Fries | niveau 5 | Sjappy

Sjappy

Sjappy

Sipke de Schiffart
Niveau
Niveau 5
Jaar uitgave
2020
Uitgeverij
Hispel
Plaats
Loenen aan de Vecht
Aantal pagina's
458
Genre
  • roman
Tags
  • swart-komysk
  • tragikomysk
  • ferfrjemding
  • selsûndersyk
  • maatskippijkrityske roman
Taalniveau
C1

Over de auteur

Sipke de Schiffart (berne 1959) is in Fryske skriuwer dy't opgroeide as boeresoan yn Longerhou, dêr't er ek in skoft boer wie. Nei syn karriêre as boer ferhuze er nei Boalsert en letter nei Ljouwert, en begûn er mei skriuwen. Hy hat meardere boeken publisearre, wêrûnder in ferhalebondels, dichtbondels en de roman Sjappy.

Inhoud

De roman Sjappy van Sipke de Schiffart fertelt it libbensferhaal fan Jappy Heslinga, in man út it Fryske doarp Hitsum dy't by syn berte soerstoftekoart hân hat. Dat liedt ta bliuwende beheiningen: hy kin dreech meikomme op skoalle, is net geskikt foar regulier wurk en wurdt sosjaal útsletten. Syn opfieding yn in strang grifformeard boeregesin makket syn jeugd ekstra swier. Sels op de pleats, dêr't er earst helpt, wurdt er bûtensletten nei in ynsidint mei in lamke. As folwoeksene is Jappy in ûnoantreklike, swierlivige man mei ‘ôfstân ta de arbeidsmerk’, dy’t amper bûten syn doarp komt. Dochs besiket er sin te jaan oan syn bestean. Syn krêft leit yn syn fermogen ta tinken. Dat docht er djip, filosofysk, mar faak ek wrang en konfrontearjend. De roman sit fol swarte humor, maatskippijkrityk, en selsrefleksje, en biedt in ynkringend portret fan in man dy't nettsjinsteande alles besiket om weardich en weardefol minske te wêzen.

Leesaanwijzingen

De roman Sjappy is in dik boek mei in konfrontearjende styl. Der wurde in protte taboes bepraat, en dat freget fan dy as lêzer geduld en trochsettingsfermogen. Tagelyk falle dy ek de skellen fan de eagen, want wat yn dit boek stiet, hast noch noait lêzen. It boek is benammen geskikt foar selsstannige lêzers mei in protte lês- en libbensûnderfining (N5 en N6). As N4-lêzer kinst it boek ek lêze (of in fragmint derút), mar dan it leafst yn in groep of ûnder begelieding fan in dosint. Sa kinst de ynhâld better begripe en deroer yn petear gean.

Om over na te denken

Hoe fielt it om yn in wrâld te libjen dêr’tst net by hearst? Kinst dy yntinke hoe’t it wêze soe om oars te wêzen en net begrepen te wurden troch dyn omjouwing? In oare fraach is: Wat makket in minske ‘normaal’? Wa bepaalt wat normaal is — en wat bart der as dyn liben net yn dat byld past? Dan fragen oer de humor yn it boek: Kinst laitsje om wat eins hiel tragysk is? Hoe wurket swarte humor yn in ferhaal oer útsluting en beheining? Meist eins wol om soks laitsje?

Waardering

“Wat in boek, wat in humor. Ik ha my dea gniisd.” (Yne, studint Frysk).

“Op in stuit tocht ik: mei al dy taboes… wat sil der no noch komme? It makke my benijd nei it folgjende haadstik!” (Antsje, studint Frysk)

“Poepseks en kannibalen: Sipke de Schiffart skreau boek Sjappy sûnder rem mar wol mei styl…Bach sil noait mear itselde wêze, of in dûmny yn toga, nei it lêzen fan Sjappy. Yn dit tsjokke boek jout Sipke de Schiffart in stim oan in man fol frustraasjes en mei in beheind ferstân. It giet der rûch om wei.“ (Jacob Haagsma, LC 18 sept. 2020)

Opmerkingen

Witsto dat der in ferfilming fan ien fan de koarte ferhalen fan Sipke de Schiffart op kommendewei is?




Leestips/meer weten

Jacob Haagsma, LC 18-9-2020: Poepseks en kannibalen: Sipke de Schiffart skreau boek Sjappy sûnder rem mar wol mei styl - Leeuwarder Courant

Leeuwarden City of Literature: Sipke de Schiffart schrijft zonder rem - Leeuwarden City of Literature

 

Samengesteld door

Babs Gezelle Meerburg

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 4 - Opdrachten

Boek Sipke de Schiffart Sjappy
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om ûngewoane, soms komplekse personaazjes, situaasjes en hanlingen te trochgrûnjen.

Opdracht

Yn de roman komme in soad (by-)figueren foar. Allegearre ha se seksuele geheimen. Tink oan de heit fan Jappy, in sunige, strange, grifformearde man en de mem fan Jappy. Sy is mear it tradisjoneel-soarchsume type. Syn broer dy’t yn alles it tsjinoerstelde fan Jappy is: suksesfol, sûn en populêr. De frou fan syn broer (skoansuster), de deminte muoike dy't Jappy besiket yn it fersoargingshûs, de bern fan Jappy syn broer. Dan binne der noch de meibewenners yn psychiatryske ynrjochting Grut Lankum. Ane is Jappy syn bêste freon yn de ynrjochting. Ane fertelt yn de roman syn libbensferhaal. Sytske & Sjoerd, in sadistysk duo dat hiele dagen minsken oan it pesten is. De Reade Sik, in mysterieuze figuer mei in ôfgryslik en grut geheim. En der binne oare figueren. De dûmny dy’t wrakselet mei seksuele driften en lichaamlik ûngemak. De ferkeaper fan de kringloopwinkel mei ekstreme opfettingen oer froulju.

Fragen en opdracht.

  1. Kies in personaazje dat dy yntrigearret. It mei ek in duo wêze.
  2. Skriuw op papier sa sekuer mooglik: namme, leeftyd, uterlik, karakter, sitewaasje, eftergrûn, berop, hobby’s en wenplak.
  3. Wat is it geheim fan dit personaazje?
  4. Hokker kar makket dit personaazje dy’tst net ferwachte hiest? Wêrom tinkst dat hy / sy dat docht? Skriuw dyn antwurd op.
  5. Jou op basis fan de boppesteande beskriuwingen by 1, 2 en 3 prompts yn AI yn dy't dy helpe om in detaillearre ôfbylding fan dit personaazje te meitsjen.
  6. Ast de ôfbylding generearre hast, moatst dy dellade en opslaan.
  7. Skriuw dan in koarte notysje dy’t dy helpt om de ôfbylding mûnling út te lizzen.

Yn dyn notysje skriuwst yn alle gefallen: Wêrom’tst dizze eleminten keazen hast foar dyn prompt. Hoe’tst it karakter fan it personaazje weromsjochst yn de ôfbylding. Wat de ôfbylding fertelt oer it ferhaal of it geheim fan it personaazje.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Sipke de Schiffart Sjappy
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusfoarsisberheid
Learst

om ûngewoane, soms komplekse personaazjes, situaasjes en hanlingen te trochgrûnjen.

Opdracht

Jappy hat by syn berte te min soerstof krigen. Dêrtroch hat er bliuwende beheiningen. Hy groeit op yn in strang grifformeard boeregesin en hat muoite om mei te kommen op skoalle en yn de maatskippij. Hy hat net folle kontakten. Nettsjinsteande syn beheiningen besiket er wat fan it libben te meitsjen, foaral troch syn fermogen om djip nei te tinken. Hy tinkt foaral in soad nei oer de minsken om him hinne, wat dy dogge en litte.

Opdracht.

  1. Sykje in situaasje yn it boek dy'tst spannend, faach of betiizjend fynst. Skriuw de bledidenûmers op. Skriuw yn in pear rigels op wat de sitewaasje is.
  2. Wat makke dizze situaasje ûngewoan of dreech te foarsizzen? Skriuw dyn antwurd op.
  3. Hoe soesto sels reagearje yn sa’n situaasje ast dy sels sa meimakke hiest? Meitsje in koarte notysje.
  4. Hoe soesto sels reagearje asto oer dizze situaasje fertelle soest en in oar it sa meimakke hie? Meitsje in koarte notysje.
  5. Stel dy foar datst in podcast of vlog makkest oer dit boek. Dyn tekst hat de neikommende opbou:
  • Fertel wat der barde (mei sitaten en siden).
  • Beskriuw wêrom’t it momint sa bysûnder wie.
  • Reflektearje op dyn eigen reaksje en op hoe’t oaren dermei omgean soene.
  • Ferbyn dyn tekst oant no ta mei dyn eigen libben of de wrâld om dy hinne.

 

Lingte: Minimaal in A4. Brûk sitaten út it boek en set de bledsidenûmers achter de sitaten.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Sipke de Schiffart Sjappy
NûmerN4/3
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmgroepsopdracht
Fokusrealiteit en fiksje
Learst

om ûngewoane, soms komplekse personaazjes, situaasjes en hanlingen te trochgrûnjen

Opdracht
  1. Begjin yndividueel en tink nei oer de folgjende fragen:
  • Hoe wurdt Jappy as personaazje mei in beheining beskreaun?
  • Wurdt hy serieus nommen, bûtensletten, holpen of negearre? Brûk yn dyn antwurd sitaten en fermeld paginanummers yn dyn antwurd.
  1. Bepraat yn dyn groepke de folgjende fragen:
  • Wat seit dit oer de mienskip yn it boek?
  • Is dit sa't ús maatskippij no is?
  • Hat it boek dyn miening oer minsken mei in beheining feroare of oan it tinken set? Lis út.
  • Hoe soe it fiele om bûtensletten te wurden?
  • Wat soesto dwaan ast ien mei in beheining tsjinkomst?
  • Wat kinne we dwaan om elkenien derby hearre te litten?
  1. Meitsje wat mei-inoar, bygelyks: in poster mei in boadskip oer ynklusiviteit. In koart toanielstikje dêr'tst yn sjen litst hoe'tst ien helpe kinst. In tekening of stripferhaal oer (S)Jappy.
Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Sipke de Schiffart Sjappy
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusstyl
Learst

om de literêre styl te analysearjen

Opdracht
  1. Pak de roman Sjappy
  1. Kies in fragmint fan likernôch ien side datst hiel moai, ynteressant of opfallend fûn hast. It mei ek in fragmint wêze dat dy oanspruts of emoasjes oprôp. Skriuw it bledsidenûmer op, sadatst it fragmint weromfine kinst.
  2. Lês it fragmint nochris goed troch. Sjoch net allinnich nei wat der bart, mar benammen nei hoe’t it skreaun is.
  3. Besjoch it taalgebrûk yn it fragmint:

-Wurdkar: Hokker wurden brûkt de skriuwer? Binne it gewoane wurden of krekt bysûndere, poëtyske of âlderwetske wurden?

-Sinsbou: Binne de sinnen koart en krêftich, of lang en útwiidweidich? Wat is de struktuer fan de sinnen?

-Byldspraak: Fynst metaforen, ferlikingen of oare foarmen fan byldspraak yn dyn fragmint?

-Ritme en klank: Hoe klinkt it fragmint as it foarlêzen wurdt? Is der in bepaald ritme of kadâns yn de sinnen? Lês it fragmint lûdop foar.

  1. No sjogge wy nei de styl en de sfear. Watfoar sfear ropt it fragmint op? Is it spannend, rêstich, somber, fleurich, dreamerich…?
  1. Hoe helpt de styl fan de skriuwer om dy sfear te meitsjen? Sjoch foaral nei dyn antwurden op fraach 4. Jou foarbylden (en bledsidenûmers) út it fragmint om dit dúdlik te meitsjen.

Skriuw dyn antwurden yn folsleine sinnen op. Brûk foarbylden út it fragmint om dyn ideeën te ûnderbouwen. Besykje om net allinnich te beskriuwen watst sjochst, mar ek wat it effekt is op dy as lêzer. Do skriuwst 1 A4.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Sipke de Schiffart Sjappy
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusroman en realiteit
Learst

om it boek yn ferbân te bringen mei oare media en de wrâld bûten de tekst

Opdracht

Yn de roman wurde in protte taboes besprutsen.

  1. Tink nei oer dizze fragen:
  • Binne dizze taboes echte taboes?
  • Binne der taboes dy’t yn de roman ûnbesprutsen bliuwe?
  1. Kies út de roman ien taboe dat hjoed-de-dei noch relevant is. Kinst in aktueel barren of maatskiplike diskusje neame dy't dêrmei te krijen hat? Kinst sjen litte dat dat sa is? Sykje in aktueel nijsartikel, in kampanje of maatskiplike diskusje dy't mei dit taboe te krijen hat. Brûk betroubere boarnen, lykas NOS, NRC, De Correspondent, LC of Omrop Fryslân.
  2. Meitsje de ferbining tusken roman en realiteit. Beantwurdzje de folgjende fragen:

-Wat binne de oerienkomsten tusken hoe't it taboe yn de roman behannele wurdt en hoe’t it hjoed spilet? Binne der ferskillen?

  1. Slút dyn opdracht ôf mei in koarte refleksje oan de hân fan dizze fragen:
  • Wat hast leard oer it taboe?
  • Hat it dyn fizy op de roman of op de maatskippij feroare?
  • Wat soesto wolle dat der feroaret om dit taboe hinne?

 

Do meist de refleksje útskriuwe op papier (heale oant ien A4) of ynsprekke op dyn mobyl en trochstjoere nei dyn dosint.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Sipke de Schiffart Sjappy
NûmerN5/3
Nivo5
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusstyl
Learst

om ien spesifyk skaaimerk fan literêre styl te besjen en te analysearjen

Opdracht

De roman Sjappy draait sterk om Japy syn inerlike wrâld, syn tinzen, syn wrakseling mei it libben en syn besykjen om sin oan syn bestean te jaan. It boek befettet in soad swarte humor, ferfrjemding en selsûndersyk.

Wat is swarte humor? Swarte humor is in foarm fan humor wêrby't slimme, pynlike of taboe-ûnderwerpen op in grappige wize presintearre wurde. Tink oan sykte, dea, iensumens of sosjale útsluting. It doel is net om minsken te kwetsen, mar om drege ûnderwerpen besprekber te meitsjen, faak mei in wrange glim.

  1. Kinst in foarbyld fan swarte humor bûten de roman jaan? Kinst tinke oan in oar boek, in film of in songtekst.
  2. Kinst in foarbyld fan swarte humor yn de roman jaan? Kies twa fragminten en skriuw de paginanummers op.
  3. Nêst wrange en swarte humor komme der ek oandwaanlike, leave fragminten yn de roman foar. Neam dêrfan in foarbyld en ferjit it paginanûmer net derby te neamen.
  4. Analysearje it fragmint: wat is it serieuze ûnderwerp? Hoe wurdt humor brûkt? Wat makket it ‘swart’ yn stee fan ‘gewoan grappich’?
  5. Werskriuw it fragmint op ien fan de neikommende wizen:
  • Yn in serieuze, emosjonele styl (sûnder humor).
  • Yn in luchtige, komyske styl (sûnder swarte eleminten).
  • Yn in fantasy-of sciencefictionstyl (mei behâld fan swarte humor)
  1. Reflektearje en set dyn befiningen op papier (maks. 100 wurden): wat feroaret der as je de styl oanpasse? Wat docht swarte humor mei de toan en betsjutting fan in tekst?
Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Sipke de Schiffart Sjappy
NûmerN5/4
Nivo5
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmgroepsopdracht
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te ferdjipjen yn de details fan it personaazje

Opdracht

Yn dizze groepsopdracht sille jim in fiktyf personaazje meitsje en mei him kommunisearje as bestiet er echt. Sa oefenest mei ferwurkjen fan fiktive ynformaasje, kreatyf tinken en it stellen fan goede fragen.

Foar prompt 1. Stel basisinformaasje op en doch dat sa detaillearre mooglik. Meitsje mei-inoar in profylskets fan in fiktyf personaazje.

  • Jou AI ynformaasje oer namme, begjin en ein fan it libben, leeftiid, uterlik, karakter, eftergrûn, berop, hobby’s en wenplak.

Prompt 2: Jou AI oan datst in petear fiere wolst mei it personaazje. "Doch as bist dit personaazje en beäntwurdzje myn fragen as dat personaazje." Dêrnei stelst fragen lykas: hoe fielst dy hjoed, wat is dyn grutste dream, wat fynsto fan de wrâld dêr'tst yn libbest, wat is dyn grutste geheim, hoe soest dyn sitewaasje better meitsje wolle? Wat fynst fan Jappy Heslinga?

Meist ek in situaasje betinke en freegje hoe't it personaazje dêrop reagearje soe.

Prompt 3: Kreative útwreiding. Lit it personaazje in brief skriuwe oan in oar personaazje. Of lit it personaazje reagearje op in oar personaazje út it boek.

Do leverst de prompts en de risseltaten op skrift yn by dyn dosint.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Niveau 6 - Opdrachten

Boek Sipke de Schiffart Sjappy
NûmerN6/1
Nivo6
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusliterêre perspektiven
Learst

om de tekst út ferskillende ynfalshoeken benei te kommen en te ynterpretearjen (psychologysk, filosofysk, sosjologysk, et cetera)

Opdracht

In lêzer op dit lêsnivo is meastal ynteressearre yn in akademyske fyzje op literatuer en kin de tekst út ferskillende ynfalshoeken besjen: ferteltechnysk, psychologysk, filosofysk, sosjologysk ensafuorthinne.

  1. Lês it folgjende artikel fan Babs Gezelle Meerburg (2025): Humor, ferfrjemding en selsûndersyk yn de roman 'Sjappy' fan Sipke de Schiffart op de link: Tresoar - Humor, ferfrjemding en selsûndersyk yn de roman 'Sjappy' fan Sipke de Schiffart
  2. Betink út hokker twa ferskillende ynfalspunten de roman analysearre is.
  3. Watfoar oare ynfalshoeke soest ek kieze kinne?
  4. Wurkje dyn ynterpretaasje fia dyn ynfalshoeke fierder út. Dat mei notysjegewiis, mar soargje wol datst dyn oanpak ferantwurdest yn in literêre teory.

Rjochtsje dy yn dyn notysje op wat dyn ynterpretaasje tafoegje soe oan it artikel fan Babs Gezelle Meerburg?

Bronnen

Babs Gezelle Meerburg (2025): Humor, ferfrjemding en selsûndersyk yn de roman 'Sjappy' fan Sipke de Schiffart op de link: Tresoar - Humor, ferfrjemding en selsûndersyk yn de roman 'Sjappy' fan Sipke de Schiffart

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Sipke de Schiffart Sjappy
NûmerN6/2
Nivo6
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokussjenres
Learst

om de tekst út ferskillende ynfalshoeken (sjenres) benei te kommen en te ynterpretearjen

Opdracht

Sjappy kinst ek lêze as ‘Bildungsroman’. In Bildungsroman is in literêr sjenre wêryn’t de haadpersoan in persoanlike ûntwikkeling trochmakket, meastentiids fan jong nei folwoeksen. De lêzer folget hoe’t de haadpersoan leart fan ûnderfiningen, himsels better begjint te begripen, en groeit yn karakter en ynsjoch. Yn it Nederlânsk neame wy dit in ‘ontwikkelingsroman’. Yn it Ingelsk ‘coming of age’. Soest it sjenre ek in learprosesroman neame kinne.

Trije typyske eigenskippen fan dit sjenre binne:

  • De haadpersoan giet troch in persoanlike krisis of konflikt.
  • Der is in dúdlike ûntwikkeling yn karakter, identiteit of wrâldbyld.
  • De haadpersoan komt yn botsing mei maatskiplike noarmen of autoriteit.
  1. Besjoch oft dizze trije eigenskippen werom te finen binne yn Sjappy. Skriuw dyn notysjes út.
  • Wurkje dyn antwurd út mei foarbylden út Sjappy.
  • Brûk sitaten mei sidenûmers om dyn arguminten te ûnderbouwen.
  • Meitsje in tiidline fan syn coming-of-age mei kaaimominten út it boek.

 

  1. Wurkje dyn persoanlike refleksje út op papier. Skriuw dyn notysjes út.
  • Hoe hat Sjappy him ûntwikkele yn it ferhaal?
  • Fynst dat syn ûntwikkeling realistysk is?
  • Kinst dy yn him ferpleatse?
  • Hat it boek dy oan it tinken set oer dyn eigen ûntwikkeling of oer jong-wêzen yn de hjoeddeiske wrâld?

 

  1. Ferbining mei de aktualiteit. Skriuw dyn notysjes út.
  • Is der in aktueel ûnderwerp dat te krijen hat mei coming of age? Foarbylden: druk fan sosjale media, mentale sûnens by jongerein, identiteitssykje, famyljerelaasjes.
  • Beskriuw in foarbyld út it nijs of út dyn eigen ûnderfining.
  • Lit sjen hoe’t dit ûnderwerp ek yn Sjappy spilet.

Skriuw in brief fan Sjappy oan syn lettere sels wêryn’t er weromsjocht op syn ûntwikkeling. Meitsje dêrby gebrûk fan dyn notysjes by punt 1-3.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Sipke de Schiffart Sjappy
NûmerN6/3
Nivo6
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmgroepsopdracht
Fokussjenres, literêr petear
Learst

om eigen lêsûnderfinings út te wikseljen mei dy fan eksperts

Opdracht

Lês en bepraat earst mei-inoar de roman.

  1. Dan lêst it folgjende artikel fan Babs Gezelle Meerburg (2025): Humor, ferfrjemding en selsûndersyk yn de roman 'Sjappy' fan Sipke de Schiffart op de link: Tresoar - Humor, ferfrjemding en selsûndersyk yn de roman 'Sjappy' fan Sipke de Schiffart
  2. Kies as groepke ien fan de folgjende tema’s of ferdiel de tema’s oer ferskillende groepen:
  • Tema/groep 1: Coming of age en Bildungsroman
  • Tema/groep 2: Humor as befrijingsmeganisme (Freud)
  • Tema/groep 3: Groteske styl en ferfrjemding (Kayser & Bachtin)
  • Tema/groep 4: Ferfrjemdingseffekt en refleksje (Brecht)
  • Tema/groep 5: Aktuele taboes en maatskiplike spegels
  1. Elk groepke fiert in literêr petear.
  • Lêst derby passende fragminten út de roman (kinne troch de dosint selektearre wurde).
  • Brûkt it artikel fan Tresoar as boarne.
  • Beskriuwt hoe’t de keazen tematyk yn Sjappy útwurke wurdt.
  • Brûkt sitaten út it boek én út it artikel foar ûnderbouwing.
  1. Dan de ôfsluting fan de opdracht: in groepspetear fan 30 minuten dy’t opnaam wurdt yn Teams, Zoom of Vimeo. De opname wurdt opstjoerd nei de dosint foar feedback, feed forward of beoardieling.
Bronnen

Babs Gezelle Meerburg (2025): Humor, ferfrjemding en selsûndersyk yn de roman 'Sjappy' fan Sipke de Schiffart op de link: Tresoar - Humor, ferfrjemding en selsûndersyk yn de roman 'Sjappy' fan Sipke de Schiffart

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Sipke de Schiffart Sjappy
NûmerN6/4
Nivo6
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmgroepsopdracht
Fokuslêsklup
Learst

lêst om fet te krijen op de fiksjonele wrâld en de eigen (belibbings)wrâld

Opdracht
  1. Lês en doch earst in ûnderfiningsrûntsje: wat fûnsto fan dit boek?
  2. Dan lêst yndividueel in fragmint út it folgjende artikel. Yn it artikel stiet in (ynkoarte) fragmint fan Sipke de Schiffart oer de berte fan Jappy Heslinga. Lês dat fragmint noch efkes troch.

Babs Gezelle Meerburg (2025): Humor, ferfrjemding en selsûndersyk yn de roman 'Sjappy' fan Sipke de Schiffart op de link: Tresoar - Humor, ferfrjemding en selsûndersyk yn de roman 'Sjappy' fan Sipke de Schiffart

  1. Dan giest yn literêr petear mei dyn groep. Jim kinne it hawwe oer de folgjende fragen:
  • Watfoar gefoelens ropt it fragmint en it boek by dy op?
  • Fielst meilibjen, argewaasje, fernuvering, humor…?
  • Wêrom tinkst datst dy gefoelens hiest?
  • Kinst dy yn it haadpersonaazje Jappy ferpleatse?
  • Fynst him sympatyk, yngewikkeld of krekt ôfstjittend?
  • Watfoar styl hat de skriuwer brûkt (besjoch it fragmint) en hoe hat dat dyn lêzen beynfloede?
  • Wurden, sinnen, sfear… makket it maklik of dreech om troch te lêzen?
  • Wat hast leard oer dysels as lêzer?
  • Wêr lizze dyn grinzen?
  • Hoe reagearrest op personaazjes dy’t oars binne as dysels?
  • Is it weardefol dat dizze roman ferskynd is?
  • Soest dit boek oanrikkemandearje oan oaren? Wêrom (net)?

De dosint is foarsitter fan de groep en harket mei en helpt learlingen/studinten om har lêsûnderfining ûnder wurden te bringen, te dielen en te ferdjipjen.

Bronnen

Babs Gezelle Meerburg (2025): Humor, ferfrjemding en selsûndersyk yn de roman 'Sjappy' fan Sipke de Schiffart op de link: Tresoar - Humor, ferfrjemding en selsûndersyk yn de roman 'Sjappy' fan Sipke de Schiffart

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Docenteninformatie

Yntroduksje

Yn de roman Sjappy sketst Sipke de Schiffart it skrinende libbensferhaal fan Jappy Heslinga. Hy is in man dy't troch soerstofgebrek by syn berte bliuwende beheiningen hat. Sjappy is in tragikomyske roman fol swarte humor mar ek mei inkelde leafdefollere fragminten, dy't net allinnich it libben fan in bûtensteander sjen lit, mar ek de lêzer útnûget ta refleksje op maatskiplike noarmen, útsluting en de minsklike weardichheid.

It is in sawol ynhâldlik as stilistysk as filosofysk in tige rige roman dy’t in letterkundige manier fan lêzen freget.

Ynhâld
De roman Sjappy van Sipke de Schiffart fertelt it libbensferhaal fan Jappy Heslinga, in man út it Fryske doarp Hitsum dy't by syn berte soerstoftekoart hân hat. Dat liedt ta bliuwende beheiningen: hy kin dreech meikomme op skoalle, is net geskikt foar regulier wurk en wurdt sosjaal útsletten. Syn opfieding yn in strang grifformeard boeregesin makket syn jeugd ekstra swier. Sels op de pleats, dêr't er earst helpt, wurdt er bûtensletten nei in ynsidint mei in lamke. As folwoeksene is Jappy in ûnoantreklike, swierlivige man mei ‘ôfstân ta de arbeidsmerk’, dy’t amper bûten syn doarp komt. Dochs besiket er sin te jaan oan syn bestean. Syn krêft leit yn syn fermogen ta tinken. Dat docht er djip, filosofysk, mar faak ek wrang en konfrontearjend. De roman sit fol swarte humor, maatskippijkrityk, en selsrefleksje, en biedt in ynkringend portret fan in man dy't nettsjinsteande alles besiket om weardich en weardefol minske te wêzen.

Swierte
De roman is yndield op lêsnivo 5. Dat hâldt yn dat it boek in berop docht op kulturele, poëtyske en literêre kennis fan de lêzer. De personaazjes en tematyk steane fier fan de libbenswrâld fan jongerein ôf, en de ynhâld is relatyf kompleks. It taalgebrûk en de literêre konvinsjes binne net wat in trochsneed jongere ferwachtet of wend is. De betsjutting fan it boek is net samar gear te fetsjen, wat betsjut dat der in soad fan de lêzer frege wurdt. It boek sprekt benammen dy lêzers oan dy't it útdaagjend en nijsgjirrich fine om har te ferdjipjen yn taal, literatuer en kultuer, dy’t ek wat mear lêsûnderfining hawwe.

Didaktyske en letterkundige analyse 

 

Diminsjes

Yndikatoaren

De roman is tsjok en skreaun yn in konfrontearjende styl. Taboes wurde net út ’e wei gien; it iene nei it oare komt oan bod. Dat freget fan de lêzer geduld en trochsettingsfermogen. It boek is bedoeld foar selsstannige folwoeksen lêzers mei in protte libbens- en lêsûnderfining, benammen op N5- en N6-nivo. Foar N4-lêzers is de roman of in seleksje fan fragminten tagonklik, mar dan it leafst ûnder begelieding fan in dosint of yn groepsferbân.

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De roman freget fan de lêzer in aktive en iepen hâlding. Hy is benammen geskikt foar lêzers mei niget oan taal, literatuer en kultuer. Dy reewilligens en ynteresse fine we fral by N5- en N6-lêzers.

Ynteresses

De lêzer moat belangstelling hawwe foar minsklike psychology en nijsgjirrich wêze nei hoe’t minsken tinke, fiele en omgean mei útsluting en beheining. Ek maatskiplike kwestjes lykas taboes en sosjale útsluting spylje in wichtige rol. Foar N4-lêzers kinne dizze mear praktysk-maatskiplike tema’s oansprekkend wêze. Foar N5- en N6-lêzers is ek belangstelling foar it literêre prosedee, lykas styl, symbolyk en mearduidige tematy in betingst foar djipper begryp en wurdearring fan de roman.

De N5- en N6-lêzers sille oansprutsen wurde op har eigen minskwêzen, har eigen taboes, driften en lusten.

Algemiene kennis

Noch mear as kennis is in iepen hâlding fan de lêzer needsaaklik. De lêzer moat him iepenstelle kinne foar in personaazje mei in beheining, in net-standert libbensrin en in net-standert tinkwize. Dy iepen hâlding is essinsjeel foar it begripen fan de roman en is minder oan lêsnivo bûn.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Ek kennis fan de Fryske doarpsmienskip, de taal en de sosjale dynamyk draacht by oan it begryp fan it ferhaal. Dêrneist is ynsjoch yn literêr skriuwen en lêzen needsaaklik. In N4-lêzer hat benammen dat lêste noch beheind, wylst lêzers op hegere nivo’s (N5 en N6) sokke aspekten better neikomme kinne.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

De roman is skreaun yn geef Frysk op C1-nivo. Dit nivo wurdt sjoen as it nivo fan in feardige brûker, dy't it Frysk net allinnich brûkt foar deistige kommunikaasje, mar ek foar akademyske, kulturele en profesjonele doelen. De dreechheid fan de roman leit lykwols net sa folle yn it taalnivo, mar mear yn de toan en de strekking fan it ferhaal. It wurdgebrûk op himsels is goed nei te kommen foar in N4-lêzer, mar it ynsjoch yn de ûnderlizzende lagen freget mear lês- en libbensûnderfining.

Sinskonstruksjes

As hjirboppe.

Styl

As hjirboppe

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

It boek bestiet foar in grut part út de gedachten fan de haadpersoan. Dy binne sa apart en útdaagjend dat de lêzer trochlêze wol om te ûntdekken hoe’t it fierder giet. Dat aspekt sprekt lêzers op ferskillende nivo’s oan — sawol N4-, N5- as N6-lêzers kinne hjir nijsgjirrich nei wêze. De yntinsiteit fan it tinkproses en de frjemde logika fan de haadpersoan meitsje it ferhaal tagelyk yntrigearjend en útdaagjend.

De hjirûnder neamde yndikatoaren binne net wat lêsbegryp útmakket, mar mear de konfrontearjende tematiken.

Gronology

It ferhaal wurdt yn grutte trekken gronologysk ferteld. De ‘útstapkes’ nei de ferhalen fan oare personaazjes binne yn it haadferhaal ynweve.

Ferhaalline(n)

Wy folgje it ferhaal fan Jappy fan syn berte oant syn dea. Foar de lêzer op N4-N6 is dúdlik wa’t der nêst Jappy oan it wurd is en/of waans ferhaal ferteld wurdt, want de struktuer is goed te folgjen.

Perspektyf

Jappy Heslinga is meastentiids sels oan it wurd. De yntermezzo’s oer oare personaazjes binne soms lang en wiidweidich. Yn dy passaazjes wikselet it fertelperspektyf en giet it fertellen oer fan Jappy nei in oar personaazje. Foar de lêzer is dat goed te folgjen. Ek N4-lêzers kinne it ferhaal prima neikomme. N5- en N6-lêzers sille dêrneist earder literêre prosedeeën opmerke en wurdearje. Foar it folgjen fan it ferrin fan it ferhaal makket dat gjin ferskil.

Betsjutting

In N4-lêzer sil benammen betsjutting hechtsje oan dit ferhaal as in ferslach fan in moreel en psychologysk fraachstik. In N5-lêzer sil fierder gean kinne, sa as neitinke oer de djippere lagen fan it boek en yngean op foarmeksperiminten. Fierders kin in N5-lêzer de resepsje fan it boek behannelje. In N6-lêzer kin lykas in N5-lêzer yngean op de resepsje, mar ek op it autobiografyske gehalte fan it boek en de yngewikkelde ferhâlding tusken skriuwer en haadpersoan. Hy kin dêr ek yntertekstuele aspekten by belûke.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Jappy Heslinga is it wichtichste karakter dat de lêzer kennen leart.

Oantal karakters

Der binne nochal wat personaazjes omdat de ferhalen fan allerhande famylje beskreaun wurde. Dat makket dat de lêzer nochal wat personaazjes te ferwurkjen krijt. Foar de N4-lêzer sil it yngewikkeld wêze om safolle nammen en ferhalen te ûnthâlden, mar dat is eins ek net dêr’t it yn de roman om giet.

Untjouwing fan de karakters

Haadpersoan Jappy fertelt syn eigen ferhaal en seksuele geheimen fan de oare personaazjes. Jappy makket fan alles mei en wurdt folwoeksen, mar in echte ûntjouwing makket er net mei. Dat is ek net de strekking fan de roman.

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten

Besprekingen van werk van de Friese auteur Sipke de Schiffart

tresoar.nl/literatuur/biografieen/64133b667611185f13bcea7a

Sipke de Schiffart schrijft zonder rem - Leeuwarden City of Literature

Boekekast #8: Twee verhalen van Sipke de Schiffart - Omrop Fryslân

Tresoar - Humor, ferfrjemding en selsûndersyk yn de roman 'Sjappy' fan Sipke de Schiffart