Fries | niveau 4 | Paadwizer

Paadwizer

Paadwizer

Tuma, Eelkje
Niveau
Niveau 4
Jaar uitgave
2009
Uitgeverij
Utjouwerij Fryslân
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
230
Genre
  • psychologyske roman
Tags
  • frijheid
  • mem-dochterrelaasje
  • net-troude mem
  • Noard-Sweden
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Eelkje Tuma (1966) is berne yn Ie. Nei de middelbere skoalle studearre se kulturele antropology oan de Universiteit fan Amsterdam. As ûnderdiel fan har oplieding bestudearre se begraffenisrituelen foar it kultuerhistoarysk museum yn Luleå, in stêd yn it noarden fan Sweden. Dêr learde se har man Mikael Niemi kennen. Se wennet mei man en trije bern yn Pajala, boppe de poalsirkel.
Tuma skriuwt al fan jongs ôf. Se debutearre mei in Frysk ferhaal yn de sammelbondel Mijn refrein is anders út 1984, útjûn by it tsienjierrich bestean fan it Lauwerscollege yn Bûtenpost.
Gelegenheid om in roman te skriuwen krige se neidat se har yn Sweden festige hie. De keunst seach se min ofte mear ôf fan har man, dy't mei skriuwen syn brea fertsjinnet.
Literêre ynspiraasje hellet se út de moderne literatuer, dêrby ek wurk fan jongere Fryske auteurs. Har debútroman Leafste lea ferskynde yn 1996 en is in typysk adolesinsjeroman oer it loskommen fan thús en it studintelibben. Foar it skriuwen fan Paadwizer krige se in wurkbeurs yn it ramt fan de rige 'Fryske modernen'.

Inhoud

Marike, tritich jier, is oersetster fan Sweedske boeken. Yn de stêd Luleå hat se in ôfspraak mei skriuwster Linn Matsson, fan wa't se in boek oan it oersetten is. Se wol graach mei de skriuwster wat saken beprate oer it boek. Lykwols is de wiere reden fan har reis dat se ûntdekke wol wat se no presys mei har libben wol. Dêr komt by dat se swier is en net wit fan wa.
Marike komt telâne yn Noard-Sweden flakby de grins mei Finlân. Yn dat gebiet spilet ek it ferhaal fan it boek Tur dat Marike oan it oersetten is. De haadpersoan fan Tur is de jonge frou Lena. Dy fielt har net thús yn har thúsfermidden dat behearske wurdt troch in strange tsjerklike beweging. Lena ferhuzet úteinlik mei de stêd. Elk haadstik yn Paadwizer bestiet út twa parten. It earste part beskriuwt hieltyd de reis fan Marike, it twadde part beskriuwt in fragmint út it boek Tur. De twa ferhaallinen binne op allerhanne wizen mei inoar ferbûn en komme oan de ein by inoar.

Leesaanwijzingen

Paadwizer is kwa wurdgebrûk, sinsbou en styl net dreech te lêzen. It drege sit 'm yn de konstruksje fan it boek. It bestiet nammentlik út twa ferhaallinen mei dwersferbiningen. Elk fan de 25 haadstikken beskriuwt hieltyd as earste it ferhaal oer Marike. It twadde part fan de haadstikken is hieltyd in haadstik út it boek Tur, it boek dat Marike oan it oersetten is. As lêzer kin men gau de ferhaallinen troch elkoar helje ûnder it lêzen. Yn it begjin komst in protte nammen tsjin, mar ast in ein fierder lêzen hast krijst der mear fet op.

Om over na te denken

Wat dochst as jonge frou ast swier bist fan immen dy't fierder gjin diel útmakket fan dyn libben? Of, wat dochst as jonge frou ast swier bist en witst net fan wa? Wat dochst ast mei dyn fertroude omjouwing of de omjouwing dêr'tst yn grutwurden bist brekke wolst?

Waardering

'Ien fan 'e grutte pluspunten fan Paadwizer fûn ik de manier wêrop't Tuma tusken de regels troch en sûnder der in 'leske' fan te meitsjen, in soad ynformaasje yn it ferhaal wit te smokkeljen oer de Noard-Sweedske kultuer, it Laestadiaanske geloof en de romte wêryn't it ferhaal him ôfspilet.'
Yvonne Dijkstra yn it Friesch Dagblad

'Paadwizer is in boek oer de wrakseling fan froulju mei noarmen en ferwachtingen. In nocht om te lêzen: moai fan sfear en subtyl fan opbou.'
Elske Schotanus yn De Moanne

Opmerkingen

Paadwizer is ferskynd yn de rige 'Fryske Modernen'. Dat is in literêr projekt om nije Fryske literêre talinten te stimulearjen en sa it oanbod fan Frysktalich proaza te fergrutsjen.




Leestips/meer weten

By it boekprofyl op tresoar.nl steane in moai oantal resinsjes.

Samengesteld door

Ans Wallinga

Aanbevolen