Fries

De boumaster fan de Aldehou* - Tamminga, D.A.nivo 3

De boumaster fan de Aldehou*

skriuwer :Tamminga, D.A.
Jier:1985 [4de printing 2010]
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:175
Sjenre:histoaryske roman
Stekwurden:16de iuw, leafde, Ljouwert, religy
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De boumaster fan de Aldehou is yn 1986 bekroand mei de Piter Jellespriis fan de stêd Ljouwert. De tekst fan it boek is digitaal beskikber op de dbnl.

 

Oer de skriuwer

Douwe Annes Tamminga (1909-2002) wie in Fryske dichter, proazaskriuwer en oersetter. Hy wie learaar Nederlânsk en Frysk. Fan 1962 oant syn pinsjoen yn 1974 wurke er as wittenskiplik meiwurker oan de Fryske Akademy foar it Wurdboek fan de Fryske Taal. Tamminga publisearre in soad op it gebiet fan taalkunde. As dichter debutearre er yn 1939 mei de bondel Brandaris. Dat liet fuortendaliks syn grutte taalbehearsking sjen. Hy wist fan eleminten út de folkstaal, lykas útdrukkingen, siswizen en faktaalwurden in ‘persoanlik idioom’ te meitsjen. Dat sjochst ek werom yn syn twa histoaryske romans Frjemdfolk op Barrahiem (1978) dat yn de terpetiid spilet en De boumaster fan de Aldehou (1985) dêr't er it 16e-iuwske Ljouwert as dekôr yn brûkt hat.

Ynhâld

Cornelis Frearks wurdt assistint fan boumaster Jacob van Aaken, dy’t yn 1529 útein set is mei de bou fan de Aldehou yn Ljouwert. Troch de sunigens fan de opdrachtjouwers wurdt de fundearring net goed útfierd en begjint de toer skeef te sakjen. Nei Van Aken syn dea wurdt Cornelis boumaster, mar as it jild op is moat de bou úteinlik stillein wurde. It boek fertelt net allinne oer de mislearre bou, mar ek oer de leafde tusken Cornelis en Van Aken syn tsjinstfaam Chistyn. Dat spilet him allegear ôf yn Ljouwert yn de tiid fan de herfoarming, as fan hegerhân op nije sekten reagearre wurdt mei ferfolging. It laat ta spanning en betizing, erchtinken en ferrie, freonskip en fijannichheid. Njonken in skeefsteande toer makket dat it libben fan Cornelis der net makliker op.

Lêsoanwizings

De boumaster fan de Aldehou is in prachtich boek oer de bou fan in toer dy’t elk yn Fryslân hast wol kin en no noch it byld fan Ljouwert bepaalt. It ferhaal dêroer is moai ferteld. It libben oan ’e ein fan de Midsiuwen is ek hiel goed delset. Fan dit boek kinst echt genietsje. Mar lit dy yn it begjin net fan de wize bringe troch de drege wurden dy’tst net allegear kinst. Hoechst se net te kennen om it ferhaal te folgjen.

Om oer te prakkisearjen

Wat dochst ast in famke of jonge mei in oare godstsjinst hiel aardich fynst? En wat as dat derfoar soarget datst op skoalle of op dyn wurk yn ’e problemen komst? Hoe fielt it asto hieltyd mear dingen ferswije moatst, miskien wol de kar meitsje moatst om dat famke of dy jonge yn ’e steek te litten? En wat as sy of hy dy ferlit?

Wurdearring

‘It is in stik tige wichtige, oant no ta net of amper yn de literatuer ferarbeide Ljouwerter skiednis, dy’t yn De boumaster fan de Aldehou ta libben brocht wurdt. Ta libben yn kante, men kin gerêst sizze markante taal, dêr’t nammers de boumaster fan Ysbrechtum [dat is Tamminga, LLR] it masterskip oer hat.’
Sjuery Piter Jellespriis

‘In meinimmend boek foar wa’t hâldt fan in op tradisjonele mar tige sfearfolle wize ferteld ferhaal.’
Tineke Steenmeijer-Wielenga yn de Leeuwarder Courant

De boumaster fan de Aldehou is in ljochtsjend foarbyld fan wat it Frysk, sûnder opgniste wurden, noch wêze kin.’
Piter Terpstra yn De Strikel

Mear witte?

Bioskets Douwe Tamminga op sirkwy

Skreaun troch

Lieukje Leistra-Reidsma

Suggestjes


De boumaster fan de Aldehou* - Tamminga, D.A.nivo 3

De boumaster fan de Aldehou*

skriuwer :Tamminga, D.A.
Jier:1985 [4de printing 2010]
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:175
Sjenre:histoaryske roman
Stekwurden:16de iuw, leafde, Ljouwert, religy
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De boumaster fan de Aldehou is yn 1986 bekroand mei de Piter Jellespriis fan de stêd Ljouwert. De tekst fan it boek is digitaal beskikber op de dbnl.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
De boumaster fan de Aldehou* - Tamminga, D.A.nivo 3

De boumaster fan de Aldehou*

skriuwer :Tamminga, D.A.
Jier:1985 [4de printing 2010]
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:175
Sjenre:histoaryske roman
Stekwurden:16de iuw, leafde, Ljouwert, religy
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De boumaster fan de Aldehou is yn 1986 bekroand mei de Piter Jellespriis fan de stêd Ljouwert. De tekst fan it boek is digitaal beskikber op de dbnl.

 

Opdrachten

BoekTamminga, D.A., De boumaster fan de Aldehou*
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld

Opdracht

Yn De boumaster fan de Aldehou komme njonken de bou fan de Aldehou noch al wat ferhalen en persoanen foar. Yn dizze opdracht besikest dat te oarderjen yn in skema.

1. Folje de kolommen 3 en 4 fan it earste ûnderwerp sa folle mooglik oan.

2. Folje de rigel fan ûnderwerp 2 De leafde sa folle mooglik oan. Doch itselde mei ûnderwerp 3.

3. Underwerp 4 en 5 betinkst sels en follest fierder hielendal yn. Kinst tinke oan: de ôfrin fan de bou, de ôfrin fan it leafdesferhaal, it libben yn it Katolike Ljouwert yn de 16de iuw, freonskip, de herberch dêr’t Cornelis Frearks wennet, it fuortgean fan Cornelis Frearks út Ljouwert ensafh.

  Underwerp

 Koarte omskriuwing

 Persoanen

 Rol of funksje

1. De bou fan de Aldehou

Yn 1529 is yn Ljouwert útein set mei de bou fan de Aldehou.

....
....
Opdrachtjouwers

Faklju

Boumaster
boumaster
....
....
stienhouwers
..., ...., ...., .....

2. De leafde

 

 

 

3. It nije leauwe

 

 

 

4.

 

 

 

5.

 

 

 

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma



BoekTamminga, D.A., De boumaster fan de Aldehou*
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel, kin ek yn twatal
Fokusplak
Learst

om nei te tinken oer it plak dêr’t it ferhaal him ôfspilet

Opdracht

Brûk foar dizze opdracht de siden 174 en 175 achter yn De boumaster fan de Aldehou en de webside dy’t by de boarnen neamd wurdt.

1. Op de plattegrûn achteryn it boek steane 9 gebouwen.

a. Sykje op de kaart fan de webside mei help fan de kopkes rjochts, ‘Geloof’, ‘Bestuur en Rechtspraak’ en ‘Onderwijs en Zorg’ de gebouwen mei de nûmers 1, 8 en 9 fan de plattegrûn op. Printsje it ferhaaltsje dat der by heart út.
b. Sykje op de kaart fan de webside mei help fan de kopkes rjochts, ‘Geloof’, de gebouwen 3 en 5 fan de plattegrûn op. It liket oft dy der net by steane, mar ast de gebouwen oanklikst en de tekst iepenest, fynst se al. Printsje it ferhaaltsje dat der by heart út


2. Op de plattegrûn steane ek 13 strjitten. Sykje op de kaart fan de webside mei help fan de kopkes rjochts, ‘Verdwenen plekken’ en ‘Handel en Markten’ fan de strjitten mei nûmer VI en XIII fan de plattegrûn de namme op.  Printsje it ferhaaltsje dat der by heart út.


3. Hoe kinst de Midsiuwske stêd Ljouwert sa ’t dy achteryn it boek stiet, werkenne op in plattegrûn fan no?


4. Meitsje in digitale of papieren kuierrûte mei as startpunt De Aldehou.

a. Set op dy plattegrûn fan Ljouwert in kuierrûte by de gebouwen en plakken lâns dy’tst by 1 en 2 fûn hast.
b. Ferbyn dy plakken troch de strjitten te brûken dy’t neamd wurde op side 174 en 175 yn it boek.
c. Set in koart stikje tekst út it boek by de plakken dy’tst by a op de rûte set hast, te begjinnen mei de Aldehou.
d. Doch itselde mei de strjitten as dêr wat fan yn it boek foarkomt.
e. Brûk in part fan de teksten dy’tst fûn hast om ekstra ynformaasje by dyn rûte oan te jaan.

Boarnen

Kaart fan Ljouwert

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma




De boumaster fan de Aldehou* - Tamminga, D.A.nivo 3

De boumaster fan de Aldehou*

skriuwer :Tamminga, D.A.
Jier:1985 [4de printing 2010]
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:175
Sjenre:histoaryske roman
Stekwurden:16de iuw, leafde, Ljouwert, religy
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De boumaster fan de Aldehou is yn 1986 bekroand mei de Piter Jellespriis fan de stêd Ljouwert. De tekst fan it boek is digitaal beskikber op de dbnl.

 

Opdrachten

BoekTamminga, D.A., De boumaster fan de Aldehou*
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusfiksje en histoarje
Learst

om nei te tinken oer de histoaryske achtergrûn yn in roman

Opdracht

1. De boumaster fan de Aldehou is in histoaryske roman.
a. Sykje op ynternet ynformaasje oer Jacob van Aaken en Cornelis Frederiks.  Skriuw op wat der fan har beskreaun stiet.
b. Jou eventuele jiertallen oan.
c. Sykje ek ynformaasje oer de bou fan de Aldehou. Wat kloppet mei it boek?

2. Haadpersoan en boumaster yn De boumaster fan de Aldehou is Cornelis Frearks.
a. As hy yn Ljouwert oankomt, is hy dan al de boumaster? Lis dyn antwurd út.
b. Wa is Jacob van Aaken?
c. Wat bart der mei him en wat hat dat fan gefolgen foar Cornelis Frearks?

3. De bou fan de Aldehou en it stopsetten dêrfan.
a. De toer fan de Aldehou stiet der noch. Wat hie it wurde moatten as it hielendal ôfboud wie?
b. Watfoar problemen binne der by de bou fan de Aldehou?
c.  Is de Aldehou net ôfboud om’t er al gau nei it begjin fan de bou skeef sakke of wie der noch in oare reden? Lis dyn antwurd út en jou de siden yn it boek oan dêr ’tst dyn antwurd fûn hast.

4. In belangrike rol yn it libben fan Cornelis Frearks spilet Christyn.
a. Wêr leart Cornelis Christyn kinnen en wat is se dêr?
b. Watfoar ferhaal fertelt Christyn oer harsels?
c. Christyn is de frou op wa’t Cornelis fereale rekket, mar foarmet ek in gefaar foar him. Lis út op watfoar wize.
d. Beskriuw yn it koart hoe’t it ôfrint mei Christyn. Sjoch de siden 156 o/m 160.
e. Wat wie de echte namme en it wiere ferhaal fan Christyn?

5. De boumaster fan de Aldehou is fiksje en histoarje.
By de antwurden fan fraach 1 hast de histoaryske feiten beskreaun.
Jou by de antwurden op fragen 2, 3 en 4 oan wêr’t it om fiksje giet.
Binne der ek antwurden op fragen dêr’t it net dúdlik is oft it fiksje of histoarje is?
Jou dy oan.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma



BoekTamminga, D.A., De boumaster fan de Aldehou*
NûmerN3/2
nivo3
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokushistoaryske achtergrûn
Learst

om nei te tinken oer tsjerklike gebrûken doe en no

Opdracht

Besjoch it filmke oer de Mariaprosesje yn Boalsert yn 2015 en lês de ynformaasje op Wikipedia, beide oanjûn by de boarnen.
Lês fan haadstik VII de siden 66 fan ‘Ik siet dy earste omgongsdei...’ oant side 69 ‘De prosesje wie foarby.’ Tamminga beskriuwt dêr troch de eagen fan Cornelis Frearks de Us-Leaf-Frouwe-Omgong, de Maria prosesje.

1. Beskriuw de Us-Leaf-Frouwe-Omgong sa’t dy plakfynt yn it boek. Brûk dyn eigen wurden mar folgje wol de beskriuwing fan de omgong yn it boek. Skriuw it foar leeftiidsgenoaten byg. as in artikel yn ’e skoalkrante. Brûk sa’n 100 wurden.

2.
a. Op watfoar datum wie de omgong yn Ljouwert?
b. Wat waard der dan betocht?
c. Wat wie it doel fan sa’n omgong?

3. Wat fynt Cornelis Frearks fan sa’n omgong?

4. Is syn hâlding tsjin de Katolike tsjerke oer yn it algemien posityf of negatyf? Lis dyn antwurd út mei ferwizings nei siden yn it boek.

5. Jou in foarbyld fan in ûnderdiel fan de omgong beskreaun yn it boek dat no net mear by in omgong foarkomme sil.

6. Sokke omgongen wurde tsjintwurdich wer populêrder en komme faker foar. Sjoch de boarnen.
a. Op watfoar datum fine se meast plak? Wat foar dei is dat yn de Katolike tradysje?
b. Wêr komme se foar yn Fryslân en wêrom krekt dêr?

7. Wat  is de reden dat sokke omgongen lang net plak fûn ha?
Fan wannear ôf koenen se wer foarkomme?

Boarnen

Wikipedia, Processie
Boalsert, Mariaprosesje 2015, GPTV
Mariaprosesje Ljouwert, KRO/NCRV, website Inspiratie, 01-10-2013

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma




De boumaster fan de Aldehou* - Tamminga, D.A.nivo 3

De boumaster fan de Aldehou*

skriuwer :Tamminga, D.A.
Jier:1985 [4de printing 2010]
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:175
Sjenre:histoaryske roman
Stekwurden:16de iuw, leafde, Ljouwert, religy
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De boumaster fan de Aldehou is yn 1986 bekroand mei de Piter Jellespriis fan de stêd Ljouwert. De tekst fan it boek is digitaal beskikber op de dbnl.

 

Opdrachten

BoekTamminga, D.A., De boumaster fan de Aldehou*
NûmerN4/1
nivo4
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer it leafdesferhaal

Opdracht

1. Yn De boumaster fan de Aldehou wurde de gefoelens fan leafde tusken Cornelis Frearks en Christyn beskreaun.

a. Oer de gefoelens fan wa hellest it meast út it boek, dy fan Christyn of dy fan Cornelis Frearks? Lis út wêrom’tst dat fynst.
b. Beskriuw yn it koart de gefoelens fan beiden, sa asto se út it boek hellest.
c. Wat is in oarsaak foar de muoisume relaasje tusken beiden?
d. Wa makket it der ek net makliker op?


2. De leafde tusken Cornelis en Christyn  rint op neat út. Cornelis heart dat Christyn yn it kleaster wennet en wat har achtergrûn is. Hy krijt har Nije Testamint en har kettinkje.

a. Beskriuw wat der mei Christyn bard is nei’t se út it Burmaniahûs flechte is.
b. Fynst it in logyske ûntwikkeling dat Christyn, dy’t oanhinger fan de lear fan de Dopersken wie, har heil socht hat yn in kleaster?
c. Sykje op ynternet  de term ‘deus ex machina’ op. Lis de betsjutting út.
d. Fynst dat dy term fan tapassing is op Christyn har flecht nei in kleaster? Lis dyn antwurd út.


3. Skriuw in brief fan Christyn oan Cornelis Frearks.

a. Lis dêryn út wat Christyn oerkaam is ear’t Cornelis har kennen leard hat. Brûk dêrfoar it ferhaal út it boek.
b. Beskriuw de gefoelens dy’t Christyn foar Cornelis hat. Hjir kinst dyn fantasij brûke.
c. Lis út hoe en wêrom’t Christyn de kar makke hat om it kleaster yn te gean. Hjir kinst dyn fantasij brûke mar moatst wol rekken hâlde mei de tiid dêr’t Christyn yn libbet.
d. Slút it brief ôf mei útlis oer it jaan fan it Testamint en it kettinkje en in winsk foar Cornelis.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma



BoekTamminga, D.A., De boumaster fan de Aldehou*
NûmerN4/2
nivo4
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de betsjutting fan de Aldehou

Opdracht

A
Yn De boumaster fan de Aldehou komt Jacob van Aaken foar as de earste boumaster fan de Aldehou dy’t opfolge wurdt troch Cornelis Frearks.
Lês side18: ‘Ik stiek de Nijstêdsgrêft ...’ oant side 23 ‘Doe’t it klokje fan de Aldehou...’

B
Sykje op ynternet it stik oer de Aldehou op de website fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert, sjoch by de boarnen.
Lês de beide alinea’s boppe it plaatsje fan de Aldehou.

1. Komt dizze tekst oerien mei dy fan it boek sa asto dy lêzen hast by A? Lis dyn antwurd út.

Lês op de webside de earste alinea ûnder it plaatsje fan de Aldehou en belústerje ‘Liwadder blues’ fan Piter Wilkes, sjoch boarnen.
2. Hoe is neffens de skriuwer it negative byld fan de Ljouwerters foar har stêd mei ûntstien?
3. Tinkst dat it antwurd hjirfoar de oarsaak is foar it negative byld fan Ljouwerters foar har stêd of tinkst dat der ien of mear oare oarsaken binne? Skriuw ien op en lis dyn antwurd út.
4.. Net-Ljouwerters hawwe ek wolris in negatyf byld fan Ljouwert. Sykje dêr in ferklearring foar en skriuw dy op.
 
Lês de twadde alinea ûnder it plaatsje fan de Aldehou.
5. Wêr blykt neffens de skriuwer it positive byld fan de Ljouwerters foar de Aldehou út?
6. Jildt dat byld fan de Aldehou ek foar net-Ljouwerters? Lis dyn antwurd út.
7. Hasto sels in posityf of in negatyf byld fan Ljouwert? Wêr is dat op basearre?

C
Teäterprodusint Jan-Dirk van Ravesteijn skreau de musical Mooi Mislukt oer de bou fan de Aldehou û.l.f. Jacob van Aaken. De ‘one-man-musical’ gie yn premiêre op 15 juny 2010 en waard op de earste ferdjipping fan de toer spile. Yn it stik jouwe wichtige persoanen har fyzje op de bou. Neffens de skriuwer hie Van Aaken net allinne skuld oan it fersakjen fan de toer.
Van Ravesteijn einiget it stik mei:

‘Wat mislukt is kan best mooi zijn.
Wie bepaalt wat schoonheid is?
Wat verschuilt zich achter een plaatje?
Een verhaal, geschiedenis.
Als je die kent kijk je anders en waardeer je ook de vorm.
Wie bepaalt wat schoonheid is?
Wie bepaalt die norm?’               (út Mooi Mislukt)

Aldehou 2 Plaatsjes Yn Ien

It stik tekst út C fynt De Aldehou wol mislearre mar jout der in oare wearde oan as de tekst by B yn de earste alinea ûnder it plaatsje op de webside.
1. Meitsje de tsjinstelling fan beide dúdlik troch de wurden dy’t brûkt binne.
2. Wat is de essinsje út it stik tekst by C?
3. Wat foar wearde wurdt oan it mislearjen fan de Aldehou takind?
4. Bist it iens mei dy opfetting of tinkst der oars oer? Lis dyn antwurd út.

Pisa Skeve Toer


D
Besjoch it plaatsje hjirboppe.

1. Wat is de namme fan de toer ?
2. Wêrom is dy sa bekend?
3. Watfoar wurden út Mooi Mislukt fynst fan tapassing op de toer?
4. Wat is it ferskil tusken de miening fan minsken oer dy toer en oer de Aldehou?
5. Wat is dyn konklúzje ?

Boarnen

Histoarysk Sintrum Ljouwert
Hans Brans oer Mooi mislukst, LC 16-06-2010
Piter Wilkens, Liwwadder Blues, Klip
Liwwadder blues, tekst

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma




De boumaster fan de Aldehou* - Tamminga, D.A.nivo 3

De boumaster fan de Aldehou*

skriuwer :Tamminga, D.A.
Jier:1985 [4de printing 2010]
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:175
Sjenre:histoaryske roman
Stekwurden:16de iuw, leafde, Ljouwert, religy
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De boumaster fan de Aldehou is yn 1986 bekroand mei de Piter Jellespriis fan de stêd Ljouwert. De tekst fan it boek is digitaal beskikber op de dbnl.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
De boumaster fan de Aldehou* - Tamminga, D.A.nivo 3

De boumaster fan de Aldehou*

skriuwer :Tamminga, D.A.
Jier:1985 [4de printing 2010]
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:175
Sjenre:histoaryske roman
Stekwurden:16de iuw, leafde, Ljouwert, religy
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De boumaster fan de Aldehou is yn 1986 bekroand mei de Piter Jellespriis fan de stêd Ljouwert. De tekst fan it boek is digitaal beskikber op de dbnl.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
De boumaster fan de Aldehou* - Tamminga, D.A.nivo 3

De boumaster fan de Aldehou*

skriuwer :Tamminga, D.A.
Jier:1985 [4de printing 2010]
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:175
Sjenre:histoaryske roman
Stekwurden:16de iuw, leafde, Ljouwert, religy
ERK-nivo : C1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

De boumaster fan de Aldehou is yn 1986 bekroand mei de Piter Jellespriis fan de stêd Ljouwert. De tekst fan it boek is digitaal beskikber op de dbnl.

 

Yntroduksje

Douwe Annes Tamminga (Winsum, 1909 – Ljouwert, 2002) wie in Fryske dichter, proazaskriuwer en oersetter. Nei de oarloch waard Tamminga dosint en studearre er foar de middelbere akten Nederlânsk en Frysk. Fan 1962 oant syn pinsjoen yn 1974 wie er as wittenskiplik meiwurker ferbûn oan de Fryske Akademy foar it wurdboekwurk. Tamminga publisearre ek gâns op taalkundich mêd.
As dichter debutearre Tamminga yn 1939 mei de bondel Brandaris, dêr't fuortendaliks syn grutte taalbehearsking út nei foaren kaam. Hy hat mei syn poëzy de taal ferrike trochdat er by steat wie en smei eleminten út de libbene folkstaal (útdrukkingen, siswizen, faktaalwurden) om ta in persoanlik poëtysk idioom.
Tamminga skreau twa histoaryske romans, Frjemdfolk op Barrahiem (1978) dat yn de terpetiid spilet en De boumaster fan de Aldehou (1985) dêr't er it 16e-iuwske Ljouwert as dekôr yn brûkt hat. Al earder hie er yn it toanielstik De Hogerhuis-saek (1950) it tiidrek fan de 90-er jierren fan de 19e iuw mei syn sosjale ûnrêst skildere.

Ynhâld

Cornelis Frederiks wurdt assistint fan boumaster Jacob van Aaken, dy’t yn 1529 begongen is mei de bou fan de Aldehou yn Ljouwert. Troch de sunigens by de opdrachtjouwers wurdt de fundearring net goed útfierd en begjint de toer skeef te sakjen. Nei Van Aken syn dea wurdt Cornelis boumaster, mar as it jild op is moat de bou úteinlik stillein wurde. It boek fertelt net allinne it relaas fan de mislearre bou, mar ek dat fan de leafde tusken Cornelis en Van Aken syn tsjinstfaam Chistyn. It isde tiid fan de herfoarming, in perioade fol spanning en betizing, as fan hegerhân op nije sekten reagearre wurdt mei ferfolging. Van Aken krijt dêr ek mei te meitsjen omdat Christyn by de Doapersken heart.

Swierte

De boumaster fan de Aldehou beskriuwt de muoisume bou fan de Aldehou, de nije tsjerke yn Ljouwert, útein set yn 1529. It is dreech om de histoaryske fasetten fan it libben yn it begjin fan de 16de iuw yn de stêd Ljouwert te begripen. De wurden en nammen fan histoaryske funksjes en fakken, it ark dat dêrby brûkt wurdt, meitsje it swier foar N2 en sels N3 lêzers. De taalrykdom fan Tamminga makket it der net makliker op. Foar wa’t him oer it earste hinne sette kin en each krijt foar it twadde, is it in prachtich boek oer in stik skiednis dat him foar elke ynwenner fan Fryslân en seker foar de Ljouwerters flak by hûs ôfspile hat. De plot is fierder ienfâldich fan opbou en foar N2-lêzers maklik nei te kommen. De Latynske wurden, siswizen en útspraken wurde yn in register achter yn it boek útlein.

Didaktyske en letterkundige analyse

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn de skiednis fan begjin 16de iuw.

Ynteresses

Ynteresse yn de stêd Ljouwert yn de 16de iuw en yn minsken yn dy tiid en hoe’t sy libje, wurkje en tinke, is in pree.

Algemiene kennis

Kennis fan de skiednis is net perfoarst nedich.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is net maklik troch it brûken fan in soad wurden dy’t te meitsjen hawwe mei wurksumheden, ark, gebrûken en oare saken út dy tiid. De Latynske wurden en útspraken wurde yn in register achteryn it boek útlein. It blomryk taalgebrûk kin in behindering wêze foar N2-lêzers. De mear betûftere sille niget ha oan de taalrykdom fan Tamminga. It freget fan alle lêzers yn it begjin wat trochsettingsfermogen om dêr trochhinne te biten. N3- en seker N4-lêzers sille har meinimme litte troch dit ferhaal. 

Sinskonstruksjes

De sinnen binne net altyd ienfâldich, al wurde net al te lange bysinnen brûkt. Foar N2-lêzers kin dat wat dreech wêze.

Styl

De styl dêr’t Tamminga yn skriuwt sil foar N2-lêzers net altyd maklik wêze. Wa’t him meinimme lit troch it ferhaal, kin him dêroerhinne sette. Dan wurdt it boek prachtich om te lêzen.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

De bou fan de Aldehou, de swierrichheden dêrby en mei de opdrachtjouwers, de sûnens fan boumaster Van Aaken, de leafde foar Christyn en dêrtroch it yn ’e kunde kommen mei de Doperske leare, meitsje dat der hiel wat bart yn it libben fan de boumaster fan de Aldehou.

Gronology

It ferhaal is gronologysk opboud. It rint fan de komst fan Cornelis Frearks yn Ljouwert en fertelt oer syn wederwaardichheden oant dat er Ljouwert ferlit.

Ferhaalline(n)

It boek bestiet út ien ferhaaline, dy fan Cornelis Frearks syn jierren yn Ljouwert. Neist it ferhaal fan de bou fan de Aldehou as (assistint-)boumaster, komt der in leafde yn syn libben, komt er yn ’e kunde mei ferskillende minsken mei in hiel ferskillende achtergrûn en yn ferskillende omstannichheden.

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld út de ik-persoan fan Cornelis Frederiks wei.

Betsjutting

Dizze histoaryske roman jout in moai byld fan de tiid om 1530 hinne, mei as achterlizzend tema de opkomst fan de reformaasje. Tamminga seit yn Trochpaden dat er mei de roman de tragyk fan Ljouwert sjen litte wol: safolle misbetearde ambysje.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Boumaster Cornelis Frearks spilet de haadrol. Foar de faam fan wa’t er hâldt is ek in belangrike rol weilein. Sy binne in soarte fan oanknopingspunt dêr’t oare minsken oan ferbûn wurde. De karakters binne wol tagonklik.

Oantal karakters

It oantal karakters dat derta docht is beheind. It draait meast om de boumaster sels en Christyn dêr’t er fereale op is. Mear karakters spylje in rol, mar it oantal karakters yn it ferhaal leveret gjin problemen op foar de lêzer.

Untjouwing fan de karakters

It karakter fan de haadpersoan hat de grutste ûntjouwing. Troch alles dêr’t er mei te meitsjen krijt, komt er yn konflikt mei himsels en minsken om him hinne. It falt foar him net ta en meitsje in kar. Foar de N2-lêzers en seker de N3-lêzers is it konflikt net dreech te folgjen

Ferantwurding

Biografyske skets Douwe Tamminga op sirkwy.nl

Relevante  boarnen foar dosinten

Geart de Vries, Trochpaden (1999), in biografy fan D.A. Tamminga; de siden 190 o/m 193 geane spesjaal oer De boumaster fan de Aldehou, sjoch pdf hjir >>>

 

Skreaun troch

Lieukje Leistra-Reidsma