Fries

De froulju fan de fetweider* - Kiestra, D.H.nivo 3

De froulju fan de fetweider*

skriuwer :Kiestra, D.H.
Jier:1939 [4de pr 2010]
Utjouwer:Kamminga
Plak fan útjefte:Dokkum
Oantal siden:134
Sjenre:boereroman
Stekwurden:famylje, jierren '30, leafde
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Dit boek is hielendal te finen op de dbnl. It boek is ferneamd omdat it (al binne it mar in pear rigels) de earste eksplisite erotyske sêne beskriuwt yn de Fryske literatuer.

 

Oer de skriuwer

Douwe Hermans Kiestra (1899-1970) skreau proaza, poëzij en toanielstikken en wie ek aktyf as literatuerkritikus. Hy hat syn bêste wurk publisearre yn de jierren tritich, de jierren foar de Twadde Wrâldoarloch. Yn de oarloch keas er foar de Dútsers en dêr hat er letter bot spyt fan hân. Dêrom hold er him nei de oarloch op 'e achtergrûn. Kiestra wie boer fan berop, syn pleats stie yn de Legeaën boppe Snits. Neffens Kiestra hiene boeren in kulturele plicht: se soargen foar iten, mar moasten ek de Fryske kultuer libbenhâlde.

Ynhâld

Dit boek fertelt it ferhaal fan in boer mei in frou en trije dochters. Wy folgje de boer yn it jier dat syn dochters allegearre in man fine. De dochters geane har eigen gong en meitsje allerhande tripkes mei har feinten. It boek beskriuwt it wjerfarren fan de trije dochters yn har syktocht nei in geskikte man. It boek wie in moderne boereroman foar syn tiid, omdat it him ek bûten Fryslân ôfspilet en de heit gjin stereotype boer is.

Lêsoanwizings

Oan it begjin fan it boek learst de heit fan de húshâlding, Feike Feikema, goed kennen. Yn it haadstik dêrnei wurde syn trije dochters oan dy foarsteld. Der wurde wolris wat wurden brûkt dy'tst miskien net kinst, mar it boek is lykwols flot skreaun en goed te folgjen. Boppedat sit der humor yn hoe't de leden fan de húshâlding Feikema meiinoar omgeane. As de fammen ienris ferkearing ha, komt it ferhaal goed op gong en bart der fan alles.

Om oer te prakkisearjen

Hoe wichtich is it om in goede partner te finen? Wat tinkst dat de ferskillen binne tusken doe en no yn it finen fan it partner? Hoe seach it libben fan in boeredochter der út yn de jierren foar de oarloch?

Wurdearring

'De kwaliteiten fan Kiestra as ferteller tille dit boek fier út boppe in gewoane boereroman.'
Leeuwarder Courant 1970

'De froulju fan de fetweider kin eins in monumint yn de Fryske literatuer neamd wurde, om't de roman op it mêd fan seksualiteit tabûtrochbrekkend west hat. It taalgebrûk is faak ferrassend byldzjend mei moaie fynsten.'
Jan Jongsma yn it Frysk Deiblêd yn 1993

Mear witte?

Flaptekst fan edysje yn digitale biblioteek.
Op sirkwy.nl ynformaasje oer de skriuwer.

Skreaun troch

Gerbrich de Jong

Suggestjes


De froulju fan de fetweider* - Kiestra, D.H.nivo 3

De froulju fan de fetweider*

skriuwer :Kiestra, D.H.
Jier:1939 [4de pr 2010]
Utjouwer:Kamminga
Plak fan útjefte:Dokkum
Oantal siden:134
Sjenre:boereroman
Stekwurden:famylje, jierren '30, leafde
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Dit boek is hielendal te finen op de dbnl. It boek is ferneamd omdat it (al binne it mar in pear rigels) de earste eksplisite erotyske sêne beskriuwt yn de Fryske literatuer.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
De froulju fan de fetweider* - Kiestra, D.H.nivo 3

De froulju fan de fetweider*

skriuwer :Kiestra, D.H.
Jier:1939 [4de pr 2010]
Utjouwer:Kamminga
Plak fan útjefte:Dokkum
Oantal siden:134
Sjenre:boereroman
Stekwurden:famylje, jierren '30, leafde
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Dit boek is hielendal te finen op de dbnl. It boek is ferneamd omdat it (al binne it mar in pear rigels) de earste eksplisite erotyske sêne beskriuwt yn de Fryske literatuer.

 

Opdrachten

BoekKiestra, D.H., De froulju fan de fetweider*
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer hoe't de ynhâld modernisearre wurde koe

Opdracht

Dit boek wie yn 1939 in moderne roman. It wie it earste boek dêr't iepenlik oer seks skreaun waard en de personaazjes hiene moderne dingen by de ein (fleane, nei de TT yn Assen). Hjoed-de-dei, 75 jier letter, is de roman fansels net mear sa modern.
Stel, in regisseur wol in film meitsje fan dit ferhaal, mar wol dat it him ôfspilet yn dizze tiid. Do advisearrest him hoe't er it ferhaal oanpasse kin nei de tiid fan no. Skriuw in brief oan de regisseur fan minimaal 400 wurden dêr'tst yn útleist wat der neffens dy oan it boek feroare wurde moat om it boek te modernisearjen. Advisearje him ek op it stik fan de titel: tink nei oer in oansprekkende titel foar de film.

Om dy op wei te helpen soest yngean kinne op dizze fragen:
Wat foar hobby's ha de dochters fan Feike?
Wat dogge sy yn har frije tiid?
Hoe kommunisearje de personaazjes mei inoar?
Wat dogge sy op in earste date?
Hoe sjocht it brulloftsmiel der út?
Wat foar nammen ha de personaazjes?

Makke trochGerbrich de Jong



BoekKiestra, D.H., De froulju fan de fetweider*
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmiening
Learst

om dyn miening oer it boek te ûnderbouwen

Opdracht

1. Wat fynsto fan dit boek? Brûk foarbylden út it boek om dyn miening mei te ûnderbouwen.

2. Wat fynsto fan de titel fan it boek? Witsto wat in fetweider is? Sa nee, sykje dat earst op. Jou ek no wer arguminten om dyn miening oer de titel út te lizzen.

3. De trije dochters fan Feike Fetweider slagje allegearre oan in man. Wat fûnsto it moaiste ferhaal, dat fan Froukje, dat fan Fokje, of dat fan Geeske? Wêrom?

4. Wa fan de dochters is it gelokkichst mei har man, tinkst? En wa it minst? Lis út.

Makke trochGerbrich de Jong




De froulju fan de fetweider* - Kiestra, D.H.nivo 3

De froulju fan de fetweider*

skriuwer :Kiestra, D.H.
Jier:1939 [4de pr 2010]
Utjouwer:Kamminga
Plak fan útjefte:Dokkum
Oantal siden:134
Sjenre:boereroman
Stekwurden:famylje, jierren '30, leafde
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Dit boek is hielendal te finen op de dbnl. It boek is ferneamd omdat it (al binne it mar in pear rigels) de earste eksplisite erotyske sêne beskriuwt yn de Fryske literatuer.

 

Opdrachten

BoekKiestra, D.H., De froulju fan de fetweider*
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazje
Learst

om dy te ferpleatsen yn in haadpersonaazje

Opdracht

Fokje skriuwt brieven mei in Súd-Afrikaan. Har heit en mem wolle dat sy mei dy skriuwerij ophâldt.

1. Wêrom wolle Feike en Houkje dat Fokje ophâldt mei skriuwen?

2. Doch krekt of bist Fokje en skriuw in brief oan de Súd-Afrikaan. Lis út hoe't it der by dy thús oan ta giet, fertel oer dyn susters en jim heit en mem. Fertel hoe't dyn dagen derút sjogge en hoe'tst dy fielst. Lis ek út dat dit dyn lêste brief oan him wêze sil en wêrom. Meitsje in brief fan minstens 400 wurden.

Makke trochGerbrich de Jong



BoekKiestra, D.H., De froulju fan de fetweider*
NûmerN3/2
nivo3
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazje
Learst

om te reflektearjen op de ûntjouwing fan in personaazje

Opdracht

1.Lis út oftsto it mei de folgjende stellingen iens bist en wêrom.

Feike Fetweider....
a. is in goede heit.
b. docht soms domme dingen.
c. docht wat goed is foar syn dochters.
d. docht wat syn frou wol. 
e. is in aardige man.

2. Feike hat as bynamme 'de lytse sultan'. Wêrom?

3. Feike stiet oan it begjin fan it boek net op goede foet mei Age fan it kleaster. Wêrom mei er Age net lije? Wat bart der yn haadstik 1?

4. Hoe stiet Feike oan de ein fan it boek foar Age oer? Hoe kin dat?

5. Is Feike in round of in flat character neffens dy? Lis út wêrom. Ast net mear krekt witst wat it ferskil is, kinst it neilêze ûnder boarne 1 of 2.

Boarnen

Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 106-107.
Wikipedy, Flat character en Round character

Makke trochGerbrich de Jong



BoekKiestra, D.H., De froulju fan de fetweider*
NûmerN3/3
nivo3
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmtwatal as it mooglik is, oars yndividueel
Fokusôfrin
Learst

om te reflektearjen op it slot fan it ferhaal

Opdracht

1. Yn it lêste haadstik wurdt ferteld hoe't it fierder giet mei de personaazjes. Fine jim dat it boek in happy end hat? Wêrom wol of net?

2. Diskusjearje mei inoar foar wa't de ein fan it ferhaal in happy end is. Folje de sinnen hjirûnder oan. As jim antwurd ja is, jou dan oan wêrom't jim tinke fan wol. As jim antwurd nee is, jou dan oan wêrom't jim tinke fan net. As jim der beide oars oer tinke, jou dan sawol de arguminten foar as tsjin.

Foar Houkje? Ja/nee, want…
Foar Feike? Ja/nee, want…
Foar Geeske? Ja/nee, want…
Foar Froukje? Ja/nee, want…
Foar Fokje? Ja/nee, want…
Foar Sibbele? Ja/nee, want….
Foar Keimpe? Ja/nee, want…
Foar Tako (de jonker)? Ja/nee, want…

3. Soe de ôfrin foar elk personaazje tafallich wêze of soe de skriuwer der in bedoeling mei hân ha? Diskusjearje dêr meiinoar oer en lis út.

N.B. Ast dizze opdracht leaver allinnich dochst, dan kin dat ek. Oeral't dêr't stiet datst diskusjearje moatst, tinkst dan foar dysels nei oer de fraach. Miskien twifelst oer guon fragen: notearje dan sawol de arguminten foar as de arguminten tsjin. Sa hâldst dochs in bytsje de diskusje deryn.

Makke trochGerbrich de Jong




De froulju fan de fetweider* - Kiestra, D.H.nivo 3

De froulju fan de fetweider*

skriuwer :Kiestra, D.H.
Jier:1939 [4de pr 2010]
Utjouwer:Kamminga
Plak fan útjefte:Dokkum
Oantal siden:134
Sjenre:boereroman
Stekwurden:famylje, jierren '30, leafde
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Dit boek is hielendal te finen op de dbnl. It boek is ferneamd omdat it (al binne it mar in pear rigels) de earste eksplisite erotyske sêne beskriuwt yn de Fryske literatuer.

 

Opdrachten

BoekKiestra, D.H., De froulju fan de fetweider*
NûmerN4/1
nivo4
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om te reflektearjen op de ynhâld oan de hân fan in oar boek

Opdracht

De froulju fan de fetweider lit jin tinke oan it ferneamde boek Pride and prejudice fan de Ingelske skriuwster Jane Austen. Dat boek wurdt rekkene ta de belangrykste boeken út de wrâldliteratuer.

1. Lês op ynternet wêr't Pride and prejudice oer giet of besjoch de film. Neam minstens trije oerienkomsten tusken Pride and prejudice en dit boek. Lis dyn antwurden út.

2. Neam ek trije ferskillen. Lis dyn antwurden út. Om dy op wei te helpen, steane hjirûnder fiif tema's dêr'tst op yn gean kinst.

1. De rol fan de heit
2. De rol fan de mem
3. De tiid
4. De romte
5. De ein fan it boek (rint it goed ôf of net?)
6. It miljeu fan de húshâlding

Boarnen

Wikipedy, Pride and Prejudice

Makke trochGerbrich de Jong



BoekKiestra, D.H., De froulju fan de fetweider*
NûmerN4/2
nivo4
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusperspektyf
Learst

om te reflektearjen op it perspektyf fan it boek

Opdracht

1. Lês ûnder boarne 1 of yn dyn eigen lesmetoade foar Nederlânsk de ynformaasje oer de auktoriale ferteller. Is de ferteller fan dit boek eksplisyt auktoriaal of ymplisyt auktoriaal? Lis út.

2. Wêr fernimst oan dat it ferhaal ferteld wurdt troch in auktoriale ferteller? Lit dat sjen mei twa foarbylden út it boek en set de sidenûmers derby.

3. Stel dat de skriuwer keazen hie foar in personaal perspektyf. Ut wa syn perspektyf hie it ferhaal dan it bêste ferteld wurde kind? Wêrom?

4. Wat foar neidielen hie in personaal perspektyf hân?

Boarnen

Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 101-102.
Wikipedy, Fertelperspektyf

Makke trochGerbrich de Jong



BoekKiestra, D.H., De froulju fan de fetweider*
NûmerN4/3
nivo4
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om te reflektearjen op de mooglike bedoeling fan de auteur

Opdracht

1. De dochters fan Feike Feikema fine allegearre in man. Yn it lêste haadstik wurdt dúdlik hoe't it mei de trije dochters en har mannen fierder giet. Wa fan har is it gelokkichst, tinkst? En wat it ûngelokkichst? Lis dyn antwurd út.

2. Wa fan de trije manlju dêr't de dochters mei trouwe wurdt it negatyfst delset? En wa it posityfst? Gean der fan út dat de skriuwer dat net tafallich sa betocht hat. Wat soe er dêr mei sizze wolle? Lis dyn antwurd út. It kin by dizze fraach helpe om wat ynformaasje te lêzen oer de skriuwer (bygelyks boarne 1).

3. Wat foar berop hat Feike? En wat is it berop fan Age, dêr't Feike oan it begjin fan it boek spul mei hat? Ha se it beide like goed of hat de iene mear jild as de oare? Hoe witst dat? Lis dyn antwurd út.

4. Wêrom soe de skriuwer it berop fan Feike in plak jûn ha yn de titel, tinkst?

5. Moatst witte wat in fetweider is om it boek folslein begripe te kinnen? Lis út.

Boarnen

Biografyske skets fan D.H. Kiestra op sirkwy.nl

Makke trochGerbrich de Jong




De froulju fan de fetweider* - Kiestra, D.H.nivo 3

De froulju fan de fetweider*

skriuwer :Kiestra, D.H.
Jier:1939 [4de pr 2010]
Utjouwer:Kamminga
Plak fan útjefte:Dokkum
Oantal siden:134
Sjenre:boereroman
Stekwurden:famylje, jierren '30, leafde
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Dit boek is hielendal te finen op de dbnl. It boek is ferneamd omdat it (al binne it mar in pear rigels) de earste eksplisite erotyske sêne beskriuwt yn de Fryske literatuer.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
De froulju fan de fetweider* - Kiestra, D.H.nivo 3

De froulju fan de fetweider*

skriuwer :Kiestra, D.H.
Jier:1939 [4de pr 2010]
Utjouwer:Kamminga
Plak fan útjefte:Dokkum
Oantal siden:134
Sjenre:boereroman
Stekwurden:famylje, jierren '30, leafde
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Dit boek is hielendal te finen op de dbnl. It boek is ferneamd omdat it (al binne it mar in pear rigels) de earste eksplisite erotyske sêne beskriuwt yn de Fryske literatuer.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
De froulju fan de fetweider* - Kiestra, D.H.nivo 3

De froulju fan de fetweider*

skriuwer :Kiestra, D.H.
Jier:1939 [4de pr 2010]
Utjouwer:Kamminga
Plak fan útjefte:Dokkum
Oantal siden:134
Sjenre:boereroman
Stekwurden:famylje, jierren '30, leafde
ERK-nivo : B2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Dit boek is hielendal te finen op de dbnl. It boek is ferneamd omdat it (al binne it mar in pear rigels) de earste eksplisite erotyske sêne beskriuwt yn de Fryske literatuer.

 

Yntroduksje

Douwe Hermans Kiestra (1899-1970) skreau proaza, poëzij en toanielstikken en wie ek aktyf as literatuerkritikus. Hy hat syn bêste wurk publisearre yn de tritiger jierren, de jierren foar de Twadde Wrâldoarloch. Yn de oarloch keas er foar de Dútsers en dêr hat er letter bot spyt fan hân. Dêrom hold er him nei de oarloch op 'e achtergrûn. Kiestra is de iennichste Fryske skriuwer fan belang dy't sels ek boer fan berop wie. Neffens him hiene boeren in kulturele plicht: se soargen foar iten, mar wienen ek dragers fan de Fryske kultuer.

Ynhâld

Dit boek fertelt it ferhaal fan in boer mei in frou en trije dochters. Wy folgje de boer yn it jier dat syn dochters allegearre in man fine. De dochters geane har eigen gong en meitsje allerhande tripkes mei har feinten. It boek beskriuwt it wjerfarren fan de trije dochters yn har syktocht nei in geskikte man. It boek wie in moderne boereroman foar syn tiid, omdat it him ek bûten Fryslân ôfspilet en omdat de boer net oan it stereotype byld fan de typyske Fryske boer foldocht. Boppedat is it it earste boek yn de Fryske literatuer dêr't (yn in pear sinnen) iepentlik oer seks skreaun waard.

Swierte

Yn syn algemienheid kin sein wurde dat lêzers kwa struktuer mei dit boek net yn de problemen komme. It ferhaal ken gjin perspektyfwiksels of oare yngewikkelde ferteltechnyske prosedees. De swierte fan dit boek sit op it stik fan de wurdskat en de ymplisite manier fan kommunisearjen fan de personaazjes. De lêzer moat yn steat wêze om de iroanyske toan fan de personaazjes troch te hawwen om de humor yn dit boek te sjen.
Foar in N2-lêzer kin it dreech wêze dat dit boek him ôfspilet yn in tiid dy't foar de learling net direkt werkenber is. Ek de taal fan it boek is fan eardere tiden: der sille ûnbekende wurden yn it boek foarkomme. Oantreklike kanten foar de N2-lêzer binne de aktuele tematyk en de flugge opienfolging fan gebeurtenissen. Ek de sletten ein en de ienfâldige struktuer fan it boek meitsje it geskikt foar in N2-lêzers.
In N3-lêzer kin it boeiend fine om in ferhaal te lêzen dat him ôfspilet yn in oare tiid. It ferhaal beänderet oan fraachstikken dêr't N3-lêzers graach oer lêze: leafde, takomst, ferantwurdlikheid.
De ynterpretearjende N4-lêzer kin yn dit boek sykje nei de bedoeling fan de skriuwer. Is it tafallich hoe't personaazjes har hâlde en drage of stekt dêr wat achter? En hoe presintearret de skriuwer himsels yn it ferhaal? De N4-lêzer, mei al wat mear lêsûnderfining, sil boppedat minder muoite ha mei de byldzjende taal en de ymplisite dialogen yn dit boek as lêzers fan legere nivo's.

Didaktyske en letterkundige analyse

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

Benammen in N2-lêzer moat de reewilligens opbringe om te begjinnen yn in boek dat him ôfspilet yn in tiid dy't foar de learling net werkenber is.

Ynteresses

In N2-learling sil it aardich fine om te lêzen hoe't de trije dochters in man fine en wat sy meiinoar belibje. In N3 en N4-lêzer sille dit boek ek lêze kinne as in tiidsbyld fan Fryslân foar de oarloch.

Algemiene kennis

Om dit boek goed begripe te kinnen moat de learling witte hoe wichtich oft it eartiids wie om in goede libbenspartner te finen. Fierders moat de learling witte dat de ferhâlding tusken manlju en froulju eartiids oars lei as no.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Der is gjin spesifike literêre en kulturele kennis fereaske om dit boek goed begripe te kinnen.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Der komme aardich wat datearre wurden yn dit boek foar, dy't foar learlingen ûnbekend wêze sille. It begjint al mei de titel (in fetweider is in boer dy't kij hâldt fanwegen it fleis). Benammen foar N2-lêzers, dy't faaks wat jonger binne, kinne dy wurden lestich wêze. Sa kin it samar wêze dat in personaazje 'spoensk' sjocht of 'in biis' neamd wurdt, of se jouwe inoar 'in lytskert'. De kontekst makket faak wol dúdlik wat der bedoeld wurdt en oars kin in wurdboek helpe.

Sinskonstruksjes

De sinslangte sil gjin problemen opsmite. Eventuele problemen sitte benammen op it stik fan it wurdgebrûk. 

Styl

De styl fan it boek is somtiden wat iroanysk. De dialogen dy't de personaazjes meiinoar ha binne gauris humoristysk, trochdat in soad ymplisyt en iroanysk dúdlik makke wurdt. Byldspraak komt ek foar. It kin foar N2 en N3-lêzers dreech wêze om de iroanyske toan te werkennen.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der bart in soad yn it boek, benammen as de fammen ienkear ferkearing hawwe. Der binne ek wat beskriuwende passaazjes, mar meastentiids folgje de gebeurtenissen inoar rap op. Boppedat sitte der in soad dialogen yn dit boek. Dy binne lykwols wolris wat ymplisyt, wat dreech wêze kin foar learlingen.

Gronology

It boek is folslein gronologysk opboud. De fertelde tiid beslacht ûngefear ien kalinderjier.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline en dy smyt gjin probemen op. Yn dit boek folgje wy de hiele húshâding fan de fetweider. Somtiden giet it dus oer Feike en mem Houkje, en somtiden oer wat oare personaazjes belibje. It is hieltyd dúdlik oer wa't it giet.

Perspektyf

It perspektyf fan it boek is net kompleks. It boek wurdt ferteld troch in alwittende, auktoriale ferteller. Dy fungearret as yntermediêr tusken de lêzer en it ferhaal.

Betsjutting

In N2-lêzer sil betsjutting hechtsje oan dit boek as in ferslach fan hoe't trije susters oan in man slagje. In N3-lêzer sil dit boek sjen as in miljeuskets fan in boerehúshâlding foar de oarloch. In N4-learling kin der ek noch in djippere betsjutting yn sykje. Kiestra wie yn de oarloch pro-Dútsk, mar hy hie yn de jierren tritich en ek yn de oarloch net folle op mei de NSB, dy't er as in 'Hollânske' en 'stedske' beweging seach. De boeren rêde it goed yn dit boek, de stêd wurdt minder posityf foarsteld as it boerelibben.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De karakters wurde net bot útdjippe. Se bliuwe allegearre flat, miskien mei útsûndering fan Feike, dy't wol in sekere ûntjouwing trochmakket. Alle oare personaazjes binne types en wurde ek as types delset.

Oantal karakters

Der komme aardich wat personaazjes yn it boek foar, mar dy hoemannichte is goed nei te kommen.

Ferhâldingen

De ferhâlding tusken Feike en syn dochters en tusken de dochters en harren mannen passe by de tiid dêr't it boek yn spilet. Dat kin benammen foar in N2-lêzer, dy't graach werkennend lêst, dreech wêze. 

Relevante  boarnen foar dosinten

Trinus Riemersma, yn de útjefte yn de rige Klassiken, neiwurd 'Oer skriuwer, boek en útjeften'.
Trinus Riemersma, Proza van het platteland (1984).
Oer de resepsje (en de ferneamde eksplisite rigels oer seks) ferskynde yn de Ljouwerter Krante in moai stik by it ferskinen fan de twadde edysje yn 1970, ''n Schokkend boek uit de kuise dertiger jaren'.
Neffens de auteur siet it skokkende him net yn dy iene rigel seks, mar yn it feit dat  de boer as in slûchslim mantsje delset waard en net as in kjirdel-út-ien-stik, en ek dat der gjin eksplisite moraal yn ferkundige waard. LC 11-11-1970.

Skreaun troch

Gerbrich de Jong