan de autobiografyske details dy't er ferwurke yn syn debútroman Littenser merke.
Yn 2009 pakte Van Zandbergen de útdaging op om oan in roman te begjinnen. Hy wurke fjouwer jier oan Littenser merke, de roman dêr't er yn 2013 mei debutearre. Nei eigen sizzen betocht er syn tekst as er op 'e fyts nei it wurk gie, fan Ljouwert nei Snits, en werom. Jûns skreau er it dan op.

Inhoud

Twa fan de trije ferhaallinen spylje har ôf yn Littens (ferkoarting fan Easterlittens, in doarp yn de Greidhoeke). De earste ferhaalline giet oer dûmny Martinus Theodorus Laurman en syn frou Eeuwkje en spilet yn de jierren 1831 en 1832. Harren houlik stiet ûnder druk. Dûmny sit it leafst mei de noas yn de boeken, wylst Eeuwkje longeret nei in bern. Dat der noch gjin bern is, leit him oan Laurman. Hy moat neat ha fan seksueel kontakt. Dêr komt by dat er yn syn tsjerklike gemeente problemen hat mei dweperij.
De twadde ferhaalline spilet him ôf yn de jierren '60 en '70 fan de foarrige iuw en giet oer de ûntjouwing fan Liuwe Bosgra. Fan autistysk bern wurdt er in komplekse persoanlikheid, mei troch syn freonskip mei Sabetheli, in famke dat him oanfiteret en oare perspektiven sjen lit.
De tredde (en koartste) ferhaalline wurdt foarme troch it foaropwurd en in neiwurd en spilet yn it no. De haadpersoan fan dy ferhaalline betinkt ûnder it rinnen fan in kuiertocht de oare beide ferhaallinen.

Leesaanwijzingen

Littenser Merke is kwa sinsbou net dreech te lêzen. De taal en de styl fan de ferhaalline dy't him yn de 19de iuw ôfspilet kin âldfrinzich oerkomme, dat hat de funksje om de sfear fan dy tiid wer te jaan. It wurdgebrûk yn de oare ferhaallinen is fan dizze tiid. Kwa personaazjes en ûnderwerpen sil de ferhaalline dy't him yn de jierren '60 en '70 fan de foarrige iuw ôfspilet it meast oansprekke. It drege fan it boek sit 'm yn de dúdlike en subtile dwersferbiningen en spegelingen tusken beide ferhaallinen.

Om over na te denken

Wat dochst as krekttroude frou en do longerest nei in bern en dyn man kin of wol net meiwurkje? Wat dochst as frijtinkend minske yn in omjouwing dy't dat net tastiet?
Hoe hâldst dy as opgroeiende, yntelliginte, bytsje autistyske jonge steande yn in maatskippij dy't bot oan it feroarjen is? Hoe giest om mei narjen? Hoe giest yn in relaasje om mei ien dy't kwa ûntjouwing fierder is as dy?

Waardering

'In prachtich meislepend boek, dat twa folslein ferskillende wrâlden en tiden ta libben bringt en dy op in tige orizjinele en ûnferwachte wize mei inoar ferbynt.'
Ut it sjeuryrapport Rink van der Veldepriis 2014

'In debút mei grutte sizzingskrêft troch syn taalgefoelichheid.'
Jaap Krol yn it Friesch Dagblad

'Ale S. van Zandbergen hat mei Littenser Merke sûnder mis it bêste proazadebút fan de ôfrûne jierren skreaun.'
Meindert Reitsma op de Moanne

Opmerkingen

* Littenser Merke is ek as e-book ferskynd.
* Yn 2014 krige Ale S. van Zandbergen sawol de Rink van der Veldepriis as de Douwe Tammingapriis foar dit boek.
* Littenser Merke stie op de shortlist fan de Gysbert Japicxpriis 2015.




Leestips/meer weten

Op YouTube stiet in filmke oer Ale S. van Zandbergen. Hy lêst dêr ek sels yn foar út Littenser Merke. Sjoch hjir.
Resinsjes fynst op tresoar.nl ûnderoan by it boekprofyl

Samengesteld door

Ans Wallinga

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 4 - Opdrachten

Boek Zandbergen, Ale S. van Littenser Merke
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusstyl
Learst

om de styl fan in ferhaal te omskriuwen

Opdracht

1. Jou earst yn eigen wurden wer watst fynst fan hoe't it boek skreaun is. Earst fan it ferhaal dat him ôfspilet yn de 19e iuw en dêrnei fan it ferhaal dat him ôfspilet yn de 20e iuw.

2. Lês yn de boarne dy't ûnder it kopke 'Literêre teory' neamd wurdt wat 'styl' ynhâldt.

3. Jou in beskriuwing fan de styl fan beide ferhaallinen. Wurkje dy yn in tabel út foar de folgjende aspekten, sawol foar 'Ferhaalline 19e iuw' as foar 'Ferhaalline 20e iuw'.

Tempo
Byldspraak
Wurdgebrûk
In bytsje/protte dialogen
Eigenskipswurden (bijvoeglijke naamwoorden)
Argaïsmen
Wurden út in oare taal
Werhellingen
Wurdgebrûk dat heart by in groep
Klisjees
Irony/sarkasme/synisme

Literaire theorie

Van Balen, Joosten en Peppelenbos, Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 127 -129
Stylfiguer, Wikipedy
Stijl, Wikipedia
Ironie, cynisme, sarkasme, taalunieversum.org

Makke trochAns Wallinga
Boek Zandbergen, Ale S. van Littenser Merke
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusdregens
Learst

om te reflektearjen op de dregens fan in roman

Opdracht

Littenser Merke is in N5-boek. Dat is behoarlik dreech, mar men kin jin ôffreegje: binne alle ûnderdielen fan it boek (like) dreech?
Jou yn de ûndersteande tabel de ferskate ûnderdielen in sifer tusken de 1 en de 5. It sifer 5 stiet dan foar 'hiel maklik' en de 1 foar 'Ik ha der neat fan begrepen'.
Jou ek oan wêrom'tsto dat ûnderdiel dat sifer jûn hast.

Opmerking: It is net slim ast bepaalde saken net hielendal begrepen hast. Littenser Merke is in pittich boek en do bist de útdaging oangongen. Dat is al super! Ek sûnder alles begrepen te hawwen, kinst fan in boek genietsje.

 Underdiel

 sifer

 útlis

 De ferhaalline fan Laurman en Eeuwkje

 

 

 De ferhaalline fan Liuwe Bosgra en Sabetheli

 

 

 De ferhâlding tusken Laurman en Eeuwkje

 

 

 De ferhâlding tusken Liuwe en Sabetheli

 

 

 De skriuwstyl yn it part fan de 19e iuw

 

 

 De skriuwstyl yn it part fan de 20e iuw

 

 

 It wurdgebrûk yn it part fan de 19e iuw

 

 

 It wurdgebrûk yn it part fan de 20e iuw

 

 

 Ferwizingen nei de Bibel

 

 

 Ferwizingen nei de keunst

 

 

 De ein fan it boek

 

 

 De betsjutting fan de titel

 

 

Makke trochAns Wallinga

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Zandbergen, Ale S. van Littenser Merke
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusoerienkomsten en ferskillen
Learst

om ferbannen te lizzen tusken en binnen de ferhaallinen

Opdracht

Resensint Jelle van de Meulen seit oer Littenser Merke yn syn besprek it neikommende:
'Beide verhalen hebben een parallelle spanningsboog met elk hun eigen climax. Dat alleen al wekt spanning genoeg op om flink door te willen lezen, in beide verhalen. Er zijn overigens veel meer parallellen tussen de verhalen, die de auteur er op knappe wijze in gestopt heeft zonder dat het al te opdringerig wordt.'

1. Meitsje in oersjoch fan de oerienkomsten tusken de twa haadferhaallinen.Tink dêrby oan ûnder oare oan romtes. Hokker romtes komme yn beide ferhaallinen foar? Doch datselde foar it leauwen, de rol fan taal en de rol fan de merke yn Easterlittens, it skilderij dat yn beide ferhaallinen foarkomt.

2. Der is ien persoan dy't mear as ien kear yn de ferhalen opdûkt. Wa is dat en wat is syn rol yn de ferskate situaasjes?

3. Tusken Liuwe en Sabetheli binne in tal oerienkomsten, mar ek ferskillen te bespeuren. Meitsje in oersjoch fan dy oerienkomsten en ferskillen.

4. Wat is neffens dy de funksje fan soksoarte oerienkomsten en ferskillen yn in boek?

Bronnen

Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

Makke trochAns Wallinga
Boek Zandbergen, Ale S. van Littenser Merke
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuswurdearring
Learst

om de wurdearring fan in roman te fergelykjen mei dyn eigen oardiel

Opdracht

Littenser Merke krige yn 2014 de Rink van der Veldepriis en de Douwe Tammingapriis. Mar wêrom eins?

1. Sykje út op ynternet wat de Rink van der Veldepriis en de Douwe Tammingapriis ynhâlde.

2. Lês it sjueryrapport oer Littenser Merke fan de Rink van der Veldepriis. Notearje puntsgewiis de arguminten fan de sjuery.

3. Doch datselde foar de Douwe Tammingapriis.

4. Jou kommintaar op it oardiel en de argumintaasje fan de sjuery's. Bist it op alle punten mei de sjuery's iens? Lis út.

Bronnen

Rink van der Veldepriis, sjueryrapport
Douwe Tammingapriis, sjueryrapport

Makke trochAns Wallinga

Niveau 6 - Opdrachten

Boek Zandbergen, Ale S. van Littenser Merke
NûmerN6/1
Nivo6
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusyntertekstualiteit
Learst

om yntertekstualiteit te herkennen en te beoardieljen

Opdracht

Yn Littenser Merke sitte in soad ferwizingen nei oare (literêre) teksten, muzyk en keunst.

1. Lês yn de boarne dy't ûnder it kopke 'Literêre teory' neamd wurdt wat 'yntertekstualiteit' ynhâldt.
Beantwurdzje de fraach: Wat is de funksje fan yntertekstualiteit?

2. Op side 202 hat Marchje har fan it memme-each losmakke. Lês fierder op de twadde helte fan side 202.
Nei hokker ferneamd fresko ferwiist boppesteand fragmint? Titel en skilder fan it fresko neame.

3. Sykje op ynternet ynformaasje (tink oan skriuwer en ynhâld) op oer de opera dy't Eeuwkje Laurman oan it oersetten is.

4. Jou trije foarbylden fan ferwizingen nei de Bibel út Littenser Merke. Jou ek de siden dêr't de fragminten neamd wurde.

5. Sabetheli lêst boeken fan ûnder oare Hesse, Kerouac en Konsinski (side 222).
Sykje op ynternet ynformaasje oer dizze skriuwers.
Jou in omskriuwing fan de skriuwers en it soart boeken dat se skreaun hawwe.
Fynst dat dy boeken by Sabetheli passe? Motivearje dyn antwurd.

6. Sabatheli harket nei muzyk fan neikommende bands: de West Coast Pop Art Experimental Band (side 233) en de The Bonzo Dog Doo Dah Band (side 234).
Sykje op ynternet ynformaasje oer dizze bands en harkje op Youtube nei in pear nûmers.
Jou in omskriuwing fan de bands en it soart muzyk dat se meitsje.
Fynst dat dy bands by Sabetheli passe? Motivearje dyn antwurd.

7. Wat fynsto fan soksoarte fan ferwizingen nei oare (literêre) teksten, muzyk en keunstfoarmen yn in ferhaal yn it algemien en yn Littenser Merke yn it bysûnder?

Literaire theorie

Van Balen, Joosten en Peppelenbos, Basisboek Literatuer, Grins 2009, side 100
Intertekstualiteit, encyclo.nl

Makke trochAns Wallinga
Boek Zandbergen, Ale S. van Littenser Merke
NûmerN6/2
Nivo6
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusfiksjonaliteit
Learst

om te reflektearjen op de relaasje tusken fiksje en wurklikheid

Opdracht

1. Lês de siden dy't ûnder it kopke 'Literêre teory' neamd wurdt oer wat 'autobiografysk skriuwen' ynhâldt.

2. Hokker autobiografyske eleminten kinst werom fine yn it boek nei it sjen fan boarne 1 en it lêzen fan boarne 2? Jou in oersjoch.

3. Hokker elemint yn it boek stie krekt hiel fier fan de skriuwer ôf, mar hat er him (foar in part) eigen makke om it boek te skriuwen?

4. Skriuw in riddenearring fan likernôch 400 - 500 wurden dêr'tst de fraach yn behannelest oft autobiografyske literatuer wol of net ûnder it kopke 'fiksje' falt. Helje eventueel ynformaasje oer autobiografyen yn relaasje ta fiksje fan ynternet.

Literaire theorie

Van Balen, Joosten en Peppelenbos, Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 22 - 28
Fictionaliteit, Encyclo.nl

Bronnen

Boarne 1: YouTube
Boarne 2: Sietse de Vries, 'In boek kin himsels skriuwe', LC 28 juny 2013

Makke trochAns Wallinga

Docenteninformatie

Yntroduksje

Ale Sietse van Zandbergen (1956) is yn Easterlittens opgroeid, dêr't syn heit slachter wie. Nei de middelbere skoalle oan it Stedsgymnasium yn Ljouwert studearre er wiskunde yn Grins. Midden jierren tachtich waard er learaar wiskunde oan skoallemienskip 'Magister Alvinus' yn Snits, dêr't er noch hieltyd wurket.
Yn in fraachpetear joech Van Zandbergen oan dat er der yn Easterlittens wat útrûn. Sa wie er yn syn jeugd mear ien fan de piano en it postsegelsammeljen as fan it keats- en fuotbalfjild, hy draaide oare muzyk en ried op in Puch, in pear fan de autobiografyske details dy't er ferwurke yn syn debútroman Littenser merke.
Fan 1979 oant 1986 levere Van Zandbergen geregeld bydragen oan Fryske periodiken, it meast oan De Strikel, it 'moanneblêd foar Fryslân'. Mei yngong fan 1984 folge er Rink van der Velde op yn de redaksje fan De Strikel.
Yn april 1988 sette er tegearre mei tekener Geart Gratama útein mei in strip yn it wykblêd Frysk en Frij, 'Urbe en Orbe. It multifunksjoneel sintrum'. Yn twa jier ferskynden 82 ôfleveringen.
Yn 2009 pakte Van Zandbergen de útdaging op om oan in roman te begjinnen. Hy wurke fjouwer jier oan Littenser merke. Nei eigen sizzen betocht er syn tekst as er op 'e fyts nei it wurk gie, fan Ljouwert nei Snits, en werom. Jûns skreau er it dan op.

Ynhâld

Twa fan de trije ferhaallinen spylje har ôf yn Littens (ferkoarting fan Easterlittens, in doarp yn de Greidhoeke). De earste ferhaalline giet oer dûmny Martinus Theodorus Laurman en syn frou Eeuwkje en spilet him ôf yn de jierren 1831 en 1832. Harren houlik stiet ûnder druk. Dûmny sit it leafst mei de noas yn de boeken, wylst Eeuwkje longeret nei in bern. Dat der noch gjin bern is, leit him oan Laurman. Hy moat neat ha fan seksueel kontakt. Dêr komt by dat der problemen binne yn syn gemeente, want dy hat te krijen mei dweperij.
De twadde ferhaalline spilet him ôf yn de jierren '60 en '70 fan de foarrige iuw en giet oer de ûntjouwing fan Liuwe Bosgra. Fan in wat autistysk jonkje wurdt er in komplekse persoanlikheid, mei troch de freonskip mei Sabetheli, in famke dat him oanfiteret en oare perspektiven sjen lit.
De tredde ferhaalline wurdt foarme troch it foaropwurd en in neiwurd en spilet yn it no. De haadpersoan fan dy ferhaalline betinkt ûnder it rinnen fan in kuiertocht de earste beide ferhaallinen.

Swierte

Littenser Merke is ornearre foar lêzers dy't fan 'slow reading' hâlde. Benammen yn de ferhaalline dy't him yn de 19e iuw ôfspilet sit net in soad aksje. Dizze ferhaalline azemet dêrneist troch taalgebrûk en styl de sfear fan dy iuw út. De oare grutte ferhaalline sil wierskynlik troch ûnder oare de jeugdige personaazjes en de ûntjouwing fan Liuwe mear learlingen oansprekke.
De N4-lêzer sil niget ha oan it de struktuer fan it boek, wylst de dwersferbiningen en spegelingen tusken de twa grutte ferhaallinen miskien lestich wêze kinne.
Dêr stiet tsjinoer dat de N5-lêzer ferbannen lizze kin tusken de twa ferhaallinen.
Foar de N6-lêzer foarmet de yntertekstualiteit in útdaging.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in boek dat (benammen) út twa ferhalen bestiet. Dêrneist moat de lêzer him ynsette wolle foar in tsjok boek sûnder in protte aksje, mar mei ryk taalgebrûk.

Ynteresses

Littenser Merke is geskikt foar lêzers dy't hâlde fan psychologyske fraachstikken dy't yn it ferline spylje.
Foar in N4-lêzer foarmet de struktuer en de ferteltechnyk fan it boek in útdaging. Hy sil ek ynteressearre wêze yn wêr't it boek oer giet.
In N5-lêzer sil niget ha oan de kultuerhistoaryske kontekst fan de twa wichtichste ferhaallinen.
Foar de N6-lêzer sil ûnder oare de yntertekstualiteit fan it boek nijsgjirrich wêze.

Algemiene kennis

Net fereaske, want alles wurdt dúdlik út de tekst sels.
Om te witten wêr't Sealterlân en eventueel Easterlittens leit, kin aardich wêze om yn it foar út te sykjen.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Kennis fan de protestanske wrâld en de ferdieling yn otterdoks ('finen') en frijsinnigen is in pree.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk yn Littenser Merke is lestich yn de ferhaalline dy't him yn de 19e iuw ôfspilet. Wurden as 'bekling' en 'teheistere' komme foar. De drege wurden steane lykwols it begripen fan it ferhaal net yn it paad.
It wurdgebrûk yn de ferhaalline fan Liuwe/Sabetheli sil foar learlingen makliker nei te kommen wêze.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne net lang en net kompleks.

Styl

De styl yn Littenser Merke is tagonklik.
Yn de ferhaallinen fan Laurman/Eeuwkje en Liuwe/Sabetheli wurde tinzen kursyf werjûn. Sa lit de skriuwer sjen dat gedachten net lykoprinne mei wat immen seit en dat personaazjes op twa bewustwêzensnivo's tagelyk libje. It kin ek in humoristysk effekt ha.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Op de flaptekst fan it boek stiet te lêzen: 'Dit boek kinne jo allinne mar wurdearje as jo oan 'slow reading' dogge.'
Yn it ferhaal fan Liuwe sit lykwols mear aksje as yn it ferhaal fan dûmny Laurman en Eeuwkje. Foar de N4-lêzer sil it ferhaal fan Liuwe/Sabetheli troch dy aksje mear oansprekke.
Yn beide ferhaallinen is in protte dialooch werom te finen.

Gronology

De twa haadferhaallinen yn Littenser Merke wurde gronologysk en om en om yn haadstikken ferteld.

Ferhaalline(n)

Littenser Merkeis (benammen) opboud út twa ferhaallinen. As earste it ferhaal fan dûmny Laurman en syn frou Eeuwkje. Laurman ûndernimt in reis nei Sealterlân (Dútslân) om derachter te kommen hoe't er dweperij yn syn gemeente foarkomme en bestride kin. Tagelyk longeret syn frou nei in bern.
As twadde it ferhaal fan Liuwe Bosgra, dat it part fan syn libben beskriuwt fan legere skoallebern nei jongfolwoeksene. It famke Sabetheli spilet in wichtige rol yn de ûntjouwing fan Liuwe.
De twa ferhaallinen hawwe oerienkomsten en spegelingen.
Sa komt de persoan fan Henrik Giesing yn beide ferhaallinen foar. Dat is in magysk-realistysk elemint yn it boek.
Dûmny Laurman en Liuwe binne beide de autistyske kant neist. Dêr tsjinoer steane de mear stoere froulju Eeuwkje en Sabetheli.

Perspektyf

Yn beide ferhaallinen makket de skriuwer gebrûk fan in alwittende en in personale ferteller. De alwittende ferteller rjochtet him in inkele kear streekrjocht ta de lêzer, sa as yn âlderwetske, njoggentjinde iuwske ferhalen. Oan de oare kant leverje de haadpersoanen regelmjittich yn harren tinzen (kursyf) kommintaar op wat sy of oaren dogge.

Betsjutting

Ien fan de tema's yn Littenser Merke is it sykjen fan jins eigen paad yn it libben mei syn ups en downs. Dat jildt benammen foar it 20ste iuwske part.
De N4-lêzer sil dat paadsykjen werkenne yn minder konkrete oanwizings, bygelyks de ûnwissens en de twifelriedigens fan Liuwe dy't ûnder de oerflakte lizze.
Foar de N5-lêzer sit de útdaging yn de komplekse struktuer en de komposysje. De twa parallelle ferhaallinen mei dwersferbiningen en spegelingen meitsje it ta in útdaagjend boek. Bygelyks oer it leauwen. Martinus Laurman twifelet sa bot oan it leauwen dat er de wurklikheid út it each begjint te ferliezen en dy realiteit is dat syn frou in bern ha wol.
De ferwizingen nei teksten út ûnder oare de Bibel en nei oare keunstfoarmen sille de N6-lêzer betsjutting jaan oan it boek.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De iene ferhaalline is om de jonge Liuwe Bosgra en Sabetheli hinne konstruearre. Liuwe is in bytsje autistysk, mar tige yntelligint. Hy komt út in hurdwurkjend, mear tradisjoneel fermidden. Sabetheli dêr tsjinoer is de dochter fan in keunstner. Se yt makrobiotysk en rookt mei har heit hasj. Sabetheli lit Liuwe oare perspektiven sjen en bringt him yn kontakt mei alternative popmuzyk.
De oare ferhaalline hat twa karakters dy't folge wurde en dat is fan dûmny Martinus Laurman en syn echtgenoate Eeuwkje.
Dûmny Laurman is in sletten persoanlikheid dy't yn syn eigen wrâld fan leauwen en tsjerke libbet. Syn frou, Eeuwkje, is in kompleks en riedseleftich karakter.

Hoemannichte

Beide ferhaallinen hawwe elk twa haadpersoanen (dûmny Laurman en syn frou Eeuwkje - Liuwe en syn freondinne Sabetheli). Dêrneist komme in tal bypersoanen foar. It tal bypersoanen sil gjin betizing opsmite en is goed nei te kommen.
It personaazje Henrik Giesing komt yn beide ferhaallinen foar. Hy foarmet de reade trie yn de ûntknoping fan de ferhalen.

Untjouwing fan de karakters

Benammen de karakters fan Liuwe Bosgra en Eeuwkje en Martinus Laurman meitsje in ûntjouwing troch.
Liuwe groeit fan legereskoallejonge út nei in jongfolwoeksene.
Sabetheli is en bliuwt in sterke persoanlikheid. Wol wurde bepaalde riedsels om har hinne yn de rin fan it ferhaal dúdlik.
De frijtinkende Eeuwkje Laurman opsluten yn de rol as frou fan de dûmny yn in lytse mienskip longeret nei in bern. Wylst har man hieltyd mear begjint te twifeljen oan it leauwen.

Relevante  boarnen foar dosinten

tresoar.nl, oan de ein fan it boekprofyl, resinsjes
tresoar.nl, biografyske skets
YouTube