Fries | niveau 6 | As gong dêr in oar

As gong dêr in oar

As gong dêr in oar

Popma, Leo
Niveau
Niveau 6
Jaar uitgave
2013
Uitgeverij
Frysk en Frij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
266
Genre
  • ideeëroman
  • psychologyske roman
Tags
  • ûnwennigens
  • identiteit
  • taal
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

 

Over de auteur

By Leo Popma (Warkum, 1938) thús waard Nederlânsk en Stedsk praat. It Frysk hat er himsels oanleard, omdat him dat tinke liet oan syn bertestreek. Hy learde it Frysk doe't er yn Brabân op in ynternaat siet, dêr't er slim ûnwennich wie. Nei it gymnasium gong er it bibleteekwêzen yn. It hat part fan syn wurk west om lieding te jaan oan ferskate projekten rûnom op de wrâld. Sa koe er yn syn wurk foar de bibleteek syn nijsgjirrigens nei oare kultueren en syn nocht oan reizgjen goed kwyt. Yn syn literêr wurk is te fernimmen dat er tige belêzen is. Hy brûkt wurk út de wrâldliteratuer om plot en tema te ferdjipjen en bout, yn guon gefallen, bewust fierder op it wurk fan oare skriuwers.

Inhoud

Johan, in arsjitekt, en Mare, tolk fan profesje en allinnesteande mem, binne tegearre in wike yn in simmerhûs yn Frankryk. Se kenne inoar al in skoft, mar ha inoar lang net sjoen. Der is dus in soad om by te praten. Fia oantinkens en flashbacks komst te witten wat der bard is yn de tiid dat se inoar kennen learden en yn de tiid foardat se inoar wer tsjinkamen. De soan fan Mare komt in pear dagen del. Johan hat dêr net folle nocht oan, mar kin it ferrassend goed mei him fine.
Johan en Mare ha fûle diskusjes meiinoar oer taal en kultuer. De personaazjes yn it boek ha allegearre harren eigen relaasje mei taal. Der wurdt filosofearre oer wannear't je je thúsfiele en wat foar plak at taal dêryn hat. As gong dêr in oar is in taalfilosofysk boek en giet eins oer de fraach: wat docht taal mei minsken?

Leesaanwijzingen

Ast hâldst fan in filosofysk boek dat goed yninoar sit, dan hast in moai wurk yn hannen. Silst fernimme datst fuort op ’e earste side al muoite dwaan moatst om de literêre taal fan Popma te begripen. Hy ropt in soad fragen op en beänderet dy bytsje by bytsje. Dit boek ferget in tige aktive lêshâlding, sawol as it giet om de opbou fan it plot, de stellingen dy’t de personaazjes ynnimme as om de ynhâldlike ferwizingen nei de wrâld bûten de romanwerklikheid.

Om over na te denken

Yn hoefierre wurdt dyn identiteit bepaald troch taal? Hoe belangryk binne ferline en komôf? Kinst dêr ea los fan komme? Wat docht taal mei minsken?

Waardering

'De skriuwer is tige bedreaun yn it ûnopfallend neamen fan oanknopingspunten oer wat earder bard is, sa't de lêzer oantrune wurdt om troch te lêzen.'
Doeke Sijens

'Ik bin ûnder de yndruk hoe't Popma oan 'e ein alle linen út it ferline by inoar bringt, eins hoe't er de hiele roman konstruearre hat.'
Meindert Reitsma

'Leo Popma has written an intriguing story with an intriguing title, As gong dêr in oar (As if another went there), a story that sometimes confuses and often mystifies, for there are secrets within nearly every character.'
Henry J. Baron

Opmerkingen

Leo Popma hat seis kear in Rely Jorritsmapriis wûn. As gong dêr in oar stie op de longlist foar de Gysbert Japicxpriis (2015) en wie nominearre foar de Rink van der Veldepriis (2014).




Leestips/meer weten

Sirkwy, Boekprofyl en Biografyske skets
Hedwig Terpstra, fraachpetear

Samengesteld door

Gerbrich de Jong

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 4 - Opdrachten

Boek Popma, Leo As gong dêr in oar
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusferteltechnyk
Learst

om motiven te werkennen

Opdracht

Lês hjirûnder by literêre teory wat in motyf is.

1a. 'Hûnekop' kin yn dizze roman oanwiisd wurde as motyf. Neam op syn minst twa betsjuttingen fan hûnekop yn de kontekst fan As gong dêr in oar.
Ast it sa út ’e holle sa gau net witst, kinst side 28 en 169-170 nochris neilêze.
1b. Lis út dat de titel fan diel III ferbûn wurde kin mei beide betsjuttingen.

2. In ûnderwerp dat hieltyd weromkomt yn it boek is in bepaald menuet. It giet om it menuet Beau Brummell fan Edward Elgar. Sykje it stik muzyk op en harkje dernei (bygelyks fia Spotify). Hoe komt it op dy oer? Is it fleurich, tryst, opswypkjend, mankelyk?

3a. Wiis minstens trije stikken yn it boek oan dêr't it menuet neamd wurdt.
3b. Wat foar symbolyske betsjutting(en) kinst oan dit motyf takenne?

4. Wat fynst fan de manier wêrop't de skriuwer it menuet en de hûnekop ferskillende kearen werom komme lit yn it boek?

5. Wie it dysels opfallen dat it menuet en de hûnekop geregeld weromkomme? Binne der noch mear saken oan te wizen yn it boek dy'tst in motyf neame kinne soest, omdat se weromkomme en miskien mear betsjutte? Lis dyn antwurd út.

 

Literaire theorie

In motyf is in foarwerp, ferskynsel of barren dat meardere kearen yn in ferhaal of in roman foarkomt en in symboalyske betsjutting hat.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Popma, Leo As gong dêr in oar
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusromte en tiid
Learst

om de romte fan spyljen en it tiidsferrin te analysearjen

Opdracht

Yn As gong dêr in oar is de skriuwer net sa dúdlik oer it plak fan spyljen en it tiidsferrin yn it boek. Wannear’t je in oantal oanwizings by elkoar lizze komt der wol in tekening yn romte en tiid.

1. Meitsje it plak of de regio fan spyljen oannimlik mei de folgjende gegevens út de tekst:
a. de plaknamme (s. 13)
b. de oantsjutting ‘it epos fan ’e fiskers fan dizze kust’ (s. 104)
c. it fort (s. 125)
Lis út.

2. Is it plak fan spyljen essinsjeel foar de ynhâld fan it boek, of hie it op elk willekeurich oar plak spylje kind? Lis út

3. Stel in tiidskaal op foar it libben fan Johan, útgeande fan de folgjende gegevens út de tekst:
a. de leeftiid fan Johan as er ferdrinkt (s. 263)
b. de moanne dat it ferhaal spilet (s. 130)
c. de leeftiid en jierdei fan Nyk (s. 124)
d. de datearring fan de foto fan Nyk (s. 43, tink derom dat Johan Nyk syn leeftiid te leech ynskat)
e. de treinkaping by De Punt
f. it bertejier fan Max Papilaya (s. 51), de lieder fan de treinkapers
g. de simmer dat Johan troch Europa swalket en Josi mei him brekt (haadstik 23)

4. Wat is nei alle gedachten it jier fan it no fan it boek? Wêrom is dat sa?

5. Wannear hawwe Johan en Mare elkoar earder troffen, tinkst? Kin Johan de heit wêze fan Nyk, rekkene neffens it tiidsferrin sa’t dat yn it boek oanjûn is?

Makke trochTeake Oppewal
Boek Popma, Leo As gong dêr in oar
NûmerN4/3
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusôfrin
Learst

om it gedrach fan in haadpersonaazje te analysearjen

Opdracht

Op ’e dei nei Nyk syn jierdei (in sneon) bringt Mare him werom nei de trein. Johan giet dyselde deis by Marron del (s. 186-191) en dêrnei by Inge Kaumwasser (Hdst 24). Dy fertelt him dat René Lung net de heit wêze kin fan Nyk. Haadstik 25 begjint mei in flash forward, wêryn’t Johan de auto op in ûnopfallend plak delset. Hy hat al syn kleanguod en sa út it simmerhûs helle en in foto út it besit fan Mare pikt. Dan giet it ferhaal wer fierder dêr’t it oan de ein fan Hdst 24 ophâlden wie, ôfwiksele mei flashbacks.

1. Wat is de reden fan Johan syn gedrach, sa’t dat op s. 210 beskreaun wurdt?

2. Wa soe op de foto stean dy’t Johan pikt hat? Sjoch ek side 43. Wêrom nimt Johan dy foto mei?

3. Wêrom rint Johan mei lead yn de skuon de trep op (s. 220)?

4. It ferfolch fan wat Johan belibbet sjogge wy troch de eagen fan Mare yn haadstik 27, dat spilet op de snein neidat Nyk fuortgien is. Dêr kommunisearje se mei elkoar oer oaren fia in potsje scrabble. Komme je as lêzer no mear te witten oer hoe’t it sit mei Lung, Johan, Mare en Nyk? Lis út.

5. Johan lit himsels ferdrinke achter de Hûnekop. Jou dêr in oantal mooglike beweechredenen foar en beärgumintearje dat mei sitaten út it boek.

Makke trochTeake Oppewal

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Popma, Leo As gong dêr in oar
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusyntertekstualiteit
Learst

om yntertekstualiteit te werkennen en te beoardieljen

Opdracht

Yn As gong dêr in oar sitte in soad ferwizingen nei persoanen en saken bûten it boek. Yn de tabel hjirûnder sjochst tsien foarbylden mei sideferwizingen.

 

  Ferwizing

  Ynformaasje út it boek (meitsje gebrûk fan de siden dy't neamd wurde)

  Ynformaasje fan ynternet

 Tom Waits (s. 126-127)

 

 

 It Molukker folksliet (s.  52)

 

 

 Dulle Griet (s. 112 en s. 115)

 

 

 Edwar Elgar (s. 151)

 

 

 Bertram Matthews, Clyde Fitch (s. 154)

 

 

 Berlage en Le Corbusier   (s. 155)

 

 

 Ralph Barker (s. 180)

 

 

 Den Uyl, Van Agt, De Gaaij Fortman (s. 181)

 

 

 De myte fan Europa (s. 245)

 

 

 

1. Sykje de sidenûmers dy't oanjûn binne op en folje yn de tabel yn watst op basis fan it boek te witten komst oer wat yn de tabel neamd is. Ast fan de ynformaasje yn it boek neat ôfliede kinst, litst it hokje leech.

2. Folje no de tredde kolom yn troch oanfoljende ynformaasje op te sykjen op ynternet.

3. Is de oanfoljende ynformaasje nedich om it boek goed begripe te kinnen? Wurdt it boek boeiender ast de oanfoljende ynformaasje hast? Lis út wêrom wol of net.

4.  Lês ûnder boarne 1 wat yntertekstualiteit is. Heart it ferwizen nei de saken út de tabel neffens dy ta yntertekstualiteit? Lis út wêrom wol of net.

5. Jou dyn miening oer yntertekstualiteit yn in roman. Fynst it moai as in skriuwer saken út 'it echte libben' oanhellet yn in boek of hoecht dat fan dy net sa? Fynst it stoarend ast dingen earst opsykje moatst of fynst it júst aardich om nije dingen te learen by it lêzen? Lis dyn antwurd út.

Bronnen

Wikipedy, yntertekstualiteit

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Popma, Leo As gong dêr in oar
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje
Learst

hoe't it boek ûntfongen is yn de kritiken

Opdracht

As gong dêr in oar waard nominearre foar twa wichtige Fryske literêre prizen: de Rink van de Veldepriis 2014 en de Gysbert Japicxpriis 2015.

1. Neam trije redenen wêrom’tst fynst dat it boek in priis winne mochten hie as it oan dy lei.

2. Lês ûnder literêre teory om wat foar prizen it giet. Watfoar priis fynsto, op basis fan dy ynformaasje, it meast geskikt foar As gong dêr in oar? Lis dyn antwurd út.

3. Lês de resinsjes dy'tst fynst by de boarnen. Meitsje in list fan positive punten dy't neamd wurde en fermeld hieltyd de resinsje dêr'tst dat positive punt yn fûn hast.

4. Meitsje ek sa'n listje foar de krityske opmerkings dy't oer it boek makke wurde. Neam ek no wer even yn watfoar resinsjes ast de krityske opmerking fûn hast.

5. Reagearje op de positive en krityske punten dy't de resinsinten oanhelje. Bist it mei harren iens? Wêrom wol of net?

Literaire theorie

De Gysbert Japicxpriis is in priis foar oarspronklik Frysk literêr wurk. Hy wurdt beskikber steld en útrikt troch de Deputearre Steaten fan Fryslân. Dy wurde advisearre troch in advyskommisje fan minsken dy't doel ha oer literatuer. De priis bestiet sûnt 1947 en wurdt tsjintwurdich om de twa jier útrikt, ôfwikseljend foar proaza of poëzij. De takenningsfrekwinsje is in pear kear wiksele. De winner krijt in oarkonde, tsientûzen euro en subsydzje om wurk oersette te litten yn in oare taal.
Mear

De Rink van der Veldepriis is in priis foar it bêste oarspronklik en nij proaza yn it Frysk (of yn ien fan de streektalen dy't yn Fryslân brûkt wurde) fan de ôfrûne twa jier. It moat wurk wêze yn de sjenres dy’t Rink van der Velde beoefene: romans, ferhalen of kollums.
Mear

Bronnen

Meindert Reitsma, De Moanne
Doeke Sijens, Ljouwerter Krante
Geart Tigchelaar, Ensafh.nl

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 6 - Opdrachten

Boek Popma, Leo As gong dêr in oar
NûmerN6/1
Nivo6
Stúdzjelêst3 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmotto's
Learst

om de motto's yn ferbân te bringen mei de tekst

Opdracht

Lês de twa motto’s foaryn it boek.

1. Sykje ynformaasje oer de skriuwer dêr’t in motto oan ûntliend is: J.M. Coetzee. Skriuw in tekst fan ca 300 wurden oer syn achtergrûn en de tematyk fan syn wurk. Nim yn dyn tekst ek ynformaasje op oer it boek dêr't it motto útkomt.

2. Gean nei wat der yn it motto sein wurdt en wêr't it oer giet. Hoe past de ynhâld fan it motto by As gong dêr in oar? Mei oare wurden, wêrom soe Leo Popma foar dit sitaat keazen ha as motto foar syn boek? Ferwurkje de antwurden op boppesteande fragen yn in tekst fan minstens 300 wurden.

3. Sykje no ynformaasje op oer Ben Cami en syn bondel Ik ben hier vreemd (1988). Wat foar bondel is it? Wêr geane de gedichten oer? Fetsje de ynformaasje dy'tst fûn hast gear yn in tekst minimaal 200 wurden. Doch dat yn dyn eigen wurden.

4. Bring de tekst fan Ben Cami yn ferbân mei As gong dêr in oar. Wêrom soe Leo Popma dit sitaat brûke as motto foar syn boek? Brûk minimaal 200 wurden om op dy fraach yn te gean.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Popma, Leo As gong dêr in oar
NûmerN6/2
Nivo6
Stúdzjelêst3 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustematyk
Learst

om ien fan de tema’s út it boek te analysearjen

Opdracht

Taal en hoe’t je dêr mei omgeane is ien fan de kearntema’s fan As gong dêr in oar. Ien aspekt dêrfan is de posysje fan in ‘lytse taal’ of ‘minderheidstaal’ en hoe’t je je as bewuste sprekker ferhâlde ta dy taal. In oantal personaazjes út it boek fertsjintwurdiget dêr hieltyd wer in oar stânpunt yn.
Yn dizze opdracht giet it om de folgjende fiif personaazjes: Mare, Johan, Mare har heit, Nyk en Roger Marron.

1. Beäntwurdzje foar elk fan de fiif neamde personaazjes de folgjende fragen:
a. Hoe wichtich fynt hy/sy taal?
b. Wat foar taal praat it personaazje sels it leafst, en wêrom?
c. Hoe reagearret it personaazje op it taalgebrûk fan oaren?

2. Yn it boek is it benammen Mare dy’t harsels ôffreget: ‘Wêr kom ik wei, wêr bin ik thús, wa bin ik eins?’ (s. 204).
Beäntwurdzje dy fragen foar dysels. Wêr komsto wei en wêr bisto thús? Wat is foar dy de taal fan thús? Fielst dy oars ast dy taal net sprekst?

3. Skriuw in essay fan minimaal 700 wurden dêr'tst yngiest op de fraach: ‘Hoe wichtich is taal om je earne thús te fielen?’ Belûk yn dyn essay net allinnich dyn eigen ûnderfiningen en miening, mar ek de personaazjes út As gong dêr in oar.

Makke trochGerbrich de Jong

Docenteninformatie

Yntroduksje

By Leo Popma (Warkum, 1938) thús waard Nederlânsk en Stedsk praat. It Frysk hat er himsels oanleard, omdat him dat tinke liet oan syn bertestreek. Hy learde it doe't er yn Brabân op in ynternaat siet, dêr't er slim ûnwennich wie. Nei it gymnasium gong er it bibleteekwêzen yn. It hat part fan syn wurk west om lieding te jaan oan ferskate projekten rûnom op de wrâld. Sa koe er yn syn wurk foar de bibleteek syn nijsgjirrigens nei oare kultueren en syn nocht oan reizgjen goed kwyt. Yn syn literêr wurk is te fernimmen dat er tige belêzen is. Hy brûkt wurk út de wrâldliteratuer om plot en tema te ferdjipjen en bout, yn guon gefallen, bewust fierder op it wurk fan oare skriuwers. Dêrnêst is yn syn wurk dúdlik te fernimmen dat er in soad reizge hat.

Ynhâld

Johan, in arsjitekt, en Mare, tolk fan berop en allinnesteande mem, binne tegearre in wike yn in simmerhûs yn Frankryk. Se kenne inoar al in skoft, mar ha inoar lang net sjoen. Der is dus in soad om by te praten. Fia oantinkens en flashbacks komt de lêzer te witten wat der bard is yn de tiid dat se inoar kennen learden en yn de tiid foardat se inoar wer tsjinkamen. De soan fan Mare komt in pear dagen del. Johan hat dêr net folle nocht oan, mar kin it ferrassend goed mei him fine.
Johan en Mare ha fûle diskusjes meiinoar oer taal en kultuer. De personaazjes yn it boek ha allegearre harren eigen relaasje mei taal. Der wurdt filosofearre oer wannear't je je thúsfiele en wat foar plak oft taal dêryn hat. As gong dêr in oar is in taalfilosofysk boek en giet eins oer de fraach: wat docht taal mei minsken?

Swierte

It dreechste oan dit boek is dat it by it lêzen in soad fragen opropt dy’t net daliks beäntwurde wurde. De dosearring fan de ynformaasje freget om in tige aktive lêshâlding. De personaazjes en har ûnderlinge relaasjes litte har net maklik kenne. De lêzer moat trochsette en geregeld hinne en wer blêdzje. Pas as je it boek foar de twadde kear lêze falle allegear stikjes teplak. In neidiel foar jongere lêzers is dat it boek in protte ferwizingen hat nei omstannichheden en barrens dy’t sy allinne mar kenne as skiednis.

 

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

In learling moat ree wêze om te begjinnen oan in boek dat in soad fragen opropt en dat gjin spannende hanneling hat.

Ynteresses

It helpt as in learling in filosofyske ynslach hat.

Algemiene kennis

In brede kennis fan de wrâld of yn alle gefallen de reewilligens achtergrûnynformaasje op te sykjen helpe by it begripen fan de tekst, bg. termen as ‘au pair’ (14) of ‘pied noir’ (211) of de Molukse treinkaping by De Punt yn 1977.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike kennis is net fereaske om it plot folgje te kinnen. Der sitte lykwols in soad ferwizingen yn it boek nei allerhanne lokaasjes en keunst(ners). De N4-lêzer sil der klauwen oan ha dat allegear te behappen en in part fan it boek net bedjipje.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is oer it algemien goed te folgjen, mar der sitte wurden yn dy't learlingen net kenne sille. Foarbylden binne ‘eptich’, ‘leptosoom’, ‘stribbich’, ‘strewel’, ‘homeie’, ‘geld as in wear’, ‘guozzebrievje’.

Sinskonstruksjes

Der sitte sinnen yn it boek dy't je nei in pear kear lêzen noch net begripe. It taalgebrûk en de sinskonstruksjes binne soms op it poëtyske ôf en steane út en troch fier ôf fan deistich Frysk. De gearhing fan de tekst is ek net altyd dúdlik, omdat de (foarút)ferwizingen oer in protte siden hinnegeane, bgl. de sin ‘En letter fansels yn ’e trein’ (s. 31), wêrfan’t de betsjutting folle letter pas blykt.

Styl

Somtiden hat Popma in wat yndirekte manier fan skriuwen. Hy is belêzen en de lêzer moat dat ek wêze, om alle finesses mei te krijen. Foarbyld: ‘(...) mar dat stik segryn wol mei Silvester noch wol ferhiere.’ (s. 187)

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

It boek jout in ferhaal dat net fluch op gong komt en dat net yn it earste plak boeiend is troch de aksje. N5- en N6-learlingen sille dat lykwols ha kinne. 

Gronology

It ferhaal fan it ferbliuw yn it simmerhûs is gronologysk opset en rint fan dei 1 (sneon) oant en mei dei 10 (moandei). De ôfslutende brief fan Mare is fan noch in pear dagen letter. It ferhaal spilet yn septimber (s. 130). It is net altyd dúdlik wannear’t de flashbacks spylje en hoe’t it tiidsferrin fan de foarskiednis krekt west hat. Ek is net oan de tiid fan it ferhaal te sjen oft it om in flashback giet of net.

Ferhaalline(n)

It boek hat twa ferhaallinen: it ferhaal fan Mare en it ferhaal fan Johan. Yn it no rinne se in skoft lykop, oant se oan de ein wer útelkoar geane. Ien fan de fragen dy’t yn it boek spilet is hoe’t har libbensferhalen yn it ferline ferfrissele wiene.

Perspektyf

Diel I, II en III binne yn personaal perspektyf út Johan wei skreaun. De lêzer folget syn flashbacks. Herinneringen fan Mare komt de lêzer allinne te witten sa’t se yn direkte rede Johan yn de earen klinke. Yn diel IV is der in perspektyfwiksel en folget de lêzer it ferhaal fia Mare.

Betsjutting

In N5-lêzer sil it wurdearje kinne dat der in soad ferbannen te lizzen binne binnen it boek mar ek tusken it boek en de wrâld derbûten. In N6-lêzer sil betsjutting hechtsje oan dit boek as in literêr wurk dêr't in soad yn sit en sil filosofearje kinne oer de tematyk.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

It neikommen fan de personaazjes is dreech. Se litte har net maklik kenne en gedrage har somtiden tsjinstridich. It is net folslein dúdlik hoe't se oer inoar tinke. In soad bliuwt ymplisyt.

Oantal karakters

Der sitte aardich wat karakters yn it boek, mar it oantal is goed nei te kommen.

Untjouwing fan de karakters

De karakterûntjouwing fan de twa haadpersonaazjes is foar learlingen net maklik te folgjen. De ferhâldingen tusken dy twa is lestich te trochgrûnjen, want se prate in soad byinoar troch. Ek de motivaasje fan har gedrach oan de ein kin op mear wizen útlein wurde.

Relevante  boarnen foar dosinten

As gong dêr in oar is noch net wiidweidich analysearre. By it boekprofyl op tresoar.nl wurde fjouwer resinsjes neamd, dy’t elk wer nije gesichtspunten oandrage. Oant no ta [maaie 2016] is it besprek fan Geart Tigchelaar it wiidweidichst.
Boekprofyl mei resinsjes