Fries | Nivo start | Hero

Hero
- Niveau
- Niveau start
- Jaar uitgave
- 2021
- Uitgeverij
- Afûk
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 152
- Genre
-
- histoarysk jeugdboek
- Tags
-
- Twadde Wrâldoarloch
- oarloch
- freonskip
- hynders
- Taalniveau
- A2
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Over de auteur
Martha Attema is berne op in melkfeebedriuw yn 1949 yn Menaam en ferhuze yn 1981 nei Kanada. Foar dy tiid wurke se as learaar op in basisskoalle yn Gytsjerk. Yn Kanada stie se wer foar de klasse en begûn se mei it skriuwen fan boeken foar bern en jongerein, faak mei tema's dy't ferbûn binne mei de Twadde Wrâldoarloch.
Har boek ‘Hero’ is basearre op it ferhaal fan har âldomke Jan Hoogterp, de fokker en eigener fan de Fryske stamboekhynst Held 140. Martha Attema ûntduts dit ferhaal doe't har heit har yn 2000 wat kranteknipsels oer Jan Hoogterp joech.
Inhoud
Yn de lêste moannen fan de Twadde Wrâldoarloch, yn de hongerwinter, sit de Joadske Izaak ûnderdûkt mei syn mem yn Amsterdam. Omdat it ûnderdûkplak net mear feilich is en Izaak oansterkje moat, stjoert syn mem him nei Fryslân ta om ûnder te dûken by in boeregesin. Op de pleats fan syn nije omke Piet en muoike Anna fielt Izaak him iensum. Hy mist syn famylje en alles wat fertroud wie. Mar dan ûntdekt er Hero, in prachtige swarte Fryske hynst. Stadichoan ûntstiet der in bysûndere bân tusken de jonge en it hynder. De situaasje wurdt spannend as Izaak heart dat de Dútsers op syk binne nei sterke hynders foar it leger. Kin Izaak Hero rêde?
Leesaanwijzingen
It boek ‘Hero’ is in twatalich boek. Kinst it ferhaal fan Izaak en Hero yn sawol it Frysk as it Ingelsk lêze. Besykje om de wurden dy’tst noch net kenst ris op te sykjen yn de oare taal.
‘Hero’ is basearre op in wierbard ferhaal oer it Fryske hynder Held 140, dy’t fan de âldomke fan de auteur wie. Held stie bekend as in moai en sterk hynder en de Dútsers woene de hynst mar al te graach brûke yn it leger.
Om over na te denken
Wêrom helpe minsken elkoar yn gefaarlike situaasjes? Kin in bist in echte freon wêze? Wannear fielsto dy ergens thús?
Waardering
“Sels Frysk lêze is noch wol lestich en ek English is difficult. Dat it boek yn twa talen útbrocht is, is wol moai, want asto it Fryske earst lêst en begrypst, kinst letter it Ingelsk ek better begripe” – De resinsje fan Wieke, heitenmem.frl
Opmerkingen
Dit boek befettet twa kear itselde ferhaal; ien kear yn it Frysk en nochris yn it Ingelsk.
It tal siden kin dus troch de helte, eins.
Leestips/meer weten
Lês mear oer it wierbarde ferhaal fan Held 140: https://kfps.nl/nieuws/held-140-hoofdrolspeler-in-jeugdboek-hero/
Besykje it Frysk Fersetsmuseum yn Ljouwert foar mear ynformaasje oer de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân: https://www.friesverzetsmuseum.nl/
Samengesteld door
Fardau VisserAanbevolen
Opdrachten
Niveau start - Opdrachten
Boek | Martha Attema Hero |
Nûmer | N0/2 |
Nivo | 0 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel of yn twatallen |
Fokus | tema, haadpersonaazje |
Learst | om ferskillen te herkennen en te beskriuwen yn ferskillende oarlochssituaasjes |
Opdracht | Oan it begjin fan it boek sit Izaak ûnderdûkt mei syn mem yn Amsterdam. Letter, yn Fryslân, sjocht Izaak syn libben der hiel oars út. Yn dizze opdracht ferlikesto it libben fan Izaak yn Amsterdam mei it libben fan ‘Jan’ yn Fryslân. 1. Pak in papier en ferdiel it blêd yn twaen. Oan de linkerkant skriuwsto Izaak yn Amsterdam, oan de rjochterkant Jan yn Fryslân. 2. Skriuw yn stekwurden de ferskillen op dy’tsto/jim yn it boek fine. Tink oan:
3. Wêr hie Izaak/Jan it better neffens dy? En wêrom? Jou op syn minst twa redenen en skriuw dy op de achterkant fan dyn papier. Asto mei in klasgenoat oan dizze opdracht wurkest, bepraat dit dan mei syn twaen. Binne jim it mei-inoar iens? Lis út wêrom wol of wêrom net. |
Makke troch | Fardau Visser |
Boek | Martha Attema Hero |
Nûmer | N0/3 |
Nivo | 0 |
Stúdzjelêst | 2 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynlibjen yn de haadpersoan |
Learst | om in oertsjûgjende brief te skriuwen dy't rekken hâldt mei de gefoelens en omstannichheden fan in oar |
Opdracht | Yn it begjin fan it ferhaal is Izaak benaud en lilk as er te hearren krijt dat er nei Fryslân ta moat. Hy wit net wat him te wachtsjen stiet en is bang om syn mem efter te litten. Yn dizze opdracht skriuwst in brief oan Izaak om him wat moed yn te sprekken. 1. Lês de sêne fan side 13-18 op ‘e nij. 2. Skriuw op hoe’t Izaak him fielt. Hiesto deselde reaksje hân asto him wiest? Motivearje dyn antwurd. 3. Tink dy yn datsto in bekende bist fan Izaak, en do wolst him wat moed ynsprekke om Amsterdam efter te litten. Do skriuwst Izaak in brief, dy’t hy lêst krekt nei’t syn mem him fer-telt dat er nei Fryslân ta moat.
4. Lês dyn brief noch in kear troch: Is alles dúdlik? Hast flaters makke? |
Makke troch | Fardau Visser |
Boek | Martha Attema Hero | ||||||||||||||||||||||||
Nûmer | N0/1 | ||||||||||||||||||||||||
Nivo | 0 | ||||||||||||||||||||||||
Stúdzjelêst | 1 | ||||||||||||||||||||||||
Wurkfoarm | yndividueel | ||||||||||||||||||||||||
Fokus | wurdskat | ||||||||||||||||||||||||
Learst | om nije wurden te ûntdekken en te ferlykjen mei it Ingelsk | ||||||||||||||||||||||||
Opdracht | Yn dizze opdracht giesto djipper yn op nijsgjirrige wurden út it boek dy't belangryk binne foar it ferhaal. Troch wurden op te sykjen, te fergelykjen en te tekenjen, komsto better achter de betsjutting: in soartefan skattejacht nei taal! 1. Nim ûndersteande tabel oer op papier.
2. Skriuw fiif wurden op út it Fryske diel fan it boek dy’tsto moai of nijsgjirrich fynst, of dy’tsto noch net kenst. Skriuw se op yn de earste kolom fan de tabel. 3. Sykje dy wurden op yn it Ingelske part fan it boek. Lês de sin dêr’t it wurd ynstiet goed nei. Skriuw dan de Ingelske ferzje fan it wurd op yn de twadde kolom. 4. Yn de tredde kolom setsto wat de betsjutting is fan it wurd foar it ferhaal. Bygelyks:
5. Pak in papier en meitsje lytse tekeninkjes fan dyn fiif wur-den. Dat is by sommige wurden wat ienfâldiger as by oaren. Besykje it mar! ‘Spertiid’ soe der bygelyks sa útsjen kinne: | ||||||||||||||||||||||||
Makke troch | Fardau Visser |
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Martha Attema Hero |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | romte |
Learst | de romte fan it ferhaal better te begripen |
Opdracht | Om nei Fryslân te kommen, belibbet Izaak in spannende reis. Yn dizze opdracht leisto de reis fan Izaak en Els fêst op in kaart. Hast in kaart fan Nederlân nedich, kleurpotleaden en papier. Foarôf: Yn it boek wurdt it net dúdlik wêr’t Izaak presys yn Fryslân telâne kaam. Skriuw op wêr’t yn Fryslân it neffens dy logysk is dat de pleats stie en lis koart út wêrom'tst foar dat plak keazen hast. => Opdracht 1: Pak in útdraai fan de kaart fan Nederlân derby en tekenje de rûte dy’t Izaak en Els neffens dy ôflein hawwe mei kleurpotlead. Tekenje mei reade stift wêr't gefaarlike plakken wiene, mei blau wêr’t Izaak en Els skoft hân hawwe. -of- => Opdracht 2: Tink dy yn datsto Els bist en werom kaam bist yn Amsterdam. Do wolst de oare fytskoeriers op de hichte bringe fan dyn reis. Skriuw in reisferslach fan sa’n 200 wur-den fanút it perspektyf fan Els. Dit is in fertroulik dokumint foar it ferset. Ferwurkje dêryn:
|
Makke troch | Fardau Visser |
Boek | Martha Attema Hero |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ferhaalein |
Learst | om nei te tinken oer iepen einen yn in ferhaal; om in fraachpetear út te wurkjen |
Opdracht | Oan ‘e ein fan it boek bliuwe wy as lêzer noch mei in oantal fra-gen sitten. Hoe giet it ferhaal fierder? Wat bart der nei de oarloch mei Izaak? 1. Is de ein fan it boek neffens dy in iepen ein? Fynst it in moai ein? Wêrom wol of wêrom net? Skriuw dyn antwurden op. 2. Tink dy yn dat it 1950 is. Fiif jier nei de ein fan it boek. Do krijst de kâns om Izaak op te beljen foar in fraachpetear. Betink trije fragen dy’tsto oan Izaak stelle wolst oer it libben nei de befrijing en betink wat Izaak syn antwurd dêrop wêze soe. Tink bygelyks oan: hoe is Izaak syn libben nei de oarloch? Sjocht er syn Fryske famylje noch in soad? Wat is der bard mei Hero? |
Makke troch | Fardau Visser |
Boek | Martha Attema Hero |
Nûmer | N1/3 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1,5 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | oersetting Frysk-Nederlânsk |
Learst | oer de beslissings dy’t makke wurde by it oersetten fan in boek. |
Opdracht | ‘Hero’ is in bysûnder boek omdat it yn twa talen skreaun is: Frysk en Ingelsk. Wurden, sinsbou en útdrukkingen kinne ferskille tusken talen. Faak moatte der oanpassingen dien wur-de om it ferhaal yn in oare taal like goed klinke te litten. Oersette giet oer mear as allinnich de oersetting fan wurden. In goed oerset boek lêst like natuerlik yn de twadde taal as yn de earste. Yn dizze opdracht ferlikest de Fryske en Ingelske tekst en ûndersikest hoe't taal ynfloed hat op in ferhaal. 1. Hjirûnder stiet de flaptekst fan ‘Hero’ yn it Frysk. De flaptekst jout koart de wichtichste ynformaasje oer it ferhaal. Dy ynformaasje giet faak oer de haadpersoan, in wichtich probleem yn it boek, en de romte (wêr’t en wannear’t it ferhaal spilet). Sa kin de lêzer fluch in idee krije wêr't it boek oer giet. Lês de flaptekst goed troch en beäntwurdzje dêrnei de fragen. Yn de lêste winter fan de Twadde Wrâldoarloch moat Izaak syn ûnderdûkplak yn Amsterdam ferlitte, omdat it dêr te gefaarlik wurdt. Hy reizget achter op de fyts by koerierster Els nei syn nije skûlplak, in buorkerij yn it noarden fan Fryslân. En ek al binne de minsken dêr leaf foar him, hy fielt him iensum en ellindich. Pas at er freonskip slút mei it prachtige swarte hynder Hero, feroaret dat. De Dútsers wolle dy sterke Fryske hynst ek graach hawwe, en as de soldaten komme om it hynder op te heljen, kin allinnich Izaak in manier betinke om him te rêden. 2. Set de Fryske flaptekst troch in oersetmasine oer ta it Ingelsk, bygelyks troch Google Translate. Kopiearje/skriuw de Ingelske oersetting oer. Wat fynsto fan de oersetting? Soesto dingen oanpasse wolle oan de oersetting út de masine? Understreekje de stikken fan de tekst dy’tsto oanpasse wolst. 3. Lês dêrnei de Ingelske flaptekst. Hokker ferskillen sjochsto tusken de Ingelske flaptekst en dyn eigen oersetting? Hokker oersetting fynsto better? Lis út wêrom yn sa’n 50 wurden. During the last winter of World War II, Izaak must leave his hiding place in Amsterdam to travel with Els, a bike courier, to live on a farm in the northern part of the Netherlands. Although the people are kind to him, he is miserable until he makes friends with a beautiful black horse, Hero, a frisian stallion wanted by the Germans. When the Germans come for the horse, only Izaak can think of a way to save him. 4. Yn de Fryske tekst stiet ‘in buorkerij yn it noarden fan Fryslân’, yn de Ingelske tekst: ‘a farm in the northern part of the Netherlands’. Wêrom wurdt yn de Fryske tekst oer Fryslân sprutsen, en yn de Ingelske oer Nederlân? Skriuw dyn antwurd op. |
Makke troch | Fardau Visser |
Docenteninformatie
Yntroduksje
It boek "Hero" is in twatalich boek (Frysk/Ingelsk) fan Martha Attema, in Fryske skriuwster dy't nei Kanada emigrearre is. It ferhaal spilet yn de lêste winter fan de Twadde Wrâldoarloch en is basearre op it wiere ferhaal fan de Fryske stamboekhynst Held 140. It boek is tige geskikt foar jonge lêzers dy't begjinne mei it lêzen fan Fryske teksten, en troch de twatalige opset kin it ek brûkt wurde foar it ferlykjen fan talen en it fergrutsjen fan it taalbewustwêzen.
Ynhâld
Yn de lêste moannen fan de Twadde Wrâldoarloch, yn de hongerwinter, sit de Joadske Izaak ûnderdûkt mei syn mem yn Amsterdam. Omdat it ûnderdûkplak net mear feilich is en Izaak oansterkje moat, stjoert syn mem him nei Fryslân ta om ûnder te dûken by in boeregesin. Op de pleats fan syn nije omke Piet en muoike Anna fielt Izaak him iensum. Hy mist syn famylje en alles wat fertroud wie. Mar dan ûntdekt er Hero, in prachtige swarte Fryske hynst. Stadichoan ûntstiet der in bysûndere bân tusken de jonge en it hynder. De situaasje wurdt spannend as Izaak heart dat de Dútsers op syk binne nei sterke hynders foar it leger. Izaak betinkt snoade plannen om Hero te rêden.
Swierte
It boek is yndield op nivo Start. De sinnen binne koart en ienfâldich, de struktuer is oersichtlik en de ferhaallinen binne dúdlik. De ynhâld is lykwols serieus: it giet oer oarloch, ûnderdûken en gefaar. De twatalige útjefte makket it boek tagonkliker foar lêzers dy't noch net sa fertroud binne mei it Frysk, mar wol mei it Ingelsk.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
Lêzers moatte ree wêze om in ferhaal oer de Twadde Wrâldoarloch te lêzen. It boek behannelet swierdere tema’s lykas ûnderdûken en bedriging, mar it is skreaun op in manier dy’t tagonklik is foar de jonge lêzer. De freonskip tusken Izaak en Hero jout it ferhaal in positive ynfalshoeke. |
Ynteresses |
It boek is nijsgjirrich foar lêzers dy’t ynteresse hawwe yn (Fryske) hynders, skiednis, oarlochsferhalen en freonskippen mei bisten. |
|
Algemiene kennis |
In basiskennis fan de situaasje yn Nederlân yn de Twadde wrâldoarloch sil de lêzer helpe, mar is net fereaske: it ferhaal jout genôch kontekst. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Der is gjin spesifike literêre of kulturele kennis nedich. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It wurdgebrûk is tagonklik en ienfâldich. De twatalige opset nûget de lêzer út om ûnbekende wurden op te sykjen yn de Ingelske tekst. Der binne in pear typysk Fryske útdrukkings, lykas ‘sabeare’, mar dy binne út de kontekst te begripen. |
Sinskonstruksjes |
It ferhaal bestiet út koarte, dúdlike sinnen. |
|
Styl |
De auteur skriuwt byldzjend en sprekt de sintugen oan. Dat bringt it ferhaal ta libben sûnder gebrûk te meitsjen fan komplekse konstruksjes. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
De aksjes yn it ferhaal folgje in logyske line en binne goed nei te kommen. Der sitte in soad spannende mominten yn it ferhaal dy’t de oandacht fan de lêzer hâlde. |
Gronology |
It ferhaal bestiet út 12 koarte haadstikken en is gronologysk opboud. It spilet him ôf yn de lêste moannen fan de Twadde Wrâldoarloch. |
|
Ferhaalline(n) |
Der is ien oersichtlike ferhaalline: it ûnderdûken fan Izaak en syn mem en de freonskip fan Izaak mei Hero. |
|
Perspektyf |
It ferhaal wurdt ferteld fan Izaak’s perspektyf út, wêrtroch’t de lêzer him/har ferbine kin mei de haadpersoan. It perspektyf feroaret net. |
|
Betsjutting |
De betsjutting is eksplisyt: it belang fan freonskip en moed yn drege tiden. Dat Hero symboal stiet foar frijheid en krêft, is ek foar in jonge lêzer te begripen. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Dúdlike personaazjes mei herkenbere eigenskippen. It haadkarakter is maklik om jin mei te identifisearjen. |
Oantal karakters |
Izaak, de âlders fan Izaak, Sarah (sus fan Izaak) en de ‘nije’ famylje fan Izaak, dêr’t Hero en de ûnderdûkte Joadske jonge Gabe de grutste rol fan spylje. De koerierster Els is it skarnier tusken beide ‘famyljes’. |
|
Untjouwing fan de karakters |
De ûntjouwing fan Izaak is helder. Hy groeit op fan in bange jonge dy’t ûnderdûkt is ta in moedige jonge dy’t in plan betinkt om Hero te rêden. De oare karakters ûntjouwe harren net like dúdlik. |
|
Ferantwurding |
Nij ferskynd! ‘Hero’, in jeugdboek mei in Frysk hynder yn de haadrol » Afûk |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
KFPS (Koninklijke Vereniging Het Friesch Paarden-Stamboek): www.kfps.nl - Ynformaasje oer Fryske hynders en de skiednis fan Held 140. De ynteraktive lessen fan Oarloch yn ‘e Klasse fan Tsjil Tsjekt: https://www.oarlochyneklasse.frl/ Tresoar (Frysk histoarysk en letterkundich sintrum): https://tresoar.nl/onderzoeken/themas/woII- Materiaal oer de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân. Martha Attema's webside: www.marthaattema.com - Ynformaasje oer de skriuwster en har wurk. |