Fries
| Nivo start | De stilte fan Joachem
De stilte fan Joachem
- Niveau
- Niveau start
- Jaar uitgave
- 2007
- Uitgeverij
- Afûk
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 77
- Genre
-
- jongereinboek
- Tags
-
- freonskip
- peste
- stammerje
- foaroardielen
- Taalniveau
- A2
Over de auteur
Mindert Wijnstra (Lippenhuzen 1945 – Warns 2020) wie ûnderwizer en letter haad fan de basisskoalle yn Warns. As skriuwer lei er him ta op it skriuwen fan berneboeken. It earste, Kninekeutels yn it oerwâld ferskynde yn 1982. Yn 1992 krige Wijnstra foar syn boek It hûs fol ferhalen de Simke Kloostermanpriis, in Fryske literatuerpriis foar berne- en jeugdboeken. Dat boek krige sels ynternasjonale erkenning. Yn 1994 is it op de earelist pleatst fan de International Board on Book for Young People.
Mindert Wijnstra wie ek in ferneamd ferhaleferteller mei in foarleafde foar folksferhalen. Hy publisearre meardere bondels mei ferhalen en reizge troch de provinsje om dy ferhalen foar te dragen. Yn 1997 publisearre er It Kweade Wiif fan Hylpen en oare folksferhalen. Foar Omrop Fryslân wurke Wijnstra mei oan berneprogramma's op radio en telefyzje. Sa skreau er de teksten fan Fratsen, in telefyzjeprogramma foar bern oant 7 jier.
Inhoud
Joachem is tolve jier en stammeret. Dêrom praat er al in healjier mei gjinien, thús net en op skoalle net. Sels net mei syn freondinne Marijke. Joachem kin lykwols hiel moai tekenje en mei syn tekeningen fertelt er wat er mei wurden net oerbringe kin.
Der is ien persoan dy’t Joachem begrypt. ‘Einstein’ wennet in ein bûten it doarp en der geane nuvere ferhalen oer him. De jonge en de man slute freonskip. En dêr is net elkenien oer te sprekken.
Leesaanwijzingen
It boek De stilte fan Joachem lêst flot. De sinnen binne net lang en oer it algemien binne de wurden net dreech. Soms komt der in wurd foarby dat mooglik nij is, bygelyks ‘trelit’, ‘sturtgiseljend’ en ‘panderje’. Om it ferhaal te begripen is it net nedich om alle wurden te kennen.
Om over na te denken
Hoe is it om te stammerjen? Wat dochst ast narre wurdst omdatst oars bist of yts net kinst?
Kinst as bern freonskip mei in (ûnbekende) folwoeksene slute?
Hoe giest om mei in persoan dêr’t oer roddele wurdt?
Waardering
‘It boek is hiel fijn om te lêzen, omdat in protte jongeren harren yn de karakters fine kinne. In protte Fryske jeugd wennet krekt sa as Joachem en Marijke yn in gewoan Frysk doarpke dêr’t rabberij is en elkenien inoar wol ken. Dêrneist bringt it boek ek it ûnderwerp stammerjen yn it ljocht, dêr’t begryp foar komme moat.’
Fleur (lid fan it Afûk-boekpannel) op heitenmem.frl
Opmerkingen
Printe boek fan Bibliotheek Fryslân Catalogus (hostedwise.nl)
Leestips/meer weten
Oer Mindert Wijnstra kinst mear te witten komme op
https://fy.wikipedia.org/wiki/Mindert_Wijnstra
en
Tresoar - Fryske literatuerskiednis
Samengesteld door
Ans WallingaOpdrachten
Niveau start - Opdrachten
Boek | Mindert Wijnstra De stilte fan Joachem |
Nûmer | N0/1 |
Nivo | 0 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | allinne |
Fokus | stammerjen |
Learst | wat de ynfloed fan stammerjen op immens libben is |
Opdracht | 1. Witsto wat stammerjen wie? O A. Ja, ik wist der al in protte oer. O B. Nee, ik wist der hielendal neat oer. O C. In bytsje, ik hie der wol ris oer heard.
2. Wat hast troch it boek De stilte fan Joachem oer stammerjen leard? Skriuw twa dingen op. Doch dat sa as hjirûnder foardien wurdt. Skriuw op: Troch it lêzen fan it boek De stilte fan Joachem haw ik neikommende dingen oer stammerjen leard:
3. Besjoch de útstjoering fan Het Klokhuis oer stammerjen. De link nei de útstjoering stiet yn de boarne. Wat hast troch de útstjoering fan Het Klokhuis noch mear oer stammerjen leard? Skriuw twa dingen op. Troch it besjen fan Het Klokhuis haw ik neikommende dingen oer stammerjen leard:
4. Hoe fynsto dat Joachem mei syn stammerjen omgiet? Lis dyn antwurd út. Begjin sa: Ik fyn dat Joachem… , omdat …
5. Stel datsto Joachem wiest. Hoe soesto mei it stammerjen omgean. Hokker saken soest oars dwaan as Joachem? Begjin sa: As ik Joachem wie dan… |
Bronnen | |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Mindert Wijnstra De stilte fan Joachem |
Nûmer | N0/2 |
Nivo | 0 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | allinne |
Fokus | gefoelens |
Learst | om de gefoelens fan de personaazjes te herkennen |
Opdracht | Download it wurkblêd en folje it yn.
1 Set yn kolom 2 welk gefoel by de emoji’s heart. Kies uit: bang – bliid – lilk – nijsgjirrich - besoarge - fertrietlik - ferromme (twa binne al ynfold).
2 Notearje yn kolom 3 de namme fan in persoan út it ferhaal dy’t dat gefoel op in bepaald stuit hat.
3 Jou yn kolom 4 in koarte útlis.
4 Tekenje yn it ûnderste hokje sels in emoji dy’tst passen fynst by in persoan út it ferhaal. Folje ek kolom 2, 3 en 4 yn.
|
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Mindert Wijnstra De stilte fan Joachem |
Nûmer | N0/3 |
Nivo | 0 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | allinne |
Fokus | kaft |
Learst | om nei te tinken wat de omslach fan in boek oer in ferhaal seit |
Opdracht | A Fraach 1 Wat fynsto fan it it omslach fan it boek De stilte fan Joachem? Jou dyn miening oer ûndersteande fjouwer punten. Nim de ûndersteande fjouwer wurden oer en folje oan.
* Wat der mei ‘sfear’ bedoeld wurdt, wurdt ûnder de literêre teory útlein. Fraach 2 Stel dat de útjouwer fan De stilte fan Joachem it boek opnij útjaan wol. Dêrby is it de bedoeling dat it boek in nij kaft kriget. Do meist dat kaft ûntwerpe. Hoe soe it der dan útkomme te sjen?
B Untwerp in nij omslach foar it boek. Tekenje it nije omslach op papier of meitsje it op de kompjûter. It moat passe by de antwurden fan opdracht A, fraach 2. |
Literaire theorie | Sfear Sfear kin omskreaun wurde as de emoasjes of gefoelens dy’t in byld oproppe. By dizze emoasjes of gefoelens kinst bygelyks tinke oan bliid, lilk, fertrietlik, ferbaasd, nijsgjirrich, somber, ferheard, freugde, skamte, eangst ensafuorthinne. |
Makke troch | Ans Wallinga |
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Mindert Wijnstra De stilte fan Joachem |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | allinne |
Fokus | leauweardigens |
Learst | om nei te tinken oftst in ferhaal leauweardich fynst |
Opdracht | Beäntwurdzje ûndersteande fragen oer it ferhaal. Wurkje de antwurden út yn hiele sinnen. In sin begjint mei in haadletter en einiget mei in punt. Fraach 1
Begjin sa: It ferhaal De stilte fan Joachem is fiksje/non-fiksje, omdat…
Fraach 2
Begjin sa: It ferhaal De stilte fan Joachem is realistysk/fantasy, omdat…
Fraach 3 Skriuw in foarfal (= gebeurtenis) út it ferhaal op dat hiel goed echt bard wêze kinne soe.
Fraach 4
Fraach 5 Hoe leauweardich fynsto it hiele ferhaal? Jou in sifer tusken 1 en 10. 1 = absolút net leauweardich; de kâns dat it yn it echt bard is 0%. 10 = hiel leauweardich; it ferhaal kin yn it echt ek sa gebeure.
Lis dyn antwurd út yn ûngefear 100 wurden. Begjin sa: Ik jou it ferhaal it sifer … foar leauweardigens, omdat…
|
Literaire theorie | Fiksje - De measte lêsboeken binne fiksje. Dat betsjut dat de ferhalen betocht binne, ek as it ferhaal giet oer foarfallen dy’t echt gebeurd binne. Mooglik kenst it boek of de film Oorlogswinter. Dat giet oer de Twadde Wrâldoarloch. De haadpersoan yn it boek hat net echt bestien, mar is betocht troch de skriuwer. Non-fiksje - Ferhalen dy’t net betocht binne, binne non-fiksje. Het dagboek van Anne Frank is non-fiksje. Anne hat neat betocht, alles wat sy opskreaun hat, is presys sa gebeurd. Fantasy - As der yn in ferhaal dingen gebeure dy’t yn it echt noait kinne soenen, is it in fantasyferhaal. De boeken fan Harry Potter binne in foarbyld fan in fantasyferhaal. Minsken kinne net tsjoene/toverje en der bestean ek gjin draken. Realistysk - As in ferhaal hiel goed yn it echt gebeurd wêze kinne soe, is it ferhaal realistysk. Leauweardigens - Soms gebeure der dingen yn ferhalen, dy’t wol yn it echt gebeure kinne soenen, mar is de kâns dat it sa gebeure soe hiel lyts. Dan gebeure der dingen dy’t wol hiel tafallich binne, of te moai om wier te wêzen. Yn sa’n gefal is it ferhaal wol realistysk, mar net leauweardich. |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Mindert Wijnstra De stilte fan Joachem | |
Nûmer | N1/2 | |
Nivo | 1 | |
Stúdzjelêst | 1 | |
Wurkfoarm | allinne | |
Fokus | jin ynlibje | |
Learst | om dy yn te libjen yn de haadpersoan fan it ferhaal | |
Opdracht | Fraach 1 Jou antwurd op ûndersteande fragen. Hoechst gjin namme(n) te neamen, it giet om it foar foarfal.
Fraach 2 Jou yn sa’n 70 wurden antwurd op ûndersteande fragen. Hoechst gjin namme(n) te neamen, it giet om it foar foarfal.
Opdracht 3 Stel Joachem hat ûndersteand berjocht op in ynternetfoarum skriuw en do lêst dat. Skriuw in reaksje fan sa’n 70 wurden oan Joachem.
| |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Mindert Wijnstra De stilte fan Joachem |
Nûmer | N1/3 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | allinne |
Fokus | byfigueren |
Learst | om it belang fan bypersoanen te ûndersykjen |
Opdracht | Fraach 1 Joachem is de haadpersoan yn it ferhaal. Neist Joachem komme der mear personaazjes yn it ferhaal foar, dat binne de byfigueren. Download de kolom en folje yn. Skriuw yn kolom 2 twa of trije bysûnderheden fan by persoan op. De earste is foardien.
Fraach 2 In wichtich byfiguer yn it ferhaal is net in persoan mar in hûn: Herta. Jou in beskriuwing fan it uterlik fan de hûn.
In labrador fertoant hiel oar gedrach as in herdershûn. Sykje it ferskil yn gedrach eventueel op. Skriuw dyn gedachten deroer op yn sa’n 50 wurden.
|
Makke troch | Ans Wallinga |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Mindert Wijnstra (Lippenhuzen 1945 – Warns 2020) wie ûnderwizer en letter haad fan de basisskoalle yn Warns. As skriuwer lei er him ta op it skriuwen fan berneboeken. It earste, Kninekeutels yn it oerwâld ferskynde yn 1982. Yn 1992 krige Wijnstra foar syn boek It hûs fol ferhalen de Simke Kloostermanpriis, in Fryske literatuerpriis foar berne- en jeugdboeken. Dat boek krige sels ynternasjonale erkenning. Yn 1994 is it op de earelist pleatst fan de International Board on Book for Young People.
Mindert Wijnstra wie ek in ferneamd ferhaleferteller mei in foarleafde foar folksferhalen. Hy publisearre meardere bondels mei ferhalen en reizge troch de provinsje om dy ferhalen foar te dragen. Yn 1997 publisearre er It Kweade Wiif fan Hylpen en oare folksferhalen. Foar Omrop Fryslân wurke Wijnstra mei oan berneprogramma's op radio en telefyzje. Sa skreau er de teksten fan Fratsen, in telefyzjeprogramma foar bern oant 7 jier.
Ynhâld
Joachem is tolve jier, sit op de basisskoalle en stammeret. Dêrom praat er al in healjier mei gjinien, thús net en op skoalle net. Sels net mei syn freondinne Marijke. Joachem kin lykwols hiel moai tekenje en mei syn tekeningen fertelt er wat er mei wurden net oerbringe kin.
Der is ien persoan dy’t Joachem begrypt. ‘Einstein’ wennet allinne mei in herdershûn in ein bûten it doarp en hat mei nimmen út it doarp kontakt. De jonge en de man slute freonskip. En dêr is net elkenien oer te sprekken, want der is yn it ferline wat mei in jonkje gebeurd, dêr’t Einstein wat te krijen mei hawwe soe. En dêr wurdt yn it doarp noch hieltyd oer praat.
Swierte
Foar de begjinnende lêzer yn de earste klasse fan it fuortset ûnderwiis sil it ferhaal oansprekke. Foarwearde is wol dat er ynteressearre is yn in haadpersoan dy’t op de basisskoalle sit. It boek is net tsjok, printe yn in grut lettertype en hat in beheind tal rigels op de bledsiden. De 10 tekeningen meitsje it boek foar in begjinnende lêzer hiel oantreklik.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
Oer it algemien freget dit boek gjin grutte reewilligens fan de learlingen. It boek is tin, it lettertype grut en it boek befettet tekeningen. De lêzer moat wol ree wêze om in ferhaal te lêzen oer in jonge dy’t op de basisskoalle sit. |
Ynteresses |
It ferhaal sil werkenber wêze foar lêzers dy’t op in doarp wenje. Dit boek is dêrneist ek poergeskikt foar dyjinge dy’t derfan hâlde om te lêzen hoe’t minsken mei elkoar omgeane. |
|
Algemiene kennis |
Der is gjin algemiene kennis fereaske. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It wurdgebrûk is oar it algemien hiel tagongklik. Guon wurden sille nij wêze foar de lêzers, sa as trelit, sturtgiseljend en panderje. De geef-Fryske wurden steane it begripen fan it ferhaal net yn it paad. |
Sinskonstruksjes |
Benammen koarte en ienfâldige sinnen. Hiel geskikt foar nivo Start. |
|
Styl |
De styl is koart en bûnich. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Der sit in protte aksje yn it ferhaal. De ûntknoping oan de ein is spannend. |
Gronology |
It ferhaal wurdt gronologysk ferteld. |
|
Ferhaalline(n) |
Oan it begjin fan it boek is der ien ferhaalline. Oan de ein splitst dat yn trije ferhaallinen dy’t hielendal oan de ein by elkoar komme. |
|
Perspektyf |
It ferhaal hat in auktoriale fertelsituaasje. |
|
Betsjutting |
In lêzer sûnder ûnderfining sil it ferhaal lêze as in avontoer mei aksje en spanning. Foar de lêzers mei wat mear ûnderfining sille ek de ûnderlinge ferhâldingen tusken de personaazjes nei te kommen en ynteressant wêze. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
It tal karakters is foar de begjinnende lêzer te oersjen. It tal haadkarakters is fjouwer (Joachem, Marijke, ‘Einstein’ en Wybren). |
Oantal karakters |
Neist de haadkarakters is it tal bykarakters te oersjen (heit, mem, master en Marten). |
|
Untjouwing fan de karakters |
Yn it begjin fan it ferhaal seit Joachem hielendal neat. Hy doart net mear te praten om’t er stammeret. Joachem kin wol hiel moai tekenje. Dat docht er in protte om utering te jaan oan wat er sjocht en tinkt. Oan de ein fan it ferhaal moat Joachem wol prate om foar te kommen dat de hûn Herta deasketten wurdt. |
|
Ferantwurding |
Sjoch hjirnei. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
- https://afuk.frl/nl/mindert-wijnstra-1945-2020 - https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/998445/skriuwer-mindert-wijnstra-74-ferstoarn - https://fy.wikipedia.org/wiki/Mindert_Wijnstra - https://www.dbnl.org/auteurs/auteur.php?id=wijn094 - https://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?code=LC&date=20200904&v2=true&id=LC-20200904-ZU07008002
|